Rimen en Teltsjes (part 4 of 4)
Us omke hat it jak al oan; Dêr sit de man to bazen; Hy hat it by syn wiif fordoarn; O, wé, hwet scil se raze! Mar omke en moeike Dy bruije ús allebeide net, Wy scille mar skotse, Hwet ha wy hjoed in pret.
In âlde, âlde, âlde prúk Mei nou noch gnoarje en stinne, De faem en feint dy krûpe oan; En litte it gleske rinne. Kom litte wy sjonge, Trala, la la, la lalderala. Kom, litte wy stampe; De hospes wol ’t wol ha.
Nou romte, romte, romte mar! Wy fleane nei de bûrren, Dêr stean’ twa feinten yn it grien To fjuchtsjen en to skoerren. Wy sjonge ljeaver Trala, la la, la lalderala. Wy patsje de fammen En sûpe astrinta.
J. H. H.
[Yllustraasje]
DE BRUNE EN DE BLES OP TRIJE ROMERS.
Brune: Ho! bist’ dou dat, bleske? Wel, ik koe dy net goed langer, dou sjochste der gammel út, ju, sa meager det men alle ribben wol yn ’e bealich telle kinn, en de stirt by ’t gat ôf? Fiterlokken ôfknipt? Dat stiet der skean foar. Fij man, it griist my as ik dy goed bisjoch, en hwet rint dy mâl gûd ta de noasters út. Ik wit net eft Frentsjer dyn lêste merk net is, en den it baitsje nei de loaijer, feint; dou hast yn rare hânnen west.
Bles: Ja, Brune, yn rare hânnen west. Ik bin nou trettsjin jier âld, mar ik haw nuvere bazen hawn. Op myn tred jier for fyftich dikketonnen to Eastermar forkoft, bin ik nei Wergea komd. Myn nije baes sei, ik hie in stap út tûzen, dêrom moast ik oan ’t hirddraven. Dat selde jier learde ik sa folle, det ik in priis to Weidum woun. Dat klonk de hiele Zwette lâns, it wier oars safolle gerop net wirdich, it like sulver, mar ik wit net hwet it wier. Myn baes dy in goed wird dwaen koe, gong ’er lûd oer út, oeral wier ’t, as wy by in herberch kamen: “dêr ha jy in aerdich bleske, keapman”.—“Ja, it spil stiet der op sa it heart, der sit in puggel oan”. (Ik hie do oars in bealich as in wynhoun.) “Rint it ek hwet oan?”—“Hwet oanrinne? Fleane, det it yen grien en blau foar de eagen wirdt. To Weidum hat it de priis woun, mar it like neat.” (Ik hie do oars sa folle as ik hysje koe).
Myn twade baes wier in stedman, dêr kaem ik yn ’t gasthús. Trije Romers en ’t Swarteweister tolhûs wierne de fierste einen, mar dat libben dûrre net lang, lyk as ’t mei folle moaije dingen giet. Myn baes teach Freedtomiddeis al ier nei de Okse, om mei syn ljue oer hirddravers to praten, yn pleats det er mei in skerldoekje foar, lyk as to foaren foar syn toanbank stie, om in poun kofjebeane to weagen. De mingers bleauwen wei en de nearring teach de doar út. Do by in tsjok lân-notaris mei in liif as in hjerstkeal, dy wend wier, det de hynzers it paed jouns sochten, as hysels it sûr hie; mar mei my koe it treddeheal flesse minder lije; dat wier in great gat yn in minskemage, en skolpere al to folle. Dêrom moast ik nei in oare baes en dat wier Gleone Wiltsje. Do feije, det de stront fen de dyk fleach. As wy ta in stêd útrieden, gong it sa hird, det de poarten ús fen de swang hast efternei fleagen. De ljue bliid, det wy foarby wierne en de kreamers alderbliidst. Dit dûrre sa lang, det ik stôkmeager wier en op trije foetten sprong, en myn baes syn bûsjild op wier; hy hie de rekkening net goed makke. Wy krigen beide rêst, ik op ’e stâl, en Wiltsjebaes útfenhûs by in stêds rekkenmaster.
Do ik wer sahwet opfoerre wier, rekke ik by in keapman dy folle hyngsteried. Dêr moast ik de telstap leare, mar dat gyng lyk as mei ús skoalmaster: dy man wier gjin útrinder mei de pen, en do der in frjemd poehaen yn ’t lân kaem mei in nije mode fen skrift, scoe master yn in amerij in prefester yn ’t skriuwen wirde.
Mis wier it! Nin minske koe it nije skrift lêze, en do siktaris in brief krige fen master, det it wiif yn ’t waerm bêd laei, lies notaris, det er in kou slachte hie mei hûndert poun smoar, en sei hy: “Zoo, zoo, dat meestert goed.”
It gyng my neat better fen de hirddraversstap ôf en springe lyk as de eksters.
Bleske kriget in slach mei de swipe en tsjocht hinne.
Takommende jier komme se wol wer byinoar.
DE GRYTMAN.
Ik woe wol, det ik Grytman wier, Sa’n ampt stiet my wol oan. Dat baentsje is ek gâns net swier En it fortsjinnet skoan.
It rjuchtshûs sit it hearlik op, Men smookt en drinkt der ta. En jowt Mynhear in foarstel op, Den knikt Assessor: “ja”.
Wol er ljeaver swije, Nigen is genôch. O, hwet binn’ dy Hearen Bargen oan ’e trôch.
Hjar feinten hawwe se ek goedkeap, Hwent d’ earme Gritenij Jowt jild, en den noch op ’e keap In moaije liverei.
En hat Mynhear it podagra, Wol hy fen reisgjen frij, In rinner bringt him tiding ta, Dy skikt de Gritenij.
Wol Mynhear út jeijen, Boeren sjagglje mei. Sizz’, hwa lykje dy sloven? Lammen oan ’e wei.
En moat Mynhear it wird ris dwaen, En falt it praet him swier: Siktaris hat er by de hân, Dat is syn offisier.
En is ’t forstân net al to great, Is him de saek net klear,— Dy leit him alle dingen bleat, En sprekt mar for Mynhear.
Fjirtsjinhûndert goune En sa’n tsjerkfoudij— Is in akkefytsje, ’t Komt ’er aerdich by.
Mar komt der soms hwet jild to koart, Hy skriuwt in omslach út, En eft de boargerij al moart, Biteljen is ’t bislút.
Hwer, sizz’ wy, is yn ’t hiele lân, Sa’n hear as Grytman is? Hwa komt sa maklik oan it jild? Net ien, dat is gewis.
Kom, myn goede Friezen, Sjen mar ta en swij, Wêz’ mar tige fleurich, ’t Sjongen is yet frij.
’k Woe dochs net, det ik Grytman wier, Fen ’t brea fen d’ earme man, Sok jild misgun ik him gjin hier, De flok dy kleeft ’er oan.
Sa’n hounebaes fen ’t heech Bistjûr, Op ’t great lâns tichelwirk, Is der by alle Friezen oer, Dy heart nou by de Turk.
E. H.
[Yllustraasje]
FOEKE SKUTTER EN HOSPES-TRYN.
De Sneins op de neidei kaem Foeke yn de jachtweide stappen. Dêr siet syn fryster Tryn to sliepen. Hja sprong einling fen ’e stoel, en sei tsjin him: “Biste dêr, Foeke? Kom, ik bin bliid, det ik dy sjuch—en dou griiste my ek mei dy heislike knevels. Kom, dat trefste goed; ús Grytman hat hjir in flesse wyn stean litten, dêr is mar ien romerfol út, en as er werkomt, den wol er dochs wer in nije hawwe”.—“Ja, mar hwer is baes Abe?”—“Dy laeit op it noflik ear oer de matten yn ’t keammerke”.—“Kom”, sei Foeke, “dat wier fiks! Den scille w’er in sankje by hawwe,” en do songen se by elts romerfol in ferske, lyk as hjir to lêzen stiet.
Hwer moastou nou hinne, myn skutter? (bis) Nei Braban ta, myn ljeave Nynke! Nei Braban ta, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
Hwa scil dy dyn potstrou den koaitsje? (bis) De kok, de kok, myn ljeave Nynke! De kok, de kok, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
As de potstrou den klutert, myn Foeke? (bis) Riere, riere, myn ljeave bêste! Riere, riere, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
Hwet potstrou scil de kok dy d’n riere? (bis) Ratsjetoe, myn ljeave Nynke! Ratsjetoe, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
Hwa scil dy dyn kofje den siede? (bis). De pomp, de pomp, myn ljeave Nynke! De pomp, de pomp, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
As de saed den kâld wird, myn skutter? (bis) Den in slokje, myn ljeave Nynke! Den in slokje, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
Hwer scilste op sliepe, myn skutter? (bis) Op de striesek, myn ljeave Nynke! Op de striesek, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
Hwa scil dy dyn wrine den spriede? (bis) De kapot, o myn ljeave Nynke! De kapot, o myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
As it strie den to hird wirdt, myn skutter? (bis) Skodzje, skodzje, myn ljeave Nynke, Skodzje, skodzje, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
Hwa jowt dy dyn bûsjild, myn skutter? (bis) Keuning Willem, myn ljeave Nynke, Keuning Willem, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
As de tiid dy den lang falt, myn skutter? (bis) Poetse, poetse, myn ljeave Nynke, Poetse, poetse, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis).
As de Brabanders komme, myn skutter? (bis) Sjitte, sjitte, myn ljeave Nynke! Sjitte, sjitte, myn ljeave Tryn! Fen boppen del d’r yn! Kom, taepje ris yn.
Do wier de flesse leech, en hospes Abe kaem opljippende lilk út syn fjouwerkant springen. “Hat dat sjongen en balten langer nôch dûrre? Skear jimme der út, as jimme langer wolle. Nin minske kin rêste”, sei er.
“Abe-baes”, sei Foeke, “is de holle tizich fen de moarns-slok? Haw ik dat nou fortsjinne? Ik haw altyd in goed minger fen jo wêst; jy hawwe mannich fen myn stûrkes yn ’e bûse. Ik stap ’er út, man!”—en Tryn lei him de foarste finger oer de knevels, en joech him in tútsje yn ’t foarhús—en do wier ’t út.
1831 EELTSJE HIDDES FEN GROUWERGEA.
DE BESTE FREED YN LJOUWTER MERKE.
Voys: De bochel die pareert altyd.
To, Nies, ik wol de merk bisjen. Hwet is it folk oan ’t djoeijen! Der is gjin âld wiif by de wiel, Nin boer tinkt om syn ploeijen. Oeral yn ’e stêd Is ’t minsken tsjep en glêd, En lâns dy rygle kreammen Frjemde ljue fen fier en hein, Bern by hiele teammen; De stêd is hjoed oerein.
Gleone Koen dy stiet ’er al Mei syn forskimm’le koeke, De skarren for de flauwe ljue Lit hy syn mingers rûke. Sjen, dêr is gûchler Murk, Hy is al drok oan ’t wirk. Sjen, Nies, hwet mâlle freanjen! Roel, syn feint, is mei to gong Om hjar sels to leanjen Mei in tsjokke boerepong.
Gauke bliest op syn trompet, Set wangen as in bonge. Bonsen mei syn klarinet Gûlt ek al om ús pongen. Hwet gappet Gelf der nei! Hy is der heal yn wei. Gelf, Gelf, dou wirdste lûse; In pongeleger docht in taest. Gelf slacht op syn bûse, Ja, man hy is al leech.
Geale Romkes fen Sân-Lean Is ek al moai bitritsen, For tritich goune bûterjild, Hy is ’er fen bilitsen. Jan fingerhoed dêr nêst Dy docht ek fiks syn bêst. Hy tipelt mei syn fingers, “Dêr is er net, en dêr is ’t wêst”. In sûr fortsjinne goune Skoert hy sa yn syn nêst.
Kom, gean wy by dy snaken wei, Ik wol mei dy nei boppen. Jakle Rientses fen Blauhûs Dy hat ús niis al roppen, Wy fleane nei de Kroan En dounsje ta de moarn. O Nieske hwet in wille, Beits dyn spylfaem sit ’er al Mei Mient fen Keimpetille, Sjuch, sjuch, hja lizze al oan.
Wel, Nieske ljea, ho scil ’t nou, man? Dou kinste sa ast wotte; Dounsje ef patsje is hjir de kar. Earst patsje, sei se, Botte. Kom, kom, myn famke, kom! En Nieske hinge er om. Koal,[68] Koal, kom den ris harren, It kielsgat wirdt ús beide soor;v Jaen ús hwet to smarren, Wy dounsje dêrmei foar.
TJALLING HALBERTSMA.
IN JOUNPRAETSJE FEN ORK EN SINT OER IT BANKEROTSPYLJEN.
Ork. Ho litste de holle sa hingje, heite? Haste forkeard iten yn ’t liif?
Sint. Ik wit net, mar it moed sit net heech.
Ork. It moed net heech? Hwet skeelt der oan?
Sint. Der binne forskate lju, dy jild fen my ha moatte; dat is my bjuster yn ’e wei. Ik bin sa net great brocht.—Dat paeit al mei goede wirden, mar dêr wirdt nin kwitânsje op jown.
Ork. Den haste de kramp yn ’e pong, bigryp ik. Jonge! dat falt my ôf mei dy. Dou hiest oars in moai spiltsje, tocht my, en dou gongst der ek stil mei lâns. Ho is dat komd?
Sint. Ja, Ork-om, der waerd ridlik goed fortsjinne; mar der moat safolle wêze, as men sa hwet meidwaen wol. It giet oars as by ús oarrememme tiden. As dy sûpenbrij ietene en der gjin sjerp genôch yn ’e kanne wier, den sei oarre: “It kin joun sa wol.” Krigen ús grytmans en siktaris bern moadrige rokjes oan en wy mienden det wy ek sa moasten,—ja wol! den sei oarremem: “Jonges, wy komme der sa maklik net oan as sokke ljue. De âlde klean moatte earst oan ein, en den scille wy ’t jild ris oertelle foar det wy de nije keapje.”—Sa giet it nou net by ljue fen fetsoen. It wirdt der nou earst fen nomd en den de pong neisjoen. Ja, as de lekkenkeaper komt om syn jild, wirde de naden lostoarnd om de lêste stûr to finen.—Dêrby hab ik yet ek al tsjinrekjes hawn yn ’e hânlinge.
Ork. Dou seiste dêr sa ien en oar, dêr is al oan. Mar dou moast der sa swier net oer tille.
Sint. Ja, jy sizze wol. Mar de ljue falle my sa lêstich. De iene komt mei swiete praetsjes, de oare mei flokwirden en drigeminten fen rjuchtsjen en warren. Hjoeddei hab ik yet ien hawn, dy sei by de foardoar: “Ik scil dy roepelje, divel!”
Ork. Dy hat dêrom yet net folle.
Sint. Dat is sa wol; mar as se it bargefel oantsjenne en oan bigjinne to knipen, den moat ik der lykwol oan. Hja kinne my strûpe.
Ork. Net wier. Kom oan: ho sit dyn boel? Dou woest wol rie habbe, net? Siz op, den!
Sint. Ja, dat kinn’ jy wol riede. As elts sines ha scil, kinne de einen net oan elkoar komme.
