Rimen en Teltsjes (part 3 of 4)
Hoanne. Né; hwet Fransk! Ik kin net iendris lêze, myn ljeave man.
Boer. Dou praetste oars omtrent krekt as de Fransken foar in sauntich jier. Do krantte ús heit wakker, en den hearde ik dêr alle dagen op omtongerjen. Ef sit ’er den Fransk bloed yn dy? Biste in Franske hoanne?
Hoanne. Ik bin in echte Fryske hoanne. Myn mem hat my to Frentsjer yn ’e bocht fen Guinea lein. Ik bin to Lollum yn de pasterij útbret en opfet. Domenijs Hindrik hat my to Bolswert oan dy forkoft, en sa bin ik, astou wiste, hjir to Westerein komd. Ik stean hjir op in âlde groun, dêr dyn foarâlders twatûzen jier tsjin de tirannen for fochten habbe. Nin foet kinstou hjir sette, dêr nin heldenbloed fen hjarres for ús frijheit yn sipere is. Spat it net tsjin dy op? Fljucht it dy net yn de eagen, noustou my foar de skinen smytste, det ik in Franske hoanne bin, omdet ik praet as de âlde stânfriezen? Dou tinkste ommers net, det hjar âld soun forstân en de nije Franske franjes, dy op guillotine en tirannij útdraeiden, it selde ding wierne?
Boer. Nou, dêr seiste hwet, hoanne, dat koe de planke wol net ’ris fier mis wêze. Us pake dat wier in âld-frinzich keardel en in Fries op en út. Dy mochte nin Franskman sykjen hearre; mar dy praette omtrint krekt en allyk as dou. Nim it my net kwaelk; mar de smousen, dy de kranten skriuwe om ús jild yn hjar pong to krijen, meitsje ús sokke fabels wiis.
Hoanne. Né, ik krantsje net. Ik kraei mar út myn dom hoanneforstân, mar dat is den dochs noch better as it getsjanter fen de toalf stammen, dy kranten skriuwe en lotterijbriefkes en brillen forkeapje, om de hân yn jimme pong to krijen.
Boer. Dou seiste al gedurigen, ik kin net lêze. Dat flouste ommers, hoanne. Do ’k in bern wier, ha ’k dy wol tûzenris yn ’t A-bie-boek sjoen. Dou stoeste ’er foare yn flak tsjin it A-bie oer; en dêr stie ûnder:
Gelijk de wakk’re haan tot kraaien is genegen, Zo laat u, jonge jeugd, tot onderwijs bewegen.
Dou wierste in eksimpel for de bernkes; dêrom hjitte it ek in Hoanneboek. As hja fregene, ho fier is boi hinne? en hy wier noch yn ’t A-bie-boek, den wier ’t: “Hy is noch yn ’t Hoanneboek”. En nou seit de hoanne sels, det hy nin A foar in Bie ken.
Hoanne. Nou just. Sa lang ik yn ’t A-bie-boek wier en alle letters jimmer foar myn snavel hie, koe ik alle letters op in prik; ja, ik koe ek noch boekstaverje A Bie, ab; E Bie, eb; O Bie, ob. Mar nou bin ’k ’er al fyftich jier útskopt west; wolste wol leauwe boer, det it my allegearre skjin forgetten is?
Boer. Ja, mar in ding moat ûnderhâlden wirde. Dou pielste der ek net mei.
Hoanne. Ja, wol, piel ik ’er mei. Ik hab lêsten al ’ris yn de finsterbanken sitten en harke, do de master út it Heidenskip jimme Rindert lêzen learde; mar dêr koe ’k nin grizel fen fetsje. De master wiisde op in printke en frege: “En wat is dat?” “In Lodde”, sei Rindert. “Het is een spâ”, sei master. “Is dat sa?” frege Rindert oan in Ljouwerter, dy ’er by siet. “Né, jonge; dat is op syn Luwerdersk ’en leppe. Mar mogelik is ’t Hollansk”. “Né, sei Freark Dimter-farjer fen Bolswert, dy der ek by siet, Né, it is geen Hollansk. Te Deemter-en-zo dar segge se altiten fan skup”. “Ja, sei de Hollanske hear, dy jou span bleskes keapje woe, maar Deventersch is Overijselsch, geen Hollandsch. Spâ is Hollandsch, zoo als ’t gemeen spreekt, maar een fatsoenlijk man zegt spade, en zoo ziet men het ook altijd geschreven en gedrukt. “Nou, den mar spade”, sei Rindert. “Né, sei master, spâ, hwent oars komt it net út. Spâ, A.” En dat wier nou om de a to learen! Mar do Rindert oan de Bie, Die en Effe kaem waerd it noch mâller. Dêr moast er tsjin sizze be, de, fe; hwent dy hienen nin klank, en dochs moast hy se útsprekke. Nou, dat giet fier boppe myn hoannebrein. Nei myn dom forstân kin ik net kraeije, en dou nin letter neame, al is ’t noch sa sunichjes, as it hat in lûd.
Boer. Der is dochs noch in bytke fen oerbleaun, detste in pearhûndert jier yn ’t A-Bie west haste. For in hoanne praetste ’er moai tûk oer. Mar detstou dat mei dyn hoannebek net útsnetterje kinste, dat tanket dy de divel! Dat kin Prinsen fen Haerlem allinne, dy ’t útfoun hat.
Hoanne. Ik wit it net. Mar it liket my ta, det de Friezen wakkere onnoazel wirde. Hja litte hjar troch domme Hollânners yn ’t lêzen en troch Juda en Israel yn de polityk ûnderwize.
Boer. Hwet wolstou mei polityk sizze? Det wy ljeaver nei smousen harkje as nei ús dimmene foarâlders? Wolstou sizze, det wy it bigryp forlern habbe fen de echte âlde Fryske frijheit?
Hoanne. Kukelekoe!
Boer. Nou, nin oerdwealskens! Fiele wy net mear, hwet Fryske frijheit is?
Hoanne. Kukelekoe! Kukelekoe!
Boer. Dou biste in greatske gek. Der is nin wiis wird mear mei dy to sprekken. As sa ’n Fryske hoanne it wird fen âlde Fryske frijheit heart, wirdt er pûr gleon; den kraeit hy it út.
Hoanne. Kukelekoe! Kukelekoe! Kukelekoe!
Sate Westerein. J. H. H.
MOSTERT NEI DE MIELTIID.
Trije boeren sieten by de skoalmaster to iten; elts hie in eigen sizzewird. De master sei: “Wikje segge, sikje segge. Ik sie wel wat er aan de maaltijd mankeert. Wikje segge, sikje segge, de mostert mankeert er aan, en dan is de boel lak.” Do bigoun Tjitte en dy sei: “Ja, nou, nou jy it sizze, master, nou is ’t sa al; mar master, master! Né, nou ik bin der net jin, mar, nou, as se sa onbidinklike sterk is, det se yen yn de holle opskoert; nou, den siz ik, tankje for mostert.” Do bigoun Age: “Poeha en gjin ein! Myn ljeave freon! Mostert! Ik bin ’er sa bang fen, det ik se net yn hûs hawwe wol. Poeha! Wy hawwe it ’ris ien fen ús lytse bern oan de foetkes lein; dêr kamen blierren fen as hinne-aeijen. Myn ljeave frjeon! Poeha en gjin ein! Sok gûd nim ik net by it iten. Hwet sizze jy, Durk?” “Hm! Ik foarûnderstel namelik, sei Durk, as men der in bytke fen nimt, stel ik, scil it in minske gjin kwea dwaen, mar, stel ik, om it flêsk ’er troch to dweilen, hm! foarûnderstel ik namelik, det it ongesoun is; hm! ik tink den, foarûnderstel ik namelik, det it in minske kwea docht. Mar ik brûk it al, stel ik, en bin net tofreden as myn wiif it net op tafel bringt, foarûnderstel ik namelik.” “Frouluden, sei master, wikje segge, sikje segge, die vergete et hast altiten, wikje segge; mines ten minste as se kwaad is. Dan is ’t lak: want ik houd er feul fen, wikje segge, sikje segge, en dan binne wy beide kwaad, in dan seg ik wel ’ris, wikje segge, sikje segge, Aagt, as it de kofjekanne of de sukerpot waar, die oppe tafel ston, die sude niet fergeten wurde, lak, hoar! wikje segge, sikje segge.” Poeha en gjin ein, myn ljeave man, sei Age, jy falle raer op jins wiif út, en den kwea to wirden om in bekje fol mostert. Myn ljeave man, as myn wiif it mâl fel oan hat, poeha en gjin ein! den is ’t eft de kweade yn de noadstal stiet om syn hynstepoat bislaen to litten. Hja hellet de heuvel ta de skoarstien út, en dy den net fen ruten spilet, dy scoe se de hûd sa murf takje as in hjersttsjiis. Poeha en gjin ein! Myn ljeave frjeon! klei mar net. Hwet sizze jy, Tjitte?” “Ja, nou, sei Tjitte, nou ja, der binne kweade frouljue, mar ek onbidinklik ljeave hertsjes. Mar hja binne as it waer yn de Aprilsmoanne, onbidinklik hinne en wer. Mar, né, nou, as mines hwet ûnder de mûtse hat, den hat se in kop as in toer. Nou, ja, in stikelbaerch lit him better hantsje as in kwea wiif; mar as ’t goed is mei hjar, né, nou, den wit ik gjin aerdiger gûd as in treddekealskou en in jong frommiske. Onbidinklik moai, siz ik jimme.” “Poeha en gjin ein! sei Age, myn ljeave frjeon, in treddekealskou hat de pong om de hals, sa as men seit. En dy hawwe de frouljue ek, myn ljeave frjeon, en dêr giet alles yn, hwet de manljue fortsjinje. Poeha, en gjin ein! Tôgje oan mar, myn ljeave man!” “Hm! ik foarûnderstel, sei Durk, as in man alles yn dy pong smit, stel ik, hwet er namentlik fortsjinnet, hm! ik foarûnderstel, det er den net felle wiis is, stel ik; hwent den makket er him sels stedskyn fen it wiif, stel ik namentlik.” “Wikje segge, sikje segge, sei master, “dat is ’en kwestie, daar wil ik my niet in geve. Wikje segge, sikje segge, ’en peert in ’en wyf binne hondert datten an. Het iene dat hewwe se te feul en ’t ander te weinig. Mar jou sprakken daar fen ’en dardekalfskoe: binne dat de beste in hoe fergelyk je die by ’n wyf? Want as ik ’en ding niet begryp, wikje segge, sikje segge, den is it mar lak om er over te praten, wikje segge, sikje segge.” “Ja, sei Durk, ja, nou; nou né; in wiif is gjin kou; né, nou, gjin kou, mar der is gjin wiif sa ryk, ef hja is in kou gelyk. Hja nimt en jowt. En onbidinklik nuttich binne hja beide.” “Poeha en gjin ein! myn ljeave frjeon, jy hawwe der al in nuvere forgelikinge,” sei Age. “Ja, in wiif is as in brânspuit; dy nimt ek, myn ljeave frjeon, en gjin ein. Mar den moat er net lek wêze as úzes is. Dy bringt it net fierder as in skoaljonge pisset. Is dat in ding? Poeha en gjin ein! kom dou ’ris yn de stêd, myn frjeon.” “Hm! Ik foarûnderstel for in eagenblik, dêr kom je my op it sear, sei Durk; my as brânmaster, stel ik namentlik. Hm! ik foarûnderstel, as ik it nei myn sin hie, den waerd ’er in nij brânspuit makke, stel ik. Hm! ik foarûnderstel namentlik, det ’er wol jild by de gritenij is, namentlik stel ik.” “Poeha en gjin ein, myn ljeave frjeon! In nije brânspuit! Den wier it better in twade der by, mar ja wol, poeha en gjin ein! It scil der net ynstean. Den wier it mar better in twade der by, siz ik, myn frjeon.” “Wikje segge, sikje segge, sei master, so kenne se er ook wel ’en twiede skoolmeester by neme. Lak, wikje segge, sikje segge, dat gaat niet.” “Né, nou, sei Tjitte, nou, ja jy binne der op biroppen, master; mar do ús âld smid allinne wier, do moasten wy al frij hwet ûnder him stean. As de feint kaem om in hynzer bislaen to litten, nou en de baes siet ûnder syn soapke, eft it noaske him net; nou ja; hy die it al, mar né, nou, as de feint hwet dreau den wier ’t: “Wachtsje, divel! Wachtsje hwet! Jimme mem hat ek al op dy wachte”. “En den sa onbitinklik flokke eft it ambyld boarstte. Mar nou de baes partij krige hat, ja, nou, nou is er al makker wirden. Ik wol dêrom net sizze det jy onmak binne, master. Jy binne oars in onbitinklik bêst man.”
Dêr kaem de masterke yn saun hasten mei moster. “Dêr stiet de mostert, hearen! sei se. Wikje segge, sikje segge, jou hewwe jou forpraten by de buren. Wikje segge, sikje segge, it is mostert na de maaltijd. En dat seg ik nog e’s, frou, hoar! De boel is lak met jou van daeg.” Do sette it wiif de hânnen yn de siden, en sei: “Jimme divelske manljue, dêr ik sa’n wird om siz; alle klapsketen en haverklappen moat men nei jimme loai gat rinne. Dat sit mar to smoken, to sûpen, to riddenearjen en to argewearjen, to prûmkjen en to kwatsen, en wy kinne de smoarge boel wer oprêdde.” “Poeha en gjin ein! sei Age, myn ljeave frjeon, giet de helsdoar iepen? Dat hawwe we hjoed net fortsjinne, wis wol?” “Hâld dou de bek mar mei dyn poeha! sei masterke, dou haste noait nin keardel útmakke, ju! Dou haste al twa frouljue hawn, en der is noait skaei fen dy komd.” “Wikje segge, sikje segge, sei master, jou beledige de minsken hier in dat komt niet to pas, frou”. “Hwerom hat er de bek der yn to slaen? sei hja, it is jou skild mei jins geëamel om sa ’n bekjefol moster. Moster is noait yn myn âlders hûs west; en dat wierne dochs gnappe boeren, en jou heit wier mar in waechdrager, in lantearneopstekker yn de stêd. Jimme divels! it grim scoe yen út de beugel spatte, dêr ik sa ’n wird om siz.” “Hm! ik foarûnderstel for in eagenblik, masterke is boas, stel ik, sei Durk, mar ik foarûnderstel namentlik as wy ’ris in slok dronken, en wy masterke ’ris yn de govert namen. Ho scoe dat lykje, stel ik?” Do sette masterke wer de hânnen yn de side en sei: “Dou smoarge trôch! Ik mei dy govertsje? Ik woe ljeaver det jimme allegearre smoarden, dêr ik sa ’n wird om siz; en dy in hân oan my slacht, dy helje ik it ljocht ta de kop út.” “Nou, dat komt my hirder-nôch oan, sei Age; mar né, nou, masterke, jy moatte bidare, jy binne sa onbitinklike kwea.” “Bidare?” sei masterke, “bidare? For loaije sûpkeallen, en pluggen bidare, man! Yn der ivichheit net, dêr ik sa ’n wird om siz”. En dêrmei stau hja de doar út. “Wikje segge, sikje segge, sei master, nou is ’t lak. Wy leze in de skruft, dat it eerste frouminsk uet in mansribbe maekt is, mar dat is wis in forkeerde ribbe weest, die nergens goed foor waar, as om er in wyf fan te maken. Het is best, dat jimme nou mar na hues toe gane: want ’t fermaek is over. Wikje segge, sikje segge, it is lak”, sei master. En sa tochten de boeren ek en gongen nei hûs ta. En hja toften by hjar sels: “Hiene wy sokke mostert by de mieltiid hawn yn pleats fen nei de mieltiid den hie it ús yet sa goed net smakke as it nou dien hat.” Ut.
Grou. E. H.
[Yllustraasje: BY AGEBOER.]
TAHEAKKE.
Foar ytlike jierren haw ik jimme oplêzen ho trije boeren, dy by de skoallemaster to iten wierne, troch it kweade wiif fen master fen de mieltiid reage waerden; it stik hiet Mostert nei de mieltiid. Dy trije boeren en de skoallemaster kamen wer ’ris by elkoarren by Age oan hûs, en hiene altyd noch hjar eigen sizwirden. Age miende, det syn wiif nei de kreambisite wier, en dat scoe ek west habbe; hja wier al yn de pronk, mar dy wier om de warmte fen de dei hwette op de wrinen lizzen gien op in bêd yn de selde keamer, dêr dy manljue by elkoarren kamen. Hja hie de doarkes ticht oandien, en de skoen op ’e bêdsplanke set; nou koe se alles hearre, en gjin minske wist, det se dêr wier. Do de pipen yn de brân wierne en de romers fol getten (it wier in wyngelach), fette master it wird wer op, en sei: “Wikje segge, sikje segge, wy sitte hier niet op ’n ooyevairsnest: ’en flesse wyn, dat komt my alle dagen niet over. Men kan wel sien, dat het de boer goed gait. Nou, Age, ik gun it jou fan harten. Segen en gesontheit, hoor!” en master leuge syn earste glês. “Dair is jenever mar bocht by”, sei master.
“Né, nou, in oaijefarsnêst, master, sei Tjitte, “ja nou, dêr hearre ek nin minsken op to sitten. Mar, ja, nou, as ik sa’n kwea wiif hie as jy ien hawwe, né, nou, den sit ik ’er ljeaver op as by jo yn ’t skoalhûs: ja, ik siet ljeaver op in âlde reidsompe, dêr de hearringslynders hjar nêsten op bouwe, sa onbidinklike bang bin ik for kweade frouljue.”
“Poeha en gjin ein! rôp Age. Bang for frouljue? Greate bern binne it mar, minskebihelpen, en dêr bang for wêze? Master is der yette gelokkich oan; dy hat in ropper en in razer; dy flapt der yn ienen alles út, en as hja pûr is, den scoe hja him mei gleone steallen ta it hûs útkeile ljeaver as krimp jaen. Poeha! sa’n frommis is yette mei to forkearen: dat binne mar Aprilsboikes; dêr folget de griene Maeije op. Mar mines is in jeuzeler; dy giet de toet as in klapmoulke fen de bern; in teapert, dy noait ophâldt. Lêsten hab ik hjar drige, om hjar troch twa arbeiders de mûle fêstbine to litten mei in stûrtske line, det se swije moast. Poeha en gjin ein! Do woe hja hjar sels smoare yn de jarredobbe. Is ’t net freeslik, man?
“Hm! Ik foarûnderstel namentlik, sei Durk, “det jimme dy útheuveling ek wol fortsjinne hiene, bûrman. Hwent jimme kamene fen de stêd, stel ik, en dêr hiene jimme sa lang op de Os sitten to pimpeljen en to smoken, det jimme sels oksen wierne. Hm! ik foarûnderstel namentlik, det de frouljue den reden hawwe om in wird to sizzen.”
“Ja, nou, sei Tjitte, “né nou, wy wierne sa net, det wy koene ús wol rêdde. Né, nou, sa mâl wier ’t net. Mar ik wier flau, sa flau, det ik hab twa kâlde seane bargepoaten opiten mei wol in heal fjirdepartsje brea der by, en do bikaem ik gânsk hwet. Né nou, skeef ef onbikwaem wierne wy net. Wy wierne hwet smústrich, ja, nou, en dêr sa’n gejeuzel om to hearren fen it wiif, né, nou, dêr jow ik Age gelyk yn. Sa’n wiif scoene men winskje, det hja de pip krige.”
“Hoar ’ris, wikje segge, sikje segge, sei master, mines falt met de hele hued uet en dan is ’t deend; mar dan is ’t ook of de poorten fan de hel open komme, en dair bin ik ook al toe wend: mar ik schaem my toe de tonen uet as er andere minsken by binne; mar it is myn eigen schuld. Want sy waer foor ons trouwen al ’n baes met de mon’, in do hew ik hoar te feul frij geven: want de liefde is blynd, en as men met die blindheid slagen wurdt, dan is de boel lak, hoar, wikje segge, sikje segge.”
“Hm! Ik foarûnderstel det je dêr yn gelyk hawwe, master, sei Durk, namentlik as men forliefd is. Hwent myn wiif hat twa ongelikenske eagen; it iene is blau, en it oare is griis: koartom, in douwe-each hat se en in katte-each, en ik hie wol twa jier troud wêst ear ik ’t sjoen hie. Hm! ik foarûnderstel, stel ik, det se ek in douwe-aerd en in katte-aerd hat. Hwent, o, hja is sa ljeaf en sa sêft as ’t moai waer by hjar is; den is it in douke; mar as de mûtse forkeard stiet, hm! ik foarûnderstel, det den de katte-aerd boppe driuwt: den byt se, en klaut se, en hja gûlt it út. Hm! ik foarûnderstel oars, det hja in bêste húshâldster is, kloek en sindelik is se; hwent jildtellen en fliejeijen is hjar greatste útspanning, stel ik.”
“Poeha en gjin ein! sei Age, “dêr moatte wy ’ris op drinke. Op ’e fliejacht, mannen. Myn wiif jaget my en de feinten en fammen. Hwet is ’t treastlik, det se op ’e kreambisite is! ’t Is in divelsk soadtsje dy frouljue! Men kin der net sûnder en net by wêze. Poeha! scoene it wol minsken wêze? Ik leau, det it mar minskenbihelpen binne.”
“Ja, né, nou, sei Tjitte, in pompstôk is ek al in minskebihelp, en al gûlt en kreaket er hwet, wy kinne him net misse. Sa giet it ús mei de frouljue ek: de iene ropt en raest, de oare jeuzelt, in tredde stunet, in fjirde fysket altyd yn hûs om, en koartom elts hat syn lek en brek. Nou, ja, nou kleije wy, mar dat helpt ús neat; hwent wy binne keppele rammen; wy meije mei de keppelstôk ombingelje sa ’t wy wolle, hy bliuwt ús oan ’e hals hingjen. En wy hawwe se sels opsocht, en faek mei bidden en smeken, mei suchten en triennen it jawird krige.”
“Hm! ik foarûnderstel namentlik, sei Durk, “det de frouljue sims al sa folle frije as de manljue, net mei de mûle, mar mei de eagen, stel ik, en dêr bitsjoene se de manljue mei. Men seit wol fen âlde tsjoensters, mar der binne folle mear jonge tsjoensters, en dy lûke yen oan, foarûnderstel ik namentlik, det ik al ’ris mei hynzer en karre yn de sleat mend bin, sa seach ik nei in jong frommiske, dat yn it lân stie to swyljen mei de bleate earmen. Dy hie my yn de hinnereis frjeonlik taknikt. Dêr kaem dat fen dinne.”
Hoarris, wikje segge, sikje segge, jonge frouluden is noch in aerdich goedtsje, mar asse ouder wurde, den ken de duvel hoar wel as prokkereur bruke. Ik hew dar twie by de skoal wonen, dat binne kwade rakkers. As se kwaed wurde dan is ’t krekt as de see opkomt. Se kraeye it uet krekt as de oude kipen, die gien eyers meer legge.
“Ja, nou; né, nou, sei Tjitte; “ja, jy neame dêr ek sokke earste bekstikken. Sokke heksemasters binne ’t ek allegearre net. Né, nou, wy wolle allegearre graech âld wirde, en dy sloven, dy yn hjar jonge jierren sa’n ellinden en tramtaesjes mei de bern útstien habbe, oer ien kaem to skearen, omdet der ytlike kweade ûnder binne, né, nou, dat komt net to pas nei myn sin.”
“Poeha en gjin ein! sei Age. “Det je in frouljesgek wierne, dat wisten wy allegearre wol, mar âlde frouljue binne minder as âld blik. Dêr kin men yette rinkelbellen fen meitsje oan de bernehoepen, en âld lear kin men de kachel mei oanstoke. Koe men se yette mar forroalje oan de potskippers for pot- en pangûd ef nije romers, mar hja binne neat wirdich.
Do sprong Age syn wiif forwoed fen it bêd ôf en sei: “Nou wirdt it my to mâl, skobbejakken, dy jimme binne! En dou to minste,” sei se, en do treau se Age de fûst ûnder de noas; mar Age sei gjin poeha, en siet as in forwezeling. “Sitte jimme dêrom hjir to wynbealgjen fen myn jild? Hwent hy hat ’er neat ynbrocht as in pak klean en in brêgemanspak, dat er yette boarge hie. Sitte jimme dêrom fen myn jild to sûpen, om de frouljue alle hoon en smaed oan to dwaen? Jimme scoene ljeaver oer kij en hynzers prate, lyk as jimme freeds op ’e Os dwane, sa lang as jimme op ’e stoel sitte kinne. Den komme jimme gjin minsken to nei. Mar ik scil net skelde en rache, lyk as masterke die, do jimme dêr to iten wierne. Dy sonde binne jimme my net wirdich; mar ik scil jimme in teltsje fortelle, dêr jimme jimme ’ris aerdich oan spegelje kinne.
“Jimme moatte den witte, det der oan de Tuikemar in kroechje stiet, dat neamt men de Brette Hoanne. Nou, dêr wenne sa hwet in glêdde widdou yn fen sa’n stiif tritich by de fjirtich jier. Dêr laei ek in preamskipper, dy mei syn wiif allinne foer; dat minske wier gansk in ruk âlder as hjar man. Nou hie de man smuchte op dy glêdde widdou, en dêr wier er net by wei to slaen. Dat sangere dêr twa trije dagen by om; in goed slok der by drinke. Einlinge waerd it seil ophyst, en do mei in weste wyn nei Twa-Hûs ta oan de oare kant fen de mar. It wiif hie al hwette prottele, det er dêr sa lang omneuld hie, mar de skipper sei neat, mar tochte by him sels: “Wier ik dy mar kwyt, den waerd ik kastelein yn de Brette Hoanne.” Einlinge do se in stikje yn de mar op wierne, komt it wiif út de roef yn de bollestâl om in dweil út to spielen. Hja linet oer boart mei de iene skonk yn de hichte, en nou grypt hjar man de oare skonk, en sa wipte er dat earme sloof yn de greate mar. Syn hert sloech him al wakker; en dêrom seach er net om, hwer ’t hja bilânne. It minske dreau earst hwet op ’e rokken, mar dy mar is droech, en hja krige gau de groun mei de foetten, en sa wâdde hja nei in great fiskerskot ta, dat fier yn de mar útstiik, en dêr hâlde hja hjar sa lang oan fêst, det der in boer mei in boatsje oankaem, dy hjar ynnaem en nei syn hûs brochte, en dêr forhelle hja it hiele stik sa as ’t bard wier. Hjir waerd hja fordroege en forsoarge. De boer, dat in stoeren hond wier, en dy meastal syn eigen rjuchter wier, frege it wyfke: “Ho is ’t mei dyn man? Leaut er oan de divel? Is er dêr ek bang for?” “O, ja, sei it wyfke, “hy doar net op ’e koai lizze, as der nin ljocht barnt: hy giet noait by tsjuster fen boart.” “Den is myn plan al klear, sei de boer: “hy scil wol op Twa-Hûs sitte, en hy moat dadelik ôfrjuchte wirde. Hwent wy kinne him wol yn ’t tichthûs bringe, mar den misse jy jins breawinder, en ik scil him sa mak meitsje det er jo tsjinnet as in feint.” De boer hie krekt in drint slachte, en do naem er dat drintefel mei, dêr de hoarnen noch oan sieten, en den naem er in twinter bollepyst mei, en sa gong dat mei in moaije wyn op Twa-Hûs ta. Dêr hie de boer kunde oan de kastelein; dêr gong er dadelik nei ta, en dy frege er eft der ek in preamskouwer wier? Hwent oan boart wier er net; dat hiene hja wol sjoen. “Ja, sei de kastelein, “dy sit hjir yn hûs; dy hat syn wiif op de mar forlern, en dy sit drovich forslein yn de hirdshoeke. Dy scil hjir fen nacht sliepe; hwent hy doar net oan boart sliepe.” Do forhelle dy boer oan de kastelein syn plan, en sei: “Dou moaste mar gau meitsje det er op bêd komt.” Hy gong nou sa lang by it skipperswiif yn de roef fen de pream sitten, en do it njoggen ûre wier, gong er mei syn drintefel ûnder de earm en de bollepyst yn de hân nei de herberge ta. En dêr laei de skipper yn in keamer apart mei it ljocht op ’e tafel, sa as er it bisteld hie. De boer hie him om de holle en de hânnen pûr swart makke en it drintefel omslein, det de hoarnen him boppe ’e holle útstieken: en sa stapte er der yn en skoert onforsjoens dy skipper fen it bêd ôf. “Och, heare! sei de man, “binne jy de kweade, wyk den yn de godsnamme fen my.” “Neen, sei de boer; hwent dy moast nou steds prate om ontsach to hawwen; “Neen, ik ben de duivel niet, maar ik ben zijn oudste zoon, en mijn vader heeft mij afgezonden, om u te straffen voor de gruweldaad, welke gij aan uwe arme vrouw gepleegd hebt. Kniel neder, sei de boer, en als gij schreeuwt dan snijd ik u dadelijk de keel af.” En hy lei in skerp mês op ’e tafel del. De skipper foel op ’e knibbels, en do krige er fyftich slaggen op syn bleate ûnderbaitsje mei dy bollepenis, det er krolde as in iel. It wier in giseling. “Ga nu dadelijk op bed, sei de boer, en wanneer gij eene vrouw wederom mishandelt, dan zal mijn vader komen om u nog erger te pijnigen in de hel. Dus pas op!” Hy gong nei bêd, mar koe net sliepe fen de pine.
“Nou gong de boer mei syn boat wer foart, en de oare moarns, do it ljocht waerd, gong de skipper wer nei de pream mei in rêch, dy wol in tomme oproun wier, en hy tochte by him sels: “As ik nou for sa’n pak bruijen mar fen it âld wiif ôf bin, den mei it yette hinne bruije.” Mar ta syn skrik foun er dat minske wer yn de roef sitten. En ’t earste wird, dat se sei, wier: “Biste “dêr wer, godforgetten dogenet en moardner? As goede minsken my net holpen hiene, den wier ik ommers fordronken. Ik kin dy wol yn ’t tichthûs sette litte.” Do foel er foar hjar op ’e knibbels, en sei: “De kweade hat der my al genôch for straft: wêz’ my nou genedich. Ik scil my goed hâlde en drage.” Do liet er hjar de rêch sjen; dy wier swart. “Ja, sei se, dat is gjin minskewirk, dat sjen ik wol.” Mar hja wiste wol better, en tonei koe se him om in finger wine; en de man joech him oan ’t bibellêzen en ’salmsjongen.
“Is dat gjin moai forteltsje, hearen? sei de frou do; “hwet tinkt jimme?” Mar hja seinen neat. “My tinkt, sei se do, det jimme allegearre ek sa’n pak fortsjinne hiene. En nou gean ik nei de kreambisite, en dêr scil ik oan jimme frouljue fortelle, hwet snaken fen keardels det jimme binne.”
Do it wiif der út wier sei master: “Wikje segge, sikje segge, nou is de boel lak, hoar! Dar sel ’n oordeel op komme.” En dat kaem der ek op. Durk en Tjitte kamen der ridlik goed ôf, mar Age waerd wol in healjier dat âld blik en dat âlde lear foar de foatten smiten. Do master thús kaem, stoe it wiif al mei de tange yn de doar; dêrom gong er mar stil yn de skoalle en die de doar op ’e skoattel. Dêr hong in âld jas; dy teach er oan, en sa joech er him op ’e planken del mei in pak âlde skriften fen de bern ûnder de holle: en omdet er in bûkje fol wyn hie, sa slepte er de moarns oan fjouweren en fiven ta, en do joech er him oan ’t pinformeitsjen. Om seis ûre rôp it wiif him by de thétafel, en der waerd net mear oer praet. Hwent hja wier opljeappend, mar hie in gau birou. En sa roun dit geselskip ôf.
Grou. E. H.
DE LJUE FEN DE POMP.
(De rie fen it matigheids-geneatskip sit. In dragonder hat him oanjown; in wachtmaster is ’er by.)
President. Nou, kammeraet, ik hear wol, wy kinne dat spil net mei dy klear spylje. Oan ôfskaffing is op stel en sprong mei dy net to tinken. Mar ik wol it mei dy op in binlyk akkoart smite. Ho folle romers nimste deis?
Dragonder. Dat hinget fen it bûsjild ôf, mynhear. Sa lang as ik noch in sint yn ’e pong hab, is ’t krekt, eft de hel my yn de bûse barnt; en as dat op is, wel nou, den lit ik it blauwe stopjern noch rinne, sa lang as Jan Credyt libbet. Dat is in bêst man. For seis kiperkes stean ik altyd, en den sit ik noch op it hynzer eft ik ’er op floerre bin.
President. Nou, as wy dat nou ’ris brochten fen seis op ien romerfol deis. Hwet tocht dy dêr fen? Sjen mar sa sunich net, man!
Dragonder. Ien, ien! Ien is ien! Ien dat is in wjirmforskrikker. Mar ik wol der dochs myn hân for sette, omdet de Ritmaster it seit. (Hy teikent for ien romerfol deis.)
President. Nou, frjeon, gean nou hinne yn frede. Hear net nei ’t geflok en gehún fen dyn domme kammeraten. Astou dy siik en earm sûpt haste, scille dy dy net helpe. God sterkje dy yn dyn foarnimmen.
Dragonder. Dat hoopje ’k ek, mynhear. Hwent allinne is my dy sile to swier. En moat ik to bek falle, yn Gods namme! Ik bin de earste net; ik scil de lêste ek net wêze. It moat dochs mei ús minsken allegearre, ek mei de wynsûpers, op in generael pardon oan.
President. Sa komt it út. Mar as ik dy nou in goe’ rie skildich bin, bitterje net foar iten; wachtsje mei de slok nei iten. Den is men ’er sa slij net nei as foar it iten.
Dragonder. Neam’ je dat iten? Ratjetoe en trompetterskost, potdome.
President. Hwet is dat, trompetterskost?
Dragonder. Sop, president. Hwent sop makket in liddich liif; liddichheit jowt winen, en fen wyn moat de trompet raze. Mar om ’er op to fjuchtsjen, ha ’k ljeaver in healpoun spek yn de ribben. Gesontheit mynhear! (Hy giet foart en bliuwt mei syn wachtmaster op ’e stoepe stean).
Wachtmaster. Nou, Jan, astou dy oan ien romerfol hâlde scilste, den moat ’er ek in fordomd great mirakel barre. Ik leau det de Suder-Sé earder opdruije scil.
Dragonder. Ho binn’ je nou sa onnoazel, wachtmaster? De hearen ha my set op ien romerfol, en dat hab ik oannomd. For ien romerfol deis en nin drip mear, dêr klaei ik my for. Mar de president hat nammers net sein, ho great de romer wêze moat. Dêr is net fen kikt. As ik my hâld oan ien, den hab ik oan ús contract foldien, en ik kin nammers in romer nimme, dêr ik mei twa eagen allyk yn sjen kin, ja, in romer sa great as in skilderhûs.
Wachtmaster. Dat skilderhûs kin dyn deakiste wol ris wirde, feint! Tink om Bouwe, dy jister yn de jenever smoard is.
Dragonder. Fordomd, ja! dêr bin ’k by west. Hy kaem jister út de Trije forrotte Skylfisken neist de kaserne, en hy wist fen tewis ef mewis. Foart dêrop krige er in bloedspijing. Wy brochten him op in ljedde yn ’t hospitael, en om seis ure wier ’t in dea lyk. Do ’k him it lêste leppelfol fen syn drank ynjown hie, frege ik him eft er de pastoar ek hawwe woe? “Né, kameraet, sei er, “mei in ûre sprek ik de baes sels; ik hab mei syn feint net to parten.” It moeit my eigendivelsk. It wier in oprjuchte keardel, en hy hie in siel sa blank as in skylde klaeiierdappel. Mar it is better in koart en in goed libben, as ivich om to heukerjen. Scille wy it kyn noch ’ris ’en bekje gewe, wachtmaster?
Wachtmaster. Om de bliksem net feint. Wy hawwe nou rju fen Jan Doedel; ef wolste yn ’e kast? Ef de bek fol modder lyk as Bouwe?
(Jalke, in âlde hôfsboade, Ynse, kaptein op Eastynjen, Geale-boer en Jappe-tromslagger komme yn, wylst de dragonder dit seit).
Jalke. Dêr habbe wy nou al de earste bikearling fen it genootschap. Mar hjir to lânne kin dat net oars. De brakken fen ús krychsfolk binne meast tsjustre stjonkhokken, âlde brakken, dêr se aleartiden justitie yn dienen, ef in kleaster houdden, ef spinhûsboaven opsleaten, en sa foart hinne. Dêr is it sa griemich en near, det de soldaet sit ’er nin minút langer as hy moat.
Ynse. En hwer giet er den hinne?
Jappe. Dat scil ’k dy sizze, kaptein. Ik bin ek ûnder de soldaterije west. Al dy brakken steane meast yn afterommen en binne bidobbe yn lytse sûphúskes en grûzige gribussen, dêr for in duit mannich bline nearring yn dreaun wirdt. Dat tydfordriuw hienen wy neist de doar. De overheid hie ’er neat tsjin, en wy sieten meast ûnder in healfearntsje ef by Jank-en-hjarre, en ek wol, as it gaazjemintsdei wier, by beiden allyk! Né, dat wier oars yn Frankryk. Dêr bin ’k ek wêst. Mar dêr hienen wy brakken as paleizen. After de brak in fjild, dêr wy koarddounsen, sprongen, yn mêsten ef touwen kladderen. Yn de brak in seal om to skermjen en to dounsjen. Den noch in cantine, wiste? sa ’n kofjekeamer, yn in moaije seal, dêr bêst iten en drinken en tabak ta de minste prizen forkoft waerd. It kaem nimmen fen ús yn de kop, om út ús cantine nei in lyts smoarch sûpkrûpyn to gean.
Jalke. Sa soargje de Fransken for de gevens en de krêft fen hjar leger. Dy godleaze Fransken! En hwet dogge wy fromme, dimmene, godstsjinstige en sedelike Nederlânners? Wy bringe hjar iendris yn ’e wike nei tsjerke, en den moat de domenij ’er al de fûlens yn ien healûre ôfskrobje, dy se de hiele wike lâns yn de sûp- en spylhúskes opdien habbe.
Hessel. Nou, ik moat ta eare fen de Ingelsken sizze, det hja de Fransken nei op de hakken binne. Dêr bin ’k wol faek yn de brakken west, ek wol yn Ierlân; mar by eltse brak is ek in great plein, dêr de soldaten fen alles dwane, hwet men hjir to lânne yn spillen sjocht. Dêr leare se springen, mids yn de sprong oer de kop tommeljen, mei gewichten fen hûndert poun as klinkertstiennen omkeile, oan de teannen hingje mei in bosk fen oare keardels yn de earmen, en sa foart hinne. Dy hanswoarsten yn de hynstespillen (clowns), dy sokke nuvere sprongen en gridzen meitsje, binne meast after de brakken en fabriken útbret. Hwent de Ingelske fabriken hawwe dy pleinen ek after hjar om it arbeidersfolk yn ’e skoften út de sûphúskes to hâlden.
Jalke. Nou, in smoarge brak om in sûper to wirden, ef in moaije brak om in linich en sterk keardel to wirden, dêr liz ik noch al in botsen twiske. O! Dat Nederland is zulk een zoetendal! Mar ik leau det hja op ús wachtsje.
(Hja geane yn; Jappe tromslagger en Geale-boer binne efkes foar hjar).
President. Dêr hawwe wy de tromslagger ommers ek. Men scoene sizze, hwet dochstou hjir? Fen dyn jeneverjen ha ’k kikken ef mikken heard.
Jappe. Den habbe jy net alles heard, president. Nou bin ’k net oan ’e drank, mar ’er yn myn jonkheit om-en-de-by oan west. Ik hearde yn 1794 ûnder de patriotten, en do sieten wy alle dagen yn sociteiten en fraterniteiten to pimpeljen, om de aristocraten de skop to jaen, en de Bafiaenske, ik woe sizze, de Bataefske Republyk op ’e proppen to helpjen. De Fransken scoenen ús forlossers wêze, en hja habbe ús ek forlost fen hûndert-miljoen goune; mar foar dy profytlike forlossinge wier it soms wikkerdewik hwa it winne scoe, de Fransken ef de prins en syn allieerden. Ik wenne do to Bolswert, en it hûget my as de dei fen hjoed, ho wy alle dagen in bryk gat nei Gealtsje yn ’e doele rounen; moarns ier en jouns let, kin ’k dy sizze. As wy by eltsoar kamen lieten we faek de koppen hingje, omdet ’er kwea tynge komd wier. Mar as it earste romerfol der yn wier, den gljirren de steatkindige kimen al hwette op; by it twade hienen de Fransken de allieerden slein; by it tredde, as ’er immen de treppen opkaem, mienden we, det it de miebringer wier, det de Fransken mei geforceerde marches rjucht op Hollân yn oantocht wierne, en by it fjirde romerfol wierne wy pûr gleon en seagen die Fransken mei wollene tekkens oer de bleate bealch lâns de Dylakker marsearjen; wy spjeldden de nationale cocarde op it fesje; wy dounsen en wy songen det it davere:
Dansons la carmignole! Vive le son! vive le son! Vive le son du canon!
Geale. Ja, Jappe-heite, dy pest hab ik ek hawn, mar nou ’k ’er fen genêzen bin, bin ik better as in oar, dy him net hawn hat. Ik tink sa mar, it giet de minsken as de kij yn de fépest. Tûzenen stoaren, mar dy der trochkamen hienen de pong om ’e hals. Hja waerden tsjienris sa djûr bitelle as ien dy de pest net hawn hiene. Mar hwat woeste nou dêr mei sizze?
Jappe. Hwet ik de president sizze woe, dat is, det ik yn dy rûzemûzige dagen de kop sa fol hie fen de Fransken en de polletyk fen de Steat, det ik de steat fen my sels forgeat. Wy dispetearren det we skombekken; wy smookten ús swart, en wy pimpelen de hiele dei yn de fraterniteit for it bihâld fen ’t vaderland, sûnder to bimerken, det wy swietsjeswei jeneverhâlden’ waerden en ús bidriuw forgeaten. Ik wier gau sa fier hinne, det my middeis en jouns de wjirmen pleagen, as ’k net ûnder in slok siet. Op in snjeon-to-joun (it scil my nea forjitte) kaem ik om âlve ûre fen de doele ôf mei in goed stik lead op ’e holle. Ik roun de Dylakker lâns en ik wier omtrint yn hûs, do it krekt wier eft de foetten my yn ienen ûnder it gat wei slein waerden. Ik truzele yn in dobbe mei wetter, det my it himd tsjin it gat plakte. Dêr siet omkoal yn ’t tsjuster, wiet en ongedien. Ik wraemde en skrabe al yn dy dobbe om, mar al scoe it boarste, ik koe net oerein komme. De holle wier my wol tûzen poun swier. Sa as ik dêr siet, frege ik my sels: “Hwa scil nou baes wêze, Jappe tromslagger, ef de jenever? Ik siz fen Jappe tromslagger.” Mei ien kaem de rottelwacht, dy my opholp en nei bêd loatste. Ik hie gau it fel oer de eagen, mar dat wier ’t lêste sûske dat ik útslept ha. Ik makke my sels stedskyn en stelde my op rantsoen. Alle dagen ien romerfol, en sont dy dei ha ’k ek nea in drip mear hawn.
President. Is dat wier?
Geale. Dat is de suvere wierheit, president. In tromslagger hat ’er oars wol occaesje ta, hwent hy is meast by de strjitte; hy moat alle kroegen foarby; mar je kinn’ ’t him tapije sa ’t je wolle, hy giet net oer syn rantsoenke.
President. Nou, den haste ’t fier brocht Jappe. Dou haste macht oer dy selme, en dou hoefste net yn ús Genootschap.
Jappe. It is my better ôfgien as myn kammeraten, dat allegearre seupelers wirden binne. Sont it patriotisme hat it dageliks sociteit- en herberchrinnen, en dêrmei it sûpen earst krêftdedich oanfang nomd. Us omke neamde sociteiten dêrom sûpersteiten. To foaren kamen se net yn herbergen as op forkeapingen, ef om keamer to hâlden as ’t merke wier. Dêrom scoene men do ek rju sjen, det de oranjeklanten, dy yn de fraterniteiten net kamen, lang stadiger en dimmener ljue bleaun binne as de patriotten.
Jalke. Ha jimme hast dien? Jimme scille sa lang patriotsje en oranje, det jimme de kop wer oranje wirdt. Ik bin ’er sa sêd fen as spein spek.
President. Hwet hiene jy to sizzen, boade? Jy habbe de reade roede lang drein, en ik haw noait net heard, det jy onbikwaem wierne.
Jalke. Ik kom ek net for my sels, mar for myn skearbaes. Dat is in âld sondaer, dêr net folle salve oan to striken is. Mar om ’t it sa ’n skrandere en deadearlike keardel is, wol ik him dochs net yn dy stjonkene jenever forsmoarje litte. Mar foar det ik him hjir mei syn frjeonen foar de rie bring, woe ik earst wol ’ris witte, ho wy ús prikken yn ’t wirk stelle scille? Hy is net foar ien gat to fangen.
President. Der is mar ien wisse smeet op, ôfskaffing fen alle sterke drank; nin drip mear nimme. En kinne hja dat yn ienen net, den alle dagen in drip minder. As je hjoed in eart yn de romer dwane, moarn twa, oare moarn trije, en sa foart, den krij je de romer njunkenlytsen fol earte; en der bliuwt in bytke romte for de drank. As de lytse bern swietkes wei fen de tate wenne: mar yn ienen stean litte, dat is de baes, boade! Oars bliuwt it mar kliemen.
Jalke. Nou ja. Mar kinnen is ek hwet. En dy it kin, is noch net siker fen syn stik.
President. Ja, wol siker. Dy ’t him wit to forbrekken, det er yn in healjier nin drip krijt, scil noait in drip wer nimme. It is in wenst.
Jalke. Dat kin ik amper leauwe, president. De monnik Mathew hat hûndert-tûzenen fen Ieren ûnder de eed nomd, det hja nin whisky wer drinke scoenen, en nou habbe se allegearre de eed forgetten. Hja habbe him it orkelpân (the pledge ef de penning) werom brocht en sûpe as keallen, krekt as to foaren. En ’t koe ek nea oars; hwent hy joech neat for de whisky yn it plak. Allinne dy healwei wierne en in goed sin hienen, binne by hjar wird bleaun. Mar dêr komt Joute-baes mei Ynse-en-hjarre oan.
President. Dei jimme allegearre, frjeonen! Gean sitten, en stek ’ris oan. Ik scil jimme aenstons in kopke thé skinke. It sinnicht my altiten wakker, det sokke gnappe ljue as jimme yn ’t matigheids-genootschap geane.
Ynse. Dat noch net, president, mar wy wolle er mei jo wol ’ris oer prate. As jy ús oertúge kinne, det it nuttich is for ús sels en ’t algemien, den scille wy aenstons ús hân sette. Ik stek mei nin kaptein yn sé foar det ik wit, det hy in goed kompas hat, en det hy compabel is om my yn de haven to stjûren, dêr ik hinne moat.
President. Nou den, sa freegje ik, wirdt de man troch de drank nin bist? Bistiet it geheim om siel en lichem soun to hâlden dêr net yn, det men mjitte yn iten en drinken wit to raemjen?
Ynse. Tajown. Mar doch ’er den, as ’t jo b’leaft, mjitte yn ’t jildwinnen by; hwent dat formoardet krekt sa folle sielen en lichems as de drank. Hwerom den net krekt sa goed in matigheids-genootschap tsjin it jildskraebjen as it sûpen?
President. De jilddivel is in ongenêslike epidemie oer ús hiele ryk, dy sa âld is as de namme fen Hollân. Aste ’t lân dêr fen genêze woeste, moaste de ynwenners as de Canaäniten útroeije, ef allegearre nei Nij-Hollân stjûre om goud to dollen, en plantsje in oar naesje op dit plak. Wy wolle nou nin âlde kanker útsnije. Wy hâlde ús mar by de drank, omdet dy sjeachtme pas in 60 ef 70 jier âld is. Dêr is noch kerearjen oan.
Ynse. Nou, den noch ’ris, tajown.
President. En dêr komt den noch by, det it matigheids-genootschap in echt Nederlansk genootschap is, dêr ús lân as syn útfynsel greatsk op wêze kin, en det wy as Nederlânners, sa lang as de eare fen ’t lân ús ter herte giet, mei alle mannemacht foartsterkje moatte.
Ynse. Dat leau ik skraech, president. Ik hab nou in Ingelskman as passagier fen Java yn de kajút hawn, dy in pear jier to Canton yn China west hie, om de Mandaryns ’ris to kloarkjen, hwet hja wol fen de religie en de God fen de Christenen tochten? “Wel, seinen de Mandaryns, jimme God dat is in jeneverfet, dy jimme tsjinje mei sûpen, en bealgjen, en hoerkjen, en hwa den yn syn dronkenskip it dierbarst flokt, it moarddedichst fjocht en alles stikken slacht, dat is de fynste Christen, dy it bêste plak yn jimme himel kriget.” Mar hwer fyn’ je hwet yn ús Evangelie, dat nei sa’n god en godstsjinst swimet? frege de man. “Hwet jimme leare ef sizze, dat rekket ús net, seinen de Mandaryns; “wy weage jimme net nei jimme wirden, mar nei jimme dwaen, en den sjenne wy, det al ’t folk, dat sneins fen jimme skippen hjir to Canton oan wâl komt, neat oars docht as sûpen en hoerkjen, en alles hjir yn grús en eleminten bruije scoe, as de policie hjar net boun en as wylde bisten wer yn hjar hokken op de skippen efter it slot smiet. En de snein is ommers de dei fen jimme God. Jimme neame it alteas “de dei des Hearen”.
President. Hwet wolle jy dêr mei sizze, kaptein? Jy siikje it fier, as je fen China op ús genootschap del komme scille.
Ynse. It bôget hwet om; mar dat binne de Eastynjefarjers sa hwet wend mei de passaetwinen. Dêr lavearje wy ek, en meitsje wol ’ris oersneden fen dagen en wiken lang. Nou, om koart to gean, der binne do in pear sindelingen fen de Ingelsken yn China optein, en dy hawwe twa Chineezen bikeard en doopt, en dy hawwe se do in silveren doopbekken jown; hwent dy scoene den wer op hjar bar fen hjar lânsljue bikeare en dope, omdet it for Europeanen sa’n slim ding is om fluch mei it Chineesk om to gean; alteas om dêr yn sa mûlryp to wirden, det men de Chinezen oerhelje kinne om de âlde godstsjinst fen ’t lân ôf to swarren en it Christendom oan to nimmen. Nou, ja, dizze twa splinternije Chineeske christenen scoene den yn hjar eigen moers tael it evangeelje oan hjar lânsljue preekje, en dat scoe gean as in liere. It like, miljoenen Chinezen scoene oan hjar Budha de skop jaen en christen wirde. Mar de Chineezen hienen nin smucht op in jenevergod ef de jenevertsjinst, seinen se. Hja founen Budha en de opium better. Dy twa sindelingen forkochten as goede Chinezen it silveren doopbekken for âld silver; it jild stieken se yn in lytse smouzenegoasje, dy se yn in merse lâns de hûzen tôgene,[54] en dêr hawwe jimme nou it ein fen it Christendom yn China. Dat wier nou bûtelâns; lit Hessel jo ’ris fortelle ho it binnenlâns is. Hy komt ’er om de fjouwer wike. Den laeit er mei de aek to Londen.
Hessel. Ja, dat sûpen dêr moatte men sjen om it to leauwen, president. As it arbeidersfolk snjeon-to-jouns it wykjild bart, den keapje se earst iten for de folgjende wike, en hwet der den oerbliuwt dat forsûpe se mei wiif en bern, en dat libben dûrret faek fen snjeon-to-joune oan moandei-to-moarne ta.
President. De frouljue ek?
Hessel. De frouljue, president? It jild rint by de frouljue as wetter troch de ielbonne. Aste in frommis dêr in trijegoune jowste, dat is krekt sa folle aste in deade smous yn ’e hel skopste. Hwent de frouljue fen it ambachtsfolk nimme hjar drippen krekt sa goed as it manfolk, en dy snjeon-to-joune ’ris yn in jeneverpaleis giet, (hwent kroegen lykje dêr wol bitsjoende paleizen)....
Jappe. In jeneverpaleis; is ’er den in kening yn?
Hessel. Né, mar sa moai binne dy húzen. It liket wol, det de satan se mei goud en ljocht oppronke hat, om de earme sielen noch better to forlieden. Ja, hy hat syn eigen dochters, de moaiste jonge frouljue fen Londen, yn peaskepronk ’er efter de toanbank by set, dy taepje. En fregeste: Is der yn sa ’n paleis in kening? den siz ik, né; mar wol keninginnen, en dat binne dy fammen.—Nou siz ik, aste snjeon-to-jouns ris yn sa ’n jeneverpaleis gieste, den kinste ’ris sjen, ho dy Ingelske arbeidersfrouljue it raende fjûr sa mar yn de termen jitte. Dat is neat om der yn ien kertier in tweintich fen dy ljitskes to sjen, dy de iene foar, de oare nei, troch eltsoar in romerfol ef trije sa mar foar de toanbank wei ’er yn wippe. Hwent de Ingelsken priuwkje ’er net oer lyk as wy. Hjar slane hjar brandy en whisky troch krekt as in swolch reinwetter, sûnder in each to forlûken.
Jappe. Den scil der snjeon-to-jouns ek wol skeef folk lâns de strjitte swiere.
Hessel. Nei tsjienen leau ik, net ien, dy suver nofteren is. Us Abe wier okkerdeis to Glasgow, do ’er krekt in publicatie oanplakt stie om de boargers oan to moanjen ta matigheid, en dêr sei de boargemaster yn, det ’er snjeon-to-jouns nei tsjienen tsjientûzen Glasgowers, sa frouljue as mânljue, stomdronken laeinen, dy moandeis noch net goed wer by hjar wé wierne.
Jalke. Nou ha je de getugen heard, president. Sûpe as kreupels; nin noed fen it jild stean, en den fen in arbeidersdeihier bistean. Hwer moast dat oars bilânje as by de earmesteat? Mar dy earmesteat sei gau: “Mannen, jimme frette my op; ik ha net mear.” Dêrom leinen se in earmtax op alle huzen en lânnerijen. Do wier der bod, dat bigryp’ je, president. De earmen fregen net mear, mar hja easken ûnderhâld. “De wet kent it ús ta, seinen hja. En sa lang as er noch in pounmjitte lân forboud wirdt, en ’er fen in hûs noch twa stiennen op eltsoar steane, wolle wy úzers ’er fen ha. En as jimme it net jane, frjeonen, den scille we jimme ’t blanke mês ’ris sjen litte, en ich ef rich mei jimme boartsje; en den scil rich brea en ich bloed wêze.” Jy kinne jo bigripe, president, ho dat de bisitters smakke. Bloedich for de earme opbringe, en fen de selde ljue, dy hjar opfrieten, noch in wize bek ta. Dêr moast remeedzje for wêze, it gong sa it gong, en do bigriepen se gau, det se de kwael yn de wirtel oantaeste moasten. Mei it ûnderhâld fen de earmetax hienen se tûzenen forlaet om hjar by de earmesteat oan to jaen, dy ’er to foaren net om tocht hienen; hja hienen de earmen en de earmoede tûzenris greater makke. Dêrom seinen se: “As wy de earmen net leare, om it sûpen to litten en sunich to wêzen, den komme wy yn der ivichheit net út de luzen, en hja scille ús op it lêst mei hûd en hier opfrette. En dêr tsjin founen de Ingelsken do út Het matigheids-genootschap en de Spaarbank, twa echte Ingelske ynstellingen. It iene wol sizze: “Lit de drank stean!” en it oare; “Pas op de heale cinten, de ryksdaelders scille wol op hjar sels pasje.” Nou, omdet de Ingelsken it hienen, moasten wy it ek ha, dat spriik as in boek; hwent as wy net for aep spylje, hwet scille wy den dwaen? In Nederlânske útfininge is it net, president, en as it in Nederlânske útfininge wier, scoenen de Nederlânners it ek net ienders habbe wolle. Mar as wy den dochs neiaepje moatte, den koene wy al net better útsiikje, as om de minsken nofteren en sunich to meitsjen.
Geale. Dat is wier. Mar wy binne nin goede apen. Wy sette it ding op ’e kop. De Ingelsken hienen earst de earmtax, en do de spaarbank en het matigheidsgenootschap. Mar wy earst de spaarbank en het matigheids-genootschap, neijerhân de earmtax. Yn ’e Dongeradelen dêr forlustigje de ljue hjar al yn dizze seine. Dêr binne al boeren, dy fjouwer-, fiif-, ja, ta acht-hûndert goune ta jiers oan earmejild bitelje. Helje oan mar! Ho mear hja bitelje, ho mear earmen hja krije! Jouke bier is swiet bier. Der binne rju, dy de seine to great wirdt; hja forkroadzje nei oare gritenijen, en ek wol nei Amerika. De ljue gean’ ljeaver de wrâld út as hjar libbend opfrette to litten.
President. It liket wol, boade, det jy yn dy dingen omstudearre habbe.
Jalke. Studearre ef net, mar as ik hwet hear den merk ik op, en den gean ’k as de hearen fen ’t Fryske Hôf to rie mei it soune boereforstân, sûnder to harkjen nei it gekraei fen de domenijs en de philanthropen, dy noch meitsje scille, det de earmen ús tsjinstjonke fen loaijens, en ús mei ham en gram opplúzje.
President. Nou, lit it in apespil ef eigen baksel wêze, as it genootschap fen sûpers mar nofteren minsken makket, den moatte jy en elts syn bêst dwaen om it op ’e proppen to helpen.
Ynse. Dêr hat de president gelyk oan.
Hajonides. (Mjirkus-domenij, lid fen de rie). Mar foar det wy fierder geane, frjeonen, woe ’k wol ’ris witte, eft ús foarâlders ek ús genootschap net nedich hienen? Gongen dy hjar ek net to bûten? As ik de registers fen de censuer yn ús âld tsjerkeboek neisjen, den komme der eltse kear rju dronkene lidmaten foar de knobus, dy fen ’t avondmael set wirde.
President. En hwet in drinkark hat me noch net fen hjar oer, dy nou noch yn de kasten fen de âldheitkenners pronkje! Wy hawwe ien romer, en dêr hâldt it mei op. Hja hienen wol tweintich, elts fen in oar makelei, en elts for in bysûnder oansit. Sint-Geertruden-minne, Hansje-yn-de-kelder, Duc-d’Alfs, romers mei bellen, en hwa wit al net mear. Den noch dy nifeldinkjes om eltsoar de wyn ta to pijen, sa as silveren bekerkes mei mounlekes, ef in drink- en klinkglês mei in foet as in moarmert, dy net stean koe, en yn ienen op moast. Den noch dy greate bekers fen silver; dy oeribele bokalen fen grien glês mei grouwe warten ’er op; dy fleachten fen lange bôgige oksehoarnen mei silver bislein, dy allegearre earder útfoun lykje to wêzen om bisten to boarnen as minsken to laevjen.
Tamke. Dat liket al nuver; mar de âlden hienen fen dy dagen en riten, det hja it ’er ta setten. Den gongen se der oan ’e hoasbânnen mei sûpen troch, en den krigen hja faek wer yn in healjier neat mear as in glêske húsbier, dat hja op it fet hiene. Dat wier sa folle as ús kofje en thé.
Grypsma. (Abbekaet, lid fen de rie). Dêr seiste hwet, skroarke, dat is wier. Wy hawwe noch fen hjar oerhâlden de merken; den dogge w’ ús ek to goed. Mar ho folle feesten hienen hja boppe dat? Den hienen se kopermendei; den in gildemieltiid; den de bûrrerekkening; den prinsejierdei; den in brilloft; om it fearns- ef healjier wier der altiten hwet to rêdden. En omdet hja it oars net krigen, sûpten hja den, det hja pûleagen. Yn de mindere klasjes roun dat den jamk sa fier, det hja as earme helden yn eltsoar omsloegen, ek wol de rún fen stâl hellen, en eltsoar sneinen, det de termen op ’e skoen hingen. Hja seinen: “dat feest is der for; de tiid seit sa,” en nimmen bitocht hjar dêr tonei om. Hja slepten de rûs út, en de hûd hie jamk in healjier facantie. Sa koenen hja dy bealchpartijen útstean, en it bleauwen ’er geve keardels mei rêgen ûnder, dat siz ik jimme. Wy sûpe op in stuit net in tredde part, hwet ús foarâlders dienen; wy hawwe der ek sa folle gefjucht en geskras net by as hja, omdet ’er sa folle pit net yn ús sit; en dêrom ropt it sa lûd net. Mar wy nimme de drippen alle dagen, op eltse ûre fen de dei yn; moarns, middeis en jouns; wy nimme se altyd, en howol by lytser dosis, sa giet it ús dochs as de stêdsljue sizze:
Al weêr an, al weêr an, Maakt menig out peert lam.
Wopke. (In âld rintenier, lid fen de rie). Dou haste it goed yn de gatten, Grypsma. De âlden koenen it fiterje; it wierne ljue mei ynhâlden. Nou scoenen se mei de helt stomdronken wêze, dêr se do mar in sneedke fen yn ’e noas hienen. Om de streek fen sauntsjinhûndertfyftich bigounen de rike ljue it hjir wakker yn it Fransk djûrhollich swiet to lizzen, lyk as ús Gysbert-omme seit; dat is, yn de reade-baei. Mar do siet ’er noch sa folle fen it âlde pit yn de minsken, det hja der in ammerfol fen bergje koenen. In âlde nift fen de grêftswâl, jiffrou Wopkens, forhelle my wol ’ris, det ’er, do hja in jongfaem wier, fjouwer hearen fen de kinde fen hjar heit wierne, dy jouns by ’t kaertspyljen elts in kwartke wyn efter hjar stean hienen, en as hja opstienen, hie elts syn âlve flessen himmele. Dêr kuijeren dy hearen hiel dimmen mei nei hûs, krekt eft hja in kopke thé brûkt hienen.
President. Sokke talinten hawwe wy, godtank, net mear, en wy hawwe der net for to kedizen. Wy moatte mar meitsje, det ús jeneversûpers nofteren en bikwaem wirde, en as ús genootschap sa folle mansk is, leau ik det eltse gnappe keardel it op proppen helpe moat.
Ynse. Dêr hat de president gelyk oan, mar mei domenijs en rike ljue, dy ite en drinke hwet se lêste, scil it net lokke; der moatte oare prikken yn ’t wirk steld wirde. Yn Noard-Amerika wirdt ek grousom sûpt, mar dêr hawwe se remeedzjes, dêr ik hjir net fen hear. Sa is ’t wier, det de skippen, dêr it measte sûpt wirdt, ek it measte forgean. De kapteins, dy bang binne, sûpe allegearre om courage to krijen as de need oan ’e man komt, en den is boi baes. Kliuwt de need op it heechst, jan-maet slacht de fetten mei rum iepen, en sûpt sa folle as hy lade kin; den giet er stil sitten en lit gods wetter oer gods akker rinne, yn pleats fen syn man to roer to stean, en sa hinke hja stomdronken yn de ivichheit op. De assurantie-maatschappijen nimme dêrom de skippen, dêr matrozen fen de matigheid binne, for folle lytser premie oan as de oare. De reders op hjar bar jowe folle greater moanjilden oan dit folk, en sa wirde tûzenen, dy oars drankswiet wierne, troch it heger lean bilêzen om yn de matigheid to gean.
Hessel. Ja, mar nou wit ik yet hwette, dat fûlder lûkt as alle assuradeurs, reders, premies, moanjilden, domenijs en pastoars mei eltsoar, en dat binne de jonge frouljue.
Geale. Dat seistou goed, Hessel. Us dôge, lyk astou wiste, is oars sa hiemfêst as in mûrre, en jister wier er dochs op ’e dril. Bijke fen ’t heech-hiem hie him meitokke, en dêr ha ’k him hjoed mei kneppel en keatting wer weihelle.
Hessel. Dou haste it goed yn ’e gaten, Geale. Sa tinke en dogge krekt de Matigheidsljue yn Amerika mei hjar Amerikanen. Hja strike en flaeije alle moaije jonge ladies sa fynkes, det hja lid fen ’t Geneatskip wirde. As nou in hear oansiik by hjar docht en hy is nin lid, den sjenne se him mei de skeane nekke oan. Dy de tsjeppe jonge frouljue knipt, hat de manljue op de keap ta. Wolstou wol leauwe, det dat ynstreminten binne, dy noch better lûke as de beffen fen de domenijs en de prûken fen kattechiseermasters?
President. Dat is net mis, dêr scil ’k oer neitinke. Yankee-en-hjarre binne bitûfte feinten. Jild en moaije jonge frouljue regearje de wrâld. En as wy de frouljue oan ’t snoer habbe binne wy in stik om de hoek. Hja rûke goed, en de man, dy hjar in fûgel jaen wol, moat wol suver oan de heak wêze.
Jappe. Bihalven de âlde wyfkes, hwent dy spije sels net yn in lawaske.
Grypsma. Dêrom sizze wy ek fen jonge frouljue, Jappe. Nou, in skerp tasicht is ’er wol nedich. Hwent in oprjucht ljeafhabber fen Jan Doedel is de divel to slim ôf om efter it gûd to kommen. Dêr ha ’k in set fen sjoen, do ’k studint yn de rjuchten wier, dy my net licht forjitte scil. Anno 1834 seach ik yn it militaire tichthús jamk in nuvere feint, dy syn kammeraten de lange winterjounen koarte mei teltsjes, dêr er ytlike dezinen fen yn ’e merse hie. As ’t net aerdiger-nôch wier, den liigde hy ’er by det er swart waerd; en hy koe in ding sa moai opsmukke, det hy egenlik for domenij yn ’e widze lein wier, om nei de mode fen ús tiid it Evangeelje yn syn preken ta in roman to meitsjen. Mar by abús kaem er yn it tichthús to lânne, en dêr, yn pleats fen komeedzjechristenen yn ’e tsjerke hwette wys to meitsjen, formakke er de tichtelingen mei syn telkes. Hja hienen sa’n nocht oan syn telkes, det se him elk in dripke fen hjar rantsoen jenever joegen, om him noch wolsprekkender to meitsjen. Mar sa folle spraekwetter kaem wol ’ris to hird oan, en de cipier foun de redenaer, as syn preek út wier, faek yn in sûske. De directeur, dy nin gekheit ûnder syn kostgongers dildde, liet elk syn rantsoenke, wylst de bottelier it seach, opdrinke; as ’t ’er ynlapt wier, koenen se ’t eltsoar net werjaen; dat wier klear. En lykwol it wier wol mis; de redenaer waerd oerskis skeef, skeef as in ûl, kin ’k jimme sizze, krekt as to foaren. Ho kaem er oan dy jenever? dat wier ’t riedsel. De directeur hâldde in each yn ’t seil as de tichtelingen de slok ophiene; den kamen se yn de policieseal, dêr in pypgatke yn ien fen de mûrren wier, en dêr loerde er troch. En hwet seach hy dêr, mienste wol? De tichtelingen hienen in lyts hapke fen hjar rantsoen efter de kiezzen biwarre, dat se de redenaer de ien efter de oare yn de mûle opsnjitten, en dat skau mynhear den troch as in fortoarste houn in swolch wetter. Mei ien stau de directeur de doar yn, en kaem it tropke oer ’t mat. Hja foelen dadelik troch ’e koer: sont de redenaer syn Jan-Doedel-collecte net mear barde, seinen se, wier ’t krekt eft him geast en tonge beide boun waerden, en hja forfeelden hjar yn de lange winterjounen sa grouwelik, det se ’er dy snjitkes op útpraktesearre hienen, om him wer op de hichte to bringen. De onbarmhertige directeur hie nin earbied for in jenever-genie; en as de tichtelingen hjar slok krigen moast elts, as hy ’t binnen hie, sizze: Wel mag ’t u bekomen! Dy praet, kin nin fochte efter de kiezzen hâlde, en sa, by gebrek fen oalje yn de lampe, waerd it ljocht fen dat hearlike genie útdompt. Dêrom is ’t, pas op! As de seupelers it habbe wolle, witte se it wol yn to slûkjen, al wierne der ek tûzen eagen wachtsjende. De divel binne se to slim ôf; en as dy hjar yn it matigheids-genootschap hie, scoenen se ’t noch troch de helsdoarren ynslûkje. Dy in grien faem hjar feint en de seupelaer syn slok ontkeare wol, moat ier opstean. Hja moatte it sels wolle, en den is alles klear; dêr hat it geneatskip gelyk oan.
President. Hwet seistou der fen, Ynse? Wirdt it nin tiid; det wy sa’n divel de tosken út de bek brekke? En biste net foar ús genootschap?
Ynse. Ja wol, mei liif en siele. Mar jimme hawwe wyn en stream tsjin; en it wirdt ek net goed oanlein. Nin doarp- ef stêdsbistjûr, en folle minder noch de lânsregearring, kinne jimme mei goede eagen oansjen.
President. Dochs in bulte, dy op it kjessen sitte, habbe teikene, en scoene dy der tsjin wêze?
Ynse. Wiereftich binne dy er tsjin.
Geale. Ja, president, hja binne der tsjin; mar hja kinne soms nin kop by hjar frjeonen hiel hâlde, as se hjar hân net by jo sette. Hja binne as myn kij; as dy troch in droege sleat rinne, den frette se fen beide wâlskanten. Mar meitsje dou dyn eigen plak mar skjin, Ynse!
Ynse. Kom, Grypsma; dou biste sels lid fen de rie. Dou scilste net tsjin it genootschap leagje. Dou haste de lyst fen de opbringsten fen de ymposten. Lêz op, en doch ’er nin hier by ef ôf.
Grypsma. It lân mei jierliks fen ympost op de sterke dranken twiske de twa-en-trije-miljoen barre, en it sit oan kop en earen ta yn de skild.
Ynse. Maet, helje dy nou ’ris foar de eagen ús minister fen finansjes goeman, dy de holle kardet, ho er 35 miljoen rinten jierliks by eltsoar skraebje scil. Tinkstou, det hy ef ien fen syn collega’s ef ien fen dy tûzen-en-ien ampteners ûnder him, dy út it greate rib foerre wirde, it matigheidsgenootschap forsterkje scille? Dat kinste sa bigripe! As dat genootschap ta syn eachmerk kaem en der nin drank mear brûkt waerd, den forlearen se twa- ef trije-miljoen ynkommen, en mei ien de macht fen dat leger fen kommizen, dy út dy bilêsting ûnderhâlden wirde, en as soldaten fen hjar winken fleane. Den scoenen se ommers steapelgek wêze; hja scoenen hjar sels de noas ôfsnije mei hjar eigen kniif. It lân scoe op de rânne fen ’t bankrot komme, en hja sels, tink ik, scoene gau hjiljoun krije. Scille sokke potentaten jo helpje, president?
Iebele. En stêds- en doarpsbistjûren noch folle minder. Earst skoert it ryk sines fen de jeneverljue, en den bigjinne stêdden en doarpen nei to swyljen. Dy lizze der opcinten op.
Jappe. Nou, hwet wier dat, heite? It wier al wakker hwet! It is nin bilêsting; it binne ommers mar opcinten.
Geale. Rin dou nei de divel! De ontfangers lúzje myn pong moai; en eft hja my opcintsje ef bilêstje, dat kin my neat skele; ik reitsje myn jild kwyt ûnder de beide nammen. Ik hâld om de donder net fen dy Farisieuske bilêstingen. Siz mar yn ienen, ho folle jimme habbe wolle, en ik scil bitelje.
Iebele. Nou, nou, sa hird net, Geale! Dou wiste ommers wol, hjir to lânne moatte men altyd oankomme as fine lju en stourein, om efter it jild fen de minsken to kommen. Ik wit like goed as dou, dy opcinten knipe ta, mar hja laepje de kassen fen doarp en stêd de broek. Yn Ljouwert stiet om it tredde hûs, sizze se, sa hwet in sûphúske, en hja barre sa hwet in 60 ef 70 tûzen goune jiers oan opcinten op de sterke dranken. En hjir op ’t platte lân is ’t ommers fen ’t selde lekken in pakje, de opcinten op de jenever is ommers ien fen de bêste ynkomsten, dêr wy ús net bûten rêdde kinne. As it matigheids-genootschap syn sin krige, den scoenen alle sûphúskes as timpels fen de satan ôfbritsen ef forbarnd wirde, en it jild, dat nou oan drank útjown wirdt, dêr scoene se den spek en brea en wol for keapje. Wolle je wol leauwe, president, as dat barde, det it ryk mei alle stêdden en doarpen in biddach útskriuwe scoene to ôfwarring fen dizze nationale ramp; dat wol sizze, ta útroeijinge fen alle matigheids-genootschappen, en ta herstelling fen alle barnderijen, taperijen, kroegen en sûphúskes?
Hessel. It giet it lân as ús, Iebele. As wy oan ’e earen ta yn de luzen sitte moat ’er hoffene wirde, ef hja frette yen gatten yn de hûd. En as wy yn de skilden sitte, den moatte wy rinten bitelje, al scoenen ús wiif en dochters ek for hoer spylje. Hwent oars sette se ús de boelgûdstafel foar de doar, en ús sels efter de traeljes.
President. Dat is hird sein. Mar it moat bûgje ef boarste, dat is wier. It jild moat ’er wêze, ef hja spylje allegearre bankerot. En it is dy God yn den hegen himel klage, det it mei ús lân sa fier komd is, det de ynwenners hjar earm en ondogensk sûpe moatte om it op proppen to hâlden. Mar to greater eare for ús, as wy ús lân njunkenlytsen út sa ’n falske, sa ’n skandelike wolfeart, ik scoe hast sizze, út sa’n sedeleaze stjonksleat, weihelpe. Hwent as it ús lokt om de jenever fen kant to helpen, den scil der in langsumme mindering yn de accynzen komme, mar eltse goune, dy it lân dêr yn forliest, scil opwoegen wirde troch tsjien oare gounen, dy de krêft, en de moed, it gedild en de skranderheit fen in nofteren en bikwaem geslacht yn al hjar bidriuw en ûndernimmingen mear opbringe scil. Fen jeneverljue kin de steat op den dûr krekt sa min as in húsgesin bistean en bloeije. Hja kinne yn de oarloch net fjuchte, en yn frede neat opbringe.
Geale. Dêr ha jy gelyk oan, president. In tsjirmer fen in kou, en dy noch op in keallegêrske, dêr kin de bûter net fen komme.
Jappe. Mar is dat sûpen den sa ombidich, as der fen geid wirdt? Der scille, tinkt my, noch wol plakken oerbliuwe, dêr sa dageliks nin brûkme fen drank makke wirdt.
Iebele. Dêr hinget de kaert fen it Rijk der Nederlanden, en aste dêr ien stêd, ien flek, ien doarp, ja, ien bûrren wiste oan to wizen, dêr nin jenever tape wirdt by boarnammerfollen, den scil ik in jier for de earmen by siktaris skriuwe. En dat kinste ek wol bigripe, Jappe, aste dizze rekkening ’ris oandachtich neigean wolste. Litte wy mar ’ris bigjinne mei de soldaten; ljue, dy, altiten sa droevich oan in droege lever sukkelje. Yn 1833 (jow my ’t kryt ’ris!) hat ús leger to fjilde, dat do oan de grinzen fen Brabân stoe, it hiele jier lâns brûkt 42.666 Nederlânske fetten jenever, en dêrfor oan it lân in bilêsting bitelle fen 512.000 goune.
Ynse. Nou, dat binijt my net. It leger sûpte út klinkkleare forfelinge. Jonge, astou dêr njoggen jier út dyn ambacht moaste, en steane dêr al dy tiid for spek mei it snaphaen op skouder, sûnder in koegel op de fyand sjitte to meijen, den scoeste ommers grien wirde; dou scoeste ommers dy sels forgrieme. Is ’t wonder, det de minsken for it gedild drippen ynnamen?
Iebele. Ja mar, dat is it net. De ljue sûpe hjir altyt, hwet hja dogge, hwer ’t hja binne, ef hwer ’t se hinne geane. Ride se yn ’e moarntiid op in wein, der moat by it earste hillige húske in romerfol wêze, om de dauwe fen de mage to striken. Foarmiddeis nimme se in wjirmforskrikker. Nei thédrinken nimme se in ôfsetterke. Om acht ûre sitte se nei ’t swiere bodzjen fen de dei ûnder in slok to smoken en to petearjen. En jouns nei it iten, it sprekt fen selme, sette se in sliepmûtse op; hwent hwet kristenminske scoe sûnder dat middel it fel oer de eagen krije kinne? En fen sokke loffelike oanwensten komt de folgjende rekkening oer ’t hiele lân. It kryt, Jappe!
De accyns op it distelearre hat yn 1835 oer it hiele ryk opbrocht 2,911,947 goune. De accyns op it Nederlânske fet wier 12 goune, en dat omslein oer it hiele kaptael jowt 24,266,225 kannen jenever dy de Nederlânners yn dat jier oppreaun habbe. Dat kin noch al for sa ’n gnappe, sedelike en godstsjinstige naesje as de Nederlânners, nei it sizzen fen hjar sels, binne.
Hessel. Fjouwer-en-tweintich miljoen kannen jenever! Dat is saun-en-tweintich miljoenen flessen jenever! Men scoene sizze, det se ’er de strjitten mei skrobje.
Jappe. Nou, it is rikelik genôch. Mar it is ek net for de goezzen broud. Ljue, dy ’t barre mei, komt sa ’n forkwikkinge ta.
Iebele. Ljue, dy ’t barre mei? Dêr scil ’k dy op tsjinje. Yn de hongerjierren fen 1847 en 1848 hienen de measte drankforkeapers ’t foaral net minder as oare jierren; in bulte slieten wol de helte mear jenever. En dat komt dêr fen dinne, det ho earmer de minsken wirde ho mear as hja sûpe. Yn dy slimme jierren, by foarbyld wierne to Swol allinne 162 patinten fen weardshûzen, tapers, kroechhâlders en sliters; dat is, ien patint op de hûndert sielen. Ljue, dy it dwaen kinne, drinke hjir to lânne yn ’e stêdden nou folle wyn, en de measte part jenever wirdt troch de gemiene man brûkt. Stel mar, det se beide in gelyk poarsje krije; en den scil ik noch iendris mei jimme rekkenje, en dêr mei ôfdien. Jow my ’t kryt ’ris, Jappe!
Yn 1835 telde Nederlân 2,528,367 sielen, en dêr wierne 237,766 bidielden ûnder, dy for hjar poarsje 22,588 Nederlânske fetten jenever lege habbe. It fet op 20 goune rekkene, habbe se forpreaun for
f 451,760
De accyns, opcinten, pleatselike lêsten &c. noch ’ris
– 451,760
f 903,520
Winst fen de kroegen sa hwat ⅔ fen de fabrykwearde en bilêsting
f 602,346
makket f 1,505,866
Sa det de bidielden yn ien jier fortard habbe oan jenever rikelik oardel-miljoen gounen.
Geale. Ik tankje dy for de ûnderrjuchtinge, Iebele. Ik wit nou hwer in poarsje fen it earmejild bilânnet, dêr se my jiers op sette.
Iebele. Ik scil dy neijer sizze, Geale. Myn rekkening is noch net oan ein. Hwet de goede minsken de earmen sa dageliks wei yn ’e hânnen treaun habbe, dat bidraegt tonnen gouds, mar ho folle kin nimmen witte. Ik praet hjir fen bikende opgaven. Yn it selde jier 1835 hawwe de earmen fen dit ryk mei eltsoar fen gemeinten, earmbistjûren, doarpen, stêdden en sa foart hinne tritsen 3,081,171 goune, dy hjar meast yn klean, iten, brânje en sok biderf tadield binne. Fen dy somme habbe se for ’t sûpke ôfnomd, lyk as wy seinen, 1,505,866 goune, en dy ôftritsen fen de
f 3,081,171 – 1,505,866
jowt f 1,575,305
En sa bleau der den fen rikelik trije-miljoenen gounen oan de earmen, sa hwet de helte for hjar egentlike needdrift oer. It oare hiene se op yntres fen ellinde en dea yn de jenever set.
Jalke. En ho folle fen de gaven fen de goede minsken scoenen se wol forpreaun habbe?
Iebele. Lyk as ik dy siz, Jalke, dat kin men net witte. Mar ta dy trije-miljoen hiene de collecten bydragen
f 1,048,402,225
It ûnderhâld fen tsjerkfâdijen, earmbistjûren, dyaconijen etc. -
1,259,190,465
mei eltsoar f 2,307,592,69
Dêr fen binne twatredden sa hwet oan jenever gien.
Geale. Hwet donder! dat binne cifers. Dy kinne se sa mar net weibabbelje. Dy ljue, dy wy nei den Haech ta stjûre om it wird for ús to dwaen, witte dy dat net?
Iebele. Krekt sa goed en better as wy.
Geale. Hwerom foroarje se dat den net? Ik kin ’t hjar ommers mei boerekryt op de tafel útrekkenje, det de earmen de greatste helte fen ús giften en gaven forsûpe.
Iebele. Makkeliker sein as dien, Geale. It is in âlde kanker, dy der útsnein wirde moat. En al wier it makkelik, den leau ik noch amper, det hja it gau foroare krigen. En dêr scil ’k dy reden fen sizze. De greate Dupin hat biwiisd, en hy hat it wer biwiisd mei cifers, dêr nimmen ta dizze dei tsjin kikke doar, det in lân, dat in Staatsloterij útskriuwt, in sedelike hel ûnder syn folk bout; hy hat biwiisd, det as ’er nei rato fen de rykdom trijeris sa folle lotte wirdt yn dizze provinsje as yn ien oare, det ’er yn dizze provinsje den ek trijeris sa folle for de galge opgroeije. Dupin hat biwiisd, det yn dizze provinsje trijeris sa folle boaden hjar breahearen bistielen; trijeris sa folle manljue wiif en bern forlieten, ef onminskelik tantearren; trijeris sa folle ondogensk jild slein ef goed jild bisnoeid waerd; trijeris sa folle ynbraek en moart dien waerd; ja, ek trijeris sa folle troch it lotsjen ontaerde bern hjar heit en mem moarddedich skopten en sloegen, ef by de hierren lâns de groun slypten. Al de direkteuren fen de loterij hienen hjar de kiel heas gûld tsjin Dupin; sa hienen hja ’t grou op him.
Hajonides. Al wer it âlde ding! Leve de Diana van Ephesen!
Iebele. Alle de debitanten en splissers fen de loterij hiene him útmakke for in gaudief en lânforrieder; en alle de toalf stammen Israëls en de tûzenen onbisneine Joden, dy allegearre frieten fen lotterijbriefkes en biskiten, dy piuwden Dupin nei; hja smieten him mei fûlens. Mar do er mei dizze rekkening yn it Franske parlement opkaem, wierne se sa stil as piseamelers, en yn it selde eagenblik hawwe de Franske representanten de loterij for ivich út Frankryk band. Dat witte se yn den Haech, tinkt my, krekt en allike goed as ik it wit, mar hja litte dochs ús Staatsloterij yn wêzen om jinnige tûzenen, dy it opsmyt. En sa soarget de regearing yn Frankryk, dêr wy yn ús geastelike greatskens sa leech as ongodstsjinstich, sedeleas en lichtsinnich op delsjenne wylst wy ús sels forhefje as de godstsjinstichste en earlikste naesje fen de wrâld; sa soarget de regearing fen Frankryk, siz ik, for de onskild en de wolfeart fen ’t folk, wylst hjir to lânne de ynwenners yn de Staatslotterij de poarte nei de hel iepene wirdt. Dêr kinne se nou, as se mar wolle, hjar sels mei wiif en bern nei siel en lichem yn tiid en ivichheit formoardzje.
Jappe. Dou gieste der divelsk út, Iebele. Dat roait ich ef kant. Hja koene dy dyn ontslach wol ’ris thús stjûre, en aste noch lûder geiste, ek wol ’ris for in pear jier fêst wirk jaen. Mar hwet wolste dêr nou mei sizze?
Iebele. Dêr wol ’k dit mei sizze, det as se de lotterij net weidwane om ’er in stoerke út to heljen, det se den ek nin finger útstekke scille tsjin it jeneversûpen; hwent dat bringt hjar noch folle mear op. Dêr komt by, det hja om de loterij ôf to skafjen hjar allinne mar net hoeve út to skriuwen, en den is it lotsjen dien, wylst it in tûzen foetten yn ’e ierde habbe scoe om it sûpen to stuitsjen.
Tamke. (In skroar mei in kop sa fyn as in nidle). Scoe der den waraftich nin middel op wêze?
Hajonides. Hielendal leau ik it net; hwent it scoe in oarloch wêze tsjin de minskelike natûr, en dy lit him mei nin foarken útdriuwe, ef hja komt altiten werom.
Geale. Sûpen en bealgjen ús natûr? Ik miende, det wy minsken en nin bargen wierne, domenij. Hwet seistou der fen, skroar?
Tamke. Ja, wy binne minsken, mar just dêrom sûpe wy, en ’t djier net. Wy binne minsken troch ús forstân, en mei dat forstân, is de minske just forlegen. Domenij Hajonides hat my dat lêsten ’ris útlein, do ’k him in japon meat. Kom, domenij, jy binne better fen de tongriem snien as ik. Liz jy de ljue dat ’ris út.
Hajonides. Ja, de minske wol syn eigen ik, wol syn lot en de wrâld net sjen lyk as se binne; hy wol ’er net oer tinke lyk as hja binne; hwent den steane se him net oan. Soms forfele hja him; soms hat hy der in wearze yn, en noait is hy der fen foldien. Hy miende, det it in klompke goud wier, en nou ’t er ’t goed bisjocht it ’t mar in stien. Dêrom, hwerste de minske op it ierdryk fynste, oeral siket er ’t forstân to bilommerjen mei in tinne blinkjende wolken, dêr er alles folle moaijer troch skimerjen sjocht, as it yn wierheit bistiet. As er yn dy wolke sitte mei, den hat er for him sels wysheit, krêft en eare; de wrâld wirdt him in paradys, alle minsken syn frjeonen ef syn oanbidders, en de takomst is mei goud ynlein en mei roazen bisiedde. Om syn forstân nou yn sa ’n glansrike forbjusteringe to bringen brûkt er de wyn dêr de wyn groeit, en dêr er net groeit tôget er de wyn by skipsladingen oan út fiere waerme lânnen oer sé, as hy it mar bitelje kin. Hat er dêr to min jild ta, hy brout bier út koarn en weet, en sûpt him in sûs oan it bierke lyk as de oare oan de wyn. Do it bier net hirdernôch tatroefte, bigoun de satan út rogge en weet jenever, út rezinen en ierdappels brandewyn to stoken, en sa geat er it fjûr fen syn gleone hel krekt as wetter yn ’t yngewant fen de earme minsken. Mahomet bigriep dy kinsten fen de divel, en sei: “Dêr scille wy ’n boerdke foar skouwe.” Hy forbea yn syn koran bier, wyn, jenever en brandewyn, mei ien wird, it drinken fen alle kinstfochten, dy de hearlikste gave fen God oan de minske, it forstân, fortsjusteren. Nou, dat binne syn folgers trou neikomd; de twahûndertmiljoen minsken fen de Islam drinke net, mar hja smoke de opium, dêr in swolch trije, fjouwer fen it forstân mear bidwelmje as alle sterke dranken mei eltsoar. Sa binne de Turken de koran, dy hja oanbidde, ontkomd. Is ’t den net wier hwet Tamke seit, det de minske mei syn forstân forlegen, skjin forlegen is? En as hy it den perfoars bidwelmje wol, den woe ’k wol ’ris sjen, hostou hjar dat allehiel bilette scilste. Ontnimste hjar de wyn, hja nimme it bier; ontnimste hjar it bier, hja nimme de brandewyn; ontnimste hjar de brandewyn, hja nimme de jenever. Ontnimste hjar de wyn, bier, brandewyn en jenever, en seiste, lyk as Mahomet: “Fen dat alles scilstou net drinke, ef dou gieste koegelsfeart nei de hel”, den roke hja de opium.
President. Nou as hja den hwet ha moatte, dat it forstân forbjustert, litte wy hjar dat den jaen, hwet it minste bidwelmet en it measte op brea liket, ik mien it bier.
Jalke. Dêr komme jy op de rjuchte wei, president. Der moat altyd in remplaçant komme for de jenever, en better as bier is der net to bitinken. Mar den nin sûr bier, dêr de minsken skeve bekken fen lûke, en snijingen fen yn de termen krije, lyk as de kasteleins nou forkeapje, om de ljue oan de jenever to hâlden. Né, krêftich bier dêr men waerm en sterk op wirdt, dêr men in goed sin fen kriget; mei ien wird, bier lyk as ús foarâlders dronken, en dêr se sokke krêftige koppen fen út de kragen opstieken, det ús jeneverljue der mar spjuchten en geasten by lykje; bier, dat hja dronken foar det hja it Romeinske leger by Baduhenna forgriemden, en letter de bjizzem yn ’e hân namen, om de oceaen fen Spaenske ef Ingelske en Franske fleaten skjin to feijen.
President. Wy komme al yn ien skipke to lânne; it komt der mar op oan om to meitsjen, det de remplaçant goedkard wirdt. Mar dêr scil in slimme wize op gean. Do Tamke en ik as jonges boartten, wierne de ljue noch wakkere dipper en sunich, en der yn alles op út om de spillen by eltsoar to hâlden. Hja dronken do sterk bier, ek rju tsjok en swiet bier, net allinne omdet se ’t jerne mochten en der in noflik sin fen krigen, mar mei ien om hwet iten út to winnen; hwent hja seinen: “Dêr de brouwer sit, kin de bakker net sitte.” Nou keare se it blêdke om, en sizze: “Wy drinke nin bier foar iten, omdet it ús de mieltiid bidjert.” Hja wolle in bulte ite, ja, frette. Hwet it kostet kin hjar minder skele; en dêrom drinke se bittere jenever; dat skerpet de mage op, krekt as de swipe in âlde knol, en den kinne se frette as wolven. Dat jowt in dûbelde wille; earst de jenevernectar mei in piip hearebaei, en den it liif op ’e leest. Ho scilste sa’n geslacht bierdrinken leare?
Jalke. Staf oer nacht giet dat net; mar as goede ljue de hânnen yn eltsoar slane en der gedild en tiid ta dwane, den witte men noch net, ho fier hja it bringe kinne. Mar den moat der earst in soarte fen in mirakel gebarre; de lânsregearringe moat meidwaen. Hja moat alle bilêsting fen it bier ôfnimme, en op de sterke dranken omsmite. En as dat dien wier, den moast it Genootschap oeral bier- en kofjehuzen for it algemien stichtsje, dêr boeren en boargers, foaral op merkedagen, bêst bier, brea en bôle mei bûter en tsjiis, en in pantsje kofje keapje koene. En de seal, dêr dat forkoft waerd, moast sa rom, geryflik en gnap wêze, de bitsjinning sa fluch en frjeonlik, en de priis sa binlik, det se op nin foetten ef fiemen nei yn in jeneverkroech sa goed to rjuchte koene as yn de bier- en kofjetimpels fen ’t Matigheids-Genootschap.
Iebele. Fen de rie fen de stêd hoefste dy timpels net to forwachtsjen. Hwent dy scoenen miene, det se hjar sels de glêzen útsmieten, as se it gebrûk fen sterke dranken tsjingongen.
Jalke. Nou dêrom hoopje ik, det alle ljue mei rêgen yn ’t Genootschap gean scille en sa folle by eltsoar tôgje, det se dy kofje- en bierhuzen iepenje kinne, en litte it de rie, fen de stêd oansjen. Ik hâld it derfor, det as men sa folle naem, det men der efkes mei útkoe, en der neat oan woun, det sokke huzen op it ein noch klandyzje krije scoenen.
Jappe. Jimme hawwe noch hwet forgetten; dat binne de ambachtsljue, dy moarns foar ’t wirk, jouns nei it wirk, en deis twisken de skoften yn ’e kroech om in romerfol wippe. Dat dogge ek brabiers, deabidders, omroppers, mostertljue, brief- en krantebistellers, en al dat rypske en rapske, dat om hjar bidriuw by de strjitte wêze moat. As jimme al dy oxhoofden fen Skiedam ’ris by eltsoar seagen, dy dat soartke allinne jierliks opslabbet, den scoene jimme sizze, det de fammen der de strjitten fen Ljouwert wol mei skrobje koenen.
Jalke. Dy klanten haw ik wol tige yn it eachmerk hawn. Dy moatte op elke ûre fen de dei, moarns ier en jouns let, yn de winter in waerme seal fine, en altiten goekeape kofje, stikken iten, bier mei pipen en tabak, en alle kranten fen de foarige wike, dy men mar by eltsoar swylje koene. Oflêzen lytse boekjes oer útfiningen en ambachten; blêdkes mei printkes, lietkes en koartswilige setten, moatte oer de tafels sjidde wêze; de mûrren bihinge mei lysten, kaerten en caricatuerprinten. Domenijspillen, damboerden, heak- en ringspillen, moatte by de hân wêze. Hwent dy mei de divel skipe is moat him oanslach jaen. In bulte sûpe yn ús lân út dommens en forfelinge; hja witte hjar mei neat oars as mei de romer onliddich to hâlden. Hienen se nocht oan lêzen en ûndersiikjen, den scoenen se sa folle net sûpe. Gelokkich as greate en lytse bern hwet to boartsjen en to giisgobjen hawwe; hwent den dogge se nin kwea.
Ubele (Studint). Mei ik ek in duit yn ’t ponkjen dwaen, president?
President. Hwerom net, Ubele? Wy wolle fen in bern leare, en scoene wy den net nei in studint harkje wolle? Lêz’ op, man!
Ubele. Der wirdt nea mear sûpt, den as it folk foar de fyoele is. En dounsje wolle se op merke. Keamerop, en net dounsje, dat giet net. Mar stomnochteren dounset nin Fries. Der moat al hwet foer ynsitte foar det hy de skonken troch eltsoar smyt. In Franskman dounset op in glêske wetter mei sûker, det it lillet; mar dat kinne wy net, en ik rekkenje sa, det in stomnofteren Franskman, en in Fries, dy in flesse wyn efter de knopen hat, sa hwet op de selde hichte binne. Nemo saltat sobrius.
Jappe. Nin smousepraet! Mar al wer prebearje. Helte better dounsseal, helte lûder ljocht, helte mear muzyk as op de herbergen, en dêr sterk bier by, dat koe noch al ’ris mannich ta in trantke forliede. En as der ien skiep oer de daem springt, springe se der jamk allegearre oer.
President. Wy hawwe de striid tsjin in taeije divel, dy nou omtrint tachtich jier syn helske skepter oer Nederlân swaeit, en it scil hwet ynhâlde om him fen syn troan to wrikjen, en de tosken út de bek to brekken. Dêr komt nin jenever yn ús kofjehuzen, en nou moatte se oan de oare kant sa folle better en moaijer wêze, det se dêrom de jeneverkroegen foarbygeane en ús kofjehuzen opsiikje. De remplaçant moat sa goed wol wêze as de conscrit, en dat scil der om spanne, frees ik. Hwent yn de jenever sit inerlike nocht, ynbylding, goud, krêft en hearlikheit; dêr hat de satan in drip út syn helske distelearslange ynmingd, dy ús arbeidersfolk yn ien romerfol jenever mear goud en heil foargûchelt, as yn alle skatten fen ierde en himel beide mei eltsoar bisletten binne.
Geale. Jimme binne allegearre koudom. It alderfoarnaemste forgetten! As jimme dounsers hawwe wolle, jaen den de muzyk mar forgeefs, en jimme krije mear foar de fyoele as jimme bergje kinne; hwent dat is ’t jinnichste, det de ljue hjir tsjin it dounsjen hawwe: “in bulte wirk, en jild tajaen.” Dêrom dounsje de boerefeinten de iene deis op ’e keamer, en steane de oare deis yn ’e sleat to hekkeljen en to skriemen.
Ynse. Dêr hear ik dy, sei doave Japik, en der roun in lûs oer ’e souder. De muzyk moat as yn Frankryk forgeefs wêze. Dat docht for in Nederlânner de doar ticht! Fjouwer deuntsjes in dûbelke, dat slingert oan, hear! Dat fret jild as it de hiele nacht trochsjout; en as hja mar weiskotse koene, jonge, den scoeste der noch kluften fen sjen.
Jappe. Dat is wier; mar dounsjen sûnder jenever ef brandewyn, dat liket my raer ta. It is krekt sa goed as hirddraven mei soare tsjillen; der moat earst smard wirde.
President. Sa tinkstou, Jappe, en tûzenen mei dy; mar probearjen, lyk as Jalke it foar hat, is ’t neiste rjucht. En ik leau, det it dounsjen noch hwette mear is as in útspanninge. Ho nuttich is sa’n biweginge for it jongfolk! Hja krije der in moaije flinke hâlding troch; it hâldt hjar linich en fluch, en hja bliuwe der soun by. Wy forstjonke nou yn de hirdsherne mei de noas yn ’t fjûr, en de romer en de piip yn ’e hân. De Fransken dounsje folle, mar hja sûpe net. Us folk dounset allinne op merken, en it scoe sonde en skande wêze, det wy dy tûzenen fen fammen, feinten, ja, troude ljue, dy op de merken dounsje, en dêronder sa moarddedich jenever en brandewyn sûpe, net yn ús timpels krigene. Kom oan, as ús oer-oarre-heit-en-hjarre út it bierke songen, hwerom moatte wy den drank hawwe? Hwet wy lietkes hjitte, neamden hja bier-psalmen. En as hja dounsen, det it klapte, op bier, hwerom scoene wy den by in kanne bêst bier ús as in lûs op de tafel deaknipe litte moatte? Hwet seistou, doctor? Wy eamelje al, en dou dochste der it swijen ta. Lizze ek ’ris in duit yn de fyoele.
Doctor. Jimme kinne ’t wirk wol ôf, mar as ik it sizze mei, den hawwe jimme de slimste partij fen ’t Matigheid-Genootschap noch forgetten.
Jalke. Hwa is dat, doctor?
Doctor. De ierdappel.
President. De ierdappel? De hearlike ierdappel, dy Europa sa faek for hongersneed biwarre hat? Mar, doctor!
Iebele. De ierdappel? It foer for earmen en riken! As ik middeis nin ierdappels krij den hab ik net iten.
Jappe. Doctor, doctor! Ho doar je it sizze? Wy wierne skjin forlegen as der nin ierdappels wierne; hwet scoene wy gemiene ljue den ite?
Doctor. Hwet ha dyn foarâlders iten? Earte, beane, groat, strou, rogge, weet; en is dat fordylge? Ef is it nin minske-iten, tinkt dy?
Geale. Ja, mar ierdappels is de baes. Elts mei se allike graech, en dy to lyts binne for de minsken, binne goed for hjar kammeraten de bargen; dy snasje der ek al yn om as banket.
Doctor. En lykwol hâld ik fol tsjin jimme allegearre, det as de gemiene man de ierdappel net ontnomd wirdt, det jimme him yn der ivichheit net fen de drank krije. Ik hab neat tsjin de ierdappel as der goed spek en flêsk by lâns is; men kinne in hwotte sa wol koaitsje, det er goed smakket; mar allinne, lyk as de gemiene man him meast brûke moat, is ’t in ondogens iten.
Iebele. Ho bigrypste dat, doctor? Dat is hwet nijs. Dêr ha ’k noch noait fen heard, as Bilderdyk, dy praette ek sa. Bistou in Bilderdykiaen?
Doctor. Ik hab in bulte mei Bilderdyk omgien, mar dêrom bin ik noch nin Bilderdykiaen yn de ierdappel. Hy hie fen dy bigripen en oankomsten; it wier bêst om dy hjar feart to litten; hwent der wier dochs nin forsetten oan. Hy hat my ’ris sein (en do seach er earst mei syn skerpe swarte eagen om ús hinne, krekt eft er my in moart forhelje scoe,) hy hat my ’ris tareaunte: “Sont Hollân him mei dat onkrûd spizicht, wirdt men yn Amsterdam fen famkes fen toalf en trettsjin jier oanroppen.” Hy miende nammentlik, det de ierdappel de minsken foar de tiid ryp makket. Men moatte dat mei in dichter fen dy hege fljocht as hy sa nau net nimme. Hy koe him oer de ierdappel sa lilts prate, krekt eft it in godforflokte plant, in oardiel oer Europa wier; mar do ’k ienris to Haerlem by him wier to iten, wierne der net allinne bêste dúnierdappels op tafel, mar hy plúze der krekt sa goe’ fen as wy. Lykwol dat docht nou allegearre neat ta ús. Ik bin tsjin de ierdappel op hiel oare grounen as Bilderdyk.
Iebele. En hwet binne dy grounen den, doctor?
Jalke. Ja, dy moaste ús sizze.
Doctor. Ik kin dy ’t hast net bitsjutte, omdetstou nin doctor biste, mar ik scil myn bêst dwaein. De ierdappel is in frjemdling; mar dêrom witte wy dochs wol, det er út Amerika is; myn master, prefester van Geuns, hjitte him dêrom de Amerikaansche knobbelwortel. Ek witte wy, det hy fen in rudige famylje is, dy de namme hat fen Solana. De tabak en de belladonna binne syn beide folle niften. Aste de tabak earst prûmkeste ef smookste, wirdste misselik, en ytste de belladonna, lyk as de boerebernkes wol ’ris by forsinninge dwaen, den stjerste; hwent it is in forninich forgif. As de ierdappel noch net ryp is, den is hy glei en kliemsk, en in pest for de yngewanden, en drinkste in ôflûksel fen de griene siedappelkes, dy oan it ierdappellof hingje, den wirdste blyn. Den earst, as de ierdappel folslein ryp is, en syn moal set hat, hat er syn forgiftige natúr ôflein en is in onskeadelik iten.
Geale. Ho, deale, kin de ierdappel ûnder de forgiften thús hearre? Dat giet boppe myn forstân.
Doctor. Nou, it is sa. It is krekt sa klear as det wite klaver en bargeklaver beide klaver is, en flotgêrs en bêst finnegêrs beide gêrs is. Lang is de ierdappel krekt as de dahlia, dat ek al in miich fen him is, en dêr se de wirtels krekt as ierdappels wol ’ris fen yn it sop siede; lang, siz ik, is de ierdappel yn de hôven fen de greate hearen as in tulp ef bolblom kweekt wirden, en de earste kear, det ik wit, det er hjir yn Fryslân op in tafel komd is, dat wier yn 1734 op it Prinsenhôf to Ljouwert, do prins Willem de IVde mei syn jongwiif de princesse Anna, fen Ingelân thús kaem en in greate gastmieltiid joech. Jimme bigripe, dat wier in nij snufke en oan tafel fen prinsen en greate hanzen smakket dat iten bêst, dat fier út de tiid is, ef dat nin divel ef minske ken.
Geale. Dat is den krekt oars as mei in boer; hwent dy fret net hwet hy net ken. Mar nou fierder, doctor. Hwet woenen jy sizze?
Doctor. Fen de tafel fen de prins kroade de ierdappel njunkenlytsen nei de tafel fen rikeljue, mar slûkstirtsjende; hwent hy wier in lyts bytke yn oansjen; en better, tochten de ljue, for ’t Jan-Rab as for gnappe ljue, dy earte en beane bitelje koene. Om 1750 en 1760 hinne waerd der wol ’ris in ierdappel by de skylfisk pikt, mar altyd min ef mear to mûk, en sels de domenijs to platten lânne, dy God nou al tankje det se in droege ierdappel hawwe, woenen ’t hast net for de boaden witte, det se in ierdappel by de snoek ef bears ieten. Ierdappel, dy namme wier sels to moai for him; hja neamden him by de skeldnamme fen konsjinjestopper, omdet de moalige ierdappel, as er hwet gulzich troch de hals skouwen wirdt, wol ’ris kropje wol. Noch forachteliker neamden se him lawabbel, omdet er net by de man stie lyk as de spekstrou, ef de earte en beane. Moaije bern ha moaije nammen.
Geale. Dat is wier. Nin keardel kin op ierdappels haeije, meane ef yn ’t fean baggerje.
Doctor. En ek al de âlde minsken fen 1740, 50 en 60, dy ik noch kend hab, woenen fen nin ierdappels witte. Sokke hege ljue as de Humaldas en de van Harens leinen yn de mage altyd in fondamant fen bêste grauw’ earte en bret kouflêsk, en lieten ’t folk nei lust en wolbiheagen yn de lawabbels omsnasje, det hjar de strôte knapte.
Iebele. En nou is ’t de ôfgod fen Europa.
Doctor. In drekgod wolste sizze, Iebele, dy syn oanbidders mei stront en stank leanje scil. Mar dat is nou dêr oan ta. Dit lid fen de famylje Solana hat it lyk as in bulte alforwoesters fier yn de wrâld brocht, en hy scil it noch fierder bringe, as er tiid fen libben hat. It is de aert fen alle forgiften, det, is men der ienders oan wend, men der net bûten kin. Men is der pûr op forslingere, ja, oan forslave. Yn ’t earst haste, by foarbyld, noch al wirk om de tabak to felen. Men flibet, wirdt misselik en deableek by ’t smoken fen de earste pipen. Om dat tsjin to gean, moat der in sûre apel by lâns; de apel yn ’e lofter en de piip yn de rjuchter hân, en om barren docht de learling in hap út de apel en in mannich sûgen út de piip. Mar haste de natûr ienders oan dat forgift wend, en krigeste smeits yn in pypfol, den kinste der net bûten. De piip is moarns it earste en jouns it lêste. De piip is al yn de brân foar det de man de hoazzen oan hat, en as er him ontklaeid hat en mei de iene foet al yn ’t bêd stiet, smacht er noch gau de lêste sûgen, en krekt as in sibbe fryster, dy er noait genôch tútsje kin, leit er hjar skodholjende op ’e bêdplanke del. En astou dy man de oare moarns fregeste, hwet er ljeafst misse wol, de piip ef it omstik brea by de thé, den seit er: it omstik iten. Nou, dat forliedelik famyljegebrek hat neef ierdappel ek oererfd. Al hâldt men noch sa folle fen koal, wirtels, rapen, beane, groat; it kin neat skele hwet it is, as it mar gesoune kost is, dêr rekket men noait sa op forslingere, det men der net bûten kin. Sa lang as der nin ierdappels wierne, wikselen dêrom de ljue dageliks mei it iten; mar do se op de smeits fen de lawabbel kamen, mienden hja, det hjar de hûd sear die, as se him to minsten net iendris deis krigen. As se nin ierdappels krije, habbe se net iten.
Jappe. En de gemiene ljue trijeris deis; moarns oan daelders yn pleats fen tsjiis op in omstik brea, middeis sean, en jouns opwaerme.
Doctor. Nou kinne jimme bigripe, hwet in feart dy ierdappel naem, do nin hûnderten ef tûzenen, mar miljoenen en miljoenen minsken yn dy plant hjar jinnichste iten seagen. Dêr kaem by, det der nin iten wier, dat de ljue sa goekeap krije koene. De earmste wier der gek op, en it wier faek it jinnichste iten, dat er bitelje koe. Dy in bulte folk yn de kost hie, tanke God, det hy hjar mei de selde kost as syn bargen foerje koe. Hy hie mei nin earte ef beane, mei nin koal ef rapen mear to meitsjen; hy sloech mar in fjirtich, fyftich fjirders ierdappels op, en dêr liet er it folk yn om frette, det hja blau waerden. It kostte him de helte minder; hy hie der net heal sa folle omslach mei, en it folk wier folle better to freden.
Tamke. En dêrom, om de omslach woene de frouljue der ek graech oan. Hwent as se griene ef grauwe earte, koal en rapen, groat en soks to fjûr hiene, dêr moasten se de hiele moarn op pasje, ef it barnde oan. Mar do de lawabbels kamen, wierne se dêr ôf. In healûre foar it middeiskoft, as de man fen ’t wirk thús kaem to iten, den skepte syn ljitske in amerfol wetter; dêr rammele hja in soad ierdappels yn; den rof! rof! rof! gau mei de luiwagen der yn omstompje, om de klaei der ôf to skrobjen; den yn ’t goatling, dat al oer it fjûr stie to sieden, en as de man ynkaem, wierne de ierdappels nôch en de mieltiid klear. To foaren moasten hja by de pôt bliuwe, en nou koe tuttemoeije de hiele moarn mei de bûrwiven de earmen oer eltsoar op strjitte stean to rabjen, ef ek wol, as ’t hwette rommer omkaem, mei eltsoar kofjeslabje en in lawaske pimpelje. De frouljue wierne fjûr en flam foar de ierdappels, en dat binne machtige boungeneaten, sizze ik jimme.
Jappe. Ja, dat wit ik noch wol fen ús beppe. Dat kreaze wyfke mocht nin ierdappels rûke ef sjen. “Sont dat túch yn de wrâld komd is”, sei it sloof altiten, “binne ús frouljue wol helte sloffer, loaijer en rabbiger wirden, en ’t koaitsen habbe se glêd forleard.” En as hja den forhelle, det de ierdappel yn hjar bernejierren, noch minder as talhout, net yn tel wier, sei se er noch de rjimslach by:
Als niet komt tot iet, Is ’t allemans verdriet.
Tamke. Nou, hja klitse al nuver iten by eltsoar, as der hwet oars as ierdappels wêze moat. Fierder as prom-en-bôle giet hjar kinst net.
Doctor. Meitsje nou jimme rekkening, frjeonen! Goekeap iten, sloardich meije, en yn in amerij klear! Hwer dat hinne moast, is licht to tinken. Der koe noait genôch fen boud wirde. Alle jierren waerden der tûzenen fen pounsmjitten boulân mear yn Europa mei bislein. Dat gong lykwol yn de earste 40 jier sa hird net; hwent de ierdappel bigoun earst om 1780 hinne de foetten sa hwette ûnder ’t liif to krijen. Yn dat jier waerden de ierdappels yn de grientekelders to Amsterdam noch lyk as rapen forkoft, en kamen allinne by lytse panfollen as in extratsje op tafel. Folle letter kaem de earste ierdappelkelder ûnder in wynhûs yn de Fizelstrjitte, op de hoek fen de Reguliersdwersstrjitte, dêr de Amsterdammers do noch al nuver by opseagen. Sa let binne de ierdappels hjir ynfierd, en nou byldzje de ljue hjar wol yn, det er hjir ivich west is. Mar sont dy tiid binne de lawabbels der frjemd útnaeid. Elts jier bisloegen se mear plak, en der kamen oarden yn Europa, dêr de fjilden, sa fier men eagje koe, ien ierdappel al ierdappel wierne. De ierdappel hie der alle granen hast weikrongen, en op oare oarden hie er sa folle lân ynnomd as al syn kammeraten mei eltsoar.
President. Ta in greate seine fen de earme minsken, doctor, dy nou it liif for in stûr mannich de hiele wike lâns fol krije koenen.
Doctor. Sizze dat net to lûd, president. Ik ha noch net dien. It scoe, it koe alteas sa ’n seine wirde, as it libben en de gesontheid fen de ierdappel forasserearre wier; mar hy is krekt as de minsken oan sjeachtme, pest en cholera ûnderhevich, en it minskdom, dat op him tynget, is wol in ongelokkich mar ek in gek minskdom, dat net better wirdich is as swart to hongerjen. God almachtich hat by de skepping fen dizze ierde sommige wetten ynsteld, dy wy minsken, wolle wy libje en soun bliuwe, wol yn acht nimme meije, ef de iene tiid ef oare tiid scil it ús min ôfgean. By ien fen dy wetten hat er yn syn ivige wysheit en goedheit bisteld, det it ûnderhâld fen ús minsken net fen ien ef twa, mar fen in bulte forskillige granen en fruchten ôfhingje scoe. Mei ien ef twa doarste er ’t as in soarchfâldich heit net weagje; dat wier him to noedlik; hwent as dy twa mislearren (en ho licht koe dat ’ris barre!) den scoene syn bern nin brea ha, en miljoenen scoenen de hongerdead stjerre moatte. Dêrom hat God makke earte, beane fen allerlei soarte; hy hat makke rogge, weet, bokweet, koarn, spelt, hjouwer, gierst, Turkske weet. En dat hat de skepper dêrom dien, det as der ien ef twa fen dy granen troch misgewas mistribelje, de oare dat gat wer oanfolje kinne. Hwent noait biswike hja allegearre allyk, en sa kin den de iene altyd for de oare yn de bresse springe. Mar nou ha de domme minsken dat oars bigrepen; hja sizze: “Né, baes! Wy bitankje dy for al dyn granen! De ierdappel smakket ús better, en dy is ek goekeaper. Hy heart hjir wol net thús; mar dat rekket ús net; wy scille him de eare jaen, dy him takomt. Wy scille ’ris seis-achtsten fen it plak, dêr dyn granen oars op stienen, mei ierdappels bislaen, en litte dy twa-achtsten den oan dyn oare granen oer. Dat is ús folle foardeliger, en hy smakket ús ek wol helte better.” En dat gong ek goed sa lang as de ierdappel goed wier. Mar dêr kaem it sike-ierdappel-jier! Do wier it ach en wé oer hiel Europa! Swart wirde fen honger! Ja, by tûzenen fen honger stjerre! God, dy se yn syn wetten fortrape hienen, oanskrieme om brea! Foar de riken stean mei it blanke mês, en it as kannibalen útmoartsje: “Bloed ef brea, ierkloarkers!” Oproer, moard en deaslach oan alle kanten! It ding wier sa klear as de sinne, frjeonen! De granen wierne sa min net útfallen, mar der wier sa ’n bytke fen útsjidde, det se ’t onmjittelike fjild fen dy forrotte ierdappels, dêr se to foaren elts hjar plak op hienen, net wer oanfolje koenen.
Geale. Mar hwa koe nou ek tocht hawwe, det de ierdappels de pestelintie krije scoene? Dêr hie men noait to foaren fen heard.
Doctor. En lykwol ha jimme dy plant sa tantearre, det er altiten siik wirde moast. As de âlders de bern alle dagen mar fen ’t bêste frette en sûpe litte, sa folle as de bealch mar fiterje kin, den scil it der dy bern nei gean, en sa is ’t de ierdappels ek forgongen.
Geale. Wel, dat woe ’k den goddory wol ’ris biwiisge hawwe. Dou rachste de bouboeren út, doctor, eft se nin turf heech binne.
Doctor. De ierdappel hawwe se helle út de fruchtbre, mar woeste grounen fen Amerika. Yn Chili, Peru en Mexico waechst er yn ’t wyld lyk as hjir de brânnettels, de toarnbeijen ef de doerren en siggen, en hy scoe altyd goed yn steat bleaun hawwe, as men him mar sa hwette bihandele hie as er dat yn syn geboartelân wend wier. De boekweet hawwe de krúsfarjers Ao. 1200 út de barnende sânstreken fen Arabiën helle, en dêrom groeit er hjir to lânne ek nearne better en gesouner as yn de gleone yeske fen de forbarnde koarste fen langeturffeanen, dêr men de finger pas yn daeije kin. Dat is syn klimaet.
Iebele. O! dêr wy yn de foarsimmer dy neare hearige loften fen krije, dy ús hiele ryk yn in kalkoven foroarje.
Doctor. Deselde. Let nou wol op, det se yn hiel Europa de ierdappel pript en mei allerlei kinsten en dongen oanfitere hawwe om mear op to bringen as er koe, en dat hat him de deastek dien. Ik scil ’ris in eksimpel oan Fryslân nimme; hwent dat bigripe jimme bêst. Yn Fryslân hawwe se de ierdappel ek lang nei syn âlde aert bihannele en sa lang as se dat diene, hiene we hjir, doar ik sizze, de bêste ierdappels fen de wrâld. It dûrre net lang ef de frjemdelingen kamen ek yn de smeits; de skippers krigen ’er de flucht op, en sa gau as ús ierdappels yn de verzending kamen, foroare alles mei in blits. De keapljue, dy se by skipsladingenfol weifierden, sochten allinne mar Fryske ierdappels; nei de deugd waerd net folle frege, de namme wier foldwaende; en do kaem it der mar op oan, net hwet soarte de bêste, mar de measte ierdappels opsmiet. Dat waerd probearre; alle jierren kamen der nije soarten by; op it lêst hienen se yn Fryslân by de sauntich soarten, en dêr karden se dy út, dy út in pounsmiet de measte koerfollen útmeat. Sa is de greate ierdappelsteapel yn Fryslân en oeral bynei fordoarn, en yn steed fen bêste kriget men nou yn Fryslân meastal, as men se sels net bisteld hat, minne ierdappels foar de noas.
Geale. Mar nou bigryp ik noch net, ho wy de ierdappel de pestelintie yn de hûd inte hawwe.
Doctor. In bytke gedild, Geale, en dou scilste it hearre. Dou wiste, de ierdappel hat dit fen syn woeste geboartegroun oerhâlden, det hy net mei it gêrs yn lege mieden omslymje wol; ek wol er nin weake dong op de kop habbe; hwent den makkeste it lof wrak en geil, en de bollen stekkerich, glei en kliemsk. It is in wylde Yndiaen fen Amerika, dy sa’n weelde net drage kin. Hy wol in groun habbe, dy heech en troch syn eigen natûr krêftich is, lyk as yn Amerika, en dêrom kinste him noait net better tractearje as op bêste terpen en dunen, dêr pit, mar nin ferske dong yn sit; de dong moat der yn forgien wêze. Sokke terp- en dún-ierdappels binne de bêste. Mar lyk as ik sei, dat joech net genôch; it lân, dat 50 koerfollen joech, moast 60, 70, 80 en mear jaen, sa folle as it mar fiterje koe. En dêr ta sochten se net allinne de fruchtbarste soarten út, mar hjar pripten it lân mei alderlei kinstmiddels oeral sa dierbar, det er op it lêst de kop sakje liet. Hja seinen: “Fyftich fjirders haste jown, mar hûndert moaste jaen. En eftste lypste ef pypste, dou scilste. Moatten is ek hwet, en loaijens is nin lammens. Wy scille it dy wol leare, baes!” Sa habbe se de ierdappel yn de steat fen in forweend bern brocht, dat tweintich jier oan ien troch wyntsje en Tryntsje, troch gastrearjen en swieren, syn sintugen sa oerprikkele hat, det it op syn tritichste útlibbe en in stôkâld man wirden is. Troch al dat kiteljen en prikkeljen waerd alles mei in rep ontwikkele, waerd alles earder ryp. It bern waerd op syn tredde jier al jonge; op syn toalfde al feint; op syn sechstjinde al in man mei bern; en op syn tritichste stôkâld. De ierdappel, sa lang as him tiid en romte ta groeijen jown waerd, brocht syn groei nei de rigele yn ’e groun to’n ein, dûrre de hiele winter troch, en bigoun yn ’t foarjier earst wer to kiemjen, as de einpeal fen syn gewoane libbensdûr neiby wier. Mar fyftich jier oeral troch allerleije kinsten pript en oanfitere om al mear bern foart to tyljen, is er eindelik yn syn tyldelen sa oerspand en forswakke, det hy, om sa to sprekken, syn sied rinne lit; hwent syn egenlike kwael is in gammele oandrift om foar de tiid, sels yn it midden fen syn groei noch, ûnder de groun to kiemjen, en as er dat folbrocht hat, kin er nin moal mear sette; hy bliuwt glei en kliemsk, ef set him ta rotsjen.
Geale. As dat sa is, sjucht it der net bêst út. Hwent den sit dy kwael de ierdappel yn murch en gebiente.
Doctor. Sa wolle se wol ’ris sizze, Geale. It sit him djip yn de hûd, yn al syn fezels en ierkes, en it giet ’er net licht wer út, sizze hja, krekt sa min as in slymtarring út in minske. Sa faek as ’t der mar op wjirret, miene se, scil de kwael wer foar ’e tried komme. As it waer myld is, de wyn soel, en losse lije reintsjes gedurich út de lakwaerme loft flappe, den habbe alle planten tier; hja brûze út de groun, en men kin ’t gêrs hast groeijen hearre; mar dat narjen fen de sike tyldrift kin de ierdappel net mear fele. Hy bigjint den aenstons to kiemjen en to rotsjen; syn lof wirdt swart; syn greate bern, ek al oerstjûr yn ’e tyldrift, sjitte troch yn de groun; syn lytse stjerre, en in libben fen njoggen moanne hat er nou yn ien wike ôflein. Sa sizze de gelearden. Nou, det se mei soele fruchtbre reinen en lij waer oan ’t rotsjen slane, dat witte jimme allegearre. En lyk as it bêd, dêr in minske oan de tarring ef de typhus yn stoarn is, sa is ek it lân bismettelik, dêr de sike ierdappels yn forrotte binne. Al nimste it sied fen de wylde ierdappels fen Peru ef Mexico, en dou sjiddeste it yn dy grounen, hja scille de sjeachtme ûnder de lea krije, en dy feilich wêze wol, moat se tylje op in plak, dêr noait in ierdappel op stien hat.
Jalke. Dat sjucht ’er net al to goed út. As ’t nou ’ris op ’t slimst bisloech en de ierdappel bijoech him yn ienen ’ris hiel-en-al oer hiel Europa, hwer moast it den hinne, doctor? As de helt fen it iten, dat for twahûndert-miljoen minsken birekkene wier, yn de forrotte ierdappel weisonk! Sa’n spektakel fen honger en ellinde scoe der noch yn de skiednis net west habbe. In algemiene oarloch fen de earmen tsjin de riken scoe hiel Europa mei bloed en moard folle, en der scoe neat oars op sitte as det elts it stik brea, dat er oer hie, mei it blanke mês yn de fûst tsjin syn evenminsken, as sa folle hongerige, forskoerrende wolven, fordedige.
President. As de keningen nou in greate deugd oan hjar naesjes dwaen woenen, moasten se in congres oanlizze en mei eltsoar bipale, ho folle groun elts mei ierdappels bibouwe mocht, en krimpe den dat plak sa fier yn, det, al forrotten al dy ierdappels, de oare granen it dochs noch hysje koenen om in stik brea oan Europa to jaen.
Doctor. Dat wirdt heech tiid. Hwent wy hawwe nou sjoen, ho dôfhûdich de boeren binne. Hja habbe leksom op leksom hawn, mar hja bouwe der dêrom mar altyd ierdappels wer op ta. Hja moatte noch oars pit hawwe; hja moatte yn ’t neaken himd by hjar lêste forrotte ierdappel stean to skriemen, foar det se it poatsjen stean litte.
President. Ja, dat moasten de diplomaten mar ’ris op ’t tou sette.
Jalke. Diplomaten! Ei, ju! Binne der noch diplomaten? Dat wist ik net. Ik wit wol, det se der west binne, mar det se der noch binne is mear as ik wit. Mar hwat dogge dy den?
Tamke. Wiste dat net? By de dei libje, gods wetter oer gods akker rinne litte, en in glêske pons drinke. Hja witte oars wol, det der nin moarddediger oproer is as fen de mage. Hwent de earme minsken fjuchtsje hjar ljeaver dea, as det hja hjar dea hongerje litte. De diplomaten hawwe oars ek al in leksom hawn. Hwent do ’t earste sike ierdappeljier kaem, wierne hja danich yn ’t gat bibiten; miljoenen fleagen hjar oan om brea, en hja koene ’t ûnder de stiennen dochs net weiskoerre. Wellington, dy de earste minister fen Ingelân wier, rekke der sa skjin mei oanhelle, det hy, dy Napoleon by Waterloo forslein hie, nou op syn bar it fjild romme moast for in forrotte stjonkende ierdappel, en syn portefeuille dellei. Mar dêr is nimmen in drip wizer troch wirden. Dat libbet en regearret ’er mar op ta, eft ’er neat to dwaen is, en wol de ierdappel noch ’ris rotsje, wol nou, dy den libbet, dy den soarget.
Iebele. Mûlk hie ’t in seine for de wrâld west, det de ierdappel yn dy earste sjeachtme mar de bonken útstitsen hie. Den hiene wy der ôf west; elts hie witten, hwer ’t er oan ta wier, en wis spil spile. Mar sa lang der noch ien ierdappel oerbliuwt, scille se him poatsje eft ’er noch goed skaei fen komme woe, en sa, howol God allinne de takomst wit, stiet it earme minskdom oan algemiene hongersneed en fordylging bleat.
Jalke. Ik mei graech in giele, moalige ierdappel; mar der is ien ding yn him, dêr ik him net om luchtsje mei. It is in forrieder.
Geale. Ik miende, det wy de ierdappel forret hiene, en dou seiste det hy ús forret hat?
Jalke. Do de ljue fen earte, beane, weet en rogge bistienen, bitocht elk him noch ’ris foar det er in wiif naem; hwent sok iten koste altyd noch al hwet; it is alteas nea net sa rom, det se der eltsoar koarts mei om de earen smite. En dy den in trop bern krige hie rju to skraebjen, om se de mûle iepen to hâlden, en in wintertarring oer to hâlden. Mei de ierdappel is dat oars. Yn tamelike jierren hat elts dêr fen for lyts jild de kost, en in arbeider woun genôch mei syn deihier om syn wiif en bern de termen to foljen. Sont binne de earmen oan ’t hylkjen gien, krekt eft it in jildwinnige wier, en yn alle delen fen Europa tylden se foart as kaninen. Dat is jierren en jierren goed gien, ta it siik-ierdappel-jier ta; do seach de hiele wrâld, det hy in forrieder wier. Nei det hy miljoenen en miljoenen minsken yn it libben roppen hie, dy ’er bûten him noait komd hiene, knypte hy der op it lêst út, en liet se yn honger en ellinde sitte.
President. Dêr kin ik dy in ding fen sizze, det ik yn de Betouwe sels sjoen hab. Dêr hierden de gemiene ljue in kampke lân, dêr se ierdappels op forbouden; de man iet ’er earst út mei syn húsgesin, en ’t oare forkoft er by de ôfslach, krekt as de skylfisk by ús op de fiskmerke. De measte part koften de skippers, dy se oan oare oarden wer útsutelen. Men koene rekkenje, det in gemien minske mei in wiif en seis bern dêr it rouwe foer hie for 14 ef 15 stûren yn de wike, sa goekeap wierne de ierdappels. En dy ieten se trijeris deis; moarns, middeis en jouns, dat is to sizzen, altyd. Dat gong kaptael, útmintend, noait sa sjoen, en lyk as de Egyptenaren yn de kou it sinnebyld fen de godheit, dy elts skepsel klaeit en iten jowt, oanbeanen, sa dienen it de earme Betouwers yn de ierdappel. Nimmen hie der erch yn, det ûnder ’t lof fen dy plant in slange krolle en sifele, dy as er foar den dach sprong, hjar allegearre de strôte ticht wrongelje scoe. Elts seach dêr op it platte lân, wol nin rykdom, mar dochs rju folle romte en tofredenheid. En dêr kaem it sike jier! Yn in eagenblik waerd it klaed, dat dizze oarden ditsen hie, der ôfskoerd, en nou kaem der neat as neakene en bleate earmoede oan ’t ljocht. Der wier neat! Nin klean, nin iten, nin stûr jild, en hiele doarpen moasten fen de earste ta de lêste man mei biddelgaven de mûle iepen hâlden wirde. Dat hie mei de folle bou fen rogge, weet, koarn en al dy oare granen ta gelyk, sa as fen âlds, onmûlk west.
Hessel. En just op dy tiid wier ik yn Ierlân. Dêr hieste it selde forried fen de ierdappel. Ik moat jimme sizze, dat is net allinne it moaiste, mar ek it fruchtbarste eilân, dat minske-eagen sjen kinne. Dêr libje nou sa hwet saun ef acht miljoen minsken, mar as it fen Friezen biboud waerd, koenen der op syn minst tweintich miljoenen bistean; en den scoenen se noch sa folle bûter wol nei Londen stjûre, det wy der nin boadskip mear hienen. De Ieren wierne altyd slof en sûnder omtinken; mar de ierdappel hat hjar smoarch en loai makke. De Ier wier neat mear brek as turf en ierdappels. De turf stiek er yn ’t fean, meast neist syn doar; hwent it is krekt as it fean yn Ierlân reind hat, op de hege bergen ta; en de groun smiet sa folle ierdappels op, det de Ier fen it iene part mei wiif en bern libbe, en ’t oare part yn ’e bargen opfoerre, dêr er de lânhearre de hier fen bitelle. Om dy ierdappels to forbouwen, hie er in moanne nedich om se to poatsjen, en noch ris twa moanne om se to roaijen en de groun wer om to dollen; dat wier yn alles trije: de oare njoggen moanne seach er yn ’t waer, smookte syn pypke ûnder in glêske whisky, ef rinkelroaide er op de merken om. Mei ien wird, de Ier libbe as de goden yn Frankryk. Mar dêr sloech de ierdappel oan ’t rotsjen, en út wier de wille. De Ier seach nou, mar to let, det hy om toalf moanne yn in jier to libjen ek tsjien moanne arbeidzje moast. Der wier neat to bêste. Nin iten; nin sparstûrke efter it linnen om iten to keapjen. It wier: bek ta, pong iepen, en aste in net oer it hiele eilân spand hieste, wier it egenlik mar ien earmehûs west, dêr de iene noch lûder as de oare moartte om brea. Hier dêr waerd net oan tocht. De onbarmhertige lânhearren brieken de koaterkes de huzen boppe de kop ôf, dêr de mûrren noch by tûzenen fen oer it hiele lân spraet steane, en dy ierkloarkers dreauwen de earmljus kijkes nei hjar eigen greate greidpleatsen. Ik laei do to Cork mei in brik, en net fier dêr fen dinne stoarnen yn ien provinsje fjouwer-en-fyftich-tûzen minsken oan honger, ef oan de gefolgen fen it gebrek; en de folgjende ellinde hat twa miljoen Ieren út hjar lân dreaun, dy nou yn Amerika ef Nijhollân sitte to boerkjen. Dat is de seine fen de ierdappel! Hienen se by de weet en de hjouwer, de earte en de beane, as hjar oarreheit-en-hjarre bleaun, den hie sa’n grouwel fen jammer en dea net mûgelik west. Mar it is in nuver biskik! Amerika hie Ierlân yn 1750 de ierdappels taskikt, om troch dy selde ierdappels, do hja oan ’t rotsjen sloegen, hûndert jier letter dêr de Ieren sels for yn pleats to krijen.
President. Mar, mannen, wy dwale fier ôf. Wy moatte fen dokter witte hwerom wy de minsken net fen de drank krije kinne, sa lang de ierdappel bynei it jinnichste iten fen de arbeidsljue is? Biloften meitsje skild, doctor!
Doctor. Ja, ik moat wer sizze, president, it scil spanne om jimme dat to bitsjutten, omdet it nieuwe verbeterde onderwijs jimme sa hwet koudom lit yn alles, hwet jimme it neiste oangiet, en dêr jimme it measte bilang by hawwe; ik mien, de húshâlding fen it minskelik lichem.
Geale. Wel, it leart ús bern net ienders blaugêrs fen goed finnegêrs to skieden; ho scoe it ús den leare, ho wy ús eigen tabernakel oerein hâlde moatte?
Doctor. Nou, dat is dêr oan ta; mar ik scil der in smeet mei de mûtse nei dwaen; ik moat sa folle pispraetkes by de smoarge tongen en polsen fen mefrou-en-hjarre de hals brekke, det it komt op in forlern praetke allehiel net oan. Jimme witte, det de dieren hjar sels troch it makelei fen hjar lichem skiede yn flêsk- en griente-itende dieren; de minske en de baerch allinne, omdet hja de hiele ierdkleat biwenje moatte, binne alfraets. Flêsk en griente yt de minske allyk, mar de tosken en it termkanael, en de specie fen iten, dat er nedich hat om syn lichem goed yn oarder to hâlden, wize sinneklear út, det hy mear oan de kant fen de flêskfretters as de griente-iters linet. Dat is wer in wet, in ivige wet fen de skepper, dy syn groun hat yn ’t forskillich makelei, yn de ynrjuchting en needdrift fen ’t lichem fen de dieren, en dy wet moat nimmen wer oertrêdde, ef hy scil der wreed for kastijd wirde. In tiger, in kat, in lieu binne flêskfrettende dieren; hja libje fen ’t jeijen op oare dieren, dy se forskoerre, en mei it flêsk en bloed orberje. Hwet scoene jimme sizze fen de man, dy de tiger, de kat en de lieu as fetweiders yn de finne jeije woe om gêrs to iten? Ommers det er to Snits yn nommer âlve moast. En moasten jimme it selde net tinke fen in boer, dy syn kij en skiep mei spek en flêsk yn pleats fen gêrs ef hea foerje woe? De minske is in alfraet; hy is makke om fen dierlik en planteftich iten beide to bistean; mar bynammen dierlik. Jaen him nou allinne dierlik iten, ef allinne planteftich iten, en yn beide gefallen krinkste syn natûr, mar meast noch aste him mei planteftich iten, lyk as ierdappels, allinne ôfsâltste. Jow him neat oars as flêsk, en hy scoe wirde bloedryk, galeftich, opljeappend en wreed; mar jow him allinne ierdappels, en dou krinkste syn natûr noch tsjienris mear. Ynpleats fen bloed kriget er in soarte fen waei; de organen, it ark dêr de húshâlding fen it lichem mei op proppen hâlden wirdt, slane oan it kwinen, en hwet hja útrjuchtsje giet kliemerich, slypjende en slieperich yn syn wirk. Langsum giet alles oan ’t sinkjen (antonie;) nin kreazens (energie,) foartfarren ef krêft mear, sa min yn ’t sin fen de minske as yn syn lichem, en dêr de ierdappeliter noch komme moat, dêr is de flêskiter al twaris west.
Hessel. Scoe dat den de reden net wêze, doctor, det de Ingelsken sa folle mear mansk binne as oare naesjes? De minste arbeider yn Ingelân scoe miene, det er dea moast, as er middeis net in flink knoarre flêsk yn de fûst hie.
Doctor. Wol siker is dat ien fen de redenen mei. En dou wiste ek, Hessel, det hja it flêsk net oan flarden siede ef briede lyk as hjir, en ’er de krêft útpiterje, mar det hja it heal nôch en dos mei al syn soppen en krêft ynslane. De minister fen finansjes yn Frankryk jowt jierliks it tal pounen flêsk en spek op, dy ’t ’er yn it jier oer it hiele lân iten wirde, en as dat minder is as yn ’t foarige jier, den sjocht er dêr spoek yn; hwent seit er, nei ’t de Fransken minder flêsk ite, dêrnei scil der ek minder kinst, iver, dapperheit, mei ien wird, minder krêft en hearlikheit yn hjar wêze. En de man hat gelyk, as er net by de dei libbet. Hwent de ierdappeliter wirdt nei in pear geslachten kliereftich, wettersuchtich en flanterich, en hy bringt pizelige tsjirmers fen bern foart. Den earst jowste oan de minske minskelik iten, aste him by syn panne mei ierdappels in komke fol riezel, en in healpoun flêsk ef spek jowste. Nou hawwe de potentaten yn Europa mei al hjar bloedich plokhierjen sa folle miljarden skilden makke, en om de rinte fen dy skilden moatte de earme minsken sa folle fen hjar deihierke opbringe, det hjar nin spek ef flêsk mear barre mei. Miljoenen en miljoenen krije by hjar ierdappels neat oars as in lawaisaus, by ús bikend ûnder de namme fen mosterstip. Dat koe nou noch sa hwet oangean as se yn pleats fen ierdappels namen earte, beane, groat ef moal lyk as yn oarreheite tiden; hwent dat planteftich iten is sa dreech, det it yn fieding tsjin flêsk en spek opweacht, howol it ’er de oare heechnedige fetfochten net fen hat. Mar ierdappels! Ierdappels allinne! Tink ’ris oan! Yn 18 poun earte ef beane sit krekt sa folle pit as yn 100 poun ierdappels, en om sa folle fiedsel to hawwen as der yn in poun earte sit, moatte men sechtehealpoun ierdappels troch de hals skouwe. Dêr komt den ek dat moarddedich fretten by de ierdappel-panne fen dinne; hwent om hjar poarsje fiedsel to krijen, moatte se de panse op de leest sette, det se hast boarste, en hjar nei de mieltiid net bûge ef riere kinne. De forskrokke bern frette hjar ta skande; hja sette it liif út as in tromme; men kinne der wol in lûs op dea knippe, en dat alle dagen al wer oan, ta it liif to lêste sa spand stean bliuwt. Dêr fen dinne den ek dy tsjokke ierdappelliven, dy ûnder dy sloven fen earmelju’s bernkes sa húsriem binne. Mar litte se mar skrokke en frette fen dy konsjinsjestoppers, det se pûste en blieze, de stok des broods sit der dochs net yn. Aste in arbeidersman in ûre nei it iten oan dyn gerjuchten setste (ik ha ’t wol faek prebearre,) den fret er yn dyn flêsk en spek om, krekt eft er nin krûm hawn hat. Spek, flêsk, riezel, smoar bûter, moat de minske, moat de alfraet by syn griente yn de ribben ha! Dêr longert syn natûr nei lyk as de bij nei de hunich yn de blommen, en as him dy dierlike prikkel net barre mei, den nimt er de remplaçant fen de prikkel, ik mien de jenever.
Allegearre. De jenever? De jenever? Ho komme je dêrby, doctor?
Doctor. Ja, mannen, de jenever! De forkrachte natûr ropt ivich om wraek, en hja nimt wraek op de iene wei ef de oare. De ierdappeliter fielt in leechte, in idel, in flaute yn syn yngewanden, en as er noch in botsen oer hat, scil hy der in drip floeiber fjûr for keapje om syn sloppe, kâlde mage hwet to kiteljen, en syn flabberich gestel in stipe to jaen. It is in falsk fjûr, it is in falske kiteling, it is in falske stipe, dy nin dûr hat, en om in amerij fornijd wirde moat; dat witte wy allegearre wol. Mar dat kin de earme ierdappeliter net skele, as it him mar in lyts eagenblik út de flauwe lardige lichte tilt, dêr syn ôfgod him yn delsinke liet.
President. Fen sokke dingen hab ik nea in drip heard; mar it lit him oars wol hearre.
Iebele. Ja, dokter, it wol my ek wol oan. Ik scil je de proeve op de som sizze. Ik mei ek wol in slok, mar altiten foar iten; nei iten scil ’k ’er nea nei tale, en ik leau nimmen net, as er net perdoes ûnder de sûpers ef suvere ierdappeliters heart; hwent dy meije it beide altiten.
Doctor. Krekt, dat is de proeve op de som. Aste neat yn ’e mage haste, en dou fielste dy flau en lardich, den lûkt de natûr nei in opwekkinge, en dy fynste yn ’e jenever. Mar is de mage goed pript mei spek ef flêsk en griente, den hat er al in prikkel dy natúrlik is, en de oare fen de jenever, dy onnatúrlik is, wearzet him. It omstik hoeft net twaris smard.
Jappe. Mei de ierdappelljue giet it al sa. Hja meije it gûd altyd, en as se in duit yn ’e marse habbe, geane se sa fen tafel nei de kroech, en sette der in romerfol boppe op.
Doctor. Aste my seiste, ho folle koerfollen ierdappels tûzen minsken yn in jier opite, wol ’k dy om-ende-by sizze, ho folle oxhoofden jenever hja yn in jier ynnomd habbe. Ho mear ierdappels, ho mear sterke drank; dat giet grif troch. Dêr haste Ierlân, dêr de koaterboerkes en it gemiene folk neat oars barre mei as ierdappels mei hwette piper en wetter, dat is ek it lân dêr it meast yn hiel Europa sûpt wirdt. Dit is ek de jinnichste reden, det de drankswietens, dy alear allyk oer alle standen fordield wier, nou meast de sonde fen de earmen is. De riken krije al better en better iten, en sa is de sterke drank by hjar ôfnomd, wylst it by de earmen yn deselde mjitte tanomd is, omdet dy al minder en minder mei hjar iten wirden binne en, nou alles omkomd is, neat oerhâlde as de ierdappel.
Geale. En it is krekt eft dat slimmer wirden is, sont se de ierdappels bigjinne to skilen. Do ’k in jonge wier, waerden se sean mei de skansloper oan; wy skylden se as se op tafel kamen, en wierne it wite mei fine skylkes, den ieten wy se mei hûd en hier op.
Doctor. Dat leauste wol. De ierdappel is net folle; mar aste him útklaeiste is er noch minder; aste him neaken siedste, en it komt hwette hird oan, den lobbeste him. De krêft sit yn it setmoal, dêr it ierdappelmoal fen makke wirdt, en dêr siede se in poarsje fen út as de skyl it net tsjinhâldt. As se ôfdroege wirde, fynste it setmoal faek op de boaijem, binamme as se hwet stikken sean binne, en dy it ierdappelmoal barre mocht, dat de earme ljue op dizze wize jiers yn ’e goate jiette, hie sa folle ynkommen wol as de kening.
Ynse. Yn Ierlân komme se noch mei de skyl op alle tafels, fen riken sa wol as earmen, en wol twaris; ienders sean, en noch ’ris bret. Bret binne se noch fiedsommer, krekt as de kastanjes en it brette flêsk. Hwent it brieden skroeit de hûd dadelik ticht en hâldt ’er alle krêft en sop yn; it sieden iepent de hûd, en nimt der altiten min ef mear fen de krêft út.
Doctor. Nou ja, de earme ljue moatte de lawabbel noch ek útpiterje! Den wirde se noch slopper yn de termen, en dêrom ek noch slijer nei Jan-Doedel; hwent dêr sit de kerl yn.
Hansma. (President fen it nut, komt yn). Binne jimme noch al oan ’t eameljen oer ’e ierdappels? Foar ’n healûre wierne jimme der ek al mei dwaende. Scil dat de hiele nacht dûrje? It wier better, det jimme mei ús de sedelike forljochtinge fen it gemien foartsterkene; den scoe it de jenever wol stean litte.
Doctor. As it gemien nin goed foer kriget, den komt fen jimme sedelike forljochtinge nin byt, Hansma! Alles giet by de minske fen de mage út. Lit ús arbeidersfolk mar spek en flêsk ite, en it scil mei goede skoallen wol better wirde.
Ubele. Sa tochten de Romeinen der ek oer. Dy forneamde helden, dy djippe steatsmannen, dy snoade wysgearen, dy hjar wjergeade net op de wrâld habbe, wierne altyd beuzich mei dong en ploech, mei greide en boulân; hja sprieken en skreauwen oer it boerkjen, omdet hja mei hjar kleare koppen seagen, det men in folk goed foerje moat om ’er greate dingen mei út to fieren.
Doctor. Sa tink ik ’er ek oer, en hab ik for jimme to lang op de ierdappels omeamele, ik bin bliid, det ik fier-s-to koart fen stoffe for trochloftige Romeinen as Scipio en Cato west habbe scoe. Mar dêr komt Joute-baes oan. President, set je nou skrep. Nou scil de bûter jilde.
Joute-baes. Moarn, hear president!
President. Goemoarn, Joute! Doctor seit my, det je net ongenegen wierne om de drank stean to litten. Is dat wier?
Joute. By God is alles mûlk. Mar ho scil in lupaert syn plakken en de moar syn hûd foroarje? Sa seit de profeet, en sa siz ik ek.
President. Nin jenever mear, man! It is de pest for siel en licham.
Joute. Ei! Mynhear. En den de wyn, dy jy brûke? It eksimpel fen sokke ljue as jimme docht mear ôf as al de tractaetkes fen ’t Matigheids-Genootschap. Wy boargerminsken hinkje de greaten ommers yn ’t ein altyd nei. Lit de wyn stean, meitsje jimme bûken slanker, en wy scille de jenever stean litte, en ús noazen fen pûkels en snijwirk reinigje. It eksimpel, it eksimpel, mynhear! dat docht de doar ta.
President. Ik drink wyn, mar bin der net oan forslave; ek bin ik der by myn witten, noch noait onbikwaem fen west as by ’t Nut to Amsterdam.
Joute. En wolle je ús den neat tahawwe?
President. Drink in kopke thé, ef meije jy dat net, Joute?
Joute. Ja wol, mynhear. Ik bin in kattechismusbern; ik leau oan de erfsonde. Us heit mocht wol in slok, ús mem dronk jern in kopke thé, en ik, de soan, mei graech fen beiden.
President. Mar hwet gelove habbe jy den, Joute? Ik miende det jy Luthersk wierne.
Joute. Ik hab in hounegeloof; ik hâld mear fen it flêsk as de bonken. Mar it flêsk mei my net barre, en de bonken wolle myn tosken net.
President. Ik mei ek jern flêsk. Mar ik woe wol, Joute, det je allinne nei jins mem útskaeid wierne. Hwet smeits ha je doch, yn godsnamme, yn dy jenever, dy in minske ta alle hoeken en hernen fen syn hûd útstjonkt?
Joute. De godganske dei bodzje om in stik brea: in liiffol ierdappels mei mosterstip, en in lafenis fen sûkereiwetter. Jonge, mynhear, as je ’ris fielden ho lardich in minske dêr op wirdt, den scoenen jins termen ek wol ’ris grine om in drip; hwent dêr sit noch kerl en stôk yn.
President. In drip kin nin kwea; mar de earste drip hellet de tûzenste oan. Joute, Joute! It misbrûk.....
Joute. Hat de grouwelikste gefolgen for my, en myn wiif en bern.
President. Hwerom litte je it den net stean?
Joute. Och, mynhear! Jy witte net hwet it is earm to wêzen. De skeamele wente dêr wy yn omkruse; de foddige plunjes dêr wy ús yn klaeije; de honger en kjeld yn de winter; de minachting dêr de riken mei oer it skouder op ús skogje; o, dat is sa ontmoedigjend! Dat forslacht ús sa djip! En den siikje wy in blik fen moed en treast yn de jenever. Wy wirde net earm omdet wy sûpe; hwent dat wierne wy al; mar wy sûpe, omdet wy earm wirde ef binne.
President. Ja, jimme sûpe, dienen jimme it noch hân foar de fûst; mar jimme dûke wei yn smoarge krotten en stjonkhoalen, en dêr sûpe jimme as mûzen. Nin minske heart, nin minske sjocht jimme, tadet der fjouwer binne, dy it lyk op in ljedde nei hûs sjouwe.
Joute. Dat hat de policie ús leard. Eltse hillige syn ljocht. Eare dy eare takomt!
President. Sprekke je kwea fen de policie?
Joute. Ja, de policie, en nimmen oars. Sa lang as wy op strjitte swiere, joele en sjonge mochten, wierne der in bytke kroegen. Wy gûlden en kraeiden it út fen wille, en wy diene nin kwea ef ontucht. Hwent dat docht men yn donkere slûphoalen, net foar alle minsken op strjitte. Mar Napoleon wier in tiran, en omdet hy yn eltse trop minsken, dy hwette woelich op strjitte wierne, in complot seach om him de nekke to brekken, liet er syn policie de strjitten fen alle gedjoei en gegûl skjin feije. Wierne der mear as njoggentsjin by eltsoar, yn ienen mar, wei mei de boel! Mei de bajonetten dreau hy se út eltsoar. Yn dat bêd is ús policie lizzen gien. As wy jountiids joelden en gûlden lâns de strjitte; as de bern mei Sint-Mertenstokjes rounen; as se in govert yn in foarname strjitte dounsen; aenstons de policie mei de tsjinners, en mars wier de boel! En hwet bleau ús do oer, as wy ús formeitsje woene, as yn in kroech sitten to gean, en ús yn alle stilte stomdronken to sûpen?
Tamke. Sa gong it hjir to lânne alear ta op de dank-, vast- en bededagen; den wierne alle herbergen sletten. Elts moast mei tichte doar en finsters thús bliuwe, en op sa ’n vastendag waerden der binnen hûs mear rûzen sûpt as oars yn seis wike op alle herbergen yn ’t iepenbier.
Hessel. Yn Skotlân wirdt ek grousom sûpt; dêr binne de Ingelsken mar bern by. Mar dêr binne de Skotske domenijs de skild fen; hwent dy wolle habbe, det de ljue op snein neat oars dwaen scille as bidde en yn ’e bibel lêze. Laitsjen en gibeljen is sabbatskennis. Nin rydtúch meije hja oanspanne; nin kuijerke snein-to-eftermiddeis dwaen. Men sjocht nin minske op ’e wei ef strjitte as dy nei tsjerke giet ef ’er útkomt. En omdet de goede kristenen bûten hûs net kuijerje ef dounsje meije, sûpe hja binnen hûs in rûs, en de domenijs hawwe lâns dizze wei, dy hja for de wei nei de himel hâlde, hûnderttûzenen oan de whisky brocht en nei de hel stjûrd.
Joute. Dat is de bêste útlizzinge op myn tekst. De policie hat ús op deselde wize fen de strjitte dreaun en tûzenen yn namme fen de orde oan de drank, de biddelsek en giselpeal brocht.
Arkema. (Lâns-ontfanger en lid fen de rie fen it mjittigheits-geneatskip). Dat is geen tail, die wy hier fan in scheerbais, ik laet stain, fan in super, hore wille. Wil jou wel lowe, Joute, dat ik dat woard fen jouwes by de commissaris fen polysje angewe sal? En wil je ook wel lowe, dat je foar ’n maind na et hues fan Jan Nekje gaine?
Joute. Men hat it mei de luzen slimmer as de niten. De feinten fiere nou in steil wird tsjin de hearen, dy hjar leanje.
Arkema. Wat wustou dair met segge, bretale keerdel? Weestou wel datste spreekste tegen ’n amptenair fan de Eerste Klasjes?
Joute. Mynhear, de ontfanger! As jy in slot op de mûle hiene sa great as der laeit op jins swiere izeren kiste, dêr ús aep yn sit, den scoene je in gnap keardel wêze. Ik winskje jimme allegearre de segen en gesontheit.
President. Hâld je stil, ontfanger. Jy hawwe in kwea pleit tsjin in partij, dy neat to forliezen hat. Dy docht en seit hwet er wol, en dy tinkt mar: Hja kinne in lûs net mear nimme as it libben.
Doctor. (Yn it útgean). Is der nou net oan to dwaen, Joute?
Joute. Jy miene it goed, docter. Mar ik bin in forlern man.
Sate Westerein. J. H. H.
[Yllustraasje: DE SKEARWINKEL FEN JOUTE-BAES.]
DE SKEARWINKEL FEN JOUTE-BAES. TAJEFTE.
Gouke. (slachter). Woll’ je my gau rêdde, Joute?—Joute. Myn ljeave man, ik kin net hirder. Skearen is nin bargeskraebjen. Ho sa’n hast?—Gouke. Myn sweager hat dêr jisterjoune yn ’t Dockumer trekskip in raer ding hawn.—Joute. Ei? Dêr ha ’k neat fen heard. Bouwe slachter?—Gouke. Ja, Bouwe. Jy kenne him wol. Hy wennet to Birdaerd. In moai tsjok keardel, mei in roune fette troanje en bolle wangen.—Joute. Ja, ik ken him wol. As it op syn troanje reint, rint it wetter der ôf as de fearren fen in ein.—Gouke. Hy siet mei in kok fen Ljouwert en domenij Skrokstra to praten. De kok spoun braef op fen fette kalkoenen, dy er op in rikeljues brilloft to Dockum levere hie. Domenij is in earst ljeafhabber fen swiet iten en drinken; mar hy hat suppleesje, en der kinne nin kalkoenen op stean; hy komt faek by de grytman to tsjokiten, en as exteur him forknipt, det der kalkoenen komme, dêr festet er twa dagen to foaren op. De kok fizele syn kalkoenen sa heech, sa hearlik op, det domenij de flibe om de tosken roun en op iens in hap die yn it rjuchter wang fen myn sweager, dêr er neist siet. It like wol, det er dat bolle fette wang oanseach for it gat fen in brette kalkoen, sa’n oanstride hie de man der fen. Myn sweager moartte fen pine, en it bloed sipere him it baitsje lâns. Domenij waerden earmen en skonken fleugele, en sa waerd er mei syn parleplu en syn koperen stove yn ’e bollestâl treaun. Hwent elts miende, det er mâl wier. Mar dat is nou noch neat. Domenij hie krekt in skram yn de noas, dêr er lêsten, do er oan ’t earterûpeljen wier, mei yn de toarnen fallen is, en nou hat Rients trekskipper myn swager wysmakke, det domenijs fidelke mâl is en him yn de noas biten hat. Nou boarst sweager hast fen binaudheit, en mient det er ek mâl wirde scil. Syn wiif en bern binne skjin mei him forlegen, en ik moat aenstons nei Birdaerd om rie to skaffen.—Joute. Fal del mar, Gouke. It kin raer as ’t ’er op wjirret. It wang fen in grou slachter for it fet gat fen in bret kalkoen oansjen! Dat is briker as bryk.—Ubele (studint). Nou, as se de lândomenijs nin mear tractemint jane, den scille we fen mear ongelokken hearre. Hja sizze den wol ’ris, yn ’t gat bibiten; mar nei jou sizzen, Gouke, is jins sweager yn ’t wang en ’t gat beide bibiten.—Gouke. Dat bigrypste, Ubele! Stjonke fen eangstme. Dêr laeit it botsen, Joute! Goe’ moarn jimme!—Joute. Goereis nei de skjippeslachters. Dat binne allegearre stomearlike ljue. Hja ljeage noait ef hja binn’ der sels by.—Allegearre. Moarn! Goereis!
Douwe (sylman). Ha, Ubele? Ek wer ’ris by ’t folk sjen?—Ubele. Wel ja, Douwe. Dêr to Grins om to bingeljen hie ’k ek net folle oan. De studinten en prefesters binne yn de facantie wei; en den rin ik yn sted en lende om as in siik houn.—Douwe. Dou biste der nou in jier west, net?—Ubele. Op ’e kop.—Douwe. Dat wist ik, omdet ik to Drylst krekt wier, doste mei de preemje opgongste nei de academie ta. Dou spriekste do de rie fen Drylst yn ’t Latyn oan; ik koe der nin wird fen forstean, mar de rie nei ’t skynde wol; hwent dy prottele wakker, omdetste hjar yn hjar eare kaemste.—Ubele. De rie fen Drylst my forstean? Nou, ja! Ik scil ’t dy sizze sa as it ding laei. Yn myn oratie kaem noch al faek it Latynske wird quibus foar, dat “oan hwa” bitsjut, en sa ek vestra, dat “jimme” bitsjut. Vestra munificentia, by foarbyld, “jimme myldens”, en vestra approbatio, “jimme goedkarring”, en sa foart hinne. Do ’k oan ’t orearjen wier, seach ik wol, det it dy rie net noaske; hwent hja seagen my oan as ûlen; mar do ik dien hie, foelen alle froedsljue oer de rector hinne. “Hoar ’ris rector, seinen hja, gekheit is gekheit; mar om ons fen in strop fen in jonge hier in ons weerdichheit op ’t statshues fen Drylst allegedurigen in ’t Latyn foor quibussen uetmaike te laten, dat gait niet an. Want as jou miene, dat wy dat woart quibus niet ferstaine, den binne je mis. So dom binne wy noch niet! Wy gewe de ondankbre loebes ’n gouden preemje, en hy skelt ons nog de hued fol toe. “Maar, Mijne Heeren, sei de rector, de jongeling heeft u toch bedankt voor de premie. Hoe kan hij u dan uitschelden?” “Dat is wair, rector, seinen hja, mar wie het er bedankt? Ommers froedsman Westra mar allienig; Westra foar, in Westra na! It is krekt as Westra de preemje allienig geeft, en hy komt ommers fan de hele raid fan Drylst. Soa binne wy hier noait nog afgrondeert. Wech mar met de stinkert!” De boargemaster trille fen lilkens, en scoe froedsman Westra wol forgriemd ha. “Ik weet niet, ho jou by Westra komme, kniep er de rector yn ’t ear. Westra is in lief man om de raid fen Drylst te representeren! Syn meiske loopt met in tromke met keapmankes by de strait te koop. Sa as er dat sein hie, teach er it mâl jak oan, en sei oan de bode: “Bode bring dat aes it statshues af.” De bode griep my mei in izeren hân yn de earm (dy keardel hie de moarns noch oan ’e seine stien) en skodde my ongenedich as in wetterhoun. “Ik sal dy Westra en quibus leare; dou biste sels in quibus, streupert!” sei er, en mei ien staette er my út it stêdshûs en smiet my de gouden preemje as de houn in bonke op strjitte efternei. Dat wier nou myn yngong yn de timpel fen de wittenskippen.—Douwe. As de útgong ek sa tagiet, is ’t net bêst for dy sjoen, Ubele!—Ubele. Mar hwer hastou hinne west, Douwe? Ik ha dy allehiel noch net fornomd.—Douwe. Ei! Myn sweager hat heiwirk oannomd oan de dyk to Starum, en dêr hab ’k in dei ef trije by west. Mar ik hab earst in omlânske reis dien. Ik moast ús frjeonen wol ’ris forsiikje; hwent oars forfrjemdet it sa. Op it lêst is it allehiel kâld.—Ubele. Hwer gong dyn paed den oer?—Douwe. Foarearst bin ik to Akkrum west.—Joute. O! to Akkrum! dêr tsjerke en toer bûten it doarp steane, omdet se oars ûnder ’t preekjen sa ’n lêst fen de katten habbe. To Akkrum? Krekt! dêr se in boarre in wike op wetter en brea yn ’t hounegat settene, omdet er de reamme fen de aden slabbe hie.—Douwe. Ei, né, ju! Biste gek? To Akkrum is tsjerke en toer ommers yn ’t doarp. Né, Akkrum dat is in treftige pleats. Dêr hawwe se it mear mei de hirddravers as de katten to rêdden. Us omke hat my mei hynzer en sjeas weibrocht; mar mei sa ’n guds fljuchste troch de hel, det dy nin hierke op dyn kop singet. Ik kin my wol bigripe, as in hear mei in liiffol wyn sa troch de loft fljucht, det er net leaut, det immen noch ellinde en honger habbe kin.—Joute. Ja, wy kinne allegearre net ryk wêze. Dat is al âld. As ik by ús oarre op ’e skirte siet, den sei se ús altiten dit rjimke op:
De iene yt swiete rizenbrij[55], De oare keallesûpen lij, De iene yt beane út wetter wei, De oare wit net hwet er mei. De iene giet yn sydne klean, De oare nei de lappen flean’.
Ubele. En hwer do hinne? Nei Vianen?—Douwe. Né, nei Loijengea, Goijengea en Offingawier, dêr habbe wy allegearre folk fen ús mem.—Joute. Fen âlds bineamde pleatsen, folgens it sizke fen beppe: “Ut de trochgong fen Loijengea kaem Goijengea en fen de stank Offingawier.”—Ubele. Dat jildt dy, Abe. Dou biste ommers fen Offingawier.—Abe. Ja, hwet in skeve skearbaes seit, der jowt de lommert nin jild op. (Abe giet prot wei.)—Ubele. En hwer do hinne, Douwe?—Douwe. Do nei Toppenhuzen en Twellingea; dêr wenje omkesizzers fen ús heit; boeren mei rêgen. Dêr hie ’k it as smoarge beane.
Joute. To Toppenhuzen Dêr fange men de luzen, En to Twellingea Dêr knippe men se dea.
Dou biste fen Twellingea, net Sjouke?—Sjouke. Ja. En dou fen Schiedam, hê? Dou falste hwet rjimmerich, Joute. Haste in doaske rjimmersgûd ynnomd? Mar it liket my noch wol sa gnap om de pejoatkes to knippen, as om se oan to setten lyk as de jeneverljue dwaen.—Joute. Nou, ja; it komt sa yn ’t rym to pas. Dou hoefste dêrom sa lêbich net to wêzen. Us beppe hat it my sa leard, en ik hab ’t net makke. Frou bring my in nij stik sjippe!—Ubele. Dou biste noch net to Starum, Douwe!—Douwe. Noch lang net. Fen Offingawier bin ik nei Snits gien, en do mei it fearskip nei Sleat syld.—Sjouke. Is dêr noch al hwette agoasje?—Douwe. Né.—Sjouke. Hwer libje se den fen?—Douwe. Fen de brêge. Brêgebidlers sizze ommers de bizen.—Gouke. Siz hjar dat ’ris! Den kneppelje se dy dea.—Douwe. Ik scil my wol wachtsje; hja binne nin narjen wend.—Ubele. Den wier er allehiel nin nijs?—Douwe. Nijs en nijs is twa. Ald nijs is der in bulte. De rottelwachten rounen yn âlde tiden mei hoarnen en dêr bliesden se de ûren fen de nacht op. Yn ’t poepelân dogge se it noch.—Ubele. Ja, hoarnen wierne de earste klokken. De bakkers blieze noch op hoarnen as de boltsjes nôch binne. Mar hwet woestou sizze, Douwe?—Douwe. Det de Sleatumer nachtwachten, do de rottel yn swang kaem, mei in rottel en in hoarn ta gelyk rounen. En dêr komt it noch fen, det de rottelwacht to Sleat, as er de lêste rop docht, dit rjimke seit:
Boargers fen Sleat! Stean op! It is dei. De hoarn is fol skyt en de rottel is wei. De koster is gek, en de toer is mâl; Ik wit net, hwet ik roppe sal.