Ork. Skeelt der folle oan?
Sint. Folle en folle is twa. In túzen goune ef tsjien scil der wêze moatte om ’t gat to stopjen en ’t skip yn flot wetter to krijen.
Ork. En dêr woeste swier oer tille! Biste gek?
Sint. Ja, hwêr skoer ik it wei? De fortsjinsten wirde lytser en de bilêstingen binne swier yn dizze dagen.
Ork. En dêr woest tsjin oan wrame, en al dyn libben oan ’e flotgêrzen hingje? Mis, man! Ik wit better rie for dy.
Sint. En dat is?
Ork. In foech bankerot slaen.
Sint. Fij Ork-om! dêr wird ik kjel fen. Bankerot?
Ork. Ja, bankerot. Witstou better rie?
Sint. Den bin ’k ’er ommers glêd út en oan ’e dyk.
Ork. Hwet praetsjes fen der út? Dou moaste fiif-en-tweintich-tûzen goune oerhâlde. De krediteuren gnoarje allike folle, eft se in dûbeltsje fen de goune krije ef tsjien stûren.
Sint. Dêr kin ’k net by. Ho giet dat?
Ork. It is gjin domme ljue’s wirk. Hark, ik scil ’t dy leare. Dou sitste dûbeld en dwers yn ’e keappenskip en biste yet dwaender en litter. Krûp in goe frjeon ûnder ’e side, dy ’t yn alle silen mak is, en gean dêr mei nei de ondogenste abbekaet dy der to finen is. Den moat der skreaun en leagen wirde, det de gleone lôge der nei fljucht. Den binne der yette húsmiddels, dy ’t hjar fen sels oan ’e hân jowe.
Sint. Ork-om! Ork-om!
Ork. Hwet woeste oars?—Mar dou moast op ien ding divelsk passe.
Sint. En hwet scoe dat wêze?
Ork. Dat is dyn boek. Dat moaste moai skriuwe, det elts der yn lêze kin, hofolle aste forlern en hwet greate bankerotten aste krige haste. Dat moat goed mei eltsoar útkomme, hwent dêr binne se fûl op, mear as op ’e pong. Ik wit de wei en ’k wol dy helpe.
Sint. Soa. En hwet den?
Ork. Aste den goed op ’t skerp stietste, liz den de kaeijen op ’e kiste en siz tsjin dyn krediteuren: “Frjeonen, ik jaen my oer. Ik bin in ongelokkich minske; hwent myn boel kin net út. Part it mei eltsoar.”
Sint. It liket my net goed ta, Ork-om!
Ork. Witste better? Hark, lit my earst útprate. Den komt dyn namme in wike mannich yn ’e krante, en den litste de abbekaten en krediteuren mei eltsoar flokke en tsiere en om de langste ein lûke. En as dat spil oer is, stek den de kop út de fearren as in âld swan; den bist genezen en sa soun as in fisk.
Sint. As ik jo goed fetsje, den wolle jy my in paed lâns liede, dêr in earlik man net gean wol.
Ork. Ja heite, men kin dat sa nei net nimme. Ast’ it allinne wierste, den wier ’t yet hwet oars. Mar, myn goede man! sjen de krante ’ris nei, fen in jier twa, trije, fjouwer. En de measte, dy ’t bankerot gien binne slaen op ’e hakken.
Sint. Ja, mar hwet wirdt der den ek fen yen sein, en hok for nammen jaen se yen net nei?
Ork. Gekheit! Ho hab ik it hawn? Dat wier oars hwet as sa’n skiterich bankerotsje fen dy. Ik lit de ljue mar prate hwet se wolle. Dat is mei in jier twa al biwend. En dêr binne de ljue yette al nochlik fen tsjinwirdich, de measten wolle greach wer mei yen hannelje, as se in stûrke oan yen fortsjinje kinne. Ja, ik hab der ljue ûnder, dy ’t oars yet al in pongfol mannich by my opset habbe, en my lykwol de soallen út de skoen tsjinje wolle. Ik hab der sels niget oan.
It is “mynhear!” foar en nei, op inkelde âldmoadrige stiifkoppen nei; mar dêr kin men neat mei wirde.
Sint. En den in oarmans namme sette ynpleats fen yens eigen? Fij! fij!
Ork. Nou, hwet skeelt dat? As ’t mar giet. En dat komt mei de tiid ek wol wer yn ’e heak, as men ’t paed mar wit. De greate ljue, dy dy helpe scille, moaste ûnder ’e side krûpe, en aste witste det se in rudich steed habbe, den moast hjar tige kardzje, al kardzje, al kardzje. Den kinst’ mirakels dwaen. O, Sint! dou witste net, ho dom in bulte minsken binne. Ik moat der wol om laeitsje. Hja mienden ek, det ik my forrekkene hie, do ’t ik bankerot gong. Dêrom moast in kindich master yn ’e stêd myn boekje neisjen. Mar master sei: “Hoar, jonkje! jou make sommen die ik niet begryp. Jou binne my feul te slim in de rekenkunde. Ik kan je niks leere.”—Nou, wier ’t nen wonder? Ik hie bûtelâns op ’e skoalle wêst.
Sint. Mar ho meitsje jy it mei de krediteuren? As dy jo neijerhân tsjin komme, sjen se yen den net raer oan?
Ork. Dou moast hjar altyd net yn ’e tût rinne. Biljeaven de greate net, dy ’t hele knoarren ha moatte; hwent dêr binne lilke ûnder, dy doare yen yet wol by de hûd krije, as ’t slim komt. Mar dat is my yet mar ienkear oerkomd, en dy liet ek al wer los. Slaen doare se yen net, al hat men ’t tsjiendûbeld fortsjinne. Elts is eang fen útfenhûs yn ’e stêd.
Sint. Men kin se net ontrinne, tinkt my, as der sa folle binne.
Ork. Nou, dy lytse, dy ’t om dy hinne wenje, lyk as timmerljue, ferwers, skroarren en moadewinkels, dy moast glêd bitelje. Dat smyt dôch gjin seadden oan ’e dyk. Den hast ek ljue, dy ’t dy priisgje, wyls ’t oarren dy forflokke.
Sint. Den is der yet hwet, dat my net moai taliket.
Ork. En hwet is dat?
Sint. Det se yen nei wize en sizze, lyk as dat wol sein wirdt: “Dêr giet dy greate skelm hinne; in hear fen stellen jild, dêr ’t in oar jierren lang sûr for tobbe hat, dy ’t nou troch sa’n snaek yn ’t ûnderbaitsje rinne moat. Dy moaije rôk moasten se him fen ’e bealch barne!”—It scoe yen grize!
Ork. Jonge, dat hear ik allegearre net; en dat binne gjin kanons-koegels.
Sint. En den de bysfeinten yen yn almanaks-koerren rinne litte troch de hele stêd hinne.
Ork. Dat komt my net oan ’e kâlde klean.
Sint. Nou, Ork-om, ik tink der yet sa net oer as jy. Us dominys leare ús dat sneins ek net yn ’e tsjerke; dat skeelt folle.
Ork. O, dat wit ik sa lyk net. Dêr dwaen ik net oan. En aste dat sa fyn ûtplûzje woste, den kin der neat fen komme.
Sint. Jou paed doocht net, man! It liket neat! Ik scil ’t earlik bringe sa fier as ik kin. De seilen der plat by en de húshâlding bisnoeije. De ljue meije sizze: “It spil fen Sint wirdt der net better oan”: hja scille my net forwinskje en forflokke. Kin ik net in rôk mei gleone knopen drage, mei in baitsje kin ’k my ek waerm klaeije, en dat scille de ljue my wol hâlde litte. Kin ik myn bern net as hearen opfiere, en in bult jild neilitte,—hja scille der mei soune lea en in goed sin, troch Gods help wol troch komme. Hja scille hjar net to biskamjen habbe as hjar heite namme neamd wirdt, en nimmen scil hjar forwite, det se fen stellen jild greate ljue binne. In wiis man út de âlde tiid sei: “Beter is een weinig met gerechtigheid dan de veelheid der inkomsten zonder recht.” En in oaren: “Het weinige, dat de rechtvaardige heeft, is beter dan de overvloed der godloozen.” Sa tink ik ek, Ork. Us heit hat faek sein: “Jonge! tink ris om dat jild, dat sa by eltsoar komt.”
Ork. Dêr wit ik net fen. Ik lêz sokke boeken net. Dou wirdste fyn, leau ik.
Sint. Ik bin fyn noch grou; mar it is my dêrom net allike folle.
In Faem ropt by de doar. Sit mynhear Ork hjir? Dy moat gau ynkomme. Der is in great brief komd, dêr stiet sok raer lêzen yn, det jiffrou is der mislik fen wirden.
Ork giet rimpen opstean en seit yn ’t hinnegean: Dy divelske frouljue lizze aenstons fen hjar sels. Hja bihirdzje der ek net yn, al lêze se fyftich rare brieven.
Sint allinne. Nuvere brieven! Ork! Ork! Ork! Net yn ’e tsjerke komme; nen bibel lêze; folle bêste ljue yn ’t ûnderbaitsje helpe, om sels in hear to wêzen; kindige ljue forbjusterje mei rekkenjen! Ik wit net, eft de greate slútrekken net in trien-eager wirde scil.
1832. TSJALLING HIDDES.
IT PAED NEI DE JILDDOBBE.
It is in lyts toarntsje forlyn, det ik ris yn in koer mei pompieren omskoerde. By it trochnoazjen fen dy skriften foun ik der ien ûnder, dat yette al hwet mear like as kom-alledei. Ik lies it ien en oar ris oer en tocht: Soa! dat is ek lang net fen in gek skreaun, al is de skriuwer den ek mar in boereminske.
Ik bitocht my in bytsje en do skeat it my yn, det it wol net ontsjinstich wêze koe, om it ek ris oan oare minsken to lêzen to jaen, wol to forstean, as hja ’t lêze wolle. Ik scil it den mar drukke litte, tocht ik, en dy it den net lêze en ynsjen wolle, kinne it stean litte. En oaren, dy ’t ris ynkypje wolle, kinne der út meinimme hwet hjar oanstiet, it oare kinne se bliuwe litte. Ik scil it mei twa, trije wirden sizze hwet for ding dit grienmank fen goed en tsjoed is.
It is den in brief fen in faer oan syn soan, dy troch syn heit en mem to goed, to wiis en to great achte waerd, om him yn it platte lân yn ’t ien ef ’t oare bidriuw op to bringen. Soan wier de oare skoallebern, ja him sels, yn ’t learen fier foarby roan. Hy lies as in abbekaet en spriek de wirden nei de nije wize, sûnder missen út. Hy skreau op ’t lêst,—dit hied er op ’e lâns-sikterije leard,—sa kribelkrabbelich, det nimmen it lêze koe. Hy koe ek wol birekkenje, det der fiif cinten yn in stûr gongen, det twa ien mear is as ién en det men in stûr ha moat om ien útjaen to kinnen. De âlders hiene master tige holpen, om soan foar ’t forstân geleard to meitsjen. Dit wier sa wol mei him lokt, as mei sa folle ierripe berntsjes fen ús tiid, dy’t bynei tinke en redenearje foar det se fen heit en mem sizze kinne. Troch tofolle ljocht snieblyn makke, reitsje hja den oan ’t omdwelmjen en komme út it lân yn ’e stêd to lânne.
Sa wier den ek heite en memme ljeaf snieblyn soantsje yn ’e stêd earne as skriuwer oanrekke. Hy waerd jongehear hjitten en hie syn wapen, de pinne, efter ’t ear sitten. Moai út de kluten sketten, tige wiis en great yn syn eigen eagen, seach disse ynkommeling yn ’e stêd altyd omhegens. Allinkom stoep er fen de ûnderste trep op ’e twade en sa op ’e tredde, as skriuwer, en waerd sa al mansker by him sels.
Dit noaske heit bjustere skoan. Alders tsjugge ’t sa graech, det it mei hjar bern yn ’e hichte giet. Heit woe him yette heger ha, en op in dûr op ’e heechste trep, dêr de jonge komme koe, to stean hâlde. Dêrom skreau hy dy brief. Dêryn redt er syn soan oan hokker paed er hâlde moat om to kommen dêr ’t heit him habbe wol, en dêr ’t de soan ek wêze woe.
Ho ljeaf habbe sokke âlders hjar bern! Ho bodzje hja en hwet bitinke se net al om de bern gelokkich to meitsjen. Ho sûr litte se ’t hjar wirde om de bern ryk en great to krijen. Hjiryn bistiet dôch it wiere lok fen in minske. Ja, it is wol wier, det twa âlders makliker saun bern ûnderhâlde en troch ’e tiid bringe kinne, as saun bern twa âlders.
Mar dy âlders habbe ek in tige bult plezier oan de bern, bynammen oan sokke bern, dy’t sa fiks út de hânnen wolle. En de bern, hofolle moatte dy den ek op hjar bar for sokke âlders oer habbe! Ho moatte dy, op rie fen hjar âlders, net grabbelje om jild en oansjen! Hwet bihearre se, om âlders sin en plezier, net al to dwaen om greate hearen to wirden!
Ik winskje det beide út dit blêdtsje pompier der mear ynsjen yn krije meije, hwet hja for eltsoar wêze en dwaen moatte. Ik hoopje det dit pompier yn dizze dagen, hweryn it sa krap mei de boerkerij en oare bidriuwen omkomt, in bytsje wolkommer wêze mei as in slynske kat yn ’e molkenkeamer. Ljue dy yette siikje nei hwet oaren al foun habbe: in swier ynkommen en goede trakteminten—meije oan dit skriuwen in eksimpel nimme. It briefke fen heit wol oars neat sizze as:
By jild, by oansjen, hege steat, Is alles, sels de deugd mar neat.
Leau it mar, minsken! Lêz’ dêrfor de brief. Dêr habbe jimme hjar. Meitsje der út hwet der út makke wirde kin.
Ljeave Soan!
Ik hab dyn brief wol krige en myn hert hipperde-wipte my yn ’t liif om, det ik ris skrift fen myn ljeave soan ûnder de eagen habbe mochte. Saun kear moast ik út blydskip de brief oerlêze, foar det ik der út lies, detste soun wierste. Ik lêz net folle sok moai brieveskrift as dines. It stie nuvere moai, howol de letters tige op putheakken liken. It moat moai wêze, hwent dou haste by knappe skriuwmasters leard. Det ik der hast net út komme koe, laei by my, om’t ik sa oandien wier.
Ik makke der den langomlet, mei in bulte oandwaenlikens út op, det it dy goed giet en detste it goed haste, en hjirút lied ik ôf, detste ’t ek goed makkeste. Dou witst’ it net heal ho bliid ik dêrom bin.
Ho nochlik is it my, detste yn lean forhege biste. Dou stietste den goed yn ’t blêd by dyn master en hâldste en draechste dy ek fêst bêst; oars giet it dôch sa net. Sa moat it gean, jonge! Al njunkelytsen opkliuwe yn fortsjinsten en den sparje om in moai stûrke oer to garjen tsjin de kweade en âlde dei.
Aste sa faesje hâldste, den kin heit gerêst om dy de holle dellizze, hwent den scilste gjin brea brek ha. As ik weireisgje en den sjuch detstou fen dat roune gûd genôch haste en yn in goede kostwinning ef ljeaver jildwinning sitste, hofolle lichter is den it stjerren for my! Dou hast nou de rjuchte wei foar dy lizzen, soan! forjit dit net!
Ik scoe der greatsk op wirde, as dat gjin kwea wier, mar ik draech it hert der al helte heger om, det ik sa’n jonge hab, dy’t yn ’e stêd is en mei alle jongehearen fen fetsoen omgong hat. It kitelt my danich detst my skriuwste, det jimme jamk mei eltsoar yn sokke huzen geane, kofjehuzen en soasjeteiten,—sa neamstou se ommers, net wier? en dêr den oer sokke hege dingen lyk as ’t lânsregear en de staets-pompieren, sa wiis prate det ik der mei myn bot forstân hein noch nei by kin. Soks stiet for sokke jonge hearen sa moai!
My tinkt it kin ek yet al troch de bûgel, det jim jimme dêr den ris fordivedearje mei in bytsje to spyljen en in slokje to drinken. De bôge kin dôch altyd net spand stean, en dyn holle, dêr’t safolle yn omgiet, moat soms ek ris útspield en bunske wirde. Do’t ik jong wier, gyng ik sels ek wol nei ’t weardshûs om in healfeantsje en in dripke plezier, howol dat alles mar op syn boersk gyng.
Ik lêz út dyn brief, detste wol fyftich goune bûsjild habbe woeste. Ik bigryp wol, detste net sûnder jild kinste en scil it dy dêrom stjûre. Mar nou moaste dôch foaral en biljeaven net rij wêze en der oan de hoasbânnen ta troch gean. Troch net djipper to tarren en to smarren as de bûse lije wol, wirdt der in stûrke oersparre, en it jild is yn dizze tiid net rom. Mar dou kinste dôch ek dyn fetsoen as jonge hear allykwol om in stûrke jild net weismite. Fetsoen docht ek jild. It is fierwei it bêste twisken de wâllen yn to bliuwen, den rekket men noch oan de iene noch oan de oare kant yn ’e sleat.
O hwet in hearen-eintsje-libben haste dêr nou yn ’e stêd. It is in himel op ierde, omgong to habben mei sokke jonge feinten fen oansjen, dy sa moai klaeid binne en safolle better prate kinne as in boer. “In boer en in beest habbe ién foarletter,” sei in potsjemakker ienkear tsjin my. Nou, dou biste nou ta in minske, ja, ta in hear makke, en scilste, as ’t hwet slachbûgje wol, it yette wol fierder bringe.
Ik hab it altyd al sein, heiteman! detstou fiers to goed wierste om mei dyn tsjep en heech forstân, by sa’n oerstalligen geleardens, altyd op ’e groppemiellen yn ’e kouwekjitte om to rieren, oan ’e seine, sichte ef leppe to stean, ef it ien ef ’t oar swier en gemien hantwirk to learen. Dêr koe neat fen komme mei dy; dêr foel noch dyn noch myn sin op. Ik woe in hear fen dy meitsje, en wol dat nou yette ienris sa graech dêr ’t ik better en better ynsjuch, det ik gjin bûter oan ’e galge smar mei dy. Hwet scoe men ek mei det ezeljen bidije kinne? In bodder bliuwt altyd in bodder en moat, krekt as in ezel, altyd for oaren in tige swier pak toaije. En dêr hat mem dy net for yn ’e widze lein. Mei de pin, mei de pin is it to heljen, heite! Dat seach heit al lang en dou learste ’t nou ek al.
Myn bûrljue bigjinne my wol mei in skean each oan to sjen, en myn goede kinders wirde al kweaginders omdet ik sokken jonge hab, dy’t hjarres sa fier boppe de holle en oer ’e fûst is; dy’t as hear yn ’e stêd is en stedsk prate kin. Hja sizze wol ris: “Hearre syn soan wirdt sa greatsk, det er hast net mear wit ho ’t er him posture en gean scil, en hy stapt dêr yn syn moaije rôk om as in ingelske hoanne.”—Mar dat is kleare bare misginstigens, en oan sokke ôfwaeide praetsjes moat men yen net steure; dy scille wol wer oerbetterje.
Meits dou mar, ried ik dy, detste omheech komste, lyk aste ont nou ta dien haste. Ho mear men yn ’e hichte giet, ho minder men ek yn ’t each rint en ho minder oaren it dy misginne scille. As dit mei dy lokke mei en ik it mei dy bilibje mei, den reitsje ús kweaginders der op ’t lêst yette wol om oan ’t plokhierjen hwa ’t earst in frjeonlik wird fen dy krijt en dyn greatste boetsje wirde scil. Dit is sa de menear fen dwaen en tinken by de minsken; hja binne sa, en sa moast hjar ek brûke.
Nim dou sa de reamme fen ’e mâlke ôf en lit oaren de tinne flut fen dreage mâlke hâlde. Sjuch dou de huning for dy to krijen en lit hjar, dy safolle mânsk net binne as dou, it wirk mar dwaen. Den is ’t yn ’e rjuchte, foaral aste hjar soms ris in ljeaf lyts bytsje mei priuwe litste.
Dêr hearste ’t op yn to hâlden. Siikje sa mei nimmen en jaen der boppe op to kommen. Dit is heite winsk. En heit scil dy hjirfor ek yette iene en oare middels oan ’e hân jaen, dy ha ’k for in part sels útfoun en for in part ha ’k se krige fen ús domeny, dy him yette al ridlik nei de minsken jaen en him goed skikke en foegje kin.
Dou moaste den dyn bûsen wiid en waech iepen sette, det de reade en wite flinters der sûnder kantroeren by de rûs yn fleane kinne. Flinters fleane meast dêr ’t de sinne skynt en de swiete blommen rûke. Dou makkest den ek, detste tige blinkste en swiet en fier rûkste, om se sa oan to lokjen. Aste den de bûsen, dy ’t mei lym bismard wêze moatte en kleevje, goed fol haste, den dochst se ticht en hâldst se sletten, om de flinters net wer fleane to litten.
Sûnder jild is alles neat. Mei en for jild kin men alles krije. For jild kin men folle keapje, soan! Sokke frjeonen kinne yen altyd tsjinst dwaen, en oare frjeonen—helpers en kroaders—hiere. In minske sûnder jild hat it wol helte swierder, as er op ’e kluten komme wol, as ien dy dûbeltsjes op ’e bûse hat. Mei jild kin de iene goe minske de oare in deugd dwaen. De iene hân wasket de oare en sa wirde hja beide skien.
Hâld dyn mûle to riede lyk as dyn pong. Wêz sunich op dyn wirden, aste ’t net al to goed witste hwet for flêsk aste yn ’e kûpe haste en ho de ljue, dêrst by biste, it ljeafst hearre wolle en meije. It moat in goed prater wêze, dy ’t in swijer forbetterje scil. Dou moastte mar meien neiprate en sjonge, sa as men ’t dy den foardocht. Den rekkest yn ’e ginst fen ’e ljue, den mei elk dy graech lije—aste ’t net to lûd en to folle dochste. Nimmen wol graech tsjinspritsen, mar sa folle to ljeaver meifoun en foartsterke wirde yn syn sin en miening. Sa binne wy ek al, en hwêrom scoene oaren den sa net wêze? Sjuch dyn folk oan, dit hab ik fen domeny leard. As dy op ’e stoel stiet to preekjen en de gong fen ’t spil it meibringt, den sprekt er alle ketters lûd en lilk tsjin, en wiist it oan, det hja allegearre op ’e dwaelwei binne en wy allinne ’t rjuchte foar habbe. Hwent sa wol syn folk it dêr it graechst hearre en de oaren komme net by him yn ’e tsjerke. Mar is dominy ris by in ketter to gast, den hâldt de man him stil en praet swiet mei de ljue hinne. Dit lear ik nou wer oan dy. Meitsje gebrûk fen dizze ried; hja helpt in bulte. Dou meiste domeny en heit hjir wol yn leauwe, wy habbe ’t by ûnderfining.
Foaral en biljeaven hearste op dyn iepenst to wêzen, as de ljue in bytsje balstûrrich binne, as se de kâlde koarts earst yn ’t hert hawn habbe en den de hjitte yn ’e holle krije; hwent den wolle se soms wol hwet dwylje en bûtenslaen. Ja, as dat slim oankomt, den mei yen de eangstme wol oanslaen, en den moat yen de grize oer de grouwe gean, sa nau is ’t den to hippen. Den de mûle ticht op ’t slot, jonge! Ef oars, neat oars as út de selde noat sjonge en mar tige mei bâlte!
Noait litste ’t yn dyn hersens opkomme om dyn hearen, masters en greate ljue tsjin to praten. Sidesêfte wirden wolle hja út dyn mûle habbe. Jow hjar dy; hja kostje dy ommers neat. Alles hwet sokke ljue moai fine, fyn dou dat ek moai, en priisgje ’t yn hjar by- en ôfwêzen, det oaren soks ek to witten komme. Hwet hja mâl en lilk neame, jow dou dêr ek slimme nammen oan. Flaei hjar, mar sa, det hja ’t net hearre kinne, det it flaeijen is. Nimmen wol wollens en wittens flaeid wirde en elk flokt op ’e flaeijers. Aei hjar, mar sûnder hjar to knipen ef to folle to kiteljen. Net to grou en net to fyn; hâld dat yn ’t each.
For hjar kweafrjeonen, ef dy net allyk mei hjar tinke, kinst’ dy wol in bytsje mije, en wêz’ dêr biljeaven net great mei. Hearste ’t dat sokken hwet sizze det dyn hearen net oanstiet en mûlket, forfyskje en draech it hjar oan; dêr winste rju mei. Fandelje dat op; it binne gjin wyn-aeijen, hear!
De wearhoanne op ’e toer kin dy fierder de wei wize. Dy stekt altyd de kop yn ’e wyn, en as er mar rûkt det de wyn omfleane scil, den smyt hy ek yn in amerij it gat om en stekt de kop sa al wer yn ’e wyn. Hâld dou ek sa de noas en de holle dêr hwêr de wyn wei komt, detste sjen, fiele en rûke kinste as de wyn draeit en sels as er draeije wol, en dat hwet foarút; den bist’ altyd klear. Nin wearhoanne moat better draeije as dou. “Oermacht docht wykjen”, seit it sprekwird, en sa kin de hoanne ek de wyn net forstean. Stean dou de wyn den ek allike min tsjin. It is swier wirk en dôch om ’e nocht.
Wêz’ linich yn ’e rêch, linich yn ’e mûle en redsum yn al dyn dwaen en litten. Hwent minsken dy ’t sa stiif binne as dampeallen bliuwe op ’t selde steed stean en wirde wol ris omjage. Mei dy moat it wêze: “Foarút is de wei!”
Mar nou scilste sizze: “Moat ik den oars prate as ik tink?”—Biste gek, heite! Dou moaste krekt sa tinke aste praetste. Mar dyn tinken heart nearne oars om to wêzen, as om great to wirden. En dat woest ommers wol, net? Wolnou, den scil dyn praten en tinken wol by dy sels yn elkoar slute as in bos, aste ’t mar goed ûnder ’t forstân haste en hâldste.
“Mar”, fregest’ my mogelik, “ho moat ik den mei myn konsjinsje, as dy net ris om ’t lyk wol, en as ik dêr den mei yn omslach reitsje op dat paed, dat soms wol hwet bôgje scil?”—Dit is bernepraet, jonge! Bitsjut dou dyn konsjinsje, det men yens eigen bêst siikje moat, stek hjar den yn ’e bûse en bidobje hjar ûnder ’t jild. Hja scil dêr wol stil wêze en dou scilst der den net mear lêst fen habbe.
Sa hab ik dy nou it paed nei de loksberch foarskreaun. Dou biste der op; pas op, detste ’t ûnder ’e foetten hâldste. Kinste soms ’ris op in goede kroade to sitten komme en dy sa in ein om hegens kroadzje litte, dêr moaste foaral om siikje.
Ik sjuch dy al oan it great ieslok swiet stean to plûzjen. Meitsje dôch detste dêr gau oan komste, en skoer der den mar de greatste lokken út; dat binne de bêste. Ik winskje neat mear as det ik dy hast yn sa’n smoarrich ampt sjen scil, det it fet dy fen ’e fingerseinen ôfdript. It is my allyk as dyn namme den yn eur ef aris útgiet, aste mar ontfanger wirdste. Ja, ontfanger fen greate slompen jild scilste wirde, hoopje ’k. Ik siikje sokken bistean for dy, en siikje dou der mei om,—hwêryn oare ljue for dy jouwers wêze moatte en de stokmantsjes by de rûs ta dyn doar yn komme.
Mar der binne nuvere minsken yn ’e wrâld. It moat dy dêrom ek net rimpen oerkomme, as der ris immen komt dy, astou sa yn ’t bûterfet fallen biste en it jild dy by skepfollen ta de doar yn smiten wirdt, seit: “Sjuch, dêr giet ek al ien fen dy greate earmen hinne, dy ’t wy ûnderhâlde. Dat is nou ek al ien fen dy ljue, dy ’t út de greate bûse tarre, en dêr ’t wy it baitsje for lûke moatte.”
Der binne in bulte kwea minsken, jonge! De niid is great. Lit hjar mar hinne prate. En howol men der gleon om yn ’e hakken wirde scoe, tink dôch mar: hja witte net better, en stoene hja ris op myn steed,—stil wieren se as in mûs. Dou kinst’ sokken wol heine en slaen en troaije.
Ien ding is der lykwol, dat my hwet slimmer taliket. As de ontfangers sa yn tal en ynkommen oanwinne, det de jouwers gjin jouwers bliuwe kinne. Ho den?—Komt dei, komt rie; dat is alles hwet ik dêr fen sizze kin.
Dy ’t langst hjir bliuwt scil ’t al bisitte. En dêr is ’t mei dien. It slimste dat der op sit: as der gjin mear jouwers binne, det jimme hjar den jouwe.
Ik scil myn brief, dy sa lang wirden is as in foech prekaesje, hjir mei eingje: det ik dy tawinskje, detste gau great wirdste, in rom baentsje, in ryk wiif en in moai hûs krigeste.
Ik bliuw dyn ljeave heit
Hearre F. Jildsma.
Nou is de brief út. Dy ’t it better wit as heit, moat it mar sizze.
1833. TSJALLING HIDDES.
MAEIKE JAKKELES EN HJAR WIERSIZZERIJ OAN DE FAMMEN.
Maeike Jakkeles (dit witte jimme) is to Gauw op ’e wrâld komd, en to Hallum great makke. Der stiet fen hjar skreaun: “It is in minske, kant fen liif en lea. Sy stiet midden yn ’e skoen en giet mei de teannen foarút. De mûle sit hjar op it rjuchte steed. Hja hat in rjucht noas, mids yn ’e troanje, en net in tipnoaske, mar in gevel dy it gebou moai stiet, sa it heart. In pear rjochter hânnen hat se oan ’t liif, as ’t oan ’t wirk en skroarjen takomt; en sy sjocht der út, as in Ontfangers- ef Bysitterswiif op it bêst fen hjar libben.