Ubele. Dat liichstou, Douwe!—Joute. Nou, ik hab dat rjimke wol faek heard.—Douwe. Aste seiste det ’k liich, siz ik nin wird mear.—Ubele. Nou, nou, sa gysten net. Dou biste sa gau op ’e tean trape. Forhelje dou mar foart. Wy scille alles leauwe hwetstou seiste; aste mar net forhelleste, det de soan âlder is as de faer.—Douwe. To Sleat mette ik ek noch in âld sib fryster fen my; mar, jonge, jonge! toft ik, ho is ’t mûlk, det sokke tsjeppe jonge fammen sokke smoarge âlde wyfkes wirde kinne! It minske wier al stiif fyftich, mar hja waerd noch read om ’e holle. Alde ljeafde roastet net, en in frommis nimt sa’n ding altyd hwette earnstiger op as in manminske. Mar ik hie der nou nôch fen, en gong mei in wâldweinke fen Sleat nei de Galamadammen. De skoufeint dêr is myn miich; dy woe minlike jern, det ik dêr oernachte, en dat hab ’k do dien.—Ubele. Foel der ek hwette to skûrren, lyk as de Gaesterlâners sizze?—Douwe. Né, it wier nin merke. Ik hie ’t der as smoarge beane, mar ik hab nin wink yn ’e eagen hawn.—Ubele. Ho kaem dat by? Wier der jongfolk?—Douwe. Né, it wier der dea-stil. Mar de godsganskelike nacht gounze it sa foar myn earen lâns, bom-bam! bom-bam! bom-bam! It wier krekt eft de greate klok fen de Aldehouster toer fen Ljouwert djip ûnder de groun let waerd. Do wy de moarns ombietene frege ik de kastelein, hwet dat west hie? mar dy seach my skean oan, en sei det er ’t net wiste. Dat leach er; hwent syn mem, in âld wyfke fen 80 jier, kaem op hjar kruk by my: “Niis, do it folk der by siet, koe ik it dy net sizze, Douwe, mar ûnder fjouwer eagen scil ik dy dat bombamjen forklearje. Dou haste wol heard fen St. Ealskleaster to Starum, dat nou yn sé laeit?” “O ja! sei ik; “myn pake hat mei syn koffe noch ’ris op dat plak ankere. De beanhearre hie do krekt lang waeid en it séwetter troch ’e gatten yn ’e noardsé jage. Mar do it ebbe, kamen de ûnderste stompen fen it mûrwirk fen de tsjerke fen Sint-Ealskleaster boppe; ús pake laei der midden yn en do de wyn opstiek koe er der net út.” “Nou, heite, sei âld beppe, de klokken fen Sint-Ealstoer hienen se forgetten to wijen, en do dat nei in hûndert jier oan ’e bisskop fen Utert forknipt waerd, sei dy: “Den binne dy klokken for de divel.” Sa gau hie er ’t wird net sein ef koarthakke net links fleach as in wylde tsjin Sint-Ealstoer op; skoerde de klokken troch de kloksgatten út, en keilde se sa fier as Himelum. Dêr sloegen se in gat yn ’e groun, dêr wol in boereskûrre yn koe. Mar do woe oerdwealske koarthakke der ek noch wille fen ha. Hy hie in kammeraet hjir op Galamadammen, dy mei in âlde tsjoenster tahâldde, dy hjir de skjippen molk. Dy en hy boartten alle nachten efkes nei toalven heinebal mei de beide klokken. Hja keilden se eltsoar ta. As koarthakke ien fen Himelum nei de Dammen smiet, saeide syn miich him de oare ta nei Himelum, en dat hat krekt sa lang dûrre, as se de klokken goed heinden. Mar de miich, in jong gysten divel, wier sa tûk net yn ’t heinen as de baes sels, syn omke, en sa kaem it to barren, det hy ien fen de klokken yn ’t wetter fen de Dammen del soalde, en de oare in ruk fierder yn ’e Fljussen. Nou let koarthakke noch mei dy klokken hjir ûnder ús yn de groun; hwent hja binne mei geweld dwers troch de koarste fen it ierdryk hinne flein, en sa komt it, det de fiskers op de Fljussen en wy hjir op Galamadammen nachts it doffe bombamjen út de groun opkommen hearre.” “Mar, ho komt it, moeije, sei ik, det ik dat sa klear heard ha, det ik ’er net fen sliepe koe? Dat is ommers alle nachten sa net.” “Né, Douwe, sei it âld wyfke. Mar earjister is de hûnderttûzen yn de lotterij fallen, en den is ’t altiten freugdedei yn de hel. Den lit Satan piktonnen barne en alle klokken liede.” “Ik winskje jo gesontheit, sei ik tsjin it âld wyfke. It is myn tiid, ik moat foart.” Ik fûske mei myn miich, en gong nei Rawier ta, dêr ik noch nea west hie.—Ubele. Rawier! Rawier! Hwet is dat?—Douwe. Sa neamden de Súdhoekers by âlds it[56] Readeklif. It is dat steile en hege punt fen de Gaesterlânske dunen, dat tsjin de stoarmweagen stean bleaun is en yn sé útstiket.—Ubele. O krekt, dêr Tjesk-moer op stie, do hjar swift ûnder seil gong;
Tjesk-moer seach fen fiere weagen Ho se fêst fen lân ôfteagen. (De eagen gâld’ se, earm-moer, koarts út,) Dêr se op ’e hege wier del bokke, En fen beide ich ’t lân bilôke, En de sé seach yn syn tút.
Haste dêr ek hwet nijs sjoen, Douwe? Neat; as hja wiisden my dêr noch it gat, dêr de fjûrige draek út oplein is; dou wiste wol, dêr de kroniken fen skriuwe. En, ja! den habbe se my ek noch it plak yn sé wiisd, dêr greate Rodger fen syn wiif dea makke is. De grizel rint my noch oer de grouwel as ik dêr om tink.—Hessel. Ik bin der wol faek west; mar dêr hab ik noch nea in wird fen heard.—Douwe. Rodger, lyk it telke seit, wier in fiskerman fen it âlde sterke Fryske laech. Hy wier acht foet lang, en syn wiif Saske spile net swak by; hwent dy wier mar in foet lytser. Rodger skeakelfiske sa hwet by Starum om; ek gong er wol om kongeriel yn de Sudersé op, en do er iens op in moarntiid thús kaem to iten, hie Saske neat klear. “Ik hab der nou al trije dagen droechskûrre, sei Rodger, “en nou noch nin waerm iten. Hwet doch ik den mei in wiif?” Mei ien waerd er sa breinroer, det hy hjar mei in heak in gat yn ’e skonk sloech, en dat kaem sa hird oan, det sy der wol in fjirtjin dagen mei to bêd lizze moast. Rodger, dy hastich en opljeppend wier, bitommele gau, en hie sa folle birou as hierren op ’e holle. Hy wier net by it bêd wei to slaen, en hy paste hjar op sa soarchfâldich as in mem hjar gammel bernke dwaen kin. De fyftjinde dei kaem Saske wer oer ’e flier, en do gong Rodger wer oan ’t fiskjen; hwent yn de lêste pear wiken hie er neat fortsjinne en hja koenen hjar koarsten, lyk as de measte fiskerljue, wol op. Hja wennen yn in âlde tinte op ’t klif, en as hja de holle út it finster stieken, seagen se op ’e boatsjes del, dy lâns de séwâl foeren. Sa seach Saske hjar man Rodger ek farren. Hja bigoun to tinken oan de pine en smerten, dy hja útstien hie, oan it djippe gat, dat se noch yn hjar skonk hie, en mei ien wier it krekt eft der saun divels yn hjar foeren, sa koegelsk waerd se; hwent in frommiske forjit en forjowt net licht; hja is goed fen onthâlden, as it op wraek oankomt. Hja naem hjar bêd op, flokte alle divels út de hel op om it yn in stien to foroarjen, en smiet it Rodger do boppe fen it klif ôf yn sé efter nei. Koarthakke stie klear, lyk as oeral; dêr er in spoenke ûnder it fjûr stekke kin; hy hearde dy winsk, en yn in amerij foroare er it bêd ûnder ’t weisoalen yn in stien sa great as it bêd sels. De stien plofte boppe op Rodger del en bidobbe him mei aek en al yn sé, det der neat fen him oerbleau as in kûle yn it wetter en de lêste bûrlen fen syn smoarde amme, dy boppe kamen en in amerij op it wetter omglieden. Do Saske dy bûrlen seach, lake hja gigeljende, wyld, lûd en ôfgryslyk; it wier krekt eft de moer fen de divel kâldgnyskjende hjar tryomf útskettere en útkraeide. Mar lyk as men seit: “smertkerne komt efter nei.” Bier en barmhertichheit kamen njunkenlytsen wer boppe. It birou sloech hjar einlik om it hert, en yn de jinlikheit mei honger en ellinde, as hja mei holle opsparde eagen oer it flak fen de sé, it grêf fen hjar man, hinne seach, den mompele hja yn hjar sels: “Mei Rodger wier ’t net bêst; mar sûnder him is ’t noch folle minder.” As hja in brok fen Rodgers klean ef skeakels seach; as hja syn namme hearde, kearde it yngewand yn hjar om. As hja tochte om dy kûle yn it wetter, om dy bûrlen, den wier ’t eft hjar it hert tichtknypt waerd. Hja sloech oan ’t kwinen en tsjirmde út, det men hjar wol mei in kears trochljochtsje koe. Do hja op it úterste kaem, kearde se de holle noch ’ris nei hjar Okele om, in skrander boi fen acht jier. “Hwet likestou op heit, boike!” sei se sêfkes: “Bid for mem, ljeave.” It bern bea in Vader onse; ûnderwiles kaem der noch in lyts, lyts sigentsje út hjar wite lippen; Saske rekte hjar langsom út, en wei wier hja.—Ubele. Wiste mear fen dy telkes? Douwe. Ja, de fiskerljue habbe my noch ien sein fen de faem fen Inkhúzen, dy yn in aed oer de Súdersé roeike; mar dat scil ik dy tonei ’ris fortelle.—Joute. Dat is bêst. De skearwinkel skinkt jimme alle âld-wive-telkes.—Ubele. Hwer biste do hinnegien, Douwe?—Douwe. Nei ’t heksershol.—Iebele. Hwet is dat?—Douwe. Dat is Molkwarren. Dêr tilt it op fen tsjoenders en tsjoensters.—Ubele. Ei, wakker! Ik miende, dat dy útstoarn wierne.—Tamke. Dy stjerre nea út sa lang as der minsken mei ynbyldingen binne.—Douwe. Nou, ik leau, det der hwet is; ik hab dêr sokke nuvere telkes en fen sokke stadige dimmene ljue heard, det ik it hast leauwe moat.—Ubele. Wel, hwet den? Lêz e’ris hwette op.—Joute. Frou, woll’ je de âlde baker ’ris komme litte? Hjir scil hwette forteld wirde; dat is krekt hwet for hjar.—Douwe. Nou, wy scille der jimme net mear lêstich mei wêze. Den kinne jimme nei hertenlust rabje en oare ljue by it gat ophelje. It wier noch better, det jimme fen kjitte praettene.—Joute. Al wer lêbich. Ik bigjin wrammels to leauwen, Douwe, detste greatsk biste, detste in einke yn Fryslân op west biste en nou hwette nijs wiste to forheljen. Mar dou biste noch net fier yn ’e wrâld op west. Hwer biste west? By de Jirnsumer katsjes; by de Gaesterlânske heidebikkers; de Starumske ribbekliuwers; de Molkwarrenske tsjoensters, en dêr is nou alles. Mar ik kin jimme noch hwet oars forhelje, as jimme op mirakels bilust binne. Hwent do ús oarreheit mei de merse troch Fryslân roun, wier ik as in boi fen toalf jier altiid mei him om de knapsek to dragen, en sa bin ik as bern al west by de Ljouwerter galgelapers, de Harnzer tobbedounsers en neven, de Frentsjerter klokketsjeaven, de Snitser dúmkefretters en weaksk .... rs, de Bolswerter oaljekoeken, de Warkumer brijbekken, de Drylster kipmankes, de Hynlipper húlen, tsjeunken en tsjoaten, de Dokkumer grenaten, en de Grinzer klúnkoppen. Fen Ljouwert tôgen pake en ik nei de Berltsumer hounefretters en de Hallumer koekefretters; ef de oare wei út nei de Wirdumer toerfretters, de Wergeaster brêgebidlers, de Earnewâldster luzefeijers, de Ureterper oanbreide hoazzen, de Grouster tsjiisfordounsers, de Jirnsumer kattekneppelers, de Boarnster toermjitters, de Akkrumer skytstoellen en de Hjouwster klienroggen. Wierne wy to Dockum den sjouden wy nei de Kollumer kattefretters, de Hantumer margeïters, de Ternaerder bargestrûpers, de Holwerter roekefretters, de Wierumer katsjes, de Peazumer hountsjes, de Blijer bellefleuren, de Hallumer koekefretters ef de Birdaerder skieppekoppen. Wierne wy to Snits, den dienen wy útfallen nei de Gaestmer hounewippers en otterfretters, de Hegumer brêgebidlers en de Wâldeinsters driuwpôlen; en fierder op nei it Dockum fen de Súdhoeke, nei Koudom, de koude turven om, en nei de Warnzer skieppeloarten. Ek bleauwen wy wol ’ris tichte by honk, en gongen in dei nei de Idzegahúster beanefretters. Fen Bolswert út nei de Arumer moudekrûpers, en de Makkumer strânjutten, de Peinjumer beanehulen, en de Kimswerter moudekrûpers, en ienders allehiel nei de Texelske kraeijen, en de Amelânske balketsjeawen[57]. Hwer bistou mei dyn reizen Douwe? Mienstou my nijs to sizzen? As jonge hie ’k tsjienderis mear sjoen as dou op dyn âlde dei.—Douwe. Ik jow it dy woun, Joute. Ik bin it bernsbern net fen in merskreamer, en ik hab de ear ek nea hawn fen syn knapsek to dragen. Mar hieste dêr nocht oan, oan dat gesjou it hiele lân troch?—Joute. Ik hab nea mear wille hawn. En pake wier goed. Hie er in goede dei hawn, den treau er my in dûbelstûr yn de hân, en sei: “Dêr, myn feint: keapje dêr koeke foar.” En nei det ik den earne wier, koft ik Frentsjerter dúmkes, ef Harnzer hoiteflip, ef Dockumer glêddingen, Bolswerter oaljekoeken, ef Drylster kipmankes, ef Drachster koeke, ef Boarnster flut, ef Ljouwerter deadmansfingers.—Douwe. Wy prate mar net mear oer ús reizen; hwent den komme wy noch yn tsjok waer. Mar dêr, Ubele, dêr haste in pompier fen de âlde skoalmaster fen Molkwarren. Dêr kinste alles yn lêze, hwet ik fen Molkwarren heard hab.
IT HEKSERSHOL.
Sa neamt it sprekwird Molkwar, en nou scil ik jimme ’ris sizze, hwer dat fen dinne komt. De Molkwarrers binne allegearre nin heksers en al hjar âlde wiven nin tsjoensters, mar der is by âlds in houwelik to Molkwar west, dêr forkeard skaei útkaem, en dat moatte se nou allegearre ontjilde. Dêr is in Gosse Knop west, dy it spil bidoarn hat, en dy it troch syn neisieten sa fier brocht hat, det it sprekwird sei:
Flokken en swarren Is ’t wapen fen Molkwarren.
Sa gau as Gosse to wrâld kaem, wier der sa’n sterke swevellucht yn ’e kreamkeamer, det it hoarnwiif tsjin alle brûkme oan it finster opskouwe moast; hwent nin minske koe yn dy stank dûrje. De wâldierde, dy de jonge ôfgong, wier pikswart en kleare divelsdrek, en it hat wol in fearnsjier dûrre foar det de faem de lucht út de ruften en doeken spield hie. Syn faer wier in fyn kofskipper, dy mei in greate bibel ûnder de earm en de holle op side sneins trijeris nei tsjerke gong. Syn moer Isabella wier in gnap frommis, de dochter fen in poep, dy as hearefeint by de Grypman tsjinne. Mynhear wier for in fjirdepart reder yn in koffe, en do hja seis jier as keamerfaem by mefrou tsjinne hie, troude se mei Jeyp Knop, dy fen mynhear it kapteinskip yn ’e koffe krige mei in tsjep jong wiif; hwent de âlde skipper wier gammel en krukkich, en koe de sé net mear bitsjinje. Do se trouden koe Isabella net mear allinne rinne, en Gosse Knop kaem al mei de fiifde moanne opdaegjen, folgens it sprekwird: “It twade bern komt op syn tiid, mar it earste komt as it klear is.” Jeyp waerd der twaris om fen ’t Avondmael set; mar hy wier kofskipper.
Gosse waerd yn ’t opgroeijen yn alles in onfoech skepsel. Nei it lichem dijde er oergrousom út; op syn tsjiende jier wier er al sa dûbelliddich, det se him oanseagen for in feint fen sechstjin. Alle jonges, dy er oer koe, skopte er en knoeide er, en fen nature wier it in boal; hwent syn greatste wille wier it âljen fen in earm kat, dy er by it ein fen de stirt jinnige minuten as in stien oan in reap yn ’t roun gizele. As master him forbea, seach er dimmen en démoedich foar him del, krekt eft er nin trije telle koe; ja, den liet er ek wol ’ris in inkele trien fen djip birou rôlje; en as de man him omdraeide, stiek Gosse syn greate blaijer út, en sei: “Alde poep, forrek!” It moaiste wier, det sa ’n loebes, sa ’n olfert de fine man úthinge, en as er nachts mei in skearsliperssleep yn it hea laein hie, det er den de oare jouns mei de âlde wyfkes yn ’e kosterij siet to fimeljen en to ’salmsjongen. Dat die er al op syn sauntjinde jier; mar it wier noch stil. Dy him goed koenen seinen, det er de smoarchste pluch en de fynste pilarbiter allyk wier, dy ea minske-eagen sjoen hienen. Mar ho er de knepen ek yn ’e mouwe hie, op syn tweintichste jier hie er in bink, dy him hwet mear bikend makke.
De soan fen de Molkwarrer kaeich (beurtman) noadde him ’ris om in reiske mei nei Amsterdam to dwaen; hy scoe frij út en thús. Dat gong oan, mar dêr rekke er allehiel to sink, sa det syn kammeraet him op it lêst bjuster waerd en sûnder him thús kaem. Hwer dy planeet do al sa omswalke hat, dat hat nin minske ea neispoare kind; ik scil allinne sizze, hwer er hjir en dêr op syn omswervingen fen syn kinde sjoen is.
Op it Wetter to Amsterdam mette him in man fen Molkwarren, dy boekhâlder oer in mannich Rigafarjers wier; hwent do laeinen der soms sechstich Eastséfarjers fen Molkwarren, allegearre mei it swanke yn it wyt yn de flaggen, oan de brêge to Riga. Dy man wier in biis; hy hie in bulte nocht oan gridzen en nuvere setten; en hy hie ek wol ’ris nocht oan onnocht, lyk as der folle âlde Friezen wierne, do se noch nei hjar eigen holle, en net nei de mode fen Hollân, as apen fen apen, libbene. Hy wiste det Gosse in earste prefester by de panne wier, en det er koarts sa folle as trije hongerige poepen bergje koe. “Wolste mei my ite, Gosse?” sei de boekhâlder. “Ja wol”, sei Gosse, dy by de Jonker-en-Ridderstrjitte omflintere hie, en rammele fen honger; hwent dêr wier mear to drinken as to iten west, en it flêsk, dat se dêr forkoften, wier ek nin kouweflêsk. De boekhâlder naem him mei nei de Keizerskroane yn de Keallestrjitte. Dêr sette er Gosse op it ein fen de tafel, dêr in tritich hearen oansieten, flak tsjin in Eastynjisk kaptein oer, en hy sels ’er neist. Do de mieltiid sa hwette healwei wier, hie Gosse der al in heal skinke en al de klokspizen, dy der om hinne stienen, ynproasse. De feinten tôgen al mear en mear oan, mar it forsonk alles yn de boaijemleaze mage fen Gosse. De Eastynjiske kaptein koe net ite fen niget; hy hie it each net fen dy greate kevels fen Gosse ôf, dy mar ivich troch mealden. “Ho sjen’ je my sa oan?” sei Gosse einlinge. “Wel, kammeraet, sei de kaptein, “ik bin jister fen myn reis út Eastynjen thús komd: dêr bin ik op Borneo ûnder de minskefretters west, en it hat my nei stien ef hja hienen my mei myn stjûrman ek opkôge. Mar as my dat ongelok oerkomme moat, den ho koarter lijen ho better, en dêrom hoopje ik detstou my den opfrette scitte. Hwent dou kinste mei it spil foart.” Al de hearen laken, en dêr alles oan dat ein wer skjin ophimmele wier, waerd it tiid, det hja opkroadene. Do de boekhâlder de kastelein bitelle, sei dy: “Mynhear, as je my mear sokke gasten recommandearje, siz it my den foarôf; den scil ik se neist de hynzers op stâl foerje.”
In wike ef seis dêrnei binne hja him wer ’ris op spoar komd to Aldwâlde yn Noardhollân. Dêr kaem er oan op in snein-to-moarn, en omdet it jild op wier hie er nin boadskip yn it weardshûs. Hy gong dos aenstons yn tsjerke, dêr er flak tsjin de domenij oersiet, en him elts wird út de mûle seach. Mar foar det de preek oangong seach Gosse noch in raer ding. Der wier in keardel mei in mirdefanger yn ’e tsjerke; dy houn hâldde him njuet en from, en laei mei de kop twiske de twa foarste poaten flak op domenij ta to sjen. Dat kaem domenij lykwol yn syn eare, en hy sei tsjin ’e hounegiseler det dy houn de tsjerke út moast. Mar do dy tagripe scoe, liet it bist de tosken sjen, en gromde en raspte sa freeslik, det domenij tsjin de hounegiseler sei: “Och Manus, lit de houn mar wêze. It bist bigrypt ’er sachts sa folle fen as de measte fen myn tahearrers”. Dêrop bigoun de man to preekjen oer de gewichtige wirden fen Leviticus âlve, fers tritich: Ende de mol. Hy dielde syn preek in trije parten; ten earsten, de mol is blyn, de minske is ek blyn, ten twadden, de mol wrot yn de ierde; de minske wrot ek yn de ierde om goud en wrâldske eare; ten tredden, de molwrot wirdt wipt mei de lodde fen de mollefanger; sa wirdt de minske, de earme ierdwjirm, wipt fen de divel. Do de domenij sa oardelûre wakker yn de stoel omskrept en omslein hie, gong de tsjerke út, en domenij wier net yn de pasterij ef Gosse wier der ek. “Jy kenne my net, domenij, sei Gosse, mar ik moat jo dochs sizze, det je my skoan foldien habbe. Dat wier in dierbar wirdke, dat je dêr oer de satan spritsen habbe. O! o! dat ivige helske fjûr! Ivich is sa lang! Mochten de godleazen dochs noch hearre en hjar wei bikearje! Mar wy binne de útforkoarnen, domenij! Wy kinne net to bek falle.” Domenij wier in from, bêst man, mar in dripke drankswiet, en dat wier bikend; dêrom waerd er net forroppen, en hy woe sa minlike jern ’ris út dy fûke fen Noardhollân wei. Do domenij syn lof hearde, frege er Gosse: “Hwa binne jy, frjeon?” “Ik bin in koukeaper fen Warkum, sei Gosse; “dêr moat in nije domenij wêze, en nou ’t ik dochs nei Pormerein moast, hat de tsjerkerie my forsocht om jo trije sneinen oan ien to hearren, en hjar den ’ris biskie to dwaen, eft er goede lonte yn jo siet en eft jy suver yn ’e leare wierne.” Domenij tocht: dêr is byt, en sei tsjin Gosse: “Den kinne je hjir yn ’e pasterij ek sa goed wêze, tinkt my, as yn ’e herberge.” “Dat is al sa, domenij, andere Gosse, mar ik moat ûnderwilens myn affearens dwaen.” Sa bleau Gosse dêr trije wiken út-fen-hûs; hy praette wakker mei domenij oer it goede, soms let yn ’e nacht op; hy iet en dronk fen it bêste; hwent domenij, dy ’t each altiten op it Warkommer birop hie, helle treftich út, en sette him hiel sêft; middeis hie er sels in flesse wyn oer tafel; en as er it iten binnen hie, sjoude er sa beare by de boeren yn dy krite lâns om de kij to sjen. Tsjin itenstiid wier er jouns altyd wer by de krêbbe; dêr hapere nin menút oan.
Domenij hie ek in faem fen achttjin jier, it ljeafste en golste skepsel, dat men mei minske-eagen sjen koe, mei namme Elisabeth Klant. Hjar heit wier loats op Texel, en om ’t er in bulte noed fen hjar stie en de mem dea wier, wier de man bang, det se yn de hânnen fen de iene ef de oare sékaptein falle scoe. Dêrom die hy hjar as faem by in lândomenij; hwent dêr miende hy, det hja feilich wier for de forlieding, dêr jonge fammen op sépleatsen altiten oan bleat steane. Der siet in skrandere holle op dy faem; mar hja hie dit mei folle dochters fen Eva hiem, det hja jern leaude, hwet de feinten hjar fen hjar himelske blauwe eagen, fen hjar leeljeblanke hals, en hjar geve rigele tosken wysmakken. Gosse hie dat gau yn ’e noas, en wist hjar dat forgif sa fynkes en sa faek yn to jaen, det hy gau hjar hert stellen hie, en hja him de soalen út de skoen tsjinne. Op it lêst bigoun er hjar ’ris to tantsjen, wylst hja foar him stie om de thékopkes om to spielen. Hy klamde syn beide greate hânnen fen efteren om hjar mil, en wylst er sei: “Betsje, hwet hastou in moai kier yn de rêch!” joech er hjar oer it skouder in tútke. Hja waerd sa read as bloed, en fleach wei; mar hja sei it net oan domenij. Hy wier wakkere roazich nei ’t er foarjoech, en om hwet út to wazemjen liet er him de lêste wike in kopke thé mannich moarns fen de faem op bêd bringe. Do de tredde wike ten ein roun, kamen der echte koukeapers út de krite fen Warkum yn dy oarde, en Gosse, dy bang wier, det dy him forklappe scoenen, sei nei de tredde preek oan domenij, det er net twivele ef hy scoe nei sok hearlik preekjen wol to Warkum biroppen wirde. Hy scoe alteas dwaen, hwet er koe. “Mar nou is der ien slim ding”, sei er. En hwet is dat?” frege domenij. “Wel, sei Gosse, de riem is plat. Ik kom hwette bûsjild to koart.” “Wel nou, sei domenij, “wy binne ommers yn de wrâld om eltsoar yn ús neden by to stean. As dat net to hird oankomt, kin ik jo wol helpe.” “Ik wit net, sei Gosse, “jildlienen oan in man, dy men net ken, dat is al hwette nuver. Mar mei in hûndert goune wier ’k rêdden, en myn kammeraet, dy hjir mei in dei mannich komt om kijnegoasje, kin it jo werjaen.” Domenij telde him hûndert keizersgounen op tafel, en dêrmei en in swiet galgemiel gong Gosse opstriken nei de Helder ta. Domenij hearde fen syn nije frjeon, fen jild en birop tael ef teiken; mar mei in wike mannich kaem der in gnap keardel fen Hynlippen, dy him fortelde, det ’er to Warkum yn nin fiif jier in birop facant west hie, en nou seach domenij yn hwet hânnen er west wier. “Den hat dy keardel my bidragen, sei domenij, “en ta tank hat hy my myn hiele wynkelder der noch by leech sûpt.” Mar ’t slimste wier noch bihâlden. De ingel wier fallen; Betsje moast yn de kream. De heit kaem fen de Helder, en geat as in rou séman al de flokken fen de hel oer de holle fen domenij út, det er net better op syn bern past hie. “Ik miende, sei er, “ik miende det ik ús ljeavenhear by de holle hie, mar nou sjen ik, det ik de divel by de foetten haw”. Dit barde de jouns let; de man trille fen lilkens, en koe de hânnen hast net fen domenij ôfhâlde. De oare moarns rôp domenij de faem; mar der kaem nin gewach. De man gong skruten opstean, en sa as er nei it fammekeammerke gong, seach er de reinwetterbak wiid opstean en de toffels fen de faem ’er foar, krekt eft hja nei bêd gien wier. De ljeave Betsje hie hjar, nei it toaniel fen de foarige joun, yn ’t holste fen de nacht fordronken. Hja koe hjar skande en ’t fortriet fen hjar heit net oerlibje, en de ongelokkige loats koe oan syn bern op de Helder neat oars ta wolkom-thús bringe as it lyk fen hjar fordronken sister.
Foar det ik nou fierder forhelje, moat ik jimme sizze, det Gosse mem nou in âlde fekke fen in snufnoas wier, dy de brune drip altyd hinge. De ljue woene wol sizze, det hja in tsjoenster wier, en sels nin frommiske ta hjar moer hawn hie. To Molkwarren leauden se allegearre, det hja bret wier út in hoanne-aei; hwent in hoanne leit om de saun jier in aei, en as dat bigjint to hikjen komt der in tsjoenster út. Gosse wier ien fen twalingen, broer en sister; mar hy wier allehiel ongelyk oan syn sister; hwent dat wier de gollens en frommens sels, en hy wier in ondogenske loebes, dy jimmer op falskheit en forried út wier. Hy seach ek mear as in oar; mar dat kaem dêr fen, det hy mei in helm berne waerd, dy it hoarnwiif him ûnder de pap opfoerre hat. De sister hie ek in helm; mar dy hie de kreamheinster forbarnd, en dêr, woenen se wol sizze, kaem it fen dinne, det hja net mear sjen koe as wy allegearre, wylst Gosse bigangels seach en foartsjirmerij hearde. Dêr scille wy nou ’ris in jestael fen sizze.
Do Gosse dat fyt to Aldwâlde útrjuchte hie, gong er nei de Helder, en nei ’t er dêr in pear nachten for de gounen fen domenij by Janke-en-hjarre út-fen-hûze hie, swaeide er mei de postboat nei Terschelling. Syn earste oanrin wier al wer by de domenij, in bêste en ek wol in gelearde keardel, mar sa skichtich as in akke, en dy men mei skik nin ûre by yen hâlde koe as troch frjemde telkes fen foartsjirmerijen en spoken. Dêr hie Gosse altiten in sekfol fen klear, en om ’t er fen domenijs swak gau de lucht krige, bitsjinne er de man mei sokke nuvere en ôfgryslike stoarjes, det er soms fen forbazinge hast net sykje koe. En dêr sloech noch ta in bigangel, dy Gosse sjen koe, mar in oar net, en dy krekt útkaem, lyk as hy ’t sjoen hie.
Gosse hie mei domenij op in jounpraetke út west, do hja om tsjien ûre hinne wer nei hûs trapen; it wier tsjuster moanne, mar de wyn waeide út it noarden, en den is ’t altyd ljochter as mei oare winen. Hja rounen in smelle wei lâns, dêr amper in wein troch koe, en it wier sa hwette healwei do Gosse skoftich bisiden it spoar sprong en rôp: “Sjoch, sjoch, domenij! Kom hjir!” “Hwet sjochste? sei domenij. Ik sjen neat as wolken.” “Sa klear as de dei sjen ik foar my in bigraffenis, andere Gosse; “ik sjen in haiwein mei it swarte deafet ’er op, en in swart en in wyt hynzer ’er foar. En dêr komme de frjeonen ek al oan, dy efter it lyk geane. Sjoch! In oar domenij hat de foargong; den folgje jy mei jins boike oan de hân; den jins skoanfaer, en nou jins sweager fen Pitersbjirrum.” En sa neamde Gosse de hiele smite, dy mei to hôf gong, fen de earste ta de lêste op. Sels de frouljue, dy der efter rounen, koe er troch it reinkleed en al hinne. Domenij woe him dy bigangel as franjes út de holle prate, mar Gosse woe der op swarre, det hy it by dei net klearder sjen koe, as hy it nou sjoen hie by nacht. In fjirtjin dagen dêrnei stoar domenijs wiif oan de reahoun; hwent dy jachte wier do húsriem op Terschelling. Domenij wenne wol in healûre fen ’t tsjerkhôf ôf, sa det it lyk ’er hinne riden wirde moast, en om Gosse’ bigangel nou ta in ljeagen to meitsjen, liet er twa swarte hynzers komme, en de lykwein lâns in breder wei, in einke fen de smelle leane, dêr de bigangel sjoen wier, nei ’t hôf ride. Sa as de boer de hynzers yn ’e sile sloech, krige it iene bist ongemak en foel del as in stien; men seach oeral om in swart hynzer, mar der wier neat oars to krijen as in wyt, mei in swart koltsje foar de kop. Sa gong it nei ’t hôf; mar do se by de brede wei kamen, laei der in greate Noardske balke, dy út in bútskip oanspield wier, dwers foar de yngong, sa det ’er neat oars opsiet as de smelle leane lâns, dêr hjar de bigangel mette, dy nou mei it wite en swarte hynzer, en domenij en syn boike oan de hân, ta wierheit waerd.
Do it folk werom wier, gongen se oan it leed, en der weard rju reaunte en mûskoppe oer dy bigangel. Mar do de pipen yn ’e brân kamen, waerd ’er fen ljue, dy ’er oan leauden, hwette lûder oer praet, en dêr hearde ek domenijs sweager fen Pitersbjirrum ûnder, dy by syn beppe yn ’e Bjirrumen greatmakke wier, en as bern folle fen skynsels bigangels en foartsjirmerij heard hie. Hy koe de heit fen Gosse, dy fen Welsryp fen dinne en to Pitersbjirrum greatmakke wier. “Nou, mannen, sei er, “jimme leauwe net oan Gosse bigangel, mar lit ik jimme nou ’ris forhelje, hwet ’er om 1680 hinne bard is mei Reink Ipes, dochter fen Ipe Jochems en Sipk Brongersma. Hja wier troud mei Tjaerd Poppinga, domenij to Pitersbjirrum, en hie op in nacht, det hja en hjar man to bêd leinen, in alderfrjemdst fisioen. Hja wier heech en dreech, en lyk as sokke frouljue rare ynbyldingen en oankomsten habbe, sa seach hja fen it hege bêd ôf yn ’e holle keamer del in deafet oer ’e flier stean. It wier in kordaet wiif, en hja hie moed genôch, om hjar nijsgjirrichheit to foldwaen; fen it bêd to gean, en to sjen, hwa’t yn ’e kiste laei; mar ho great wier hjar ontsteltenisse, do hja hjar sels dêr lizzen seach! Riboskjende fen skrik skodde hja hjar man oan de earm om ek ’ris to sjen. De man seach nin kiste, seach neat, en sei: “Hwet gridzen binne dat, Reints, yn ’t holste fen de nacht! Kom mar gau wer ûnder de wrine; oars fetteste noch kjeld ta.” Hja gong wer op bêd, mar koe hjar eagen net fen it deafet ôfhâlde, en sa as se dêrop digere, komt der in man mei in read ûnderbaitsje yn ’e keamer, dy in hânfol skroeven fen de skoarstienmantel griep en de kiste taskroefde. Do waerd der in wyt kreamlekken oer it deafet spraet, en de dragers kamen en gongen dêr mei wei. Domenij Poppinga, dy neat fen dat alles seach, lake om de ynbyldingen fen pastoarske. “As de frouljue hwette ûnder de mûtse hawwe, sei er, den is ’t altiten mei fisioenen to rêdden; mar aste yn twa stikken fallen biste, ljea’, den sjochste krekt sa folle as wy allegearre. En dy man mei it reade baitsje is klearebare gekheit. Hwent yn hiel Pitersbjirrum is net ien, dy in read baitsje draegt.” “Nou, ik hoopje it bêste, man, sei hja, “mar it laeit my sa op ’e lea, det dizze wâldreis myn lêste wêze scil.” En dat wier dochs misret, hwent hja hie in flotte, makkelike reis, en krige in skoan grou famke, dat mei in ûre al oan ’e tate laei en dronk det se pûstte. Domenij doopte it Tite, en do hja mei it bern yn it moaije reade kapruft út ’e tsjerke kaem, sei domenij laitsjende: “Dat is nou it reade baitsje, datstou sjoen haste, Reints. En dy deade is ús moaije poppe, dêrste sa greatsk op biste. Nou sjochste, Reints, in dream moat yn de útlizzinge altiten omkeard wirde.”
Maeije dêrop joech ’er him in timmerman to Pitersbjirrum del, dy in read baitsje oan hie, en sa gau krige pastoarske dy man net yn ’t each, ef hja sei: “Dat is nou de eigenste timmerman, dy myn deafet taskroeve hat.” In jier dêrnei wier it wer sa mei hjar. Hja krige in moai boike, dat hja Ipe (Epeus) neamden, mar hja stoar yn ’e kream. Do die domenij alles om it fisioen ta in ljeagen to meitsjen. Foarearst liet er it lyk yn de oare keamer oer ’e ierde sette; mar dat koe net; de pastorijdeaden kamen altyd yn de sliepkeamer to stean, omdet de dragers oars de swaei net mei it fet krije koene. Yn de oare keamer moasten se to koart krieme, en domenij, eft er woe ef net, moast tajaen. Domenij liet de skroeven ek yn ’e finsterbank lizze, mar ien fen de bûrren naem se yn gedachten wei, en lei se op ’e skoarstienmantel del. De timmerman mei it reade baitsje scoe as bûrman it lyk mei drage, en in pear oare de kiste ticht skroeve; mar dy koene der net to goed mei to rjuchte en knoffelen sa lang om, det de timmerman, dy krekt syn read baitsje oan hie, taskeat, de oare skroeven fen de skoarstienmantel naem en de kiste ticht draeide. Domenij woe ek nin wyt kleed oer it fet hawwe; mar ien fen de bûrwiven gong dit sa oan ’t hert, det hja, in amerijke foar det it fet op ’e bier tild waerd, hjar skjinne wite bûsdoek oer de kiste spraette, en sa waerd it lyk opdrein.”
Underwilens dit forteld waerd, wierne der folle, dy hast net sykje koenen fen oandacht; mar oaren glimken der om, en domenij sei neat: de man wier oerstjûr en djip forslein; ek wier er nou fiers to weak en to swak fen geast, om op sokke frjemde dingen troch to tinken. Der wierne jonge wyfkes by, dy fen de stoarje bisauwen. Mar domenij, dy nea forgeat det hy harder fen de kudde wier, sei tsjin hjar: “Dêr hawwe jimme neat mei to parten, sisters. Hwent de iepenbierde dingen binne for de minsken, en de forborgene for God. Jimme binne yn de hân fen God, en dat moat jimme genôch wêze.” Domenijs sweager krong nou hwette tichter oan Gosse; hwent nou er sjoen hie, det dy mear sjen koe as in oar, woe er him jern ’ris oer in en oar útkloarkje. Mar Gosse wier stil en hâldde him yn sa folle as er mei skik koe. “Dy man ken heit al, tofte Gosse, “en hy koe ek licht ’ris útfiskje hwa ’t ik bin. En dat hoeft net. Ik moat meitsje det ik út de reek kom. Hjir bret myn hoanne net.” En dy selde jouns gong er mei in botter nei Amelân, sa er sei, om havergûd fen in strâne skip to keapjen.
Der wierne do in bulte kapteins en silers oan wâl, dy mei bûsenfol jild út east en west thús komd wiernen, en Gosse foun gau syn folk, dy hjar eigen jild en de gounen fen de domenij fen Aldwâlde mei him forswiere woenen. Dat gong der oan ’e hoasbânnen ta yn lâns! Hwet hja sels net opkoenen dêr holpen hjar de ljitskes ta, dy op Amelân rju wierne, en mei in fjirtjin dagen wierne hja der sa skjin troch, det se eltsoar wol op ’e kop sette koenen sûnder det ’er in duit út de bûsen rôlje scoe. De oare moarns pandere it hiele boun nei in Eastynjisk kaptein ta, dy nei Macassar moast, om in hier by him to krijen en sa oan hânjild to kommen. Dat krigen se, mar foar det hja nei de Helder teagen, sei de kaptein, det hy hjar net oan boart hawwe woe, foar det de lêste stûr fortard wier. “Mei folk, sei de kaptein, dy noch in duit to forswieren habbe, kin ik nin lân bisile.” De makkers tommelen sjongende en sûpende yn de miebringer; en Gosse, sûnder frjeonen ef jild, bleau allehiel mistreastich op it strân fen Amelân stean, en seach it skip nei, sa lang er noch in stipke fen ’t seil oan de kimen biëagje koe. De grize joun foel melancholiek del, en goede rie wier nou djûr. Hy koe nearne ûnder tek komme; hwent kredyt hie er net. Hy gong nei in pear ljitskes, dêr er rju mei omslingere hie, eft dy him dy nacht ûnder tek nimme woenen; mar do hja fornamen, det syn dûbeltsjes op wierne, namen se elts in bjizzem en tichelen him sa ongenedich op syn grouwe hûd, det er de knip noch gauwer út rekke as hy der ynkaem. In ljeaf moai fiskersfamke, dy dat seach, krige sa’n meilijen mei him, det hjar de triennen út de eagen spatten. Hja naem him by de hân, en frege flaeijende: “Hwet is ’t, ome?” Hy sei det er nin ûnderkommen hie, en eft er net by hjar heit-en-hjarre yn koe? “Né, ome, sei hja, dat kin net; hwent wy binne mei ús tsjienen; saun broers en sisters en ús heit en mem, en wy hawwe mar in lytse hutte. Mar ik scil jo dochs ûnderbringe.” Nou stoe tichte by Ballum in forlitten hûs, dêr de baes mei de noarder sinne fen útknypt wier, en dat de earme eilâners by nacht en ontiden wol heal ôfsloopt hienen foar det it oan de krediteurs takaem. Dêr laette it famke Gosse hinne, en do hy yn de holle keamer stoe, tute hja him de hân, en sei: “Nacht ome! Nou moat ik gau foart; oars wirdt mem ongerust.”
Dêr stoe Gosse allinne yn ’t neakene hûs; it bigoun to skimerjen, mar hy koe noch sa folle sjen, det de biwenner neat oars bliuwe litten hie as it bêdstrie, en in reap fen it tou dêr er syn plunjes mei pakt hie. Twiske dy twa dingen hie Gosse nou kar; it bêdstrie om ’er dy nachts yn to sliepen, ef de reap om him op to hingjen! Dêr yn ’t tsjuster allinne sûnder tek, sûnder iten, sûnder in swolch wetter, fen God en minsken forlitten; op it lêst mûlk stelle om oan in stik brea en dêrnei oan de giselpeal to kommen. En dat nei al dat fretten, dat bealgjen, en rinkelroaijen mei dronkene silers en it skom fen slepen! “Né, sei Gosse, ljeaver in koart en in goed libben, as in langer libben mei sa’n ellinde.” Hy makke in stroppe fen de reap; probearre forskate reizen eft de strûp goed glide woe, en do dat klear wier gong er mei de stroppe om de hals de treppen op. Dêr sloech er de luts om in spiker oan in dwersbalkje boppe de treppen; mar yn it eigenste eagenblik, det er klear stie, om sa yn it treppenslûk to springen, waerd ’er ûnder roppen: “Hijla! Folk?” Gosse skrikte, makke gau de stroppe wer los, en gong nei ûnderen.
Dêr stoe in man foar him mei in dievelantearne yn ’e hân, dy Gosse yn it eansicht ljochte, om to sjen hwa ’t er wier. “Dêr, sei er tsjin Gosse, dêr hastou de lantearne; den kinste ek ’ris sjen, hwa ’t ik bin. Wy moatte witte, mei hwa ’t wy to dwaen habbe.” Gosse biljochte de man yn ’e troanje, en seach de moaiste jongkeardel foar him stean, dy ’t er ea mette. Greate iepene blauwe eagen, dêr him de suvere, oprjuchte nommelens út to mjitte blonk; foars en ta gelyk frjeonlik fen troanje, en it hiele wêzen ynnimmende; mei ien wird, in gesicht, dêr men fen sizze scoe: “Dat is in man, dy it hert op ’e tonge laeit. Dêr kin ik my mei liif en siele oan oerjaen.” “Hwet dieste dêr boppe?” sei er oan Gosse, do dy him bisjoen hie. “Ik makke my in legerstede klear,” sei Gosse. “Ljeach net! sei de man. Hwent God dêr boppe wit en heart alles, en hy scil syn blaksem op dyn holle slingerje aste ljeachste. Hearste ’t net tongerjen?” It rommele krekt yn ’e kimen, en Gosse foel troch ’e koer en bikende alles. Do bigoun dy man him sa dierbar to kapitteljen, det Gosse sa lyts waerd as in bern, en fen binaudheit net wiste yn hwet gat er krûpe scoe. “God yn dy hege himel! sei Gosse einlinge, Hwerom hab ik my dochs net ophinge?” “Bêst, opperbêst!” sei de man. “Sa moat it just komme, aste frij fen galge en hel scilste. Fen natûre biste in grousom en fordommelik skepsel, en de toorn Gods is op dy; mar dêrom kinste wol sillich wirde.” “Ho den? frege Gosse, “troch goeddwaen?” “O! Lit dy dat foaral net troch de werkheiligen wysmeitsje, andere de man; “alle minskelike deugden binne mar blinkjende sonden, en fen natûre wolste en kinste ek neat oars as God en dyn evenminsken to haetsjen.” “Fen natûre? sei Gosse, “dat bigryp ik net. Binne wy minsken den divels berne?” “Dat scil myn kammeraet dy útlizze, sei de man, en rôp: Wobbe, kom hjir ’ris!” Mei ien kaem ’er in turfskipper yn, dy him dat út de skrift bigoun to forklearjen. Earst praette er oer de erfsonde, en ho elts minskebern yn sonden ontfinsen en berne is. Do, det God eltse minske syn bistimming al jown hat foar det hy to wrâld komt, de iene for it ivige helske fjûr, en de oare for de ivige sillichheit, sûnder jinnige oanmirkinge fen hjar goed- ef kweadwaen. Do fen it borchbloed, en ho de flammen fen Gods wrake dêr yn dweste binne. “Dêr, dêr allinne op, op de genade, sei de turfskipper, dyste dêr troch krigeste, moaste it stean litte. As brochtste dyn hiele libben yn laster en bidroch, yn forgif en bloed troch, dy genade scil dy silligje, en nin macht op ierde ef yn himel scil dy it erfdiel ontskoerre, dat God syn útforkarden troch syn ivich riedbislút yn de himel talein hat.” “Kin it sa?” frege Gosse. “Deugd helpt dy neat, siz ik dy noch ’ris, sei de turfskipper; “it makket dy noch stjonkender, omdet it dy noch greatsker op eigen gerechtigheid makket. Dou biste mar in blok ef stien yn Gods hân, dy dy smyt hwer ’t er dy hawwe wol, en dou haste fen dyn kant neat oars to dwaen, as dyn fordommelikheit to erkennen, dy sels as in monster út to spijen en den wetterbeken fol to skriemen. En dat alles haste ommers folbrocht! Hwer scoeste den langer eang for wêze?” Dat lêste wird noaske Gosse. It wier in salve for syn britsen hert. Dit libben deselde wei lâns út to libjen; net ien fen syn foarige streken to litten; net ien bistaftige tochtme to bitwingen, en nei de dea yn de himel mei de útforkarden oergean! sa woe Gosse wol. Nou hie er wer frede mei ’t libben, en hy tanke de man en de turfskipper, en kniep hjar yn ’e hân as syn sielefrjeonen, dy him út de strik fen de dea ta libben en gelok to bek roppen hiene.
[Yllustraasje: YN ’T WAD TWISKEN HOLWERD EN AMELAN.]
Gosse hie nou sielefrede, mar nin bûsjild, en sûnder jild scoe him de frijpas fen de sonde, dy de turfskipper him op de mouwe spjelde, net folle helpe. “Oan hwa, frege Gosse de turfskipper, “oan hwa hab ik dy dierbare treast to tankjen?” “Ik bin Wobbe Lak fen Hauwelerwyk, sei de turfskipper, “ik bin niis mei in weinfol tsjiis oerkomd, om dy hjir op Amelân út to súteljen. Wein en hynzer steane hjir ûnder ’e gelderij.” En ja wol, dêr stie in Kollumersweachster tsjiiswein mei in meagere gûl fen trije goune der foar. De turfskipper gong ’er opsitten, en sei: “Ik ryd mar foarút Keimpe.” “En nou, jy! sei Gosse oan de onbikinde man, “ik hab jo sein hwa ’t ik wier; mei ik nou ek witte, hwa ’t jy binne?” Hiel wol, sei de man, “ik bin in fabrikant út Súdhollân, ûnder de firma fen Pik en Zonen. Mar ik sels hjit Keimpe Jakkeles. Ik hab twa stille compagnons, de iene is debitant yn de Loterij, en de oare is in jeneverstoker; dy leverje my it fabrykfolk, en ik it jild en forstân. Ik hab de administratie. Sa wasket de iene hân de oare. Der is hjir in skip mei pik en swevel strâne, en dat brûk ik folle yn myn fabryk; dêr scil moarn feilinge fen wêze, en dêr woe ’k myn part wol fen habbe as ’t in bytke like. Hjoed bin ik mei in rottich fearskipke fen Holwerd komd; mar do wy healwei wierne, waerd it blêdstil en der roun in felle eb, sa det wy op it lêst om it skip hinnegongen, en wol pierewaije koene. Dêr habbe wy de hiele dei laein to brieden yn ’e gleije sinne en do de floed opkaem, krigen wy noch in tongergeate op ’e kop ta, det ik miende det ús lêste ûre slein wier. Gelokkich binne wy yn skimerjoun noch oan wâl komd; mar nou bin ik ’t paed nei Ballum bjuster rekke, en hjir yn dizze âlde brake by dy to lânne komd. Bliuwstou hjir?” “Ik scil wol moatte, sei Gosse, “ik hab nin duit op ’e bûse, en yn Ballum wol nimmen my sûnder jild ûnder habbe.” “Jild? Praetste fen jild? Jild is neat. Jild kinste yn binlikheit krije, aste my mar in rispiske jowste. Ik bitrou dy wol. Mar dou moaste meitsje detste wer by honk komste; hwent oars is ’er nin jildriedens ein oan. Ho folle wolste habbe?” “Wel, hûndert goune, dêr kin ik wol mei yn Molkwarren komme, en hâlde noch jild oer.” “Dat scoe ’k ek leauwe,” sei Keimpe, en helle in fjûrreade pong út de ûnderbroek, dêr er Gosse tweintich goudene ducaten út tatelde. “Nou in lyts biwyske twiske libjen en stjerren,” sei Keimpe, en joech Gosse út syn memoarjeboek in stikje skjin pompier en in pin. “En nou de inket?” sei Gosse. “Ja, dy hab ik net, sei Keimpe, “mar dat is neat; jow my dyn lofterhân mar ’ris.” Dêr die Keimpe mei in flymskerp pinnemeske in ljeaf lyts pjukje yn, det ’er in dripke twa bloed útkaem, en dêr moast Gosse do mei skriuwe. Gosse waerd in bytke skrutel fen dat bidriuw, en wier der noch net oan ta om syn hân to setten. “Nou, sei Keimpe, “ik scil it dy en my makkelik meitsje. Dou scilste wol gau wer oan jild ta komme, en den moaste al wer kwitansje jaen, en ik hab al wer al dy briefkes to biwarjen. My tochte, dou moaste yn binlikheit sa folle jild mar fen my helje astou nedich haste; dou scilste der nin misbrûk fen meitsje; aste my dy sels den mar ta in generael hypotheek jowste.” “Oan dat hypotheek hat Keimpe net folle,” tochte Gosse, en skreau by ’t ljocht fen de dievelantearne in briefke mei syn eigen bloed, hwerby er syn siel en lichem oan de firma Pik en Zonen to pân sette, om al syn skilden fen de earste duit ta de lêste ôf to dwaen. Sa as Keimpe dat biwiis yn syn memoarjeboek stiek, flikkere de blaksem en boarstte der in ôfgryslike tongerslach as in kanonskot oer hjar hollen út, det de bynten fen de âlde brake der fen kreaken. Der klettere ringen in tongergeate fen greate heilstiennen en reindrippen as tommelidden oer hinne, det hjar hearren en sjen forgong. Gosse waerd ’er bleek fen; mar Keimpe sei hiel bidaerd: “Ik bin hwette skriel by kas”, en mei ien naem er in stikkene pôt, dy noch op in bedsteed stie, en sette him ûnder de goate fen it hûs. Mei in pear minuten sei er tsjin Gosse: “Fantelje de fangst mar op, heite!” Gosse helle de pôt, en seach neat as reinwetter, mar do Keimpe it wetter der ôfgetten hie, seach Gosse, (en hy bisauwe!) det ’er hûndert ducaten op ’e boaijem laeine, dy Keimpe yn syn ûnderbroek stiek. “Dat kinstke scil ’k dy ek leare, sei Keimpe, “mar dou moaste dy allehiel oan my oerjaen. Aste wer to Molkwarren komste, en dou komste yn krapte fen jild, den haste by it earste reinboike it bêste, as de goaten mar rinne wolle, de amer jouns mar ûnder de goatte to setten, en de oare moarns scilste sa folle âlde skeljen op de boaijem fine aste yn binlikheit nedich haste. Mar dou moaste it foarsichtich ôfdruije, krekt as in goatling mei wite beantsjes. Kom nou mei, en bring ús yn it weardshûs to Ballum. Dou wiste de wei.”
Sa gongen dy beiden nei it weardshûs to Ballum, dêr Keimpe noch twaris by gelegenheit fen feilingen thús west hie. Do hja tichte by de doar kamen bigoun it to libjen fen hûnderten katten; hja wipten oer en troch elkoarne; fleagen as wylden Gosse troch de skonken troch; giselen om him hinne; sommigen kladderen by him op en sprongen fen syn skouders wer yn it boun del. Hy wier skjin forlegen en sette it op ’e doar ta sa hird as er koe; mar hwet er mear wraemde, hwet er stilder like to stean, ta er einlik en to lêste de doar ynkaem. “Hwet wjirmsk spil is dat hjir mei dy katten?” frege er oan de kastelein. “Ja, sei de man, “dêr binne wy hjir altiten mei oanhelle as keapman Keimpe hjir komt. Mar dy scille jimme net opfrette.” De turfskipper stie mei de tsjiiswein al foar de doar, dy er jern yn de stâl ride woe, omdet er oars bang wier, det de Amelânders him de tsjiis ontkape scoenen; hwent hja sile dêr krekt sa goed to kaep as to keapfardije. Mar Keimpe sei: “Der is neat to dwaen. For myn rekkening de tsjizen, dy der moarn misse. Lit de wein mar feilich stean.” En mei ien gong er de wein trijeris tsjin de sinne om en om, en eltse reis spriek er in swier wird. “Kom yn, mannen, sei de kastelein. “Kom yn, ik hab in opperbêst soad skylfisk oer it fjûr. Dêr moatte jimme strak mar oer gear. De mage scil jimme wol kitelje.” Wylst hja dêr nei wachtene dronken se in gleske Spaenske bútskipwyn mei in preker fen Hollum, dy hjar in raer gefal forhelle. Hy hie dy deis (it wier krekt snein) yn de formanje to Nes preke, en nei de preek wier er to pearde wer nei hûs riden. Hy wier amper in kertier fen Nes ôf, do him in hear yn ’t swart op in wyt hynzer fen efteren ynried, sa as er nin hynzer op hiele Amelân bikend wier. “Ik wist net hwet dat bitsjutte, sei de preker, en ik sette myn hynzer hwette oan; mar ho snjiddich ik ek ried, de swarte man bleau my altiten op ’e hakken. Ik tochte yn my sels, ik moat witte hwa-s-tou biste, en ik liet myn hynzer stappe. De swarte man kaem my op side, en ik frege hwet er fen syn bigearte wier. Hy andere nin wird, mar joech my in drinkhoarn oer mei silver bislach, en bitsjutte my mei syn gebearden om ’er út to drinken. Ik sette de hoarn sa beare oan de lippen, mar liet it fochte dat ’er yn wier, bihindich by de oare side fen ’t hynzer del rinne, en do seach ik det it allegearre fjûr wier! Ik joech de hoarn oan de swarte man werom, dy dêrop yn in omsjen fordwoun.” “En hwer hâld’ jy dat nou for?” sei Keimpe. “Wel, dat wit ik net, sei de preker. Sjoen en ûnderfoun hab ik ’t. Mar hwet it is, wit ik net. Ik hab hjoed oer de dronkenskip preke, en de gemeinte warskouwe tsjin ’e jenever as in brousel fen de divel. Mûlk woe de helske barnder my dêr for strafje mei my in slok fen syn hjitte koite yn ’e termen to stjûren; mar dêr binne wy to hoedend ta, en ik hab ’er allinne út leard, det jenever floeibar fjûr út de hel is. Hwent it fjûr, dat ik út de hoarn geat, stonk krekt as jenever.”
Nei dat praetke gongen se oan de skylfisk, dy sa út sé komd wier en yn skulpen op tafel stie. De faem garre de ribbelde bientsjes út de koppen, en die se yn hjar knipke ûnder in mannich dûbelstoeren en duiten. “Is dat nou dyn bûsjild, ljea?” frege Keimpe. “Né, keapman, sei se, “dat binne gelokbientsjes. As men dy altiten by yen draecht hat men gelok.” “Krekt, ljea’! sei Gosse, “dy gelokbientsjes helje dy in gnap keardel oan.” “Nou, ja! sei de faem, “it is krekt eft wy ’t bûten jimme net rêdde koene. Dat scoe wol spitich wêze, jimme sloven, det jimme binne! Wel, wel!”—“Wol, ik wit net, ljea’! sei de ljeafdepreker: “it is nou mode, det de manljue frije om de frouljue, mar as wy net by jimme kamen to meiden, den scoene jimme by ús komme to meiden.”
Mei al sokke praetkes scoe ’t op lêst to koai. Keimpe en Gosse scoene sliepe op in opkeammerke, elts op in bêd. Keimpe gong earst by de ljedde op, do Gosse, dy him folge, en bimirk det er mei de iene foet hwette stompele, him frege: “Ho is ’t? Ha je ongemak oan ’e foet?” “Wel, sei Keimpe, “ongemak en ongemak is twa. Mar as bern bin ik ’ris trape fen in hynzer, en dêr hab ik altiten sa hwet in knollefoet fen hâlden.”
Gosse klaeide him út, en gong to bêd. “Ik wit net, sei Keimpe, dat scil ik mar net dwaen. It is sa myld, ik gean mar mei hear en fear op ’e wrine lizzen yn pleats fen der ûnder.” Hy lei in pak pompierkes op ’e tafel del en wipte mei klean en al op bêd. It wier de oare moarns al ier dei for Gosse. It wier brodsk en myld, en dêrby hie de gleije sinne op dat opkeammerke bret, det it wier dêr smoarwaerm, en healwei fjouweren wier Gosse de sliep al bjuster. Do bigoun him syn nije frjeon en dy bloedrige acceptatie troch de holle to winen; hy koe de sliep mar net fetsje. Hy seach fen ’t bêd ôf dat pakje pompierkes op tafel lizzen en tochte: “as de acceptatie dêr ûnder is, scil ik him donderske gau weimoezje.” Sa sein, sa dien. Mei in wip ’er ôf, op ’e teannen nei de tafel ta, mar dat pakje wierne allegearre lotterijbriefkes, meast hierlotten. Keimpe skynde fen nin waermte to witten; hwent hy slepte as in roas, en raspte troch alles hinne, det it keammerke der fen droande. Gosse die de gerdinen sêfkes fen eltsoar om to sjen eft ús maet syn memoarjeboek ek op ’e bêdplanke del lein hie. Mar it wier wol mis. Keimpe hie him op bêd ontklaeid; hy hie it memoarjeboek ûnder it kjessen stitsen en laei der mei de holle op to sliepen. Gosse liet de gerdinen falle; mar do er wer nei bêd gean woe, kipe der in soarte fen bargestirt mei in wjerheak efkes ta de spleet fen de gerdinen út. Hy bikipe dat ding ’ris goed, en ja wol, it wier ’t eintsje fen in stirt mei lytse fearkes fen kleur as tou, en oan de kop ta fol piper. “Hwat moat dat skepsel brânich en jachterich wêze, tochte Gosse, “dy sa ’n stirt oan it gat hingjen hat!” en mei ien bigoun de stirt fen in blauwe gounzer, dy der op kaem, in bytke to kroljen. Hy die de gerdinen noch ’ris hiel, hiel sunich iepen, tilde de wrine hoedend sa fier op, det hy der efkes ûnder digerje koe. En hwet seach hy? Dy knollefoet wier in hynstepoat; it fel fen syn frjeon wier leadblau mei it einefel ’er op, en hjir en dêr in tin ûlefearke. It like folle op in âlde plôke sophoanne, dêr noch lytse poddefearkes oan sitten bleaun wierne. Dêrby kaem ’er in smoarge swevellucht ûnder de wrine wei, dy folle nei rudesalve swime, en dêr Gosse wol fen koarje koe. Gosse liet wrine en gerdinen sêfkes út de hân glide, en sei yn him sels: “Ik hab nôch fen dy rudige lucht; mar dou biste in nuvere ome!” Hy kroep wer ûnder de wrine, en tochte: “Dy bongel hab ik ivich oan de foet, mar ik hab ek jild.” Hy laei pas, ef hy hearde wol tweintich katten âljen, en dêrby fleach dat túch sa heiselik by de ramen op, det hy der wer útstapte om ’ris to sjen, hwet dêr to redden wier? Sa as hy foar ’t finster kaem, wierne de katten wei, krekt eft hja weifage wierne; mar de tsjiiswein stie der noch, en dêrby trije keardels mei in wiif, dy elts in tsjiis yn ’e hânnen hienen, dêr se mei foart woenen, mar net koenen. Hja stienen stôkstil as sâltpilers en liken wol bitsjoend. Gosse net links skodde Keimpe oan de earm, dy wekker waerd en heftich sei: “Hwet is der?” “Wel, strûp jo oan, sei Gosse, en sjen it sels. Hwent it is nin minskewirk.” Keimpe gau de ûnderbroek en hoazzen oan, mar do er dat trijetal dêr by de wein seach, hy as de blits de ljedde del, en mei in swier ein piktou dy trije tsjiiskeapers sûnder jild sok in onwiten pak bruijen om barren tateld, det hja it yn ’e gedachten útmoartten, as tsjeaven dy de lieu yn de bek sjenne, mar nin oar lûd joegen, as dat binaude gepiip, dat immen ôfgiet, as hy in akelige neare dream hat. Hja koenen ek nin fin riere, en it like wol eft hja oan de groun fêstneile wierne. “Ho let is ’t? sei Keimpe; “kin ik noch in reedtsje oer dy rêgen hinne dwaen?” “Dat wit ik net, sei Gosse; “it is fjouwer ûre, en mei in kertier komt de sinne op.” “Den is ’t heech tiid, sei Keimpe, det se los komme.” Mei ien gong er wer trije slaggen om ’e wein hinne, mar nou mei de sinne om, en yn pleats fen trije swiere wirden reauntte er nou trije goede wirden; it tredde en lêste wird wier der amper út, ef de trije tsjeaven lieten de tsjizen falle en stauwen as reek út eltsoar. “Hwet haest makken je? sei Gosse do. “Jy moasten noch mar in rid dien habbe. It koe hjar bêst wachtsje.” “De diker, né! sei Keimpe; Dat scoe to hird oankomme. Hwent hie ’k se foar sinneopgong net onttsjoend den hienen se dêr ivich stean moatten. En sa ek dy by dei bitsjoend binne; as dy foar sinneûndergong net onttsjoend binne, bliuwe se ek ivich oan ien-en-itselde plak fêstneile. Kom, it is noch ier; wy habbe neat to forstriken; wy kinne noch wol in reedtsje op bêd dwaen.” En sa gongen dizze twa wer to koai.
Hja ombieten dy moarns mei hjar fjouweren, Gosse, Keimpe, de turfskipper en de preker. Keimpe song earst in ’salm, en die do in lang gebet. Under it thédrinken bigoun de turfskipper en de preker to dispetearjen oer it gelove, det de lapen ’er nei fleagen. Do it sa fier kaem, det it op lilts wirden ôf wier, sei de preker: “Wy scille hjir mar in spjeldke by stekke. Wy krije dat net yn de liken. Jy scille in bulte wirk hawwe, skipper, om my sâlte baggeler for ferske en in skriemer for in geve tsjiis to forkeapjen. Wy reisgje as de Easterlingen mei in liedsman op in kamiel troch ’e woastine; jy wolle alle pakkaedzje op it lêstbist smite, en ik wol ’er myn poarsje mei fen drage. Jouwes is ’t maklikste; mar mines is ’t binlikst, en as wy thús binne, scille wy sjen hwa ’t gelyk hat.” Do waerd de turfskipper grimmitich. “Praetstou fen maklik? sei er, “dou, dy mei dyn goede wirken bihâlden wirde wolste? It stiet dy moai! Dou strûzeste op dy brede wei, earm minske, dy yn ’t forderf liedt. Mar ik gean yn troch de inge poarte. Ja, wol ing, man! Ing, ing, siz ik dy! It fel scil de útforkarden, dy der troch wrame, noch tsjin de doarstilen fen de hûd strûpe; mar dou, wirkhillige, komste der yn der ivichheit net troch. Hwet sizze jy kastelein?” “Dou moaste der my, as ’t dy bljeaft, bûten litte, Wobbe. Ik bin in Romein. Ik oardielje net oer jimme gelove; ik oardielje oer jimme dwaen; mar dit moat ik dy sizze, det de preker in kinst forstiet, dy ik net kin, en dy ik yn dyn kaliber, keapman, alteas net jamk sjoen hab.” “En hwet is dat den?” frege Wobbe. “Wel, sei de kastelein; “hy hat alles forlern; earst syn wiif, do syn bern, lêsten noch syn jinnichste soan, dêr er koarts alles, hwet er yn de wrâld hie, by opset hat. En nea hab ik him oars as oars sjoen, mar evenredich, altiten evenredich en dimmen. Ho habbe je dat dochs, preker?” “Dat scil ik dy sizze, kastelein, sei de preker; “it geheim is dea-ienfâldich. Aste om dy hinne sjuchste, wiste it ek. Yn hwet steat ik bin ef kom, ik sjen altyd earst op nei de himel, en ik hab dit yn myn eachmerk, det ik hjir bin, wrot en arbeidzje, om dêr hinne to sjen en einlik ek myn ivich honk to finen. Den sjen ik del nei de ierde, en stel my foar eagen it lytse dobke, dat ik deryn mei koartens bislaen scil. Den loaits ik wech-ende-wear yn de wrâld om, en sjen tûzenen en tûzenen om my hinne, dy folle ongelokkiger noch as ik binne. Sa lear ik, hwer al myn soargen eingje moatte, en ho ’n bytke reden ik hab om to kleijen en to gnoarjen.” “Allegearre riddenaesjes, sei Wobbe, fen de natúrlike minske, dy de dingen Gods net bigrypt. Litte wy bidde, det de eagen fen dyn forstân iepene wirde meije, en dêr ta sjonge fen de stieren fen Basan út de twa-en-tweintichste ’salm.” “My tochte, sei de preker, “det de fjouwer earste fersen fen Camphuysens 36ste ’salm jo better passe scoene.” Mei ien droande Wobbe al op fen de stieren fen Basan, en de preker gong wei. Op de ’salm folge noch in lang gebet, dat Keimpe útgalme, mar hwerby Gosse mei forfelinge efter de hoed seach, en dêr waerd dat ombyt mei sletten.
Wylst Keimpe nei de condysjes fen de feilinge fornaem, mocht Gosse, dy wakker nijsgjirrich wier, sa oan de kastelein freegje: “Hwet âld stikken skoudermantelke mei gouden heakken hinget dêr dochs op ús sliepkeammerke?” “Wel, sei de kastelein, “dat is fen ús oarre. Wobbe sei niis fen it felôfstrûpen yn de inge poarte; mar dy hat it nei stien by in wide poarte. It is in frjemde extoarje, dy ’t ik oan syn pleats lit; mar it âld minske woe der wol op stjerre, as se ’t ús forhelle. Hja wenne to Nes en gong alle moarnen, dy God joech, nei de misse. Ienders op in moarn, do hja noch to bêd wier, hearde se it misklokje lieden. Forskrikke forriist it sloof, en seit: “Heare, hear! dêr liedt it klokje al, en ik noch yn de fearren!” Hja tochte noch, det it in ynbyldinge wier; harket noch ’ris skerp; mar ja, it wier sa. It klokje lette wol. As de blits de rokken oer de holle; jak en hoazzen oanstrûpt; de skoen oan; it skoudermantelke om, en do hals oer kop nei tsjerke, dêr se nin inkelde libbene siele yn foun; mar de kearsen stienen op it altar to brânnen en joegen in kwinend triljend ljocht, towyl in sêft orgelmuzyk mei missjongers út de groun like op to kommen. Hja knibbele, en do hja hwet lêzen hie, kamen ’er eindelik forskate minsken deastil yn ’e tsjerke, mar dy al lange tiden wei west hienen. Ek wier der in bûrman ûnder, dy noch nin wike dea west hie, en dy gong flak efter hjar sitten. Kel seach hja om, en sei: “Myn God, bûrman, ho komstou hjir?” “Bûrwiif, andere de geast, “dit is in mis, dy for ús lêzen wirdt, mar net for de libbende. Sjen mar net om, en stean net op foar ’t wy der allegearre út binne. Rep je den sa gau je kinne de doar út; mar pas op, det je de heak fen jou skoudermantelke los habbe, hwent oars binne jy in lyk.” Mei ien kaem in pryster op it altar, dy ek al lang wei west hie, en do dy de misse lêzen hie, stoenen de geasten op en gongen de iene nei de oare mûsstil de tsjerke út. Do de lêste der út gong, wier beppe him as de blits op ’e hakken; mar hja hie de teannen noch net oer ’e drompel ef de doar waerd mei in gryslik misbaer tasmiten, sa det de slippe fen beppe mantel yn ’e doar biflapte, en hja hie siker efteroer slein en de plasse forbrizele as de heak fêst sitten hie. Hja helle de mantel mei alle macht nei hjar ta en krige him ek los, mar mei forlies fen de slippe, dy yn de biknipinge fen de doar sitten bleau.”—“En dêr is dat skoudermantelke noch in reliquie fen! sei Gosse; “as ’t bard is, is ’t wier!”
Keimpe kaem gau werom en helle Gosse op om mei eltsoar nei de feilinge to gean, dy ticht by de séwâl wier. Underweis bigoun Gosse al wer fen dat rispiske to neuljen; dat wynde him al yn ’t liif om, ho mear as er der oer neitochte. “Hwet meije de ljue wol tinke, sei er tsjin Keimpe, “as se in rispis fen my sjenne, dat mei myn bloed skreaun is? Ik scil jo dat straks mei inket wol oerskriuwe.” “Hwerta dy moeite? sei Keimpe, “it bliuwt ommers ûnder ús, en der kinne nea mear oer gean as fjouwer eagen. En hwet kin ’t skele eft in ding mei swarte ef reade inket skreaun is?” “It mei de divel! sei Gosse; “yn alle gefal bin ik dy neat mear skildich as jild, mar bloed hâldt yette hwet mear yn. Né, mynhear Pik en Zonen! al binne jimme Hollânners noch sokke bitoevde feinten, sa lit ik my net forrifelje. En wiste hwet, keapman Keimpe? Aste my dat rispiske op it eagenblik net wer jowste, den scil ik de minsken op ’e forkeapinge ’ris fortelle, hostou der útsjuchste aste nin broek oan haste.” It wier, tink ik, sa hwet healwei tsjienen; hja wiernen yn de neakene dunen, dêr neat to sjen wier as it skaed, dat de gleone sinne efter hjar makke. Do Gosse drige, bearde Keimpe eft hy bang waerd, en helle it memoarjeboek út de bûse, kwanskwys om it rispis to siikjen; mar hy lei it op ’e groun del, en flink rôlle er mei beide hânnen it skaed fen Gosse op, krekt as in reep swart pompier, dat lâns ’e groun laei, fâldde it op yn in lyts bistek; hwent it wier sa tin as in loverke; en sa biteard lei er it yn it memoarjeboek, dat er yn in binnenbûse fen it baitsje stiek. Dêr stie Gosse sûnder skaed! Hy seach wakker sneu, krekt as in jonge, dy de draek ôfknipt is. “En hwet scoe dat nou?” sei er. “Dat scilste daelk wol wys wirde, sei Keimpe; “mar dou krigeste dyn rispis net wer, feint!”
Hja kamen by de feilinge, dy yn ’e iepene loft hâlden waerd; mar it dûrre net lang, ef in boun ondogenske Amelâner jonges krigen Gosse yn ’t each. Hy hearde al efter him: “Sjuch, sjuch! Dy keardel hat nin skaed!” Dêr kaem ek in âlde fekke by, dy tsjin ien fen de jonges sei: “Dat skaed hat er forkoft oan de kweade. Hwent dy docht yn skaed; dat is de prins fen skaed en tsjusternisse.” Gosse hie in bytke nocht oan dy praetkes; hwent hy tofte, as de Amelâners dat leauwe, forsûpe se my noch as in mâl houn yn sé. Dêr kamen al mear jonges by, en hwer’t er hinne wynde, hja folgen him oeral op de hakken mei de rop: “In keardel sûnder skaed!” Gosse, dy bang waerd, det de jonges him allehiel yn ’e maling nimme scoenen, seach op it lêst nin oare útkomste as mids yn ’e heap fen de feilingkeapers to kringen, en dêr to hûshâlden, sa goe’ as er koe, ta it bigoun to jounjen, en it skaed mei it ljocht to neate gong. De preker wier der ek, en hie meilijen mei Gosse, en naem him mei yn in tinte, dy in weard dêr for it jongfolk opslein hie. Dêr bleau er ta de lampe opkaem. Do kommandearre er in flesse wite wyn; mar do de taper him dy brochte, en seach det de lampe nin skaed efter him joech, houdde de man de amme yn fen forbauwerearringe; hy stie sa lang as er woechsen wier stôkstil Gosse oan to gapjen, en sette einlinge de flesse wyn hoedend foar him del; it jild striek er yn in pantsje, dat er heech op in keeft weisette; hwent hy doarste it net yn ’e bûse drage. En om ’t er eang wier, det de kweade mei yn ’t spil wier, doarst hy der ek nimmen in wird fen kikke. Nei de feilinge waerd it op ’t lêst in heale merke; it streamde der brandewyn en bier; de fyoele kaem op ’e lapen, en silers en fammen skotsten dêr, det it klapte. Gosse naem ek in slytke, in moai Amelânner blomke fen achttjin jier, dy om him hinne hinge, as hea om ’e skûte, en dat spil gong opperbêst ta det hja ek foar de fyoele kamen. Der waerd skotst; de kreakeling waerd makke, do yn de rounte, en nimmen hie hwette mirken, as de taper, dy bang waerd, det syn hiele tinte yn de loft fleane scoe. Mar do it oan de Uterske mars takaem, wier it mis. Wylst se foar in lampe, dy yn ’e tinte hinge, op ’e rigele stienen om foarút to marsearjen, dûrre it noch hwette foar de spylman klear wier, en op iens mirken de feinten efter hjar, det de hiele rigele skaed efter him hie, allinne Gosse net; efter Gosse wier ’t ljocht. Op iens gûlden se ’t út: “In keardel sûnder skaed! Mannen, bergje jimme!” Nou wier ’t krekt eft de tinte leech fage waerd; de dounsers spatten út eltsoar as diggelfjûr; de kreupele spylman sprong fen de tafel ôf en briek de hals hast, goeman. Mar der wier nin ien dy mear skonk makke as Gosse faem; dat sloof miende, det hja mei de bare divel oanlein, ja, op syn skirte sitten hie, en it minske fleach yn de dúnen op sa fier as hja lân fine koe. Dêr stie Gosse; hy hie it ryk allinne, mar dat noaske him net, en hy makke, det er ek út it ljocht fen de lampe kaem. Sa as er de tinte útsloep, seach er de preker, dy by de yngong stean bleaun wier, om to sjen ho dat spilke ôfrinne scoe. “Dat is forlegen spil. Dou biste dêr al raer yn ’e lampe roun”, sei de preker. “Skjin forlegen”, sei Gosse. “Ik hie nea tocht, det it skaed ús noch nediger is as brea.” “Ja, sei de preker, “yn sa’n wrâld binne wy. By it ljocht heart hjir skaed, en it ongelok by it gelok. Sûnder skaed en tsjinrampen kin de minske net troch de wrâld komme. Skaed en ongelok meitsje him ta in man, dy oeral achtenearre is.” “Is ’er den nearnze ljocht sûnder skaed? frege Gosse; “dat is in rare biskikkinge.” “Ja, wol, sei de preker, “is ’er ljocht sûnder skaed, en laitsjen sûnder triennen. Mar dat is boppe, net ûnder de sinne.” Keimpe kaem der ek op ta, en romde wakker, det er de bêste percelen pik en swevel for in pryske krige hie. “Mar ik bin wirch, sei er; “litte wy nou nei hûs gean.” En hja gongen wer nei it weardshûs to Ballum, dêr Gosse neat gauwer to dwaen hie as om to meitsjen, det er út it ljocht fen de lampe efter de gerdinen kaem.
Sa gau wierne se de oare moarns net op, ef Gosse moanne Keimpe om syn skaed. “Dou haste my jister moai to fiter hawn, sei er; “gekheit is gekheit; mar det de minske nearne forskine kin, ef hy wirdt for in trewant fen mynhear Rounpoat oansjoen, dat is nin gekheit.” “Nou, sei Keimpe, “dyn skaed scil ik dy wer jaen, aste my swarste, detste nea wer fen it rispis, ef ho ik ’er ûnder de klean útsjen, reppe scilste.” Dizze condysje brocht Gosse wakker yn de knipe; mar omdet hy nou dudelik ûnderfoun hie, det hy sûnder skaed ivich yn de tsjusternisse omstrune moast, die er dy eed. Do rôp Keimpe in âld wyfke, dat dêr wier to kreamheinen, en mei hjar en Gosse sloep er yn de dunen midden yn de gleone sinne. Hy helle it swarte pompier wer út syn memoarjeboek; striek ’er de tearen en knûkels sa hwet út, en lei it krekt op de selde ûre as de foarige moarns, do hy it der ôfkrige hie, efter Gosse del. De âlde kreamheinster, dat in tsjokke moggel fen ’n moeije wier en fen it mylde waer wakker útwazeme, helle hjar finger trijeris troch de hoksen hinne, en striek en lymde it skaed oan de rânnen fen Gosse soalen mei hjar swit fêst. Keimpe bliesde der op en sei: “Klear is ’t!” En, ja wol, Gosse hie syn skaed wer, en wier sa bliid as in ingel, det er wer reisgje koe, hwer ’t er woe. Mar it kaem dochs sa út, Gosse wier nou bikend op Amelân; en ho bikend? As in hekser, in trewant fen de bokkepoat, en hwer ’t er hinne draeide, it wier en bleau dochs “Gosse sûnder skaed”, al hie er den ek syn skaed wer krige. Dêrom ho earder det er fen Amelân ôf wier ho better, en noch dy selde aftermiddeis brochte Keimpe him yn in âld fearskipke, dat nei Holwert gong. Keimpe krige syn sin. Mei Gosse it skaed ôf to nimmen woe er twa miggen yn ien flap fange; hy woe Gosse ôfleare om him ea wer om ’t rispis to moanjen, en him ta gelyk twinge om wer nei hûs to tsjen, en ’t kaem beide sa.
It wier moai waer en flak foar ’t lapke nei de wâl ta. De skipper joech it roer oan de feint, en kroep sels yn ’e roef om in praetke mei Gosse to hawwen. De skipper hie ek al heard fen de keardel sûnder skaed, en nou er seach, det Gosse krekt sa wol skaed hie as hy sels, miende hy det de kweade de eagen fen hiel Amelân dy deis bitsjoend hie, hwent hja swarden der allegearre op, det nimmen dy deis skaed oan Gosse bikenne koe. “Ik wit net, Amelân is myn geboartepleats”, sei de skipper, “mar it is dêr yn der ivichheit net plús. Hja sizze ommers ek, det it mei de namme fen Amelân oremus is.” “Ei! sei Gosse, “en hwet is dat den?” “Dou wiste ommers wol, sei de skipper, hwer it wird Ameland fen dinne komt? Alteas de Amelânners witte it wol; mar hja scille it faek net sizze.” “Ik mei it dochs wol witte?” sei Gosse. “Hiel wol, sei de skipper. “Dou moastte witte, det Harmen koarthakke oan alle eilânnen hjar nammen jown hie, en det hy dy yn syn memoarjeboek oanteikene. Hy hie efter de lêste namme al Amen set, do er to let bimirk, det ’er noch in eilân binoarden Fryslân forgetten wier. Om nou net yn syn memoarjeboek to malkjen sette er after amen it wird land, en dêr ús maet in Amsterdammer fen geboarte is, dy de N op it ein net útspriek, sa kaem fen Amen-land de namme fen Ameland”—Der foer ek in fiskael mei hjar, dy Obbe Ruardi hiette; hy hie foar jierren in bankerot slein, en do fluchtte er nei Vianen, om net mei de sintinsje op de boarst in healûre oan de kaek to pronk to stean[58]. “Dat lit him wol hearre, sei dy fiskael, “mar de reden fen de namme fen Vianen is noch wol sa apokryf.” “Vianen, Vianen? sei Gosse, “hwer laeit dat?” “Der binne twa Vianens, sei de skipper; “ien yn Hollân en ien yn Fryslân, mar fiskael hat, bigryp ik, Vianen yn Hollân op it each.” “Ja, wol, skipper! sei fiskael, Vianen yn Hollân. Nou, dêr kaem yn toalf-hûndert-twa-en-tweintich fen bûten in ezel oan, dy midden yn ’e poarte in greate brodze, in dûbeld miel, falle liet. In mounts, dy krekt út de poarte gean scoe, sei yn ’t Latyn: Fi, Ane! Fy Ezel! en dêr fen hawwe se dy pleats do Vianen neamd. Sa det Amelân en Vianen wol op hjar nammen romje meije.” “Ik winskje jimme wolkom oan wâl, mannen!” sei de skipper; hja stapten út it skip, en gongen yn Holwert op.