Hja kin Bibel-lêze, krantsje en Almanakje, briefskriuwe en alle Salmen glêd sjonge. As se to brilloft is, den hellet se op fen “Japik yn ’e parrebeam en Nynke wol net heine”, sa goed as de bêste út de heap, mei gjalpen, det de pannen op ’e richel rinkelje. Hjar forstân is klear en ryp wirden op ’e kâlde groun, lyk as de maeigêrzen.
Yn hjar sizzen foel se wol ris oerbidige skerp, as hjar de mûtse oerdwers stie, om ondogensheit fen minsken. “Ik haw net tsjin de minsken (sei se), mar tsjin hjar ondogense streken”. As der ljue út Israël by hjar oan de doar kamen—en dy kamen der do tiids ek al rommernôch yn Hallum—dêr woe se nin dwaen mei hawwe. Hja sei: “Ephraïm en hjar skoerre en tôgje mei ienfâldige ljue om, sa lang as se der hwet fen ploaitsje kinne, lyk as de roeken mei de ongânzen.”
In kliemsk, tipsidich bûrwiif, dy net suver oan ’e lever en yn hjar jonkheit rom genôch hantearre wier, sei tsjin Maeike: “Fij, hwet binne jy yette luftich en idel nei jou jierren!”—“Hwet mienste”, (sei se dêrop) “det ik sels de reamme allegjerre nomd hab, en ús ljeaven Hear oars net as flut jaen wol, lyk as dou?”
By ljue dy altyd oer it goede prate woenen, en it yn hjar dwaen sa krekt net hifken, oan de greate inster, as de bûse der mar baet by hie, roun se folle mei de stikel om. Sa praette en eamele hjar skoenmakker ek jimmerwei. Dizze man wier út Loeksterhoek komd as in minger fen ’t earmbistjûr, en yn seis jier, nei det syn âlde baes it kistelid oer ’e noas stritsen wier, en de erfgenamen yn de holle kast omsjoen hiene as in kou yn ’e Ljouwter poarte, in great man wirden to Hallum. Nou it skammel mantsje de skiepkes op ’e droechte hie, liet hy de holle yn ’e tsjerke op ’e side hingje, en krûpte mei syn wyt prûkje op en brún sarjes rokje oan, deun ûnder de listen fen ’e preekstoel.
Maeike sei tsjin Domenij: “It scil jo mei baes gean, as de timmerman mei ’t âlde Hallumer skip: der sit fjûrrich hout yn.”
Tsjin in oaren, dêr se folle by yn ’e winkel kaem, en dy hjar in fearn thé for in heal poun yn ’e koer treaun hie, en folle oer syn binnenste praette, sei Maeike: “Ik wit net, feint, mar astou iepene wirdste, scilste net swiet rûke.”
Do se in ryk menist op in leugen fette, dy wol hûndert op ien dei dwaen woe, as hy der mar mei fortsjinje koe, sei se: “Jy kinne ek wol in pear merkeskoen oan ein, ear jy wer op it âlde paed binne.” Koartom, elts dy oar gûd forkeapje woe, as er yn ’e marse droech, krige in skramke. Hjar man sei den wol ris: “Men scoe sizze, hwet haste der altyd mei fen dwaen?” Mar Maeike sei: “Tsjin de kweade moat fochten wirde, oars wirdt er al to great baes.”
Oer de Godstsjinst tocht se mear as se sei, mar sy woe der noait oer haspelje en tsiere mei ljue, dy oars tochten as sy.
“De greate Lantearne”, sei se, “is for ús allegjerre opstitsen, en ljochtet oan alle iggen. Der binne folle knoflige hânnen west, dy de glêzen gruzich en grounich makke hawwe; lykwol barnt it troch alles hinne. Elts moat dêr stean, dêr hy it measte ljocht fen de lampe kriget, en dêr moat nimmen yen ta yn ’e wei stean.” Folk, dat net nei de tsjerke omseach, woe se net yn hjar tsjinst hawwe. “Dat is fisk noch flesk!” sei se.
Tsjin hjar bern koe se it ek nuver sizze. Do se hjar âldste dochter in gouden holgûd kofte, bitinge se, det se noait oars as silver yn ’e tsjerkepong jaen mochte: “oars stiet sa’n giel ding lilk. De Tsjerke en de Wrâld elts syn part”, sei se.
Yn hjar húshâlding wier se rjucht en sljucht. Hja woe noait keapje fen ljue, dêr se tingje moast, ef dy hjar waer bjuster priisgen; sy koft ek mar selden, mar as ’t wêze moast, den goed en fen de bêste ein. As ’t bûten de tsjerke ef ongelokkige minsken omgong, hie se wol nocht oan bizerije. Hja koe ’t bjuster bryk útstelle.
Ienris do in jeneveroalje-keapman, in keardel as in twinter okse, by hjar oanskeat, en alle kwalen oplies, wol in heal ûre lang, sei Maeike: “Altyd net ret, Ome!” Mar op it lêst sei se: “Wol ik jo ris sizze, hwer de measte ljue de kwael sit? Dêr sit it!” en do sloech se op ’e bûse.—“My ek, sei de man, en gong syn wei.
Hjar siktaris soan, dy in jier to Frentsjer oan de Akademie west en yn dat bytsje tiid sa flokken leard hie, det hy net ien Prefester foarút joech, en syn tiid mei smoken, bolwirksljuchtsjen en kaertspyljen oan ein brocht hie, en, nei syn sizzen for divel ef spoeken wykte, hat ris in lyts húsmiddeltsje fen Maeike-moei hawn.—Op in joun teach de studint dêr ris hinne to jounpraten; en do hy nei Maeike sin genôch flokt en swetst hie, waerd der in skiepperib nomd en dêr in wyt lekken yn spraeit; do hjar swarte wetterhoun dêr op ’e rêch yn fêst fisele, de bek opspjalke mei it heft fen in great mês det it bist net oars dwaen koe as âlje en mâlle geluten jaen, do dat spil oerein, en sa lieten se kardoes trije kear fen boppen it finster lâns giere, tsjin de studint oer.
Do de flokker dat ôfgryslik ding troch de glêzen hinne seach, fleach hy as in pyl oerein, en hals oer kop oer stoellen en tafels hinne, en oan de skouders ta foaroer yn in fol kret, dat al yn tiids for him klear stie, en sa reisge hy, sa hird as er oait dien hie, nei de Siktarij. De klerk rekke fen ’e drang ûnder ’e foetten, en krige in print fen ’t kret ta. It hiele hûs yn rep en roer; de wite mûrren kouwestront; Juffrou fen hjar sels; Siktaris fen ’t stik. Dy frege forheard: “Mijn zoon! wat is dit?”—“Och, Heere! Pa, ik hef de Duvel zien!”
Op in winter, det hjar man en Domenij de tried ris fen de redens ôfride scoene op oardeletmiels iis, rekken se beide oan ’e skouders ta yn ’e opsleat, dêr se as kikkerts wer útkrûpten; gûle en oefje, det de ljue mear om hjar laken as meilijen mei hjar hiene.—Do se de bûtdoar yn stoepen, mei de flotgêrzen op de rokjes, koe Maeike yn hjar sels it laeitsjen net litte. Sy sei: “It is noch bêst bislein mei jimme: hwent as it wetter hjit west hie, koene jimme jimme drovich barnd hawwe.”
Yn hjar dwaen en litten wier se sa from as goud: hja hiene in feint út Kollumersweach, dy in jier by in tysker wenne hie. Dizze scoe mei in kou, dy it njuggende kealtsje al forsomme hie, nei de merk, mar sette, lyk as hy wend wier, it âld bist earst in nij earizer op. Dit hie hy út ’e pin leard. Mis wier it nei Maeike sin. De feint krige in fet baerch; sy joech him seis wike, en gereis. “Jild, dat mei sokke kinsten woun wirdt (sei se) hat men fen de divel op skea, en dêr wol ik net by yn ’t kryt wêze: hwent it is in nuver jildsjitter, dy’t by nacht en ontiden mei saundûbele yntressen opeasket, as ’t him mar yn syn mâlle kop oankomt.
Hjar man wier in biheind minske; hy hie twa kromme tommen en gjin naule, en mar ien tean, bjuster gysten mei in bytsje forstân, en wier fûlfrettende gjirrich. Hy koe, as hy mei Maeike út to gast wier, yn in stik boffert bite, sa great, det him it wyt fen ’e eagen foardraeide, en sy hjar de lea searhâldde.—Moast der slachte wirde, den sels oan ’t wirk, om it slachtlean to fortsjinjen. Sa krige hy in snau fen in âld baerch, omdet hy net redsum wier, dêr hy trije fearnsjier mei om mastere, en him wol in heal baerch kaem to kostjen.
Op in tiid, det hy in stik oan it ûleboerd spikerje woe, yn pleats fen de timmerman, rôlle hy as in einepyk fen boppen: twa ribben stikken en ’t skouder út it lid, dêr de Boal twa fjirders bûter oan fortsjinne. Smelle ûngelokken, fen barnen, snijen en biknipen, stiene net stil, dy Maeike altyd biplasterje moaste. Yn dat wirk brocht se it mei de tiid sa fier, det men alle amerijen om ried kaem, ek for tjirmige berntsjes. Altyd baet by Maeike! Hja wier der handich yn!—As hjar man nachts mar in sike kreunde oer pine yn ’e mûle, den siet hy al ear’t hy it wiste, mei in holle as in einekoer, yn kamfer en kamelleblommen en sliepte as in roas. Hja hie ek mei wêst: hwent de knoffelbân lei se sa goed as de bêste út de hiele Gritenije.
For de measte kwalen joech se in rie en die.
Sa joech se for:
Splitterige hânnen: kouwegalle.
Hounemiezels: in tried Keulse side.
Fjûr-brân: skrabe rie ierdappels.
Wetter-brân: sjerpplasters.
Swollen fingers: Basilikum salve, en fine koeke om út to lûken.
Seare spjinnen: klimmerblêdden, flessehalzen, en waechs- ef krytdoppen.
Ringfjûr: mei erfsulver strike.
Kjeldhakken: brette rapen.
Bifêrzen earmen: rottige apels.
Rude ef frjemde jokte: kwik en griene sjippe, ef in potsje út it stêdsweeshûs.
Hûchhingjen: oan in hier lûke.
Skoerrende roas yn ’e mûle: brea, moster en yettik op it wang, op it lêst in sjip-plaster, en mei in healfearntsje jenever en tritich drippen Haerlemmeroalje yn ’t liif, ûnder de tekken, en sa foarthinne.
Dy hûsmiddels liken noch hwet, mar dy salve noaske Japik net ûnfoech, om syn pong en eare beide. Hy makke in pear ienfâldige ljue wys, dy in kwinerich berntsje hiene, det Maeike Jakkeles in tsjoenster wier. Dit woe men witte, en dêrom waerd it sike berntsje trije erfde bloedkralen yn in tried reade stikside om de hals dien, en dy kralen as in klaverblêd reaun, en dêr trije knopen yn Godsnamme op dien. En jawol, mei 24 ûren wier der al in krael bûten de knopen, nei ’t sizzen fen ’t wiif, dy se der om dien hie, en dy Maeike net lufte.—Dit woe bûrwiif Reinou ek yn ’t ear, dy de lytse bern net foart krije koe, omdet se meast op ’e fljocht wier, en de lytse sloofkes by in oar omtôgje liet. Dizze sei, det it iten, det se yn ’e lêste kream fen Maeike krige hie, mei twa dagen yn spjelden en nidlen foroare wier, en det se sels witte moasten hwet se yn de widzekjessens dien hie. Mei ús tsjerne hat se ek al dwaende west, mar se scil nou wol foar ’e daem opstrûpe. “Det hjar de wjirheit ridt, dy selde Maey!”
Al hwet lilk wier, waerd by eltsoar socht; sy hie pankoeken jown, dy yn njirren,—in moai bûsapel, dy yn in pod foroare wier. Nou siet it der op as âld fet. Maeike-moei, goêsloof, in tsjoenster! It wird gyng húsriem. Der wier hâlden ef kearen oan. Dit smakke Maeike min, mar hja hie to folle forstân, om lilk op domme minsken to wêzen, as se der net ondogens by wierne. “Der is romte yn ’e wrâld”, sei se, “om eltsoar mis to reisgjen.” Sy pielde it âlde paed lâns, en liet de ljue mar prate, lyk as it leksum seit fen Domenij.
Ienris, do it nei Stiensermerk roun, teach se dêr hinne, nei hjar dochter en sweager útfenhûs. Dêr wierne twa opskettene dochters oer ’e flier, dy bjuster snjit mei de merke hiene. Op in snein-to-joun, det de fammen sahwet om hoalle-foallen, kamen der in mannich by hjar yn ’e hûs. De sweager, dy in bysfeint wier, en folle nocht oan pleagjen hie, sei: “Fammen! Oarre moat jimme ’ris wiersizze, hwet frijers jimme krije. O, sy kin ’t sa út de kopkes oplêze, sy wit mear as rjucht hinne.” Dêr hiene de fammen sin oan, en ’t wier allegjerre: “Ja, heden ja! toe Maeik-moi, ei toe!”—“Brui hinne, sei se, “hwet skeelt jimme, bern?” Mar de sweager sei: “It is merke, en mar koartswyl; dêr moat in set fen wêze; jy kinne hjar wol in leksum jaen; jy witte ho ’t jy moatte.” Maeikmoi fette de miening en sei: “Nou fammen! den moat ik ris sjen, hwet ik kin.” Oarre oan ’t wird; it gong eft it fen de tsjerkelaeijen ôfrôlle. (De frouljue kinne it wird dochs goed dwaen, as se op hjar stoeltsje sitte). De fammen harken eft hjar lij wetter yn ’t ear getten waerd. Do Maeikmoi hjar nocht hie, sei se: “Nou kin ’t ek sa wol. Jimme hawwe my hjir to fiter. To Hallum bin ik in tsjoenster, en hjir moat ik wiersizze!”—“It heart by eltsoar”, sei de sweager.
De fammen dripten ôf. Inkelden, dêr Maeik-moi de spiker mei op ’e kop slein hie, seinen tsjin eltsoar: “Hea, sa ’n nuver wiif! Sy wit ’er dochs neat fen.”
Binne der nou ek ûnder jimme, dy it net noasket, det Maeike dy fammen soms in lyts hompke joech, tink it wier in âld rydlich sloof, hja miende it oars trochgoed mei hjar. Tûzenris hat se wol sein: “Ho folle hawwe hjar gelok út to grabbele smiten, dat for nin goud ef triennen wer to krijen is. De wirden fen Master Gysbert laeine hjar foaroan yn ’e mûle:
Orck, myn soan, wot dû bidije, Rin net oan allyk in moll’: Jeld en rie lit mei dy frije, Bern, sa gean’ dyn saken wol.
DE WIERSIZZERIJ FEN MAEIKE JAKKELES.
1.
Dou biste sa glêd om ’e troanje as in spegel. It scil hastich oanrinne mei dy nei it greate gild. It is ek better sa, as oan acht-en-tweintich jier ta to wachtsjen; den is ’t alle amerijen it earizer opsiede, in oar lint oan de kyps, en sa foarthinne. In âld gek mei dêr nei sjen; mar for in jong minske liket it raer, sokke gleone blommen op sa’n toarre groun.