Mei it getij wier ’t al moai let op ’e joun wirden, en Gosse moast to Holwert wol oernachtsje. Yn ’t weardshûs trof er in boer oan fen Frentsjer, dy nei it eilân west hie om in pear Amelânder kjedden to keapjen; dêr scoenen de soantsjes fen syn lânhearre hynsterriden op leare. Gosse hie in âlde moeike to Wjelsryp wenjen, dy in bulte splint hie, en him tochte dy koe er op syn wei nei Molkwarren noch wol ’ris forsiikje; hja húshâldde mei in faem fen Molkwarren, dy Gosse goed koe, en him tochte, dêr koe er wol hwette wille mei ha. Hy woe de boer net jern freegje, eft er mei nei Frentsjer ride koe; mar hy sei him, det hy der hinne woe, en noch net wiste, ho ’t hy der hinne komme scoe. De boer die eft er ’t net hearde; hwent it wier in boune sa as der folle binne. Mar it wiif, dy mei him wier, griisde it dochs, det Gosse dat greate ein foetearje scoe, wylst hja mei hjar beiden yn ’e faijeton sieten, en noch pleats for twa man oer hienen. “Kom! sei se tsjin de boer, “dou moaste alle herten by dyn eigen tinke. It is in dimmen jongkeardel. Lit him mei ús ride. It nimt dy neat ôf. De wei is as klaphout. It is moai waer, en de tredde man bringt de praet oan.” De boer sei earst al, det hy der neat mei fortsjinne, mar liet him troch it flaijen fen syn wiif oer stach sette, en Gosse ried mei hjar. Hy siet efter mei it wiif, en die ek noch nut, hwent hy paste op de twa kjedkes, dy efter oan de faijeton boun waerden.
It wier krekt snein, do se de moarns om fjouwer ûre foartteagen, sa det Gosse, dy to Oerdum, dêr de húsman op wenne, ôfstapte, al yn tiids to Frentsjer wier. Hy socht nei in tsjerke, en in famke wiisde him de Academytsjerke, dêr in prefester it wird dwaen scoe. Gosse seach wol oan de klean fen de ljue, det it hjir treftich spul wier; en det er hjir net ûnder syn kaliber wier, dat hearde er al gau, do de tekst fen Matheus saun, fers ien-en-tweintich, ôflêzen waerd. De prefester joech de ljue fen de inge poarte, dy smeulden op de goede wirken, ek sa’n ongenedich pak, det de hounen der nin brea fen frette scoenen. Gosse, sûnder det er it wiste, wier by forsinninge to lânne komd yn ien fen de studintebanken; de studinten hellen him yn en lieten him sa fier troch komme, det er flak tsjin de preekstoel oer to sitten kaem. It wier alles oandacht yn ’e tsjerke, en sa stil, det men wol in stûrke rôljen hearre koe. Gosse forfeelde him ûnder dy preek; it wier nin spek for syn bek; en om ’t it rju waerm yn dy lytse tsjerke wier, en er sa ier op west hie, krige Gosse foar de tapassinge al de sliep. Hy hie in plat rounbollich hoedke op nei âld Molkwarrer jestael, en sa siet er dêr to sliepen. Under de tapassinge gong ’er ien fen de breedste studinten foar him stean, wylst in oar yn de bank ’er efter Gosse hiel sêftkes it hoedke fen de holle lichtte, der mei syn pinnemês gau de plasse fen de bol útsnie, en it Gosse do wer bihindich opsette. Gelokkich, det de prefester, dy preke, der neat fen mirk; hwent der wier nin minske, dy de hierren fen Gosse rjuchtfirdich ta syn hoedke útstykjen seach, dy net in glimke ûnder de preek ôfgong. Twa dyakens foel it yn ’t each, mar dy minsken wierne forlegen mei hjar sels, en op it punt fen út to prûsten. Einlinge kaem de prefester mei in neigebet oan amen ta, en scoe de foarlêzer de ’salm ôfkindigje; yn dat eagenblik hompte ien fen de studinten mei syn earmtakke Gosse fûleindich oan, forheftich sizzende: “Boer, Boer! Bidde!” Gosse as de blits it hoedke fen de kop en dat foar ’t eansicht! mar do hy mei syn slieperige kop forheard troch de bol fen syn hoed yn de gemeinte omdigere, sjuch, dat koe nin minske sûnder laitsjen oanskôgje, al moast hy ’er ek om stjerre. De prefester hie der krekt it each op, mar de man kearde him om yn de preekstoel en die de wite bûsdoek foar de mûle, omdet er it útskettere. En al de dyakens, dy yn ’t hekje sieten, en de manljue dy neist de preekstoel flak oer Gosse wierne, gierden it út, en it wier gelokkich, det it orgel en it sjongen fen de ’salm de boel hwet forbjusteren en in ein oan dat ergerlik mirakel makken.
Gosse makke gau, det er by in kastelein yn ’e bocht fen Guinea kaem, dy er syn need klage en it hiele stik forhelle. “Ja sei de kastelein, “den biste yn ’e hânnen fen de hoantsen wêst; dat binne bysfeinten.” “Hoantsen? Hwa binne dat?” frege Gosse. “Dat binne studinten,” sei de kastelein. “Dy neame wy hjir to Frentsjer sa, omdet se mei alle mâlle franjes oan, en altiten wer oars, op strjitte komme. De iene dei seit mei dat foltsen de oare net; den binne se sus klaeid, en den wer sa; nin minske kin ’er each op hâlde; krekt as de hoantsen op ’e terpen, dy oan ’t fjuchtsjen binne, en hjar nou spits opsette, den de fearren as boarstels oerein stykje; nou dy en den wer in oare kleur oannimme; nou stilsteane, gysten foartrinne, en den werom op eltsoar ta fleane. Sa binne de studinten ek.” Koartom, Gosse bigriep det Frentsjer syn lân net wier. “It is hjir nin trewes for my, sei er tsjin de kastelein; “ik scil mar gau meitsje det ik to Wjelsryp kom.” “Ja,” sei de kastelein, “dy mient det er gochem is, wirdt hjir noch bitritsen. Hja binne de divel to tûk ôf.” “Dat liket wol, sei Gosse; “der is altiten baes boppe baes. Mar hwer kin ik hjir in nije hoed keapje?” De kastelein wiisde him in winkel, en Gosse kuijere mei in splinternij rounbollich hoedke, dêr twa griene linten by del biggelen, nei Wjelsryp ta.
Do er to Wjelsryp oan it hûs fen Wypkmoi kaem, sieten de finsters sletten. Hy rinkele oan; Fod, de faem fen Molkwarren, dy opdie, seach hiel bidrukt, en forhelle him, det Wypkmoi dea wier, en det ’er nou twa omkesizzers fen hjar mans kant mei exteur yn hûs wierne. De twa migen, de iene Foake Tjommes, en de oare Jelle Pibes, twa jongkeardels, dy it der al hwette jinlik foel, fregen Gosse, eft er in deimannich by hjar út-fen-hûzje woe, dêr hy neat tsjin hie. Do se de jouns hwet jimmette hiene, frege Gosse de migen gau, hwerom se de exteur yn hûs hienen? Eft der onrie wier? De âldste, Foake Tjommes, naem it wird op. “Dou wiste, Gosse, sei er, en dat is bikind oeral, det moeike in skoan kaptaelke fen hjar man urven hat, en dat is net yn hjar hânnen formindere, mar mear as fortsjiendûbele. Hwent der koe neat ôf. Hja scoe hjar eigen kwea wol ite; dy earniger is as hja, moat ’er noch berne wirde. It gong sa fier, det se nou minsken, dy oan legerwâl laeinen, jild liende op húsrie tsjin tweintich en tritich percint yn ’t jier. Der is alles by to pas komd, om dat minske yn oare stokken to bringen. De domenij is hjir wol hûndertris west om hjar dy tsjinst fen de mammon as ôfgoderij foar eagen to spegeljen, en as de wirtel fen alle kwea; mar it wier allegearre bûter tsjin ’e galge smard. Hja houdde hjar earm, en sei, det alle pracht en oerdiedichheit ek yn de skrift forbean wierne. Domenij koe nin duit for de tsjerke ef de earmen los krije, en it jinnichste, mei ik wol sizze, dat hja willich bitelle, wier it jild, dat hjir omslein is om de wachten to leanjen, dy it doarp nachts rinne lit om op de tsjeaven to pasjen. De moaiste grap, dy ik hjir sjoen hab, is fen hjar sweager, de prefester yn it Hebreausk en Arabisk to Frentsjer, west, dy hjir in pear dagen by hjar út-fen-hûs wier. Dy man woe wyn ha; hwent hy sei, det for elts fatsoenlik minske deis in healflesse wyn groeide, en do dat net gauwer-nôch kaem, stjûrde hy in jonge nei in wynkeaper to Frentsjer om for rekkening fen Wypkmoi in anker bêste reade wyn to stjûren; hy wier ’er boarch for. “Mar, sweager, sei hja, “hwer scil dat hinne? In anker wyn? Dat kin ’k net op.” “Den scille domenij en pastoarske dy wol helpje, ljea’! Dy hawwe hjir langer-nôch sloppe thé mei blauwe dreage malke by dy dronken. En aste net bitelje kinste, den scil ik yn Hennaerderadiel mei permisje fen de grytman in omgong for dy dwaen.” Mar it moaiste wier noch, det er moeike op syn Turksk bikeare woe, hwent hy mient, det hiel Wjelsryp Arabisk kin en de Koran lêst. As der in bidler oan de doar kaem, den sei er: “Hâld de hân op!” en den liet hy sa heech as syn hân rikke koe in sechsteheal yn de hân fen de bidler falle, dy takniep en bliid foartgong. “De biddelsek hat in gat, sweager-om! sei se den, “dat is jild weismiten. It reau sûpt en fret it aenstons wer op. Mar hwerom, prefester, litte je jins gave sa heech del falle?” “Dat scil ik dy sizze, Wypk, sei er: “net om de moriaen to waskjen, mar om dy to biwiisgjen, detste noch net ienders in goe Turkinne biste, ik lit stean fen Kristinne. Mahomet liet syn gave ek ’ris sa heech del falle yn de hân fen in ongelokkich man, en syn sweager Ali, de fjirde fen syn opfolgers, frege him, lyk as dou my, hwet dat bitsjutte? Hwerop Mahomet dit andert joech: “As de gave út dyn hân giet, den seit hja fiif hearlike wirden oan dy, foar det hja falt yn de hân fen de ongelokkige, dy hjar kriget. Ik wier lyts, sei de gave en dou haste my great makke. Ik wier min yn getal, en dou haste my forhûndertfâldige. Ik wier dyn fijne, en dou haste my ta dyn frjeon makke. Ik wier tidelik, foarbygeande, en dou haste my ivich makke. Dou haste my biwarre, en nou biwarje ik dy; dou wierst’ earst myn wacht; en nou ik dyn wacht en dyn biskermingel for de ivichheit.” “Mahomet, sweager! frege Wypkmoi dêrop, “wier dat nin Harnzer trekskipper? Forline jier bin ik mei ien fearn, dy hjitte ek hast sa. Ik leau fen Makke Mets.” De prefester seach hjar noch ’ris oan mei eagen fen de djipste forspijinge, en gong aenstons mei in opsteand seil nei Frentsjer, sûnder hjar goendei to sizzen. Sont is hy der net wer west.” “Ja mar, sei Gosse, “ik wol witte hwerom exteur hjir yn hûs is?” “Nou, sei Foake, wachtsje dyn bar; dou scilste ’t hearre.” “Mei dyn wolnimmen, Foake, sei Jelle-miich. “Dou haste noch hwet forgetten. Moeike wier wakkere rynsk mei alles, hwet nin duit kostte, om dêr for sa folle earniger to wêzen op alles hwet jild kostte. Hja wier frjeonlik, sels fliensk; ja, knikte it lytste bern en in bidler goendei; praette as in alk op de bisiten, det elts, dy hjar for de earste reis mette, hjar for it flotste frommis fen de wrâld oanseach. Dat kostte hjar allegearre mei eltsoar noch nin reade duit, en de ljue wierne der wakker mei op streek. Binammen priisgen se hjar, det se sa godstsjinstich wier. Hja gong eltse snein op in prik trijeris nei tsjerke: wier der de earste en de lêste; yn ’t ’salmsjongen snettere hja boppe allen út, en it wier krekt eft hja domenij de wirden út de mûle sjen woe. Dy grap kostte hjar eltse snein trije duiten yn it ponkje! En dat wier de jinnichste en de greatste útgave dy hja ta de eare Gods die, en for dy trijeduiten koft se wol for trijetûzen goune achtinge by de minsken, dy folle ljeaver de skyn fen de godstsjinst, as de godstsjinst sels sûnder de skyn hawwe. Nou witste alles, Gosse! Gean nou dyn gong. Foake-miich.” “Dêr komt it op út,” sei Foake; “Wypkmoi hie foar tweintich jier al in skoan kaptael erfd; der wier neat ôfgien, en alle jierren bulten bykomd. En hwet hawwe wy nou yn ’t nêst foun? Neat, as ’t húsrie en hwet klean.” “Neat?” sei Gosse. “Né, neat; sei Ritske. Wy kinne yn ’t nêst sjen.” “En hwer is dat den bleaun? frege Gosse. “Ja, hwer is dat bleaun? sei Jelle, “as wy dat wisten scoenen wy hjir exteur net yn hûs habbe. Der is premomsje op de faem, en exteur moat oppasse, det hja net ontsnapt. Hja wol net klappe, en is sa ticht as in pôt, howol wy witte, dat Wypkmoi noch al it ien en oare mei hjar oerlei” “Is hja den net earlik?” frege Gosse. “Hja is sa trou as goud, sei Jelle, en as hja stelt, den stelt se for de man, dy se ljeaf hat. Sa scoe se Wypkmoi de apels onttake, dy efter de latten fen de itensspine op it slot laeinen: hja woelle in spiker om it ein fen in stokje, en dêr pikte se den in rûkapel mei troch de traeljes hinne for hjar hertlapke, in ljeaf flaeibekje fen in famke dat hjir neist wennet. Wy witte ek, det hja de restjes fen it iten for Wypkmoi weimoffele en oan in earm widdou joech; en de swierste sonde fen ontrou, dy wy fen hjar witte is, det hja in heal flesse wyn oan hjar frijer opfoerre hat: dy hie se nomd út twa oare flessen fen moeike en ’t gat wer oanfold mei reinwetter.” “Nou, sei Foake, “as dat hjar greatste skelmstikken wierne, dat mochte hinne bruije; de fammen stelle meast net for hjar sels, mar for hjar âlders en frijers. Mar der is neat, en wy moatte witte hwer ’t bleaun is. En nei minskeëach kin nimmen it witte as Fod. Hja scil ús net ontkomme; dêrfor habbe wy exteur yn hûs. Men sjucht immen wol foar de kop, mar net yn ’t krop.”
Sa gau as Gosse de oare moarns mei de faem allinne wier, forknipte er hjar alles, hwet de twa migen him sein hienen en hwet premomsjes it gerjucht troch oanbringinge fen de twa migen op hjar krige hie. “Dêr scil hjar de wjergea foar helje, dêr ik sa’n wird om siz!” sei Fod, dy sa edel wier as de prins: “hja moatte net tinke, det ik in tsjeaf bin. In tsjeaf, dy it seit.” “Mar wiste ’er den neat fen, frege Gosse, “hwer it jild fen Wypkmoi bleaun is?” “Ja wol, wit ik dat, sei Fod, mar ik hab in hege eed sward, det ik ’t nimmen sizze scoe.” “Nimmen sizze? sei Gosse; “haste ek sward, detste it nimmen skriuwe scoeste?” “Dat net,” sei Fod. “Wel, skriuw it den, sei Gosse, en dou biste út de kinken.” “Ho koe ’k sa sleau wêze, det ik dêr net oan tocht ha? De wjergea! ja, ik scil ’t skriuwe. Dou gieste joun mei de beide migen nei Reinou to pizeljen; dêr is in oansit om de bûrrerekkening fen forline jier op to nimmen. Dat scil wol healwei toalven wirde ear ’t jimme dêr weikomme. Wiles kin ik alles skriuwe.” Hja liet aenstons for in stûr pin, pompier en inket fen master helje, en bigoun do dit to kwatteljen.
[Yllustraasje: DE APTHEEK FEN MASTER CAMSTRA.]
“Us frou, earm minske, is noch fen kjeld en honger mids yn al hjar jild omkomd. Hja wier sa eang, det hja it ein net fine scoe, det der nin turfke op stean koe, om hjar in bytke to waermjen. Soms hie se in mannich koalsblêdden fen de rúchskerne fantele, dêr se thús op omgnaude. Do hja sa forswakke det hja bêdridich waerd, hie se altiten it each op de pultrom, dêr hjar lânskipsbrieven yn laeinen; oars hie hja ek net; hwent om hjar jild by de ljue út to setten, dat bitroude hja net. Hja wier ta it lêste ta by hjar forstân, mar op in jountiid, (it skimere sa hwet) do it tsjin it ein roun, sei se tsjin my: “Fod, ik leau det myn ûre hast forroun is, en ik hab noch hwet oan dy to sizzen.” “Hwet is dat frou?” sei ik. “Dou haste my lêsten frege om fjouwerhûndert goune om de faer fen dyn feint to rêdden, dy oars de kluwers yn hûs kriget, en den noch twahûndert goune for dyn feint om in negoasje yn skjippefellen to bigjinnen. Ik koe dat do net dwaen, mar nou hab ik jild. Lykwol scil ik dy de seishûndert goune net liene, mar wol jaen; op ien condysje, detste my in eed swarste, detste dwaen scilste hwet ik dy hjit, en detste dat oan nimmen op de wrâld forklappe scilste.” Do ik dy eed dien hie, joech hja my de kaei fen it pultrum om in sek gounen to krijen, dy ik ûnder myn sneinspak yn myn kleankiste treau. Do liet hja my de tromp mei al hjar lânskipsobligaesjes krije, en sei: “Dêr, Fod! Pas dêr op! Dêr sit de aep yn! Dêr moat nin ien fen myn erven syn kloeren oan sette. Liz dy ûnder myn holle as ik yn de deakiste liz.” Do liet se my út in forholen hernke fen it pultrom noch in lyts seamlearen pûdtsje mei 25 goudene ducaten krije, en do hja dy yn de hân hie, sei se: “Jow my kâld wetter.” Ik joech hjar in komkefol, en mei lytse swolchjes bigoun hja do dy goudstikjes der yn to proazjen. Soms bleau der ien yn de kiel stykjen, en as hja den kokhalze, den toft ik: “Nou smoart frou!” It slikjen foel hjar wakkere swier; mar mei folle gewraem hie se yn in ûre al de fiif-en-tweintich ducaten der trochskouwen, en do de lêste der mei in útritsene hals troch komd wier, sei hja: “Godtank! Dat is birgen, Fod. Dêr scille myn migen de fingers net giel oan telle.” Dat wirk hie hjar sa ôfboald, det hja gau nei de siken bigoun to gapjen. Der kaem in ôfgryslike greate flearmûs mei swarte wjukken tsjin de finsterruten oan to flodderjen; de boarst fen frou bigoun to rotteljen, en mei in tweintich tellen wier hja wei.
Dat ding ûnderteikene Fod en joech it de oare moarns oan de migen, dy beide útrôpen: “De wierheit hat in skel lûd!” Aenstons gongen se nei de grytman, eft hja it lyk wer út it grêf opdolle mochten, en dy stie it ta, mits det exteur en adstinten der by wierne. Do de deagraver en syn soan, dy dat wirk bifellen wier, de kiste jouns yn master Camstra’s hûs optôgen, sei dy: “Ho is ’t nou? By hjar libben woe se nimmen in duit jaen; tinke jimme, det se it nei hjar dea dwaen scil?” “Dat scille wy bisiikje”, seinen de migen. Do de timmerman it teksel fen de kiste skroefd hie, wier de earste greep fen de migen ûnder de holle fen it lyk, en ja wol, dêr founen se al de lânskipsbrieven, lyk as Fod skreaun hie. Mar de ducaten sieten hwette djipper, en dêr kaem master Camstra by to pas. Hy lei it lyk op in lange bargetrôch, en do er it dealekken der ôf hie, siet ’er in onwiten gielspekkelde pod op hjar boarst, dy der mei de tange ôfnomd waerd en yn de jarresleat smiten. Mar do master it mês yn de mage sette om de ducaten to finen, do kamen ’er trije slangen út hjar kiel opsetten, dêr de migen mei exteur en adstinten fen út eltsoar spatten, mienende det it gesanten fen koarthakke wierne; mar master, dy wol oan in goede, mar net oan in kweade god leaude, feegde der mei syn rotting yn om, det de bisten gau krekt sa folle to sizzen hienen, as Wypkmoi sels, dêr hja by út-fen-hûze hienen. Master Camstra hie mei in rep de ducaten wer, dy er yn in komke mei wetter lei, en do hy se ôfdruid hie, joegen de migen oan master Camstra der twa fen, oan exteur en de deagraver, in earm man, elts ien, oan de adstinten ien mei hjar beiden, en fen de oare tweintich stieken se elts tsjien op. “Sjê sa!” sei master. “Dat is sa fier birêdden. En nou forsiikje ik de frjeonen op in glêske wyn.” Hja gongen op in opkeammerke, dat boarstende fol siet fen seagen om bonken ôf to setten, fen toskelûkers, papaverkoppen, aptekersflessen en potten, fizels, liedbânnen, stimpers, slangen en salamanders, dy oan de balken hingen, en alderlei reau mear. Do’t hja mei de piip en de romer yn ’e hân ûnder seil wierne, sei Foake-miich: “Dat like earst wol eft it net ienders in waeideade wier; en nou is ’t noch in wyndeade wirden.” “Nou ja, sei de deagraver; it kin ’er ek op stean. Hja komme allegearre by my to lânne, mar sa’n ien as Wypkmoi hab ik noch net bistoppe. Dat liket ommers as in hier op in baerch; dy dooch ek net foar det er op de ljedde hinget, en dy de riezel der út hawwe wol, moat ’er mei it mês by.” “Sa, sei master Camstra, “den bin ik de slachter? Dou makkeste al in moai man fen my.” “Ja, master, sei de deagraver, om jo de wierheit to sizzen, binne jy lang sa’n goed man net for myn húsgesin as jou foargonger Pillenborch. Dy wiste hwet in deagraver takaem. As dy mei in Wjelsrypster goed oan ’t pirgearjen en ierlitten wier, den sei ik tsjin ús Wiggele: “Boi, meitsje de klokstouwen mar los en set de lodden mar klear!” Sa heart it. De deagraver en de doctor moatte maets wêze. Dy moatte eltsoar it wirk yn ’e hân spylje[59]. Mar jy litte de siken hast yn hjar eine sop opkoaitsje, en de flime en de jalappe lykje wol contraband by jo to wêzen. De need moat al oan de man komme as je dêr ta oergeane, en it is eft de divel ’er mei spilet, nou is ’er net heal sa folle op it tsjerkhôf to rêdden as mei master Pillenborch. It liket wol eft de dea folle banger is for in docter, dy in bytsje as dy in bulte docht.” “Ik forjow it dy, Jouke, sei Camstra; “it is myn eine skild. Ik hab dy spraekwetter ynjown, detste alle dagen net krigeste.” “Ik scil jo oars net lekje, master, sei de deagraver; “nou alteas binne jy in bêst man; hwent út de mage fen in breid fen de divel helje jy in wintertarringe for my en myn earme bernkes.” Us moeike de breid fen de divel? sei Foake-miich; “dou makkeste ’er hwette moais fen, Jouke.” “Ja mar, dy eare, sei Jouke, is net allinne for jimme Wypkmoi; dy is for alle earnige âlde fammen, dy hjar jild ljeaver opfrette, as det de earmen der brea for koften.” “Nou, den scil it koarthakke oan nin breiden haperje, sei Jelle: “hwent de âlde fammen wolle ljeafst allegearre it midden mei de beide einen allyk habbe.” “Kom, frjeonen, litte wy dit glêske ’ris drinke op de brilloft fen koarthakke en Wypkmoi!” sei master Camstra; “jild hat se net, hwent dat habbe wy yn de bûse, mar hja is moai en ljeaf, en dat is ’t princepealste. Hwent jild smeit hjar brêgeman sels sa folle as er wol.” “Jimme spiele de mûle wakker oer ús moeike, sei Jelle-miich, “mar dat wol ik dochs net sein habbe. Kom, litte wy hjar de lêste eare biwize, Foake! Wy binne ’er de neiste ta.” Hja gongen nei it lyk, en kamen mei in rep by it selskip werom. Do de tredde flesse wyn ek himmele wier, sei Jouke: “Kom, frjeonen, nou woe ’k myn oeft den ek wol wer habbe.” Do se wer by it lyk kamen laei ’er in plasse wetter ûnder de kiste. “Hwer komt dat wei? sei Jouke.” “Wel, sei master, “ik tink, det de faem dêr hwet reinwetter poezze hat; hwent ik hie hjar sein om de flier mei in wiete dweil hwette op to nimmen.” Jouke djipte de finger ’er efkes yn en preau det it hwette siltich wier. “Reinwetter is ’t, sei Jouke, “mar it is earst troch de teams fen de bonge roun.” “Ah! sei master; “bigrepen! Twa bysfeinten hawwe de wite beantsjes op Wypkmoi ôfdroege.” De beide migen gysgobbene, en seine: “Jy witte wol, master; alle hilligen moatte hjar waeks habbe.” Hja tilden it deafet op in dongwein en setten it húske fen master, dat lege wirde moast, ’er neist, en sa rieden se mei brânnende lonten nei it grêf ta. Dêr kommende lieten se de kiste it boppeste ûnder yn it grêf tommelje, sa det Wypkmoi mei de noas nei ûnderen en it gat yn ’e hichte to lânne kaem. It húske moast nei in rúchskerne ta, dy in ein fierder laei, en dêr se yn ’e fierte gestrún hearden fen nijsgjirrige minsken, dy op it flikkerjen fen de dievelantearne oangongen, dêr se de bigraffenis mei biljochtene, smieten de beide migen de âlde rogge hastich út it húske boppe op hjar moeike del. “Dat is plechtich! sei master oan de exteur en adstinten. Mar habbe jimme nou neat om de deade to earjen, as om jimme glêske to leegjen?” “As it der op oankomt om in deade de lêste eare oan to dwaen, sei exteur, al moat dat hwet kostje, dêr binne wy allehiel nin houn fen. Hawar! Dêr is de contributie fen exteur en adstinten fen de gritenij Hennaerderadiel!” En mei ien keilden se mei hjar trijen elts in deade forsûpte kat, dy se út de jarresleat opbaggere hienen, op de kiste fen Wypkmoi del. “Soarte by soarte, sei Jouke, en tsjoenster by tsjoenster. Mei better selskip koe Wypkmoi nea ûnder de kluten komme.” Hy naem de lodde, pompte de kluten op de kiste, stampte it grêf ticht, en genacht wier it mei de âld faem.
It wier al nachtwirk wirden, en hja kamen net foar healwei toalven thús. Gosse hie ûnderwiles forskate ramen op Fod dien. Hja seach sa blier ta de eagen út; en der fonkele sa’n bulte wyt yn! Hja siet ek sa fol kwinkslaggen, det hy tofte: “O, as ik dêr mar mei in swevelstôk nei wiis den stiet hja ek yn ’e brân.” Mar dat wier misrekkene. Hja praette as in alk de hiele joun troch, mar as er hwet frijpostich waerd, den wier ’t: “Dou moaste it mei de mûle ôflizze, heite! Hânnen fen de tafel; it is forkoft flêsk.” Op it lêst treau er hjar in nije keabelde keizersgoune fen Keimpe yn de hân. “Ik tankje dy for Beits,” sei se, en joech de goune de oare moarns oan Beits, in earm widdou, dy mei seis lytse bernkes sitten bleaun wier. Gosse, dy seach, det er dêr nin boadskip hie, wier al om njuggen ûre to koai gien, en Fod siet mei greate noed to wachtsjen, ho de boel ôfroun wier. Do se fen de migen hearde, det de aep birgen en alles birêdden wier, foel hjar in stien fen ’t hert. “Godtank! sei se, det jimme jimmes habbe, en det Ynse âlders rêdden binne. Hwet in brodze jild habbe jimme nou, en noch habbe jimme fen moeike net ienders leedbôllen jown!” “Wel ja, ljea’! sei Foake-miich, “in âld kring, dy hjar jild opfret, hjar oblegaesjes mei yn ’e kiste nimt, dêr noch jild by lizze! Nou ja! Wy binne noch net steapel, Fod!” “Dat is sa, sei Fod, “mar nou is ’t dochs bihâlden smoar.” “Wier is ’t sei Foake, en dochs leed krigeste net; dat is foarby; mar de sûkerbakken en de kreambôlen binne ta dyn tsjinst. En de brandewynskop scil ik dy ek tabringe. Moarn neimiddei om twa ûre is ’er kreambisite, en dêr kinste mei ús faem wol hantrekken by dwaen.” It wiif fen Foake-miich wier yn de kream fen hjar earste bern, in grou jonge dy Tsjalling hjitte, nei syn pake oan memme kant, en dêr scoe do de lêste kreambisite fen jown wirde. Hwent der wierne al twa oansitten west.
De klok hie de oare deis nin twa ûre let, ef de boerefrouljue kamen der al oansetten; allegearre wakkere twang; ytlike allehiel yn ’t brat. Hja hienen allegearre hwette for it kreamwiif yn it braskoerke ef de bûsdoek: de iene brocht in poun greate klontsjes, de oare brune; de iene in swiere krúskekrintebôlle, en de oare in spekkoeke; de iene in sutmestsjiis, en de oare in bôle bûter; de iene in stik ljirre, en de oare in poun thé, ef in pear poun struisûker. Koartom, hja tôgen sa’n bulte oan, det de kreamheinster mar wirk hie om alles in bihoarlik plak to jaen. Tel dêr nou den noch by al it swiet iten, dat se dagen fen to foaren al troch hjar bern bringe litten hienen, den scoene men ’er in ploech hongerige poepen mei ôffoerre hawwe. Alle bern krigen den in twiebak mei sûker; en as se de poppe yn ’e glûpe en it kreamwiif yn it waermbêd seagen, en fregen, hwer dy poppe fen dinne komd wier, en eft de frou siik wier, den sei de kreamheinster hjar: “Reinsk, ljeave! hat in fiere reis nei de wâlden dien om in poppe to heljen. Dêr sieten hûnderten fen poppen yn ’e beammen, dy hjar allegearre tarôpen: “My earst! My earst. Mar do hat Reinsk dizze poppe nomd: hwent dat wier de ljeafste en de moaiste fen allegearre. Mar op ’e weromreis hat Reinsk in spiker yn ’e foet trape, en dêr moat it sloof nou fen to bêd lizze.”
[Yllustraasje: KREAMBISITE.]
It feest bigoun mei thé, fen dy bêste mûzekeutelkes, dy mei in spierke mannich saffraen set waerd. Hja dronken út lytse pasteleinen kopkes en pantsjes, en for de boargerfrouljue in pear drippen reamme der by, dêr se den de gleone thé út it kopke op geaten, mar de boerinnen dronken de thé sûnder reamme ef mâlke. Do se de mage dêr sa hwet in oardelûre mei broeid hienen, fortrape it selskip him hwette yn de tún; taekten hjir en dêr in rusk beijen, ef plôken in anjelier, dêr de Friezinnen wakkere slij nei binne; oaren sjaggelen yn ’e bûrren om, en snobben hwet healripe parren. Jonge frouljue binne hast krekt as hinnen; hja pikke en bikke de hiele dei by bytsjes fen alles troch eltsoar. It toaniel wier sa fier foroare, det de tafel oan de kop ta fol stie fen al de kreamjeften, dy de gasten oantôge hienen, en dêr midden yn de keningin, in oeribele greate koperen kofjekanne mei trije kranen, dêr de kreamheinster giele kofje, dêr ek hwette pypkaniel yn kaem, mei reamme en brúne klontsjes for it selskip út tape. Do krigen de kreambôlen, de koeken, de twiebakken mei sûker, en hwet ’er mear to plúzjen foel, ek in bar. Hja smûsden en slabben mar foart, en rattelen wiles as in lazarusklep. En dat allegearre ta gelyk; hwent dat is in kinst, dy de frouljue allinne kinne. Undertwiske kaem de poppe ek út de widze allehiel yn it brat, en gong fen skirte to skirte. As de jonge bigoun to grinen, wier er gau in jong-wyfke, dy de boarsten hwette priken, en him tate joech. Elts prize it bern as in skoan bern, bynamme, omdet it sa ’n grou jonge wier; hwent de frouljue taxearje in poppe krekt as in bigge by it poun. “En hwet liket it boike op ’e faer! seinen se allegearre, “it is krekt eft er Foake út de mûle stapt is!” Mar ûnder al dat broeijen, rabjen, drinken en iten fen in tweintich waerme frouljue, wier it dêr smoarhjit wirden, en de poppe, dy mûrrefêst yn it pak siet, krige it sa binaud, det it bern blau om ’t holle waerd. In jongwyfke, dy it op ’e skirte hie, wier mei in oerbûrwiif sa drok oan ’t ratteljen, det se der neat fen mirk: gelokkich kaem Foake, de kreambaes, dêr krekt op yn, om de frouljue ’ris to praeijen, mar do er syn jonge seach, boarstende fen binaudheit, naem er in silverheften mês fen ’e tafel en snie de bânnen fen de ruften en wynsels los, det de jonge yn in omsjen pûrneaken wier en yn in tobke mei lij wetter aenstons wer bykaem. Der waerden al frjemde eagen opskoerd fen dat bidriuw. “It binne tiere blomkes, seinen se do; “in bern komt gau ’ris hwet oer.” “Binamme, sei Foake, as se yn de biknipinge sitte. As jimme hjir sa lang yn ’t kapruft sitten hienen as de jonge, hie de helft fen jimme al dea west.” “Men scoene sizze, reaunte de kreamheinster pastoarske yn ’t ear, “hwer sa ’n man him al mei bimoeit!” Mar de kreambaes snettere om ’e hoeke fen ’e doar troch de fûst as in trompet, en makke gau det er út de reek kaem.
It wier healwei-âlven; do panderen de âldste frouljue swietkes nei hûs ta, mar de tsjien jongste bleauwen noch hwet sitten, omdet it moaiste, de neikluft, noch binefter wier. Foake hie de jouns syn broer mei Jelle-miich, Gosse en Camstra by him hawn yn in oar keamer, mar nou kaem er mei syn selskip ek by de frouljue, om noch ’ris hwet to petearjen. Der siet fen beide kanten al hwet foer yn; hwent it kreamwiif hie in healjier foar hjar wâldreis tsjien flessen Bordeauxe brandewyn op potrezinen set, dy nou as podden úttynd wierne, en de kop en geboarteleppel hienen sa lang mei dat swiete gûd by de frouljue en de manljue beide yn it roun kuijere, det se al in moai luftich sin hienen. En do it hiele boun by eltsoar kaem, waerd it net better; hwent do bigounen de manljue in steil wird to dwaen, en it de frouljue ta to bringen op trije leppelfollen. Dat knoffele sa ta, det in pear frouljue mei âlde biersalmen bigounen en songen as lysters fen: De ruiter en de meid, en sy vryden alle beide; of fen: Clemeen, Waar heen, Waar dwalen uwe zinnen? ef fen: Wat lijdt er een zeeman al verdriet, Als hij gaat naar vreemde landen. Do dizze nachtegealen mei hjar snetterjende stimmen dien hienen, bigoun Fod riedlingen op to jaen; hwent dêr koe se hjar hiele jounen mei formeitsje, en troch folle dwaen, en om ’t se wakkere fornimstich wier, wier hja ek hiel tûk yn ’t rieden wirden. “Nou den, sei Gosse, “hwerom kraeit de hoanne mei de eagen ticht? Rie, rie, hwet is dat.” Do se ’t net retten, sei Gosse: “Omdet syn hinkes oars miene scoenen, det hy syn leksom net fen bûten koe.” “Och, hea! is ’t oars net!” sei Fod. “Hwerom, frege Gosse wer, “hwerom hawwe se in hoanne en nin hin op ’e toer set? Rie, rie, hwet is dat.” Do hja it net retten, sei Gosse: “Omdet, as er in hin op siet, de koster alle moarnen boppe op ’e toer kladderje moast, om de aeijen út it nêst to heljen.” “Och, hea! is ’t oars net!” sei Fod. “Dou seiste al, sei Jelle, “och, hea! is ’t oars net! Sa giet it mei alle riedlingen; sa lang aste net wiste, hwet it is, mimerste hwet it dochs wêze mei, en dou haste ûre noch rêst foar detste it wiste; dou scoeste de stiennen wol út de groun skoerre, om der efter to kommen. Mar wiste it riedling, den is ’t, och hea! is ’t oars net. Sa scil it dy ek gean mei it houwelik. Der is nin riedling, dêr de frouljue gleoner nei binne, dêr se sa de kriuwel fen habbe, as it boaskjen. Mar aste it ûnderfoun haste, Fod, den scilste ek sizze, och, hea! is ’t oars net.” “Hja meije dat sizze, sei Fod, “mar hja miene it net. Hwerom wolle de frouljue, dy troud west binne, altiten wer trouwe? As ’t neat bisûnders is, den wolle men net wer.” “Ja, mar, dat bigrypste net, Fod, sei Foake glimkjende; “dat is mei in frommiske krekt as in hynzer; as dat ienders oan ’t krêbbebiten west is wol it wer.” “En dêr komt by, sei master Camstra, “det in frommiske, dat nin man fiterje ef narje kin, nin tier ef wille op ’e wrâld hat. As de fonken der út binne, den bliuwt dat plezierke altiten noch oer.” Do foelen al dy frouljue master mei gekraei op it liif en kitelen him sa moarddedich yn de beide siden, det er mei de boel skjin oanhelle waerd, en net los kaem foar det er trijeris lûd roppen hie: “frouljues genede!”—“Mar wy reitsje sa keal fen ús riedlingen ôf, sei Fod; “wy moatte mar mei de riedlingen as mei it meiden, lyk as Jelle seit; it net ta hijlkjen komme litte, en it riedling net útlizze. Ik bigjin: Kenste ek in reade faem mei tweintich reade holdoeken? Rie, rie, hwet is dat. Nou jy, master.” Master Camstra: “Kenste ek in fet sûnder naed ef skird, dat oan de kop ta fol is fen twaderlei oalje, dy net yn eltsoar rint? Rie, rie, hwet is dat. Nou dou, kreambaes.” Foake: “Kenste ek in lytste prop fen in manke mei in stiennen rôk? Rie, rie, hwet is dat. Nou dou, boerinne.” Gertske Eeltsjes: “It fet ropt, en dy it leech sûpe swije. Rie, rie, hwet is dat. Nou dou, masterke.” Afke Camstra: “Kenste tsjien wite skieppen, dy hiele dagen oan in reak plúzje? Rie, rie, hwet is dat. Nou, dou noch ien, Gosse, út it hekserhol.” Gosse: “De tafel grinet, wylst de gasten ite? Rie, rie, hwet is dat. En nou de admirael, de kreamheinster.” Bouk Hoites:
“Twa rigle wite kij, En dêr in reade bolle by.
Rie, rie, hwet is dat. En nou dou Jelle.” Jelle:
“De Winâmer[60] katten Jeije de Mullumer[61] rotten Troch de Harnzer kloksgatten.
Rie, rie, hwet is dat. En nou dou, Ynse.” Ynse, de feint fen Fod: “Hwa siket altiten nei syn geboartepleats? Rie, rie, hwet is dat.” Op al dy riedsels waerden fen it hiele selskip forskate ramen dien, en howol se deamaklik binne, waerd ’er net ien fen ret. “Dat komt fen de brandewynskop, sei masterke; “as men in tritich fen dy poddige rezinen slynd hat, kin men better sjonge, as op dy riedlingen om hwottefylje “Kom, sei Foake, “as dat sa is. Afke, moat de houn, dy ús biten hat, ús ek mar wer genêze.” Hy rierde de kop om, en brocht it hjar ta; sa gong hy al wer it boun yn ’t roun, en kaem it lêst by Fod, dy ’ris lies, hwet op de leppel stie, om to witten ho âld as it kreamwiif wier; hwent it wier hjar geboarteleppel. Do hja seach, det it kreamwiif pas njoggentjin jier wier, en hja al ien-en-tweintich, suchte hja yn hjar sels, det hja noch net mei hjar Ynse forboun wier. “Kom, kom! sei Jelle, dat in finen sliper wier, “suchtsje mar net. Lêz ljeaver ’ris hwet op de kop stiet.” Op dy silveren kop stie op de acht kanten it meiden en hijlkjen útsnein. Op de earste kant, as de faem en feint eltsoar for it earste sjenne. Op de twade, ho hja to keamer geane en dounsje. Op de tredde ho ’t hja snein to joune meide. Op de fjirde, ho ’t hja mei de knotte boaskje. Oan de oare side de fjouwer oare kanten, en dêr op de fyfte kant, it gearjen fen it húsrie en it húzjen; op de seisde it trouwen yn de tsjerke; op de saunde, it brilloftsjen, en ta bislút op de achtste kant it earste bern yn ’e widze, en it jongwiif yn ’t waermbêd. Do Fod dat alles biloaitse hie, “nou ja, sei se, en hwet scoe dat? Wy hawwe hjir nou nommero 8; de earste poppe yn ’e widze, mar it kreamwiif al op.” “En dou,” sei Jelle, “biste op nommero fjouwer. Mar dat mien ik net. Ik forsiikje dy, detste oan de frouljue it riedsel foarlêste, dat der om de rânne fen dy kop boppe dy acht kanten lâns útsnein stiet.” Hwerop Fod dizze wirden foarlies: “Hwat jongwiif hat de measte wille by hjar man? Rie, rie, hwet is dat.” Der kamen al rare gjalpen en útfallen, dat siz ik jimme; hwent hja bounen hjar net folle yn. Wy scille der mar fen swije; hwent it wier in wylde boel, dêr alles troch eltsoar kraeide. Mar ien ding kin ik dochs net swije. Der wier nammelik ûnder de tsjien jonge frouljue ek in widdou fen trije-en-tweintich jier, mei namme Wopk Wiggeles, dy foar in fearnsjier hjar man op sé forlern hie. Rinse Eables, sa hjitte hjar man, wier skipper op Hamborch, in Kimswerter, dy ek to Kimswert mei syn wiif wenne; mar nei syn dea wier se wer by hjar mem to Welsryp yngien. Do de domenij en de âlderling hjar de tynge brochten, det hjar man mei man en mûs foar Helgolân forgien wier, gûlde it sloof it út, det bûrren en oerbûrren hjar tsjirmjen hearre koenen, en hja naem hjar dy dea sa nei, det se eltse dei jammere, det se mei Rinse hjar grêf net yn it séwetter foun hie. Der wier mar nin stilstean yn to krijen, en yn pleats fen to sliten like it noch wol oan to boazjen. Eindelik sei hjar sister: “Wopk, dou bringste dy sels om hals. Dou moaste dat hwette út dyn sinnen sette, ef dou scilste dyn man gau nei it hôf folgje. Kom, forbrek dy hwet. Dou kinste mei de deaden net hûshâlde. Joun is ’er oansit by Reinsk; dêr is kreambisite. Dêr biste ek by bean. Dêr komme oars net as fen dyn kinde; dêr hearste by, en dêr moaste hinne. Kom, as in faem; strûp dy mar oan. Ik scil dy wol in hanke helpe.” Nou, hja liet hjar mei folle oanstean, ek fen mem, einlik dochs sizze, en hja stieken hjar yn ’t brat sa moai as in jong widdou wêze kin. Der siet Wopk as in bloeijende roas yn ’t midden fen dit boun; in frommis oan alle kanten folslein en weelderich útlein; fiks út de kluten sketten, en as se gong waeide se oer strjitte. Hja hie fen dy greate, iepene en bliere blauwe eagen, en der in fyn bisneine lange noas twiske. Twa dopkes hie se yn de wangen en ien yn ’t kin, dy foar den dach kamen as hja lake. Om hjar fine lippen hie se in glimke, dat ôflibbe stakkers noch goed die. Dat holstik siet op in edele sniewite hals mei in mûtel krop, dêr de leelje-blankens noch fen forhege waerd troch it pikswarte jak en de krippen doek, dy’t hja droech om de rouwe fen hjar man. Hjar hearlike earmen de greatste pronk fen it Fryske frommis, rounen út yn sniewite lytse hânnen mei mûtele spitse fingers met fine neilen, en dopkes op alle knokkels. Mar it moaiste fen alles wier noch hjar gol wêzen, dat nin kwea tochte, nin kwea sei ef die, sa det se sûnder eftertocht alles útflapte hwet hja miende. Sa siet Wopk yn ’e mids fen dizze oerdwealske frouljue! Hja hie de hiele joune net folle sein, mar men koe oars oan hjar glimkjen en praten wol hearre, det it selskip hjar noaske. Do it riedsel fen de silveren kop op ’e lappen kaem, rekke se lykwol frij hwet yn ’e knipe. Allerneist hjar siet in alderflotst wiif, dy it hert op ’e tonge laei; hja hjitte Gaepke Fetses, en wier troud oan in koukeaper fen Welsryp. Dat minske hie ek in tsjeppe troanje, in lyts dripke skeind fen de pokken; mar dat hindere net. Hwet slimmer wier, hja seach nei de oare wike, en dy hjar in lilts namme jaen woenen neamden hjar skilige Gaepk, skilige wip, en skilige mik. Hwet jongwiif hat de measte wille by hjar man? Do dat riedsel fen de silveren kop by alle frouljue lâns west hie, en de iene it noch mâller ôfsein hie as de oare, kaem einlik de bar oan moaije Wopk; mar hja sei: “Dêr kin, en dêr wol ik my net oer útlitte.” “Dat hâldt net, sei Gaepk. “Wy habbe allegearre ús sin sein; dou biste sa goed net, Wopk, ef dou scilste it ek sizze.” “Moat ik it den sizze? sei Wopk. Twingste my? Nou, Gaepk, den hastou de measte wille by dyn man: hwent as wy mar ien man sjenne, den sjuchstou twa.” Do fleagen se allegearre op en kraeiden en sketteren it út fen laitsjen. “Ljeaver twa as ien! gûlden de mânljue. “Dou haste gelyk, Wopk! Ljeaver twa as ien! Ljeaver twa as ien!” Mar ho it hiele boun ek skettere, Gaepk wier prot. “Hwet seistou, sei se tsjin Wopk, “det ik dûbeld sjen? Det ik skilich bin? Skilich dy it seit.” “Ei! né! Gaepk? sei Fod, Foi! dat moatte je sa net bigripe. Wopk mient net det je skilich binne; jy plure hwet, en sokke frouljue hawwe de manljue ljeafst. Wy hawwe it ommers sels ek meast op manljue stean, dy de eagen sa hwette driuwe, wit je?” “Dou mienste dochs nin skilige jonges?” sei master. “Né, né! sei Fod. “Sa gek binne wy net, det wy in skilige mik ljeaver hawwe as ien, dy rjuchtút sjocht. Né, sokke dy sa plure as Gaepk!” It minske leaude it gelokkich, en hja seach allehiel nei de oare wike. O wé! as hja it net leaud hie. In frommiske scil dy alles op it ein forjaen, bihalve aste hjar seiste, det hja onsjuch is. Dat scil se dy yn der ivichheit wreekje!
Der kaem op it lêst (hwent it wier hynstemiddei) ek in tiid fen skieden. De frouljue riisden oerein, skodden de pels hwette, en scoenen foart, do Akke Ubeles, in boerinne, dy seis bern hie, oan it boun sei: “Wy moatte Beitsk de eare dwaen, dy hjar takomt; wy moatte hjar allegearre mei de plasse thúsbringe.” Om dat nou to bigripen moatte men witte, det de Friezinnen yn de krite fen Welsryp, en ek yn ’e hiele Súdhoeke in jongwiif, dy in jier mannich sonder bernheljen by de man slept hie, op kreambisites fen de krintebôllen allinne de plassen ite mocht. En ongelokkich wier dat sa mei Beitsk Hommes dy ek op ’e kreambisite wier, in boerinne fen Tjepperbuyr, deun oan Welsryp. It wier in frommis as in lôge, mar hwet smel fen heupen. De molkenkeamer brûsde ’er oars út; en sa kreas as in krúsbei! “Ja, sei Foake, “dêr moat fen wêze. Is ’t nin skande? As men sa’n frommis as Beitsk mei in broek tsjin de skerteldoek slacht, den scoe men sizze, is ’t sa.” Mei ien stau de hiele fleet fen frouljue by Foakes de doar út. Fod en de faem pangelen efternei om ’ris ôf to loeren, hwet hja útsette scoenen. It wier in moaije stille simmernacht; de moanne kwynde sêft en bleek troch tinne skieppewolkjes, en oer it stille fjild hearde men neat as it hoaljen en joeljen fen dizze oerdwealske jongwiven. Sa kamen se op Beitske-en-hjarre hiem, en rinkelen oan de klink fen de milhúsdoar. Aukeboer, de man fen Beitsk, in jong tsjirl fen 25 jier, kaem yn de ûnderbroek fen it bêd, en die sels op, net tinsende, det hy yn ’t holste fen de nacht noch sa’n bisiik krije scoe. As de blits krongen de frouljue yn hûs en om him hinne. De rapste, dy foar him stie, sei: “Hjir bringe wy dy nou dyn jongwiif wer mei de plasse thús; mar, Auke-boer! pas my op, det it de lêste reis is!” en wylst hja dat sei, griepen twa him fen efteren yn it baitsje en it himdshalsem, en fjouwer fen de sterkste klimden him elts by in earm ef skonk; sa slypten se him, hwet hy ek wraemde en skopte en flokte, mei holpe fen Fod en de oare frouljue nei it heafek ta, en der kitelen en tantearren se him sa moarddedich, det de boer it útmoartte. Op it lêst skjin mei de boel oanhelle, krigen se him sa fier, det hy op syn bleate knibbels betterskip biloofde; mar hy kaem net los, foar det hy se allegearre de folgjende sneintojoune op de kofje en Dimter koeke by him nedige hie. Dêrop gong elts syn wei nei hûs, en de jonge wiven kamen allegearre mei in luftich sin en in ingelaftich wêzen hy hjar manljue op bêd.
Do de migen it húsrie fen Wypkmoi eindield hienen, wier de tiid fen Fod dêr oan hûs ek forstritsen, en hja stelde mei Gosse op, om mei hjar beiden nei Molkwarren to tsjen; hwent Fod woe hjar mem earst noch ’ris praije, foar det se mei Ynse troude. Mar Gosse woe earst noch to Aldegea yn de Lege Wâlden oan; dêr wenne ek in moeike fen him dêr er as bern út-fen-hûze en in bulte wille mei lipaei-siikjen en farkeljen yn de Fljussen hawn hie. Hy wier rju skoftich om as de verloren zoon wer to Molkwarren to kommen, en hy hie der nea wer in foet set as Keimpe it him net oplein hie, en sa wynde er om sa lang as er mar in doekje for ’t blieden wist. “To Aldegea, sei er tsjin Fod, “kinste aerdich in nacht wêze; dêr is ek noch in nift fen my, ien fen dyn âlderdom, in nuver praterke, dy dy goed bifalle scil.” Koartom, hy floddere sa moai, det Fod bistek yn ’e reis krige, en do Ynse hjar sei, det hy der neat tsjin hie, gongen se op in iere moarn nei Spyktille, om dêr yn it Ljouwerter trekskip nei Bolswert to gean. Mar sa as hja to Swachtum, tichte by Spannum, kamen, stie Keimpe foar hjar, en sei: “Dêr binne jimme ommers ek al. Hwer scil dat hinne?” “Earst nei Aldegea, en den nei Molkwarren,” sei Gosse. “Kom, dat treft aerdich, sei Keimpe; “ik hab hjir in knol, dy ik for fyftich inkelgounen en trije skeljen oan Abe Joutes, in boer to Aldegea, forkoft hab. Dêr scoe ’k myn feint mei hinne stjûre, mar nou kinstou him meinimme.” “Nou, sei Gosse, dat nimt my neat ôf. Mar ho den mei dizze jongfaem? Kinste ek hynsteride, Fod?” “Biste gek? sei Fod, “hwa hat my hynsteriden leard? Aste praetste fen reedriden, dat scoe hwet oars wêze. As wy yn de haeijinge wierne, en de feint brocht it hynzer wer nei de mieden ta, hab ik as famke faek efter op it gat fen it hynzer sitten en den hie ’k de earm om de mil fen de feint slein. Mar oars hab ik nea op in hynzer sitten. En dat gong den noch net fierder as oer Jaeksmefonne.” “En hwerom scoeste dat nou noch net ’ris bisiikje? sei Keimpe; “hwet der jong ynkomd is forleart sa gau net. En it bist is sa njuet as in laem; in bern kin it liede. Bifalt it net, wel nou, gean dêr ôf.” Fod, dy allehiel net eang for in dea rot wier, sei: “Nou kom oan, fyat den!” Gosse sprong op de guds; Keimpe wipte Fod der efter by him op, det se dwers to sitten kaem; en do se him hjar bûsdoek om de mil dien hie, om hjar dêroan fêst to hâlden, sei Gosse: “Wel nou, keapman” ho liket it jo nou ta? Ha je ek birou? Ik tink net, det jy ea wol sa’n gnap faem efter jo hawn habbe.” “Né, sei Keimpe, “mar hja is my to jong. Ik hab se ljeaver, as hja in seiske mannich âlder binne. Den binne se hwet bilegere. Ik bin in ljeafhabber fen antiquiteiten. Dat kealflêsk is my to flabberich. Nou, foart mar! De boer goêndei sizze. It jild krije wy wol ’ris, as hy in Hollân komt. Goereis jimme!” Dat gong do op in sukkeldrafke nei de Spyktille ta en Fod hie ’t gelokkich net forleard; hja siet op it hynzer eft se der op floerre wier. Mar sa as hja to Donia kamen, seach de guds nychheit oan in greate pod, dy yn ’t spoar laei, en spatte bisiden de wei mei sa’n ougryslike raem, det it krekt wier eft it bist út eltsoar fleane scoe. “Hwet is dat?” sei Fod forheard. “Hâld de bek, frommis! sei Gosse, “ef ik lit dy stean.” Mei ien wier it eft dy knol fûgel waerd; hy roerde nin groun mear, en net oars as in earrebarre wjukkele er mei loame slaggen yn ’e hichte. Fod fielde it stjitten fen de knol net mear, hwent hja saeiden op en del, krekt as in skip yn de holle baren fen de Spaenske sé, en soms roun it wéwetter hjar ek om de tosken as ien dy séwalgich waerd. Mar do de knol goed oan de hael wier, hie se ’er nin lêst mear fen; hwent do gong it strielrjucht as in swel foarút, sa det Gosse de linten fen syn hoedke en Fod de mûtse en skerteldoek as striewispen fen de swang efternei fleagen. En eft dit alles noch net briker nôch wier, foroare it hynzer boppe Warntille op it kraeijen fen in hoanne yn in greate bok, dy pikswart wier. Fod hie hjar noch al krankyl hâlden, mar do se dy skerpe rêchbonke en heupen fen de bok fielde; do se dy hoarnen en dy sikke seach; do se seach, det se op it rydhynzer fen de tsjoensters troch de loft fleach, en do se dat heislik bist soms holsk bletterjen hearde; ja, do bisauwe de faem, en it wier hjar om it hert eft hja boppe de lôge fen de hellepoel fleach om ’er daelk hals oer kop yn to tommeljen. Sa brânnende fen eangstme en mei koegelsfeart foart fleanende, kamen hja mei in blits tichte by de Gastmear; mar do Fod dat toerke yn ’t each krige, waerd se sa bliid as in ingel, en rôp it út: “De Gastmear, Gosse! Gosse, de Gastmear!” De faem, sloof, wist net, det men by sokke reizen net kikke ef mikke mei! De bok net links saeide as in fallende stien tichte by in rúchskerne del en dêr liet er syn efterein mei Fod ’er op stean, wylst Gosse sels op ’t foarein wer yn de loft opfleach, swaeijende mei syn roun hoedke, en it lûd útkraeijende: “Vivat Gosse Knop en syn patroan!” Fod wier sêft del komd; mar dat each fen ôfgriis, dêr se dat efterein fen in tsjoensterbok mei oanseach, is mei nin pinnen to biskriuwen; en do dat heale monster sjender each yn in libbene otter foroare, ja, do flechtte se as de wyn yn ’t doarp op. Gelokkich for hjar, det ’er just in potskip foarby de Gastmear foer, dat nei de Galamadammen moast. Dêr gong hja mei, en de potskipper brocht hjar, omdet hja in tsjinstboade wier, for in dûbelstûr oer, en lâns in binnenpaed kaem se sa noch dy selde jouns by mem oan.
[Yllustraasje: LJOUWERTER TREKSKIP TO SPYKTILLE.]
De goede moeije kriet fen blydskip, do Fod hjar alles fortelde, en tanke God, det hja hjar ljeave doaiter nei sa folle fiten fen de bok fen Herodes noch libbend wer sjen mochte. In spekkoeke, dy se op Koldumer merke koft hie, dêr traktearre se Fod op; mei in kopke alderbêste keutelke-thé, dy hjar soan Botte, in siler op de Eastsé, hjar fen Petersborch meinomd hie. Hja pijde Fod mear klontsjes ta, as se hast mochte, en alle amerijen streake se Fod mei hjar omkearde toarre hân oer it mûtele wang, en sei: “Myn poppe! Wachtsje dy for Gosse! Dat is altiten in swicht west, en dat scil er ek wol bliuwe.” Fod bleau in fjirtjin dagen by mem út-fen-hús; dy joech hjar twa stikken linnen en in skûte baggeler mei in swarte glêdde kat ta húsrie. Do Fod wer to Wjelsryp kaem, waerd hjar gau in great nijs forteld; Jelle Pibes hie boaske! En oan hwa, tinke jimme? Ried ’ris. Oan moaije Wopk. It wier in glêdde widdou, en it wird fen hjar op ’e kreambisite oer de skiligens wier oan nin doave sein. Yn twa jounen spile Jelle it mei hjar klear, en twa moannen letter kamen se mei Ynse en Fod foar de preekstoel. Do se troud wierne, en elts mei syn wiif oan de lofter side de tsjerke útgong, sei Ynse oan Jelle: “Dat sit ’er op!” “O, dat is neat! sei Jelle, as ’t er mar net yn sit.”
Do Gosse yn in finne by Aldegea delsaeide, sei er yn him sels: “It rydt dochs noait hirder as mei in liend hynder en eine spoaren.” Dêrop gong er aenstons nei moeike ta, dy er wysmakke, det er him fen de Gastmear mei in boatsje nei Ealehúzen oersette litten hie, en fierder kuijerjende to Aldegea komd wier. Mar dêr bleau er net lang; hwent hy makke it sa fen aeijen, det se him ljeaver fen efteren as fen foaren seagen. Syn moeike hie nou al in jier mannich sa hwette omkwynd mei in ongemak yn ’e lever, mar it wier oars in froed oprjucht minske; de goedheit sels, scoe se hjar sels wol weijaen; ek miende se, det oaren krekt sa from wierne as hja sels. Dêr waerd misbrûk fen makke; hwent net allinne, det forskate skrokke migen en niften hjar op ’e bûse rounen, mar in pear drompelmaegden tôgen hjar ek wei, en de bidlers wisten wech-ende-wear, det se nin hongerich man, ef dy mar sei, det hy honger hie, foarbystjûre koe. Do Gosse dêr in pear dagen west, moeike wakker flaeid, en de krite sa hwette omsnúfd hie, krige er in doaiter fen in widdou yn it each, in lyts kreas wâldding, dy de brune eagen as fjûr yn de kop fonkelen, en sa rêd wier as wetter. Op dizze faem flamde er as in oun, en dêr se beide hjar brea mei swier bodzjen fortsjinje moasten, tocht hy, det ’er mei in Hynljipper skerteldoek en in pear keizersgounen in bulte oan to dwaen wier. Do er dêr earst mei oankaem, wisten se net hwet er woe, sa onnoazel wiernen se yn sokke smoarge dingen; mar do se bigriepen hwer it om to dwaen wier, reagen moer en doaiter beide him mei tange en luiwagen de doar út; hja smieten him syn jild en skerteldoek efternei, en bieten him ta: “Dêr, smoarge pluch! Reisgje dêrmei nei de pompierblazers to Ljouwert! Dêr hearste thús.” Gosse hie foar wyn en foar stream; hwent de moar geat him noch in pôtfol smoarch skûtelwetter op syn baitsje ta. Dat laei him heech! Hy miende det for jild alles to keap wier, en nou seach hy, det er yn de klúskes fen de earmen noch ear en deugd bankje koene, dy hjar for nin silver ef goud forkeapje wolle. Mar dêr kaem noch hwette oars by, det it net better makke. De mem fen de faem brocht dy set fen Gosse mei de waerme hân by hjar bûrwiif Roits Djorres, dy ’er de mûle wakker oer spielde, hwer ’t hja kaem, en to Aldegea praette se oer neat minder as tichthûs en giselpeal for smychten fen Molkwarren, dy yn de Lege Wâlden kamen om in jong frommis ongelokkich to meitsjen. Hy wier eigendivels yn him sels, en sei: “Ik wit wol, det ik hjir langer nin holle hiel hâlde kin; mar foar det ik reisgje scil ik dy klitse noch ’ris to fiter ha. It scil hjar hûgje, det hjir in smycht fen Molkwarren west hat.”
[Yllustraasje: GOSSE SYN COMPAGNON TO ALDEGEA.]
Der wier do just to Aldegea in frjemd keardel, in landlooper, ik leau út de Knipe, dy ’t platte lân sa hwet ôfroun mei in merskoerke fol gearnaeide boekjes, lodderrein, bân, fiters, spjelden en sokke snypsnaren. Dy koe Gosse en frege him, eft er hânjild oan him fortsjinje koe? Hy hie dy deis nin duit woun. “Ja wol, sei Gosse, “mar den moaste Roits Djorres fen Kâldwâlde in pak bruijen bisoargje, dat hjar net licht forjitte scil.” “Top! sei de keardel, dat nim ik oan. Hwer biste hjir thús?” “By myn moeike.” “O, dy ken ik wol, sei de keardel, dat minske hat al saun jier omgammele; ik hab hjar wol drippen forkoft. It is de snoar fen Klaes Tjibbes.” “Dou witste it allegearre, sei Gosse; mar hwet scoe ús moeike dochs skele?” “Dat wit ik net, sei de keardel, en der is nin ien doctor ef prefester, dy it wit. Hja hat wol in hoedfol gounen formastere en forplastere, mar al dat túch koe hja like goed yn hjar skoech getten habbe. Hja is bitsjoend, en dat hat nimmen oars dien as Roits Djorres fen Kâldwâlde. Bigrypste my?” “Ja wol, bigryp ik dy, sei Gosse; gean dyn gong mar. Dêr lizze trije inkelgounen en in skipkeskelling for dy klear.” Dy keardel gong dadelik nei Klaes Tjibbes, in bygelovich man, en makke him wiis, det syn snoar troch Roits Djorres bitsjoend wier, en det hja noait wer genêze scoe foar det Roits hjar net seine hie. Troch forflokkinge wier se bitsjoend, troch seinjen moast hja wer onttsjoend wirde. De man leaude it sa fêst as in mûrre, en do de keardel syn snoars soan, Jan Dides, in mounler, yn ’t selde gelove brocht hie, waerden beiden sa grimmitich op Roits, det se it minske wol aenstons as in hoer fen de satan yn flarden forskoerd habbe scoenen. De oare deis gongen se ûnder hjar beiden al mei in skipke nei Kâlderwâlde, en sa gau as it tsjuster waerd (it wier yn Decimbermoanne) rinkelen se by Roits oan de doar, dy opdie en frege, hwet hja habbe woenen? Hja seinen neat, en bleauwen mar stôkstil stean, sa det Roits, dy dit spil net stoe, de bûrman rôp. Dy frege wer, hwet se woenen. “Wy wolle in piip tabak by dy drinke,” seinen se. “Wel nou, kom den yn, sei de bûrman; hwerom bliuwe jimme dêr sa yn ’t tsjuster stean?” Hja gongen yn, namen elts in lyts pypke sûnder hakke út in pypsek, stoppen kroltabak, sa fyn as jern, út smelle earnen tabaksdoaskes, dy se yn de broekssydbûsen droegen, en pypken sa oan; en do se dêr hwet tabak en bier dronken hienen, gongen se wer foart. It wier ûnderwiles noch tsjusterder wirden, en sa gau wier de bûrman net to koai ef Klaes Tjibbes rameide mei in ljedde by Roits de doar yn. It minske joech in gjalp fen skrik; mar Klaes sei: “Dou âlde divel! Bear mar sa net! Dou haste wol witten, det wy komme scoenen. Dou haste myn sister bitsjoend. Mar nou scilste ús net ontkomme.” It minske sei by God in al syn hillige ingels, det se fen nin tsjoenen ôf wiste; det se dêr wol tûzen eden op dwaen woe. Mar dat holp net. Hja griepen it sloof yn ’e earm en slypten hjar yn ’t skip; en do se to Aldegea komd wierne, brochten se hjar yn de mounle by Jan Dides, hwer se hjar twinge woenen, om it sike wiif to seinjen. Hja joegen hjar mar kar, hwet se ljeafst woe; seinje ef det se hjar yn ’t fjûr smite en ta yeske forbrânne scoenen? Dêr stie in fjûr as in kastiel to brânnen, det de lôge yn ’e skoarstien gong, en Roits tochte, det as se dêr yn moast it mar better wier to seinjen, howol hja der neat fen bigriep; en hja seinde it sike wiif, lyk as de broer en soan hjar foarseinen: In den naam des vaders, des zoons en des heiligen geestes. Do dat dien wier, krige Roits fen Klaes in slach yn ’e troanje, det hjar it fjûr út de eagen en it bloed út de noas spatte; dat bloed fong Klaes op yn in kopke; en do er dat syn sister ynjown hie, brochten se Roits wer nei Kâldwâlde.—Dat wier fynkes oerlein. Roits krige in goed pak, en Gosse lake yn ’e fûst; mar Klaes draeide for de ballen op. Dat ding kaem for it hôf to Ljouwert, en dy hearen wierne om de deaker net mak. Hja sloegen by in hôfssententie[62] Klaes Tjaerds for dizze onttsjoeninge yn in boete fen hûndert inkelgounen, oan it kantoar fen de domeinen to biteljen. Dat bern krige sa noch al in sêfte dea. Mar it dûrre wol in jier ef trije, foar det dit fonnisse slein waerd; sa lang sieten se mei dat mês yn de mage, en Gosse, dy eang waerd, det hy der as oanstoker ek yn bitritsen wirde scoe, makke dadelik, do Roits it oanbrocht hie, det hy út de reek kaem. Mar hy koe it dochs net mei de hiele hûd hirde: hwent to Warns, dêr er hinne gong, bigoun er dadelik deselde flinken wer.
Gosse hie to Warns kennis oan in greatskipper Douwe Rinkes, dy lang mei syn faer as stjûrman fearn hie. De man wier bliid, det er de soan fen in âlde kameraet noch ’ris sjen mocht. Gosse bleau in dei mannich by skipper Douwe, dy him ryk fearn hie, en nou fen de blêdden libbe. It hiele foarhús hinge fol âlde sékaerten, en op in bontferve tafel mei Hynlipper snijwirk stie in trijemêster, dy er op de lange reizen nei Eastynjen ûnder it sjongen fen de salmen fen Dathenus by eltsoar nifele hie. Bêst Dimter bier, dat men wol snije koe, dronken se jouns, en middeis krigen se in glêske swiete Spaenske wyn, as er bears ef kerntsjete snoek iten waerd. It glom yen dêr alles to mjitte; der laei nin rabanke oerdwers, en it wiif wier sa sindelik, det de flierren net allinne mei fine eastynjeske matkes bilein wierne, mar det se der sels noch meast op hoasfoetlingen oergong. Hja forkearden den dageliks ek meast yn ’t lytshûs; dêr ieten en dronken se, en hja slepten allinne yn ’t hûs, dêr it wiif faek hjar eine bêd net opmakke om nin stof to meitsjen. It wier Gosse dêr fiersto eptich en to binepen, ho opperbêst it iten en drinken ek wier, en hy foun der net oars to dwaen as de skieppen to fortsjoarjen. Men moatte witte, det Warns op in lange terp laeit, mei it fynste, koartste en pittichste gêrs, dat earne groeit. Op dat rûge tapyt, (hwent it gêrs is sa koart, det it in griene wollen tekken liket), op dat rûge tapyt weidzje de Warnser skieppen op, dy se ien for ien mei in tsjoar fêstmyrje, en net allinne forsette se faek de tsjoarprikke for elts skiep, mar siikje deis trijeris de skieppeloarten op, om ’er dong fen to meitsjen en better lân to hâlden; hwent oars forskieppet it. Dat neame se dêr loartsjen. Nou, dat die Gosse ek al út forfelinge. Hwent as er neat foel to mâlfarjen ef nin loebesstreken út to fieren, den wier er net yn syn bladeren. Dêr kaem by, det er bigoun to bimerken, det er dêr hosk wier, en do er pinfiske nei de reden, fornaem er fen in keardel fen Sondel, dy dêr boadskip hie en fen syn kinde wier, det in moeike fen de soan fen de Molkwarrer kaichman, dêr er mei nei Amsterdam west hie, mei namme Ael Idzes, al syn fiten forklapt hie. Dy keardel, Hindrik Poep neamd, wier egentlyk út it ampt Lingen fen dinne, en pielde by syn affearens ek hwet mei masterjen. It wier sa’n heale divelbander, dêr de sike ljue bykwamen, as de masters en dokters hjar net helpje koenen. Sa wier ’er do krekt in skoenmakkersfeint, Haeije Klazes, to Warns, dy rju út de heak wier, en al in dei ef acht krûden en dranken fen Hindrik Poep swolgen hie, do Gosse him mette, sûnder det de patient dêr de minste bate by foun. “Dat scil dy moeije birouwje, ef ik scil nin Gosse Knop hjitte, sei Gosse, do er hearde, hwet se fen him sein hie; “is der nin middel op, Hindrik? Dou wiste in bulte rie. Dêr is in dikketon for dy.” “Ik scil myn bêst dwaen,” sei Hindrik, wylst er de dikketon yn ’e foarbroek glide liet. De twa folgjende dagen joech er Haije in hiel lyts braekmiddelke, dêr hy deamisselik fen waerd en in bulte fen koarje moast, mar dochs net fen hoefde to braken. Do dy twa dagen om wierne, hie Haeije syn nocht fen dy dranken as spein spek, en sei: “Heare, Hindrik! Nou is ’t krekt eft my it yngewand de kiel út scil. Ho moat dat?” “Dat scil ik dy wol gau sizze, sei Hindrik; der binne for dy nin krûden woechsen. Dou biste bitsjoend fen Ael Idzes; dy hat dy lêsten op ’e hersenpanne biäzeme, doste hjar in pear skoen meatste. Der is mar ien middel op: de tsjoenster moat dy seinje, ef der moat hjar in bloedrizinge slein wirde, oars kinste nea betterje.” Dat sei er ek oan it folk en de frjeonen fen Haeije, dat meast allegearre skippers, stjûrljue en silers wierne, en it farjensfolk is meast allegearre wakkere bygelovich; de measte leauwe sels, as it wetter nachts tsjin ’e stjuwne opbrûst, det den de geasten út sé by de boech oprize, en mannich hat it der net op stean, om de hounewacht op ’e plecht to habben. De frouljue leauden it allegearre grif, en do dy it op ’e tonge hienen, fleach it as diggelfjûr troch Warns fen it Sou nei it Noardein. Sa kaem ’er den ek al gau in hiele trop by Haeije, om ’ris to sjen, ho se dy baerch waskje scoenen. Dêr kamen Tjaerd Sibles, Claes Alerts, Sible Jans, Douwe Rinkes, Jan Annes, Goit Jayes mei Tryn Claesen. Ja, dêr kaem Ruerd Durks mei syn wiif At Sibles allehiel fen Starum. Do de rie spand wier, kamen se oerien, det Sible Jans der op út scoe om Ael mei in frjeonlik wirdke en in swiet lynke dêr to heljen. It minske gong mei sûnder de minste erch, mar do se komd wier, dienen se aenstons de doar op skoattel, en Hindrik Poep die it wird. “Ael, sei er, “dou haste Haeije bitsjoend, en op steande foet haste him mar to seinjen, ef wy scille witte, hwet wy mei dy to dwaen habbe. Aste net willich wolste, den scille wy der dy wol ta twinge, al hieste alle divels út de hel ta dyn helpers.” It earm sloof, mids yn sa folle folk, dy hjar oanseagen eft se hjar opfrette woene, wier allehiel forbauwereare, en hja koe earst nin wird kikke; mar do Hindrik Poep hjar perse om to sprekken, sei se triljende, det se Haeije net seinje koe; hwent hja wist net ienders hwet seinjen wier. Dêrop sei Tjaerd Sibles: “Hindrik, dêr moatte aeijen yn kloppe wirde. Far foart mei de boel.” “Ja, mar, de donder! sei Hindrik, “ik wol nin rûzje mei de Justitie hawwe.” “Dat is nin skyt, sei Claes Alerts; “wy steane foar de breken. Far foart mar mei de commisje, siz ik dy.” Do naem Hindrik in hynsteteam, en dêr sloech en staette er Ael sa moarddedich mei, det hjar foarflechter oer de flier stâu, en de frissels losfleagen en hjar as in wylde oer ’e troanje hyngen. It earm sloof kiermde it út fen de onhjirmlike pine en eangstme, en fleach as in kat yn binaudheit tsjin doarren en finsters op, om ’er út to kommen, dêr sy hjar den wer hals oer kop fen dinne yn ’e keamer opslingeren. “Hja fordomt it, sei Sible; “hwet scille wy nou mei hjar bigjinne? Scoe it net bêst wêze, det wy dy flarde in bloedrizinge sloegen?” Mei ien bigounen se Ael wer to stompjen en to bûtsen, det it earm sloof einlik bont en blau waerd, en it bloed der oan alle kanten neiroun. It erbarmlik getsjirm fen it minske scoe in tiger it hert britsen hawwe, mar dizze boalen net; hja tichelen der mar op; hja tichelen der sa lang op, det it minske allehiel ôfboale tajoech, en gammele Haeije oansjende, Hindrik Poep neisei: In den naam des vaders, des zoons en des heiligen geestes, ik zegene u!
Mar dêr wier alles net mei ôfdien; dat mûske hie in stirt. De hearen fen ’t Fryske hôf wisten fen nin divel, fen nin tsjoensters ef tsjoenstersliken to sizzen, en skearden alles, hwet mar tsjin wet en rjucht wier, oer ien kaem; hja sieten dizze knapen as gewoane geweldeners efter de boksen, en hja leagden ’er net om! De procureur crimineel makke Ruerd Durks actie oer misdedichheit en lasterlik misbrûk fen Gods hillige namme, en ’t hôf sloech him dêrfor yn ’e boete fen hûndert inkel-gounen mei de kosten[63]. Klaes Alerts en Tjaerd Sibles, greatskippers to Warns, krigen fen it selde lekken in rokje. As de hearen fen it hôf oer de divel toft hiene as de domenijs en de Warnsers, den hienen se Ael Idzes op it heechste punt fen de Warnser terp ta yeske forbarnd, en hjar boalen noch in preemje ta jown. En mûlk hie dat noch wol sa goed for it sloof west as ûnder sa’n blaem foart to libjen. Hja bistie hiel soberkes út in lyts winkelke fen linnen, jern, lint, spjelden, nidlen, almanakken, heilingen, koeke, en sa foart hinne, en elts wier hjar noch al tagedien, om ’t se in earm silerswiddou wier. Hwent it Fryske farjensfolk ûnderhâldden de widdouwen fen de silers net. O, né! Dêr wier it Fryske bloed to edel ta! Mar hja ginden hjar de krúste penning mei de nearring fen de fictualie. Nou houdde dat yn ienen mei Ael op. Elts wie skoftich fen hjar as in trewant fen de divel. Nin mem, dy hjar mei in bern op foetten ef fiemen neiby komme doarst. Nimmen doarst yn dy eagen sjen, dy immen as slangen bitoveren, det hy stôkstil stean bleau en trille as in blêd oan de beam. Nimmen doarst ûnder dy azem komme, dy elts pest en bitovringe oanblies. Nimmen woe it minste triedke jern langer út in winkel ha, dêr de divel mei syn helske kinsten yn alle hokken en hernen nêstele, en de mingers pest en fenyn yn de ieren jeije scoe. As in ôfgriis skoudere stie earme Ael dêr fen alle minsken forlitten: nin earmesteat woe hjar opnimme; nin frjeon ef âlde boartfaem hjar tasprekke. Mei de algemiene skande en forflokkinge ôfladen, litte hja onskildich de bitterste earmoede, en de ljue, wol fier fen jinnich meilijen mei hjar to habben, groeiden yn hjar honger en ellinde as de straffe Gods oer in toverkol, dy hjar oan de divel forkoft hie. Yn sa’n steat rôp hja de dead yn, as de jinnichste, de lêste frjeon, dy hjar út sa’n domme wrâld forlosse koe en yn it ljocht fen in better oerbringe. Hy kaem einlinge as in bode Gods om syn earme fortrape doaiter op to heljen, en de tsjerkfâden lieten hjar stil by nacht bigrave oan de noardkant fen it tsjerkhôf, neist de liken, dy hjar sels to koart dien hienen.
Nei det Gosse dit masterstik útset hie, kroade er einlinge en to lêste wer nei Molkwarren ta. Syn mem wenne by de Kattepôlsbrêge yn in oeribel sindelik húske, mar dat flak mei de gevel tsjin de sydmûrre fen it hûs fen de bûrman stoe. Do er thús kaem stieken alle frouljue fen de pôle de koppen út; hwent simmers wierne alle manljue op sé, en seach men yn Molkwarren neat oars as frouljue, bern en âlde mankes, ef boekhâlders fen skippen. Hja toften det er earm en bleat werom komd hie, mar do se him sa gnap yn ’e plunjes en mei de bûsen fol jild seagen, koenen se net oars tinke as det it de suvere wierheit wier, dy er sein hie, det er negoasje op op ’e eilânnen yn wrakgoed dreaun hie, en det it him dêr skoan mei gien wier. Dêrby kroep er domenij wakker op ’e side, en snijde heech op, ho dierbar it him ûnder syn wird wier. Sneins wenne er hast yn ’e tsjerke; hy naem faek in stik iten mei yn ’e bûse, en as domenij moarns hwette lang preke, bleau er oersitten ta de kattechismuspreek. Dêrby bigoun er him yn de dagelikske wanlinge wakkere noatich en ynbânnich to hâlden, en it dûrre koart ef al de praetkes, dy fen him roun hiene, wierne dea blet en glêd forgetten; en dit to earder, omdet alle jaloerske moers, dy in doaiter oan him slite woenen, syn partij opnamen. Fen it farren hie er syn sinnen alle-hiel-end-al ôfset; ivich op dat griene séwetter om to digerjen, dat sinnige him net; boppe dat wier it him twiske stjûrboard en bakboard hwette to nau, en it rjucht dêr ek koarter-nôch nei syn sin. Sont hy mei Keimpe yn ’e kinde komd wier, hie er ek mear mei it fjûr as it wetter opkrige, en dêrom naem er fen Albert Peer, dy út de tiid rekke wier, de dûbele affearens fen bakker en smid oer. Dat gong mei in feint, dy it wirk forstoe, yn it earst noch al matich; hwent hy wier sels, sa lang it in nijke wier, altiten by de wirken. Hy brocht sels syn graen nei de mounle; hwent hy slingere oan in tou oer eltse skouder twa lippens rogge ef weet, ien foar en ien efter, en sa kuijere hy mei fjouwer lippens graen fen Molkwarren nei de Koldumer mounle ta. Mar oars, hy steunde dochs hwet to folle op de bilofte fen Keimpe, det er yn binlikheit sa folle jild krije koe as er nedich hie. Dat makke him loai; en Keimpe woe him troch krapte oan ’t snoer hâlde. En mei dat bytke, dat er joech, die er noch krekt as in angelfisker, dy, as er byt hat, it ies in bytke to bek takkelt om it fiskje noch happiger to meitsjen, ta it tasnapt, fêst sit en ophelle wirdt. Sa liet Keimpe oan Gosse, as er yn jildpine siet, in mannich dukaten wol ’ris tweintich reizen sjen foar det hy se krige. Men kinne licht bigripe, det ien as Gosse, dy mei it jild omsmiet as kjitte, út in bakkerij en smitterij net folle hunich sûge koe. Alteas it stuitte him lang net heger-nôch, en lyk as folle knapen, dy to loai en to rynsk for hjar ambacht ef hannel binne, woe Gosse nou mar boer wirde. Hja tinke: “Hwa kin net boerkje? In boer is in dom minske.” En boerkjen is krekt it fynste en slimste ambacht fen allegearre, alteas as ’er úthelle wirde scil hwet ’er ynsit. Mar ho nou oan in pleats to kommen? Dêr moast Keimpe him oan helpe, en gelokkich kaem dy mei koartens to Molkwarren.
As trije lytse byfekken by syn fabryk hie Keimpe ek negoasje bigoun yn lotterijbriefkes, yn jenever, en yn de boeken fen Brakel, d’Outrein en Smitegelt. Nou wier der in preker to Molkwarren, dy dizze trije artikels as pesten fen it lân eltse snein útskûrre, en om’t de oanhâlder wint, kamen der mear en mear to Molkwarren, dy der skoftich fen waerden. Dat stike Keimpe sa yn ’t krop, det, do er to Molkwarren kaem, syn earste wirk wier, om Gosse to bilêzen, det er dy preker syn wirden alle krêft binaem troch de laster, det er it mei in slet hâlde, dy neist him wenne. Gosse naem dat oan op condysje, det er him oan in boerepleats holp. “Dat nim ik oan, sei Keimpe, “yn ien nacht foar det de hoanne kraeid hat; aste my mar seiste honear.”
Der wenne do in smid yn Molkwarren, mei namme Sibe Doitses, dy in tachtich pounsmiet fyn greidlân hie en dêr in jinnige doaiter by; in skat, dy noch folle wirdiger wier as al syn lânnen en grounen mei eltsoar. Dêr hie Gosse in oribelen bistek yn; en nin wonder! Hja wier hwette lyts; dat wier jammer! en do Gosse ’ris mei hjar op Koldumer merke gong, seinen de fammen, dy nin feint hienen: “Dêr giet hy ommers ek mei syn sneinsfortriet hinne[64].” Oare seinen: “Dêr kuijert Gosse Knop ommers ek mei syn braskoerke.” Twa rouwe silers, dy by syn faer fearn hiene, pleagen him, do se him dêr by in kreamme metten; “is dat nou dyn slypboerd?” reauntte him de iene yn ’t ear. “Né sei syn maet sunich, dat is syn bulsek.” “Nou, hy is noch al breed, sei de oare do; “dat scil net to rom omkomme.” “Ja, jimme prate hwet, sei Gosse; mar dou wirdste mei frouljuflêsk licht bidragen; dêrom moaste der sa min pounen fen nimme aste mar kinste.” Dy lytsens dat wier den ek it jinnichste; hwent oars hapere der neat oan. Hja wier evenredich; moarns ier en jouns let altyd allyk fen sinnen. Hjar hert smolt yn hjar as se ellinde seach, en dêr troch bidraegden hjar ondogenske earmen jamk. Hja namen hjar by it hert, en den scoe se hjar lêste stûr wol weijaen, ho fyn en skrander hjar forstân oars ek wier. Hja waerd blyn slein troch it meilijen. Hja koe ek skoan onthâlde; hwent de hiele Maeght fen Cats koe hja fen bûten. Der wier ek nin ien faem yn Molkwarren, dy heal sa moai song as hja, en hja hie oan hjar omke Jarich Eytes, in Eastynjefarjer, ienders in gouden skipkeskelling fortsjinne, omdet se Het daget uyt het Oosten sa moai songen hie. Elts mocht ek allike graech oer hjar wêzen, en dy hjar for de earste reis mei hjar golle en skrandere eagen seach, dy frege oan syn bûrman: “Hwet ljeaf skepsel is dat?” “Dat is lytse Ingel fen de rike smid,” seinen se den. Mei ien wird; hja like as twa drippen wetter fen aert en oansjen op hjar beppe, dy om de religie mei hjar âlders út Frankryk fluchte wier en hjar by Harich om del litten hienen. Nei dy beppe hjitte se egenlyk ek Angelique, mar dat hie Sibe-baes by de domenij, dy hjar doopte, oanjown mei de Fryske namme fen Ingel. By dy beppe hie se soms ek wol ’ris wiken en wiken út-fen-hûze, dy hjar den lytse Franske gebetkes learde, dy se allegearre noch onthâlden hie. Gosse wier sa eang, det hja him ontkomme scoe, det er al om hjar frijde, do hja pas sauntjin jier wier. Ek rûkte er gau, det Ingel net ôfwêzich fen him wier; hwent hja hie dat gebrek mei in bulte jonge fammen gemien, det hja mear fen in losbol as in dimmen feint hâldde. Dêrom teach Gosse de stoute skoen oan en frege hy de faer om de tastimminge. “Dat rint mei jimme jierren rju út inoar,” andere baes Sibe. “Hja sauntjin en dou acht-en-tweintich! Ien fen fiif-en-tweintich paste dy better, Gosse.” “Is se hwet to jong nei jou tinken,” sei Gosse, “dat is in kwael dy mei eltse dei better wirdt.” “En den dou, sei Sibe wer, “dou sa’n greaten Rodger yn de helge en hja sa’n lyts jifferke!” “En hwet scoe dat nou?” sei Gosse wer. “Jy habbe ommers nea heard, baes, det in mûs ûnder in reak hea dea rekke is!” Nou, tsjin dizze dingen koe baes al net folle ynlizze. Mar it slimste wier in plak. “Ik hab ien kend, sei Sibe, dêr hastou, tinkt my, in bulte fen; ien fen toalf ambachten en trettjin ongelokken. Dy hie fen alles leard; rekkenjen, stjûrmanskinst, Fransk, Ingelsk, ja, lykfol hwet. Dy like it boerkjen ek moai ta. Hy troude in lyts wyfke, sa’n krûpelhin, wiste Gosse? dy altyd brodsk wier. Hja koften in lichlânske pleats fen syn âlderserf, en dêr socht er in bislach fen griene kij op, dy nearne as yn syn hersenpanne to finen wierne. Syn wiif en hy hienen de divel op it hiem sjoen; hja wierne alle dagen yn ’t fjild to gast ef krigen gasten. It hûs fol bern, en dy altyd elts mei in stik krintebôlle en tsjokke bûter yn ’e fûst; boi baes; moarns en jouns it hiele jier troch in meltser, en twa arbeiders. Folle hânnen meitsje wol licht wirk, mar it is de divel yn ’e itenspanne. Dit boerke den ek sa goe, det hy yn fiif jier sauntjintûzen goune formoezze hie, en er him gelokkich rekkene, det er mei in lyts berneskoalke noch sa hwet mei wiif en bern troch ’e tiid heukerje koe. En sa rekkenje ik, Gosse, scoe it dy ek gean. Dou boerkje? It scoe dy moai stean.” “Wel, boerkjen is dochs ek nin tsjoenen,” sei Gosse. “It kin my neat skele, sei Sibe; “mar aste hjir oars nin boadskip haste, dêr is ’t gat fen de doar. Der út mar!” Baes waerd lilts, en smiet Gosse de smittedoar efter it gat ta.
Mar Gosse hâldde oan as stourein. Mei in wike twa kaem er al wer yn ’e smitte om alderlei kakboadskippen. Hy hie ek wol ’ris heard, det domenijs meast keppelers wierne en for elts pear in nije hoed krigene. Gosse joech de domenij in nije hoed op hân, en as er it klear makke ef net, de steek wier en bleau sines. Domenij wier dadelik mei pastoarske yn ’e war om Gosse plak skjin to meitsjen en Sibe-baes to bilêzen, en howol er steech wier en rju boldere, waerd er op it lêst dochs hansommer. “Mar dat sizze ik dy, sei er Gosse; “lân hab ik, en de boereskûrre ek; dy binne ta dyn tsjinst; mar it bislach en boere-ark jow ik ’er net by. Dat fordom ik sa wyt as sûpe. Der moaste sels for riede; en hwer scoeste dat wei helje? Dou biste ommers sa earm as in swel!” “Ja mar, sei Gosse, “ik kin kraeije. Kukeleku! Kukeleku!” “Dat hear ik, sei Sibe baes; “ik leau, dou scoeste better hoanne as boer op it hiem wêze. Hwet gridzen binne dat nou wer?” Sibe baes bigoun wer to smeijen en to smûgen, en hy harke net langer nei Gosse. Mar Gosse wiste wol hwet er dreau, as er bargen foar hie. As jonge hie er altiten in bulte nocht hawn om bistelûden nei to dwaen; hy âlle as in kat; hy bâltte as in kou; hy gierde as in baerch; hy bile as in dogge; hy blettere as in skiep; hy kweake as in ein; hy keakele as in hin; hy tsjottere as in protter; hy kleppere as in earbarre; mar hy wier binammen in great master om to kraeijen as in hoanne, en dat koe him nou to pas komme. Dêrom wier er forskate moarnen foar dei en foar dage yn ’t fjild west om dy âlde kinst fen syn bernejierren wer oan to learen, en hy brocht it gau sa fier, det as er twaris kraeid hie, de hoannen fen al de acht pôlen fen Molkwarren him biskeid dienen.
Yn Molkwarren stienen de huzen krekt eft se der delreind wierne. Do de Friezen noch frij wierne, sette elts syn hûs op dat plak en nei dy kant ta, dêr de holle him opjoech. Dat kinne men ek noch sjen op Merken, to Katwyk, to Hynljippen en op oare pleatsen, dêr de huzen noch stean sa as se alderearst set binne. Sa lang as ’er romte wier, koe dat; mar do ’er mear minsken kamen bouden se it plak sa fol as in aei, en do waerd it forlegen spil. To Molkwarren wier it sa fier komd, det hja de deade liken net op de skouders, mar ûnder de earmen nei it tsjerkhôf droegen; oars koenen se yn al dy hernen en gatten net koarternôch krieme. Sa scoe Gosse ’ris op in moarntiid om healwei saunen oer de Kattepôlesbrêge nei de Eesterich gean, do er by de Rintke-brêge stilhâlden waerd. Hy seach om, en it wier in bigangel! De bigangel fen Sibe-baes mei al syn folk der efter! Do de frouljue kamen, loerde er ’ris ûnder de reinkleden op, en sjochste wol! de earste wier pastoarske, dy hie de foargong, en de twade nimmen oars as syn lytse Ingel, dy earmhertich kriet. Gosse liet de smite foarbygean, mar hy naem ’er sines fen. “Hwa wit, sei er yn him sels, “hwa wit, as ik Ingel krij, det ik mei koartens it kaptael fen de rike smid der net op ta krij!” Dit makke him noch happiger, en hy klampe Keimpe, sa gau er yn Molkwarren kaem, dadelik oan om reau en bislach for syn nije boerepleats. “Nou, lyk as ’t sein is, sei Keimpe; astou dy preker preker ôfmakkeste, den scil ik dy oan in skoan reau bisten helpe cum annexis mei alles, hwet by in boerespil heart. Ja, ik scil dy de ûleboerden op ’e skûrre sette, al is ’t moarn de dei, en noch wol foar ’t kraeijen fen de hoanne.” “Dou mochtste hwet! sei Gosse; “hwer scoeste it sa gau weiskoerre?” “Dat rekket dy net, sei Keimpe, “mar as ik it net doch, hawar, den jow ik dy dyn rispis wer.” “Ja, dat seiste wol, sei Gosse, “mar aste it forlearste, dieste it dochs net.” Keimpe seach nou, det Gosse net mear yn syn macht leaude, en dat wier dochs nedich as er him allehiel oan him oerjaen scoe. Om nou dat gelove, dat fêst fortrouwen yn Gosse to hammerjen, sei Keimpe: “Ik wit rie. Dêr, lyk aste sjuchste, is dyn rispis; dat slút ik yn dizze brief, en ik lak him ticht.” En do er him ticht lakt hie, sei er: “Gean nou mei my nei baes Sibe ta.” Hja gongen, en Keimpe joech oan de baes it rispis yn de lakte brief. “Ik hab dizze jongkeardel, sei er, bilove om him moarn foar it hoannegekraei yn in reau bisten en boere-ark to setten; dêr is in sletten brief mei in oblegaesje fen tsjientûzen goune der yn. Biwarje dy, en jow him my wer as ik it dwaen. Dwaen ik it net, smyt him den mar frij yn ’t fjûr, en nou kom mei nei jou pleats.” Sibe-baes sleat de brief yn in pultrom, en jouns twiske ljocht en tsjuster kamen se mei hjar trijen yn in idel boerehûs mei bûthûs en skûrre, dêr neat yn wier as hwette spinreach. Op it hiem groeide alles yn it wyld; de appelbeammen wierne net snoeid, en út it lange gêrs koe men hast net stappe, sa raeijich wier it. De boer wier der foar in jier útstoarn, en sont hie baes de pleats by stikken forhierd. Hwent it wier hwette ongeryflik, omdet ’er nin opfeart nei de huzinge roun. Hja wiernen pas yn dat holle idele hûs ef Keimpe tyspele hwette mei syn fingers en bromde wiles ek hwette yn him sels, en eltse reis, det der hjar hwet om de earen wyndere, riisde der in stik húsrie út de groun. Sa kamen der earst in tweintich aden; do in tsjerne; do in tine; do in tsjiistsjettel; do in brokaed mei in tsjiisperse; en sa wier der op it lêst neat yn in boerkerije to bitinsen, dat net krekt as in bûrle op in stjonksleat út de groun opsetten kaem. Ik tink, det ’er eltse fiif minuten in stik fen it boere-ark opkaem, en sa wier it al hynstemiddei wirden, do er in klok mei weauwjende skippen, dy op toalf ûre stie, by it bedskutting opskoude. “Nou it bislach, sei Keimpe; “mannen folgje my nei de finne!” It wier wol nacht, mar de moanne skynde prûs ûnder in trop bleke stjerren, dêr fen tiid ta tiid in swerk fen wite wolken oer hinne skau. Baes Sibe wist net hwet er sjoen hie; hy wier stom fen forbazinge, en folge sûnder in wird to kikjen ef to mikjen nei de finne, dy leech stie. Mar do er dêr op it getipel en gegons fen Keimpe nei eltsoar tritich reabonte meltskij mei in swarte trinterbolle út de gêrzen oprizen seach, dy aenstons mei hjar lange blaeijers yn ’t gêrs omskearden; ja, do bigoun baes twivelriedich to wirden, eft hy net mei syn collega út de helske smitte to dwaen hie. “Nou is ’er sa fier alles, as ik better net wit,” sei Keimpe; allinne it byld fen de minske is der noch net. “Minsken? sei Sibe-baes, dy oan tritich minsken ef oan tritich iters tofte; “Minsken? Minsken en fretters genôch! Nin minsken mear. Den ljeaver bargen. Dy kinne men yette slachtsje en ite.” “Nou krekt, sei Keimpe, “ik siz net fen minsken, mar it byld fen de minske, en hwa komt dy eare ta as de baerch, dy nei siel en licham al heal minske is. Dêrom is de baerch ek oeral de kameraet fen de minsken. Dêr minsken op de wrâld wenje, dêr binne ek bargen. De hounen mankearje noch wol ’ris; mar de baerch noait.” Hja gongen wer nei it lytse bûthûs, dêr it rju tsjuster wier; mar op it gegons en getipel fen Keimpe hearden se it gnoarjen fen in partij bargen, en do it ljocht fen de moanne troch in kier fen de bûthûsdoar yn ’t bargehok foel, seagen se seis glêdde sûgen neist eltsoar lizzen to hymjen. Keimpe sette de amer ûnder de saed; hy pompte, en der kaem neat út as sûpe, dêr hy de bargen mei boarnde. Hy tipele en gonze foar it lêst noch ’ris, en in keppel gies wraggelen mei tsjokke gatten troch de skûrrereed; mar foar ’t al dy gjizzen mei hjar garren klearspile waerden, wier der sa folle tiid forroun, det de dage yn oantochte kaem. De kimen waerden min ef mear blank, do Keimpe oan baes Sibe frege: “Is der ek lek ef brek oan hûs ef skûrre?” “Ja, sei baes, de ûleboerden binne okkerdeis mei de noardweste stoarm der ôfwaeid.” “Kukeleku!” kraeide Gosse do. Keimpe glimke ’ris, en sei: “Ja mar, feint, dat hâldt net; dou biste nin hoanne.” “Kukeleku?” kraeide Gosse noch ’ris, en as in blits kraeiden alle hoannen fen de acht pôllen fen Molkwarren, Kukeleku! det it fier oer de stille mieden hinne klonk. Sa as Keimpe dat gesjong fen de dage út it easten hearde, bisauwe hy for de earste kear fen syn libben. Bidragen, ta skande makke fen syn eine learling, waerd er woedend fen skamte en spyt. It brûs stie him in hânbré op ’e mûle. Hy krige in kop as in bolle. Hy tynde út oan alle kanten as in sjipbûrle, dy in bern út in piip bliest, en do de nochteren dage hjar earste blike striel op syn eansicht smiet, boarstte er ek as in bûrl mei in plof en in ôfgrysliken stank út inoar, det er as in tichte stourein fen hunichdau yn ’e loft opgong.
“Dat is my to mâl! sei Sibe-baes; dat is klinkkleare divelerij! Dat is iselik! Fij, man!” Mar Gosse kraeide fictorie, kukeleku! en tachtich hoannen fen de acht pôlen fen Molkwarren kraeiden him efternei, Kukeleku! “Dou kraeiste al fictorie, sei baes, “en ik trilje as in blêd oan in beam, sa ontdien bin ik. Mar hwet scoe yn dat brief fen dy snaek skûlje? Ik wol it nin eagenblik langer yn myn pultrom ha; oars fljucht myn hûs en smitte mei Ingel en de hiele santepetyk noch yn ’e loft.” Hja mei in blits nei hûs, en do Gosse de brief opskoerd en sjoen hie, det er syn eine rispis yn stike, smiet er it ding dadelik op it fjûr.
Gosse liet dêrmei by in âlde sister fen syn mem in fyn linnen doek oan de rânnen bisije mei sidene beammen en blommen, en dêr midden yn de wirden: Fryske trou oan de alderljeafste. Dêr biknoopte er tsjien gloednije dikketonnen yn, en do er op in jountiid by it slûge ljocht fen in smidslampe by Ingel yn it lytshûs siet, sei er:
“Wotte sa wotte? Dêr haste de knotte. Wotte it net dwaen, Kinst’ de knotte werjaen.
[Yllustraasje: MEMMELOK EN MEMMESOARCH.]
En Ingel sei: “Ja, myn!” Hja taestte ta, en de boask, dy mei tûzen triuwers fen lippen en hânnen bisegele waerd, wier sletten. Gosse troude syn Ingel en gong mei hjar op de pleats; mar Sibe-baes, goe’man, hie sa folle fen de skrik skipe, det hy sont dy nacht nin soun ûre wêr hie en as in siik houn omwynde. De jierren wierne ek dêr, sadet hy fordwynde einlik as snie foar de sinne, en seis wike nei Gosse troudei rekke Sibe-baes út de tiid, hwer troch al syn lân en goed op Ingel erfden. Sa gau as hja yn dat jild foel, wier hjar earste wirk om to testemintsjen. Hja moast yn ’e kream, en as se dêr ’ris yn bleau, woe se net habbe, det Gosse troch hjar folk út syn dwaen staet waerd. Hja woe for him soargje. “Hwent alles mei eltsoar gemien to habben, sei hja, “bihalven it jild, dat jowt nin pas. Dêr is it wrâldske goed my net wirdiger nôch ta.” Ongelokkich wier der nin seine op al dat jild. Ingel krige mei de âlfde moanne al twalingen, in feintebern en in fammebern. De blydskip fen it jongwyfke wier mei nin pinnen to biskriuwen as se hjar Isabella yn de lofter en hjar Sibe yn de rjuchter earm hie, en sa yn hjar folle boarsten optreau, det de bern de tate om it kin kweaze. Yn twa glûpen bistoppe mem se neist eltsoar, en dêr laeinen se den mei de geur en it waes fen de gesontheit op ’e troanje en dauwe fen fine switkobbelkes op it foarhaed to sliepen. Tsjienris yn in ûre kaem Ingel mei de foarste finger op ’e lippen, en teantsjende op hoasfoetlingen yn ’e keamer, om ’ris to sjen ho de bern it hienen, mar egenlik om hjar eagen wer ’ris to forklearjen oan dizze twa ingelaftige pronkstikken, dy hja nea genôch biljurkje en triuwe koe. As it folk om bûrren kuijere, siet hja foar it finster mei hjar twa hertlapkes to pronkjen. Do de bern doopt waerden, die hja twa gouden riders ta tankberheit yn it bekken, en hja bea: “O Dou, hege Heit yn ’e himel, dy ús minsken noch mear ljeaf haste as ik dizze bern. Dou haste it yn myn herte ritst om hjar ljeaf to habben. Lit hjar groeije en bloeije! Lit hjar libje, det ik myn ljeafde biwiisgje kin; det ik dyn hillige wirden oan hjar folbringe mei, en dy priisgje en tankje ta yn ivichheit.” Ingels lippen beefden, en do hja Amen sei, foel se mei de holle twisken de hânnen op it skouder fen de kreamheinster del; hja boarste út yn triennen, det de dyakens yn ’t hek mienden, det hja in oerfal krige. Hja gong wer nei hûs; mar de heechste ljeafde, dy ta gelyk de heechste wysheit is, oardielde det Ingel in better man en hjar twalingen in better faer wirdich wierne, en naem se alle trije by him op, om hjar for de skande en ellinde, dy noch folgje moasten, to warjen. Fiif fearnsjier nei de berte stoaren beide de twalingen op ien-en-deselde eftermiddei oan torminen; de moarns laken en djoeiden se noch yn ’e glûpe, en de jouns wierne it kâlde blauwe lykjes; twa roazen, dy ek as roazen mar de koarte ûren fen in moarntiid bloeid en libbe hienen. Hja woene wol sizze, det dy earme hertkes troch de kreamheinster forgiftige wierne; dy moat hjar mâlken-twiebak út in earnen panke, dat bloeide, klearmakke ha. Mar ho dat ek siet, Ingel fielde hjar sels eft hja fen de blaksem ta pletter slein wier. It wier as it yngewand hjar tsjin de kiel kroppe. Hja koe nin wird sizze, hja koe nin trien litte; hja siet by de twa glûpen, dêr de lykjes ynlaeinen, as in stiennen byld, en seach mei greate opspalke eagen nei boppen ta. Gosse kaem by hjar en sei: “Hwet skilt myn wyfke? Ho sjucht se sa nei boppen?” Dêr hja mei in sêfte mar earnstige stimme op anderde: “Ik sjen dêr hinne, dêr myn skat is, Gosse.” “Hwer is dyn skat den, ljeave?” frege hy. “Ik sjen dêr hinne, sei se, “dêr de sielkes fen dizze twa ingels nou binne.” En mei ien sonk hjar holle wezenleas op hjar boarst del. Mei in ûre kaem se wer by; mar do waerd hjar hwet forhelle, dat hjar djip yn de siele stiek, en twa houwen yn ien sear wierne. De lytsfaem klage Ingel hjar need, det de boer hjar net mei frede litte koe, en wiles de frou yn ’t waerme bêd laei, forskate ramen op hjar dien hie. Dat laei hjar heech! O! dat stiek en krinkte lytse Ingel sa! Ja, stitsen, djip stitsen wier hja, mar dochs, edel en heech, smiet hja mei fonkeljende eagen it moaije kopstik yn de nekke, en sei de faem neat oars as: “Dat hab ik net fortsjinne.” De faem gong snjeon-to-joune wei, en dat joech nin each, omdet to Hynlippen en Molkwarren de fammen[65] by de wike hierd waerden. Dy selde jouns gong Ingel mei in lampe nei in keeft op ’e souder om ’er deahimkes en hennekladen, dy altiten by de Friezinnen for elts fen it húsgesin klear lizze, út to krijen. Hja kaem blyk as de dea, allehiel bistoarn en triljende wer ûnder, krekt eft hja in skynsel sjoen hie, mei de lampe yn de hân, mar sûnder himkes. “Nou, ja, den! sei hja wanhopich yn hjar sels; “nou, ja, den mar nei boppen! Nou, ja, den mar nei ús heit en myn twa ingels!” Hja gong de doar út, en kaem net wer. Wech ende wear waerd hja socht, mar nearne foun. Allinne hjar toffels waerden op de mûrre fen de Molkwarrer syl oan de séwâlsside werfoun.
It wier sa, Ingel wier wei, en hjar bern waerden opdroegen. Mar mei de saunde dei; hark ’ris minsken! mei de saunde dei nei de dea fen de bernkes kaem Ingel werom, alteas ien dy troch Gosse en hiel Molkwarren for Ingel hâlden waerd. Der waerden rare eagen fen Gosse opskoerd, do hja oer de Kattepôle brêge kaem en hjar hûs wer ynstapte. “Myn God! Hwer komstou fen dinne?” sei Gosse. “Dat moarddedige fordommen, andere Ingel, dat godlasterlike flokken en swarren, Gosse, datstou altiten dien haste, koe ik net langer hearre. Dou haste him sa lang tritrotte, det hy dy dyn twalingen ontnomd hat, en dat moast ik mei ontjilde. Dêrom bin ik weiroun. Mar ik hab my bitocht. Ik hab dy ienris foar it eansicht fen in alwitend God de bilofte fen ivige trou dien, en dy wol ik folbringe. Ik wol dy hou en trou wêze. Mar ien ding moaste my biloofje, dat flokken en swarren moat ophâlde, ef ik rin noch ’ris foart, en den, den sjuchtste my yn der ivichheit net wer.” Gosse bilove hjar, det hy ’t flokken sa goed litte scoe as er koe, en dêr joech er hjar de hân op; mar de swierste flokwirden wiernen in oanwenst by him wirden en him hast yn ’e mûle bistoarn. Hja libben sont yn frede mei eltsoar; hja joech Gosse, as it diveldei mei him wier, wakker ta; hja troaide him yn alles, en dat gong sels fiers-to fier. Hwent foar de dea fen hjar bern wier hja dipper en sunich, en hâldde alles wakker by inoar, lyk as in kloek hûshâldster tabiheart; en hja scoe for hjar sels nin duit onnut fortarre om dûbelstûren en sechstehealen oan earme widdouwen en wezen wei to jaen. As Gosse oanslaggen hie, dy to folle jild kostje scoene, ef as er to rynsk mei jild en iten omgong, den wist hja him yn to binen. Mar nou wier ’t blêdke yn ienen omkeard. Hja taestte nou alles sels mar rom oan, en wol fier fen Gosse to bek to hâlden, gong hja him mei pronkjen, gasterearjen en alle rynskens foar. Dêr bleauwen de fruchten net fen wei. De boel gong efterút, en de húshâldinge bigoun mei ’er tiid mear to kostjen; hwent it wiif krige alle jierren in bern, en op it lêst hienen se in keppel fen njuggen doaiters by eltsoar, dy altiten as hoantsen yn eltsoar omsnauden en tsjierden. Dêr kamen noch in bulte kinsten fen Gosse yn de boerkerij by, dy ek jild kostten. Hwent hwet gridzen al sa yn dat holstik opkamen, dat kin nin minske bigripe. Sont is er den ek twa winters yn ’e war wêst, om fen hea echte gêrsbûter to winnen. Hy hie domenij ’ris trije ûren preekjen heard oer de praktesaesje fen Jacob om swartbonte skiep to krijen, en dat die er, lyk as bibelkindige ljue witte, mei skylde twigen yn ’e boarne to smiten, dêr de skiep út dronken en de rammen by dreauwen. Hy tofte, as de kij it hea for gêrs oanseagen, det ’er den ek gêrsbûter komme moast, en dêrom as it sketjeftstiid waerd, sette hy alle kij, foar det hy foerre, earst greate griene brillen op. As se dêr troch seagen, krige it hea in griene kleur, en dy ynbyldinge scoe den sa sterk op de bisten wol wêze, tocht hy, det de mâlke foroare en de reamme by it tsjernjen gêrsbûter joech. De bûter bleau noch wol hwette blyk, mar dat forholp syn wiif mei kleursel, en hy koe him mar net bigripe, det de bûterkeaper, do er it fet stitsen hie, forklearre, det it neat oars as readferve heabûter wier, dy er in trijegoune ôfstiek.
Mei al dy kinsten, mei in greate keppel doaiters, dy pronken det it boarstte, en in rije húshâlding, droege de boel hird út. Hy forsette syn lân it iene stik nei it oare, en it jild, dat hy der for opnaem, dêr bitelle er in daelder mear rinten fen as hy fen it lân makke. Do dat ’er by kaem, gong it sa hird efter út as twa hynzer lûke koenen. Op it lêst wierne alle einen to koart. De doarwarders kamen mei citaesjes: it krielde fen moanners, en it kredyt wier op. Do it sa fier komd wier, kaem der einlinge útslútsel fen in tsjuster riedling, dat Ingel neilitten hie. De greatfaem scoe de dreage mâlke út de aden yn ’e tsjiistsjettel jiette, mar glied op hjar wiete klompen út; hja truzele mei it aed en al oer ’e bûthúsflier hinne, sa det de mâlke yn de groppe roun, en dêr waerd Gosse sa breinroer-lilts om, det er de ôfgryslikste flokwirden, dy ea Molkwarren onthillige hiene, útbraekte. “Aste net weigieste, flarde, sei er op it lêst, den skop ik dy tsjin dyn grouwe bealch, det dy dyn termen om ’e koustilen slingerje!” “Hâld dy stil! sei syn wiif tsjin de faem; “de boer scil syn lean wol krije. Boontje koomt eindelijk om het loontje.” “Ja, frou, sei de faem, “ik gean mar wei.” En de faem gong yn ’e yester to meltsjen, mar de frou gong nei de molkenkeamer om to reamjen. Dêr bleau se wol oardel ûre, sûnder det ’er gewach fen hjar kaem. Do Gosse hwette bikaem, rôp er hjar, mar der kaem noch nin gewach; einlinge tinsende, det hjar mûlk hwette oerkomd wier, gong er sels yn ’e molkenkeamer, dêr er de klean fen syn wiif op in tropke oer de flier foun, mar hja sels wier wei; en nin minske hie hjar sjoen; nin minske wiste, hwer ’t hja stouwen ef flein wier. Nou kaem it einlinge nei tweintich jier út, det Ingel, út wanhoop oer de dea fen hjar beide bern en it smoarge stik fen Gosse, hjar by de yngong fen de Molkwarder syl yn sé drinzen hie, en det Keimpe do dadelik in âlde fekke fen in nift, dy de gedaente fen Ingel oannaem, op him ôfstjûrd hie. De njuggen doaiters, dy fen dy aeijen set wierne, wierne ek allegearre fen it wird; dy habbe dêr wol in fyftich, sechstich, jier húshâlden, en dêr krige Molkwarren do onskildich de skeldnamme fen it Heksershol fen. Tsjinwirdich is ’er noch skaei fen, mar net mear as ien ef twa âlde fekken, dy hjar soms by nacht en ontiden yn hazzen foroarje, en den de kij de mâlke ôfsûpe, det de Molkwarrer boeren moarns de jaren sa slop fine, as in lege moalpûde.
Sa gau as de tynge yn Hollân kaem, det Gosse de kluwers yn hûs hie, kamen de twa compagnons fen de firma Pik en Zonen om him to helpjen. It wier de splitter yn de lotterij Philanthrope, (sa neamden se him yn ’e wânlinge, hwent hy hiette oars Filou En Troupe), en de jeneverstoker Graenstra. Do al syn lânnen en spillen him troch de krediteurs ûnder it gat wei forkoft wierne, sette Graenstra him yn in lytse gribus, dêr in slok forkoft waerd, en Philanthrope spegele him de lotterij sa moai as de haven fen syn bihâld foar eagen, det hy syn lêste fiifhûndert goune, dy er noch út de brân rêdden hie, yn hierbriefkes to weak lei. Mar dêr kaem nin duit fen to lânne, en dêrmei wier er rûpele, útpûle, yn ienen, kin ik jimme sizze, ta de lêste duit ta. Do er neat mear to forspyljen hie, joech mynhear Philanthrope him in traktaetsje, dat er sels skreaun hie, ta treast fen de ongelokkigen en forbetteringe fen sondaren. Dêrmei winske er him de segen des Hearen, mar kaem net wer. Gosse bigoun nou syn treast to siikjen yn it koartgoed, dat er in oar forkeapje scoe; mar foar det er allehiel to neate rekke, die er op it âlderlêste noch in needsprong, dy him de nekke briek.
Jan Kredyt wier for him yn de kriten fen Molkwarren stiendea; en oan stellen en falske wiksels weage er him net, omdet er nin sin hie om de lieu yn ’e bek to sjen, en den noch in tsjien jier op ’e keap ta provinsjehout to raspjen. Der moast hwette oars op úttoft wirde. Hy hearde sa ’ris by de boekhâlders fen skippen yn Molkwarren om, hwet keapljue en winkels se yn Hollân koenen, dy sa it iene en oare oan de redery forkoften; it koe him den egenlik net folle skele hwette. Oan al dy winkels en kantoaren skreau er gnappe brieven, det hy oan hjar rikkommandearre wier, en det er in lytse negoasje yn hjar fak driuwe woe, en det, as se him in priuwke stjûre woenen, en de waer bifoel goed, hja in goede minger oan him habbe scoenen. Ytlike wierne wol sa hoedend, det se him earst ’ris hifken, en dêr krige er, sa as fen sels spriek, neat fen. Mar in bulte wierne sa nearringsiik, det hja him op syn gnappe brieven ôf fen hjar gûd stjûrden, en sa krige er it hûs boarstende fol fen alderleije waren. Dêr foun men fiterbân, spikers, frouljues mofkes, manljues hoedden, inket, pin en pompier, klompen, hazzenuten, messen, kakynjes, toffels, putheakken, kanten, groat, romers, almanakken, Spaenske sjippe, hoazzen, snuf, piper, jokken, reade riften, klontsjes, silen en beagen, ja, lyk folle hwet. It wier in útdragerij fen nij gûd; in arke sa as er nei Noachs tiden mûlk nea wer op ’e wrâld wêst hie. Dêr hat er do noch in bulte wille mei makke; hy krige de bûsen fol jild, en de Molkwarrers goekeap gûd. Mar dat lietke wier mei twa jier glêd út; hwent do der op dy priuwkes nin gewach kaem, waerden de Hollânners wekker, en sa as se hearden, hwa ’t Gosse wier, lieten se him rinne for hwa ’t er wier; hwent, toften se, men kinne in lûs net mear nimme as it libben, en goed jild by kwea to smiten, om him sette to litten, wier hjar foech net. Mar der wier in Amsterdammer, dy bikaem it danige nij, det er fen in boarger fen it Vriesche doolhof sa fynkes bitritsen wier. Dy liet him foar rjucht citearje, en do Gosse dêr kaem joech er syn boel oer oan de krediteurs en forklearre him sels bankerot. Mar hy wier sa gau net thús, ef by nacht en ontiid liet er syn hús leech toaije fen it bêste, dat er noch yn wier, en dat boarch er op souder by in wiif to Starum, dy sa ’n húske fen hâldoan for fammen en feinten hie, en der sels hwet bline nearring ûnder dreau. Ongelokkich kaem dy lêstige justitie der efter, en in wike dêrnei wierne de witsjers fen Ljouwert to Molkwarren en lichtten Gosse by nacht fen syn bêd ôf. Do er foar de kommissaris fen it hof kaem, wier ljeagen it neiste rjucht; mar de biwizen en de getugen, det er nei it bankerot syn goed út hûs tôge hie, sprieken sa klear, det it hof nin swierrichheit makke om him in ûre op it skafot to Ljouwert to pronk to setten en him boppe dat noch fiif jier fêst wirk to jaen. Do Gosse dêr to skande stie, stoe der ek in tropke fen fiif minsken foar it skafot, dy oer him praetten; dat wieren domenij Bavius, de abbekaet fen Gosse mei ien fen syn boeren, en den noch de hearen Philanthrope en Graenstra. Hja hienen oars al sein, det Philanthrope út de tiid wier; mar dat wier sa net; splitters binne sa taei as hier. Philanthrope en Graenstra skodhollen bitinkelik en riddenearren wakker, ho djip de minske falle kin, dy fen God forlitten wirdt. “Ja, sei de abbekaet; “en binammen as er in hompke kriget fen in splitter en in jeneverstoker”. Mar dy hearen wierne yn ’e wol ferve en hienen spek efter de earen; hja dienen eft se der neat fen bigriepen, en riddenearren mar foart, det men de fallene sondars in hân tarikke moast, om hjar wer oerein to helpen, en det elts dêr in bytke ta dwaen moast. “Ik leau net, det elts it dwaen moat, sei de boer; “dat is jimme fak egentlik. Dy de ljue mei lotsjen en sûpen yn it tichthûs bringe, moatte der hjar ek wer úthelpe en betterje. Dat is in roune O.” “Ja, heeren! sei domenij Bavius; Dair het de boer gelyk an; elk moet de fuelnis, die er maikt, self ook allienig weêr ophemele.” Dêrmei wier de kattechesaesje út; hwent dy rauwe wirden fen de boer tingen nei de lever, en de hear Philanthrope sei oan Graenstra: “Hja habbe ús hjir yn ’e kaert sjoen;” en hja kamen noait wer to Ljouwert. Gosse kaem tagelyk mei in poep, dy spek by in boer stellen hie, yn it tichthûs. De poep seach wakkere sunich, do de cipier hjar by de oare boeven brocht, dy mei heal neakene hûden twa oan twa in read stik hout stienen to raspjen. Haermen skodde de holle en sloech de hânnen yn eltsoar, do er yn ’e doar stie. “Lieber Gott im himel! sei er, Wäre ich bei mein weib zu hause! Aber was wird man sagen?” “Previnsjehout, divel!” sei de cipier, en staette him yn it tichthûs op.
[Yllustraasje: GOSSE OAN ’E SKANDPEAL (DE KAAK) TO LJOUWERT.]
Do Gosse dêr fiif jier forkeard hie, wier er net better wirden. Hwet de iene net wist, dat wist de oare. Hja fortelden eltsoar hjar skelmstikken; hwa en hwet se forklapt hie; ho se hjar foar de commissaris forspritsen hiene, en ho dy hjar knipt hie; allegearre leksoms fen in ripe ûnderfininge, om as se los kamen en tonei wer stielen, it hwette tûker oer to lizzen. Der wierne ek forskate ûnder, dy húsbraken en moarten op it each hiene, mar dy foar dy tiid yn de lampe roun wierne. Dy commisjes droegen se nou oer oan kammeraten, dy gau los kamen, mei oanwizinge fen pleats, fen tiid en minsken, dêr de bút to striken wier, en ytlike tsjeaftmes en moarten, dêr men in bytke dêrnei fen hearde, wierne yn dat forbetterhús klear makke. Sa hwet ’er noch oan Gosse hapere om ien fen de earste skelmen fen de saun provinsjes to wirden, dat learde hy ’er yn it tichthûs út de pin by.
Do er syn jierren útsitten hie, kaem ’er krekt ek in gnap frommis los, mei namme Rynk Ockes, dêr er even bûten de doar fen it blokhûs mei yn kinde kaem. Dat frommiske wenne eren as faem by in ryk rintenier to Ljouwert, dy in ynbânnige en stille húshâldinge hie, en de boaden sneins trijeris nei tsjerke stjûrde, det ’er nin jongkeardel hin-ende-nei by hjar komme koe. Hja spriek ek nimmen hast as it húsgesin en in kattechesearmaster, dy dêr wol ’ris om in glêske wyn kaem, dat de man sels net barre mocht. Nou wier dy faem grousomme mansjeak, en it sloof byldde hjar yn, det hja nin frijers krige, om ’t se net moaijer nôch klaeid wier. Dêrom pronke se det it boarstte, en om se ’t noch ek wol ’ris in pear sechstehealen en in himd oan hjar earme mem to Harns stjûrde, sa kaem it mei it bûsjild krap om. Hja krige op it lêst sin oan in ferversfeint, dy in rút yn ’e koken lape en hjar do ’ris in fûgel ontstiel, en lyk as it giet, ek ’ris troch de hânnen gean liet. Nou moasten alle seilen byhyst wirde! Hja seach yn in winkel op de Kelders in nij jestaelke fen in jak, nei hjar sin sa nuvere moai, det as se dat oan hie, ja den moast de feint sin oan hjar krije, eft hy woe ef net! Mar it bûsjild wier to koart, en nou koe it earm sloof de hânnen net thús hâlde. Hja naem in pear inkelgounen út in fesjebûse fen hjar hear, dêr wol tweintich ynsieten, om se der letter stilkes wer yn to dwaen, as se hier barde. De rintenier, dy banger for syn jild, as for de siel fen in earm forljeafd sloof wier, brocht it oan; de commissaris ûnderstie hjar, en hja bikende kritende en om genede biddende aenstons alles. De justitie moast hjar gong gean; omdet Rynk hjar breahear bistellen hie, wier de sententie in giseling en fjouwer jier sitte. Nou kaem se ûnder it skom fen frouljue, dy mear op divels as minsken liken; rabsters, slepen, tsjeaven, sûpsters, trochtrape yn alderhânne listen en leagen, oars spriek hja net, oars hearde hja net. Hja wist net det ’er sa’n smoarge tael wier as se hjir hearde, en yn trije jier wier se er sa al ta wend wirden, det hja net better wiste ef it hearde sa. Mei ien wird, as in ingel, dy stroffele hie, kaem hja yn it tichthûs en bidoarn kaem hja der wer út. Mei dit frommis gong Gosse al skoaijende it fjild yn. Hja hie in koerke mei lietkes en hwette lodderein, en hy hie in boskmannich swevelprikken en riskepitten, mar dat wier mar om de bysjagers, dy de bidlers efter de faksen sieten, to forrifeljen mei to sizzen, det hja mei de merse rounen; yn wierheit skoaiden se, en foel der hjir ef dêr hwet to grabbedaeijen, dat lieten se ek net stean. Nachts forkearden se meast by de boer yn de skûrre yn ’t hea, nei det Gosse de boer earst de hals fen allerlei onbegripelike dingen fol leagen hie, en sy de boerinne en de doaiters út de fâlden fen de hân wiersein hie. Hja hienen it nearne better, as dêr it molken bitsjoend wier; hwent den lei Gosse krûden om ’e tsjerne, en mompele der in mannich frjemde wirden binnens mûle by: den koe de boerinne aenstons wer tsjernje as in liere.
Nei det se oeral west en fen alles bisocht hienen, kamen se einlik yn de kompenije fen Kollumersweach-westeinde to lânne. Dat wier hjar lân; hwent dêr wierne do noch trije dingen, dêr de dogeneaten ûnder ús noch al lêst fen habbe, onbikind: to sizzen, in hûs, in tsjerke, en it houwelik. De ljue wennen dêr meast ûnder de groun; twiske sneins en deis wisten se nin ûnderskie, en hja kroepen mar by inoar, sûnder det ’er in domenij by to pas kaem. Hja trouden dêr omtrint as de polderjonges noch dwane. De ûnderbaes, ek folle de man fen de keet, dêr iten en drinken oan it arbeidersfolk forkoft wirdt, komt mei de pin efter it ear en syn rekkenboek yn ’e hân as domenij op. Hy stekt in putheak dwers foar him út mei de punt yn ’e groun. Den giet it pear oer de putheak hinne stean, sa det se de stôk twiske de skonken habbe; hwent as ’er ien oerspringt; dat hâldt net. Earst giet de breid ’er oer stean, en den de brêgeman, en dêrnei forklearret de baes fen de keet, det it hijlk sletten is. Dêrop drinke, dounsje, en sjonge se, en einlik to bêd. Dien is ’t! Dat is it hiele houwelik, en sa wier ’t yn de kompenije ek. De measten kroepen yn hoalen ûnder de groun. Dy letter in hûs boppe de groun krigen, hienen dat ek al yn in omsjen. Snein-to-moarns tôge elts fen it folk hwette oan; de iene in kezyn, de oare in doar, de tredde in finster, in fjirde hwet reid, ef hwet kalk en stien, ef in spar mannich, in fyfte in stoel in seisde in lampe ef tafel. Dy boel waerd mei alle mannemacht yn de foarmiddei kant en klear oerein set, en om toalf ûre wenne it pear der al yn, en onthellen it brilloftsfolk op brandewyn en pannekoeken, dy it jongwiif yn it nije hûs sels bakte. Dat wier it hiele houwelik yn de kompenije, en omdet se seinen, det ljue, dy de measte reizen de lieu yn de bek sjoen hienen, dêr de hirdshernen krigen, sa miende Gosse, det er op sa’n kompenijster houwelik mei syn faem ek rjucht hie. Mar do de kompenijsters hearden, hwer dit pear fen dinne kaem, seinen se: “Wi habbe hjir genôch fen dat flêsk,” en dreauwen hjar mei kjitte en pôlkjen de kompenije út.
De winter kaem oan, en der wier nin ûnderkommen, nin klean, nin tek, nin brânje, en nin iten. Nou moasten hja lije as koarn op it fjild. Kjeld en hongerbâlje, det hja swart waerden, wier nou hjar lot. Hja waerden as heineballen fen it iene doarp nei it oare keatst; hwent nin earmfâd woe dizze twa kostgongers oanhâlde. To lêste kamen se to Harns, dêr it frommis fen dinne wier, to lânne, en om ’t Gosse allehiel forlijd en forkjelde wier, rekke er der siik. De earmfâdije fen de stêd moast him mei syn frommis wol opnimme, mar de pine, dy er útstie, wier onhjirmlik, sa det er nin oare útkomste as de dea seach, en God om in hastich ein bea. Syn frommis forliet him net, en wol omdet se frommis wier. De man hat it wiif ljeaf om him sels; it wiif hat de man ljeaf om de man, mei hwa se hjar lêste stik brea part, en dy se folget op it skafot en yn it grêf. Ho djip Rynk ek fallen wier, dizze grountrek fen in wierheftich frommis hie it tichthûs net by hjar útfage; hja paste him op as in mem hjar siik bern, en hwet hy minder waerd, hwet hja mear hoedzje en noedzje woe. Op it lêste waerd it sunich wirk, en hy bigoun to weinen, det se it fjouwer húzen fier hearre koenen. Sa as Rynk dêr foar de bank fen Gosse mei de holle foaroer siet to kriten, kaem de earmedokter der mei mynhear Philanthrope yn, dy for syn affearens fen Amsterdam mei de beurtman to Harns oer wier, en nou by tafal fen de dokter heard hie, det Gosse op it gybjen laei. “Is der neat oan to dwaen, dokter?” frege Philanthrope. “Ja wol, sei dokter, “mar mear mei in goed bêd en switten, as mei drankjes, en dat is hjir net.” Aenstons liet Philanthrope for syn rekkeninge in goed bêd en skjin linnen komme, mei trije wollene tekkens, en do Gosse dêr ûnder kaem, bigoun er sa dierber to switten, det it him ta de fingerseinen útdripte. Dit wier syn genêzinge; mei trije wike koe er it hûs fen barmhertichheit wer forlitte. Fen it eagenblik, det Gosse op strjitte stoe, hâldde Philanthrope de hân fen him ôf; hwent hy hie fen syn compagnon Keimpe yn commisje, om it libben fen Gosse sa lang to rekken as ’t mar koe, mar him nin duit tsjin de ellinde fen ’t libben to jaen. Hy moat ’er wille fen ha! sei Keimpe; der moat yn it grounsop fen de libbensbiker nin bitter grizelke lizze, dat hy der net útdrinkt en priuwt, en dêr moatte wy him tiid fen libben ta bisoargje.”
“Sjê sa! sei Philanthrope, do er Gosse wer op strjitte seach; hy giet wer in nij fjild fen ellinde yn.” En dêrom krige Gosse nou den ek nin duit ûndersteuninge mear. Allinne stiek er him by it ôfskie noch in lotterijbriefke yn de hân, dêr in nul op foel. De firma fen Pik en Zonen handelt mei hjar klanten omtrint as de Japanees mei de Jesewiten die, dy er mei de holle del boppe in put oan ’e foetten ophinge, en as se om-ende-by dea wierne, liet hy se yn in gasthûs bringe, en mei in bulte soarchfâldichheit oppasse en genêze. As se den wer kant en klear wierne, kamen se wer op nij oer dy put to hingjen, en dat waerd sa faek herhelle, ta se ef dea pinige wierne, ef it Roomske gelove ôfswarden en ta de Japanske godstsjinst oergongen. Sa die de firma Pik en Zonen ek mei Gosse.
De lêste treast, dy Gosse noch oerhâlden hie, wier Rynk, dy alle ellinden mei him dielde; mar dy forlear er op in winter yn it iis. Hja wier in sterken fotse, dy sa goed as de bêste tsjirl in lippen mannich rogge oer iis slydzje koe; ienders do Gosse en sy elts mei in slide fol graen oer de Makkumer mar nei Bolswert scoenen, rieden se tsjin de sinne yn, dy sa op ’t glêdde iis teistere en tispele, det se nin wetter fen iis ûnderskiede koenen, en sa ried Rynk mei de folle feart yn in wjek, dêr se earst hwet op de rokken omdreau, mar forfolgens ûnder in hertbrekkend jammerjen sonk en fordronk. Gosse, dy hjar net helpe koe, skoerde him de grize hierren út de holle, en men moatte sizze, det dit ontsettend eagenblik it earste yn syn libben wier, dat him fiele liet, hwet achting en genegenheit is. Hy miste nou syn jinnichste oanhâld, syn taspraek. Hy wier allinne yn ’e wrâld, fen God en minsken forlitten. Hy hie nin oar selskip as it byld fen de onskild, dy er bidragen en formoarde hie. Sa lang as er noch syn brea simmers mei houkjen ef houtfarren, en winters mei slydkjen winne koe, gong it noch hinne; mar do er by de earmesteat fen Molkwarren, dêr elts him forspei, to lânne kaem, wier it libben him in hel, en hy sels troch jeld to laf en to lyts wirden om ’er mei wetter ef strop in ein oan to meitsjen.
It wier ek al lang útkomd, hwet er to Aldwâlde útrjuchte, en hwet er dêr neilitten hie, om domenij for syn frjeonskip to tankjen. In pear bizen to Molkwarren hiene opmirken, det Gosse onwitende bygelovich wier, en det se him mei telkes fen skynsels, fen foartsjirmerijen en soks sa bang prate koenen, det hy net wiste yn hwet gat det er wine scoe. En hy hie ek sa ’n sterke ynbyldinge, det er in ding, as it sa dageliks wei en wier wier, net leaude. Hy moast hwet hawwe, dat boppenatúrlyk wier; dat woe der aenstons by him yn. En as er dat fen in oar net krige, den praktisearre hy it sels, en al de ljeagens en mirakels, dy er fen syn eigen libben opdichte, dy forhelle hy sa lang, det er sels miende, det se wier wierne. Nou hiene de earmefâden him by in earm man, dy hiel sunich laei, set to wekjen yn in hûs by de Brieskrinke brêge, dêr de bak skjin makke waerd en allehiel leech wier. Ien fen de bizen hie in fryster, dy ek fol oanslaggen siet; dy makke de frissels los, en spraette se do forwylderd oer hjar troanje hinne, dy se mei fyn wetenmoal bipoeijere hie; widers strûpte se noch in wiet deahimd oer al hjar klean hinne. Dat spoek lieten se in amerij foar toalven stilkes yn ’e bak, en op de klokslach fen toalven bigoun de faem wakker to weinen en to kroanen, dat yn dy holle bak by de stillens fen de nacht in near en akelik lûd joech. Gosse stiek anstons mei in tikjend hert de earen op. Hy harke; it kaem út de groun! Hy sloep yn ’e gong en harke noch ’ris; it wier yn ’e reinwettersbak! Hy moast witte hwet it wier! Mar sa gau as er it lid opdie, riisde in jong frommis mei de holle ta de bak út, en do Gosse dat wiete wite himd, en dy lange gitswarte lokken seach, dêr hjar wite troanje ôfgryslik troch hinne skimere, frege er forheard: “Hwet dochstou hjir? Hwa bistou?” “Ik bin sa wiet en sa kâld, Gosse,” sei se triljende, “ik riboskje sa! Kinste my net hwet waermje? Ik bin Betsje fen Aldwâlde!” Do Gosse by dat skynsel de namme fen Betsje hearde, ja, do miende er yn de groun to forsinken. Hy fleach út it hûs; hy fleach út Molkwarren de dyk út nei Hynlippen, eft de hel en de fordommenisse him efter de hakken sieten, en der wier nin stilstean yn to krijen, foar det er to Taeike Sytsjes (Skulenborch) allehiel efter azem oankaem en delfoel. Dêr founen se him de oare moarns yn de skieppestâl, neat oars sjende, neat oars roppende as: “Betsje út de bak!” Hwer hy mei syn wylde opspalke eagen hinnedwylke, oeral, Betsje, Betsje, oprizende út de reinwettersbak! Den fage er de beide hânnen ôf oan syn grize hierren; den helle er de iene hân troch de oare, krekt eft er it wetter ôfstrike woe, en sei riboskjende: “Hwet is dat wiet en kâld!” Den kriet er wer glimkjende: “Né, né, Betsje! Né, flarde! Dou biste net wiet en kâld. Dou barnste my! Dou smitste my de flammen fen de hel op it liif! en den klaude en skoerde er yn syn klean om, en smiet de hânnen fen him ôf, krekt eft er gleone koallen fjûr fen syn flamjend lichem smite woe. Mei ien wird, Gosse wier fen syn forstân rekke, en hy waerd dy selde deis noch sa razende, det nin fjouwer keardels him maneare koenen. In koart birie, in goed birie; de earmfâden fen Molkwarren bounen him hânnen en foetten, en smieten him yn de stjuwn fen in fiskaek, om him yn it gekkenhûs to Snits to bringen: mar it hoefde net; hwent dy skrik by de bak hie him sa djip en fornieljend yn de siel taest, det se noch net to Heech wierne ef Gosse hie it tidelike al mei it ivige wiksele. Alle ljue, dy him koenen, seinen: “Der is in dogeneat minder.” Mar de splitter Philanthrope sei: “Ik hab in skoane klant forlern.” En dat wier it útein fen de extoarje fen it heksershol. Ut.
Sate Westerein. J. H. H.
IT INGELGEREAUNT OP SKIERMOUNTSJEACH.
De noardsé dynde en gromde yet, Mar ’t needwaer wier bidarre. De wrakken driuwk’len nou oan ’t strân, Mar ’t folk koe dochs wer farre.
Ho mannich fisker kaem net wer! Yn ’t djip wier hy fordronken, En mannich widdou mei hjar bern Siet nou yn rou forsonken.
Ek Seakele, och! foer yn dat waer; Hwer stau er earm-man hinne? Dêr hie men tael ef teiken fen; God wist it mar allinne.
Syn Tetke siet mei hjar twa bern De nachts nei ’t waer to hearren, En wachtte yn noed de tynge ôf Fen libben ef fen stjerren.
Hjar boi dy wier syn saunde al út, Mar ’t golle mûtle famke Hie twaris earst de maiblom sjoen, En slepte, ’t swiete lamke.
Mei de eagen laei de poppe ticht En sobbe mei hjar lipkes, Krekt eft se op memmeskirte laei En lurke oan ’t folle titke.
“Och! sei do Tetk, “dyn heit, myn ok! “Hwa scil dyn brea nou winne? “Hwer is dyn heit? Myn man, myn hoal? “O God! Hwer is hy hinne?”
Mei ien bigoun it froede bern Yn ’t sljipke blier to glimkjen, En dobke op dobke loek yn ’t wang Fen ’t ynnichst sielformeitsjen.
“Us Sjurtke glimket!” sei broer Sierk, “Sjoch, mem, ho laket Sjurte! “Hja laket mei de eagen ticht: “Mem, hwet scoe dat bitsjutte?”
“Wel, ljeave boi! sei Tetke do, “In Ingel is ’r om it lamke. “Dy reauntet Sjurte hwet yn ’t ear “En boartet mei ús famke.
“As bernkes stjerre, nimt ús Hear “Hjar yn syn ljochte himel; “Dêr wjukkelje se omheech en del “Yn sillich boartgewimel.
“En soms den saeij’ se op ierde del, “Fier út dy hege stjerren, “En flústerje hjar pop yn ’t ear “It wird fen God de Heare.”
Mei ien waerd rinkele oan ’e doar, En Tetk de klink flink iepen! En Seakle, sjoch, dy stiet ’er foar Yn stoarm en weach bihâlden.
Tetk joech in gjalp, en do deastil Kniep hja him yn ’e hânnen. De ljeafde is stom; hja hat nin wird By ’t wersjen fen de mannen.
Do Seakle oan ’t tellen fen syn need, Fen blaksemfjûr en waeijen; Ho n’ trijemêster neist hjar sonk, En by de wyn hja laeijen.
“En dou, myn boike!” sei er, “Sierk, “Hastou foar heit wol bidden? “Ja, ’t onze vader trij’ris, heit! “En dat hat God forbûke.
“In Ingel hat er oan ús stjûrd; “Dy reaunte Sjurtke yn de earen, “Det heit bihâlden wier yn ’t waer. “Nou tankje ik God de Heare.”
As wy âld it onrjucht dwaen, De earmen greatsk minachtsje, Woll’ de hillige ing’len Gods Net by ús oernachtsje.
Mar de onskild’ge sûgeling Siikje se yn alle hernkes; Hwet for ús geheimnis bliuwt, Telle se oan de bernkes.
Skiermountsjeach, Augustusmoanne 1823. J. H. H.
OAN MYN STALKE FREARK FONTEIN MEI DE LAPEKOER.
Moatt’ wy einlik den fordwine? De tiid ús Fryslân ek forsline Mei syn stege hege sin? Moatt’ wy Frânsk en Hollânsk tinze, Ja ús tael, ús siel weiskinze, Om mar mak yn ’t jok to gean?
Né, Fonteine: Hwa wol bûgje, Stiennen oan de mûrre loegje Fen kaepmomme slavernij,— Kinne wy de sé net damje, ’t Alde folk scill’ we ús net skamje, Dêr ús bloed út spruten is.
Sa lang as ús amme siket En dat bloed op hjarres liket, Stean’ wy for hjar aert en tael, Wylst wy ’t laffe grjimmank heare, Dat se nou ús bernkes leare, As in heide iken peal.
Hast scil dea ús eagen brekke En de nacht fen ’t grêf ús tekke, Mingd mei echt en onecht skaei; As jins bern dit leaf den lêze, O Fonteine, mocht dat wêze Mei in hege Fryske sin!
Mocht hjar boarst den prûzer tille Fen in ed’le Fryske wille, Dy it slavebret net fielt; Ja, op ’t sjen fen beide ús nammen, Dy dêr stean’ as môgle stammen, Romje op ús yeske yet:
“Dizze twa dat wierne frjeonen! “Hwet foroare, dizze bleauwen, “Wierne Friezen yn hjar hert!” Mar sa lang my ’t libben dûrret, ’t Bloed net yn myn ieren stjurret, Dy, Fontein! forjit ik net.
Salwert, 26 Juny 1835. J. H. H.
YN DRACHTEN NET BIKEND.
Yn ’t tsjuster rekket men oan ’t malen; Dat bart wol elts-en-ien; Mar yn de moanneskyn to dwalen, Dat is hwette ongemien.
Yn Drachten wenne alear baes Minne, In klokkemakkersbaes; De man wier oars fen Grou fen dinne, Sa seit it âld relaes.
Dêr wier er yn syn feintejierren Mei ’n kweade kop weiroun. Hy sei: “Ik reisgje wei om fierren, “Bin ’k oan in sodze boun?”
Hy pakt syn ridskip yn ’e kiste, Mar reisge doch nea fier, En hierde, ear ’t syn folk it wiste, To Drachten in kertier.
Hy joech him wer oan ’t âlde fyljen, En waerd al skielik baes; Hy pielde net mei sûpen, spyljen, Mei swetsen ef geraes.
Dat woe hy extrajern ek wite, En wier der greatsk op ek. Hwet koe ’r it herberchgean útkrite! Hwent baes siet sneins yn ’t hek.
En dochs him lêste jern in sûpke; Hwent yn de ûlefljocht, Den makke er sims al gau in glûpke By ’n bûrman, dy ’t forkocht.
’t Wier op in moaije snjeon-to-joune, De moanne skynde klear; Do sloep er nei syn bûrman Poenne En pakte ’er gau in pear.
Dat brocht him al hwet fen ’e wize, De tonge dûbeld sloech. Syn Foek sei: “Foi! It moat yen grize. “Foi, dy forflokte kroech!
“Dat moat dêr moarn yn ’t hekje sitte “En mei it ponkje gean! “Och, baes! jy scoene dat dochs litte, “Jy kinne kwealik stean.”
By domenij de klok opwine, Dat wier do ’t lêste wirk, En ’t brocht him al hwet yn ’e pine; Mar dy hear wier nin Turk.
“De wyndrúf groeit net for de spinnen En ’t koarn net for de gies. “De wyn en ’t bier forhûg’t de sinnen.” Wier domenijs adviis.
Do dy baes Minnes noas oanskôge En ’t stive yn syn draei, Do rôp er: Wees hier welkom, oude! En baes niigde as in raei.
_Hé! hew’ we dair ons frind, baes Minne? Kom earst mar na de klok. Myn fyftichtst jair sal just beginne: Ik geef van daig in slok._
De brandewyn wier op morellen, En gong dêr feardich roun. It praten, laitsjen en fortellen, Dat gong de hiele joun.
Mar einling waerd it njuggen ûre; Do gong baes Minne foart. Hy koe ’t sa just de doar út stjûre Mar do wier ’t hui en hoart.
Hy slingere ’r al nuver hinne, En makke mannich gier. Den sei ’er ien: “De deaker, Minne! “Dat pakje falt jo swier.”
In oar dy rôp: “Dêr giet er hinne! “Hy hat de klok opwoun. “Hwet scil syn âlde Foek opspinne, “As hy sa thús komt joun.”
In tredde sei: “Baes hat him rekke, “Dat hat er net fen spek. “Dy kin him âlderwetsk tasprekke, “Moarn sit er wer yn ’t hek.”
Mar einling set er ’t op in gieren; De strjitte waerd to smel; En falt mei al dat nuv’re swieren Plomp yn de dwersfeart del.
En nou bigoun de baes to roppen; Hy oeffe en jamm’re sa! Hy stiek de earmen út nei boppen Oan bûrman Abe ta.
“Moatt’ jy hjir yn de dwersfeart rinne, “En ’t moantsje skynt sa gleon!” Sei Abe do tsjin bûrman Minne: “Jy haww’ to folle preaun.”
“Och! sei er, “’k Bin fen Grou fen dinne, “Yn Drachten net bikend; “Oars scoe ik net yn ’t wetter rinne. ’k Bin ’t paed hjir yet net wend.”
“Al fjirtich jier yn Drachten wenne, “En net bikend mei ’t paed? “Nou sjen ik det jy flouwe kenne. “Kom hjir mar by it haed.”
Hja moasten baes by ’t haed oplûke, En bringe him by honk. Dêr moast er oan de lonte rûke! Hwent âlde Foek joech fonk.
“Och! kibjen hab ik net fortsjinne; “De kweade hat my dreaun.” Mar baes dy waerd mar hird forskjinne En do nei bêd ta treaun.
“Dy kweade, dy sit yn de flesse,” Sa spriek do ’t âlde wiif. “Dy hat dy yn de dwersfeart presse; “Dy jowste siel en liif.”
Seis wiken waerd him nou it hekje Nei tsjerketucht forbean. Dy lake ’er om, in oar woe lekje, Lyk as dy dingen gean.
Sjocht men nou immen ’ris oan ’t dwalen, Dy ’t hynzer yn in steech opment, Den seit men: “Sjoch dy man ’ris malen; “Dy is yn Drachten net bikend.”
Mar docht ’er nou in mispas immen, Is ’t mar in skrandre fent, Dy is ’t net kwealik mear to nimmen, “Dy is yn Drachten wol bikend.”
Grou. E. H.
[Yllustraasje: BAES MINNE BY DOMENIJ.]
DE BLIDE BERNKES.
Ploits de blommen, dy der bloeije; Bernkes! ploits de blomkes yet. Sa! nou laitsje, en sjonge en djoeije, Ear ’t de gouden tiid forgiet.
Hark it sûzen troch ’e stânnen Fen de sêfte westewyn Oer de griene Fryske lânnen: Snúv’ hjar friske loften yn.
Hark it ljeave ljurkje sjongen; Hark! dy sjongt wer ta Gods ear. Mear as tûzen falske tongen Klinkt dy lof for de Opperhear.
Sjen it blinkjen fen it marke; Sjoch! de weachjes dounsje wei. Sjoch de swan, ho det er farket; ’t Bolle wynke nimt him mei.
Yn de wite hagedoarne, Dy sa frisk to bloeijen stiet, Sjongt wer yn de iere moarne ’t Flugge finkje in aerdich liet.
Hark ’ris, ho de ekster skattert Yn de hege eskenbeam; ’t Einke yn it wetter plattert Mei syn ljeave piketeam.
Sjen de hege wolken driuwen Yn forgankelike pracht; Sjen de sinne hearlik kliuwen, Greate bode fen Gods macht.
Hark it beuzich bijke brommen, Flinters dounsje yn pronkgewaed Oer de millioenen blommen, Dy Gods hân oer ’t ierdryk spraet.
Fiskjes binne nou oan ’t djoeijen Yn de brune djippe mar. Sjoch de hege loft trochploeijen De âlde steatlike earrebar.
Wille hawwe alle djieren, Sels de mieren yn ’e groun; Mar syn geast om heech to fieren, Is mar oan de minsken jown.
Al dy ljeafde, al dy wille, Al dy goedheit is for ús. ’t Moat ús hert nei boppen tille Nei ús hillich ivich thús.
Moat ús hert fen droafheit brekke, Rint ús ’t each fen triennen oer, Kin de ierde ús leed net tekke, Den sprekt ta ús Gods natûr:
Sprekt ús ta mei tûzen stimmen, Sjoch! de krûdkes op ’e groun; Sjoch! de sinne oan ’e kjimmen, Nig’ hjar holle nei de groun.
Is de dage wer oan ’t kommen, Alles dertelt wer op nij. De ierde is in hôf fol blommen; ’t Is Gods libb’ne skilderij.
Blydskip folt wer alle wrâlden; ’t Rint fen wille, wille oer. Alle fûgels yn ’e wâlden Sjonge as bernkes fen natûr.
Sa moat ek ús hert optille, As Gods frjeonehân ús slacht. Folgje triennen op ’e wille, Tink, de dei brekt troch de nacht.
Bernkes, as ’er blomkes bloeije, Ljurken sjonge yn ’e loft, Wol den op de blomkes lykje, Haw den as dy fûgels nocht.
Ploits de blomkes dy der bloeije; Bernkes, ploits de blomkes yet, Ear ’t de tsjerkhôfsblommen groeije, En dy gouden tiid forgiet.
Grou. Juny 1854. E. H.
DE FOARNAME UT-FEN-HUZERS YN FRYSLAN.
DE FOARNAME UT-FEN-HUZERS YN FRYSLAN.[66]
Lânsljue!
De ûtwrydskheit heart net by ús thús; dêrom krije wy de namme wol ris, det wy lang gjin frjeonlike minsken binne. It poeihaei, dat ’er yn ús dagen makke wirdt mei it oankommen fen in Keuning ef Prins, heart ek yn ús dagen thús: by de iene, omdet er in fortoaning meitsje wol det er folle jild hat; by de oare, omdet s’ er mei forlegen binne; mar by de measte, omdet s’ er nei siikje, ef to minsten om de ginst. Mar ongelokkich sjocht men ek, det dy greate roppers en razers de earste binne, dy in oare flagge waeije litte, as it hjar Keuning tsjinrint. It echte Fryske aerd is stadiger; fen dat aerd jow ik hjir in priuwke. Lêz it; en dêr it it wirk is fen in liddich hjildei, sa siikje der neat yn as de wille om jimme yn dizze freugdetiid op to fleurjen, en de Keuning en syn hûsgesin op myn wize de eare oan to dwaen, dy sokke hege ljue takomt.
Grou, July 1841. E. H.
DE FOARNAME UT-FEN-HUZERS.
Douwe. Wel wiif, ik moat dy sizze, detste dy fen dizze wike hwet opskranderje moaste, en reagje en klinsgje it hele hûs út, fen ûnderen ta boppe de nael út.
Beik. Wel, hwet komt my nou oer? Oars biste sa eang fen it húshimmeljen, det ik dy net kom to hearren ef to sjen as dat wirk oer de flier is.
Douwe. Siz net to folle, âlde! Forline jier haw ik al de goatten om it hûs yette for dy útskrobbe; mar ja, as ik myn sin krige, den woe ik mar om de saun jier ienris húshimmelje. De earste dei twa woe ik boelgûd hâlde—dat binne plezierige dagen:—al it âld gûd scoe foart; en den woe ik in ûre ef tsjien, toalf mei de brânspuit yn it hûs om regemintsje, det ’er gjin stofke yn bleau, en gjin spin yn it libben.
Beik. Ja, ja, heite, praet dou mar foart; it bêste der fen is, det gjin minske it leaut. Mar jimme manljue scoene al rare dingen wirde, as wy frouljue net heisterje en laepje mochten. Jimme kamen skielik yn jimme eigen ongemak om, en de iene lape sloech de oare. Men kin de manljue der altyd út, dy sokke smoarge têsten fen frouljue hawwe. Mar hwerom wolste nou sa mei alle geweld it hûs skjin hawwe?
Douwe. Dat haw ik nou sa mar bigrepen; en dou moaste dyn moaiste pakje en dyn gnapste flodder mar klear hâlde.
Beik. Nuver, nuver is ’t; mar hwet scil dat nou bitsjutte, Douwe! Dou koeste my wol for de gek hâlde, en sizze: altyd reageste for dyn eigen pleizier yn it hûs om, dwaen it nou ris for myn plezier; der wierste neat to goed ta; en den my yn ’t ein der yet in poas by útlaeitsje, dat hie ik ’er yet op ta; siz my, hwet moat dat bitsjutte?
Douwe. Dat bitsjut, det as men út-fen-hûzers kriget, den moat de boel ommers himmel en skjin wêze. Nou, honke! wy krije trije út-fen-hûzers, en licht wol fjouwer, en foarname ljue der by!
Beik. Wel, sa kin ik ’t net oan! Ut-fen-hûzers! en greate ljue dêr by? dêr haw ik it net grien op, Douwe! hwent it rint ek tsjin de Ljouwerter merke, en dou noadeste mar bûten myn witten om; né, ik bin gjin tel mear!
Douwe. Bidarje, wyfke! aste wiste hwet foarname ljue it wierne, den scoeste sa net prate. Mar hark, dêr giet de doar, scoene se dêr al wêze? O, it is Master!
Master. Joun jimme! Mei ik jimme wol hwette nijs forhelje?
Beik. As ’t hwet goeds is, ja, graech den, Master.
Master. Den moat ik jimme forhelje, det wy trije foarname út-fen-hûzers hjir yn Fryslân krije; hja sizze, det ús Keuning hjir komt en de Keuninginne mei hjar dochter, en licht ek in soan yette, mar dat witte se net klear.
Douwe. Sjoch, sjoch, Master! jy forbruije hjir de hele boel; ik woe myn wiif ris narje en to fiter hawwe.
Beik. Dêr scoeste my wer ris moai bitrekke: mar, ja wol, Master bringt it út. Binne dat nou dy trije foarname út-fen-hûzers? Dat giet ús ommers net oan? Douwe seit, det se by ús út-fen-hûs komme scille; dat is ommers net wier, wol Master?
Master. Ja wol, wy binne ommers Friezen! Wel nou, sy komme by jo, by my en by alle Friezen út-fen-hûs, en wy moatte mar it bêste en skjinste plakje fen ús hert for hjar rom hâlde, mar jins hûs mei dêrom ek wol skjin en klear bliuwe: hwent jimme wenje oan de wei, en as de Keuning hjir ris troch kaem to riden, en de man dy krige ris toarst, en frege jo ris om in swolch kâld wetter ef swiete sûpe, en hy kaem ris by jo yn hûs en foun hjir de boel ris heibeijich hinne lizzen, den wierne jy ommers skjin forlegen, Beik! Dêrom pas op en hâld de boel klear.
Beik. Ja wol, sa’n great fornaem hear scoe fen ús sûpe ef wetter drinke! dat scoe him sa nij bikomme as fleanen.
Master. Hwerom net? Do de Keuning yette feint wier, do hat er wakker yn dat hjitte Spanjen omramaeid tsjin de Frânsken: do hat er wis wol ris in heale rider for in friske dronk kâld wetter jaen wold, as se dêr twisken dy hege bergen sieten; ek wol by Waterloo en noch lêst by Leuven, dêr se ’t krap hiene. En mien’ jy, det in âld soldaet ’er om jowt hwa him to drinken jowt, in gnappe Fryske boerinne ef in prinsesse?
Beik. Fij, Master! in âld soldaet sizz’ je; jy bylde dy goede man al nuver ôf.
Master. In goed man, ja wol; mar ik wol ljeaver tsjin him ite as tsjin him fjochte. Do’r by Waterloo de koegel troch it skouder krige, do scoe er him de fingers-einen wol ôfbiten hawwe, sa heislike lilk wier de man, det er de oare deis net wer mei syn folk ’er op los koe.
Douwe. En ik scoe bliid west hawwe, as ik ’er mei in feardige skamper ôfkaem!
Beik. Ja, dou biste altyd in hird man west tsjin in weak tsjiis. Mar, Master! is de Keuning oars in goed man?
Master. Krekt lyk as alle helden (krekt as ús greate de Ruiter ek wier). Dy binne, sa lang as hja mei hjar fyanden wedde binne, sa troch alles hinne fûleindich, det ’er hâlden noch kearen oan is, en neijerhân binne hja sa goed as se heech binne. En det de man goed is, sjocht men oan syn wirk; hy wol it goede, en is it ’er yet net, hy siket ’er om, en dat is to priisgjen yn de man, en dêrom scil er ek in plomke fen my hawwe.
Douwe. Scil de Keuning in plomke fen jo hawwe! Wel man, hwer scil dat yn bistean?
Master. Wel, ik scil him in rymke foarlêze.
Douwe. Nou, dat is jins minste wirk net; mar pas op, Master, en stek de man net al to folle yn de hichte: hwent flaeid wirde dy ljue rju genôch, en trochstrings to folle.
Master. Dat docht in goe’ Fries net; dêr scil ik op passe; hwent it komt út it hert foart, en ik dwaen it net om hwette to freegjen. Hear mar ris!
WOLKOM YN FRYSLAN.
Ho! Wolkom, trijris wolkom, Keuning! Hjir op de âlde Fryske groun, By ’t folk, troch alle ieuwen hinne, As from forneamd de wrâld yn ’t roun.
Ald Fryslân is fen âlde tiden ’t Forskûl fen frije helden west, Hwer se efter poelen en struwellen Ofsloegen alle frjemde lêst.
It lân waerd troch de sé regearre, En ’t folkje fluchtte op terp en wier; It koaikjen en de fiskerije Wier ’t earme folk hjar greatst fortier.
Mar dochs, ho faek de wylde weagen Hjar bûken mei in iizren hân, Koe need noch dea hjar oait fortokje Fen de achting for dit âlde lân.
Sjen nou dit lân, hwer jy op geane, Dat ophelle is út gulle sé; Hwer binne brûzender lânsdouwen, Oerspriede mei sok hearlik fé?
It noat dat rôllet oer de lânnen, De beammen bûge fen hjar fracht, De hynzers drave oer de wegen, It blinkt jo tsjin yn folle pracht.
Dat hawwe de âlde Friezen makke Troch taei gedild en iizren flyt; In paradiis fen sompen makke, ’t Gebouns fen de oceäen ta spyt.
Yet rint dit âlde bloed troch de ieren Fen ’t Fryske folk, dat jo sa eart, En dat it hert opljept fen freugde, Nou hjar in Held it lân regeart.
Wêz’ wolkom, bêste Keuninginne! Fen deugd it foarbyld fen ús lân, Dy sels de wounen fen de krigers Forboun hat mei in sêfte hân.
Wêz’ wolkom, jonge faem, Princesse! Sa roppe Fryske famkes nou; Wy wolle graech jins fammen wirde, Jy wirde wis in goede frou.
O Keuning! mocht jo God op ierde In lang en sillich libben jaen, It lân yn frede bloeije litte, En noait mei swiere pleagen slaen!
Dat is de winsk fen de echte Friezen; Den wirdt dit lân in lust for jo, En ’t folk scil jo, oan ’t lette grêf ta, Forearje en tsjinje froed en trou.
Dêrom, o Keuning en Princessen! Tink nou mar: wy binne út-fen-hûs; Formeitsje jimme hjir ris tige, As bern yn de âlderlike klûs.
Wy hâlde net fen folle noadzjen; Mar, hawwe jimme it hjir nei ’t sin, Kom den ris op in oare tiid wer, Mei ’t hele Keunings-húsgesin.
Master Jelle.
Douwe. Mar, Master! Master! scille jy dat dy greate ljue sa mar foarlêze yn ús boeretael? Hja scille miene, det wy hjar foar ’t soaltsje hawwe wolle; ik frees it scil jo forkeard ôfgean.
Master. En ik leau it heel net. As de Keuning my dat kwealik ôfnaem, den wier er net felle wiis; hwent wy sprekke in tael, dy sa âld is as it lân dêr wy yn wenje, en licht wol âlder. En dêrby, ús foarâlders sprieken hjar, en dêr lykje wy wol oan, mar wy binne der net mear by to forgelykjen. Hird en sterk, rûch en onbiheind wierne hja; mar it wierne kearels, dy stoene fêst as in peal boppe wetter; en fen sokke ljue hâldt ús Keuning ommers. En scoe syn Majesteit it my nou kwealik ôfnimme, as ik him yn de tael oanspriek, dy troch sokke ljue spritsen is? Ik leau it net, Douwe!
Beik. Mar, Master! is dat wier, hwet jy der niis yn it rymke seinen fen de Keuninginne?
Master. Ja, wol wier, Beik! Hja hat sels mei folle kosten for de earme soldaten, dy yn de lêste kriich in earm ef in skonk ôfsketten wier, in hûs ynromd, hwer det dy minsken holpen waerden; en dêr kaem hja sels meast alle dagen yn, en forboun sels wol ris in inkelde mei. En as dy minsken dêr den genêzen útgongen, den waerd hjar neijerhân in gnap stik jild ôfsein, sa lang as hjar libben dûrret, dêr sy yet mei wiif en bern in aerdich ynstruijinkje fen hawwe. Ik wit sokke wol, en dy scoene dat bêste minske wol op hânnen drage, ja, yn de dea scoene se derfor gean.
Beik. Och Heare! Master, hwet binne dat bêste minsken.
Master. Ja, út it kâlde Ruslân komme ek wol ’ris waerme christelike herten.
Beik. Nou, it is der allike folle om, mar sokke bêste minsken scoe ik dochs wol ’ris in dei mennich út-fen-hûs hawwe wolle.
Douwe. Dêr waerdste sa skjin mei forlegen, detste dy sels gjin rie wiste; dou rekkeste der sa skjin yn wei, detste net mear wiste hwetste dieste. Mienstou det dy ljue iten ite as wy; hwet scoeste hjar foarsette?
Beik. Wel, ik scoe iel en ierdappels opdisse, den in skinke mei eartepûllen en blomkoal, en ta in neigeset in fikse boffert, ripe kersen en ierdbeijen; en den scoe ’k dy jongfaem, dy Princesse, dy scoe ik rizenbrij mei sûker en bûter en pypkaniel jaen.
Douwe. Nou, ik hear wol oan dy, dy ljue scoene wol genôch krije; dou pijste en perseste it de ljue ek genôch ta, en den wierste hjar ek gau kwyt. Mar ien ding wier yette it slimste. Sokke greate, rike, machtige ljue dy wolle ek rejeal wêze, en dy noadden ús ek wis yn den Haech werom út-fen-hûs. Dat wier for my lang sa bryk net as for dy; ik koe mei de Keuning oer de bêste rydhynzers prate, hwent dêr hâlde wy beide fen; en wy koene ris út to riden gean; mar dou hast neat leard as tsjernjen en bûterheinen en meltsjen, hwet scoeste bigjinne? Nou, siz ik gjin wierheit, wiif?
Beik. O ja, dêr waerd ik mei forlegen; ik kin ek sa lang net fen it hoarnleger. Mar ik woe hjar dochs wol in deugd dwaen.
Douwe. Nou, den wit ik rie; wy moatte hjar yn ’t forfolch elts in presint dwaen; liket jy dat ek net goed ta, Master?
Master. Ja, mar ik kin net folle jaen; fen dat boekstaverjen mei de jonges sjit net folle oer; mar ik wit rie: ik kin goed aei-siikje, ik stjûr hûndert ljipaeyen nei den Haech.
Douwe. Fiks bitocht, Master. En dou makkeste in bêst kynsen bûter, Beik! woste dat dwaen?
Beik. Jo wol in fjirder, as ik mar net nei den Haech hoef to reisgjen. Mar hwet scilstou den jaen?
Douwe. Wel, ik haw forline jier in ongetider hawn, dy hie skutter yn de kamp west, en dy hat my forhelle, det ús Keuning in earste hynstepresser wier; hy siet op it hynzer, sei er, eft er der op floerre wier; en hy fleach oer de heide op sa’n meageren igewige fen in guds, det it sân yn de loft opstau; der wier net ien dy sa hird koe. Nou wol ik him myn brúntsje jaen; in edel dier ûnder de man: dat moat er ha, dêr kin er yet ris mei pronkje.
Master. Mar ho sit it, kin ik ek mei jo nei Ljouwert ride, as ús Keuning dêr komt? hwent dat ding moat ik foarlêze.
Douwe. Heel wol; mar jy bigripe, den moat dy moaije lange brêgemansrôk en de tripen broek oan; de greate kûtgaspen en de gouden gasp op ’e hoed moatte net forgetten wirde; en it scil bêst wêze, det Domenij ek mei rydt: mei ús beiden binne wy dochs mar just bitroud, hwent myn wiif woe mei de lytste bern ride.