2.
Ik woe wol graech mei dy, det de frijer, dyste ljeafst haste, opdaegjen kaem; mar dou krigeste him joun net, Fanke! Mar dat is neat.
Jaen de moed net op; men wit net ho in dûbeltsje rôlje kin, sei baes Gosse, en hy miende, det hy to gast kaem, mar hy krige bruijen. Us oarre-mem waerd frege op ’e lette joun to Ljouwter merke, en de nachts om hjelwei twaën boaske se al yn ’e hoek fen ’e opkeamer fen ’t Rea hert.
De frijers binne tsjinwirdich net hastich yn ’t bitingjen. It is in ôfrinnende merk. Smyt dy lykwol net wei: de greate merken komme oan.
3.
Fanke! Fanke! hwet bisjuchste dy yn ’e spegel! Nou! as it der ek om sit, eft it der om smiten is, stiet it rûzich. Klaei dy kreas en dimmen, en sa moai, detste altyd noch moaijer bitelje kinste. Dit lûkt de frijers oan, dy to fjild tsjenne om in wiif; en sa’n ien past dy, is ’t net wier? En ast’ dy optakelste as de pompierblazers út Parys, den wirde de mynders eang fen jimme. Hwent al boartsje en djoeije se al sa hwet oerdwealsk, hja kenne de fûgels wol oan de fear. Dêrom, kreas en dimmen! en foaral sa skjin as de brân! den scilste oan twa frijers blauwe skinen jaen; mar de tredde (o! sa’n noflik prater) scil dy sa nei de ljirre tingje, detste him op in nacht om ien ûre om de hals fljuchste en him, ûnder de tútsjes bidobbeste.
It folk yn ’e hûs scil towekker wirde fen jimme patsjen, en sizze: “hark! nou is ’t klonken wirk mei ús fanke!”
4.
It gelok sjocht dy ta de eagen út! D’iene frijer hat de hakken net oer de drompel, ef de oare hat de teannen der al wer op. Pas op! en lit de fûgel net oer it net fleane lyk as folle dien habbe; oars rekkeste mei ûnder de fodden yn ’e koer.
De kar giet der út, en den giet it soms op in âld strider oan, dy in wiif for de warmte nimt.
5.
Dit stiet der nuver foar mei dy! Nou! in jong minske moat twang wêze en op in dûbeltsje oan lint net sjen. Yn de earste jierren fen it trouwen sakket dit wirk fensels; as de widze en bakerkoer oer de flier komme moatte.
Dou biste net ien fen de ongelokkichste. Der sit folle mânljuesflesk oan dy, fanke! en dêrby sa’n noflik boartlik sin! Dou biste klaeid, sa ’t heart. Koartom, in frouminske mei lokken en flokken, linten en flinten. Der is al in blêd yn it trouboek for dy iepen. It scil moai waer wêze op dyn troudei. De ljue scille sizze: “Dat is in gnap pear; in houwelik yn ’e heak!” Mar de man efkes lytser as dou.
Der scil noch in pear mei jimme trouwe: in âld man fen njoggen en sechstich jier mei in frouminske fen in great tweintich. Dêr scille de ljue fen sizze: “Dy âld gek set noch in mounle, om in heal ljippen koarn to meallen, en mei in jier scille se eltsoar net sjen meije.”
6.
Dou biste net forgetten by de feinten, Fanke! Gloeije dy de wangen net? Dou tinkste, detste noch faek to merk gean scilste. Mis is ’t! ear detste der om tinkste, rekkeste oan ’e man.
Ik haw al heard ho jimme op ’e lêste Snitsermerk yn ’t Heechhûs mei elkoar sieten to lústerjen.
Dou scilste goed onthâlde yn it houlik. Twa jier nei it trouwen scil in Domenijs soan dy for in jongfaem oansjen, en dy to Weidumer merke freegje to dounsjen.
7.
Dou sjuchste al skruten, nou Maeike Jakkeles dy hwet sizze scil. Ik sjuch, dou biste der oars fen. It is ek nuver, fanke! op dyn jierren net to witten honear detste mei in pûrfrjemd minske hûshâlde scilste, en noch minder hwa: in lytsen, in greaten, in lichten, in swieren, in rjuchten ef ien mei in slach ef in bocht yn ’e rêch. It scil mei in amerij gean mei dy. Dy it wêze scil, frijt net lang, mar taest ta, en den scilste der omhingje as wiet hea om ’e skûte.
It scil dy goed gean yn ’e wrâld: saun bern, meast jonges, yn trettjin jier krije. Dou krigeste ek misgunders yn dyn steat. Dyn man scil dy tige ljeaf hawwe, en nin kwea fen dy sjen kinne, omdetste alles dwaen scilste hwet er mar tinkt, en omdet er sjucht, det er mei dy bihâlden is.
Dyn makkers scille op jimme troudei tsjin elkoar lústerje, en sizze: “sa weagje ik it ek, dou?”
Jimme mem scil dy in leksum jaen, dyste net forjitte moaste. Hja seit: de kinst om troch ’e wrâld to reisgjen, en oeral it gelach to biteljen, en tank nei to litten, wirdt net oan de Hegeskoallen leard. It sit yn ’e regel fen trijen, en goeddwaen.
8.
Fanke, dwaen dyn bêst, om dy gnap op to striken; mar om de wide jaksmouwen ef de klienens fen de mil, krigeste net gauwer in man. Lykwol scil ’t wirde. Mei in sêft sin en noflike tútsjes kinste folle dwaen, en dou scilste einlik mei in fiks keardel opstriken gean, ast’ mar tiid dochste. Nimmen moat sjen kinne, det de pong om de hals hinget.
9.
Dou moaste net fortrietich wirde, Fanke! as de frijers dyn doar foarby geane, krekt eftste der net biste. Goede en onbilekke waer wirdt altyd opsocht, al laeit se noch sa efter ôf.
Fammen, dy in jachtweide for alle eagen binne, en dy oer alle tongen rôlje, dêr wirde lekken en brekken oan foun.
Gnappe fammen en jonge hynzers moatte oars net as fen fierren bikend wêze, scille se goed oan ’e priis komme. Wêz’ net bang fen foarby to reitsjen; dou biwachteste gjin skea. Dou krigest’ in rimpen man, mar oars troch goed; dou scilste bjuster folle fen him hâlde.
As hy it ongelok hat, det hy mei in noflik holle thús komt, sjen den net eftste út it yettikfet komste. Mei bliere eagen en goede wirden kinne jimme tsjoene; dêrtroch binne folle mear manljue to rjuchte brocht as mei skerpe wirden en ôfwêzich sjen. Dwaen lyk as Beitskemoei. As Janom fen ’t paed wier, den sette hja him yn side en forwiel; en as de sinne yn ’t roun west hie, den sei Beitskemoei in wirdmannich dy op it rjuchte steed kamen. Doch ek sa, en hy scil der op poche, det der nin better wiif yn ’e hiele gritenij is.
10.
Fen dy hoef ik neat to sizzen. Dou biste al lang bisteld, Fanke! Men kin ’t wol oan dy sjen. Net wier?
11.
Dou wachteste ek al, det ik dy hwet moais sizze scil, fen flinke frijers, moai klaeid gean, yn in hûs wenje mei treppens der foar; en it silver en goud by kistfollen erve!
Set dy dêr ôf, Fanke! hwent dat wirdt dyn part net. Dou scilste gelokkich wêze, mar net yn in hege steat. Dou krigeste in bêst man, dy fen de iere moarn ta de lette joun for dy skreppe scil, en astou de dûbeltsjes sa hantearreste, lyk as earlik woun jild bihannele wirde moat, den scille jimme rju bidije, en fjouwer bern great bringe, dy klinke as klokken. In ryk man tichte by jimmes, dy jierren lang om it gelok socht hat, en it op it lêst alhiel bjuster rekket, omdet er it op paden siket, dêr it net to finen is, scil jimme it gelok, dat hy yn syn moai hûs ek nearne fine kin, for tûzenen ôfkeapje wolle. Mar hy kin net. It gelok lústert him yn ’t ear: “keapje mei dyn goud it bihear fen de hiele wrâld; Myn ôfkomst is to heech: Ik bin for nin jild to keap!”
12.
Ho it mei dy komme scil, mei de deale riede; dou biste sa boartlik en sa wif as in maeilaem.
Jaen dy del, Fanke! den scil ’t goed komme. Aste merkeste mei in feint, dyste graech wer sjuchste, pas den op det it lêste tútsje it bêste is; dat giet him troch de lea as in heal fleske fol Haerlemmeroalje in jichtich hantsjemier.
13.
Ik sjuch dy oer fyftich jier al. Men kin dy den net. It skeelt ek folle by nou. As men dyn noflike sankjes heart, as men dyn glêdde troanje, roune bolle earmen, dy kiere rêch en trippeljende foetsjes bisjucht, en dêr tsjinoer in âld kibbich minske mei in skromfelich fel, in sleepjende gong, den scoe men sizze: ho kin sa’n moai jongfaem sa’n âld sloofke wirde? Us heit sei dêrom altyd: “Fanke! meitsje plezier yn dyn jonge jierren, mar pas op, detste dy der net oan forhingeste. Dit siz ik dy ek: hâld altyd in from sin, en meitsje det al it kwea, dat dy oerkomt, troch eigen skild net is; den kinste op de âlde dei yette blomkes ploaitse, der in lyts blêdtsje tûzenris safolle fen wirdich is, as dy greate bosken, dy op de moaije kypsen swypkje.
Doch sa, en de frijers scille as mieren op dy ta komme, en dyn man scil sizze: “ik wist net det it trouwen sa’n wille wier!”
14.
Ik kin wol oan dy sjen, detste net bitsjoend biste. Dat merkte Japik lêsten wol, do jimme oer iis op de Froaskepôlle dounse hawwe.
Dou wotte ljeaver by in gnap jong keardel opsitte, as in nacht by de baerch weitsje. Dou moaste dy hwet ynhâlde, it rint hirdgenôch mei dy; se litte dy net ien snein-to-joun sitte.
Hy wennet net fier fen dy ôf, dy ’t wirde scil; hâld dyn kleur mar! Ik scil ’t net sizze, hwet jimme hokkernachts ôfpraet habbe; jimme habbe lûdernôch lústere.
15.
Dou haste by dy sels it akkoart al makke mei ien; mar hy wirdt it net, bern!.... Biste bang fen foarby to reitsjen, treast dy dermei detste it net allinne biste.
Ik sels hab west, nei det ik oan trije blauwe skinen jown hie, det my de wrâld oanfleach, as domenij in pear fen de stoel rôlje liet, salang as myn goede Jan opdaegjen kaem, dy ik yn trije jounen al bilêzen hie.
Der scil ien by dy komme mei in moaije rôk en glêdde learzens oan; in keardel eft er út in bargeriezel draeid is en dy der oer giet eft er waeit.
Hy is lang net gek, sjucht goed om him hinne en tinkt oars oer it trouwen as in faem, dy sei: “It moat ris weage wirde”, en troude oan in âlde rike gjirgert, om hjar libben yn boalshannen to sliten.
Hy scil nei dy fornimme, ho it moarnsier mei dy is, omdet hy mei in fryster ôfballe is, dy op in joun bjustere kreas wier, en de oare moarns der útseach eft se út de yeskkroade kaem.
16.
Dyn frysterjierren binne dêrmei út; it giet nei de lange tsjinst. De man, dy for dy bisteld is, is in goed keardel, mar hwet hollich; lykwol kinste him oan in siden tried liede, ast’ him mar heinste. Yn de earste fiif jier fjouwer bern, en folle drokte yn ’e húshâldinge. Den scil ’t der op oankomme as de hânnen net sa linich binne, as nou de kreaze foetten foar de fijoele.
17.
Dou tinkste: Maeike Jakkeles wit der neat fen; mar dit siz ik dy, patsje koe ik sa goed as de bêste yn myn tiid. Dit wist de Officier wol, dy my de gouden puntheak wêrom joech, dy in smous my ontstiel. De fammen kinne ’t allegjerre net allike goed; freegje de feinten mar. It koe mei dy wol better. Jaen ’er dy tige nei, en de frijers scille as in swerm bijen om dy hinne gounzje. Op in noflik tútsje is folle de boask sletten.
18.
Der komt op in joun onforwacht in frijer by dy, dy oantinget. Hy scil dy oanlekke wirde. Dou moaste al harkje hwet in oar seit, mar ongelyk hwa. In faem, dy yn ’t eftermiddeiskoft oprint, en bang for de fodkoer is, scil him dy oanlekje, al is ’t noch sa nei ’t sin, en in frijer sa kant as in knikkert.
Der binne ek, dy dy nei de mûle prate en de frijer dy oanpriisgje, al is ’t de greatste dogeneat ef in knoflich stimper. Ik bin bang detste dêr it ear to folle nei hingje litte scilste, en den rekkeste yn ’e maling en fen ’t paed. Falt it onfoech út, den glûpje sokke wei; mar den komme de lekskoaijers mei hjar feninige tongen en sizze: “Sa lizze de wize hinnen de aeijen bûten it nêst!” Moat ’er rie wêze, nim den foaral dy fen de âlde ljue en goedmienende frjeonen.
En noasket dy rie dy net, en is de hân strûf yn it oantaesten, hâld mar fêst; it binne de feilichste paedwizers.
Doch sa, en dyn gelok scil binyd wirde fen folle, dy der ynroun binne as de bolle yn ’e reak, lyk as Tet mei de kreamer.
19.
Hieste hokker sneintojouns dyn slytsje der better by skoud, dou hieste better diel krige.
Wêz’ noait stymsk, al rint it mis; en aste acht-en-twintich jier âld biste, den giet it op in healsliten oan. Foarby komste net, mar it kin fiif-en-tritich jier mei dy wirde. As it dy to lang oanhâldt, en dou wolste sels freegje, doch it den yn in skrikkeljier, de earste folle moanne nei Sint Japik, mei in klear loft.
20.
Op dy binne folle eagen smiten. Dou sjuchst der gnap út en twang yn ’e klean; nou, ’t each wol sines ek hawwe; yn ’e merk moat it ek oars as kom-al-dei.
Ien ding moat ik dy lústerje, en triuw dat efter it jak.
Der binne folle dy wol woene, det se noait merke ef baenriden hiene tsjin ’t sin fen ’e âlde ljue; tink dêrom, den scil ’t wol gean mei dy. Dou witste net heal ho goe as se it mei dy miene.
21.
It lit him mei dy net slim sjen. Dou tinkste folle om it houlik. Hokkerdeis seiste yn dy sels: “ho scil ’t oer fjouwer jier mei my wêze?”