Master. Kom, it wirdt wer gekheit, joun jimme!
Douwe en Beik. Ek joun, Master!
DE JONKERBOER.
DE JONKERBOER,
EF KRYSTTIID EN SINT STEFFEN YN ALD FRYSLAN,
fen Dr. EELTSJE HALBERTSMA.
FOARWIRD.
Ik hab my by it opstellen fen dit stik altyd sels de plicht oplein om sa to skriuwen, det men der net fen sizze kin, men kin taeste en fiele det it leugens binne. Jinwirch skriuwt men sa net, en men steurt yen net oan onwierskynlikheden, en dat kin ik net lije. “Yn de fabel sels moat de wierheit hearskje,” seit in Franskman. De twa forteltsjes fen master Tsjerk binne by de wierheit troch, mar dat is mar om de bern to formeitsjen: dy binne fen in âld Dútske beam plôke, dy by de Hearen Grimm yn it hôf stiet. Al it oare wirk is út myn eigen holle foartkomd, en ik biëagje neat mei myn skriuwen, as om myn Fryske lânsljue in noflike pear ûren to bisoargjen.
Nim it for ljeaf: it is fen in griis man, dy de wrâld yn it koart forlitte moat.
Grou, 28 Maeije 1856. E. H.
DE JONKERBOER.
Das leben ist im grunde so fatal ernsthaft, dass es ohne diese verbindung des pathetischen mit dem comischen nicht zu ertragen wäre.
Heine.
Yn it bigjin fen sechstjinhûndert wier to Frentsjer in jong hear oan de studie; it wier de Jonker H. Net in heel wyld studint wier it, mar in feardich, fluch, krigel hear. De âlde Grytman H. fen ien fen de Dongeradielen, dat syn heit wier, woe him yn de rjuchten opliede, mar dat getiis yn dy âlde wetten stoe him net oan, en hy joech him oan de âlde Romeinske en Grykske skriuwers en dichters oer, sadet syn heit wol ris sei: “Jonge! ik leau det Plutarchus dyn bibel en Horatius dyn testamint is; en dat moasten eigentlik de instituten en de pandecten wêze. Jonge! dou moaste dy op de rjuchten lizze; mar de rjuchten laeine op de Jonker, en hy die der net oan. Dêrom roun it iene jier yn it oare, sadet er al fjouwerentweintich jier âld waerd, foar det ’er om in promotie tocht waerd; en howol det de Jonker in skrander brein yn de holle hie, wier de twang fen it stêdlibben jimmer in skrik for him west, en hie it de âlde hear folle wirk koste om him oan de studie to krijen. De Jonker hie in neef oan de studie, dy to Langwaer wenne; dy Jonker wier fen in oar aerd; dy siet it adelik bloed jimmerwei yn ’t boarst; lykwol wierne it greate spitsen. Do de krystfakantie bigoun, teach de Jonker H. mei nei Langwaer ta, en den scoe de feint him foar krysttiid mei in hynzer werom helje nei Dongeradiel op it Slot, omdet de âlde Grytman ljeafst yn de krystdagen syn bern en goede frjeonen by him hie op it Slot.
Mar kwalik wierne de studinten to Langwaer, do bigoun it to friezen, det it knipte. Dêr wier it in fleurich libben: wyn en lekker iten gjin gebrek; der wier ek in freule Juliane..... út-fen-hûs, dy ’er goed útseach en tige ryk wier, dy moai song en moai dounse. Dêr setten hja de Jonker altyd neist, en hy wier hoflik en tsjinstich genôch jin de jiffer; mar hja bihanle de tsjinstboaden to hounsk nei syn sin, en as er in boer yn de keamer kaem, den wipke se hjar noaske sa heech, en as de man mei de hoed oan de flier ta bûgde en niigde, den seach hja hwet skean oer ’t skouder en sei gjin wird. Mar do in dei foar krysttiid de feint fen de Jonker H. op redens út Dongeradiel kaem, om him ôf to heljen, bidoar se it alheel en al mei him: hwent do de feint, Christiaan, yn de keamer kaem en him sljucht wei Jonker Hobbe neamde, do sei se: “dat vind ik impertinent om zijn heer en meester bij de naam te noemen.” “En dêr is by my gjin kwea yn; dy namme is in âlde Fryske namme, sa bin ik doopt, en dêr bin ik greatsk op, omdet myn foarâlders him ek dragen hawwe,” sei de Jonker do sa hwet op in snauske wize; de jiffer sloech de eagen del en wier forslein.
De Jonker wier bliid det de feint komd wier, omdet it mei syn Omke en him dochs ek net beare woe. Dy sinnen rounen al to fier út eltsoarren, binammen do dy hear him de portretten fen syn foarâlders mei folle earnst bisjen liet, en him forhelle, det er dy for gjin fjouwer boerepleatsen misse woe. Do bigoun de Jonker to laeitsjen en sei: “en ik joech gjin hûndert goune for dy hele boel: hwent de kinst ’er fen is neat wirdich; dêr kin ik fen prate; ik skilderje ek, mar as efter op dy skilderijen in koarte libbensbiskriuwing fen al dy ljue stoe, en it wierne allegearre greate helden west, dy it lân út de need holpen, ef deugdsomme reginten ef oare brave ljue, den scoe ik ’er de hoed for lichte; mar boerestrûpers en hazzejaggers dwaen ik it net for, al is hjar adel sa âld as Rome.”—“Dou sprekste in nuvere tael, sei de Omke do; “dou biste de namme fen Jonker net wirdich, astou der nin mear priis op stelste.”—Dêr stel ik greater priis op, Oom, as jy miene, leau ik,” wier it antwird; “mar dêr sit in hege forplichting oan, dy folle Jonkers net rekkenje, en dat is dizze: det wy ús as in edelman gedrage moatte, wolle wy ontsach hawwe; wy moatte troch wysheit, biskaving, en as it to pas komt mei de wapens útwize, det wy boppe in oar steane, en oars binne wy ek al net mear as in oar minske.”—“Wel, dat kin in boer ek,” sei de Omke.—“Den is hy ek in edelman, sei de Jonker[67]; en der scil yet in tiid komme, det it jild en it forstân de wrâld regearje scille en de adel weisinkt.”—“Nou siz ik neat mear,” sei de Omke, en hy hie wirk om syn lilkens to forbiten, en mompele ienige flokwirden, dy ôfbritsen waerden troch syn soan, de oare studint, dy de treppen op roun en lûd bigoun to sjongen de âlde studintesang:
Mihi est propositum in taberna, mori, etc.
Hy sloech him op it skouder en sei: “nou is dyn feint klear, Neef; ik woe graech detste bleauste, mar dyn âlde wachtet dy joun thús en it is in greate reed. Mar foar detste foart tsjochste, moat ik dy efkes to wirden; kom! gean hjir yn dit keammerke. Ho tinkste oer ús nicht Juliane? dy wirdt dy talein, Neef; ik leau det dyn âlde hear dy oars net yn de winter reisgje litten hie, hwent hy sit ek hwet allinne dêr op dat Slot; ik wit ek det ’er forskate brieven oer en wer skreaun binne, en dat kin nearne oars oer wêze as dêr oer; ho tinkste’ der oer, Neef? siz dyn sin rjucht út.”
“Ja, Neef, wier it antwird, “ik haw dat spil allegearre goed trochnoaze; de âlde hat my net rjuchtwei alles sein, mar hy hat it minske prize op in danigen wize; hy hat hjar jild net neamd, mar hjar deugden en hjar seden en ho edel det se opfied wier, en mear yette wist ik troch Christiaan; hwent dy ontgiet nin mûs op it Slot, al komt er ek troch it goatsgat. Mar as men in rôt op in side spek bynt, den wol it beest der net yn bite; sa giet it ek mei my, Neef. Sjuch, ik bin lyk as dou in edelman; wy studearje beide yn de rjuchten, dou wiste it is myn sin net; lykwol dêr ik for útgien bin, scil ik for thús komme, en ik scil dalik as ik wer to Frentsjer kom promoveare. As ik den myn âlders sin dwaen, den kin ik earst jier en dei yn de stêd omstappe yn moaije klean, om einlinge yn in ampt to kommen, en den krij ik jild, mar den sit ik ek yn in twangstoel, en dat past my net, Neef. Hoarris, myn âlde oarreheit, hat my in pleats tamakke, dêr bin ik skepper en skriuwer oer; dêr kin ik mei dwaen hwet ik wol. As ik gelegenheit haw, wol ik dêr noch ris hinne: hwent ik haw der sont myn bernejierren net wêst, en stiet it my dêr den oan, den wird ik dêr boer op. En as ik den in wiif siikje, den wol ik ien siikje, dêr ik in boerinne fen meitsje kin: sa tink ik ’er oer, Neef!”—“Ja, hwer fynste sa’n wiif, en hwet scil Oom sizze? dy springt út syn fel; en dou biste sa’n man fen âlde letteren en geskiedenis; dat liket nuver, Neef!”—“Hwer ik sa’n wiif fine scil, dat wit ik net; ik bin der net hastich mei; en hwet myn âlders sizze, dêr steur ik my yn dit gefal net oan; ik moat myn libben lang omgean mei it wiif dat ik nim; taest ik den forkeard, den haw ik nin minske de skild to jaen as my sels; en folge ik de rie fen âlders ef frjeonen, den scoe ik dy altomets yette yn hjar grêf forflokke moatte. En hwetst’ my seiste fen sucht for de letterkinde en myn skilderjen: as ik dat net hie en bihâlde koe, den woe ik net op it lân wenje, mar ik gong yn in stêd, dêr de measte drokte wier, om it liddige fen myn geest oan to follen. Forarbeidzje scil ik my ek net, dat docht gjin need. Mar ik wol sa folle dwaen, det ik myn iten fortarre en swiet sliepe kin.” De neef lake om dat plan en tochte, dou mienst’ it dochs net. “Nou, Neef, sei de Jonker, “hastou sin oan Freule Juliane, ik stean hjar oan dy ôf; my past hja net; ik scil it dy ôf- noch oanriede, mar sjen út dyn eigen eagen. Mar wy moatte ôfbrekke; as wy to Frentsjer komme, kinne wy der wer oer prate.—“ “Mar wy skiede net as Heidens en Turken, Neef: hawar, dêr is yet in folle bokael; kom, klink oan: vivat Academia, Neef!”—“Vivant Professores!” wier it antwird en do fûsken se yet ris hertlik.
Nei dit hertlik ôfskied fen syn Neef, dat hwet koelder wier tsjin de âlde hear, en neidet er de oare Jiffers de hân drukt hie, makke hy in djippe earbiedige bûging tsjin de Jiffer Juliane en boun him de redens ûnder. Christiaan, de feint, wier de wynbrekker, dat wol nedich wier, hwent it waeide út it easten, det it rikke en gûlde, en it frear, det it knipte. Do se ris stil stiene om út to pûsten yn de lijte fen in wettermounle, do sei Christiaan: “dat scil nou wille hjitte, Jonker, mar ik neam it onnocht.”—“Ja, sei de Jonker, “mar de nocht komt tonei; noait sit it nofliker as nei sa’n reis by in moai fjûr; hiene wy mar in brânnend krystblok foar de noas.”—“Dat scille wy wol fine,” wier it antwird fen Christiaan, en dêr gong it wer hinne. Einlinge kamen se by it droege gat fen ’e Snitser mar, dêr stie in tinte en dêr stiene twa fammen, de iene boun de iene reed wer oan, en de oare stie oerein; mar do dy iene oerein kaem, do kaem der in gestalte foar syn eagen sa as de Jonker noait sjoen hie; hy wier der forbluft fen. “Ongemak hawn mei de redens?”—Ja, Mynhear, it haklear wier boarst en nou hat dy âld man my holpen mei in ein tou; mar wy ride nei Terherne.” Neidet se in wipperke yn de tinte opnomd hiene, rieden se mei hjar fjouweren nei de Brette Poask; sa waerd dat herberchje yn de wanling neamd; dêr hong oars in boerd út, dêr stie op: “As ik het wel heb onthouden, is dit de hoek van Zevenwouden.” Hjir leine de fammen hjar redens del en seine: “Wy komme dalik werom, Bokke,” dat wier de hospes. “Bêst, ljeave diveltsjes!” wier it antwird, fen de kastelein. “Neame jy sokke moaije fammen sa, man? frege de Jonker oan de hospes. “Ja, Mynhear, wier it antwird, “dy forliede de wiiste manljue; sokke eagen en sa ’n wêzen dêr is nin mannehert tsjin opwoechsen; ik bin in oarlochsbonke; ik haw saun jier op it oarlochskip west; de koegels hawwe my om de kop flein; it brein fen myn bêste maet siet my op ’e klean, do it karwei birêdden wier; ik wier bang for divel noch dead; mar ik kaem thús, en sa ’n lyts wyfke seach my goed oan, en do wier ik in gefangen man; sa kin it jo yet ek gean, Mynhear!”
[Yllustraasje: “IT DROEGE GAT” YN ’E SNITSER MAR.]
De jonker glimlake en tocht net, det Bokke do yette sa ’n wiersizzer wier. De frjeonen easkene waerm bier en dêr diene se hwet brandewyn en sjerp by, en forkwikten hjar by in moai fjûr, en de kastelein brocht yet al mear oan fen dat swarte hout. “Hwet hout ha jy dêr?” sei de Jonker. “Dat is kienhout, sei de kastelein, “dat helje wy ûnder út de Gongrypster poel; dat is der alear woechsen; do moat it wetter gâns leger west hawwe as nou, hwent it sit seis, saun foet ûnder it wetter; dêr skynt it woechsen to wêzen, do dat dêr alear bosk wier; dêrom neame se dizze hoeke ek de Legewâlden, dêr dit de úthoeke fen is, lyk as op myn boerd to lêzen stiet.”—“Mar hwerom neame se jou hûs de Brette Poask?” sei de Jonker. “St! sei de kastelein, “dat is in skeldnamme for Terhernsters; ik woe net graech det myn wiif it ienris hearde, hwent den komme hjar dalik de stikels oerein.”—Do kaem der in earm âld wiif to biddeljen, dy joech er in tsjok stik brea mei in pear droege hearringen. “Hawar, sei de man; “dêr haste in stik brea mei Ropsylster spek (omdet dy folle by Roptasyl út sé oankomme); as in boer dy nou in hânfetfol sûpe jowt, den hast’ in mieltiid.”—“Och”, sei de Jonker, “hwet sjocht dat minske der aeklich út; hawar, jaen hjar in pear dûbeltjes, Christiaan.”—“Ja, Jonker,” sei de kastelein, “dy is fen de finne op de yester komd; dy haw ik foar jierren kend, dat hja yn ’t side en brat roun, en nou is se in stokdweil, lyk as jy sjenne, dy men wol yn ’e kersebeam sette koe mei in dea kat om de hals for in sjamme. Dy hat lange jierren by in âld ryk fiskael wenne to Snits as byslieperske ef matras, ho neame se sokke klitsen hast ek; dy âlde hear waerd sa swier en onbihelprich, det se him de foetten waskje, teanplúzje en neilknippe moast; koartom, hja heinde en fierde de man as in kreamwiif en tearde mei him om as in lyts bern; en do de man de toffels útteach, do makke er hjar yet al gâns in knoarre jild, mar do troude hja noch wer in jongkeardel en dy koft in heal trekskip for hjar jild; dat libbe der plezierich hinne, mar do de boel op wier, gong de skipper nei Eastynje en liet hjar sitte, en nou rint se to skoaijen. Hie se oppast, den hie se in kaptael hawn as in boargemaster, dat siz ik jo, Jonker.”
De Jonker sei: “mar dy frouljue, kastelein, dy hjir niis de redens dellein hawwe, hwer binne dy fen dinne, Bokke?” “Dy binne fen de Wieren hjir oer de mar wei: dat binne boere huzen, dy hearre leau ik ûnder Tersoal: dy lizze dêr oan sa’n poeltsje, dat hjit de Brekken, Jonker.
“Dat iene is de faem fen de boer en de oare is in foardochter fen de boer, dy hat hjar mem yn de kream forlern, en nou wennet hjar twade mem, dy hjar to boarst hawn hat en opfokke oan hjar fjirde jier ta, hjir to Terherne; dy hjit se yette altyd mem, en hja binne mâl om eltsoarren: dêr is hja wis.”—“Dat is in moai jongfaem,” sei de Jonker. “Clare! rôp de kastelein, “sa’n moai, edel en ljeaf jongfaem, is der yn de hele legea-en en yn de hele lege wâlden net, en dêr is oars soarte, Jonker, dat siz ik jo. Hja hat mar ien gebrek, as it dat is.”—“En dat is?” frege de Jonker.—“En dat is, wier it antwird, “det se gjin earmoede sjen kin. It is forline jier bard, det ’er in earm skoaijerswiif mei in lyts bern op ’e rêch op bleate foetten by hjar foar de doar kaem, en om do it minske gau to helpen, sa teach se hjar eigen hoazzen út en joech se oan it wyfke. En hja hat ek mear leard as rjucht hinne. Der wennet in wiis skoalmaster to Tersoal, dy hie nocht oan hjar en dy hat hjar alles leard hwet er wiste.
Dêr kaem it wiif fen de kastelein op ta, dy sei: “Jy moatte him net telle, Mynhear; hy is in frouljuesgek: as er mar in doek sjucht, den is er al oerstjûr, al sjucht er it frouminske yet net ienris.”—“Né, ik bin der net gek om, hwent dy gek om in frouminske wirdt, dy hoeft net efter de tralies set to wirden, mar dy moat mar oan in kwea wiif fêstboun wirde en den is er gau wer wiis; mar ik bin, lyk as alle manljue, krekt as in eintsje klapkoarde, dat him om in finger wine lit troch in wiif, ef dêr hja in swipesnoer fen meitsje, al nei det it bihânle wirdt. Mar Clare, dêr wol ik gjin kwea fen hearre, wiif! mar jimme kinne noait lije, det men in oar frouminske moai hjit ef ljeaf. Mar dêr komme hja al oan.”
Do de fammen oer de flier kamen, stoe de Jonker op en niigde en seach Clare frjeonlik oan; en hja sloech hjar moaije blauwe eagen del. “Fammen, sei er, “jimme binne fen de Wieren, wennet dêr dy âlde Piter Doeckes net?”—
“Ja dat is ús neiste bûrman, Mynhear! hawwe jy dêr kinde oan, Mynhear?—
“Ja, sa hwet, myn faem; mar gean sitten, fammen; ik scil jimme in swiet sûpke jaen; jy hawwe wol hwet, kastelein, net?”—“Dat scoe ik tinke, Jonker. Ik haw gûd, dêr de soldaten fen bidde en preekje, dêr de domenijs troch ten oarloch farre en de skroarren fen op ’e kop steane; en dy nin sin hawwe oan frouljue ef dy ’er to hjit op binne, ik kin se allegearre helpe. Dy to folle bier ef drank hawn hawwe, dy stjûr ik nei de pomp ta, en dy jow ik tonei de rie om de drank ljeaver yn de skoen to jietten; mar ik scil de fammen hwet Rosolis jaen.”
De Jonker siet hwet stil en do sei er tsjin syn feint: “Hoarris, Christiaan, dou nimste hwet iten by dizze man, en den rydstou allinne nei hûs ta; de reis wirdt my to biswierlik; ik ryd mei dizze fammen nei de Wieren ta; dêr wol ik krysttiid hâlde by Piter-om en Joukje-moi, dêr bin ik thús.” Clare krige in kleur en hearde nuver op, det de Jonker dêr thús wier. De Jonker scoe in skelling for it gelach bitelje; mar by fortaest smiet hy in gouden rider op ’e tafel. “Hou, sei de feint, “sa kin it net, Jonker: dy gave is to great.”—“Dat is ek sa”, sei de Jonker; “mar it is in gelok for dy, detste net to Dokkum biste.”—“Hwerom?” sei de kastelein. “Dat kin hy jo straks wol forhelje, as wy foart binne”, wier it antwird. De Jonker en de fammen stieken oer de marshoarne en pûstten ’ris út by de Tersoalstersyl, en do sei Clare: “jy ride in goede gons, Jonker; dat is men fen sokke ljue oars sa net wend.”—“Ei faem, sei de Jonker, “ik bin ek al op in doarp greatbrocht. Jy swaeije ek sa net as in hopen fen dy knapskrinkels; jy steane ek feardich genôch op de redens, faem.”
“Ja, sei se, “wy lege-aensters leare it riden al jong, mar ik wol myn bêst net dwaen, dat is minskeslopen;” en sa pratende wei kamen se op ’e Wieren, en do sei de Jonker: “ik kom by jimme to jounpraten, faem.”—“Bêst, sei Clare, “dwaen dat mar, Jonker; jy scille by dy âlde ljue gau jins nocht hawwe; ús heit wol graech in prater hawwe, en by ús is folle oanrin mei de krystdagen. Dêr wenje de âlde ljue, Jonker,” en do wiisde hja him it hûs.
De âlde boer siet yn de hirdsherne de beantsjes út to pûljen, dy ’t er de simmers boud hie, en it âld wiif siet to slûgjen by de spinwiele. Do de Jonker him bikend makke, wier de âlde boer wakker forhûge; hy makke syn âld wiif wekker; dy wier hwet staf en hirdhearrich. “Sliepste?” rôp er. “Né, sei se, “mar dy âld spinwiele dy kriget raenjen, dy bigjint stil to stean.” “Toe, de lânhearre is hjir.”—“De âlde is ommers dea.” “Nou ja, mar de Jongehear is it ommers nou, it bernsbern.”—“Hwa? Hobbe?”—“Ja, dêr sit er.”—“Ja waerliken, biste dêr, jonge, hwet bin ik bliid.” Hja naem syn rjochterhân mei beide hânnen beet en patte der op om; hja sette de bril op. “Ik moat him ek ’ris yn ’e troanje sjen; ja waerliken, sei se, “hy liket op ús âlde lânhearre, dy hjir den kaem to fiskjen; ja, dêr haw jy hjir noch mei west. Ja, do wier ’t noch mar in jonkje, sa ’n poarre fen in jier ef tsjien; nou ik bin bliid detste hjir biste, jonge.”—“Dou drukkeste de Jonker lyk eft it dyn eigen soan is.”—“Nou, dat is er hjoed ek”, sei it âlde wyfke; “hy scil it net minder hawwe as myn bern,” en hja roun de spinnewiele om, en helle gau in kjessen, dat se him op ’e stoel smiet, en do krige er bêste pankoeken mei krinten der yn.” “Hie ’k nou mar hwet to drinken,” sei de boer; “ik hie in fetsje klúnbier op ’e krysttiid krige en dat is bifêrzen yn de skûrre. Ik haw yette hwet wyn yn in kiste; dy is wol fiifentweintich jier âld; dy scil wol bidoarn wêze; dy hat jou oarreheit hjir yet bisoargje litten; dy scoene se by it fiskjen opdrinke, mar dêr is noait fen komd; hy hat my de kaei jown. Dêr sit ek in brief yn, dy scil ik jo jaen, hwent ik moast him oan gjin minske oars jaen as oan jo; en as ik brân yn myn hûs krige, moast ik ’er de kiste earst útslepe. Dêr sit wis hwet yn, dat gâns wirdich wier; en dêrom stiet er dêr yette op it selde plak ûnder dat âld bedsteed.”
De Jonker wier nijsgjirrich hwet der yn siet; hy tochte det hy him in pots spile hie, dêr de âld man fol fen siet, lyk as by folle âlde Friezen.
Do hja dy kiste iepen makkene, stie der in fak yn, dêr in dozyn flessen fine wyn op stiene, mar yn in hoeke laei in greate jildpong, en dêr founen se yn learen pûdtsjes tûzen gouden dukaten mei in frjeonlik briefke yn it latyn oan syn bernsbern, hwerom hy him dit skonk for de moaije pots, dy er him by ’t fiskjen spile. De Jonker bigoun to laeitsjen, mar de âld boer waerd sa kel, det de man kwalik op syn skonken stean koe: hwent de wrâld wier by him ek Gods wirk, mar it jild wier de God, dy him rejearre. “’t Is in gelok, sei de man, “det ik dat net witten haw, oars hie ik nachts gjin each ticht lûke kind.”—“Hiene jy den de kweade yn hûs, Piter-om?”—“Né, wier it antwird, “mar syn dommekracht, Mynhear; hwent dêr kin men bergen mei forsette en keuninkriken omkeare; is ’t net wier, Jonker? Mar wy binne sa folle jild yn hûs net wend.”—“’t Wier ek nuver for de âld man, om dêr sa folle jild yn to triuwen.”—“Ja mar, Jonker, wy libben as âlders en bern mei elkoarren; it hat der ek mar fiif jier yn stien; do hat de âlde hear ôfskied fen my nomd, en do sei er yette: ik wird minder en ik kom jo licht net wer to sjen, en as wy oan de oare kant elkoarren wer mette, den kin it bislaen, det ik boer wird en jy lânhearre, Piter-om.”—“Dêr hawwe jy it net nei makke, lânhearre, sei ik do, en do koene wy beide ek net mear sizze; en do hat er ús forlitten en is in jier twa tonei stoarn. Mar scoe dy wyn yette goed wêze, Jonker? hwent dy is wol fiifentweintich jier âld.” Do sei de Jonker: “witte jy net Piter-om, det jonge frouljue better binne as âlde? “Ja, sei Piter-om, dat wit ik by ûnderfining.” “Witte jy net det âlde wyn better is as jonge?” “Né,” sei de boer.—“Nou, sei de Jonker, “set der mar ris tsjien flessen út, dêr scille wy krysttiid mei hâlde, âlde hear.”—“Den mei Sint Steffen der wol by hâlden wirde, sei de boer, “oars krije jy se net op.”—“Wy scille ’ris sjen”, sei de Jonker. Hy lûkte de koark fen ien ôf en it smakke hearlik; de âld boer naem ’er ek in romerfol fen en it smakke him sa ridlikjes, sei de man, mar hy koe him yet net bigripe ho dat gûd sa lang dûrje koe, en hy hie ljeaver in kopfol swiet sûpen, dy de âld man by it hirdtsje stean hie, lyk as yn dy tiid it gebrûk wier. De Jonker dronk syn flesse neiby leech en do bifongen him de lea en hy foel yn de sliep yn de hirdshoeke by in moai fjûr. It âld wiif lei foarsichtich in pear grinzergrouwen skerteldoeken en yet in moai sitsen skoudermanteltsje oer him hinne, en hy slepte as in roas.—Wylst de Jonker dêr sit to sliepen, scil ik ’ris forhelje ho it syn feint Christiaan, dy wy by de kastelein to Terherne sitte litten hawwe, ôfgong.
“De Jonker sei niis, dou moaste my ’ris forhelje fen Dokkum”, sei de kastelein. “Hwette?” sei Christiaan. “Wel, do ’t er dy rider dêr by forgis op ’e tafel smiet, do seistou: dy gave is to great.”—“Ja, sei Christiaan, “dat sei de boargemaster fen Dockum. Ei ju, dy scoe mei syn folk út to seinefiskjen; hy ried mei de wein nei de Geast, en it folk mei de seine wier der al, en den scoene hja sa nei de stêd ta fiskje. Do diene hja de earste set op dat lytse Klaerkampster marke, tichte by dat âlde kleaster Klaerkamp, en as dy set goed wier, den scoe dy earste set for de earmen fen Rinsumageast wêze; nou dat lûkte al en tôge sa swier, det ’er wol tsjien man oanhingen om it to wâl to krijen. Dêr scil raer hwet útkomme, sei de boargemaster do. Ik haw wol sein, det dy set for de earmen fen de Geast wêze scoe, mar dy gave is to great; dy moat heal-ôf tocht my. Mar do dy tsjoel oan de wâl kaem, do siet ’er net yn as in mennich reade wâldfoarntsjes en manekarpers en ek in deade fôle; dy hie dy swierens oanbrocht. Dy fôle wier in dei mennich to foaren troch it onwaer deaslein, en de boer dy er tabihearde, hie him in bâlstien yn de bealch binaeid en him sa sinke litten, omdet er to loai wier om in dobbe to graven. Dy selde boer stie der ek by en dy lake ’er ek it measte om; mar de boargemaster fen Dockum net. Dêrom, as men nou to Dockum seit: “dy gave is to great,” den stiet it net bêst: dêrom sei de Jonker dat.”—“Mar, sei de kastelein, “ho komste oan dy poepenamme; dou bist’ oars in Fries, wis net?” “Ja, mar myn heit wier in poep; ús âlde hear, dy foar fiif jier stoarn is, hie ritmaster west, en dêr wier myn heit oppasser by; dy wier út Hessenlân, en dy is altyd syn feint bleaun. Do de âlde hear minder waerd, hat er wol fyftich nachten en dagen op him past, en do dy stoar, wier myn âlde ek mei in fearnsjier wei: hy mocht iten noch drinken mear; en nou bin ik syn opfolger wirden by dizze Jonker syn heit. Mar dy is fen hwet heger steat. Nou, hy is ek Grytman; mar ik haw it goed, as ik mar oppas. Mar dizze Jonker dat is in minskefrjeon, en dat is in gelok: hwent hy hat hynstekrachten.”—“Dat liket my sa ta, sei de kastelein, “det it in gewanten knevel is.”—“Ja, sei Christiaan, “hy hat izeren fûsten, gjin twa man krije him út syn steed; mar hy makket ’er seldsom gebrûk fen. Doch do de Jonker it twade jier studint to Frentsjer wier, do hat er op in nacht alle rottelwachten ien for ien bûten de Dongjumer poarte band, do wier er baes fen de stêd. Dat naem de âlde him al hwet kwalik, hwent de Boargemaster hie him in brief der oer skreaun. Mar wy moatte ite, it wirdt myn tiid,” sei Christiaan.
Ierdappels wierne do yet mar just bikend en grouwe earte wier de kost; en dêr wierne fiifentweintich tredde lidden fen goezzewjukken yn bisean, en dat wier dreech iten op it iis. Lykwol, Christiaan biet der net hird yn; hy wier yn de koken fen de Grytman bidoarn; de tsjokke sûpenbrij, dy der op folge, makke it wer goed. “Mar ho komme jy oan al dy goezzewjukken?” frege de feint.—“Wel, ik bin goezzeslachter, man! dy keapje ik op fen de boeren, dy ploitsje ik en sa bring ik se nei Snits. En dy tredde lidden dy sied ik; dat is sa hwet myn winterflêsk. Aste in Jonker west hieste, den hieste wol hwet oars krige; en aste werom komste, kinste bitelje; en komste net werom, den skink ik it dy.”—“Goed, mei twa dagen helje ik de Jonker werom.”—“Aste him den mei krije kinste, sei de hospes. O dy Claerke! dy sjocht sa mûzich út hjar eagen, dy kriget him by ’t hert, dat siz ik dy.”—“Ja, mar frouljuesflêsk sit ’er net oan.”—“Den biklei ik de man; hwent den is er net soun,” wier it antwird.—“Nou, wy scille sjen, dou rydste mar by Grou om, en hâld den op de Wartenster toer oan, en sa oan Aldtsjerk ta, dêr scil dy neat yn de wei wêze. En nou, goereis, Christiaan! De wyn skampt al hwet nei ’t suden ta; de Wetering kin al sile, aste in skip wierste.”
It wier al tsjuster, ear det Christiaan op it Slot kaem, en it earste freegjen wier al gau, hwer eft de Jonker wier. En do forhelle de feint, det er nei de Wieren riden wier en det hy him nei de hjeldagen wêrom helje moast. De âlde hear wier der mar just mei tofreden, omdet hy op ’e twade krystdei meastal in great gastmiel hâldde en dêr paste in studint wol by. “Nei de Wieren?” sei de Grytman. “Ja, twa dagen nei nijjier is de Jonker fiifentweintich jier; den is dat syn pleats; dat hat de âlde hear sa makke; dêr scil hy dochs wol gjin bûtenpleats stichte wolle, Christiaan?”—“Ik wit it net, mynhear, mar ik scoe it hast net tinke,” en hy praette ek net oer Clare, hwent hy koe ek net witte hwet der op folgje scoe. Wy scille nou de Grytman mar yn de krystdagen mei syn folk gastrearje litte op it Slot, en geane wer nei de Jonker op de Wieren.
Do de Jonker wekker waerd, sei de âld boer: “Jy hawwe lake yn de sliep, lânhearre!”—“Ik wol it wol leauwe, Piter-om, sei de Jonker; “ik droamde earst oer dat fiskjen mei ús âlde Pa, dêr er my dy dukaten for tamakke hat; en do droamde ik det ik in moai jongfaem op ’e skirte hie.”—“Ik tocht al, sei de âld boer, “det jy in noflik sin hiene. Mar ho wier dat fiskjen mei ús âlde lânhearre en jo Jonker?”—“Wel, jy witte wy hawwe in grêft om it Slot, en dêr op ’e hoeke dêr stiet sa’n ôfdekje, dêr wier in bank, en dêr sieten de âlde hear en ik folle to angelfiskjen; dêr sieten wy wer en do stjûrde hy my nei it simmerhûs om in flesse wyn mei in romer, en do ik dêr mei werom kaem, do sei er: dyn koark is ûndergien; dêr sit wis hwet oan; en ik helje hastich op en dêr siet in âld pikelhearring oan, dy de âlde hear der oanmoffele hie. Sie soa, sei er, jonge, dy kinste foart mar ite. Ik wier biskamme, mar ik tochte, dêr scil ik him wer for hawwe; en jawol, nei in jier twa, do dy set al lang forgetten wier, sieten wy wer to fiskjen, en it woe net fange; do joech ik my op ’e bank to sliepen, sa bearde ik alteast, en de âlde hear gong yn de tún to kuijerjen. En do de man werom kaem, wier syn koark ek ûndergien, en ik slepte mar wei; mar do hy syn angel ophelle, do siet der in âlde prûk oan, dy ik stil oan de hoek slein hie. Do waerd ik wekker, en sei: dat is nou for dy pikelhearring, Grootpa. De âlde hear lake det er skodde; ja jonge, sei er, dat haste gnap makke, mar ik scil der dy wer ris for hawwe, wachtsje mar hwet. En nou hat er my gedachtich wêst; dat hat my yn de holle sitten.”
Do it meltsjen dien wier en it gûd ôffoerre, bigounen de frouljue wer to spinnen, mei trije spinwielen op in rige: de âlde frou, de greatfaem en de lytsfaem. En do kaem der in âld wiif fen Poppinwier oan, dy waerd der mei in slide hinne skoud, mei in greate pompieren stjerre op in stôk, dy se mei in toutsje hinne en wer lûkten; en dêr hie se in âlderwetsk sankje by. “Nou, sei de âlde boerinne, “dat is in jierstoune; dat heart sa by krysttiid”; dy joech hjar in goede gave en do sei dat âld minske: “Hea, hwet spinne jimme, bern! hawwe jimme dêr sa’n nocht oan?—“Wy woene ljeaver frij, seine dy fammen, “mar dêr wirde wy op woun, en hwet scoene wy oars ek al dwaen yn dy lange winterjounen, Afke-moi?”—“Koene jimme ’er sa goed mar ôfkomme as moaije Houkje fen Bozum.”—“Ho kaem dy fen ’t spinnen ôf? fortel ús dat ’ris, Afke-moi? jy hawwe yette altiid sokke âlde teltsjes.”
[Yllustraasje: IN JIERSTOUNE BY KRYSTTIID OP ’E WIEREN BY PITER-OM.]
“Nou ja, Houk fen Bozum wier sa’n moai jong faem, mar dy hie nin nocht oan spinnen, en hjar mem mochte prate hwet hja woe, hja wier net oan de spinwiele to hâlden. Einlinge wier de mjitte fol; de mem waerd kwea, sa kwea, det dy sloech ’er op, en do hja in wân mennich om hawn hie, do bigoun dy moaije faem sa earmhertich to skriemen en to jammerjen, det men it foar op ’e strjitte hearre koe. Nou kaem der in foarname frou foarby kuijerjen en, dy op ’e Stins to Bozum wenne; dy gong dêr yn hûs op, en frege de mem, hwerom hja hjar dochter sa slein hie. Do skamme dat minske hjar, det hja de loaijens fen hjar dochter yn it iepenbier bringe scoe, en sei tsjin hjar sin oan: Frou, ik kin dat famke net fen dat spinnen ôfhâlde; sy wol ivich en erfelik mar spinne, mar spinne, en ik bin earm en ik kin hjar altyd gjin flaeks riede om to spinnen.” Do sei dy frou: “ik hear neat ljeaver as spinnen, en it is my noait nofliker as dat de rêdden snûrje, det men mar heal lûd hearre kin; jaen my jou dochter mei nei de Stins; ik haw flaeks genôch; den kin hja hjar hert ophelje mei spinnen, sa folle as hjar lêst.” Dêr wier de mem wol mei yn ’t skik en de faem gong mei nei de Stins. Do hja op ’e Stins kamen, brocht de frou hjar yn in keamer, dy fen ûnderen ta boppe fol fen it moaiste flaeks siet. Spin my dat flaeks nou, Houk, sei de frou, en aste dat ôfspoun haste, den scilste myn âldste soan ta in man hawwe. Al bistou earm, dêr jaen ik net om; dyn greate iver en oanhaldên yn it wirk is my goeder-nôch for dyn útset; dou hoefste oars neat mei to bringen. Dy faem roun de grize oer de grouwe do hjar dat oplein waerd, hwent hja koe al dat flaeks net ôfspinne, al hie hja hûndert jier âld wirden, en fen de moarns ier ta de jouns let spoun. Do moaije Houkje dêr sa allinne siet, bigoun hja to skriemen trije dagen lang, sûnder det se in hân oan de spinwiele sloech. Op ’e tredde dei kaem de frou by hjar yn de keamer en forwond’re hjar, det de faem noch neat dien hie; mar Houkje joech foar, det hja sa onwennich fen hjar âlders hûs wier, det hja net bigjinne koe to spinnen. Dêr wier de frou mei tofreden, en sei: nou it is alles goed, hear, mar moarn moaste dochs bigjinne, Houk.
Do dy faem wer allinne wier, do wier se hjar rie skjin to’n ein en gong se mei in bidrukt gesicht foar it finster stean. Dêr seach hja trije frouljue by hjar kommen: de iene hie in oeribel greate platte foet, de twade hie sa’n greate ûnderste lippe, det hy hjar oer ’t kin hinge, en de tredde hie sa’n greate tomme, det se ’er wol in dikketon ûnder biflappe koe. Hja seagen by it finster op, hja seagen hjar oan en fregen de faem, hwet ’er oan skilde mei hjar. Houk klage hjar need; do beane hja hjar help oan, en seine: astou ús op ’e brilloft noadzje woste en ús moeike neame, en ek mei oan dyn tafel komme litte woste, astou trouste mei de Jonker, sa wolle wy dyn flaeks ôfspinne en dat yn koarte tiid.—O sa graech, sei de faem, kom mar yn en bigjin foart mar, hwent der is for my dochs gjin trochkommen oan.
Do liet se dy trije nuvere frouljue yn de keamer en makke in hoale yn ’t flaeks, hwer det se yn sieten to spinnen. De iene lûkte de tried oan en trape it rêd, de twade makke him wiet mei de lippe en de tredde draeide him om mei de tomme, en den sloech se mei de finger op tafel, en sa faek as hja dat die, den foel in reaf fen it moaiste jern fen de spinwiele. Foar de frou hâldde hja hjar trije spinsters biskûle, en as dy by hjar kaem, den sloech hja de hânnen yn elkoarren fen dy greate heap fen dat skoane jern, en priisge hjar danich. En sa wier dat flaeks yn koarte dagen ôfspoun. En do namen dy trije frouljue ôfskied, en seine: “Nou Houk, forjit net hwetste ús onthjitten haste, it scil dyn gelok wêze, dat bilove wy dy, en oars wirdt it dyn ongelok.”
Do moaije Houkje de frou dy greate keamer sjen liet mei al dat moaije jern oan de souder ta opheape, do wier de frou bliid, en sei: “nou scilste myn âldste soan hawwe, en wy scille brilloft hâlde.” En de soan as brêgeman wier ek bliid, det hy sa ’n moai en flitich wiif krige en priisge hjar heech.
“Ik haw trije moeikes, sei Houk do, en omdet dy my fen myn libben folle goed dien hawwe, woe ik dy ek net forjitte, nou ik sa yn it gelok komd bin. Nou woe ik dy greach mei to brilloft noadzje, en det hja mei ús oan tafel sieten; it binne oars mar earme ljue.” En de frou en de brêgeman wierne der mei tofreden. Do nou de brilloft oangean scoe, kamen dy trije frjemde frouljue ek der ynstappen, nuver optakele, en de breid sei: “wolkom hjir, bêste moeikes.”—“Och, sei de brêgeman, “ho komstou oan sok akelik folk?” Do gong er nei de iene mei dy greate platte foet en frege hjar: “hwer fen hawwe jy sa ’n breden foet moeije?”—“Fen it traepjen fen de spinwiele, fen it traepjen, brêgeman.” Do gong hy nei de oare en frege: “hwer fen hawwe jy sa ’n greate lippe?” “Fen it slikjen oan de tried, fen ’t slikjen, brêgeman.” Do frege de brêgeman de tredde en sei: “hwer fen hawwe jy dy greate tomme, moeije?” “Fen it triieddraeijen, brêgeman, fen it draeijen.” Do skrikte de jonge man en sei: “nou scil myn ljeave jonge breid noait fen hjar libben wer in spinwiele oanroere.” En sa rekke dy fen dat lêstige flaeksspinnen ôf.”—“Dy kaem ’er maklik ôf,” seine de fammen, en hja lakene om it forteltsje.
Mar Douwe, de greatfeint, dy hie al mei de holle twisken de knibbels sitten sa lang as dat forteltsje dûrre, en do it út wier, sprong er op, en sei: “dy trije frouljue, dy spinsters, dat binne tsjoensters west, lyk as jy binne, Afke-moi; reau det jimme binne! moatte jimme âldjiersnacht ek wer mei elkoarren in diveldans hâlde? Den komt koarthakke der wis by, net? Hwer scille jimme it hawwe? op it Speklân dêr binne jimme weiband troch in wiis man. Nou, dat waerd ek tiid, hwent dêr jimme komme, dêr wol nin gêrs mear waechse. Op de Roaspollen moast it mar wêze, dêr is it frij, hwet tinkt jo moeije?”—“Myn ljeave man,” sei Afke-moi, “jy meitsje my kel; ik wit krekt sa min fen tsjoenen as fen de ûre fen myn dea.”
“Hâld dy stil mar, âlde tsjoenster! Ik scil dy mear oplêze. Forline jier biste by de Kleasterboer to Poppinwier yn ’e hûs komd, en do loekste it widzeklaed ôf en seiste mei dyn fliemske slangetonge: o frou, hwet hawwe jy dêr in ljeaven blieren jonge yn de widze lizzen; hy lake my glêd oan; hy appelt glêd en hat dobkes op ’e wangen; en dalik wier it bern eft it forjown wier; en dat hat krekt sa lang sukkele, det ’er einlinge in goe man by komd is, dy mear wist as rjucht hinne. Dy hat it bern bilêzen en in lyts pûdtsje mei krûden yn de widze lein, en do is it bern wer opheldere; mar it lean kaem efternei: hwent tonei do kaem der ’ris in great swart kat yn it hôf, en do naem de boer syn roer, dêr skeat er dy kat in hânfol sâlt mei yn ’t gat en do roun dy hird foart en âlle fen pine. Mar do hastou, âlde waerûl, yn gjin fjouwer wiken op dyn âlde ears sitte kind; de matte moast út de stoel snien wirde, oars wierste forlegen, dat wiste wol.”
“Myn ljeave man, kin yen den net hwet oars oankomme? Ik hoopje net detstou mei dy pleage bisocht wirdste; dat gin ik myn slimste fyand net; mar ik scil mar foartgean as ik dy yn ’e wei bin. Goenjoun jimme!” sei it minske en gong bidrukt wei. Mar Douwe gong foar de bûthús doar stean: “hjir net troch, sei hy; “jy moatte it gat út, dêr jy ynkomd binne mei jou draeistjerre.”—“Goed heite”, sei it sloof.
“Dou falste dat minske hird!” sei de Jonker, mar de âldboer, en de frou binammen, kaem it net to hird oan. “Forline jier, do hat se hjir ek west, en do moat hjar de gave net greaternôch west hawwe, sa it like, en do gong hja troch it bûthús wer foart, en de selde nacht hiene wy al in kealforlizzer, en dat wier mar sa ’n stik ef fjouwer nei elkoarren. Ik sei, dat hat dy âld tsjoenster dien, en ik gean daedlik nei Gerben Slingermouwe ta, dat is in man fen it wird, dy hwet mear kin as in oar; dy hat do in pûdtsje mei krûden ûnder de drompel fen de bûthús doar bidobbe en in hoefizer oan de doarstile spikere, en do hawwe wy dat keal foar it heafek bidobbe, en do wier it oer; dêrom wol ik hjar net mear yn it bûthús hawwe.”
De Jonker glimke ’ris en sei: “kom, ik gean ’ris nei jimme hûrljue ta to praten.”—“Goed, sei Douwe; den scil ik in krystblok helje, en it gûd ôffoerje: it is sketjeftstiid.”
De Jonker kaem by ’t finster lâns en hearde moai sjongen, en dat wier Clare hjar lûd. Mar omdet it to kâld wier om dêr to stean, sa gong hy yn hûs en foun it hele húsgesin oan de hird, dêr in great krystblok al laei to barnen. Clare berge hjar sang yn ’t skoalboerd en de jonges skikten om: de Jonker kaem yn de iene hoeke en de boer yn de oare hoeke. “De tiid scil jo dêr wol gau lang falle, Jonker, net?” “Och ja, mar wy prate dêr mar sa hwet oer âlde dingen”, en do forhelle de Jonker it gefal fen it wyfke mei de stjerre, en ho det de greatfeint dat âlde sloof útreage hie. “Ja, sei Auke-boer, “it is oars in bêst feint for de âlde ljue, mar tsjoenderij en foartsjirmerije dêr sit er fol fen. Hy hat ek al ’ris gek west, mynhear; do hie er al to folle yn de Bibel omlêzen en dêr rekke de man yn fortiisd; do waerd hy bisteld hjir tichte by Poppinwier, yn de Marshoarne, by in omke en moeike fen him. Dat wierne âlde ljue; hy woe neat dwaen, as inkel ’ris by ien fen de boeren meltsje, dat koe er noch dwaen. Yn de tsjerke kaem hy earst yet ek al, mar as Domenij stoe to preekjen, den siet Douwe to skodholjen. Dêr misdie hy oars ek sa folle net oan, hwent dy Domenij koe it soms ek sa nuver útstelle, det it iggen noch seamen roaide. Ienris op in sneinneimiddei stie Douwe wer midden oer ’e tsjerke to skodholjen, en do sei Domenij fen de stoel ôf: “Als het jou niet aanstaat, ga er dan uit, Douwe.”—“It waerd ek al hege tiid,” sei Douwe lûd op, en hy is ’er út gien, en hat noait wer yn tsjerke ef klûs west; en ik leau det it ek goed for him is, sa lang as hy gjin mear forstân kriget en dêr wirdt hy nou al to âld ta. Do er dêr sa hwet in jier twa op ’e Marshoarne wenne hie, do roun er op in moarntiid om saun ûre nei Poppinwier ta, mei in nij sarjes rokje oan, en in moai blau damasten ûnderbaitsje mei silveren knopen oan, en alle man sei: sa, Douwe, jy forkomme derop; mar Douwe sei altyd mar: sterven is myn gewin. Sa roun hy nei de smid en nei de timmerman; by de bakker kocht hy in stik koeke, en hwer Douwe kaem, altyd wier ’t: sterven is myn gewin. Douwe gong werom en de deis do kaem it út, det syn âld omke dy nachts stoarn wier, en dêr hie hy dy klean fen kocht, mar dy koe de âld man hâlde oan syn dea ta.
[Yllustraasje: DOUWE UNDER ’E KOER WEISONGEN.]
Ik wier do dyaken en ik tochte, do ’k dat hearde: dou biste dochs sa gek net aste wol likeste; ik gong nei him ta en sei: Douwe nou is dyn omke dea en âlders haste net, wier it net better detste dy wer oan ’t arbeidzjen joechste? Dyn moeike is heal blyn en dou wirdste in forskoveling.—Ja mar, Age-boer, sei Douwe, goede wirken kinne my dochs net helpe.—Dy kinne dy sa folle helpe, detste dyn eigen brea ite kinste; en oars moaste it gau fen de dyakens hawwe, en den wirdste troch it marchhoarntsje foerre, dat siz ik dy. Douwe joech him oan ’t arbeidzjen, en hy hat nearne oer praten as yn de earste ongetiid. Do sei hy: yn de Marshoarne hie ik it better, boer; dêr laei ik ûnder de appelbeam as ’t waerm wier. En nou is it in bêst feint, sadet de âlde ljue nin better krije kinne. Mar hjir komt er net mear; myn âldste jonge dy hat it mei him fordoarn; dat moeit my al hwet, hwent it is nou oars in goed tsjinstich feint.”
“Ho wier dat, sei de Jonker; ho is dat komd?”
“Ja, jonge, fortel dou dat mar; ik scil wat bier helje.”
“Wel, Jonker, sei Auke, “de âld boer hie in nij hynzer kocht en dy knol wier kolderich en damsteech, en as dy it mâl yn ’t hoarn krige, den woe den donder foarút noch tobek; in igewige wier it, sa’n pismerrie! En do waerd Gerben Slingermouwe helle, sa’n divelbander, en dy hat in foech ûre mei de guds allinne yn ’t hok wêst; dy hat him bispritsen en do hjitte it beest goed. Mar do rekke ik mei Douwe oan ’t praet oer dat bisprekken. Bisprekke, sei ik do, kin ik net, mar bisjonge dat nim ik oan. As jy, sei ’k tsjin Douwe, ûnder in turfkoer sitten geane, dêr kinn’ jy wol ûnder bliuwe sa lang as ik stil bin, mar as ik bigjin to sjongen, den moatte jy der ûnder wei, al woe de kweade jy keare. Hy gong ûnder de koer en do rôp er: sjong nou mar. Ik song earst in bytsje ut, re, mi, mar do bigoun ik Wilhelmus, en do smiet ús feint in great boarnamer fol wetter op dy koer. Rimpen fleach er ûnder de koer wei; razend wier de man, en hy woe my to liif, mar ik wier al op ’e flucht. Sont is er skou fen ús hûs en ik mij him ek: hwent as er it mâl fel oantsjocht, den ontsjocht er neat.”
Dêr kaem Age-boer oantôgjen mei in great kanne mei bier, en dy sette hy tichte by it brânnende krystblok del. “Sie sa, Jonker, sei de boer, it bier moat hwet bikomme; it is oars to kâld yn de tosken: hâld jy der folle fen, Jonker?”—“Ik drink hast net oars: myn sisters op it Slot bigjinne nou mei koffy, dat is Turksk drinken. Nou, hja kinne it om my de Turken wol hâlde litte; en den prate hja ek fen thé, dat bigjinne inkelde foarname ljue ek to drinken, mar dat haw ik yet net preaun, boer. Dat moatte blêdden wêze, dêr hja siedend wetter op jitte.”—“Ja, sei Age-boer, “der wirdt hwet úttocht om it jild. Né, bier drinke wy as wy frjeonen hawwe ef op heechtiden, mar oars komt de sûpmogge op de tafel, en winters set elts in kop fol by it hirdtsje: de bern hawwe neat ljeaver as kâld wetter.”—“Ja, sei de Jonker, “der is ek neat better as men toarst hat, en it wier to winskjen det folle ljue dêryn mar bern bleaun wierne.”
“Mar hwer is Clare?” sei er yn ien azem wei.—“Dy is yn de oare keamer, sei de boer; “wolle wy ’ris by hjar sjen?”—“Nou ja, heit, sei Clare, “dêr moatte jimme my wer steure; it laeit er hjir ek al moai hinne om nou de Jonker hjir to bringen.” Dêr stie dy moaije faem foar in hele tafel fol krystwiggen en bindels flaeks en dêr boun hja briefkes oan. “Kom, sei Clare, gean mar wer nei it krystblok ta; dêr is it better for jimme as hjir.”—Wy scille om sizzen jaen, Jonker, sei Age-boer; “mar dou moast hjir ek net lang bliuwe; it wirdt to kâld for dy, frou.”—“Hwet docht se dêr mei al dy krystwiggen en dat flaeks en dy klean?” frege de Jonker do. “Wel, dat binn’ krysttiidsgeskinken, dy hja oan earme widdouwen jowt, en it flaeks dat spinne hja sa hwet for hjar; dêr makket hja dy earme ljue bliid mei; dy sloven binne gek om dat fanke; hja patsje hjar de hânnen as hja it hjar jowt, binammen hjar oare mem yn Terherne.”
Nou, hja kamen wer by de hird en Clare ek; der sieten al twa fen de jonkjes to knikkeboljen; it krystblok krige hjar yn de macht. “Ja, sei de Jonker, “it mantsje mei sân hat der wêst.”—“In mantsje mei sân! sei in jonkje fen saun jier; hwet is dat?” “Ik scil it dy forhelje,” wier it antwird, en do waerd de jongste fen fiif jier ek wekker, en do bigoun de Jonker dit forteltsje. “It is in rymstikje; jimme moatte goed tahearre,” en de jonges lûkten de eagen op en harkene nei de Jonker mei de mûlen iepen.
IT MANTSJE MEI SâN.
Der wier alear in âld Keuning, Dat wier in stoefen faer, En dy bispriek de geesten, It wier in tovenaer.
En yn syn silveren widze, Yn side en plomkes dêr lei Syn ljeaf reawangich soantsje, Dat kriet mar jimmerwei.
Dy batske Keuning forflokte Dat harderke fen in soan, Biswarde de kweade geesten En spriek it sânmantsje oan.
“O sânmanke! kom ’ris harren, Strui sân him yn ’t gesicht. Toe, rôp dy âlde Keuning, Slút him syn eagen ticht.”
It mantsje mei sân kaem riden Mei mûskes foar de wein; Yn ’t weintsje fen goud en side Dêr siet hy sa edel, sa kein.
En oan syn moai rea rokje Dêr hongen twa pûdtsjes oan: It iene wier swarter as ierde, It oare sa wyt en sa skoan.
Hy naem út it wite pûdtsje Mar trije kerreltsjes sân, En struide it yn syn eachjes, Do gyng er wer nei syn lân.
En ’t berntsje wreau syn eagen, Syn earmkes waerden slop: De sliep bifong syn lidden, En ’t kin foel yn it krop.
En yn sa’n sêften doeze Laei hy de hele nacht. Dêr laei dy lytse koeze: Gods ingels hâldden de wacht.
Sa rôp hy nou alle jounen: “O sânmanke, sânmanke kom!” En as de berneklok lette, Den rekke dat bern yn de slom.
Mar ’t boike waerd bâlstjûrich En gûlde en tiere him sa; Do gong dy wrede Keuning Sels nei de sânman ta.
“Och, sânmanke, sei de Keuning, “Witstou ek rie mei ’t bern? Och, smyt him sân yn de eagen, Al scil hy noait wer sjen.”
Do naem hy trije kerltsjes Ut ’t swarte pûdtsje wei, En smiet it him yn de eachjes, Dy dêr to grinen lei.
En ’t boike slútte syn eachjes, De eachslidden foelen yn. Hy die se noait wer iepen: It Keuningsbern wier blyn.
De lytse jonges krûpten omtrint yn elkoarren, do hja dit stikje hearden, en gongen dalik nei bêd, hwer de sliep hjar gau oermastere.
“Mar ik haw dy niis sjongen heard,
Clare,” sei de Jonker; “meije wy dat yet ’ris hearre? Hwet sankje wier dat?” “Och, sei Clare, “ús master bringt ús alle krystjounen in gedicht, lyk as de bern oan hjar âlders dwaen, en den bliuwt hy sa’n joun by ús to praten. Forline jier hat er ús brocht dat jy niis heard hawwe, en dêr hawwe wy sa hwet in wize op úttocht. Hjir is it; ik scil it jo wol foarlêze; it is oars mar in droevich lietsje: master hat earnstich west; hy hat wis nin jild hawn om wyn to keapjen; dy mei er razende graech, en den bigjint hy altiid to rimen en to sjongen. Nou, hark den mar ’ris, Jonker.”
Clare bigjint to lêzen:
DE WITE FLOKKEN.
Moai Sytske kuijere yn de finne En dounse yn dert’le noft; Hja plôke blomkes om hjar hinne En smiet dy yn ’e loft.
“Sjuch, ho de wite flokken fleane! ’k Woe det it krysttiid wier, As feint en faem to keamer geane By brandewyn en bier.”—
“Och, sei hjar heit, “dou biste derten, Dou smytste blommen wei?! Hat den de winter ek nin smerten? O freegje it de earmen nei.”
“Heit, as de wite flokken fleane, Is my de wrâld sa blier; As feint en faem to keamer geane, Sint Steffen ef Nijjier.”—
“Sjuch, ho it gûd de gêrskes smeitsje, Dat is for my ek nocht; Sjoch, ho de fûgels hjar formeitsje En sjonge yn de loft.”—
“Mar as de wite flokken fleane En ik it iis lâns swier,— As feint en faem to keamer geane, Den hat in minske tier.”—
“As yn de lije simmernachten It fjild sa hearlik rûkt, En ’t âlde hynzer greate frachten Fen hea nei hûs ta lûkt;
’t Reidhintsje floitet yn de lizen, De kwartel yn de stânnen slacht, Siz, is de wrâld den minder ljeaver, As yn Sint Steffens nacht?”—
“Och, lit dat gêrs en blommen fleane En barn dy harken op! Né, as de wite flokken fleane, Den gean wy keamer op!”—
“O Sytske-ljeaf! bitwing dyn mûle. Dou biste ek yette in blom; Dy wachtet ek in swarte kûle: O tink dêr jimmer om.
Dou plôkest’ blomkes, litst’ se fleane, Bist’ mei Sint Steffen bliid; As feint en faem to keamer geane, Bist’ licht al út de tiid.
Dou biste wol in jonge blomme En ’t hert is til en rom, Dêr kin in oare tiid op komme, Tink ljeave Syts, dêrom.
Ho faek wirdt net sa’n blom ôfmeane En stronken bliuwe stean, En ear de wite flokken fleane, Kinst’ licht nei ’t hôf ta gean.”—
“Och, rôp it fanke, “ikke! ikke? Ik bin sa jong, sa soun. O heit, jy moatt’ my net forskrikke, Sa jong al yn de groun?
“Né, as de wite flokken fleane” (O Sytske! it wier in griis), “Den litte wy de blommen fleane En siikje wille op ’t iis!”
Hja hiene yn ’t hôf in beam fol parren; De tûken bûgden nei de groun, En alle blide berntsjes garren En dounsen dêr yn ’t roun.
Mar Syts fleach boppen yn de stamme En skodde ’er alle parren ôf, En rôp: “Bin ik nin moaije sjamme!” Mar, och!—hja trúz’le oer it hôf.
Dat koe dy âlde beam net hâlde, Dy briek, en Sytske foel hjar dea. Ho jammeren nou jong en âlde En alle feinten fen it gea!
Ien sucht, ien skokje troch de lidden Wier alles hwet men fen hjar seach. Hjir holp nin triennen, snikken, bidden, It wier de dea, dy hjar oerteach.
Sa waerd dy moaije jonge blomme Mei triennen nei it hôf ta brocht. Ho mannich moat ta stjerren komme, As hy ’er ’t alderminst om tocht.
En do de wite flokken fleagen, Dêr sy sa faek nei winske hie, Dy seagen net hjar moaije eagen, Mar leine oer hjar in kleed fen snie.
Master Tsjerk.
Nou, dy master is net min, sei de Jonker; “dy woe ik hjir wol ’ris hawwe.” “Ja, wier it antwird, “dy master dêr sit in holle op, dat siz ik jo, Jonker! dy wit fen alles. Syn heit hat master to Raerd west, en dêr wennet sa ’n âld Domenij, dy wier âld feint, in geleard man, en dy hat him opfokke fen bern ôf oan en him alles leard. Yn de earste jierren, det hy hjir skoallemaster wier, roun hy noch alle dagen nei him ta. Sprekke jy him yn ’t latyn oan, dat ken hy folle better as mannich Domenij, en hy hie ek al folle fierder west, mar hy hat in wyfke troud, dy hjir fiifentweintich pounmjitte bêst lân lizzen hat, en dy biboerket dat, en nou kinne hja rom libje. En dat is ek skoan for him, hwent as it wyfke net op him paste, den joech hy alles wei. Nei stêd giet master ek seldsom, hwent as hy den snaken oantreft, dy ’er op libje, den traktearret er sa lang as er in stûr by him hat. By de bern is it in bêst master; dy net folle kin, dêr hat er gedild mei, en dy kin en wol, dêr docht er mear for as syn plicht is, mar dy kin en net wol, dêr slacht er net op om, as ús âlde master die, dy se stokfiskbûker neamden; dêrom geane dy ek sa dom as kij fen de skoalle, dêr folle âlders den oer kleije. Mar ús âlde sei altyd: der stiene twa beammen to waechsjen, en dêr dy wierne, dêr koene gjin domme ljue noch sike minsken wêze, en dat wier de bjirkenbeam en flearbeam, as dy mar goed brûkt waerden. Wy hawwe him sa fier wol winske ûnder de groun as in hazze op in dei rinne koe. Dy sloech ’er ongenadich oer lâns, mar hwet hy learde wier goed. Men moat ek net folle easkje fen in master: hwent meastal binne it ôfleine hearefeinten ef klerken fen de Siktarijen, dy ’er oer binne, ef kandaten sûnder birop. Mar dêr sit ien (en hy wiisde op Clare), dat is syn hertlapke; dy wol hy alle dagen wol leare en ûnderrjucht jaen, as hy mar kin.”
“Dy man moatte wy hjir ’ris hawwe, moarntojoun, as it koe; den scil ik him op wyn traktearje; der stiet by Piter-om yet bêste fen ús âlde Pake.”—“Nou, den scille jy nuver hwet hearre. Jonker”, sei Age.
Do bigoun de jounklok to lieden, it wier acht ûre; do sei de Jonker: “Ik woe moarn nei Toppenhuzen yn de tsjerke; dat is wis tichte by, net?”—“O ja, ik scil jo myn âldste soan mei jaen, dy der jister yette west hat; hwent ik haw der in broer wenjen.”—“Gieste mei, Clare?” sei de Jonker.—“As myn broer mei giet, mar oars net, sei Clare; “net om jins persoan ef wêzen, mar om de minsken.” Hy joech hjar de hân en do seagen hja eltsoarren for de earste kear ’ris lodderich oan. “Nou, moarntojoun scille wy krystjoun by jo hâlde, Age-boer, en ik traktearje.”—“Bêst Jonker;” hja fûskene en do wier it: goe nacht!
By Piter-om iet de Jonker nou earst rizenbrij mei bûter en sûker, en do sei it âld wyf: “Aste nou op bêd woste, jonge, den moaste it sizze, den scille wy it earst waerm meitsje,” en dêr gong de Jonker yn lizzen eft er yn side laei; en lyk as alle jonge minsken gong him gau de sliep troch de lea. Mar do de klok toalf ûre slein hie, hearde hy de boer opstean. Hy laei al to tinken hwet dat bitsjutte, hwent hy hearde det de âld man frege eft de lampe al yn it bûthús wier. Dêrom gong hy fen it bêd ôf nei it bûthús ta, en dêr seach hy det de âld boer de kij elts in jefte hea joech. Hy frege de boer, eft dat de jouns forgetten wier. “Né, wier it antwird, “dat is ús gebrûk sa yn de krystnacht; dit diene ús âlders ek altyd.” En do it fé oan it lêste ta hwet hawn hiene, brocht hy yet ek in great foarke fol op it hiem, en sei: “Dat is for de fûgeltsjes, Jonker!”
De Jonker koe net bigripe hwerom de âld boer dat die, hy gong wer op bêd, mar naem earst in studintesliepmûtse, dat wier in goed bierglês fol fen dy âlde wyn, en do hie hy him gau wer beet.
De oare moarns by tiid wier er wer by Age-boer, en dêr siet it hele húsgesin al wer om it krystblok, en de bern liezen de krystgedichten foar, dy hja oan de âlders joegen, hwer for det se den skipke-skellingen en moaije gounen yn de sparpotten krigen. Master hie bûten om dy gedichten moaije krolders mei de pin makke sa as pauwen en oare fûgels, hwer fen de stirten den yn lange kringels útrounen om it hele skrift hinne.
Om acht ûre rieden hja nei Toppenhuzen ta. Auke, de âldste healbroer fen Clare, ried foarop en de jonge ljue efteroan. It wier moud waer; de wyn wier om, mar it wier ien fen dy winters dy mei alle winen froast jane. De Snitsers, dy de Haukesleat lâns rieden, bleauwen stean om dat moaije jonge pear nei to sjen: hwent hja wierne beide yn de uterste pronk fen dy tiid, hy as in Jonker en sy as boerefaem.
De Jonker gong by de Domenij yn en de faem en hjar broer by de omke, dy dêr deun oan wenne. De Domenij sprong hast út syn fel fen blydskip, do hy dêr ien fen syn Frentsjerter âlde studintefrjeonen seach; to mear, omdet de Jonker by syn âlders ynwenne, dêr er as bern thús wier. Dy Domenij hie nou trije jier fen de studie west, en wier twa jier to Toppenhuzen, en hie in moai jong wyfke út Frentsjer en al in lyts bern yn de widze. Hja gongen mei inoar nei tsjerke. Domenij preke út Lucas twa, sa as gewoanlik op krysttiid, liet hwet lang sjonge en makke de preek hwet koart. Do hja wer yn de pastorij wierne, sei de Jonker: “Sa ’n lûd hab ik fen myn libbens dagen net heard, as dy master dêr foar dat boerdtsje hie; sok bâlten ter eare Gods haw ik noch noait heard.” “Ik wol it wol leauwe, sei Domenij; elk skoert der de earen fen op, en hjir komme ek wol bysfeinten fen Snits, dy it tsjin him yn de kant sette, mar den makket de man de broeksbân los en den dreunt de hele tsjerke. En dêr drage de boeren hjir rom op; hja sizze mar roun út, det ’er yn de saun provincies gjin master is, dy hjarres oertreft yn ’t sjongen; it learen dêr steure hja hjar sa folle net oan.” Do gongen Domenij en de Jonker nei de bûrman, de omke fen Clare, en sei Domenij út namme fen syn wiif, det Clare yn de pastorij komme moast to iten; doch hy krige ta antwird: “Wel, wy hawwe wol in miel iten for sa’n gnap faem.” “Ja, dat wit ik wol, sei Domenij; “jy hawwe al ’ris in Grytman to iten hawn op in hazze.”—“Moat ik dat nou al wer hearre, en dat op krystmoarn?” sei de boer. “Dat kaem sa, Jonker, sei Roel-boer: “it wier yn de lette hjerst en do siet ik de moarns om healwei seizen yn de yester to meltsjen, en dêr komt ús Grytman oan mei it gewear op it skouder en in houn by him; nou wy houddene in praetsje en do forhelle dy ús, det hy woe nei Twellingea ta en dêr fen dinne bigjinne to jeijen oan Snits ta, en as er den werom kaem, den woe er by my ite. Nou, dat wier bêst, hwent it is myn lânhearre ek sa hwet. Wy hiene in hazze yn de mounle fongen; ik tocht den moat dy der mar oan; wy scoene oars grouwe earte ite en ús tochte dêr koe er wol by sean wirde. Nou, hy krige in goed klobbe bûter mei yn ’t gat, en sa gong dat beest mei yn de eartepôt. Do mynhear kaem, namen wy dat ding der út, en sei ik tsjin mynhear: nou moatte jy him mar snije. Mar de Grytman sei: ho is dat beest sa glêd fen bûten? hawwe jimme dat ding net strûpt? Wel né, mynhear, wy hawwe him plôke as in einfûgel. Myn jonges hawwe der genôch om flokt en hja hawwe it forsein om it oait wer to dwaen.—Do boarstte mynhear út fen laitsjen, en sei: Nou, hawwe jimme gjin spek ef flêsk? Jawol, mynhear, mar moast sa’n ding net plôke wirde? Né, hy moast strûpt wirde. Binne jy yette net wizer? Nou, mynhear iet dêrom al earte en spek, det hy wol jeije koe dy deis. Nou, ik moat sizze ik haw it oare jier by mynhear west to iten, en der kaem ek sa’n ding op de tafel en dy wier strûpt, mar dêr woe ik gjin mûle op sette. Dêr wier in forkearde lucht oan en dy wier omtrint swart. Dat is nou it forhael en dat moat ik altyd fen Domenij hearre.”—“Nou, sei de Jonker, “ik hie ek net fen dy hazze hawwe wollen,” en dy lake ek al. Do ieten hja yn de pastorij, en de pastoarske en Clare wierne it gau iens, sadet Clare mei in healûre it lytse bern al op ’e skirte hie.
“Jy hawwe it hjir nou al jamk nei it sin, leau ik, sei de Jonker tsjin Domenij; “mar ho is it, hawwe jy nou dy side spek ek oan my fortsjinne, dy ik biloofd haw?”—“Ja, sei Domenij, dêr scoe ik net om tocht hawwe, ik siz fen ja.”—“En ik siz fen net,” sei pastoarske (hwent dy wiste fen de weddenskip).—“Ho nou den?” sei Domenij.—“Wel, wit’ jy net dat wy tsierd hawwe om de namme fen it bern? Jy woene it Frederik dope, en ik sei it scoe Freark hjitte, nei de âldehear, hwent dy wier der ek foar; mar jy hawwe it woun, en dêr hawwe wy do gâns oer staet.”
“Sjuchste wol, frouljue hawwe altiid better geheugen as de manljue; dêr hawwe jy de hele boel forbruid; dy side spek hie ús oars wol past.”—“Hwet is dat? sei Clare; “jimme prate oer dingen, dy ik net forstean.”
“Ik scil it dy forklearje, ljeaf! sei de Jonker. Alear tiden wier der in gebrûk, om de jonge ljue, dy in jier en in dei sûnder kibjen libbe hiene, en dy syn man ef wiif mei noch earmer, noch riker, mei moaijer ef onsjogger omruilje wold hie, dy hie in side spek fortsjinne. Der is in doarp yn Ingelân, dat is Dunmow, yn it graefskip Exeter, dêr is it yette in jierliks gebrûk. It jonge pear, dat dy side spek fortsjinne hat, moat op twa skerpe stiennen del lizze en den op ’e knibbels swarre, det se in roun jier en in dei noait kibbe hiene, en as hja dat diene, den waerden se mei glâns troch it doarp dragen mei de side spek foarop.
“En nou hie ik Domenij, do hy syn wyfke fen Frentsjer helle, in side spek onthjitten, lyk as op it doarp Dunmow de mode wier, namelik: as hy yn in jier en dei net mei syn jong pastoarske tsierd ef kreaud hie. ’k Hie hope hawn det hy it fortsjinne hie, omdet ik it hjir alles sa aerdich en noflik bifyn. Mar pastoarske hat it bidoarn.”—“Nou, sei Clare, “as dat sa nau hipt, den leau ik net det it spek ’er djûrder om wirde scoe, al waerd ’er oan alle jonge pearen sa ’n side útloofd: hwent nije weinen kreakje hast altyt, haw ik wol ’ris sizzen heard.”—“Dêr hawwe jy gelyk oan, sei de Jonker, “der skeelt ek sa’n bytsje oan, det ik de weddenskip dochs mar forlern hawwe wol.” Hy naem de gouden rider, dy hy to Terherne for in skelling útjaen woe, en smiet him op ’e tafel, en sei: “Hawar, keapje dêr wyn for, dat kin dochs net to goed fen it tractemint ôf.” “Ik scil it dwaen, sei Domenij, “en by eltse flesse scil ik jins gesondheit drinke.”
Do namen hja ôfskied. Domenij gong nei de preekstoel, om de Toppenhuzers in swiet neimiddeis knipperke to bisoargjen, en de jonge ljue rieden de mar wer oer, de Witering by de Skou lâns, en de Boarn troch nei Akkrum ta. Dêr hâldden hja hwet stil; do oan it baenriden op de Meinesleat, mar hja hiene sa folle bisjoch, det hja rieden mar gau wer nei Terherne. Hja founen de herberge leech, omdet it iene part fen it jongfolk op it iis wier, en it oare part wier oan it lotsjen om koeke, krystwiggen, skjipflesk en fette gies, lyk as do om krysttiid folle yn swang wier. De kastelein wier bliid det hy de jongeljue ’ris wer seach en wier yet al plezierich as altiid.
Nei det se dêr frjeonlik by de hird sieten, kaem der in langen slinter fen in keardel oan, in skippersfeint fen Terherne; dy hie folle smeulsk praet oer de stêdljue. De Jonker hâldde him stil, mar do dy knaep ek op Clare bigoun to smeulen, do naem de Jonker in tinnen biermingelen dy ryklik healfol bier wier, en knikte it twisken de fûsten plat, det it bier tsjin de souder oan fleach. Do sei dy feint: “Hwet scil dat bitsjutte, mynhear!”—“Dat bitsjut sa folle, det aste der net útgieste, den scil ik dy sa plat knipe as dat mingelen.” Nou, dy baeifanger gong dalik foart. “Sie sa, sei de kastelein, dou dochste wiis; dat is in ielkwab for dy, en kom forearst mar net wer to wrokjen. Jou feint hie al sein, Jonker, det jy izeren fûsten hiene, mar ik sjen det hy net leagen hat.”—“Wel ja, kastelein, dat wier folle better as det ik him earst in pear ribben britsen hie. Mar ho neamden jy my dêr sa in ielkwab?”—“Wel, dat wier om him to húnjen: hwent der is gjin fisk, dy in poask oan doar, bihalven in ielkwab; dêr fynt men dat gûd altyd by yn de robbe, as men hjar tamakket. As men dat sok folk foarhâldt, den binne hja sa lilk as in spin. As der mear by west hiene, den hie ik it net sein, mar ik lucht him net; ik woe him wol slite.”
Nou roun it tsjin de joun, en de frjeonen op de Wieren dy wachtten al. Do hja dêr kamen, siet master der ek. ’t Wier in man sa hwet great tritich jier âld, mei brede skouders en mei in pear skrandere eagen yn de holle. Hy stie op, makke in greate bûging for de Jonker en fûske mei him. Earst hie master ontsach, mar dat foroare al gau yn iepenhertichheit en frjeonlik praet.
Der siet in hele smite minsken om dat moaije krystblok. De boer, fjouwer jonges, de master, de Jonker. Clare en de frou sieten oan de tafel, De Jonker hie wyn út de kiste komme litten by Piter-om, en dy dronken hja waerm út de tsjettel mei sûker en kaniel der yn; mar master naem in flesse kâlde; it scoe fen sels wol waerm wirde, tocht him. Dat gong dêr op in praten en forheljen! Master wier earst hwet deftich en ynbandich, mar de tonge waerd him al hwet losser, do hy bigoun to merken op hwet groun hy siet, en det de Jonker sa heech him net foarjoech, as men meast by sokke ljue wend is. En sa forhelle de Jonker ek hwet hy yn de nacht fen Piter-om sjoen hie, det hy it fé in jefte hea joech, en in foarkfol for de fûgeltsjes bûten de doar brocht; dat koe hy him net bigripe hwet dat bitsjutte. Do fette master Tsjerk it wird en sei: “It krystfeest wier by de âlde Kristenen de greatste hjeldei fen it jier; hja joegen hjar freugde en blydskip meastal to kennen troch it brânnen fen in great fjûr, lyk as wy hjir foar ús sjenne. Sa hat men yn it bigjin fen Novimbermoanne it Sint Martens fjûr, dat de bern hjir en dêr op in stik lân oanstekke, en dêr hja om hinne dounsje, en den rinne hja jouns mei dy pompierne lantearnkes, dy hja Martens fleugeltsjes neame. En hwerom wirdt yet dat krystblok oanlein? Yn ’t noarden fen Ingelân en yn Skotlân wirdt it Julelog neamd, en dêr is it soms sa great, det it mei in hynzer oan de doar ta sleept wirdt. Ik tink, omdet dy fjûren en feesten hâlden wirde op tiden, dy mei de feesten fen ús Heidenske foarâlders, hwerop hja hjar Goaden forearen, oerienkamen. Dy stieken fjûren oan om to offerjen en om de boaze geasten to fordriuwen; en omdet ’er sa folle ienfâldige ljue oerbleaun binne, dy oan de kweade leauden, is ek dat fjûr oerbleaun. Dat is de bitsjuttenis fen it krystblok.
Us foarâlders ieten ek net folle wytbrea, de weet is mear thús yn de súdlike lânnen; dêrom wier dat allinne rikeljus-iten; mar krysttiid, de greatste hjeldei fen it jier, den moast it lichem ek feest fiere, en dêr fen it fine witebrea, dat wy krystwiggen hjitte, en dy ek, yn swiete mâlke weakke, mei sûker en bûter ’er oer, om dizze tiid folle iten wirde. En omdet de gies om krysttiid hinne it fetste binne, den wirdt der meast in krystgoes by iten, lyk as yn heel Ingelân it gebrûk is. Dêr wirde de earme ljue, neistbisteanden en frjemden ek mei bideeld. Dat is de bitsjuttenis fen de krystwiggen en de krystgoes.
Mar op it feest fen Christus’ geboarte, de stichter fen de Godstjinst fen ljeafde en barmhertichheit, moasten ús húsdieren, ja, de holpleaze beesten fen it fjild ek sels in forheuginge hawwe. Dêrom joech Piter-om dy jefte hea oan syn kij, en in foarkfol hea oan de fûgeltsjes, om ’er hjar yn to forskûljen, lyk as men yn de bouhoeken fen Skotlân in skeaf koarn jowt mei it noat ’er yn. Sa ynnerlik gong ús foarâlders de blydskip fen Christus’ geboarte ter herten! Lykwol is it nou meast yn in soarte fen bygeloof foroare, det ’er segen op folgje scil. Yette yn Dútsklân wirde de tsjerken op ’e krystnacht mei hûnderten fen ljochten oppronke, en dêr geane de âlders den hinne, sels mei hjar allerlytste bern; net allinne om dat moaije nije ljocht to sjen, mar om, nei hjar bitinken, dy bern yn it folgjende jier for sykten en ongemakken to forhoedzjen. Hja hawwe dêr ek krystbeammen mei ljochten yn de keamers en dêr forheuge hja hjar by: hwent ljocht is it byld fen libben en fjûr fen freugde.”
“Dat hawwe jy ús dêr ’ris gnap forklearre, master, sei Age-boer: “ik haw it ek altyd dien út in âld gebrûk; mar do krige ik ’ris in feint, en dy stiek ’er my de gek om oan, en do haw ik it litten; mar hie ik de miening ’er sa goed fen witten as nou, den hie ik it om nin feint yn de wrâld litten; mar ik tochte det it in bygeloof wier út de âlde tiid, en dêr bin ik jin.”
“Hwer is jou krystdicht, master? sei Clare do; “wy binne alle jierren wend om it ien ef it oare fen jo to hearren.” “Ja, sei master Tsjerk, “mar dat is hwet hastich by eltsoarren rekke: hwent do ik hearde det de Jonker hjir wier, tocht my det ik it hwet deftiger meitsje moast en wol yn ’t Hollânsk. Ik dwaen it den oars for in aerdichheit yn ús âlde Fryske tale.—“Jy tinke dochs net, sei de Jonker, “det ik ek al ûnder dy gekken bihear, dy de tael fen hjar lân, dy hjar foarâlders hûnderten fen jierren foar hjar spritsen hawwe, forachtsje? Né, man, ik achtsje it in eare in Fries to wêzen, en in foarrjucht it Frysk to sprekken, omdet wy út in eedle earlike fromme stamme útsprút binne en in tael sprekke, dy sa âld is as ús folk, dat Keizers, Keuningen en oare lânshearen, dy ús ûnder ’t sim bringe woene, krêftich de tosken sjen liet, en dêrom bleau, hwet it foar twa tûzen jier al wier. Mar lêz jy mar op master.”
Master brimt ’ris en bigjint:
WELKOM AAN DEN WINTER.
Heil! de winter is gekomen, Met zijn leed en met zijn zoet, Die de schoone Friesche stroomen Als een spiegel blinken doet.
Schilder bloemen op de ruiten, Kunstig schoon, maar kort van duur; Drijf de rappe jeugd naar buiten, De ouden naar het knappend vuur.
Met wat vloed van vlugge menschen Zijn de stroomen niet vervuld! En de jeugd heeft al haar wenschen Door verbeelding nog verguld.
Hoe verrukkend is dat zwieren, Als de meisjes op de baan Rozen op de wangen tieren, ’t Hart van zorgen is ontdaan!
Als de maan haar liefdestralen Van het fonklend stargewelf Lieflijk op haar beeld laat dalen: O, dat is de hemel zelf!
Vaak wordt dan een eed gezworen, Die verbindt tot aan het graf, Als het paar voor ’s hemels koren Wischt zijn vreugdetranen af.
Maar, helaas! hoe menig leven Is ook op het ijs vergaan? Menig moest door ziekten sneven, Onder ’t rijden opgedaan.
’k Zwijg van andre treurtooneelen, Als de jeugd, zoo blij te moed’, ’t Jonge leven gaat verspelen In den killen diepen vloed.