Ik scil ’t dy sizze: Troud en mem oer twa bern. Dyn man scil greate reizen dwaen. Jimme scille net lang wenje yn ’t selde hûs. Ien tichte by jimme scil in hiel great trek út ’e lotterij krije. Jimme krije der ek sin oan, en scille altomets in hânfol jild nei Ljouwert bringe oan de lotterijljue, oer hwaens drompel folle de tarring krije. Oer twa jier scil dy man folle earmer as to foaren en fen ’t wirk ôfwend wêze; dit scil jimme ôfbalje ta jimme gelok. Twa jonges yn ’e earste treddeljier; den in stilsit, neijerhân noch trije dochters.—It troupak fen de Brêgeman koe wol better sitte: de broek scil to leech hingje, en de skoen gapje en kreakje; se scille fen dy sprekke, det it der sa twang by stiet. Jimme trouwe mei noch twa pear; mar ien pear, de man fen 24, en ’t wiif, in widdou fen 42 jier, moatte in wike wachtsje, omdet it boek fol is. It minske scil bjuster oerstjûr wêze en krite, en sizze: Wier ik noch faem, den wier ’t neat; mar for in widdou is ’t in hird gelach.
22.
Aste noch net bitinge biste, Fanke! wird net bang; licht komt der op de lette joun noch in forflein fûgel. As dat bykomt, gean den foaral mei; tink: merkjen is nin boaskjen; de frijers binne krap, en hwa wit hwet der út foart komt.
Durkom en Kykmoei boasken al foar toalven op it tsjernpaed.
23.
Yn de merk biste de gelokkichste net. Sa faek as ’t der oan ta komt, falt it dy ôf. Wêz’ dêrom net stymsk. Mei blier sjen en golle wirden komt men fjirder, as mei smeulske praetsjes.
Trouwen is dyn foarlân; der wirdt mear om dy tocht aste mienste. Dy it wêze scil, hat omflein as in flinter op de blommen; hy scil it nearne fine kinne, mar by dy is hy fêst sitten bleaun. It scil in knap feint wêze, mei in stûrke yn ’e bûse, en forstân om ’erby to fortsjinjen; mar winterdei kin him de noasdrip wol ris hingje; dêrom foaral in bûsdoek mei, as jimme oer iis útgeane.
Yn de earste twa jier folle bilommere loften en beide hwet knypsk wêze. Mar as jimme it rjuchte paed ûnder ’e foetten hawwe, scille se fen jimme sizze: “dy jonge ljue glêdzje op; it bettert dêr fen dei ta dei.”
Der scil earst ien by dy komme, dy oars net leard hat, as in great hear to wêzen, sûnder it jild der for fortsjinje to kinnen. Jimme mem scil ’t goe talykje, mar jimme heit scil sizze: “dou hearste yn Loailekkerlân thús, feint!”
24.
In ryk mans soan hat eagen op dy smiten; mar hy hat acht ûren oanien sitten to rekkenjen mei syn heit, ho folle jild hy mei dy biboaskje koe, en dat skynt hjar to bilytsjen.
Dou scilste den in better part krije, as mei ien, dy for in stûr wol dea wêze wol, en fen gjirgens net groeije kin.
Hy scil der stil mei oankomme, mar ’t is ien dy der wêze kin en doar: en as jimme togjerre geane, scil de hoed for jimme ôfnomd wirde.
25.
Oan de noas to sjen, scilste einlik noch ris oan ’e knokkels ta yn ’t jild omskreppe, aste kloek en sunich biste, en de bûse ticht hâldste, as oars nimmen dy twingt om him op to dwaen as de keapdivel.
Dyn man scil twa tomme lytser wêze as dou, mar wol sa goed as mannich, dy in foet greater binne. Dou moast him tige oanhelje, dêr hawwe lytse ljue skeel oan.
26.
Ho sjuchste sa? Mienste det ik tsjoene kin? Né, Fanke! Ik wit net folle fen dy to sizzen, mar ien ding sjuch ik, detste ljeaver to bier wolste, as om tsjien ûre to bêd. It scil krap omkomme tojoun, en hwet it nuverste is, de alderbêste en de alderminste bliuwe oer; mei dy scil ’t knipe.
Smyt dy lykwol sels net to grabbele! It kin nuver, sei wylde Tryn, yn fjouwer jier net in frijer en nou trije tagelyk.
27.
It scil mei dy yn twa jier folle foroarje. Trije skroarren in hiel wike for dy yn ’t wirk, en pjukke sa folle as se ôf kinne, om it útsetterspak nei de lange tsjinst klear to meitsjen. It scil hastich ta gean.
De frjeonen scille yn ’t skik wêze mei de boask, en dou aldermeast. Dy for dy bisteld is, is net swier fen gewicht, en bysfeinten scille sizze: “hy moat yn lije mâlke-en-bak to weak, om hwet út to tinen; mar hy is birekkene for it mêd dat hy oannimt.”
In eameleftich bûrwiif, dy alles swiet opiten en dronken hat, scil graech mei dy rabje en dyn man for gjirrich útkrite wolle, omdet hy oars net folle keapet as it nedige; mar dou biste wizer, en dou scilste hjar ôfringje; en dyn man ho langer ho ljeaver hawwe.
Yn ’t earste fearnsjier scilste tige bliid wêze, as hy thús komt mei blau Dimterkoeke en healripe parren.
28.
Dou sjuchste der út as in maeiblom, en sa kant! dou kinste wol op in stûr yn ’t roun draeije. De frijers scille dy net lang for spek en brea rinne litte. De earste, dy oantingje scil om tinken, is ien fen in oar lape as dou. Den krigeste in lyts wird fen jimme mem. Sij seit: “man en wiif moatte elkoar tige ljeaf hawwe, en it mei elkoar hâlde. It lekken moat kleure. As it nij is, en de wol der noch op sit, liket it noch sa hwet by elkoar; mar as it bidragen is, rint it sims fier útinoar. It iene is fyn, it oare grou; it iene yn de wol ferve, it oare yn alle nuvere kleuren forsjitte.
De twade scil sa oanhâlde, det hy it net slûpe lit, ef dou moaste ja sizze. Den scil it tige kâld wêze, en aste it jimme mem seiste, den scilste de eagen foardel hâlde, en in rea kleur hawwe.
29.
Der scil dy aste útfenhûs biste, ien op de griene side draeije, en der mei troch in great tún gean. Syn praet en menearen scil dy bjuster oanstean. Hy is net great, mar dûbeld.
Jimme mem scil sizze: “Hwet poarreman hat ús Fanke dêr yn de earm?” Mar jimme heit seit: “Lit de lytse mar rinne: sy stean wol sa fêst as de greate.” It boask is mei in rep klear, mar it trouwen dûrret twa jier; beide scil ’t bjuster fortriette; it wachtet nei in great pompier út Den Haag.
30.
Mei dy komt folle to dwaen: twa frijers scille rûzje krije om dy. Ien, mei in moai sabel op ’e side, en plom op ’e hoed, scil ek eagen op dy smite; der wirdt tsjin ynlein fen jimme heit. Neijerhân komt in neef fen in Boargemaster, dy in kleur hat as in healgear bôle, mar dy kriget blau.
Dêr komt in proponint, dy al trije pakken klean oanein reisge hat op vakante pleatsen om in birop.
Nou bigjint jimme mem mei to frijen, en it komt goed, mei ’t Jawird komt der tagelyk in birop fen 775 goune; en dêrmei Pastoorske, en mei trije fearnsjier in jonge, eft er út ’e dyk dold is.
31.
Ik kin wol oan dyn kâldgnyskjen sjen, detste my to fiter hawwe wolste, en litte my om de nocht riede; mis is ’t! Dou haste langer bisteld west as de ljue miene.
Dou wierste sa bang om as in âld erfmoeike to stjerren, detste mar oan ’t baitsje litsen haste, sa fûl aste koeste.
Nou, gelok ’er mei! Haw de man tige ljeaf, en knyp de eagen ticht for syn lek en brek.
Ef kinst’ se him bitsjutte en sa frjeonlik ûnder it each bringe, det hy se ôfleit, den is der net in prinsesse, dy sa’n moaijen kroan op ’e holle sette kin as dou.
32.
Mei twa jier biste in hiel oar minske as nou, lyk aste foar my komste.
Den gieste op ’e side fen in man, dy fen alle kanten klear is.—Troch mannich tsjinrekjes yn de earste jierren moatte de hânnen út de mouwen; mar as jimme dy boppe arbeide hawwe, kin ’t rom sile, as der op ’t roer past en op alles tasjoen wirdt.
Der scil faek kream-visite by jimme hâlden wirde: for de earste kear scille der njuggen mislike frouljue mids ûnder iten út ’e keamer tôge wirde, omdet se yn in ticht bidompt keamer sitte, en smoare fen de waermte: der is nin hofman ef yettikriedensein oan.—De skoalmaster scil dêrom in redefoering yn it Nut dwaen oer: De nadeelen der voorouderlijke gebruiken in het houden van kraamvisites.
TJALLING HIDDES.
LIST FEN DE PRINTEN
Titelprint Rôlje, rôlje, wetterweagen! Portret fen Dr. Joast H. Halbertsma Dokterom Tsjalling H. Halbertsma Beppe sneupt yn ’e Lapekoer fen Gabe De pleats fen Pibe en Saske Bolswerter merke Widzesang Jonker Piet en Sibbel yn ’e Slot-leane Deagraver. Súd-yngong fen it tsjerkje to Weidum It libbensein “Wotte sa wotte” De tsjernmounle By Toon-wever Pleisterje by in wâld-herberchje Omkearde widzesang Nije widzesang Geale Sljipke De âlde Skeper en de Grytman Sneintojoun Gabe op ’e Nutslêzing to Bolswert Domenij oan ’t aeisieden De bisite by Pibe en Saske om ’e hird It blomke “tink oan my” Reidmoskje, mei op ’e eftergroun in ieltichtset Geboarteleppel Sibbel fen de Ryp Master Ale Byvoet It Maerteblomke Yn ’e Pikmar by Grou De Fryske hirdsiler Troch it rinket Jongfolk to slydjeijen Ealsom en Botsjemoi op wei nei Drachtster merke Folperda as âld boer De Kompenijster wirdt omseame Kwaksalver foar de hopsek to Ljouwert Pastoor biskrobbet boer Michel.—Stiennen klokkestoel Domenij en syn riedjowers nei de operatie fen ’e smid Skippers-sankje.—Sé-skip Liaukama-state alear to Seisbierum De Noarger rún op ’e hynste-merke to Birgum De Noarger rún foar ’e tsjiiswein De Treemter yn it St. Anthony-gasthûs to Ljouwert Prins Willem de IV op ’e Froskepôle Grouster-merke Yn ’e trek-skûte Twigen út in âlde stamme Reedslypjen Marijke wirdt to hôf brocht op ’t Goingarypster tsjerkhôf Murk fen Ipekolsgea Gabe op ’e Noarger rún foar “De houten romer” Gabe yn ’e wente fen Ynte Gabe foar de sjoelbak Tsjerk Hiddes By skipper Hylke Ik seach syn ljeafste boartersgûd Twa berntsjes yn ’t wâld De lytse toarnbeisiker It doarpke Abbegea As de famkes toutsje-dounsen By Tryn-moi It hynzer fen dokter op it hiem fen ’e slotpleats to Waexens In doarpsherberchje by winter Mei priksliden op ’t iis by Molkwar Yn ’e poelen en petten fen Earnewald Bysitter truzelt yn ’e molkenkelder Japikom yn ’t hekje Yn ’e smidte Frou Pontjer út to riden Yn ’e stoepe fen Joute-baes As Domenij yn gedachten rint It lûd út ’e molkenkeamer By it hiem fen sathe Westerein, pleats by Woarkum By Ageboer De skearwinkel fen Joute baes Yn ’t wad twisken Holwerd en Amelân De Apotheek fen Master Camstra Kreambisite Ljouwerter trekskip to Spyktille Gosse syn compagnon to Aldegea Memmelok en Memmesoarch Gosse oan ’e skandpeal to Ljouwert Baes Minne by domenij “It droege gat” yn ’e Snitser mar In jierstoune by Krysttiid op ’e Wieren by Piter-om Douwe ûnder ’e koer weisongen De kouwekeaper by Obbe en Tryn Loailekkerlân yn ’e “Brette Poask” De Kollumersweachsters yn ’e tsjerke to Kollum opsletten De Easterpoarte to Snits Foeke Sjoerds Ybel en Jelke. Iiswille Fammewille De Grouster rottelwacht De Brune en de Bles op trije romers Foeke Skutter en Hospes-Tryn
Fuotnoaten:
[1] Douanes ûnder Napoleon I.
[2] Sa stiet der; mar it moat tinker wêze, leau ik.
[3] Douwe Halbetsz fen Dockum komt foar ûnder de helpers fen de prins fen Oranje, dy by Alva’s sentinsjes fen 18 en 20 Maeije 1568 ta de galge forwezen binne. Dêryn wirdt hjar allegearre oantige »d’avoir assisté, servy, favorisé et suivy le party et rebellion du Prince d’Orange, chief des Rebelles contre sa Majesté, soubs la conduite du Conte Loys de Nassau, son Frere, ayant envahy hostillement l’esté dernier le pais de Groeningen et aultres de sa dite Majesté, comme Lieutenant du dit Prince d’Orange.« Dizze sentinsje fen de tweintichste Maeije waerd de 23 Maeije, en dos mar trije dagen letter, folge fen de fjildslach by ’t kleaster Heyligerlee yn Grinslân, dêr Graef Lodewyk de Spanjerts toliter to-sloech.—De gelearden moasten foarhinne ek gelearde, dat is Grykske of Latynske nammen habbe. Sa foroaren se den Homme yn Homerus, Easge yn Egesippus, Fenne yn Triphenna en de dokter dy nei Douwe Halbetsz hjitte, waerd Theodorus Halbetsma.
[4] Biskite is by de Hollânners in onfoech wird, mar net by de Lân-Friezen, dy fen dong libje moasten. Hja brûkten it as oare wirden yn de eigenlike sin, en ek yn de oneigenlike fen bidriigje. Biskiter for Holl. bedrieger, sizze sels eptige minsken noch. By ús stamneaten, de Ingelsken, hat dy selde oergong fen biteikenis pleats, howol hja it, út onkunde fen de grounen fen hjar eigen tael, net witte. It Fryske keate, kiete, kjitte (drek) is it Angelsaxiske ceatta, it Ingelske cheat, bedrog; to cheat it Fryske skite, biskite, N.l. bedriegen.
[5] De magistratum probatione apud Athenienses.
[6] Ek op dizze leppel stiet myn fan mei in R: Halbertsma.
[7] Galanthus Nivalis, Linnæi. Holl: Sneeuwklokje.
[8] Nymphaea alba, Linnæi. Plompen, Holl., Pompebledden en Swanneblommen, Friesch.
[9] De âlde Ljouwters hjitten de lommert sa, omdet it jild op ’e pânnen de ljue yn in izeren leppel ta stitsen waerd.
[10] Ik haw noch ris by domenij út fen hûs west. Hy hie in heel sealfol boeken erfd fen syn omke, dy prefester to Grins west hie. Hy joech my de kaei ’ris om dat spiltsje to bisjen; mar dy wier danich forruske, en de kaei fen de wynkelder wier sa glêd as in spegel.