Winter! zelfs voor grijze haren Hebt gij menig huisgeneugt. Laat de jeugd vrij spelevaren, Ook de haard heeft dan zijn vreugd.
Als men met een rein geweten, Van zijn weldoen steeds bewust, In een schoonen kring gezeten, Met zijn kinderen speelt en kust.
Maar hoe menig moet dan zuchten, Als hem bittere armoe kwelt. Of als hij de wrange vruchten Van ’t verwaarloosd leven telt?
Vruchten van ’t verwaarloosd leven, Daar nu vrouw en kind om schreit! ’t Schrikbeeld zou ons niet doen beven, Was ’t niet in de werkelijkheid.
Winter! wil de jeugd dan manen Matig- en voorzichtigheid, Wijl de glans der gladde banen ’t Jeugdig hart zoo licht verleidt.
Leer dan spaarzaamheid aan de armen, Voorzorg in den zomertijd, Om te voeden en te warmen ’t Kroost, dat om den haard zich vlijt.
Leer het weldoen aan de rijken, Zóó wordt hun uw barschheid zoet; ’t Zijn de dankbre liefdeblijken Voor ’t hun meer verleende goed.
Heil! de winter is gekomen. Is zijn aanschijn bar en ruw, O, hij heeft zijn zoete droomen, Aan den haard en op de stroomen, Daarom zij hij welkom nu.
Tsjerk Penninga.
“Jy wirde earnstich, ef Domenij-achtiger-nôch, master,” sei Clare.—“Ja, wier it andert fen master, “do ik it makke al, mar ho mear ik fen dy âlde wyn fen de Jonker yn myn liif jiet, ho mear de domenij der út giet.” “Mar hark’ris, sei Clare; “jy hawwe ús jonges lêsten sein, jy wisten yet in pear âlde forteltsjes, dy moasten wy nou ’ris hearre, master!”—“Ei, dy binn’ al to simpel en âldfreansk for de Jonker,” sei master.—“Né, forhelje op mar, master; de joun is yette lang.” De bern spitsten de earen al op. Master fortelt.
“Der wier in boer, dy hjitte Obbe; dy helle op in dei syn hagedoarnen stôk út de kas, en sei tsjin it wiif: Tryn, ik gean op reis, en mei trije dagen kom ik wer; as de kouwekeaper yn dy tiid by ús komt, om kij to keapjen, den kinste dy trije âldste forkeapje, mar net oars as for twahûndert goune, minder net, dat siz ik dy.—Gean dou yn Gods namme mar op reis, ik scil dat wol klearje, sei it wyfke.—Ja dou, dou mochtste hwet, sei de boer, dou biste, doste in lyts bern wierste, op ’e holle fallen, en dat bliuwt dy yette by, oan dizze ûre ta. Mar dit siz ik dy, aste wer in domme set dochste, den stryk ik dy de rêch blau, en ik scil der nin ferve ta brûke: mei dizze stôk scil ik it dwaen, dy ik hjir yn de hân haw, en dy kleur scil dyn rêch in roun jier hâlde; meitsje dêr mar steat op, hear! En do gong de man de wei op. De oare deis kaem de kouwekeaper, en it wiif hoefde net folle wirden mei him to meitsjen. Do hy de kij bisjoen en nei de priis fornomd hie, sei de man: nou, dat moat mar oangean; sa folle binne hja de iene broer oan de oare wirdich. Ik wol de bisten mar meinimme.—Hy makke hjar los en dreau hjar út de stâl. Do hy ta de hiemshikke útgean woe, pakte it wiif him by de mouwe en sei: jy moatte my earst de twahûndert goune jaen, oars kin ik jo net gean litte. Krekt sa, sei de man, mar ik haw forgetten myn jildriem mei to nimmen. Mar der is nin swierrichheit: ik scil jo pân hâlde litte sa lang as ik bitelle haw. Twa kij nim ik mei, en de tredde lit ik hjir stean sa lang as ik werom kom, den hawwe jy in bêst pân.—Dat like it wyfke goed ta; hja liet de man mei syn kij foartgean, en tochte: hwet scil Obbe bliid wêze, as er sjucht det my dat sa goed ôfgien is.
De man kaem, lyk as hy bilove hie, de tredde deis werom, en frege dalik, eft de kij forkoft wierne. Ja wis, Obbe, sei it wiif, en lyk aste sein hieste for twahûndert goune; hja wierne it oars mar just wirdich; mar de man hat net lang talme.—Hwer is it jild? frege de Boer.—Dat haw ik yet net krige, andere it wyfke; hy hie syn jildriem thús forgetten, mar hy scil it skielik bringe; lykwol hy hat my in goed pân litten.—Hwet for in pân?—Ien fen de trije kij, dy kriget hy net earder foar det hy de oare bitelle hat; en ik haw it goed oerlein, ik haw de lytste thús hâlden, dy fret it minste.—De boer wier razend, hy tilde de stôk yn ’e hichte en woe hjar jaen, hwet hy onthjitten hie. Mar hy liet de stôk wer sakje, en sei: Dou biste sa dom as in okse: dou hast in forstân as in pikelhearring, mar ik haw meilijen mei dy. Ik wol wer ’ris yn it fjild gean, en trije dagen siikje eft ik ek immen fine kin, dy yette onnoazeler fen forstân is as dou. Lokt my dat, den biste frij, mar fyn ik him net, den scilste dyn fortsjinne lean hawwe, dat biloof ik dy.
[Yllustraasje: DE KOUWEKEAPER BY OBBE EN TRYN.]
Hy kuijere de greate wei op, en gong einling op in great stien sitten to rêsten, om to wachtsjen hwet der komme woe. Dêr seach hy in greate haiwein oanriden kommen; dêr stie in wiif midden op, yn pleats fen op in heap strie to sitten, dat neist hjar laei. De boer tochte by him sels, dat is licht wol ien lyk astou ien sikeste. Hy sprong op en roun foar de wein hinne en wer, krekt as immen dy net tige wier. Hwet woste, heite? sei it wiif; hwet haste mei my foar? ik ken dy net, hwer komste wei?—Ho scoene jy my kenne, moeije; ik bin út de Himel del fallen, en ik wit net ho ik ’er wer hinne komme scil; kinne jy my der net hinne bringe mei de wein?—Né! sei it wiif, ik wit de wei net.
Mar as jy út de Himel komme, den kinne jy my wol sizze ho it myn man dêr giet; dy hat der al trije jier wêst; jy hawwe him wis wol ’ris sjoen.—Ik haw him wol sjoen, mar hwet scil ik der fen sizze; it is dêr ek al lyk as hjir, it giet dêr ek alle minsken net allike goed. Hy is dêr skeper, hy moat dêr de skiepkes hoedzje, en dat gûd dêr hat hy in hopen spil mei; dat springt dêr op dy bergen om en fordwaelt dêr yn de wyldernisse, en dêr moat hy den efteroan rinne om se wer by elkoarren to driuwen. De klean wirde him ek al hwet skibbich, en dy kinne him wol gau fen it liif falle. Skroarren binne der ek net, hwent de heilige Petrus wol se net talitte, lyk as wol bikend is.—Hwa hie dat tocht, sei it wiif; en hjir hoefde hy neat to dwaen; ik wol jo syn sneinsrôk helje, dy hinget thús yn de kas, dy kin hy dêr mei eare drage. Jy wolle dochs sa goed wol wêze en nimme him mei?—Né, dat giet net, sei Obbe, klean mei men net yn de Himel bringe, dy wirde yen by de doar ôfnomd.—Wit’je hwet, seit it wiif, ik haw myn weet forkoft en dêr haw ik in skoan knoarre jild for krige, dat wol ik him stjûre. As jy de pong yn de bûse stekke, den wirdt nin minske it gewaer.—Nou, as it net oars kin, sei Obbe, den scil ik jo dat plezier wol dwaen.—Bliuw dou den dêr mar oan de wei sitten, den scil ik nei hûs ride en de pong helje, ik bin fluch werom. Mar hwerom sitte jy net? frege Obbe. Sy sei: ik gean net op dat strie sitten, mar gean oerein op ’e wein stean, den hat it earme hynzer it makliker.—Sy dreau hjar hynzer oan, en Obbe tochte: dy hat wol kâns om steapelgek to wirden; hja is nou al hwet heal en heal; as hja it jild bringt, den mei myn wiif wol fen gelok sprekke, hwent den kriget hja net mei de stôk.
It dûrre net lang, dêr kaem hja al oanrinnen mei it jild, en treau him de pong sels yn de bûse, en ear det hja foartgong, bitanke se him frjeonlik for syn tsjinstichheit. Do dat wiif wer thús kaem, foun hja hjar soan, dy út it lân komd wier. Sy fortelde him, hwet for onforwachte dingen hjar oerkomd wierne, en sei der by: ik bin bliid det ik yn de gelegenheid komd bin om myn earme man hwet to stjûren. Hwa hie dat tocht, det dy yn de Himel krapte krije scoe oan ’t ien ef ’t oare.
Dêr wier de soan danich oer forwondere. Mem, sei hy, sa’n ien út de Himel komt men ek net alle dagen to sprekken; ik wol der foart ’ris op út, eft ik de man noch fine kin; den kin er my ’ris fortelle ho it ’er dêr útsjocht, en ho it dêr mei it wirk stiet, mei it heawinnen en mei it noat. Hy lei it seal op it hynzer en ried dalik foart. Hy foun Obbe-boer, dy ûnder in wylgenbeam siet en krekt it jild telle scoe, dat yn de pong wier. Ha’ jy dy man ek sjoen, rôp de feint, dy út de Himel komd is?—Ja, sei Obbe, dy hat de weromreis oannomd, en dy is dêr by dy berch opgien, den is hy hwet tichter by de Himel; as jy fluch taride, den kinne jy him yet wol ynhelje.—Och, sei de feint, ik haw my de hele dei yn it lân ôfbeund, en troch dy reed hjir hinne bin ik alleheel skjin ôf rekke. Jy kenne de man, wêz’ nou sa goed en gean op myn hynzer sitten, en meitsje det er hjir by my komt.—Aha, tochte Obbe, dat is ek al ien, dy nin pit yn de lampe hat. Dat plezier wol ik jo graech dwaen, sei Obbe; hy kleau op it hynzer en ried yn in stevige draf foart. De jonge feint bleau sitten, sa lang det de nacht ynfoel, mar Obbe kaem net werom. Ja, sei er by him sels, ik bigryp it nou wol, de man út de Himel hat hastich wêst, det er net wer tobek gean woe, en dy boer hat him dat hynzer meijown om it oan heit to bringen.—Hy gong nei hûs, en forhelle oan syn mem hwet er dien hie; hy hie syn hynzer oan heit stjûrd, den hoefde er net altiden to gean hinne en wer efter dy skiep. Dêr haste goed oan dien, sei de mem; dou haste yette jonge skonken en kinst wol to foet gean.
Do Obbe-boer wer thús kaem, sette hy dat hynzer op stâl, neist de kou, dy forpânde wier, en do gong hy nei syn wiif en sei: Tryn, dat wier dyn gelok: ik haw twa foun, dy noch ienfâldiger binne as dou. For dizze kear komste der yet sûnder bruijen ôf, dat scil ik dy for in oare tiid bisparje.—Do stiek hy syn pypke oan en gong yn de briedstoel sitten, en sei: dat wier in goede negoasje: for twa meagere kij in glêd en fet hynzer en den yet in grou pongfol jild der op ta! As de domheit altyt sa folle opbrochte, den woe ik hjar graech yn eare hâlde.—Sa tochte Obbeboer, mar jimme hâlde it dochs mei de earlike ienfâldige minsken, net?”
“Gnap, master, ik scil jo ’ris ynskinke.” Master dronk, en men koe sjen, det it goed oan him die: hy kôge de wyn foar det er se trochswolge. “Scoe dat wier gebeurd wêze, master?” sei it âldste jonkje. “Ja, sei de master, “dy it lêst forhelle hat, is de mûle noch wiet.”
“Nou noch in forteltsje, master,” seine de bern.
“Nou, den noch in lytsen ien, sei master, “en den moatte jimme ek nei bêd gean, hear!” Master sei:
“Yn âlde, oerâlde tiden, do Staveren yette de haedsted fen Fryslân wier, do wenne ’er in bakker to Balk; dy hâldde ’er in ezel op nei, dy al lange jierren de sekken mei rogge en weet nei de mounle dragen hie; mar de pitten gongen op it lêst sa út dat âlde dier wei, det er hast net mear arbeidzje en sekkedrage koe. Do tochte de bakker om it beest mar fen it foer ôf to bringen en him út de hûd nimme to litten; mar do it ezel dêr de lucht fen krige, sei it beest: ik gean nei Starum, omdet er miende, hy scoe wol stêdsmuzikant wirde kinne. Do hy in eintsje foart gien wier, foun hy in jachthoun, dy dêr op ’e wei laei to sintsjen; dy hime en gappe nei de siken, krekt eft ’er hird roun hie. Wel, ho himestou sa, Pakoan? frege it ezel.—Ei, omdet ik âlder wird en hast alle dagen swakker, en op ’e jacht net mear foart komme kin; nou woe myn hear en master my deaslaen litte en dêrom bin ik ’er útknypt, sa hird as ik rinne koe, mar hwer scil ik nou myn brea mei fortsjinje?—Wistou hwet, sei it ezel, ik gean nei Starum en dêr wird ik stêdsmuzikant; gean mei en lit dy ek by dy muzyk oannimme; ik blaes op de trompet en dou slachst op ’e tsjetteltromme. Dêr wier de houn wol mei yn ’t skik, en hja gongen fierder.
It dûrre net lang, do siet der in kat oan de wei en dy sette in gesicht, eft it trije dagen reine woe. Nou, hwet is dy yn de wei, âlde hirdfeijer! ho sjochste sa mâl? sei it ezel.—Wel, hwa scoe fleurich wêze kinne as it yen oan de kraech giet, andere de kat; omdet ik nou op ’e jierren kom, myn tosken stomp wirde, en omdet ik ljeaver op de waerme glêdde plaet tichte by de yeske sit to spinnen, as det ik de mûzen yn de faksen sit, nou hat ús frou my forsûpe wollen; nou bin ik der útstritsen, mar nou is goede rie djûr; hwer scil ik hinne?—Gean mei ús nei Starum; dou forstieste dy ommers op ’e nachtmuzyk? dêr kinste stêdsmuzikant wirde.—Nou, de kat tochte dat goed en gong mei.
Do kamen dy trije fluchtelingen by in Slot lâns, dêr siet in hoanne op ’e poarte en dy kraeide mei alle macht sa lûd, as hy it út de strôte stjitte koe. Dou gûlste det it yen troch murch en bonken, troch ieren en sinen giet: hwet bitsjut dat? frege it ezel.—Dat bitsjut goed waer, omdet ús frou hjoed hjar bernehimdtsjes wosken hat, dy hja hjoed graech droegje woe. Mar omdet ’er moarn gasten komme, nou hat de frou dochs gjin meilijen mei my, mar hja hat tsjin de faem sein, det se my yn it sop koaitse moast, en nou moat ik my joun de kop ôfsnije litte; en nou gûl ik hâls en kiel sa lang ik yette kin.—Ei kom ju, dou moaste dyn moaije reade kaem net hingje litte om in drigemint. Witste hwet, gean ljeaver mei ús nei Starum; dou fynste altyd hwet betters as de dea, en as wy mei eltsoarren muzyk meitsje, dat scil wol gnap gean. De hoanne like dat goed ta, en hja gongen alle fjouwer mei eltsoarren foart. Mar hja koene de stêd Staveren op in dei net bireisgje, en kamen de jouns yn in bosk, hwer det hja de nachts bliuwe woene. It ezel en de houn gongen ûnder in great beam lizzen; de kat en de hoanne joegen hjar yn de boppeste top fen de beam, omdet it dêr feiliger for him wier om de mirden. Foar det er him oan it sliepen joech, seach er yet ’ris yn alle hoeken fen de wrâld om. Dêr tocht him seach hy yn de fierte in fonkje barnen en hy rôp syn maets ta, det dêr wol tichte by in húske wêze scoe, hwent dêr skynde in ljochtsje. Do sei it ezel, den is it bêst det wy ús dêr mar hinne jaen, hwent hjir dooch it net, dat is hjir mar in minne herberge. En de houn tochte, in pear bonken mei hwet flêsk ’er oan scoene him ek wol tsjinje. Do joegen hja hjar op de wei nei de kant ta, dêr it ljocht barnde, en hwet hja neijer kamen hwet it ljochter en greater waerd. Einlinge stiene hja foar in rovershûs, dêr in great ljocht barnde. It ezel as de greatste fen de fjouwer, kaem tichte by it finster en seach ’er yn. Hwet sjuchste, skimmelke? sei de hoanne. Hwet ik sjen? andere it ezel, in tafel mei in kleed ’er oer, mei bêst iten en drinken der op, en dêr sitte rovers om, en it liket hjar goed to smeitsjen. Dat wier ek goed for ús, spriek de hoanne. Ja, ja, sei it ezel, sieten wy der mar oan. Do oerleine de bisten mei elkoarren, ho se it oanlizze scoene om dy rovers der út to jeijen en do bitochten se einlinge in middel. It ezel moast de foarste poaten op it finster sette, en de houn moast him op ’e rêch springe, de kat moast op de houn kladderje, en de hoanne moast de kat op de kop sitte.
Do hja dêr allegearre sa klear stiene, bigounen hja mei hjar fjouweren ta gelyk hjar muzyk to meitsjen: it ezel gûlde, de houn blafte, de kat miaude en de hoanne kraeide, en do fleagen hja dwers troch de glêzen hinne yn de keamer, det de ruten der nei stauwen. De rovers gûlden it út fen skrik; sy mienden det ’er in spoek yn hûs kaem en fluchtten de doar út, yn it bosk op. Nou skikten dy fjouwer kameraten oan tafel en ieten op, hwet ’er oerbleaun wier, en hja ieten eft hja trije dagen opboun sitten hiene. Do dy fjouwer spylljue sêd wierne, bliesden hja it ljocht út, en sochten elts in sliepsteed op, sa it him bêst paste. It ezel gong op de rûchskerne lizzen, de houn efter de doar, de kat op de plaet by de waerme yeske, en de hoanne gong op ’e hoannebalken sitten; en omdet hja wirch wierne fen dat lange gean, slepten hja ek al gau. Do it oer middennacht wier, en de rovers fen fierren seagen, det ’er nin ljocht mear yn hjar hûs barnde, en it like eft der nimmen mear yn wier, sei de opperste fen de rovers: wy moasten ús dochs sa kel net meitsje litten hawwe, det wy as jonges sa hird foartrounen. Do hjitte hy ien fen hjarren om de boel dêr ’ris to ûndersiikjen. Dy foun alles stil en woe de lampe opstekke, en do seach hy dy gleone eigen fen de kat for in koaltsje fjûr oan, en stiek ’er in swevelstôk yn eft it ek oanfinge woe. Mar de kat waerd razend, sprong him yn ’t oansicht en bliesde en klaude syn bêst. Do forskrikte dy man heislik, roun hird foart en woe de efterdoar út, mar de houn, dy dêr laei, sprong op en biet him yn de skonk, en do hy oer it hiem by de dongbult lâns roun, do joech it ezel him yette in slach mei de efterpoat, det hy mjêk sei; en de hoanne, dy troch it geraes wekker wirden wier op syn balke, rôp sa lûd as hy koe: kikeriki! Do roun de rover sa hird as hy koe nei syn maets ta, en sei: och, yn dat hûs sit in groulik hekse ef tsjoenster, dy hat my oanbliesd en mei hjar lange fingers yn de troanje klaud, en after de doar stie in keardel, dy hat my in mês yn de skonk stitsen; en op it hiem dêr laei in swart pestdier, dy hat my noch in slach mei in grouwe kneppel op de keap ta jown; en boppe op it tek dêr siet de rjochter, dy rôp: hâld de dief, en bring de skelm hjir, en do makke ik det ik foart kaem. Do bitrouden dy rovers hjar net langer yn dat hûs, mar de fjouwer muzikanten fen Starum foldie it sa goed der yn, det hja der net wer út woene.”
Do master dien hie, seine de jonges: “Hea, master, koene dy bisten alear prate?”—“Ja, sei Master, en do hjitte de kou Bartele, en it keal Tuetsje, en it skiep Berber, en de baerch Goasse, en it hynzer Hoppe, en de mosk Tsjitse, en de dou Minne, en it sweltsje Sikke, en de hin Aeltsje, en de hoanne Bokke, en de rôt Gerben, en de mûs Pytsje, en de kat Matsen, en de houn Sibe, en de bolle Joast. En dy it forteltsje net leauwe wol, dy scil in ryksdaelder boete bitelje.”—“Gean nou op bêd, jonges,” sei Age-boer.—“Nacht heit, nacht mem, nacht Clare, nacht Jonker, nacht master, nacht allegearre.”
De jonges mûskoppen in bytsje ûnder de wrine oer de forteltsjes, en do rekke it fel oer de eagen.
“Toe, sei de Jonker, “de mûle scil jo wol soar wirde fen dat forheljen; hawar, yet in gesoune romerfol; in dichter moat soms hwet fen sok gûd hawwe; oars fordroegje de geesten.” Do spriek de frou, Elske, dy oars net folle sei, ek in wird, en sei: “Dêr past master sels al genôch op, det syn geesten net útdroegje, en den bigjint er nachts yn ’t bêd to dichten, en den baest de man krekt as in koartsich minske. Forline jier hat er maikmoi yette fen de bêdsplanke ôfreage; do hiene hja him op Snitser merke to folle traktearre. Ik scil it iten mar op ’e tafel bringe.”—“Nou, jy blaffe der ek alles mar út, frou; mar joukebier is swiet bier,” sei master dêrop, en it iten waerd opdien.
Foar it jounmiel song master earst in psalm; do waerden de krystwiggen tige oanspritsen en dat waerd ’er mei reade wyn ynflijd. Do sei master: “Bring it Clare ek ’ris ta op in tútsje, Jonker!”—“Wel den mocht ik wol sljocht wêze, sei Clare, “as ik dat die, wylst myn âlders der by sietene, en master dy makke ’er in rymke op, gis ik; mar as it ûnder jongfolk is, den heart it sa. Mar lyk as in partij fen dy foarname ljue dat jinwirdich bigjinne, om elkoarren to patsjen op ljochtskyn dei, né, dat is nin Fryske menear, dat is lef en sleau dwaen.”—“Nou, it scoe de earste kear net wêze, master,” sei de Jonker; “ik skamje it my net to sizzen; jister eftermiddei, do wy mei ús beiden de Kromme Boarn lâns rieden, twiske de Skou en Akkrom, do stie dêr in âld man mei in tinte en dêr koften wy hwet waerme mâlke en in stik koeke, en do sieten wy dêr op dy bank en waerden grien, en, lyk as it giet, do kamen de mûlen by elkoar. Foar wy weirieden, bitelle ik en frege de man: hawwe jy ek hwet sjoen? Né, mynhear, sei er, mar wol hwet heard, doch dat kin gjin kwea; it is oangeboren aerd, en it is de ienichste griente dy op it iis groeit. Do joech ik de man twa skellingen, en mei in bliere troanje sei er: nou scil de flach op ’e âld tinte; dat is sa ’n moai bigjin, dat scil mei reade letters yn ’t almanak. En as der wer sa ’n gnap pear by my komt, den wol ik in boatsjeseil der foar hingje, as se tinke det it in skande is om elkoarren ljeaf to hawwen. Kom ik wer op ’e Brekken to fiskjen, faem, den scilstou in soad brieders fen my hawwe, sei de man.”—“Ei ja, sei Clare, “dat wier dy Harrit, dy dêr oan de Griene dyk wennet.”—“O soa, sei Age-boer, “ja, dy kin syn wird wol dwaen, dy syn praet is wol ’ris in skelling wirdich.”—“Mar, Jonker, sei Clare, “omdet jy dat der nou útflapt hawwe, scil it net wer gebeure.” De Jonker lake ’ris, seach hjar ’ris tige yn de eagen en master joech dizze útlizzing oan hjar wirden: “Wol to forstean as ’er minsken by binne; mar, famke, as jimme by elkoarren opsitte, scoe it den sonde wêze?
“Ik bin ’ris mei in Hollânsk Domenij yn it skip wêst, dêr krige ik gânsk striid mei oer it nachtfrijen; dat wier onearbaer, sei de man; dat woe hy útroeije yn syn gemeinte, sei er. En ik sei: as er yn de bibel ef it testamint dêr teksten oer fine koe, den hie hy gelyk. Ik frege him, eft hjir, nei syn gedachten, mear kwea gebeurde as yn Hollân. Dat wiste er net, sei de man; en ik sei, ik wit wol fen net heal sa folle. It is earder in teiken fen biskamsomheit by it Fryske jongfolk, det hja net frije foar allemans eagen. In frijer moast it ek ’ris probearje mei in gnap Frysk faem om forkearde dingen mei hjar to bigjinnen; hy hie great kâns det hy in fûst yn ’t each krige. Dêrom Domenij, sei ik, lit dat sa bliuwe; ’t is in âld lânsgebrûk. Do bigoun de man oer it keatsen op snein, dêr wier de man al sa tsjin; en do frege ik him, eft hy ek biroppen wier om it ampt fen doarpsrjuchter en bysjager der mei by to bitsjinjen? Mar do bliesde de hoarn, en ik wier bliid, det ik fen de man ôf wier, en hy licht ek, det er my kwyt rekke; wy wierne op it Dearsumer húske;—mar de divel is yn de toer! it slacht njuggen ûre, ik moat foart.” Do winske master it folk goenacht, en sa roun dy krystjoun ôf. De Jonker bleau yet in eagenblik sitten, en noadde de boer en de boerinne mei Clare om de Sint Steffens joun, de oare deis, by him to fieren op syn pleats by Piter-om: en dat waerd oannomd, en hy sei mei in frjeonlik knikje oan Clare goenacht, en dy seach ek net swart.
De Jonker joech him bitiid wer op bêd en slepte in gat yn de dei. Hy waerd heftich wekker makke troch in swier skot út in roer, hwer det de glêzen fen dinderen. Hy sprong fen it bêd en dêr kaem de feint Douwe oanrinnen mei in âld roek, dy it bloed yette by de wjukken del dripte. “Dêr haw ik dy rakkert al,” sei de man, en hy wier pûr swart om ’e troanje fen it krûd. “Wy hiene forline wike in fôle by ús âld hynzer krige, en do hie ik de haem ef neigeboarte dêr boppe yn de eskenbeam ophinge, om in goed stap ûnder dy fôle to krijen, en do siet dy âld roek dêr jimmer oan to pikken, en dêr hie ik him al ’ris mei in stien weijjage, mar dêr joech hy net om; nou haw ik it him oars leard.”—“Moat dat ding dêr hingje?” frege de Jonker. “Ja, sei Douwe, njuggen dagen, mynhear, oars bliuwt sa ’n jong hynzer altyd in stroffelder.” De Jonker glimke ’ris en klaeide him oan.
De jouns kaem it selskip wer by elkoarren, bihalven de lytse jonges. Nou wier it by Piter-boer, dêr ieten hja in wylde goes; dy wier fen de bonken skeard en pluze en do yn sjerp opbret. Dat mûlke de Jonker net onfoech, mar hy die him oars al to goede. De wynflesse waerd ek net skroomd. It selskip wier earst stil, mar do master Tsjerk ’er by kaem, waerd it better.
“Sie sa, Jonker, sei master al gau, nou liket it better: de faem oan de griene side! dat heart sa hwet op in Sint Steffens joun. Heugt it jo yet ek wol, Age-boer?” Mar Age-boer dy sei net folle, mar gromde sa hwet yn him sels. “Nou, sei master, “my is it lang net forgetten. Myn earste fryster wier in boeredochter, dêr ik as jonge op ’e skoalle al mei boarte hie. Do wy feint en faem waerden, wierne wy gau ’ris by elkoarren; it wier sa ’n aerd fen in kealleljeafde. Wy hongen altyd op inoarren om; ik wier oan de hakken ta forljeafd; ik makke rymkes op hjar en dy lies ik hjar den foar as ik by hjar wier; mar einlinge rekke dy faem ta hjar âlders hûs út, en do kaem hja yn de Legewâlden to wenjen by in boer oan sa ’n poelke, en dêr teach ik den mei it boatsje hinne. O! den wierne wy sa grien, jy witte it sa net, Jonker! Nou teach ik der wer ’ris op in sneintojoun nei ta, en ik hie in flesfol Spaenske wyn yn de stêd koft, en dêr scoe ik de faem op traktearje, omdet it myn jierdei wier, en my tochte den woe ik ek mar boaskje, as de faem ja sizze woe. Mar it is der net oan ta komd, it wier oars oer my bisluten, lyk as jimme hearre scille.
Wy hiene al in ûre trije aldernoflikst by elkoarren sitten, do bigoun ik oer boaskjen to praten, en de faem wier der net frjemd fen, mar hja moast hwet ynbringe, det hja sa jong wier en ’t ien en ’t oare; mar ik tochte, de oanhâlder wint; ik wier myn sinnen al kwyt, ja ik hie in moultsje yn de holle fen forljeafdheit en ik sei: Skink mar ’ris yn, myn honke! en do lies ik hjar dit rymke foar:
SKINK RIS YN, MYN FAEM!
Skink my it glês ’ris, myn fanke! Fol fen dy goudene wyn; Dip ’er ris oan mei dyn mûlke, Smyt ’er in tútsje by yn.
Dêr is my de ierde in Himel, Hwer det dyn wêzen oer giet; Hwer det dyn eagen oer weidzje, Is ’t eft myn siele nei giet.
Wille blinkt yn dy beker, Hearlik forkwiklike wyn! Mar yn dyn blauwe eagen Dêr is in paradiis yn.
Stil is de nacht oer de fjilden; ’t Hinnekleed laeit ’er oer, En gjin krûden en blommen Kweekt mear dy deade natûr.
Mar as de brúntsjes sa boartsje Oer de frjeonlike mar, En as de mieden sa bloeije, O ja, den seinje wy hjar.
Yette, o stille Sint Steffen! Dyn beker fen wille rint oer, Mei in jongfaem oan de side By in foarâlderlik fjûr.
Dreamen fen himelske wille Walle út dy beker nou op. Siich mar ’ris del op myn skerte, Den is ús wille yn ’e top.
Skink my it glês ris, myn fanke! Fol fen dy goudene wyn; Dip ’er ris oan mei dyn mûlke, Smyt ’er in tútsje by yn.
“Bravo, master, sei de Jonker, “dat is in flesfol wirdich; drink mar ris tige; jy hoeve moarn net wer foar it boerdtsje to lêzen en to sjongen.”—“Hwet wierne jy do grien as gêrs, master,” sei Clare do.—“Ja, sei master, “mar wachtsje mar ris in pear ûre; den binne jimme foar middennacht ek al krekt gesteld as wy do wierne. Mar dy frijerij naem in droevich ein: hwent do wy yette in ûre ef hwet sitten hiene (it wier yn sa ’n fjúrherntsje efter yn it hûs, dêr ek wol spek yn rikke waerd), do hearden wy gedrús oan de skoarstien. De faem tochte, it koe wol foartsjirmerij wêze, omdet de boer praet hie, det de skoarstien sa âld waerd, det er hast wol omfalle koe, as der net yn foarsjoen waerd. En wylst wy dêr sa oer praetten, pof! dêr falt in smoarch ding troch de skoarstien, det it fjûr en de yeske oer it herntsje fleagen.”—“En hwet wier dat?”—“Ja, ik doar it hast net sizze: it wier in skjippepânse mei it kwea der yn, dat roun dêr oer de plaet. Dat wier dêr in boel! de faem wier neiby fen hjar sels, en in stôk siet op ’e doar; ik moast de finsters út om de bysfeinten nei to sitten; mar dy wierne al fier it fjild út, en it wier to tsjuster om dat folk to finen.
Do de boel hwet oprêdden en de faem hwet bidarre wier, do sei se: Dat is ús slachters soan, dy ús dat bakt hat; dy haw ik al ’ris blau jown en do hat hy my al wikt, det hy ús it libben lêstich meitsje scoe, astou wer by my kaemste. Do sei ik: Nou, dou haste nou kar; haste mear sin oan him, it stiet oan dy; en dêr sei sy neat op werom. Do bigrypte ik hwerom det se nin ja sizze woe, en ik kaem net wer. It wier oars sa ’n moai faem en dêr ek in goed hert yn siet, mar luftich en wif fen aerd, ien dy gau swinke koe. Tonei is hja al gau mei dy slachter troud, mar dat wier in swift; dy is op it oarlochskip gien, en liet hjar mei trije bern allinne sitte. Lange jierren tonei kaem hja alle nijjiers by my om in gave, mar de lêste kear do hja by my kaem, do seach se der út as in spoek; de lappen hingen om hjar forwile lea. Do kearde ik myn pong om en ik sei: hawar, dêr haste alles hwet ik by my haw; ik hoopje dy noait wer to sjen, en ik haw hjar noait werom sjoen. De earste jierren ear det ik troud wier, seach ik noait dat âlde hûs en dat poeltsje, ef it moed waerd my fol, en do haw ik ’er dit rymke yette op makke:
IT POELKE.
Oan ’t stille poelke wenne Myn famke gol en froed; Dêr boarten wy as berntsjes En mienden it sa goed.
En do wy greater waerden, Do swarde ik dêr in eed Fen iiv’ge ljeafde en trouwe, Fen trouwe yn dead en need.
En fen hjar roazelippen Kaem mannich wird sa swiet. Wy wisten fen nin skieden En songen mannich liet.
Dat âlde stille poelke, As ik dat yet ’ris sjen; Den tink ik oan de jierren, Do ’k boarte as in bern.
Den tink ik oan dy nachten Mei ’t famke oan myn hert, En dy tonei fortige As ’t byld fen leed en smert.
En lyk dyn weagen rôlje, Giet ek ús jonkheid foart. Ho lang is faek de smerte! De wille?—och, sa koart!”
Master Tsjerk.
“Jy rime ek oeral op, master,” sei de boer do. “Né, Ageboer, wier it antwird, “mar hwer it hert fol fen is, dêr rint de mûle fen oer. As jy my in ding opjane, dat my net oangiet, dêr kin ik neat op meitsje; mar as der hwet foarfalt, dat my by it hert nimt, dêr moat ik op rime omtrint eft ik wol ef net, sa is dat dêr mei.”—“Nou, sei de Jonker, “it fortret my net, master; drink mar sa folle as jo lêst.”—“It seit bêst, Jonker men seit dochs, det ’er for elts fatsoenlik man deis in flesfol groeit, mar den wit ik wol, det it danich ongelyk fordeeld wirdt,” en sa praette master mar foart. Einlinge gong it geselskip foart en de Jonker en syn Clare bleauwen yette hwet neisitten, en hâldden op syn âldfrysk Sint Steffen, lyk as de dichter seit:
Stjerren blinke, wyntsjes swije En natûr laeit yn ’e slom. ’t Is de stille nacht fen ’t frijen; Kom, myn ljeave famke, kom!
Hwet dêr yn dy nacht ôfpraet waerd, kin immen licht tinke, dy wit ho forljeafde jongeljue om ’t hert binne. ’t Kin ús ek net frjemd tinke, det hja oan inoar bisteld rekken. Yn de neinacht joech de Jonker hjar in gouden ring mei syn wapen derop, en frege hjar, eft sy him bilove woe, gjin frijer to nimmen, sa lang as hy sels dy ring fen hjar ôfhelle. “Ja, sei Clare, dat kin ik maklik dwaen, hwent der komt dochs noait ien, dêr ik sa folle sin oan hawwe kin as oan jo,” en do foel hy hjar om de hals. Einlinge moasten hja skiede;—doch hja hiene earst yette in avontûr.
De feint Douwe siet efter yn it bûthûs yn sa’n herntsje by in ljochtsje, dy moast op in kou passe. En do kamen der strúnders op dat ljochtsje ta, en dy bounen stil in kjessensloop, dêr in libben kat yn siet, oan de klink fen de bûthûsdoar, en do rounen hja foart. Douwe siet to slûgjen, mar do dy kat bigoun to âljen en to rinkeljen mei de doarsklink, waerd de feint wekker; dy tocht dalik om spoken en roun sa hird as hy koe nei de Jonker ta, mei in kleur as in wytling, en hy koe mar just sizze hwet ’er wier. Nou, de jonge ljue lakene hwet en gongen mei. De Jonker skoerde de doar op en do rôlle dat boeltsje oer de bûthûsflier. Hy scoe it der bûten skoppe, mar do sei Douwe: “Stil, mynhear, ik scil it skynsel oansprekke.”—Hy naem de hoed fen de holle en sei: “Biste fen de Heare, sa sprek! mar biste fen de kweade, sa fortrek! En hy gong ek wei, hwent de Jonker snie in gat yn it sloop, en poeske seach om in hinnekommen. Dêr waerd hertlik om lake. Douwe krige in tige glês wyn for de skrik; de Jonker brocht syn faem nei hûs, en do wier Sint Steffen bisjoen.—Lang siet er yet ’ris nei to tinken oer ’tjinge er dien hie. It wier wol bitocht dat bislút for syn libben. Do sliepte er yn, lyk as in jong minske, dy gelokkich is, mar sliepe kin. En det hy syn bislút folbrocht as in âlde Fries, dy by syn wird stiet, scil it ein fen dit forhael leare.
De oare deis tsjin âlven kaem Christiaan, de feint, om de Jonker ôf to heljen. De wyn wier om en it wier teiwaer wirden. Hja namen in hastige mieltiid; de Jonker pakte syn dûkaten yn in pong en joech se de feint op de rêch. Nou naem hy ôfskied fen de âlde ljue en Clare waerd net forgetten. Hja hie wirk, om hjar triennen to forbergjen, en koe gjin wirden mear uterje, en do mar foart. Mar hy hie de foarige joun mei master ôfspritsen, det hy oan him skriuwe scoe, en dy brieven moast master den bisoargje oan Clare.
Do hja op ’e redens stiene, sei Christiaan: “Nou moatte wy even to Terherne oan by Bokke; dêr moat it der nuver hinne lizze, hawwe se my niis forhelle.” Nou ja, dêr rieden hja den by de Brette Poask oan. De kastelein hie de sliepmûtse yet op, en dy rêdde de boel sa hwet oan; der wier hast nin rút mear heel yn de keamer, mar de man wier frjeonlik en wol to moed. “Dat stiet ’er hjir nuver by, Bokke!”—“Ja, mar for my goed, sei de kastelein; hwent ik haw it mei goede ljue to dwaen; mar dy minsken drinke sa troch in dei neat as sûpe en kâld wetter, mar hjir wirdt oar gûd tape, en den skynt dy wenst der sa yn to sitten, det hja it drinke as sûpe. Sa lang as de fammen der by bleauwen, gong it ljeaf en aerdich; do wier it in foarspiltsje fen it houlik, dounsje en patsje.” Soa, sei de Jonker, tink’ jy der sa oer, Bokke.” “Ja, mynhear, earst den springe se wakker tsjin elkoarren op; mar dy den sa stil by elkoarren hokje en hjar del jane yn in hoekje, dy krij ik ornaris net faek wer; dat binne meast gûds for de preekstoel, dat is de foarbode fen it trouwen. Nou, do de fammen foart wierne, do hawwe hja it loailekkerlân fortoand; earst hawwe hja omtrint in hântsjettel fol brij hawn yn in brokaed; dêr ieten se yn om, mar hja koene it net op; dat wier om de brijberch to fortoanen; do oan it pankoekbakken, en do hellen hja in greate tûke, dy hja út in apelbeam seagen, en dêr hongen hja de pankoeken yn. Nou, in baerch koe ik net briede, mar ik lei hjar in rie skinke, dy droech wier, op ’e tafel, en dêr stiek it mês yn, en dat wier raek: hwent dêr brea by, dêr waerden hja wer nofteren fen. Hja smieten alles troch de glêzen; ien kearde de pong mei jild om op ’e flier, en de stûrkes en dûbeltsjes treau hy troch de skreven fen de flier; hy woe mei it lytsjild gjin gemael hawwe. Nuver is it gien; de oaljekoeken spikeren hja oan de bêdsiggen en dêr bieten se den út; hja hawwe net loai west, dat sjen’ jy, mar ik scil net loai wêze mei skriuwen. Ik haw de adstint fen Aldeboarn hjir fen de moarn ek al hawn; de Grytman woe witte hwa de ljue wierne, mar ik sei: det it alles gien wier nei myn sin, en hja mochten gjin glêzen ynslaen fen bûten, dat is strjitskeinderij, mar útslaen, dat stiet nearne biskreaun det it forbean is.
“Us âlde Grytman is oars in string rjuchter. It is foar jierren bard, det it jongfolk yn Aldeboarn sa’n nij wipbrêchje, dat oer de Boarn makke wier, optilden en den mei geweld wer falle lieten. Twa wierne der mei to wirk, dêr komt de wacht op ta, en dy gripe ien en bringe him nei it wearhûs (sa neame se it rjuchtshûs te Boarn). De oare moarns kaem de Grytman by dy feint en dy bikende dalik skild. Hy moast syn baitsjen úttsjen en de grytman liet him dalik fiifentweintich slaggen mei in twinter bollepyst jaen, en him trije goune boete bitelje; mar de oare scil noait wer yn Boarn komme, leau ik; dy hjitte se yet altiid Auke-flucht; dy is it ontflucht en wennet nou yn in oare gritenij.”
[Yllustraasje: LOAILEKKERLAN YN ’E “BRETTE POASK”.]
Nei dat forhaeltsje gongen ús ljue wer op reis, en rieden yn ien azem nei Ljouwert ta. Dêr wenne in Notaris, dy fen de Jonker syn famylje wier, en dêr hja folle mei út to stean hiene. Hjir forhelle hy syn fynst fen de dukaten en levere dy oer, om se op yntressen sette to litten. Mar ho nuver seach de Jonker op, det dy man der fen wiste. Hy helle in tromp út de kast mei in eigenhandich testamint fen syn oarreheit, dêr hy nei neamd wier, mei wol fyftich losse briefkes fen jild, dat de âld man opsketten hie oan fortroude minsken. Dy wierne wol tritich tûzen goune wirdich, en de dukaten stiene dêr ek al yn biskreaun mei de boerepleats. Dy dukaten hie de man al griisd, det dy dêr sa rinteleas lizze scoene, mar de âld man hie it sa bisteld, det hy moast it him net earder sizze foar det de Jonker fiifentweintich jier âld wier. Dêrom scoe hy him ek skreaun hawwe, as hy net komd wier.
Do de Jonker en de feint de jouns op it Slot kamen, do wierne de âlde ljue earst al bliid. De earste fraech wier gau nei de ljeave nicht Juliane, mar dêr makke de Jonker net folle fen. Do foroaren de gesichten al hwet; mar do de Jonker forhelle fen dat testamint ef codicil en dy greate slompe jild, do waerden hja sa kâld as iis. It ienichste dat de Grietman sei, wier, det hy him al forwondere hie, hwer eft al dat goudjild en dy losse obligaesjes bleaun wierne, do de âld man stoar. Nou, it wier yn bihâlden hânnen, en hy winske de soan ’er segen mei, mar hy hie it ljeaver sels yn it laedtsje stritsen.
De Jonker bleau net langer mear op it Slot, mar teach nei Frentsjer, en studearre sa mei iver, det hy yn de foarsimmer as Doctor yn de rjuchten wer by syn âlders thús kaem, ta greate blydskip fen syn folk, en syn ienichste sister, dy sa folle fen him hâldde, en hy net minder fen hjar. Dy wier folletiids hwet swakkelik en frij hwet âlder as hy, en den hie hy yette in broer, dy wier hopman ef ritmaster by de ruterije en folletiids yn it fjild.
Mar wylst hy to Frentsjer wier, forgeat hy syn Clare net, mar ried faek tsjin de nacht op it hynzer nei hjar ta, en omdet hy it lêste ein to foet gean moast, den gong hy folle by master oan.
Dy fortrette dat net, al moast hy yn de neare nacht ta it bêd út; dy wier it libben dêr dochs to ientoanich, en den hearde hy hwet nijs. Age-boer, de heit fen Clare, fortrette dat wol: “hwent, sei de man tsjin de Jonker, “ik tochte det it mar in Sint Steffen grap mei jimme west hie, mar it is eft jimme alleheel en al forslingerje op elkoarren. En dat kin ommers neat wirde, man? Ik mei graech oer jou selskip, Jonker, mar jy moatte dy frijerij opjaen; dat is net yn jou stân, en dêrom siz ik jo de hilde op.”—“Dêr komm’ jy to let mei, Age-boer, wier it antwird; hwent wy hawwe al lang boaske. Clare wirdt myn wiif en ik jou bûrman takommende jier by wolwêzen.”—“Ik bin der net greatsk op, Jonker, sei de boer werom; mar as dat jimme bislút is, hwet scil ik deroan dwaen? As ik witten hie, det jy in lichtfeardich man west hiene, den hie ik jo myn hiem forbean; mar ús master Tsjerk hie to Ljouwert west by jou feint Christiaan, en dy hie him ûnder in glês wyn alles forhelle, hwet er fen jo wiste. Ik hie oars ljeaver sjoen, det sy in boer krige hie: hwent sy hat sa folle fen hjar mem erfd, det se wol in pleats hiere koe, ja wol heal keapje; en ik lit hjar net trouwe, ef it moat jou âlden ek nei it sin wêze; dêr moatt’ jy op rekkenje, Jonker.”—“Ik bin myn eigen man, sei de Jonker; ik flean út myn eigen fearren; mar as it sa fier komt, scil ik wol swart op wyt krije, fortrou dêr mar op. Wier Clare ek in boerefaem wêst, dy neat leard hie, den hie it ek better wêst, det hja in boer krige, mar hja stiket boppe oaren út, en hat sa folle leard, folle mear as mannich jiffer, dy ’er greatsk op is, en dat is sy net, en dêrby hat sy in foarrjucht, det hja soun en sterk is, en dat is in ding, dêr ik mear op let as folle jonge minsken. As ik foarôf birekkenje koe, det Clare in spoennen doaze wier, dy altyd mei de dokters en masters by elkoarren hâlden wirde moast, den woe ik hjar net hawn hawwe, al hie ik noch sa’n sin oan hjar hawn; sa folle macht scoe ik wol oer my sels hawn hawwe. Ik wit wol, det ik hoon en smaed my op de hals helje scil fen myn âlders en binamme fen myn âldehear; ik wit wol, det alle Jonkers en Freules fen Fryslân my útlaeitsje scille, mar ik steur my nearne oan. Dêr ik myn libben mei trochbringe moat en swiet en sûr mei opnimme, dy wol ik my sels útkieze; en om dy falske forachting fen de wrâld to ontgean, wol ik hjir op de Wieren wenje as heareboer, en my it libben sa noflik meitsje as ik kin.”
De boer hearde al nuver op, mar dy tochte: as men de dochters sa mar yn it helter ôfleverje kin, den komt men ’er makliker nôch ôf, en dy bikreunde him ek net folle mear der oer. De Jonker kaem sa faek by syn fryster as him goed tochte: hy gong by syn frjeon de Domenij fen Toppenhuzen út fen hûs, wylst Clare dêr by hjar omke thús wier, en den hiene hja folle wille yn de pastorije. By omke gong it alles op syn âld frysk ta; dy woun nearne doekjes om, en hy hie moaije forteltsjes en sankjes, en dy wist Clare der altiden út to lokjen. Ien âld sankje hat de Jonker do yette útskreaun, sa goed as hy koe, en dat song hy, det allegearre skatteren fen laeitsjen.
IT FEINTSJE RINSE.
Der wier sa’n feintsje Rinse, Dy koe ’t sa mâl bitinse; Dy frege de faem, ho sy it naem, Det hy ’ris by hjar kaem.
’t Is goed, sei de faem; ’k Moat earst nei hûs ta jaskje, En ’k moat myn skûtels waskje; Ik haw in skerteldoek, wyt en fyn, Dy hinget yn de rein en wyn, En dy moat ik helje yn.
En Tryn en Ulbe kreamer Dy dounsen al sa fel; Ik tocht dêr bruit de keamer Mei hjar fen boppen del.
Do kamen fankes út de stêd; It dounsjen stie hjar al sa glêd; Hja smieten de afterste om sa gnap; En ’k tochte, ik laeits my slap.
Do hien’ hja yet in spylman brek, Do hellen hja sa’n dronken gek; Dy spile op in bûterlaed: Rounom ticht en nearne in naed. etc. etc.
“Foi, sei it wiif, “hâld mar op; men scoe yen skamje for Domenij.”—“Hâld dy mar stil, sei de boer; doste jong wierste, wierste ek neat wizer as wy allegearre; en Domenij’s binne ek al net fen kalk en stien. Witst’ dat wol, wiif? En onnoazele grappen dêr scil ús harder gjin boas yn fine”.
It folgjende jier wier it gelokkichste fen de Jonker syn libben. De krysttiid en Sint Steffen brocht hy do by syn âlders op it Slot troch, mar hie dy wille net, dy er op de Wieren hawn hie. De jiffer Juliane wier by syn sister út fen hûs, en ho de âlders ek hjar bêst diene, om dy jonge ljue oan elkoarren to krijen, de Jonker wier yette kâlder en ôfkeariger as it foargeande jier to Langwaer. It wier den ek al trochlykt op it Slot, det de Jonker om in boeredochter frijde, dy neist syn eigen pleats wenne: hwent dat roun as diggelfjûr troch it lân. En omdet Christiaan forskate brieven oan master bisoarge hie, sa waerd dy sa lang perse, det hy ’er alles útflapte; mar hy sei ’er altyd by: “de Jonker hat in faem útsocht, sa as ik noait ien sjoen haw: it is in byld fen oansjen, en fen reden en biskeid as de bêste jiffer fen it lân.”
Do spriek de Grytman de Jonker oan en sei: “hwet hear ik? hastou in boeredochter, dêrste mei frijste? dat scil wis wol in studintegrap wêze, net?”—“Né, heit, it is gjin studintegrap, mar it is tinken, earnstich tinken, sei de Jonker op in plechtige toan; “ik haw dy faem nou al oer it jier kend: ik haw hjar deugden rommen heard en sels kennen leard; ik bin forljeafd oan hjar; wy hawwe elkoarren trouwe sward; ik wist, det ik myn âlders, de hele adel en alles tsjin my hie, mar ik haw myn hert en sin der op set, en der is neat oan to foroarjen. Ik wird boer op myn eigen pleats en ik haw sa folle ynkommen, det ik as frijhear libje kin. Ik scil my ôfsonderje fen de wrâld, dy my forachtsje mei: sa steane de prikken nou yn ’t wirk”.
De Grytman wier razend en sei: “Haw ik dy dêrom Doctor yn de rjuchten meitsje litten, om tonei de kij nei to rinnen, en dyn edel bloed to formingen mei in boere hoatske? Ja, ’t is wier, dou biste dyn eigen man nou; dou kinste dwaen hwetste wolste; dêr hat de âlde man for soarge; mar as hy dat witten hie, den hie hy it ljeaver oan de earmen jown. O, as dy ’ris wer opseach!”—“En ik hoopje net, det jy ef immen skande oan my bilibje scille, sei de jonker; sit it gelok den yn jild, steat ef greatens? Wolle jy my net graech gelokkich sjen? En mei ik dêrta myn eigen kar net hawwe? Ik wol jou namme en ús adel eare oandwaen troch dieden, dy jo mear wille bisoargje kinne, as det ik my oan in oar koppelje liet.”
Doch hwet de Jonker ek sizze mocht, hja skaetten as fyanden, dat de soan yette hirder foel as de faer. En omdet hy nou dochs nin heul mear op it Slot hie, gong er wer nei Clare ta en forhelle, ho det it him op it Slot forgien wier. Clare wier bidrukt; mar hja bitroude op it wird fen de Jonker, en as dy by hjar wier, den wier gau alles forgetten. Mar Age-boer tocht, det it better wier, det it mar ophâldde: “hwent, sei er, ik wol de greate ljue net oan de hals hawwe; dy hingje allegearre oan elkoarren, en as ’er den in pleats to forhieren is, den kinne myn bern efter de doar stean. Dêrom wol ik, lyk as ik sein haw, swart op wyt hawwe, det de âlde ljue it tasteane, en oars stean ik it ek net ta.” Sa woene de jonge ljue ek ljeaver as hjar rjucht brûke. Do sieten de hannen al hwet yn it hier. Dat hearde master Tsjerk ek; dy praette der ’ris oer mei syn âlde frjeon, de Domenij fen Raerd, en dy âlde hear sei: as jy my net neame, den leau ik, det ik jo helpe kin. En do forhelle Domenij it folgjende.
“Myn earste birop wier op in lyts doarp tichte by it Slot, dêr dy Grytman wennet, en dy wier do yet net troud. Wy waerden ek al ridlik gau greate frjeonen. It wier oars in goed man, mar as hy in ding sein ef bigrepen hie, den wier hy onbigryplyke stiifhollich en hy sette troch. Hy wier in great frjeon fen de jacht, en hâldde ek swannen. In pear fen dy swannen nestelen folle by in boerepleats, dy hy fen syn mem erfd hie; dy wier jong stoarn. Nou, dy swannen dy lieten den hjar pylken dêr wol ’ris falle, en dy moasten de jonges him allegearre werom bringe; dêr skreau hy mei; mar nou wol it gefal, det ien fen dy jonges in pear fen dy pylken forkoft hie oan in skoaljonge, en dat stiek him al. Mar op in moarntiid ier seach hy, det dy boerejonge dy pylken opsochte ek by it Slot, en do wirdde er sa razend, det hy hiset dat jonkje ien fen syn kweade patryshounen oan, en dat jonkje wier sa forheard, det hy fleach troch alle sleatten hinne nei hûs ta. Hy wier healdea fen skrik en kjeld, en moast forskate dagen op bêd lizze. De boer, dat oars in goed man wier, hie dêr fryhwet oer to sizzen, en dy waerd dêr op it Slot ontbean. Dêr waerd dy goede sêftsinnige man danich útheuvele. Earst sei de man, det hy it net witten hie, det dy jonge der op út gong; mar dat wirdde him ligen hieten. Dat wier to folle for in earlik man; en hy sei nou rounút, det hy om al it jild fen mynhear net lige woe, lit stean om in pear swannepylken. Hy hie net tocht, det mynhear sa bernachtig wier.
Do sei de Grytman him de pleats op, en sei: dou gieste Maeije fen de pleats ôf, den is dyn tiid dochs om; den kinste om in oar hinnekommen siikje mei dyn bargeteam. Dêr bidoelde hy syn wiif en njoggen bern mei. De boer, dy wol wiste, det de Grytman syn wirden net gau werom helle, wier forslein; dochs hy wiste ek, det ik yet al folle by him útrjochtsje koe; dêrom wier de earste rin al gau nei my ta, en do skreau ik in brief oan de Grytman. Ik drukte him syn onrjucht sa goed op it gewisse as ik koe en joech de boer de rie, om ’er it wiif mei nei him ta to stjûren, om it meilijen hwet mear geande to meitsjen. Mar do dat minske mei dy brief kaem, wier hy noch allike noartich, en do hy dy brief lêzen hie, naem hy de pin en skreau der ûnder:
Nul op het request. Decretum est.
Hy sei: jaen dy brief mar oan Domenij werom, en siz, det hy preekje moat, mar gjin brieven for in oar skriuwe. It wyfke joech de brief werom en dy is noch ûnder myn birêstinge. Mar dy boer wier skjin forlegen mei syn great húsgesin. Hy teach de stoute skoen oan en gong yet ’ris nei de Grytman, om de pleats to minsten for in jier to hieren; mar de Grytman wier net to forbidden. De boer gong mistreastich de homei fen it Slot út, mar kaem net wer by syn wiif en berntsjes yn hûs: hwent do it dei wier, do founen se him dea yn de grêft fen it Slot fordronken. Elk wier yn it hert bigien mei dat útein fen dy goede man. Mar it wier in angel for de Grytman; dy kaem men yn wiken net to sjen. Hy is do tonei gau troud, en it gêrs is oer it grêf groeid, dêr de boer laeit, mar hy stiet faek yette as in driigjend spoek yn de gedachten fen syn tiran. Dêr is dy brief, sei Domenij, en as jy him dy toane, den scil hy wol dwaen, hwet jy wolle, ef hy moast fen izer wêze. Lykwol, as it net helpt, siz den mar, det jy mear fen him witte; mar dêr moat it net ta komme.”
Master Tsjerk makke nou in moai geskrift op segel: hy teach syn bêste pakje oan en gong bûten witten fen de Jonker nei syn faer de Grytman op reis, earst to foet nei Ljouwert, en do yn it skip nei Dokkum.
Dêr siet hy allinne yn mei in moaije jonge jiffer; dy sei earst net folle, mar master tochte, dou scilste dochs prate; en dat lokte him ek al ridlik gau. Do dy jiffer mirk, det dy man wakker bilêzen en sa deftich yn syn praet wier, krekt eft hy in man fen rang wier, do waerd sy ek al rju iepenhertich yn hjar praet, binamen do hja fornaem det hy de skoalmaster fen Tersoal wier. Do wier de frage al gau, eft hy ek heard hie, det dêr in Jonker frijde om in boeredochter. “Ja, sei master, “ik ken hjar beide skoan en dat hoopje ik scil wol gau ta trouwen komme.” Do krige dy jiffer in kleur en sei, det it dochs hwet nuver for in jong man fen dy stân en geboarte wier, om in boeredochter to trouwen. “Ja mar, sei master, is it net folle better, det de Jonker nou in boeredochter trout as det hy ien fen syn gelikens nimt, dy folle jild hat en dêrby fen den adel is, en det hy, as hy den troud wier, mear sin oan dy boeredochter hie?” Nou, dat koe se net ontkenne, en do forhelle master alles hwet hy wiste fen Clare, ho det hy hjar fen bern ôf opfokke hie en hwet hja leard hie. Sjongen en dounsjen, sei master, kin hja net folle; mar for in jongman, dy gefoel hat, is it sjongen fen in ienfâldich widzelietsje fen syn jong wiif for de ljeafling fen hjar hert, ef it earste healmûlige praet, it earste stappen fen syn lytse bern oan de hân fen de mem, fol wille en forrukking,—is dat alles, siz ik, for sa ’n man net mear wirdich as al it sjongen en dounsjen fen de greate wrâld? It earste is natûr, it lêste kinst. Moat den in edelman de minske en de natûr ôfswarre? Mei er syn sin en kar net folgje lyk as in oar? Den wier er in ongelokkich minske. Den moast er syn gelok en winsken oan syn steat en stân opofferje en dat scoe dochs to slim wêze; binamen as er sa ’n juweel fen in faem kriget as Clare is.”
Lykwol, de jiffer hâldde it mar fol, det it wier net nei syn stân en geboarte. “Nou, sei master dêrop, “it skeelt yette sa folle net as Esther en de greate keuning Ashasverus; en hwet dy hege stân oanbilanget, dêr ken ik ek fen prate. Ik haw twa jier by mynhear Aylva yn den Haech west as klerk; dêr hie ik it folle better as de hear dy ik tsjinne; ik hie in libben sa as ik it winskje koe, fen it bêste iten, en wyn koe ik alle dagen in flesfol krije, as it my lêstte; mar och, dy greatens is sa kâld; ’t wier myn wrâld net; de trek nei Fryslân wier ek al to great; ik koe it net langer hirde. Mar dy greate ljue dy biklei ik, hwent dy skeppe hjar sels in God, en dy dêr tsjin sondiget, dy is út de Synagoge; en dy God is de mode, dy hjar wetten en bânnen opleit, folle slimmer as dy yn bibel en testamint biskreaun steane.” Do sei de jiffer net folle mear; hja stapte ûnderweis ta it skip út. Tonei hearde master, det it de jiffer Juliane west wier, dy neijerhân dochs to trouwen rekke oan in foarnaem Hollânner.
Master kaem de jouns op it Slot en krige earst de âlde frou to wirden; dy wier heel frjeonlik, en do master hjar syn foarnimmen forhelle en sa folle goeds fen Clare sei, do wier hja wakker bigearich om hjar ris to sjen. Mar dat mocht hjar yn lang net barre, lyk as wy sjen scille. Hwent do de Grytman thús kaem en master hearde, do wier de man earst yet al frjeonlik, mar om syn tastimming to jaen ef to teikenjen, dat like him net. Master wier lykwol net forslein, mar rôp him apart en sei: “Mynhear, ik haw in geheim yn myn geheugen, dat jo bitreft; as jy net teikenje wolle, den scil dat geheim, dêr ik it bewiis fen yn ’e bûse haw, gjin geheim mear bliuwe;” en do liet hy him dy brief sjen. Do sonk de man omtrint yn elkoarren: de wroeging, de skamte stie op syn troanje. Master sei: “as jy teikenje, den is dat geheim en dy brief jins allinne, mar oars——.” Nou, hy stie op, gong nei de frou en kaem mei de beide hânteikeningen werom, en sei: “Hawar, master, nou kin hy dwaen hwet hy wol; mar ik hoopje, det hy noait wer ûnder myn eagen komt.”—“En ik hoopje, mynhear, det dizze wirden jo birouwe scille, en det jou winsk net neikomme mei, mar det de Jonker yette in steun fen de âlde dei for mynhear wirde mei. It is jou bern, en jy meije jou steat en stân net ljeaver hawwe as jou bern, dat njunke jo neat misdien hat, omdet syn sin fallen is op in jongfaem, dy better is as folle hege jiffers. Fordylgje nou dy brief, en it geheim is yn it grêf; dêr is myn hân; jou eigen soan wit it net en scil it noait to witten komme.” Dat sinnige en forwondere de Grytman wakker. Master naem in frjeonlik ôfskied en wier de oare deis wer by de Jonker, dy frjemd opseach en bliid wier, det master him, bûten syn witten, de tastimming fen syn âlden bisoarge hie; mar ho hy dy hânteikeningen krige, dat sei hy net; dat scoe de Jonker ek mar sear dien hawwe.
Der wier de ljue nou net mear yn de wei. De âlde Piter-om en it wiif romden it hûs en gongen yn in keamer wenjen yn de bûrren. De Jonker liet yette in moaije keamer oan it hûs bouwe en hja trouden de Maeije dêroan.—As nou de greate ljue trouwe, den binne hja as de slobben: as de earke in wyfke foun hat nei syn sin, den giet hy der mei op ’e fljocht. Sa dwane de ljue yn dizze tiid; hja meitsje gau det hja út it gesicht fen hjar frjeonen wei komme, krekt eft hja in skelmstik bidreaun hawwe. Mar foar twahûndert jier wier brilloftsjen in plicht for dy it bitelje koe, en wier der neat, den waerd ’er al makke det it ’er kaem. Ho string en earnstich hja ek tochten, op in brillofte koe it mear lije; ja sels roun der hwet bygeloof by, det op in houwelik sûnder brilloft gjin segen folgje scoe. Us Hear sels hie hjar ommers foargien to Canaän!
Alle bûrljue en frjeonen waerden der by noade, en der waerd iten en drinken fen it bêste opdist; it gong alles hwet deftich ta. Master, dy der ek by wier, hie sa folle net to sizzen as oars wol: hwent as in man fen ûnderfining wier hy hwet stil for dizze kear, en siet sa hwet to tinken. Dêrom frege de Jonker him, hwet ’er oan skeelde.—“Ja, sei master, “’t is wier, ik siet sa hwet to tinken, Jonker. Mynhear Aylva, dêr ik by wenne haw yn den Haech, hearde my alle jounen psalmsjongen, en dêr skynde mynhear altyd gjin nocht oan to hawwen. Dêrom sei hy, det ik hie sa folle for myn plezier songen, nou moast ik it ek ’ris for syn plezier dwaen, en do lei hy my op, om de hele hûndert-njoggentjinde psalm út to sjongen. Dêr seach ik al droevich tsjin op, mar die it doch; mar dy lêste fersen do waerd ik hast moedleas. Nou, sa tinkt my, is immen, dy in houlik oangiet ek. As men dy lange psalm sjongt, den wit men hwet men krije scil; mar by it houlik net. Dêrom bin ik altyd hwet stil en neitinkend op in brillofte, en ho neijer my it jonge pear oan it hert laeit, nammers to slimmer is dat. Domenij moat nou it wird mar ris dwaen.” Dat die Domenij ek op in deftige wize: hy spriek it gelokkige pear moed, gelove en fortrouwen yn, en sei, det God sa’n houlik segenje scoe, as men Him foar eagen hâldde, en sels frede en freugde siikje woe op gjin oare paden as dy, hwerop se to finen wierne. Dêrnei sette hy sels Starter’s nije Brilloftsang yn, en songen hja allegearre:
Ghy, Vrienden van dit paer, soo wel vernoeghd, Dit paer, dat d’Opper-heer te saem heeft willen leyden, En niemant, als alleen de dood vermach te scheiden: Bereid u al te samen, om Den bruydt met haren Bruydegom Gheluck, voorspoed, vermaek en vreughd, Te wenschen met gheneughd.
Wenscht dat de liefd’, die ’t huwelijck begint, Duur tot de dood haers levensknoop ontbind. Dat Hemel, Aerd en Hel, eer menghel door malkander, Als dat haer liefd’ in haat, haar vreughd in rou verander, Dat sonder teghenspoed of druck, Onheylen, twist en ongeluck Sy moghen slyten haeren tijd, Van alle ramp bevrijd.
De Jonker waerd nou boer, en dat libben foldie him en syn Clare skoan. Mar hy waerd nin boer op en út; hy wier en bleau in frjeon fen de wittenskippen, dêr hy alle dagen wol fjouwer ûren mei siet; ef hy siet to praten mei syn wyfke, de master ef de Domenij. As hy útgong, den bleau hy yette altiten allike deftich yn klean en menearen; dêrom neamden hja him ek oeral de Jonkerboer. It ienichste, hweryn hy him fen in oar boer ûnderskaette, wier, det hy mei syn wiif en bern allinne iet: hwent, do hy bern krige, sparre hy nin moeite, om hjar op to fokjen as deftige minsken, mear edel yn dieden as yn de namme. Dêrom woe hy net hawwe, det se it rûge praet fen de boaden alle dagen hearden; mar dy boaden namen earder hwet oer fen hjar hear en master en de frou, en woene der dochs graech wenje. En Clare, howol se noait greatsk waerd, dêr gongen de rûge puntsjes fen it boerelibben ek al sa ôf, det, as hja yn de stêd ef oars by frjemde minsken kaem, den koe men hjar net ûnderskiede fen in edelfrou. Bihalven syn greate lust for de studie, hie de Jonker yn de simmertiid folle útspanning mei de fiskerije. Faek hie er den ’ris twa ef trije fen syn âlde akademie-frjeonen by him út fen hûs. Den bouden hja hjir ef dêr in tinte oan de Snitser mar; dêr gong de biker den lustich roun om de skûtel mei bears, dy se earst fongen en den siedden. Den hiene se plezier yn de frije loft, en net minder as de jachttiid oankaem. Reisgje diene de hearen do sa folle net; der wierne do sokke goede wegen en herbergen net, en men koe dy yette ek net goed bitrouwe. Dêrom wierne de minsken do ek mear, oan hûs en hiem forknocht, en dêrom sochten hja hjar plezier tichte by, wylst se de freugde yn hjar sels hiene.
Yn it forfolch krigen hja ek al forskate bern en dy groeiden op as roazen; koartom, de Jonker syn gelok hie folmakke west, mar it wier him in doarn yn it flêsk, det hy sa ôfskaet fen syn âlders libbe. Syn ienichste sister, dy altyd sa hwet omkwynde, mocht net by him komme, en hy net by hjar, en dat die him yn it hert sear; hwent dat wier syn hertlape. Soms krige hy to mûk yette in brief, mar dat waerd hjar ek al bilet. Syn broer wier altyd yn it oarlochsfjild en dêr krige hy selden birjocht fen.
Einlinge, neidet hy al fyftjin jier dêr sa as boer hinne libbe hie, en det hy al fiif bern hie, do krige hy birjocht, det syn broer, de hopman, werom út de kriich kaem, en dy biskaette him op de Alde Skou, hwer hy mei syn ruters by lâns komme moast; en dêr teach do de Jonker mei Clare en de twa âldste bern, Hedzer en Haukje, hinne mei in skipke.
Do hja dêr kamen, wier de herberge hast al fol, mar de kasteleinske brocht Clare by in âlde dame, dy allinne yn in keammerke siet, om op hjar man to wachtsjen, dy hjar brochte en nei in boer gien wier, dy dêr tichte by wenne. De Jonker en de âldste soan bleauwen op de wei om de ruters ôf to wachtsjen. De âlde frou en Clare rekken al dalik oan it praet, en do waerd der al gau ’ris frege, ho dat famke hjitte. Dy hjitte Aukje, sei Clare, mar dy wier oars Aurelia doopt. “En sa hjit ik ek”, sei de dame, en do helle hja dat famke oan. Dêrmei kaem Hedzer der yn en dy rôp: “Wy kinne de ruters al oankommen sjen: hja blaze al op de trompetten.” Do sprong hy wer út de keamer wei. “Dat is in skoane jonge”, sei de âlde frou; “ho hjit dy?”—“Dy hjit Hedzer, mar hy is Hector doopt,” sei Clare. It âlde minske seach raer op en waerd stil; hja seach Clare sa nij oan en sei: “Hwet is jou man den?”—“Dat is in boer,” wier it antwird, en sy sei de namme. Do foel hja Clare en hjar dochter om de hals, en hja wier sa oandien, det hja net prate koe. Clare koe dit net bigripe, omdet hja net wiste, det dit de mem fen hjar man wier. Dy oandwaninge lykwol foroare dalik yn de greatste blydskip. Koart dêrop kaem de Jonker der oan mei syn broer, de hopman, rûch yn it bird en mei in skriklike sabelhou yn ’e foarholle en mei in lofter houten hân. Dat joech wer in nije ontsteltenis. Mar de hopman brocht de ljue gau ta frolike sinnen: dy patte Clare, det it klapte. “Jandorie, broer, wat heb je een bol van een wijf opgezocht, en daar heb je al vijf kinders bij! Zij ziet er, mijn ziel, uit als een deern van vijfentwintig jaar. Als ik er zoo een nog vinden kan, dan neem ik ook nog eene. Maar wie wil mij hebben met mijn gekorven kop en mijn houten vlerk? Allons, broer! geef mij wat wijn, ik heb een dorst als een speenvarken.”
It dûrre net lang ef der kaem de âlde Grytman ek oan, en dy seach nuver op. De hopman joech him de hân, mar hy koe gjin wird uterje fen blydskip. De Jonker rikte him ek de hân ta, mar hy sei: “ik ken dy net.”—“To minsten jy wolle my net kenne, fader”, sei de Jonker. “Fyftjin jierren fen neitinken skine yette net genôch to wêzen, om jou hirde sin to formurwjen. Ik haw my sels neat to forwiten; ik bin in boer, mar ik freegje alle man ta getuge, eft ik net libbe haw, lyk it in edelman bitammet. Mar jy hawwe forkearde oanblazers hawn, dy myn wiif in kwea laster neijown hawwe. Mar ik haw noait nin greater segen fen God ontfinzen as dat wiif.” Lykwol de âlde bleau allike steech en wiste fen gjin bûgen; hy woe ’er syn Fryske kop tsjin sette.
Dat gong de hopman to fier: hy loek syn swird út de skie en sei: “Dat is het zwaard, daar ik mijn leven en mijn vaderland meê verdedigd heb; dat zwaard is mij heilig, en bij dat zwaard zweer ik bij dezen, dat ik geen voet over uw drempel zal zetten, vader! vóór dat gij mijn broeder de hand der verzoening gereikt hebt.” Dat wier to folle for de âlde Grytman; hy joech de Jonker de hân en de triennen rounen him oer de wangen. Yette blider wier de âlde dame, dy by Clare siet en nou sa yn iens twa soannen, in dochter en twa bernsbern foun en yn ’e earmen foel. Hiene de âlde Grou, de Boarn en Witering, dy by de Skou yn inoar stringelje, sprekke kind, hja scoene sein hawwe: sa ’n freugde hawwe wy hjir noait bilibbe.”
De hopman joech syn ruters in tige slok brandewyn; hy liet de trompetters Wilhelmus blaze, en sa teagen dy nei Ljouwert, en kamen dêr yn hjar winterkertier oan.
’t Dûrre net lang, ef de hopman mei syn iene houten hân gong út de tsjinst wei, en troude neijerhân de jiffer Juliane, dat nou in rike widdou wier mei twa bern, en dy der greatsk op wier, det hja in man krige, dy syn libben for it lân weage hie.
De Grytman hie de Jonker en Clare krêftich noade, om sa gau as hja koene by him oer to kommen.
De Jonker reisge ek al skielk mei syn húsgesin fen de Wieren ôf en nei it Slot ta, hwer hy syn ienichste sister foun, dy hy sa lang mist hie. Hja wierne yn ’e himel fen blydskip, do hja eltsoarren metten. En hwet it nuverste wier, de âlde Grytman hie sa folle mei Clare op, det it like, eft hy it onrjucht, dat er hjar oandien hie, mei al syn macht wer formoedsoene woe mei frjeonlikheit.
De Jonker waerd tonei Grytman, do de âlde minder waerd; en omdet hy him sels fornedere hie yn syn jonge jierren, sa waerd hy in forstânnich en goedhertich regent, wylst hy de neden fen de earme ljue en fen de boerestân better koe as mennich oare hearen fen syn ampt.
Syn neigeslacht is lange tyd yn eare west yn ús âld Fryslân.
En lange jierren tonei waerd de Krystjoun en Sint Steffen yn dit gelokkige húsgesin yn eare hâldden, en moast master Tsjerk den ek op it Slot komme, sa lang as hy reisgje koe.
MINNE JORRITS REIS.
MINNE JORRITS REIS NEI IT KOLLUMER OPROER YN 1797.
Laat dwazen om den vorm van ’t hoog bewind vrij kampen, Die ’t best gehandhaafd wordt, voorkomt het best ’s lands rampen.
Bilderdijk.
Lansljue!
It scoe lykje kinne, det ik mei it forhael yn dizze blêdden alle forbettering en foroaringe yn de steat fen ús lân as onnedich, ja sels as bilaeitsenswirdich yn it iepenbier ten toan stelle woe.
Né, it is my to dwaen, om ljue, dy nediger by hjar wirk binne, ôf to hâlden fen dingen, dêr hja gjin forstân fen hawwe; hwent hja binne dochs meastal to biskouwen as de smid, dy it gleone izer út it fjûr hellet, om mei swier wirk der in fatsoen oan to jaen, wylst in loaije mar slimme jonge oan de pûster stiet, om it fjûr oan to treasten.
It gemien stiet oan it ambyld en de greaten oan de pûster.
De forkiezingen binne nou hwet se wêze moatte. De deadsliep, dêr it folk tritich jier yn laein hat, is oer; der is libben yn ús folk komd, en dat is goed. Lit ús hoopje det it jinge yn oare lânnen mei bloed en geweld to rjuchte komt, hjir yn ús lân mei in sêfte en bidaerde sin yn it libben komme mei.
Der binne ljue genôch yn ús lân, dy graech seagen det jimme clubs oprjuchten, lyk as ’er ien yn dit boekje biskreaun stiet, en dy graech seagen det jimme de wevers en de skoenmakkers nei Ljouwert stjûrden, om yn de staten to sitten, en det jimme de boeren after it mjukskret wei hellen en yn den Haech brochten, om it lân mei to bistjûren, om sa dwaende de boel oer de kop to jeijen. Wêz’ foarsichtich! spegelje jimme oan de Bataefske republyk. It net fen aristocratie en fen nepotismus, dêr jimme sa lang ûnder biflapt west hawwe, is britsen; de tsjoele is stikken, mar de simmen wirde yet troch de machtigen fen it lân fêst hâlden. Fiskjes! stek net to fier yn it fjild, de snoeken loere yette.
Friezen! ik bin nou griis wirden; ik suchtsje mei jimme ûnder de twang fen forjierre ynstellingen en hege, hege lêsten, mar ik bin yette deselde as foar trije-en-tritich jier, do ik yn Heidelberch by de Burschenschaft mei fjûr en foarsje song:
“Und noch regt sich mit Adlers Schwung Der vaderländ’sche Geist, Und noch lebt die Begeisterung Die alle Ketten reisst.” 1851
Minne Jorrits wier in boeresoan, dy yn Goijengamieden wenne. Syn âlders wierne bêste, froede ljue fen de âlde styl, âld gereformeard en goed prinsgesind. Mar Minne wier troch it krantsjen, dat er folle die as er to Snits kaem, en binammen troch it praet fen Binnert-om, syn memme broer, dy to Drylst wenne, alleheel en al omkeard. Hwent de swimel fen it patriotismus hie him de holle op ’e rin brocht. Hy hearde fen frijcorpsen praten, en nou learde er yn it geheim it manuael mei it gewear fen in âld sergeant, dy to Snits fen syn pensioen libbe, sa goed as er koe, en om in sûpke to krijen, learde er skermjen en it gewear to hantearjen, ef hy snei pluggen en swikjes for de brouwers en skoenmakkers, ef hy stie oan de Houkesleat to angelfiskjen om in soadtsje. As Minne den by him kaem, den wier Ferdinant—sa hjitte dy âlde Waldecker—yn de wolken; hwent hy brocht ornaris in stik spek ef in timpe tsjiis mei. Nou, alle greate en gewichtige dingen bigjinne en eindigje mei de flesse. As in minske ommers for it earst yn de widze, ef for it lêst yn de kiste lein wirdt, de drank wirdt ’er seldsom by forgetten, en sa gong it ek mei de exercitie fen Ferdinant en Minne. Der waerd den jild op ’e tafel smiten, de flesse waerd pakt en den Ferdinant op in hountsjedraf nei frou Keidel, dy de Toppenhúster boeren Tryn Skjippetyk neamden, omdet hja sa roun en sa lyts wier as in boaits. Den sei Ferdinant altyd: “Puerfrauw, keef mij kouw voor sex daiten; die ferflugte rekruten! ik heb taar weer soon tomme poerepringel, die moet ik ’t manuaal leren, taar moet in slokje pij.”
“Ja, sei Tryn, dat scherpt it boereferstân wat op. It vaiderlân mut ferdedigd wudde, in as ien it hoár lere kin, dan bin jou it, buerman, dat weet ik.”
“Tat keloof ik, puerfrauw, wier it andert do, wie ich voor jaren meine compagnie exerciren lies, da klopte mir der prins von Waldeck op de schulder, ont sagte: Ha, mein braven scherjant, deine kerle exerciren wie die engel im Himmel.”
Do waerd ’er yet in mingelen yn de flesse getten, en den waerd it manuael leard, en stapt en laden en swinkt en laden en fjûrre, sa lang as der in drip yn de flesse wier, en Minne de positie net hâlde koe, en de tonge him dûbeld yn de mûle sloech. Mar Ferdinant wier neat oars oan to sjen, as det syn noas in kleur krige as in blije bellefleur-apel, en den song dy âlde Waldecker syn gewoan sankje:
“Es zogen drei regimenter wohl über dem Rhein, etc.”
Trije dagen nei it nije jier fen 1797 stoep Minne wer ta de doar út, en eft syn folk it him al ôfrette, eft syn mem de wetterlânners al opkamen, it holp neat, hy moast nei Ferdinant om syn leksom to heljen, en do er dêr fen dinne kaem, mei in jager op stôk, do lokke in goe’ frjeon him bûten de poarte fen Snits yn in vaderlandsche societeit, dy yn it geheim hâlden waerd, omdet der yet al frij hwette Oranjeljue yn Snits wennen, en oars hienen de Toppenhúster boeren der licht ek wol de kat ’ris yn smiten.
Yn dy club gong it der al nuver om ta. De president, in klokmakker út Snits, sloech mei de hammer op ’e tafel en rôp: “Stilte burgers! de hoeden af, klompen uet en de pruemkes weg. Ik ferklaar in den naam van de eene en onverdeelbare Bataafsche republiek de fergadering voor geopend; de frijheid of de guillotine! weg met de aristocraten! leve de republiek!”
Dêrop rôp de hele club Hoezee! dat it hûs dreunde. De secretaris lies de notulen fen de lêste forgaderinge; en do bigoun de klokmakker-praeses dizze koarte mar krêftige oanspraek:
“Burgers! gij allen sijt frij, maar sal die frijheid duurzaam weze, dan mut eerst it lan suwerd wurde fen aristocraten en Oranjekraaijers. Min must har de tongen to de hals uet haile, dat ze nooit weer die forfloekte kreet fan Oranje boven uetblettere konnen.”
“Dat sude in heel krewei wurde! foel him ien yn de reden; en ik bin der glad teugen, want wair suden myn kakynjes dan allegaair belande mutte, die ik alle dagen by duzenden maaik, as er so veul tongen toe de hals uet musten, want die mutte met de tonge opslikt wurde.”
“Swiich dou, met dyn kakynjes, en doen liever dat onfatsoenlijke pruemke uet dyn vreet!” snaude de president him ta.
“Ja, forfolge de man, die forflokte aristocraten! ik wude wel dat ze allegaair mar ien kop hadden.”