[11] Meermalen werd mij de vraag gedaan, wie van de Halbertsma’s eigenlijk de schrijver was van de Skearwinkel fen Joute-baes. Ik wist het niet. Ik meende het stuk voor het werk van Joost te moeten houden, maar een ander beweerde, dat niet Joost, maar Eeltje ’t moet geschreven hebben, terwijl weer een derde ’t aan Tjalling en wijlen Eekhoff ’t aan dezen voor een goed deel toeschreef. Ik heb het aan den heer Dr. T. J. Halbertsma, Hoogleeraar te Groningen, zoon van Dr. J. H. Halbertsma, te danken dat ik thans de vraag kan beantwoorden. Toen ik namelijk eenige maanden geleden van dezen over zekere zaak een schrijven ontving, deelde hij mij tevens mede, dat hij onlangs een exemplaar van de Lapekoer had gevonden, waarin zijn vader had aangeteekend, wie van de drie broeders de verschillende stukken, waaruit dit werkje bestaat, gemaakt hadden, en uit die aanteekening bleek het volgende: Van het begin tot aan: »Wopke, De divel Joute!« is van Eeltje. Van daar tot aan: »Boerkerij en keapmanskip« is van Joost. Van daar tot aan: »De opsichter Hoarnstra stjit de doar op en seit« is van Tjalling. Van daar tot aan: »Boer, Mar hwat scoeste tsjin de ljue prate« is van Joost. Van daar tot aan: »Hoarnstra, Mar nou moat ik dy noch hwat freegje« is van Tjalling. Van daar tot aan ’t slot is van Joost. De Skearwinkel fen Joute-baes is dus wel het merkwaardigste staaltje van de eenrachtige samenwerking der drie broeders. G. C.
[12] Speculatie, banket waarmede men speculeert op een meisje.
[13] Fol út: manminske, lyk as frommiske for frouminske.
[14] De koken.
[15] De Ingelsken witte wol det se de iene dei ef d’oare fen Noardamerika forgriemd wirde, en om ’t it den dochs mei hjar nei de moanne giet, meitsje se mar yn tiids det se dêr kinde hawwe.
[16] Dat bigrypt de Noarcher rún net; hy sprekt hjir mar as in stom bist. As de studint der net yn sit, den moat hy der om sitte; hy moat dochs earne sitte.
[17] Dat wierne ûngelokkige slaggen. Dy hat de Noarger rún de ljue yn ’e moanne wer dûbeld bitelle set. Wy scille neijerhân sjen, ho ’t er de goede boargers dêr knypt hat. De triennen rounen hjar oer de wangen! Hwa wit eft er hjar ûnderwiles net himelheech priisge hat: O, ho, poalle! hou, popke!
[18] Dat is in nuver tooneeltsje! De Noarger rún sei neijerhân, det dizze ierde in tarieding is sa wol for de hynzers as for de minsken, en sa wier dit efterút fen mynhear Flessinga in goede skoalle for in oansteande ontfanger-generael yn de moanne, dy bankerot tinkt to spyljen. Ungelokkich scil it folk yn ’e moanne den for de bletterjende bok spylje. De Noarger rún flokt sa op dat ligen en swarren mar ik leau det er it hjir leard hat, do er de ljue yn ’e moanne neijerhân by God en alle ingels swarde, det it wol gean scoe, det de kas fen it lân goed stie, wylst iggen en einen to koart kamen. Hwent hy seit ommers, det hy it to koart mei holle wirden oanfolde.
[19] Dy lêste reis mei de Kollumersweachters docht de doar ta. Dat wier it útset op ierde, en mei de eximpels dy er do seach foar eagen kaem er yn ’e moanne. Do sa ’n bist ontfanger-generael waerd gong it fen sels op syn Kollumersweachters. Twa dingen sizze se, binne ûnder dat foltsen onbikend, it houwelik en de godstsjinst, en wy sjêne ek net út de rún syn brief, det hy fen it iene ef oare kikt. Howol er syn runenatúr tsjin dy fen in flink keardel forroale hat, is er yn ’e moanne net troud. Mûlk bihelpt er him wol mei oare ljues bern, dy ’t er gean litte kin as er wol. Det er noait net fen God ef godstsjinst rept, dat is dom; dat heart ’er by. As it jild hwet fêst sit, en der komt in from wirdtsje fen bibel en »voorzienigheid« yn den bigjinne se de bân fen de pong al los to meitsjen; to minste as de ljue yn de moanne sa ienfâldich binne, as de Noarger rún seit.
[20] Efter yn in postscriptum hie de Noarger rún op it wird BONKEN noch dizze rigels skreaun:
P. S. Op de slachtfjilden fen Leipzig en Waterlo wirde nou de bonken fen de helden opdold om for twa cinten it poun nei Ingelân stjûrd en dêr formeald to wirden. Yn ’e moanne binne okkerdeis in partij sneuvele officieren oankomd, dy hjar bjuster oanstelden; hja flokten hjar de mûle hast oan flarden. »Litte wy ús, seinen se, for it lân en de kening dea bruije, det se ús oerskot as de bonken fen in ezel forkeapje scille? Is dit de tol der dankbaarheid aan de assche der helden? rôpen se. It hie in bulte spil om dy ljue to bitsjutten, det eltse soldaet winskje moast, det syn dea sa nuttich oan it lân waerd as hjarres. In soldaet, dy sneuvelt, is ienders nuttich, en wol yn syn dea; mar hwaens bonken forkoft wirde, ek nei syn dea, en dos twaris. Earst hat de earme man, dy se opdolt ’er in deihier fen; den de opkeaper; forfolgens de skipper, dy se oerfiert; de opkeaper yn Ingelân; de mounler fen de steammounle dy se fyn mealt, en einlings de boer; dy er syn boulân mei donget. Ik hâld fol, det de dea fen de measte krychsljue sa nuttich net for it minskdom is, as hjar bonken nei hjar dea, en it is in treast for dy jinge, dy tonei for in rottige saek falle, det hjar deade bonken to minste noch hwet libben yn handel en skipfeart bringe scille. My alteas is it in swiet neitinzen, Gabe, det myn bonken nei Ingelân komd binne. Farre wol!«
[21] Dat wier al wer in tarieding, dy deade rôt! Hwent in ontfanger dy syn rekkening net yn oarder hat, moat al fen nuvere dingen hearre. Dat binne brokken om troch de kiel to krijen, dat sizz’ ik jimme. En mei dat al, moat er dwaen eft er it net fielt.
[22] Dat wol yn de mûle fen de Noarger rún sizze, wizer en forljochter om de ljue yn de moanne to biskiten. Nou, dêr tsjinnet de wittenskip de measte ljue ta. Mar hwa wit hwer dat bist nou al is? Mûlk op de stirt fen de Halleische komeet, en op dat reiske fen 75 jier kin er him noch heel wol betterje.
[23] Dat is nuver! Hja lykje dy man yn ’e moanne better to kennen as op ’e ierde. Sa giet it! In profeet is yn syn eigen lân net achtenearre. As de man út de moanne wier, scoen’ se op ierde sizze, dy greate onforjitlike Bilderdyk. Mar ik hâld fol, it is en bliuwt nuver det in âld hynzer yn ’e moanne better smaek hat as folle minsken op ’e ierde.
[24] De goede âld kening moast de Noarger rún mar anstons foar de kop sketten hawwe. Sokke snaken rinne earst de minister om, oer it lyk fen de minister fleane se op ’e kening ta, en oer de kening op de natie, dy it yn it ein allegearre ontjilde moat. Bûten dat, it wier in ynkomling: wier it net moaijer nôch, det se him fretten joegen? Moast er de hân ek noch twiske bast en beam stekke?
[25] Men kin wol hearre det it in rún is, dy ’t hjir praet. As er in springhynst wier as Pegasus scoe er wol hwet earbiediger fen syn frjeonen sprekke. Men moat altyt hearre hwa ’t seit. De Noarger rún hat foar ’e tsjiiswein lykwol to folle honger lit om nin meilijen mei in earme dichter to hawwen, dy de boekforkeapers troch it rib foerje, wylst se sels de folle houwe ha. Mar myn ljeave rún! ho scoene de dichters sjen, det de moanne yn biweging is? Dimmene ljue, dy noait rjimd hawwe, fiele net iens det de ierde, dêr se op steane, mei mear as koegelsfeart yn it roun giselt. In man dy ’t ûnder de lynje wennet, fljocht yn ien menút saun-en-tweintich-tûzen-saunhûndert-acht-en-sauntich Neêrlanske jelnen foart, en wy mar in bytsje langsommer.
[26] Hjir út sjucht men det it altyt sa ûngelokkich net is as men fen immen seit, hij is naar de maan.
[27] It liket hast wol det de ontfangers hjir altyt in foarfielen hawn habbe, det se yn ’e moanne goarje moatte; ûngelokkich kinne se it jild, det se hjir by eltsoar toaije, net meinimme yn de moanne.
[28] Ik leau, det de Noarger rún dêrmei mient de bûterkeapers, dy troch it fjirder flein binne. Dy kinne op it kozyn fen hjar foardoar nou al sette: Juris Utriusque Doctor yn de moanne.
[29] Okkerdeis kaem foar it tribunal it moaiste proces, dêr oait fen heard is. In boargerman hie tsjin in skoalmaster schoolmeester sein, en dêr hat de skoalmaster actie fen injurie oer makke. Dat joech do in bulte spil. De man sei, det de master sa mansk net wier as in âld skoalmaster, hwent syn bern koene de letter fen de bibel net ienders. En de master sei, det de skoallen alear mar stâllen for bokken wierne, dêr de ezels for master spilen.
[30] Treemter wordt gezegd voor treventer gelijk Deemter voor Deventer. Treve beteekent stilstand van wapenen, en trewes bij de Vriezen ontspanning, vreugdebedrijf, hetwelk berekend is voor hem, die het geniet. Als het kind bij voorbeeld tot zijne moeder zegt: »Mijn oom wil mij in het paardenspel brengen, dan antwoordt de moeder: Kom, dat is trewes for dy.
[31] Bargemargen worden thans alleen nog te Leeuwarden gemaakt, alwaar zij door de diëet van het Sint-Anthoni-gasthuis in stand gehouden, en daardoor ook buiten het gasthuis in zwang gebleven zijn. Zij bestaan uit varkensreuzel, rozijnen, stroop, roggebrood en diergelijke bestanddeelen. Het woord marge beteekent bij de Vriezen gort met rozijnen en diergelijke spijze. Het margemiel is de avondmaaltijd die door de boeren bij geëindigden hooioogst aan de hooiers gegeven wordt, en bestaat uit pannekoeken, gort met rozijnen, en kost van dat stevig allooi. Te Hindeloopen is marge rijst, die tot een lijvigen brij gekookt is. Een barge-marge is dus een varkens marge, of varkensbeulink, die met een soort van genoemde bestanddeelen aangemengd is. Kiliaan heeft marghe als een Vriesch woord; en wel in den zin van worst. Marg is het zelfde woord als merg, waarvoor de Denen zeggen marv en de Duitschers mark.
[32] Mijn keuninkje is eene uitdrukking van genegenheid, die in den mond van ouden jegens jongen, van meerderen jegens minderen te Leeuwarden veel gehoord wordt. Ik durve verzekeren, dat zij echt Vriesch is en niet minder dan veertien-honderd jaren oud, omdat zij nog dagelijks in Engeland in zwang is. Voor twee jaar herinnerde ik mij dit keuninkje nog by de liefkozingen eener Engelsche juffer, die mijn’ jongsten zoon, toen één jaar oud, gedurig aansprak met den titel, My emperour! My little king! (myn lytse kening) mijn keizer! mijn koninkje!
[33] Mantses voor mankes, mannetjes. De oude Leeuwarders wierden altoos bespot, omdat zij den verkleiningsvorm, die anders tje luidde, of ten minste geschreven wierd, op tse uitbrachten; dus verhaaltse, voor verhaaltje; kooltse voor kooltje; boltse voor boltje; pottse voor potje; pantse voor pantje; bittse voor bitje. Ondertusschen is dit de ware Vriesche uitgang, en niet de tje. Want de Vries moet de k, of houden, of veranderen in ts en tsj. Dus tsjerke, kerk; tsjerne, kern, karn-ton; sjiis, kees, kaas, en analogisch voor kool-ke, kool-tse; voor bol-ke, bolt-se; voor pot-ke, pot-tse. De Leeuwarders veranderen de ke evenwel niet in tse achter alle sluitconsonanten, gelijk men hoort in lipke, lapke, tobke, kamke, lamke en anderen, voor welke zij nooit zeiden lip-tse, lap-tse, tob-tse, kam-tse, lam-tse. Hieruit ziet de opmerker ook te gelijk, dat het alleen is om een ingekankerde gewoonte toe te geven dat wij schrijven bytje, be-tje; poàtje, potje; tontje, tonnetje; kerltje, (kel-tje) korreltje[34], daar wij behoorden te schrijven byt-tsje, poàt-tsje, ton-tsje, kerl-tsje. En dit is niet alleen om dat tsje analogisch voor ke moet staan, maar ook omdat het werkelijk aldus uitgesproken wordt. Er is niets dat de Amsterdammers, die beet-je schrijven en spreken tevens zoo aardig en origineel vinden als de wijze waarop eene juffer uit de Vriesche steden, die zich den tongval der vaderen niet schaamt, het woord bitje b.v. uitspreekt. Dit doen zij honderd malen na zonder het liefelijke in de sissing van bit-tsje te kunnen brengen. Zoo heeft elke tongval zijne eigendommelijkheid en schoonheden, ook het echte Hollandsch, en het is om die schoonheden in het Hollandsch uit te roeijen, en eene ongehoorde uitspraak volgens de doode letter in de plaats te stellen, dat de wetgevers der taal thans alle schoolmeesters in het vaderland ten duurste verbonden hebben.
[34] De lezer houde in ’t oog, dat dit gezegd werd van de spelling in den eersten druk. Bij deze uitgaaf is in zulke woorden de tj in tsj veranderd.
[35] Eabarre, ooijevaar.
[36] Er is geen vogel, dien het bijgeloof zoo veel eer bewezen heeft als den ooijevaar. Van de liefde diens vogels tot zijne jongen, van de zorg met welke hij de vermoeide ouden de lange reis helpt volbrengen, verhaalt en gelooft men wonderen. Zijne dankbaarheid is insgelijks in ieders mond. Als hij op een schuur nestelt, zegt men dat hij bij den boer een jong of een ei tot huurpenningen voor zijn daklogies naar beneden werpt. Zijn klepperen meenden wij als kinderen dat bidden was. Dit zijn echter slechts flauwe overblijfselen van een meer geregeld bijgeloof, dat een deel uitmaakte van de Godsdienstleer onzer Heidensche voorvaderen. Ook de Romeinen noemden hem daarom de pia avis (de jegens ouderen, kinderen en weldoeners liefderijke vogel) even als onze Vriesche voorvaderen eade-bar of geluks-vogel. Het moet ons daarom niet verwonderen, dat bij de vroegere leer der Metempsychosis of zielsverhuizing een vogel met zulk een recht menschelijk karakter geloofd wierd in een mensch over te gaan, of omgekeerd de mensch in een ooijevaar. Indien men thans ongaarne, en voor honderd jaar om geen werelds goed een ooijevaar, hoe lastig en vuil die gast anders ook ware, van zijn dak zou gejaagd hebben, is het niet onwaarschijnlijk, dat men in de vroegste eeuwen gevreesd heeft in dezen vogel mogelijk één zijner voorvaderen of afgestorvene naastbestaanden te verdrijven.
[37] Twee boere-gehuchten, ten Zuid-Oosten van de Stad Bolsward, die digt bij elkander gelegen als één plaats ook steeds bij elkander genoemd worden.
[38] Dit is de eenige verstandige staatkunde, welke een vorst in Oost of West volgen kan. Al de monarchen uit die oorden, die Europeanen in hun staten toelieten, zijn door die gasten of verdelgd, of in staat van afhankelijkheid gebracht, die te tergender is, omdat men hun al die teekenen der oppermacht gelaten heeft. Er zijn Sultans in den Oost, die een paleis en hofstoet hebben, maar die den sleutel van hunne slaapkamer elken avond in handen van een Europeaansch resident laten stellen. De Keizer van Japan alleen zit ongekrenkt en ongemoeid op den troon zijner uitgebreide staten, omdat hij alleen de wijsheid gehad heeft van geen vreemdeling aan den vasten wal van Japan te dulden.
[39] In een ander afschrift valt hier de vader van het gasthuis weder in, en zegt: »Myn lieve Wyberen, nou beklaag ik jou, man. Dat is een bezoeking, die mage. Ik hew ’t ook iendes had; doe hew ik in gien feif jaar en bargemarge aanroe’d. Maar wie het jou daar oâfholpen, heite?” »In profester yn it poepelân, sei Wybren, dy wenne to Gilhausen. Do ik by him kaem wier er dwaende om in earm poep syn noas, dy er forkoft hie, fen de kop to snijen, en in Amsterdammer, dy syn noas by nacht forlern hie, wer oan to setten. Hy seach myn tonge en sei tsjin my, det er wol twa dagen mei hinne gean scoene, foar det er myn mage goed útroeid hie, sa akelige smoarch wie er, sei er. Ik sei: Nou, yn de Godsnamme, bigjin den mar. Do joech er my in kopke-fol sljipgoed, en sa gau as ik dêr goed fen yn de sliep wier, iepene er my it liif, en snei er de mage út. Do kaem ’er in poepinne, dy de mage mei dúnsân, en wetter, krekt as in flesse mei hagel, omskolfere, en do er goed suver wier lei de dokter him yn in kûpke mei eek, en de jouns waerd er ophinge op de souder om to druijen. Underwiles slepte ik fen dat poarsje sljippersgoed de hele nacht troch; mar do de profester de oare moarns myn mage út de hoánnebalken helje scoe, hie de kat ’er de helte wol fen opfretten. Hjir wier goede rie djûr; hwent waerd ik wekker, en de mage wier net op syn pleats, den wier ik in lyk. Mar de prefester slachtte flink in âld baerch, en om ’t de bargen fen binnen krekt as minsken binne, naeide er my de mage fen dy âld sûch yn it lichem. Ik waerd wekker, en bleau noch in wike op de stienklippen fen Gilhausen. De profester frege my ho it mei de appetyt wier? Wel, man, sei ik, ik yt net, mar ik fret. Ik scoe wol stiennen fen de Gilhauser klippen fortarre kinne. Mar dat nuver is, as ik, myn biderf ha fen it hearlikste iten, den scoe ik noch wol graech hwet út de jarregoate ta in neidesert meije. Das giebt dir der liebe Herr Gott ein, sei de profester, denn du hast einen Schweinenmage im balgen, en do forhelle er my de hele kuer.” “Nou, loof ik wel, sei fader, dat jou so feul bargemargen op kenne as wij met ons drieën. Hewwe jou in bargemage? Daar ken wat in, keuninkje.”
[40] Deze leugen is niet uit de lucht gegrepen, maar steunt op het geloof onzer Heidensche voorvaderen aan een Waterduivel, die de vege ongelukkigen met geweld onder water scheurde, gelijk de meerminnen door verleiding. Deze waterduivel draagt bij de meeste andere Germaansche volkeren den naem van nikker, maar bij Vriezen heet hij boeze-happert, die nog door de ouderen gebruikt wordt om de kinderen van den wal van gevaarlijke diepten af te houden; want die waterduivel wordt voorgesteld als loerende op den bodem om kindren die in het water spelen, bij de klederen daar onderen te scheuren.
[41] 23 Febr. 1837.
[42] Lapekoer, bl. 111. (Yn dizze útjefte side 54 b.)
[43] Willem I.
[44] Wy as berntsjes boarten bûte, dat is, in het bûthús of den veestal. Bûte wordt hier gezegd ten opzichte van het binne-hús, waar de boer woont. Men hoort ook wel, de bern boartsje op de bûte-flier, buiten-vloer, vloer van het bût-hús of den veestal.
[45] De kastelein praet as protestant, dêr de preek alles, en gebet en gesang tajefte by is. Mar de preek is nin godstsjinst: dat is in formoanninge. Gebet en gesang binne de godstsjinst, en dêr binne se by alle naesjes fen de wrâld for hâlden. J. H. H.
[46] Dit rymke en hwet ’er folget binne fen ’e âlde Latynske skoalle to Ljouwert. As jonges hiene wy mear fen sokke sprookjes. Yn ’t Gryksk bitsjut liepai, oan de fette, en yn it Frysk, it aei fen in leep. Schriers-ai tjirk-ai grieneskyl is nin Gryksk. De fûgel tjirk klinkt oars as de mans-namme Tsjirk; de mans-namme Tjitte oars as tsjitte, kibje lyk de mosken. J. H. H.
[47] Pôlle is in stikje groun oan ef yn it wetter, en sa neamt hy it bûtenpleatske fen de boargemasters, omdet it efkes bûten de stêd oan ’e Bolswerter feart laei.
[48] Syn wiif.
[49] De ljue fen Bolswert.
[50] Hantsjeriis Lapathum acutum. Nl. patich.
[51] Achte en eare.
[52] Dat haste mis, Gabe; Koudum is nin Gaesterlân. G. C.
[53] Dat sankje dêr is de piip mei oanstitsen.
[54] Der hat hjir in fine poep west, dy alle preekstoellen ôfswalke, en de orthodoxe Hollânners útpoelle om de Chinezen to bikearen. It like ek, nei syn praetkes to hearren, eft der al rju gemeinten sticht wiernen. De minsken fen ús lân binne noch al hwette onnoazel en goederjowsk, binammen as in frjemde poespas hjar hwette wysmeitsje wol, en hja rounen sa mei dy healbekkige poep wei, binammen de dames dy de limoer hienen, det se immen, dy oan him twîvele, wol stiennigje scoene. Om nou ’ris to witten, ho de foarke yn ’e stalle stike, praeide in stalke fen my syn frjeon yn Parys; hwent dy koe it witte, omdet er de earste Chineeske taelkenner fen Europa is, en bûten dat in bulte kinde yn China hat. Dêrop kaem in brief mei dit biskie werom, dy er sleat mei de wirden: Voilà la fin du Christianisme en Chine!
[55] Rizenbrij mei bûter der yn, en sûker en pypkaniel der oer, wier alear rikeljues iten. Yn it lêst fen sauntjin hûndert brûkten de boeren yn ’t lichlân noch nin kofje, thé ef sterke drank..... Yn hûs hiene hja yn de winter de hiele dei de sûpkanne by de hird stean, om it lij to hâlden, en dêr dronk elts út, as er toarst hie. Beane út it wetter wier it iten fen de djipste earmoede; nou slikje folle der de finger wol ’ris nei, as de ierdappels mistribele binne. De earmste ljue hienen alear fet ef riezel by hjar brea en iten. As de rjuchters immen kastijden onthâldden se him it fet. Brea en wetter wier dêrom de straffe fen ondogenske stranken, dy yn ’t hounegat (maison de correction) sieten. De oare nei de lappen flean’ wirdt sein for: De oare flean’ de lappen nei.
[56] Hjir fen de âlde Ingelske namme fen lord Redcliff. ’t Reade klif wier mei de hiele Fryske kust foar in pear hûndert jier dêr folle fierder yn sé op, en howol fen fiere weagen koene men fen ’t klif ôf dochs in oarlochskip út Inkhuzen gean sjen. Tjeskmoije woe Wif dêr hâlde by de skjipkes op ’e heide yn Gaesterlân. Yn West-dongeradeel by de Holwerter terp, dêr Ten Broeke Hoekstra Tjeskmoije op set, dêr wier nin heide.
[57] Dit sit yn ’t Fryske laech om eltsoar to narjen mei bynammen, doarp tsjin doarp, en stêd tsjin stêd. De Anglen en Angelsaxen hienen dat ek hiem, en de skrandre Kemble hat yn Sept 1845 in geleard stik foarlêzen yn it Archaeological Institute of Great-Britain to Londen, oer de by- en skeldnammen, dy de Angelsaxen eltsoar joegen. Dizze Fryske bynammen binne nationael en karakteristyk. Hja doele meast op earme sloven, dy hjar sels net goed rêdde kinne en dêrom de dweilen fen rike ljue binne, dy hjar ûnderhâlde moatte. Dy ôfhankelike stumpers moatte hounen, katten, skierroeken, beanehúlen ef otters ite, dy in healjier efter de rûchskerne omtoarke habbe, om it libben to hâlden. Skieppeloarten moatte hja deis trijeris opfantelje, ef by de brêge fen skippers en reizigers in mannich duiten brêgejild biddelje, om net fen honger to stjerren, yn pleats fen mei hannel, boerkerij ef ambacht de kost to winnen. Oare binne sa Job-earm, det se as de Wirdumers, fen hjar twa tsjerketoerren ien mei ham en gram opfretten habbe. Oare mei nin pear nije hoazzen barre en rinne ivich mei oanbreide hoazzen. Oare woene to merke foar de fyoele, mar hienen nin reade duit om de spylman to biteljen, en fordounsen mei eltsoar in pakhûstsjiis. En de haedstêd Ljouwert mocht nin nije galge bare: hja lapen de galge, dy bûten de stêd wier, omdet er briek en de tsjeaven der ôffoelen. Sommige, lyk as to Luzegea, binne sa yn de wanhab fen ûngedierte, det hja sels net allinne stiiffol sitte, mar det de pejoatkes by de toer oprinne en der mei heidebjizzems ôffage wirde. Men hat dy minsken dêrom mar in bjizzem sjen to litten, en hja wirde breinroer. Rju wirde ek útmakke for gloade, onnoazele stakkers: to Ternaerd woenen se spekswaerd brûke as jilshûden, ef as kouwehûden for skoen, en dêrom strûpten se de bargen. It gerjucht fen Koudom siet yn it warhûs by in gleon fjûr, dêr hja de skinen by barnden: de siktaris, rôp koude turven der om, mar do dy trochkamen, moast de hiele rie de keamer romme. Fen dêr de namme koud-om, dat de bizen ek boekstaverje kou-dom. Sommige skeldnammen doele op it wapen fen de stêd, sa as de klok yn ’t wapen fen Frentsjer. Sa ek de trije balken yn ’t wapen fen Amelân. As se ballêst sjitte, den sjonge se noch it ballêstlietke: De Amelander skalken, Die stolen drie balken. Hwet de Texelske kraeijen bitsjutte is my tsjuster; ik wit allinne, det se op it Nijejip (Nieuwediep) de loatsen, dy de skippen binnen bringe, kraeijen neame.
[58] Ordonnantie van Amelandt. Frans Hardomans 1658. Tit. van Procedeeren. Art. 44, bl. 31.
[59] By dit wird fen Jouke komt my yn ’t sin, hwet in skroar ’ris oan ien fen myn âffaers sein hat. De jinnichste soan fen Scipio Halbertsma, domenij to Holwêrt, wier nou sa hwette hûndert jier lyn medicine doctor to Dockum, dêr wy eigenlik fen dinne binne. It wier do en folle letter noch wisansje, det de doctor en de domenij fen in deade efter syn lyk oangongen, om him de lêste eare to biwiisgjen. Sa hie den doctor Halbertsma ek wer in patient forlern, en geande mei de roumantel oer de earm nei de begraffenis, mette him syn skroar mei in nije rôk oer de earm, dy er oan ien fen syn klanten bringe scoe. »Dag baes!” sei doctor, dêr de skroar op anderde: »Dag, Docter! Selle jou jou werk ook thuus bringe?”
[60] Winaldum.
[61] Midlum.
[62] Hofssententie, 3 February 1677.
[63] Cf. Hofssententien, 20 September 1702.—Oanteikeningen mei de hân fen siktaris Elgersma fen Bolswert.
[64] De Friezen kuijeren oars net mei it wiif as sneins; yn ’e wike wier dat nin wizansje. Hja rounen ek net earm oan earm dat in Franske mode is, mar los, it wiif oan de lofter kant. Mar foar det se troud wierne rounen se op merken en brilloften hân oan hân, de faem oan de rjuchter kant. As se nei tsjerke gongen om to trouwen roun de breid oan de rjuchter side fen de brêgeman; as se troud wierne en werom kamen, roun it wiif oan de lofter side fen de man, omdet se hjar ûnder de macht fen de man jown hie en ticht oan syn hert krûpe moast.
[65] De ljeafde fen de âlde Friezen for frijheit sjucht men net allinne yn hjar republikeinske regearringen, mar ek yn hjar húslike brûkmen. Hja woenen nin jier oan in faem boun sitte, mar alle wiken los wêze, en dêrom hierden se de fammen by de wike. Ek lieten se de fammen nachts wer nei hús gean, om de potkikers sa koart mûlk oer de flier to habben. De fammen, dy by ús hjar âlders sa gau forjitte, bleauwen dêr bern fen ’t húsgesin ta se in man krigen, en wierne hjar mem en heit hou en trou. Ik hab dat as jonge noch sa kend to Hynlippen, en ik hab ek wol faek by in rike omke en moeike mei fjouwer doaiters út-fen-hûze, dêr rju arbeidsters deis oer ’e flier wierne, mar nin fêste faem ef ien dy nachts bleau. Mar do stieken de niften sels noch in hân út, en folle seinen: »Men wirde net better bitsjinne as fen yen selme.”
[66] Do Keuning Willem II en de Keuninginne mei in soan en in dochter, 20 July 1841, mei folle staetsje to Ljouwert ynhelle waerden, en alleman syn bêst die om hjarren dit bisiik oangenaem to meitsjen.
[67] Sa tocht ek Jonker Oene Zwier van Haren, do er yn ’e »Geuzen” song:
Wien ’t eerst de glans der deugd bekoorde En de eer tot ware grootheid spoorde, Ziedaar den eersten Edelman.
[68] Koal is de kastleinsnamme yn ’e Keizerskroon.
NOAT FAN DE TRANSKRIBEARDER
De hjirnei folgjende feroaringen binne yn dit bestân oanbrocht:
1. De YNHALD fan dit boek stiet no foaroan.
2. Alle fuotnoaten steane no oan de ein fan de teksten, net mear ûnder elke side.
3. Alle wurden mei spaasjes tusken de letters binne no yn skeanprint set.
4. Ferskillen yn ynterpunksje, ôfbrekkingsstreepkes en ek faninoar ôfwikende staveringen yn de tekst binne net feroare.
5. Dúdlike setfouten binne wol ferbettere.