“En ikke niet, foel him in hoeddemakker yn de reden; “want ik hew er myn beste klanten onder, en ien hoofd daar kin gien winkel as mines fan bestaain.”—
“Swiich, burger! sei de praeses, swiich, en kom naderhan niet weer in de fergaderinge; de duwel mocht hier presidint weze, as min altyd in de reden fallen wurdt.
“Maar, forfolge de president, “der binne ook slymgasten of halve patriotten in onze fergadering, en die vrees ik meer as tien duzend prinselui buten de fergadering, al waren se zoo goed as oker; want die draeye met alle winen, en die kinne it lan nog verrade, en ten einde nou al die slymgasten uet ons fergaderingen te weren, zoo verzoeke wij alle burgers, die hier vergaderd binne, om te zweren, dat zij dat gehate en fervloekte hues van Oranje nooit ofte nimmer weêr in het lan roepe sille, en dat ze it vaderlan met goed en bloed ferdedigje sille.”
Nou frege Jan Rinkelman it wird, en dy sei: “Burgers! het voorstel, zoo even door de president gedaan, kan ik niet aan voldoen. Vechten ben ik bereid toe, mits op kosten van de republiek; ik ben zonder famielje. Maar hoewel ik het leven veil heb voor het vaderlan, zoo kan ik myn goed niet misse. Want ik hew een klein kapitaaltsje en daar wil ik mij voor in het gasthues kope, zoodra het vaderlan vrij is.”
“En ik swar net en ik fjucht net,” sei in boer, dy minnist wier.
Dy twa waerden for slymgasten forklearre en moasten de forgaderinge forlitte.
Mei sokke nuvere ynfallen dûrre dy oanspraek yet in healûre, en it is klear út dizze dingen to sjen, det der seldsom in patriot sa suver is, dy net in lyts hierke fen eigenbilang op de holle hat. Op it lêst frege de klokmakker-president eft der yet ek ien fen de burgers wier, dy it ien ef it oare foar to stellen hie. Do stoe der in grouwe boer út de Hommerts op en dy rôp:
“Ik heb nog in foorstel to dwaen.”
“It woord is aan den burger Tjipke Feikes, sei de president; stilte burgers!”
De burger brimde ’ris en swolge ’ris, en do sei er mei in bevende stimme: Ik heb namentlijk, burgers! in poest om iets ferroessele te laten, en derom sude ik dizze vergadering van burgers it foorslag dwaen om it tekkenflach, dat by mennichte út de sloten haald wurdt, by it leger van de Bataafsche republiek in te voeren en te bruken voor matrasten en dekens yn de brakken.”
Nou boarstte de hele forgadering út fen laeitsjen; bihalven de burger ef ljeaver de boer, dy it foarstel dien hie; hy forsloech ’er alleheel ûnder en winske heimelik det er mar stil yn de Hommerts bleaun wier by syn kij en skiep en wiif en bern.
Einlinge stie er in lang hear op, dat in doctor wier, in earste bysfeint, en dy der mar ’ris komd wier om it spil ’ris troch it gat to sjen, en dy patriotsje spile om de nocht. Dy striek syn hier to rjuchte en sette syn tsjokke das yn de hichte, en frege it wird, dat him dalik tastien waerd:
“Burgers! spriek er mei deftichheit, het voorstel, zoo even door ons geacht medelid, den burger Tjipke Feikes, uit de Hommerts, gedaan, hoewel niets dan eene groote bezuiniging bij het leger bedoelende en mitsdien niets dan zuivere vaderlandsliefde ademende, daar bezuiniging de eerste bron van staatsgeluk niet alleen daarstelt, maar ook van de dringendste noodzakelijkheid geworden is in deze republiek;—dit voorstel, hoe welgemeend dan ook, kan naar mijne wijze van zien niet in getreden worden, want het is bij de natuurkundigen wel bekend, dat onze sloten en stilstaande wateren van eene menigte ongedierte en ontelbare meer of minder bijtende en vergiftige insecten wemelen, welke ik in deze vergadering niet bij name zal behoeven te noemen, dewijl dit minder ter zake doet; maar waarvan men weet, dat zij jaarlijks hunne eijeren in dat dekenflag komen te leggen, welke later in diertjes van de zelfde venijnige eigenschappen zich ontwikkelen, en daar onze Bataafsche armee, volgens ingewonnen rapporten, reeds genoeg door allerhande soort van ongedierte geplaagd wordt, zoo acht ik het niet raadzaam, om deze stof in onze kazernen te brengen en ten gebruike in te voeren. Verre zij het evenwel van mij, om de welgemeendheid en den waren burgerzin van het voorstel te betwisten.
“En eindelijk verzoek ik den burger Tjipke Feikes, en allen wien zulks mogt aangaan, om zich in het vervolg, bij mogelijk voor te dragen voorstellen of bij het uitbrengen van adviezen, wel stiptelijk te houden aan het artikel van ons reglement, waarbij bepaald wordt, om in onze vergaderingen zich van de zuivere Nederduitsche taal alleen te bedienen.” Hwerop de president, dy der ek al frij hwet Snitsersk hakmak mei ûnder grjimmanke, sa read om ’e troanje waerd as in bûzekoal. Dy brocht it foarstel oer it tekkenflach al dalik yn omfrage, mar it waerd ôfstimd en lykwol wierne der yet al gekken, dy der foar stimden. De dokter die nou in foarstel, om Tjipke Feikes oan it hoofd fen in commissie to stellen, om to ûndersiikjen, yn ho fier it tekkenflach tsjinstich wêze koe for stoppen yn it kanon, ef as wirk, om de float fen de Bataefske republyk to brouwen. Dit foarstel waerd oannomd, en de commissie ek dalik oansteld. Omdet ’er nou neat mear oan de stôk wier, en de president de skram fen de dokter yet yn de mage siet, sa sloech er forheftich mei de hammer op ’e tafel en slútte de club.
Nou waerd ’er smookt en dronken, en elkoarren de holle hjit praet, de oranjeljue forwinske, en songen en rinkelroaid, in gat yn de nacht op. Einlinge om ien ûre yn de nacht, teach Minne heal salich op reis nei hûs ta, mei in laden roer op it skouder. Dy goede, bêste jonge, dy earst sêft en froed opbrocht wier, waerd troch dat patriotsjespyljen ek al drankswiet en forwyldere, en wier yn dy forgaderinge sa opfizele, det er de prins en syn hele famylje yn dy nacht wol mei syn eigen hânnen deije kind hie. En lykwol hiene dy minsken him noait nin strie oerdwers lein. Dêr stoep er hinne! It wier ien fen dy stille frjeonlike winternachten, as ’er nin fûgel mear heard wirdt, en alles yn in stille djippe sliep forsonken laeit. It ierdryk wier mei in tinne snie biditsen en op dy snie stie mansheech in kâlde, tichte mistdamp, dy alles hwet der ûnder stie onsichtber makke, en alles hwet er oan rekke mei in tsjokke rime biditsen hie, dat as sierlike fearren en franjes oan tûken en twiichjes hinge. De stille steatlike keuninginne fen de nacht, troch tûzenen stjerren as wachten omjown, dreau boppe yn de loft, om hjar ivige baen troch to rinnen, en dat hearlike toaniel to forljochtsjen.
Us jonge patriot stoep moedich it paed lâns, mar wier blyn en stom for de stille stimme fen de forhevene nachtlike natûr. Hy wier sûzich en troch dy gesprekken to forwyldere fen sinnen, om syn hert to forheffen ta de ivige oarsaek fen dit toaniel. Einling after in hikke forhefte in stille steile gestalte syn holle boppe de miste omheech. Sûnder bitinken rôp er: Werda! dat troch de stilte fen de nacht fier klonk! It skyn bleau stom, mar in lytse biweging fen de holle folge. Minne digere yet ’ris, en nou miende er det ’er in domenij after de hikke stoe mei in steek op, mei in wite bef foar, mar dêr wier it him to great ta. Nou rôp er dalik: ferdich, aan, vuur! Hy mikte en it roer gong ôf, en dêrop folge dalik in slach tsjin dy hikke oan, en do stauwen him de stikken hout om de earen, en de splinters foelen him op ’e klean. It wier syn bûrmans âlde swarte bles, dy flak foar de hikke stoe. Do hie er de earen for de rânnen fen de steek en de bles for in bef oansjoen. It beest forlear in ear fen de kop, en sloech yn de earste skrik de hikke yn grús, en fleach do as in koegel út in kanon, blazende en snuvende de finne op en del. Nou bigriep er syn mis-set dalik; hja neamden it âld sloof tonei altyd de prinseman sûnder earen, om Minne to húnjen; en as er dat tonei altyd hearre moast, den winske er wol, det de koegel it bist mar del lein hie, den wier it bidobbe en hy mei biteljen frij west; mar nou moast er it hearre sa lang as it bist libbe, en it roun for syn spektakel oan it paed. Hy slûpte nou stil troch skûrre en bûthús nei it milhûs, en it earste hwet him mette, wier de kat, dy him mei hjar sêfte siden om de skonken wreau en syn frjeonlik “uórre uórre” hearre liet. “Ja poes, sei er, “dou komst ek wol ’ris let thús, mar dat is net for frijheit en faderlân, mar for dyn eigen plezier;”—hwent hy wiste wol det er mis wier. Nou hie de feint toarst, en den dronk er ornaris kâlde kofje; mar de faem hie him to fiter hawn, en hie op de pleats, dêr it gewoanlik stoe, in pôt fol roetwetter, dat út de skoarstien dript wier, del set. Dat sette er forheftich oan de mûle, om syn hetsige mage to laven, en ear det hy it preau, hie er al trije greate swolgen nei binnen slein. Do hy it merkte, wier er razend. Hy smiet de pôt yn tûzen eleminten, en flokte sa ôfgryslik, as er oait in patriot sont Noächs tiden dien hie. Nou hong yn dat milhûs in ekster, dy praette en it hele húsgesin by de namme neame koe. Dy waerd troch dat geraes ek wekker, en dy rôp by tafal: Minne, Minne maet! Nou miende Minne yn syn heale rûs, det dit dier him biskrobbe, en hy snaude him ta: “Hâld de toet ju, dou snetterbek, ef ik scil dy ek sok gûd to drinken jaen. Men kin oan dyn giele bek wol sjen, detste ek al sa’n divelske prinseman biste. Men moast dy de stirt út it gat lûke en in kaem op ’e kop sette, en litte dy for in stûr op ’e merken bisjen.”
Do Gieltsjemoi, syn mem, dat geraes hearde,—hwent hja hie al lang wekker laein—formoanne se him om nei bêd to gean, “hwent, sei it sloof, de kij binne moarn nedich hoffene en stirtwosken to wirden, dat is alleheel en al oerkomd,” sei se.
“Stirtwaskje”, rôp Minne, “dat docht gjin patriot; mar de oranjeljue, de koppen to wasken mei it bloed fen aristocraten en de slymgasten, dat is it wirk fen in patriot. Pas jy mar op jins goudtsjeblommen, det dy net bifrieze; nacht mem! ik krûp op de bûthúsbalken.”
Sa libbe dat alle dagen hinne, mei ús patriot Minne. It wirk kearde hy de rêch ta, hy waerd lid fen it frijcorps, en as er thús kaem, den wier ’t rûzje mei syn âlders. Hwent de rûzje, dy yn de maetskippij wier, gong yn de húshâldingen oer, as hja yn sa’n hûs net allyk tochten oer de prins en ’t lân. En nou briek it Kollumer oproer los! In moaije gelegenheit for Minne, om syn moed ’ris sjen to litten, en syn âlders hûs, dêr hy dochs gjin frede mear foun, for in tiid alteast to skouderjen.
De Nationale Vergadering yn den Haech hie in commissie yn Fryslân oansteld, om de folkswapening mei kracht to bifoarderjen en troch to setten.
Dit gong yn Westergoa frij goed, mar yn Oostergoa, hwer de minsken mear oranjegesind wierne, roun dit sa flot net fen de tried. Yn Kollumerlân, it Burumerlân en yn de beide Dongeradelen kamen de ljue mar traech op, om hjar oan to jaen, ef as hja al kamen, joegen se forkearde nammen oan, om de boel yn de maling to bringen. Under oaren wier der in Abel Reitses, fen Monnikesyl, dy sette de hoarnen yn de wâl, en dy rôp mar net as Oranje-boven!
Op ’e tredde February fen it jier 1797 waerd Abel fen de witsjers oppakt, om nei it blokhús to Ljouwert brocht to wirden. Eerst waerd de man tige fêstboun en boeid nei Kollum brocht en den after de skoattels set. Nou roun heel Kollumersweach, Aldwâlde en Westergeast by hûnderten to heap, mei alderhânne moardridskip by hjar. Hja twongen alleman mei geweld, om mei hjar to gean, en kamen yn Kollum, en dêr twongen hja it bistjûr, om Abel Reitses los to litten. Hja filen syn boeijens los en twongen de siktaris de bilofte ôf, det er Abel noch nimmen oars oait ef immer wer oppakke scoe om dy saek, namentlik de Oranje-kraeijerij. De witsjers fluchtten nei Stroabos en dy stjûrden yn it geheim de commiis Leiber nei Ljouwert ta, om birjucht oan it bistjûr to jaen fen it oproer, dat der oan de gong wier.
De reisgers, dy mei it skip de jouns fen Stroabos nei Dokkum kamen, en dy ek al fen dy troepen folk sjoen hienen, forhellen dat ek al to Dokkum, en sa waerd dat gau ruchtbar yn de hele stêd. De boarger Hector Feugen, wier do commandant fen de gewapende macht yn Dockum, en dy liet dadelik in krychsrie bilizze.
Dy krychsrie wier gleon en praette nearne fen as fen strop en swird, en krûd en lead; mar de regearring fen Dockum wier bidaerder, en hie der net folle smucht op, om it bloed fen hjar brave boargerij op to offerjen for in saek, dêr hja mar heal klearrichheit fen hiene. Mar op it lêst sprong der ien fen dy hearen oerein, dat in echte patriot wier, en sei mei in krêftige stimme:
“Wat duwel, burgers, binne jimme ook vaderlanders? Halve patriotten, slymgasten binne jimme, as jimme in dizze saek niet deurtaste. Dockum wurdt nog in spot in spiktakel voor heel Fryslan, dat it nooit weest het, as jimme dat reau van Kollumerswaag niet te keer gane, in bij slot van rekening steke se Dockum nog op vier hoeken in de bran, in ons vrouwluden die hange se op!—nee, ophange? ville sille se ons nog, krekt as se hor oude peerten doene, dat prinsereau.”
“Ja burger, spriek do de boargemaster, late wy ons goed te wapen stelle, dan kenne wy dat hantsjefol boeren gerust voor de stad ofwachte, want in hon vecht nooit vuelder as op syn eigen hiem. Wy sille ons rattelwachts elk ook in geweer met kruud en lood geve.”
“Noeme jy dat in hantsjefol boeren, burger municipael? Ja wel, spriek de patriot do, duzenden binne al in de wapens, in eer dat 24 uren om binne, dan hewwe wy se al voor de stad as hagel en saad.”
Dy wirden holpene, en hja kamen ta it cordate bislút om 56 man skutterij mei in stik kanon, ûnder commando fen de stêdscommandant to stellen, en op de fyand los to gean. Folle fen dy Dockumer boargers wierne al hwette slim fen de bierbanken to rissen. It ôfskied gong ek net sûnder folle snikjen en sobjen fen de Dockumer frouljue, mar hja gongen der einlinge dochs manmoedich op los. Hie de achtbare rie fen Dockum der twa hûndert man mear hinne stjûrd, den hiene se net mei de hoas op ’e holle werom komd, en de saek hie mei in slach bislist west. Mar der siet yet ek al Oranjebloed yn Dockum, en as al it folk der út tein wier, den hiene se thús yet fen hjar eigen hounen biten wirden. De nachts om twa en trije ûre kaem dy troep to Kollum. Dêrnei kamen de commissarissen Ament en Germans út Ljouwert mei in mennich huzaren. De boarger Ament naem mei dizze troepen 66 man boeren yn Kollumersweach gefangen, en dizze hynstefilderstroep waerd to Kollum yn de tsjerke opsletten en mei in sterke wacht wol biwarre. Mar de oare deis briek it oproer wer los, en de Oranjeljue kamen by tûzenen der op ta. Luitenant Visser, dy mei in piquet Dockumer boargers op it Kollumer ferlaet stie, moast de flint skouwe, mar de commandant Feugen jage dat soadtsje mei it kanon wer afterút.
[Yllustraasje: DE KOLLUMERSWEACHSTERS YN ’E TSJERKE TO KOLLUM OPSLETTEN.]
Yn Kollum grypten de Oranjeljue wer moed. Hja bigounen op de Dockumers to fjûrjen en mei stiennen to smiten. Hja drongen troch, en forlosten hjar makkers wer út de tsjerke. Nou wier goe rie djûr. De representant Germans hie yette wol moed, mar it gefaer groeide oan. Do spriek de representant N. W. Keuning, fen Kollum, wirden, dy in Romein út âlde tiden him net hoefde to skamjen.
“Burgers van Dockum, spriek er, “ik prijs uwen moed, maar keert in Gods naam naar Dockum terug, en laat mij en mijn huisgezin aan het noodlot over. Het is beter dat ik alleen ongelukkig worde, dan dat gij u opofferen zoudt, om mij te beschermen en dat Dockum dus verloren zoude gaan.”
Nou teagen de Dockumers yn oarder wer nei hûs ta. Hja waerden fen ter siden al ’ris oanfallen, mar kamen dochs de jouns twiske saun en acht ûre bihâlden yn Dockum oan, meast mei greate blierren ûnder de foetten. Hwet wierne dy frouljue bliid. Hwent sy hiene tocht, det hjar manljue sa mar libbensliif nei de slachtbank gongen, en nou se hjar sa gau werom yn Dockum hiene, wierne se útlitten fen blydskip. De iene sei: “Biste daar, Koen? Min kin wel sien, daste in ’t fuer weest biste; dou siest er soo keerdelachtich uet.”
De oare rôp: “Biste daar weer, keuninkje? Dou suuste van aven riezenbrij met butter en suker hewwe, hoar hartsje!” en sobben en patten op hjar om, krekt eft se tsjin de swarten oan it fjuchten west hiene.
Do waerden de brêgen ophelle, de wachten útset en de skippen yn de grêft oan de stêdskant brocht, en mar koarte tiid dêrnei kaem de troep al mei hûnderten foar de stêd. Hja gûlden en swetsten wakker, en skeaten mei goezzeroeren, dy se de Damwâldster en Geastmer ljue ôfnomd hienen, en easken de stêd op; mar dit waerd mei it kanon fen it bolwirk biändere. Earst skeaten se troch it tek fen in skûrre after de herberge bûten de wâldpoarte, det de pannen rottelen, mar dêr hiene hja de gek mei. Do jagen de Dokkumers mei it kanon in druvetros yn dy heap, en do kaem der in gejammer fen och Heare, myn earme siele! dy earme halzen! en hja fleagen troch riden en sleatten, troch strûken en struwellen nei hûs ta, sa hird as se mar koene, en smieten hjar wapens wei. Yn Kollum wier it twiske beiden rou gien oer de patriotten. De boarger representant Keuning syn hûs waerd plondere en plôke. Yn de earste pleats moast de drank en it spek en flêsk der oan, wiif en bern waerden mishanle, de man sels fluchtte op it hea, fen it hea yn it hynsterib. Jan Binnes en syn maet Tsjibbele skeukten yn it bûthús en de hynstestâl roun, om him op to speuren. Do se tichte by dy hynstestâl kamen, sei Jan Binnes: “Hwer scoe de divel nou sitte, Tsjibbele?”
“Ik wit net, sei dy do, “mar ik tink det er yn de hoannebalken fen de skûrre sit, ef det er ta it tek út fluchte is; mar aste him nou yn ’e hânnen krigeste, hwet woeste den mei him dwaen, Jan?”
“Deije woe ik dy divelske patriot, deije woe ik him, wier it antwird; “earst woe ik him libben fille, den woe ik him it grim ta de bealch úthelje, den woe ik syn termen spinne as reap en meitsje der stroppen fen om al dy patriotten en lânopfretters fen Dockum en Ljouwert der oan op to hingjen.”
Dy dêr after it hea laei yn it hynsterib scil ek wol raer to moed west hawwe; lyk as wol stiet to tinken. Lykwol, hy kaem ’er mei de skrik ôf, hwent de stâl wier tsjuster en de hynzers stienen foar him to fretten. Jan Binnes sels kaem ’er tonei sa goed net ôf, lyk as wy neijer forhelje scille.
It kanonschot to Dockum hie fiif deaden en saun swiere gekwetsten makke. Chirurgyn Stelwagen en Doctor Visscher gongen nou bûten de poarte om dy earme liders to helpen en to treasten, sa goed as it hjar kinst meibrochte, en de oare deis waerden de deaden fen de famylje ôfhelle.
En sa roun it Kollumer oproer ten ein, mar nou teagen de troepen út Ljouwert, en dy waerden oanfierd troch de colonels van Slooten en Haije Beekkerk mei kapitein Groenia. Dizze troepen hiene neat út to rjochtsjen as to iten en to drinken, hwent de boeren wierne wer yn de skulp krûpt. Hja teagen troch de wâlden en baeiden troch de klaei fen de Dongeradelen, seagen de deizen, skoarstiennen en wynkelders fen de Oranjeljue naukeurich nei, en treauwen mennich patriotske tútsjes op Oranjemûltsjes, en teagen yn frede werom nei Ljouwert, hwer det se op de fraterniteit tractearre waerden op tsjiis en brea, en spielden de mûlen lustich om mei wetter dat troch in stôk roun wier.
Nou wier it Kollumer oproer ôfroun, mar de gefolgen yette net. De neismerte wier min for folle minsken. It giseljen wier do oan de oarder fen de dei. Great tachtich minsken waerden yn it blokhûs set, ljue fen alle stânnen, dêr mar in rookje fen Oranje ef aristocratie oan wier. En Jan Binnes, dat oars gjin kwea man wier, moast der de holle by forlieze! Master Dirk van Gorkom, dy do it officie fen boal to Ljouwert hie, wier al sauntich jier âld. Hy hie oars sa folle rizenbrij en hjitte poffen útdeeld, en hy hie sa mennich troch it himpen finster sjen litten! Lykwol, de man foun him biswierd. Mar in witsjer, Hendrik Gjalts, sloech ’er de holle mei ien slach ôf det er rôlle! Sa treurich gong it der do oan beide kanten ta; dy it geweld hie, brûkte it. Ien foarbyld út de mennichte. In bline spylman, dy to Idsegahuzen Wilhelmus van Nassauwe spile, om in dûbeltsje to fortsjinjen, waerd op 8 February 1796 gisele, en twa boerefeinten, dy dat deuntsje dounse hiene, waerden net allinne gisele, mar yette fiif jier lang yn it tichthûs set der by! Is oait djûrder deuntsje dounse as dat? Hwet wirdt ’er al net in kwea forrjuchte op de namme fen dy edele heilige frijheit. Men kapte do de wapens fen de grêfstiennen en fen de poarten en tsjerken, en mennich earbiedwirdich oerbliuwsel fen âlde tiden en geslachten waerd mei in bline woede forgriemd.
Mar om nou ta ús patriot, Minne Jorrits, tobek to kommen,—dy kaem dat birjucht fen it oproer yn de earen, as in ljochtstriele fen de sinne yn de eagen fen in blineman, dy yn lange jierren de dei net sjoen hat. Troch it libben, dat hy mei de patriotten lei, wier hy thús mar in bytsje tel mear. Hy pakte gewear en wapens, en naem tachtig goune út syn kiste, teach mei it Snitser skip nei Ljouwert, en joech him dêr oan as frijwilliger, om tsjin de muiters to striden. Hy waerd dalik ûnder commando steld fen Rein Jeremias fen Belkom, colonel fen de burgerwacht fen Menaldumadeel. De troep wier hûndert man sterk en hie in fjildstik mei artilleristen by hjar.
Hja marchearren den út Ljouwert, en kamen de jouns mei hjar fjouweren by in bakker to Tietsjerk yn it kertier, dêr it hjar yn it bakhûs goed bifoel. Syn trije maets wierne Beltsommers, dy men yn de wandelinge wol ’ris de bynamme fen hountsje jowt, dat Minne net ienris wiste. En do sei de iene, dy corporael wier, tsjin Minne, det er syn broek en skoen, dy op ’e swarte wei wakker bislingere wierne, in bytsje ôfpoetse moast, ear det se op it appèl komme moasten. Minne, dy gjin commando wend wier, sei bidaerd wei tsjin de corporael: “Dat scil ik sels witte.”
“Né, sei de corporael, “dat scil ik witte, en nimmen oars, fordomde koumelker!”
Do sei Minne bidaerd wei: “Jy lykje wol wakker fen it hountsje biten, det jy sa dalik mar bigjinne to flokken en to skelden om sa ’n wysjewasje, corporael!” hwerop dy trije Beltsommers sa razend waerden, det se him oer it bakhûs smieten, en him mei alle macht op de hûd tichelen. Mar de baes bakker naem knaphandich in skepfol gleone yeske en smiet dat op de fjouwer fjochtende patriotten. Hja fluchtten forheard en forbouwerearre it bakhûs út en hiene wirk genôch, om elkoarren it fjûr en de yeske út de klean to slaen. De corporael wier sa razend, det er mei de blanke sabel wer yn it bakhûs opfleach; mar de baes bakker helle de gleone loete út de oun, en hâldde dy de corporael foar de noas. Hjir deinsde er foar, en de rûsje waerd forfolgens yn in sûpke smoard.
Minne fielde mei dat al syn lidden wol fen dat earste pak bruijen, dat hy for de saek fen de frijheit útstien hie. Nou gong it al fierder op mei de troep, mar it oproer wier ôfroun, en it folk waerd yn de Dockumer wâlden by de boeren yn kertier lein, trije, fjouwer wiken lang, om alles op to iten, hwet los en fêst wier, en hjar op dy menear it Oranje boven roppen ôf to learen.
Minne syn earste kertier, dêr hy yn de kost kaem to lizzen, wier by Pieter Pypkeniel, dat in bijker wier, dy tagelyk ek in foech winkeltsje hie; in hjitten patriot, en dêrby in nuveren foetfeint. Op in dei, det Minne en hjar yn syn hûs ûnder eltsoarren sieten to riddenearjen oer de lânssaken en as goede patriotten de jeneverflesse oansprieken, kaem der in koekebakker út Dockum ynstappen. Dy waerd dêr frjeonlik onthelle en dalik in romer fol skonken, en Pieter snapte mar foart; mar de baes fen Dockum wier stil, en it wier eft ’er al hwet op ’e lippen hie dat der net út woe by de man. Mar do er it hert ’ris kel makke hie, sei er tsjin Pieter:
“Mar hoar ’ris, Pieter! wy sitte hier al te proeven en te kaekelen ien lang en twie breed, wy mutte ook er ris over wat anders prate. Hoe is dat met dat gladgued gaan, dat jou voorleden harst van mij kregen? Is ’t allemaal verkoft?”
“Forkoft, man? As aeijen út de koer. Om sok gûd to forkeapjen der hoart it noait oan. Hwent jy witte wol, baes, bern dy frette alles op, bihalve hinnekjitten en fjûrstiennen; hwent it iene is hjar to weak en it oare to hird.”
“Dan sude ik jou ook vrindelik versoeke om de betaling of dat jou my er heuning aan stuurden; want it jild is krap met die roerige tiden, en die achttien gulden, die kon ik nou adig inplejeere.”
“Jild? Ja wol, Pypkeniel baes! Just omdet it jild krap is, haw ik it ek krap, en nou komt dy ynkertiering derby, dy wy oan jimme oranjekraeijerij to Kollum to tankjen hawwe. As jy om jild komme, Pypkeniel baes, koekedaei!”
“Mar waar duwekater mot dat hene met ons? Zoo ken ik gien koekebakker blive, as ik gien geld voor myn goed beur.”
“Wird den kakynjebakker, sei Pieter, en gean mei in tafeltsje by de poarte stean, dêr is nin boarch.”
“Dat sude mij in myn eere gaan, Pieter! Ik bin van in goede komof, want myn vader het vroedsman weest, en dan daar met in diske bij de poart te staan! Mar dat doet niks toe de zaak; geld is hier de hoofdzaak; zonder dat ken ik niet bakke, want de heuning en de granen binne duur.”
“Pypkeniel, sei Pieter, “dy glêddingen, dy jimme bakke, dêr komt net folle hunich en moal by to pas, hwent ik wit wol hwer jimme dy fen gear grieme. Jimme jane yn de Maitiid, as de jiermerken bigjinne, oan de koekkreamers alderhânne gûd mei op it útsliten. Dat wirdt den bitomke en birûkt fen Jan en alleman. De modder fen de klaei, it sân fen de wâlden, de kouwedong fen de fémerken, de snufdrippen fen de kreamwiven, de tabaksyeske fen de boerefeinten, alles sit ’er op. Einlinge bigjint it to skimmeljen, en as de kreammeljue de eare der net mear op hâlde kinne mei de boarstel, den krije jimme it werom; en as dat gûd den thús komt, den smite jimme it boppe de oun, om út to droegjen. Dêr wirdt it den sa hird as bonken, en as Sinteklaes den yn it lân komt, den smite jimme al dat koekegûd, dy janhagel, sûkerkreakelingen, en bitterkoekjes, al dy dúmkes en deademansfingers, fjirderlei en spikkelaesjes en al sok reau mear, yn in great fet, en dêr komt siedend wetter oer, en dat litte jimme in nacht stean to meuken, en den wirdt dat krouske sa fyn makke as moster en dêr smite jimme hwet grou moal, dêr wy de bargen mei mêste, troch om ’er in daei fen to meitsjen, en dat is it gûd, dêr jimme de Dockumer taeimantsjes fen meitsje, dêr sa fen pocht wirdt; dêr scoe ek hunich yn komme, jawol, Pypkeniel baes!”
“Dou snaak, daste biste, snaude de baes him do ta, “suuste ons gued nou ook nog lake? Nou suuste te minsten betale of de duwel sil de keers houde; daar kenste op an, ik wik it dy, hoor, of sil de duwel de keers houde.”
“Lit dy de kears mar hâlde, sei Pieter do laeitsjende wei, “as er him my mar net ûnder de noas hâldt; mar aste him as dyn procureur oanstelste, dy kriget allike min jild as dou, Pypkeniel baes, hjoed net en moarn net.”
“Betaal dan de helt maar eerst ris.”
“Ja wol, Pypkeniel, de helte net en de fjirdepart net, Pypkeniel baes!”
“Ik sil dy anders op dyn hued tromme, hoor.”
“Pypkeniel”.
“Ik zal dy opzitten leere, daar is nog wel regt in Fryslan.”
“Pypkeniel,” sei Pieter wer.
“Och ju, ik wude wel datste de pip kreegste, met dyn Pypkeniel, met drie dagen heste de deurwaarder, hoor, ofzettersbaas!”
“Pypkeniel, Pypkeniel, Pypkeniel!” rôp Pieter him afternei en knipte op ’e fingers.
Do de baes der út wier, sei Pieter tsjin Minne:
“Sa bitelje ik myn skulden oan de oranjeljue; hwet tinkste der fen, kameraet?”
Minne sei: “Ik tink ’er oer det it lân sa net bihâlden wirde kin; prinsman ef patriot, dat kin net skele, dat men skuldich is, dat moat bitelle wirde.”
Pieter, dy al in moaije slok op hie, en dêr by in sterke wâldman wier, sei:
“Bistou ek in patriot? In slymgast biste, en dou draechste yet ek gewear en wapens for it faderlân;” hy grypte Minne by de kraech en tromme him mei de fûsten op ’e kop op in danige wize, krekt sa lang det it wiif hjar skaette. Dat wier it twade pak bruijen, dat Minne for de saek fen de frijheit opdie. It tredde kaem yette hwet efternei.
De hele saek roun dêr mei ôf, det Pieter Pypkeniel in nacht yn it hounegat ûnder de toer set waerd,—hwent hie Pieter in Oranjeman west, den hie er in giseling op folge—en det Minne in oar kertier krige, by goede froede minsken, dy prinsgesind wierne. Dêrom woe Minne dêr yn it earst de boel al wakker opskeppe mei flokken en swetsen, mar hy bidaerde gau do ’t er seach, det him neat wegere waerd. Koartom, mei fjouwer dagen wier Minne al thús yn dy húshâldinge; hy fette syn âld wirk wer op, bigoun mei to djirheinen en learde it terskjen ek. Mar nou kaem him in ongemak oer, dat him sa lang húsarrest bisoarge, det syn kameraten al ontslein wierne, do ’t hy yette mei de foet yn it kjessen siet. Dy wâldboer hie ek forskate bern. De âldste wier Wypk, in hansom jong faem fen achttjin jier, mar dy altyd mijend wier, en de eagen foardel sloech, as Minne hjar oanseach. Mar der wier yet in lyts jonge fen acht jier âld yn dy hûshâldinge. Dat wier Minne syn boartfeint, dy it gewear for him nei it appèl droech en dy wier bûten de skoalle-ûren jimmerwei om ef by him.
It wier ’ris op in snein, det ’er in âld keardel fen sauntich jier, libbensliif oan syn eigen deakiste fêstneile wirde scoe, mei oare wirden, det dy âld gek trouwe scoe mei in jong fromminske fen acht-en-tweintich jier, en it is licht to bigripen, det elts nijsgjirrich wier, om dat pear to sjen. Minne gong ek mei syn boartfeint Oeble nei dy lytse tsjerke ta, om dat spektakel oan to sjen. It wier dêr sa fol, det min der gjin fûst yn stekke koe, en de minsken stiene by elkoarren op, eft it in reidmar wier. Lykwol Minne kringde der frij hwet in ein yn op, mei de lytse Oebele op it iene skouder, mar dy smiet gau syn oare skonkje oer Minne syn oare skouder en fette him mei syn beide hantsjes yn syn Brutuskop, en nou like it wol det it boike him ynbyldde, det er op hjar âlde kjedde siet, en den skopte er mei syn lytse skonkjes foarút. In great steil frouminske, dy flak foar Minne stoe, rekke dit ûnder de koarte ribben. Dat wiif wier Houck Fûlbird, sa as se neamd waerd, in kweade hynstepresser fen in wiif. Dy liet hjar net lang tergje, mar dy waerd sa fûleindich fen dat pjukken en hompen en stompen yn de siden, det se Minne út alle macht mei hjar koaihakken op ’e teannen heide en stampte, sa det hy op ’e tosken bite moast, om it net út to gûlen fen de pine. It wier slimmer as in giseling, en einlinge biet er Houck yn it skouder, det se midden ûnder de preek fen pine útrôp: “Divel, hâld op!” De Domenij, dy miende det it him rekke, dy hâldde ek op fen preekjen, mar de hounegiseler, dy tichte by Houck stie, pakte hjar beet en sette hjar ta de tsjerke út. Mar Minne moast dy hele lange jammer fen in trouprekatie mei formulier en al, mei syn tobûke teannen trochstean, hwent dy wierne sa weak stampt as seane catrine-prommen, en dêr moast er earst yet in kertiersûre mei troch de snie wadzje ear det er it hûs birikke koe. Oebleman fottele mei, en wiste net det hy de onskuldige oarsaek wier, det syn frjeon sa lompte. Do hy thús kaem, briek him it swit ta alle kanten út. Pine, lilkens, skamte, alles kaem by eltsoar om de patriotske held mismoedich to meitsjen. De minsken hiene meilijen mei de man, binamen do de hoazzen út kamen; alle teannen wierne bont en blau en bletten. It âld wiif sei: “Dêr moat sûpenbrij op mei knikelsbledden der yn, oars komt ’er de roas yn.” Sa sein sa dien. Dêr siet nou ús heldhaftige patriot mei de beide foetten yn it kjessen; mar ien ding treastte him yette, det er nou to minsten frij wier fen it appèl, hwent (ho koart it ek dûrre hie) hy hie al in wearaksel oan it soldaetsje spyljen.
En nou forfolgens forboun Wypkje, de âldste dochter, syn wounen mei blomkesoalje; sa sêft gong hja der mei om eft it hjar eigen soan wier; dat joech blydskip, en do er wer gean koe waerd it frijerij.
Einlinge koe Minne wer reisgje. It sêfte froede libben, dat hy by dy goede ljue lein hie, hie him goed dien. Hy woe hjar jild jaen, mar hy koe it net kwyt wirde. Dêrom joech er Oebleboi syn âld silveren horlogie ta in oantinken. En de âld boer, dy ’t er de earste dei, do er dêr oan hûs kaem, mei it hounegat driigde, omdet er út in pantsje iet dêr prins Willem yn ôfbylde stie, bitanke er nou mei triennen yn de eagen. Hertlik wier ek it ôfskied fen syn doctoresse Wypk, en de bilofte om wer to kommen waerd ek better neikomd as by folle oare soldaten. Nou joech er him wer ôf nei hûs ta, en do er ûnderwei op it Mingeltsje kaem, tichte by Snits, do liet er dêr gewear en wapens stean, hwent dat spil wier er al sêd; en hy seach ’ris even by in neef to Spears oan, en do er dêr hearde, det syn folk thús him net wakker miste, en det er licht net heel frjeonlik onthelle wirde scoe, sa tochte him bêst om earst mar ’ris nei Binnert-om to Drylst to gean. Mar do hy to Snits by de Oosterpoarte kaem, yn de skimerjoun, do stie dêr in tropke folk, en do dy syn kokarde seagen, do seine dy:
“Hwet biste, boer, in prinsman ef in patriot?”
“In patriot,” rôp er.
“Dou kees, detste biste,” seine dy maets do, hja pakten him beet en sloegen him ’er ris helder ôf. Hy forlear der hoed en kokarde by. As in razend minske fleach er do yn de stêd op en koft in learen klappet, en dêr mei scoe Minne de Noarderpoarte út; mar dêr stoe wer in tropke folk to praten, en dy fregen him wer hwet er wier? “In prinsman,” sei de man, mar do krige hy fen syn eigen folk, de patriotten, yette helte greater pak, dek op mar; hja sloegen him bont en blau, en sa roun er mei in forwoed gemoet bûten om, de Hemdyk lâns, nei Drylst ta.
It wier do ljocht-moanne wirden, en op ’e brêge to Drylst stie wer in tropke folk fen it gemienste soarte, en do dy him sa forheard oankommen seagen, do seine dy ek al gau: “Hwet biste, maet, prinsman ef patriot?”
“Ik bin divels,” sei er, en sette in gesicht as in lieu.
Dit holp, en hy kaem ’er onforhindere troch, en kaem after azem by Binnert-om, sa bliid as in staring, det hy al dy torminten ontkomd wier.
Hy wier nou genêzen fen it patriotsjespyljen, en do er by syn âlders kaem, hie de man net folle heil mear yn hûs; dy ljue wierne to steech om sokke dingen gau to forjitten.
Mei ytlike wiken gong er wer nei syn âld kertier yn de wâlden, en lyk as it giet, det fen trouwen ek wer trouwen komt, sa gong it Minne ek, hy naem Wypkjen ta syn wiif en joech him oan it arbeidzjen. It gong him goed yn de wrâld, hy wier prinsgesind noch patriotsk, bihalven as Houck Fûlbird him op ’e wei to mjitte kaem, den waerd er wer echt patriotsk yn syn gemoet.
Tonei kaem Minne to Dockum to wenjen, en dêr krige hy yet in lyts ampt ef bitsjinninge fen de stêd, dat er op toffels waernimme en dêr hy aerdich fen libje koe. En do einlinge de Fransken foart gongen en it lân omkearde, do roun hy troch de stêd om, mei in Oranjestrik op ’e hoed sa great as in botses boltsje. En as de Dockumers den Oranje boven tsjin him rôpen, den rôp hy út hals en kiel werom:
“Oranje boven en de Franschen er onder, “En die anders seit, die slaat de donder.”
Hy wier oars yet al blau fen binnen, mar hy waerd nou giel fen bûten, om syn bitsjinning net to forliezen.
MYN REIS MEI PARSOP NEI STED.
Us Lânhearre forhelle my ris, det men fen parren wyn meitsje koe as oalje, en om ’t ik de romt’ fen parrebeammen yn ’t hôf hab, sei ik forline moandei tsjin myn wiif: ik scil Lânhearre de eagen ’ris útstrike. Ik naem in fetsje fol parren, en treau se twiske twa toellen út, ik liet it sop troch in broudoek rinne, en tape ’t yn in flesse. De oare moarns teach ik mei dy flesse en trije hûndert goune lânshier nei stêd.
Daelk dêr ik de Easterpoarte yn stoep, stie in man mei in spaensk reid, dêr in silveren keatting oan en in passeleinen knop op siet, yn ’e hân; dy seach my oan as in earn en frege rimpen: Heb je daar water, boer?—Wetter, man! hwet wetter? frege ik.—Ziekewater, sei de man.—Yn dy flesse, mien’je? né man, dat is parsop.—Zoo, dat is wat anders, sei de man; hy seach de poarte út, en sei: het is niet best te gaan, boer.
[Yllustraasje: DE EASTERPOARTE TO SNITS.]
Fiif húzen fierder stie in oaren ien, en dat wier der al wer: Wat heb je in die flesch, boer?—Neat Hear! sei ik.—Wat duwel, dat is in raar antwoord; jou heb er dochs wat in.—Nou ja, sei ’k, as je ’t krekt witte wolle, parsop for ús Lânhearre.—Zoo, krekt, dat is zoo, vraag excuus; in sludderich weertje, he?—en dêrmei gong hy fierder nei de poarte.
Nei ’t ik op ’e Easterdyk noch in kear oanraemd wier om de flesse, kaem ik bihâlden en wol yn ús kertier op ’e pôle. Dêr sieten twa fellekeapers mei in bûterkeaper to redenearjen oer Domenijs-earlikheit, konsjinsje en gnap biteljen. Ik sette myn parsop yn ’t finsterbank en sei: dêrmei kom ik wer; ik scil my gau skearre litte.—Do ik wer kaem, seach ik in pear spjochtige keardels mei de flesse skodzjen en wrakseljen; den digere de iene der troch, en den de oare; en hja gloerden der sa fûlbandich troch eft ’er in sekje sechstehealen út to skoerren wier. Ik sei, dat is in divels wirk, hwet wolle jimme mei dy flesse?—Is ’t van jou zelfs, boer, of van jou vrouw? fregen se.—It is úzers mei eltsoar, sei ik; parsop, dat ús Lânhearre habbe scil.—Mei ien seagen se ús master mei de inketkanne reisgjen; en dêr fleagen se op ta, det se hast oer eltsoar hinne trûzelen. Bliid det ik ’er ôf wier.
Heare, kasteleinske, sei ik, hwet is der dochs geande yn ’e stêd? Ik bin hjir wol ’ris mei ’n mirdefel hinne tein, det my in heal snies smouzen oan ’t baitsje hingene, ear ik de stêd troch de mist sjen koe, mar noait hab ik it sa sjoen, as hjoed mei dy flesse; miene se det de boeren de stêdsljue forjaen wolle, ef is ’t oars hwet? dat binne der nou al fiif dy oan dy flesse toarnd ha? hwet hâldt dat yn?—Ei, dat scil ik je sizze, myn goede man, sei it wyfke. Folle nearringen binne slop, en mei dat wiete waer de ierdappels djûr, en nou de bûter de hele simmer sa goekeap is, is ’t net better. Om koart to gean, wy habbe hjir rom genôch dokters, en dat scoe oars wol gean om oan ’t brea to kommen, as de mâlktapers hjar mâlke en sûpe forkoften sa se ried en foer; mar, noed fen hjar mingers steande, smite se der in treddepart wetter yn;—nou kin lyts en great it fortarre en krije selde in mismiel. Koen’ de dokters lyk as de ljue dy oansteld binne, om de iene d’oare de bûter en tsjiis ta to weagen, fen beide kanten fen ’e evenar hwet gnobje as hjar traktemint to lyts is om ’er earlik lâns to kommen, den wier it hwet oars, mar nou moatt’ se ’er op út, ef de stôk yn ’e hals; en dy de ljue de kwalen by sekfollen út it wetter oplêze kin, en bêst to foaren lige doar mei in from gesicht, dy giet ’er mei op. It is in bidroefd krús.—Ja, mar wyfke, sei ik, goede dokters habb’ jimme net licht to folle.—Dat sizz’ je wol, man, sei se, mar hwer fyn’ jy se allegearre goed, dêr sa ’n keppel binne? d’iene houn wirdt mei d’oare fûl.—In slachter, dy syn healfearntsje dêr naem en der ’ris raer mei de greate bile ynhouwe kin, sei: ik bitrou se bêst; ik hab ’ris mei in miel fen in âld baerch, dy ik d’oare deis slachte en yn ’t sâlt lein hie, nei ’n dokter west, om ris to sjen, hwet er dêr út meitsje scoe, en it earste wier: Pas vroeg man, vier dagen later had het mis weest! De patient leit, hé! Ja dokter, as in stien. Geen eetlust?—Né, dokter.—En het andere wil ook niet? Glêd dien, dokter.—De tong beslagen?—Sa ’n minsketonge habb’je noait sjoen, dêr is er dokter; en dêr mei lei ik de baergetonge op ’e tafel, en spile hakken op.
T. H. H.
GRêFSKRIFT.
FEN IN WYNSûPER OP HIM SELME.
Wyn jowt libben; for my wier hja de dea. Nea seach ik de moarnsinne mei in nofteren each. Noch binne myn bonken toarstich. Reisger! bisprinkelje myn grêf mei hwette drippen reade wyn; stek in romerfol út, en gean dyn wei.
J. H. H.
SOUN FORSTâN.
Ien fen de soannen fen in Fryske sé-kaptein, dy hwette lamliddich fen skik en klirk by in abbekaet wier, takele him alle dagen as in jonker op. Sa stoe er fen top ta teil yn peaske-pronk ienris foar ’e spegel en sei yn him selme: “Ik bin flink fen liif en lea; de klean sitte my eft se der my om getten binne; fammen hawwe sin oan my, en ik hab jild by de rûs; hwet scoe in man as ik noch brek hawwe?” “Soun forstân, gekke loebes!” sei syn heit, dy ’t yn ’e keamer stau, en him in earbân joech, det er truzele.
J. H. H.
FOEKE SJOERDS.
My is eris forhelle, ik wit net eft it wier is, det ús stoarjeskriuwer Foeke Sjoerds eren in lyts skoenmakkerke to Nijtsjerke wier. Dêr moasten hja in nij skoalmaster hawwe, tsjin sauntich goune yn ’t jier; hwent sa great wier dêr it traktemint. Do ’t ’er nimmen op útkaem en de Nijtsjerker bern lang for wyld roun hiene, seinen se, det baes Foeke de bern wol a-bie leare koe, en sa is Foeke Sjoerds, by brek fen better, skoalmaster to Nijtsjerke wirden. Hy bleau ’er skoenmakker by; ûnder in steand seil is ’t ommers maklik kloetsjen.
[Yllustraasje: 1713 FOEKE SJOERDS 1770]
Neijerhân hat er in bulte yn de âlde pompieren en stoarjes fen Fryslân om snúfd, en it sa fier brocht, det er mannich goed boek, sa wol oer de nije as âlde skiednissen fen ús lân, oan ’t ljocht brocht hat. Mar hy is net sûnder help west.
Nei ’t my fen âlde ljue altiten sein is, moat er in bulte to tankjen hawn habbe oan Epo Sjuk fen Burmania, dy ’t do boargemaster fen Dokkum wier.
Nou moat ik jimme noch in staeltsje sizze, dêr ’t jimme de man sa hwette út priuwe kinne. Jimme moatte den witte, det Foek-omme wier net allinne skoalmaster, mar lyk as folle tiden, koster ’er by, en as koster moast er ommers witte eft ’er preke wirde scoe ef net. Ienris, do ’t de domenij út fen hûs wier, frege in húsman him, eft ’er snein oer dei ek leard wirde scoe. “Dat wit ik net,” sei master. “As jy it net witte,” andere de boer noartich, “hwa moat it den witte?” “Der wirdt al preke, sei Foek-omme do, mar eft ’er leard wirde scil, dêr doar ik net for ynstean.”
Hjir út sjenne jimme det master in finen sliper wier; hy wier oars wakkere stil en ynbânnich, en nei ’t my sein is, koe er net bêst út de wirden komme.
J. H. H.
IN SKOTSK MIEL.
In earme heechlânner út Skotlân, dy net bêst Ingelsk koe, kaem yn Londen en krige honger. Hy sei oan immen dy ’er noch al frjeonlik útseach en him op strjitte mette, hwet er brek hie; mar dizze, sûnder him nei in bakker to bringen, sei him koart wei, hwerom er net nei in pennycook gong. Pennycook is yn Londen in man, dy de earme minsken for in bytsje jild in middeimiel klear makket; in omstik brea, in byt flêsk, in gleske bier, en dêr mei op en hinne. De heechlânner, dy pennycook net goe’ forstien hie, frege de earste de bêste, eft er him nin pennycut wize koe. Omdet to cut yn it Ingelsk knippen en snijen bitsjut, miende de man det de Skot frege nei in man dy skearde ef it hier knipte, en wiisde him nei in brabier ta. De heechlânner tikke oan ’e doar; de brabier docht op, set him del op in skearstoel, jit de bekken fol hjit wetter, makket skom mei in roune bâl fen sjippe, set de bekken foar him op it tafeltsje del, en giet do de treppen op om it skearmes to heljen. De heechlânner sette aenstons de bekken oan ’e mûle en slobbere it sjipsop yn trije swolgen op, do bigoun er op it stik sjippe om to kôgjen, dat er ek, omdet it sa glêd wier, mei in rep orbere hie. De brabier, werom kommende, seach eft er foar de kop slein wier, mar de Skot krige yn syn ienfâldichheit in dûbelstûr út ’e búse, dy er de brabier yn ’e hân treau mei dizze wirden: “Dêr is ’t jild, heite; it sop wier goed; mar dyn ierdappels binne danige kliemsk.”
J. H. H.
BATTHYANY’S DEAD.
(UT DE OARLOCH FEN EASTENRYK JIN HONGARIJE.)
1849.
Hongarijes eedle lieder, Batthyany is nou wei; Krûd en lead fen kroande boalen Naem him fen dizze ierde wei. Roaf kaem by de moarderije, En men stiel syn skatten ek; ’t Earst geslacht fen Hongarije, Moast yet oan de biddelsek.
Magyaerske dapp’re helden Fochten Hongarije frij; Eastenryk syn roafkroäten Sloegen en forjagen sy. Nou kaem Ruslân mei syn benden Ut it rûge noarden op, Om it folkenrjucht to skenden Mei de koegel, mei de strop.
Hwet net fluchte koe moast stjerre, Hwent genade wier der net; Mar de sultan fen Turkije Teande yet in minsklik hert. Kristenboalen moatte leare Deugd en edelmoedichheit Fen in Turk, in man mei eare: Skande for de kristenheit!
Batthyany is formoarde For de frijheit fen syn ryk; Hongarije is forplettre, Frijheitsstander laeit yn ’t slyk. Heal Europa is fol woede Om it yslik grouwelstik; Mar de wraek komt mei syn roede: Trilje den, tyrannen, skrik!
Ienris scil dy dei oanbrekke, As in swarte tongerwolk; Den scil hiel Europa opkomme vFor it eedle Ongersfolk. Ja, Wandaelske tyrannije! Tink net det de wraek forjit; De eedle deaden, ja dy swije, Mar hjar geast dy libbet yet.
Libbet! edele Hongaren! Spried him hiel it ierdryk oer, Fier oer de Atlantis hinne As in helder, heilich fjûr. Hoopje, o Ongersman en Polen! Yette is it tsjustre nacht: Laeit de frijheit nou forholen, Ienris komt se onforwacht’!
Grou, 2 Nov. 1849. E. H.
TAHEAKKE.
TAHEAKKE.
JAPIK INGBERTS.
Jimme kenne him ommers wol, net? dy greate prefester yn ’t stellen yn ús pake-en-hjar-tiden? Nou, Japik Ingberts hat ’ris in fyt útrjuchte, dy moat ik jimme wol ’is forhelje.
Japik wenne twisken in boer en in mounler yn, dy deilis waerden oer in kou, en dat gong by ’t bruijen ôf. Lang stunen se; mar de tiid, dy alles slyt, sliet hjar kwestje ek út, en ienders, do se beide yn ’e herberge sieten, kaem Japik der mei in slingerslach twiske beide en makke de frede. De boer wier der sa mei op ’t skik, det er de mounler aenstons de oare deis to gast noade op twa einfûgels, dy’t er krekt sketten hie. Japik scoe se briede; hwent dy koe koaitse en stelle fen beiden. De oare moarns sloech de klok middei, en noch wier de mounler der net. “Scoe er ’t ek forjitte?” sei de boer. “Kom, ik scil him mar gau helje.” Sa as de boer út de doar wier, brocht Japik de twa einfûgels by in pear drege poepen yn ’e skûrre-reed, dy de bistkes yn in amerij bihimmelen. Mei’t de einfûgels op wierne, kaem de boer wer en sei, “set it iten mar op, de mounler komt al.” Mei ien bigoun de boer de messen op ’e hoeke fen ’e mûrre to slypjen, en Japik gong nei efteren; mar yn pleats fen de fûgels wer út de termen fen de poepen to heljen gong er de mounler to mjitte, en sei tsjin him: “De divel, maet, hwet hat de boer it bryk mei dy foar. Dou biste in goe’ frjeon fen my, dêrom siz ik it dy; mar hy wol dy de beide earen fen de kop snije. Hark mar! dêr slipet er ’t mês al.” “Dy loebes! sei de mounler, “woe er my sa bitrekke? Nou wit ik hwet dy frjeonskip bitsjut.” En dy mei ien op ’e hael wer nei syn mounle ta. Do Japik aenstons nei de boer, dy’t noch al stie to mêsslypjen en him frege: “haste de fûgels net?” “Wel, sei Japik, dat is in nuvere gast dy mounler; hy komt de doar yn, skoert my de panne mei einfûgels út ’e hânnen en rint der mei foart.” “Dêr scil him de divel for helje! sei de boer, ik moat der dochs ek ien fen ha.” En de boer sa mei it blanke mês yn ’e hân en de bleate kop de finne út, en de mounler efternei, rinste net sa haste net. “Ien! ien! gûlde er him nei sa lûd as er koe, ien mar! d’oare scilste hâlde.” Mar de mounler, dy ’t mês seach, miende det de boer it op in accoart smite woe en mar ien fen syn earen hawwe woe; dêrom spile er hakken op, en sa krigen se allebeide nin byt.
J. H. H.
Oanteikeningen fen DON ANTONIO DE MAGINO.
Volle Maan. Maendagh den 31/ ’s morg. 10 u. 41 min. in de weeghschaele; groeysaem. Der binne forskate skealjen op ’e wrâld, minsken, mar Don Antonio ken der mar twa, in polletike skealjen en in ordenaris dagelikske skealjen. Yn de polletike weage se inkel hwet swierst is yn ’e pong ef yn ’t bilang, en dy is makke for de greaten fen ’t ierdryk, binammen for de keizers, keningen en prinsen; yn sa’n dagelikske boarger-skealjen weage se mar simpel hwet binlik, fromst en earlikst is, en dy is for de gemiene ljue. Yn dizze tiid komme der lykwol ûnder de boargerminsken ek inkelden, dy ’t oan de polletike skealjen toarne wolle, en dat bikomt hjar as de houn de woarst. Hwent de oare boargers sizze, det se biskiters binne, en wolle neat mei hjar to dwaen ha. Ik Don Antonio ha dy skealjen yn Italien ek ’ris probearre; mar, minsken, it is sa nau to hitten! It spande om trochslach to krijen, en de prinsen, dy’t der flink it hantsje fen hienen, laken my noch út ta det sa’n knoffeler as ik oan hjar skealjen poarne doarste.
De deuker: dêr forsjit in stjerre troch de weeghschaele. Hwet scoe dat bitsjutte? Ha! Don Antonio de Magino sjucht it al. Oer hûndert jier, krekt oer hûndert jier, siz ik jimme, den rache en skelde in partij boargers op de keningen en greaten krekt eft se nin turf heech binne en ûnderwiles wrakselje en wrame se om in skealjen to krijen, dy wol tsjien ’ris sa polletyk is as der noait ien yn de hânnen fen in prins west hat. Bankerot spylje, falske boeken hâlde, wer greate negoasje dwaen, moai klaeid gean, sûpe, frette, banketearje, hoerkje en hjar fortille oan fleskfetten, alles fen it jild fen de earme minsken, dy se oplichte hawwe, dat binne mar wyssewasjes by dy hearen.
Dêr forsjit wrychtich al wer in stjerre! Dy is noch wol helte greater as de earste! Ja, mannen, mar nou is ’t noch ek wol helte briker; hwent de measte earlike ljue, dy noch net stellen hawwe, prate net allinne, mar hannelje en wannelje mei dy skelmen en bankerottiers krekt eft der noait nin stek oan los west hat. Dat wol nei it dom bigryp fen Don Antonio de Magino sizze, det dy earlike ljue allehiel’ nin bien mear yn in bankerot fine, en det se ek mei in tontsje twa striken gean scille, sa gau as se mar in bytke yn ’e knipe komme. As ien fen jimme oer hûndert jier noch libbet, dy moat him foaral en bileaven for de neikomlingen fen dy earlike ljue wachtsje, en de beide hânnen deun op syn haloazje-bûske hâlde, as er neist hjar yn ’e tsjerke sit.
Mannen, mannen! Sjugge jimme it wol? Dêr barnt in great fjûr oan de himel tichte by de weegschaele. Hwet scille wy nou ha? Kom, Antonio scil it fjergesicht ’ris úthelje; dat lûkt danich oan. It liket wol in bakker, dy brea yn ’e oun sjit. Né, né! Don Antonio de Magino sjucht it al, frjeonen! In partij binne greate skelmen wirden: de earlike ljue skouderje de skelmen net, mar achtenearje se allike goed as ien, dy altyt from en earlik bitelle hwet er skildich wier. Minsken, Minsken! nou is ’t allegearre tsjef wirden, en dat tsjef barne se dêr boppe. Mar stil ’ris! Scoe dat wol wier wêze? Kinne it ek smoarge pipen wêze, dy’t se útbarne om der neijerhân krekt as nije wer út to smoken? Né, né! Don Antonio de Magino hat it wol goed sjoen. It wirdt net út-barnd, mar for-barnd; it is tsjef. “Yn de oun mar!” roppe se dêr boppe. Sjen ’ris, minsken! It is in griis en in grouwel. De blauwe lôge en de fonken fleane ’er nei troch de hege himel.
Nota Bene. De skealjen, dy oan ’e himel hingje, en dêr it greate himeleach oer en troch giet, dat binne skealjen fen de suvere rjuchtfirdichheit. Dêr wirdt it yn ’t ein allegearre yn woegen, Don Antonio de Magino ek. Meitsje mar, det jimme wicht hâlde kinne.
YBEL EN JELKE, OF DE BOASK OP IT IIS.
Der ried in gnap faem fen Suwâlde nei stêd; Hja wier ris opstreake sa tsjep en sa glêd; Hja waeide en hja swaeide sa flink oer it wiid, En ried mar mei alle de fammen om striid; Hja wier sa fornimstich, sa prot en sa wiis, En seach nei nin redens en seach nei nin iis; Hja glied ’er mar hinne en tocht nearne net om, It hertsje dat wier hjar sa nommel en rom.
En kamen hjar fammen to mjitte op hjar wei, Den rôp se fen fierren al: “dei fammen, dei!” Mar feinten dêr like se neat mei op ’t skik, Dy joech se op it moaist ’ris in frjeonlike knik. Sa dreau se foar ’t wyntsje de Langemear del, Mar, Jemi! hwet waerd se do bjustere kel, It roun hjar sa kâld en sa skril troch ’e lea, Hja wirdde sa wyt as de baerlike dea.
Hja taest’ nei hjar hals en hja skrilde der fen, En gûlde: “dêr haw ik myn kroantsje forlern! Dat kroantsje, dat krige ik fen oarre to jow, “Dat laeit op it iis, en hwet moeit my dat nou!” Hja swinkte werom, nei Suwâlde wer ta, En socht om dat kroantsje, en se digere sa, Hja skrepte en hja snúvde tsjin de eastewyn op, En pûstte as in man mei it kin op it krop.
Dêr dreauke fen fierren in feintsje hjar oan, ’t Wier Jelke, de Birgommer bysitters soan; Dy rôp al: “Wel, honke, ho rydste sa hird?” “Ei fanke, kom stan hwet, en sprek ’ris in wird.” “Myn kroantsje, sa kriet se, dat haw ik forlern, “Dêr ried ik sa om, en dêr scoe ik nei sjen.” “Dyn kroantsje? dat is al nei Altenborch ta: “Dat wit ik, dat scil de kast’lein dêr wol ha.”
“Ho baestou sa nuver fen Altenborch ju? “Ja, haw dou de gek mar mei simpele ljue.” “Och, faem, ik haw siker de gek net mei dy, “Liz op mar, ik siz dy, en ryd ’ris mei my; “Liz op mar dyn hân, kom, liz op mar om nocht.” Dêr rieden se hinne as in fûgel dy fljocht! It hearren en sjen wier hjar omtrent forlern! De holle dy gonze en dy sûze der fen.
En krekt as in laem yn ’e finne wol docht, Sa sprongen se oer dykjes en ronfels út nocht; En kamen se fammen en feinten neiby, Dy swaeiden se en swongen se as ljippen foarby. “En, holo! dêr hawwe wy Altenborch nou!” Sa rôp er, en kraste ’ris det it sa stau. “Kom Oeble! jaen nou ’ris hwet brandewyn, frjeon! “Wy ha’ dochs yn lang fen dyn sûpkes net preaun.”
En Oebele dy skonk hjar in gleskefol yn, En Jelke dy moezze er it kroantsje by yn. “Haboes nou, jong fanke! kom, bring my ’ris ta: “In rider dy swit, komt in dripke wol ta!” Dêr foun hja yn ’t gleske hjar kroantsje werom! Hwet waerd it dat fanke do noflik en rom! It brochte hjar sinnen alheel wer yn ’t stjûr, Hja flijde hjar smûkjes by ’t knappende fjûr.
“Dou bysfeint, sei sy do, hwet haste my hawn; “En hwerom, siz, brochste my net yn ’t forstân? “Hie ’k nou mar myn strinkje mei gitten ek wer, “Den hie ik myn winsk en den hie ik myn ker.” Nou seach se sa frjeonlik, sa noflik, sa blier, En teach do ’ris tige mei Jelke to bier: Hja hoalle en hja lúst’re en hja hie him sa ljeaf, En klamm’re om him hinne as de bân om ’e skeaf.
“Wel, Ybel, sei Jelke, is ’t dy dêrom to dwaen, “Den ride wy mar nei de Ljouwerter baen.” Hja moasten noch earst op ’e Froskepôle oân, Dêr smakket in minsk boerekoffy sa skoan. Hja rieden nei stêd, en hja koften in string, En rieden nei hûs ta, en út is it ding. Hwent Ybel en Jelke dat waerd ’er in span: Hja socht om in kroantsje, en hja foun in tsjep man.
Tollens fen fierren neifolge. 1832. E. H.
[Yllustraasje: YBEL EN JELKE. IISWILLE.]
DE IERE MAIMOARNE EN DE MINSKE.
Dêr ha we it ljeave foarjier wer Mei al syn noflikheit! Elts fûgelke is wer yn de wer En sjongt, en gûlt, en geit.
De ljeave flinter komt ’er út En dwarlt de fjilden om, En siket mei syn fine snút, It swiet út krûd en blom.
Hark dêr dat sefte siichje ’ris Troch blêd en twiichjes gean. Snuve op! hwet is de moarnloft fris Hjir yn dy boeken lean.
Hark dêr dy ljeave nachtegeal! Scoe dy hjar leedsang jaen? Ho kweeljend, earnstich klinkt dy teal Sa dompich út dy loan!
“Wy binne allegearre blij,” Dat roppe se ús nou ta: Ja, stomme blomkes sizze my: “Den biste it ek wis; ja?”
En biste it net, och, minskebern! Hwet dochste yn ’t ljeave fjild? Krûp yn dyn hûs by de hirdshern’, En sucht, ef tel dyn jild.
De greate master fen natúr Formeidet hjoed syn bern; Hy spriedet ’t fjild mei blomkes oer En lit syn goedheit sjen.
It gêrs komt út de groun as brûs, De beam syn knopkes set. Fjild op! forlit it neare hús, Dy ’t hert fol soargen het.
Fjild op, mei lichte trêd en swier! Wêz’ blij mei krûd en djier. Sjen op! ’t ropt alles heech en fier: “Us God is great en goed;
“Is great en machtich, ivich goed For al syn créatûr: Dou, minske, biste sof en tsjoed; Och, jaen dyn soargen oer.”
Dat sizze blom en fûgels my As tsjûgen fen Gods macht; Mar hwerom sjonge en pronkje sy Net yn de tsjustre nacht?
Hjar sang, hjar swiete melodij Komt mei de dage oan: Ut ljeafde en pearsjocht sjonge sy Wer om Gods ljeave moarn.
Mar ’t is oan dy allinne jown Gods greatheit oan to sjen, En den, fen ierde en flesk ontboun, Nei Him ta op to tsjen.
Mei krêft’ge wjukken rjocht, myn siel, Dy tsjin Gods himel oan! Oanbid mei de earste sinnestriel De Skepper fen sa ’n moarn!
1833. E. H.
[Yllustraasje]
FAMMEWILLE.
Heare, Saske, hwet in nocht! Hear ik dêr de trommen net? Blinke de gewearen net? Ljea! It Skuttersfolk is thús; Daelk is ’t keamerop mei ús. Den springst’ mei hjar yn de bocht; Heare, Saske, hwet in nocht!
Saske binn’ dyn redens klear? Al de Skutters út it lân Nimme in famke by de hân. Saske, heste boaske, ljea? O dyn Skutter is net dea. Fiel, dou hest him by de hân, Dy syn trou dy joech to pân.
Ryd den det it gûlt en giet: Nin faem dy allinne stiet; Alles rit wer pear oan pear, Saske, is dyn ark al klear? Liz’ nou oan, in tútsje ta, Nin poepinne scil him ha. Foi dat wier nin wachtsjen ljea! Sûnder Skutters wier ’k ljeaver dea.
IN PEAR FERSKES UT DE QUICKBORN.
(Platdútske rymkes, Klaus Groth) 1857.
Dr. E. HALBERTSMA.
JOUNFREDE.
De wrâld is o sa sêftkes, As laei hja yn ’e slom, Men heart nin sucht, nin laitsjen, Hja libbet, mar is stom.
It sûzet troch ’e blêdden, Sêft as in bernesliep; Dat binn’ de widzesankjes For kij en ’t froede skiep.
It doarpke laeit yn ’t tsjuster, In nevel laeit ’er oer; Twa ljeafsten heart men lústrjen, As ’t frjeonlik dou-gekoer.
Men heart de kijkes snuven Yn ’t lange, griene krûd, Dat houwen en dat snuven Dat is it ienichst lûd.
Dat ’s wis de Himelfrede, Nin haet, nin niid, nin spot; O! ’t is de tiid fen bidden,— Hear my, o goede God!
SNEINSREST.
De stille rêst is yn it hûs, oer ’t fjild is nin getier, En op ’e delle laeit it skaed, de sinn’ skynt op ’e wier. Dêr is in plak for frede en rêst, binêst de jonge frou! Hja triuwt hjar berntsje oan it boarst, sa ljeaflikjes en sa trou. Nin wolk is yn ’e blauwe loft, op ’t wêzen nin fortriet, Nin lûd is oer it stille fjild, as ’t plechtich klokgelied.
ALD-JONG.
Wy gongen togearre yn ’t fjild, myn Hans, Wy gongen togearre to rêst, Wy sieten togearre oan ’e disk, Sa waerden wy griis op it lêst.
Trep op sa licht, trep ôf sa traech, Sa mannich, mannich jier— ’k Ha dochs myn Hans yette krekt sa ljeaf As do mei ’n kroes kop hier.
NIJJIERS-WINSK FOR 1841.
DE WACHTMAN.
Toalf slacht de klok yn de âlde toer, It winter-waer is kâld en sûr. Ik wol mar út it wachthús gean: Mar sjen ’k dêr jinsen immen stean? Dêr komt in skynsel op my ta; Hwet wol dy faem mei blommen ha? De klean dy binne wyt en rea, Dy flodderje hjar om de lea. Ei, ljeafke! siz, ho lakest’ sa? En rikst’ my moaije blomkes ta? Dat is sa nuver hjir op strjitte, Dat mei wol tsjoenderije hjitte.
IT NIJE JIER.
Ik bin ’t Nijjier, sa is myn namme; Ik bin yet fen in âlde stamme: Myn mem wier Hertha, de Godinne, Fen alle minsken mem en minne; Dy al hwet libben hat op ierde De segen en ’t gelok ta fierde. Kom, wachtman, lit my hjir hwet bliuwe; It lykje hjir wol tsjeppe ljuwe, En lit my einling hinne rinne, Dêr al myn sisters gongen binne.
DE WACHTMAN.
Men acht hjir sokke fammen net, Dy nachts op strjitte omrinne as slet.
IT NIJE JIER.
Ik kom fen God hjir yn it lân, Om goed to dwaen mei ’n mylde hân; Dêrom lit my mar feilich binnen, Om ’t goede dalik to bigjinnen.
DE WACHTMAN.
Wel, bistou sa’n fornamen frou? Kom, wolkom den yn ’t âlde Grou; En strui den út, nei east en west, Hwetstou fen God ontfinsen hest. Jow sinneskyn genôch en rein For ’t sie, dat yn de groun wirdt lein; Jow de earme ljuwe wirk en brea En berntsjes mei gesoune lea. Jow rike ljuwe in edel hert To heeljen earme ljuwe smert; Biskerm de Keuning en syn hûs, Jow frede yn paleis en klûs. Stjûr ús in nije Grytman oer, Dy de âlde liket yn ’t bistjûr; En meits ek de âlde, as Gouverneur, Der Friezen eare en freugde en fleur. Skink ek de boarger goed gewin En frede yn it húsgesin; De keapman, skipper en de boer Lit dy it goed gean op den djûr; En ljue, dy tsjiere om in strie, Bisêftsje dy mei goede rie. Dy noait genôch ha, skink dy neat, Dy binne dochs oan de earmesteat, Mar bring forleeg’ne ljuwe treast En de earme siken aldermeast. En mennich faem, dy kreunt en stint, En ’t wetter oer de wangen rint, Jaen dy yn ’t ein hjar hertewinsk, Jaen dy in keardel as in stins.
IT NIJE JIER.
Dat alles kin ik jimme bringe, Mar ien ding wirdt ’er by bitinge: Pas jimme op! De Grouster ljuwe Moatte altyd âlde Friezen bliuwe. En as hja ’t jier forkeard bigjinne, Den koe it yet wol earsling rinne. Wêz’ wirksom, kloek, mar ek pleizierich, Den bliuwt ’t âld Grouwergea woltierich: For loaijens bring ik mei in roede, Dêrom wêz’ elk mar op syn hoede.
E. H.
[Yllustraasje: DE GROUSTER ROTTELWACHT.]
GROUSTER ROTTELWACHTS NIJJIERS-WINSK FOR 1842.
Ho fljocht de tiid dochs foart! Sa blaest de stoarm de weagen Yn skom en bûrlen wei.— In skynsel foar ús eagen!
Der ’s wer in jier ten ein; Ho fol fen soarch en lêsten! En mennich goede frjeon Kaem yn it grêf to rêsten.
Wy libje yet, Godtank! Kin men ’t wol libjen neame? Hwent mennich fljocht ’er troch As ’t foaltsje sûnder teame.
En mennich droamt ek mar; Hy wit net det er libbet. In oar is ’t libben sêd, Dy klaget ef dy kibbet.
Is dat de tankberheit For ’t goede dat wy krije? “For ’t kwea”, ropt mennich licht: O, lit ús dêr fen swije!
Hwet de iene ôfnimd wirdt, Hat de oare wer oerfloedich: De rykdom bringt syn soarch; Dy soarch hat wirdt swiermoedich.
En de earme hat mar soarch For klean en for hwet iten, Dat faek fen rike ljue Oerdedich wirdt forsmiten.
Syn greatste fyand is De bittre kjeld en honger, In hûsfol earme bern, En ’t jamm’re brea-gelonger.
Sa hat elts hûs syn krús, Syn swierrichheit en lêsten. Is ’t op in sekfol goud Wol altyd swiet to rêsten?
De nijjiersdei is dêr! In dei fen lanterluijen. De winsken heart m’ oeral Sekfollen for ús struijen.
De ljuwe fen de stôk En fen de âlde rottel, Dy komme ’er ek wer oan Mei hjar nijjiersgekwattel.
Elts rymt sa goed er kin; Wy rime neat as winsken For boer en edelman, For goede en kweade minsken.
Us jonge Grytman earst Wirdt winske heil en segen, Gesontheit en gelok, En elts him tagenegen.
De ljuwe fen ’t Bistjûr, De Tsjinners fen de leare, De keapman en de boer En dy de bern meneare;
Mar de earme minsken ek, Dy sa nei wirk forlange, Bifelle wy elts oan, As kjeld en earmoed strange.
Dy winskj’ we in tankber hert For alle goede dingen, Dy ús de Himel jowt Yn túzen segeningen.
Us Grouster fankes ljeaf, Dy sa nei frijers wachtsje! De hoop dy libbet yet: Wol dêr foaral op achtsje.
Nou binne ús winsken út, Wêz’ nou den ek tofreden. Wêz’ bliid op dizze dei, Mar mei forstân en reden.
E. H.
GROUSTER WEACHBRIEFKES 1839.
I.
In wird fen de Weachmasters oan de Merkegasten yn Groustermerke.
Forline jier tochten wy: nou is ’t for ’t lêst det wy jimme hifkje, frjeonen! Under de greate heap, dy ús de flesksek joegen to weagen, wieren rju dy ’t ús skeetsk oanseagen, krekt eft se sizze woene: “Jimme ha de skelm spile, feinten!”—Det dêr neat fen oan wier scille wy net sizze; mar, minsken! it koe net oars om it stik brea. Der binne folle, dy gean mei in moed fen hûndert poun op ’e skealjen, en as wy hjarren den mei ús wichten bitsjutte, det se to licht binne, den smite se ús noartich it skrokke weachlean nei de kop en woene der ús wol in mep by jaen. Der binne oare, dy ’t jier op jier tsjin wille en tank in poun mannich oplizze. Dy tinke: nou bin ’k lykwol net groeid. En as de punt fen de evener den yet altyd op hjar tawiist, den is ’t: “Hawar, ik wol net wer.” En as wy dat hearre, den giet ús de moed yn ’e hakken sitten. Noch hiene wy ljue, dy ’t keken op ’e wichten wieren, en wy brûkten gûds dy ’t yn saun jier net by de itigmaster wêst hiene,—net omdet wy dy man net bitrouden, mar omdet it sa’n ougrysliken jild kostte. Wy bigripe net hwêrom se de eveners ek net itigje,—hwent dat is in goudmyn for de biskiters. Mar ho stilder ho better.
Al dy minsken ha wy om ús eigen bilang hwet bigûchele en sa ha wy de iene hwet jown en de oare hwet ontnomd, sûnder det wy it mês der by hoefden.
Om nou dy noartige ljue ta klanten to hâlden, wolle wy hjarren bitsjutte, det it gjin skande is al dript hjarren it fet ta de boksen út, ef det men se mei in kearse fen efteren trochljochtsje kin. Dêrom ha wy in list fen de Weachmasters út Ingelân en Frankryk komme litten, dêr ’t wy jimme de útrinders fen opjaen scille.
George de Twade foun op in reiske yn ’t greefskip Lincoln ûnder syn ûnderhearrigen ien, dy woech 583 poun. Hy wier om ’e mil 10 foet en 4 tomme tsjok, hy wier 6 foet en 4 tomme heech. Dy man syn iten waerd net folle, mar hy pluze deis 18 poun flesk op, bûten ’t byspil. Hy stoar yn syn tritichste jier. Ien fen syn saun berntsjes, in jonge fen fiif jier, krige in pakje klean út ien fen de mouwen fen heite jas.
Eduard Brimet, in Ingelsk keapman, stoar op dyselde âlderdom to Mader yn Essex, dy woech 609 poun. Saun ordintlike mânljue koene tagelyk yn syn jas biknoopt wirde. In forwoechsen skroar, dy ’t graech in slok mochte, naem oan om for in skelling troch ien fen de mouwen fen Brimet syn ûnderbaitsje to wramen. It keareltsje kaem der troch, mar mei folle skreppen.
Michel Sponer, yn de prowinsje Warwich, wier de baes fen alle bealchseinen. Hy woech fjouwer wike foar syn dead 649 poun. Hy wier 57 jier en koe net gean, mar ried alle dei yn in wein dêr ’t er krekt yn koe en dêr ’t er út en yn takele wirde moast. Nei syn dead wier er fen ’t iene skouder oan ’t oare 4 foet en 3 tomme. Op ’e jiermerke to Atherston krige er rûzje mei in smous, dy him mei in pinmes yn de termen rippe woe. Mar Abram koe mei it lytse mês net troch ’t fet rikke; oars hie Michelom do in lyk wirden.
De Fransken dije sa goed net. De heechste dy dêr bikend is woech 385 poun.
Nou hwet fen de lichte ein.
In sweedsk skoenmaker woech op syn tritichste jier, mei ’t skoatsfel foar, 43 poun en wier dôch 5 foet en 4 tomme heech. Hy is mei in simmertwirre to Stokholm fen ’e strjitte ôf op ’e tsjerkegoate set.
In dounsmaster to Rouaen woech mei fyoele en strykstok 33 poun en in lead mannich. Hy wier 5 foet en 2 tomme heech. Hy naem ienkear oan om in deuntsje to dounsjen op tûzen skriesaeijen. Hy die dat al, mar twa aeijen, dy ’t net goed op ’t ein stiene, rekken stikken. Sa forlear de man de weddenskip en do skeat er him sels foar de kop.
In skroar út Hamboarch, fen amper 5 foet heech, woech nei iten 32 poun. Hy iet folle fisk. By hirde wyn droech er lead yn ’e skoen om fêst to stean.
Dit binne mar inkelde út de greate heap. Nou kinne wy jimme fortelle fen ljue, dy ’t op in biezemstôk troch de loft fleane ef op aeisdoppen nei Eastynjen reisgje. Mar dat binne tsjoensters, sokke telle wy net. Bikreun der jimme mar net mear oer, det de iene in hûndert poun mear hat as de oare. Wy woene ’t wol hwet liker ha yn de wrâld. Mar wy wolle der ek net mear oer falle, al krije wy se as salmen sa fet ef sa toar as stokfisken. Om’t it ús om jildfortsjinjen to dwaen is, hâlde wy ús fen alle rie ôf. It giet en bliuwt dôch lyk as in glûpert fen in jonge tsjin syn mem sei:
De iene pronket sûpt en set, De oare neat to bikken het. De iene giet yn sydne klean, De oare nei de lappen flean. De iene laeit yn fear en plom, De oare hat noch yn noch om. De iene hat linnen yn ’e kast, De oare hat neat oan ’e bast. De iene yt dat hy graech mei, De oare beane alle dei. De iene yt tsjokke rizenbrij, De oare keallesûpen lij. De iene dy drinkt bier en wyn, De oare slacht ’er wetter yn, De iene kin fen fet net rinne, De oare springt der ribskien hinne. De iene hat neat yn ’e bûs, De oare gounen by de rûs. De iene nimt in wiif yn ’t bêd, De oare is froulju wêrs en sêd. Us heit dy skrept en docht syn bêst, Us mem dy sûpt en fret fen ’t bêst.
“Kinste oars net, loebis?” sei syn mem. En hy striek út.
Nou farwol yn ’e merke! Wachtsje jimme for brân en snijen, en foaral for de smouzen.
Grou, 24 Oktober 1839.
H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.
GROUSTER WEACHBRIEFKES 1840.
II.
Wy winskje jimme gelok mei ús nije Goeverneur. Jimme kenne Sytsma as in Fries yn mirch en bien, dy it lân, dat er regearje scil, ken en ’t der bêst mei mient. En nou sizze wy: Wolkom yn de merke, folkje! de iene sa wol as de oare. Mei rokken en stokken, mei prûken en broeken, mei jakken en pakken, mei linten en flinten, garren en harren, allegearre wolkom!—Wy binne der wer mei de weagerij. Us úthingboerd is net great en wy mjitte it nut en de lof fen ús wirk net by Nederlânske jellens út, lyk as gelearde en ongelearde swetshanzen. Wy mochten oars ris minder dwaen as sizze, en as stadige lju den seine: “It feilt wol ’ris” ..... dat scoe ús searder dwaen as det in lûdropper ús for biskiters útrachte. Mar wy wolle graech det de ljue ús flitiger bisiikje, om ús en hjar eigen bêst. Wy habbe folle bêste mingers, dy ’t ús jier op jier de rompslomp op ’e skealjen bringe; mar der binne ek folle, dy der noait om tinke, eft se mei hjar breasek foar- ef efterút gean: It griist ús!
Groustermerk sjen wy se ús foarby kuijerjen, dy de hele dei oars neat dien habbe as hjar ierdske tabernakel goed to dwaen, mei kofje en klontsjes as bargehokken, mei smoken en snuven, mei bittere, kleare en swiete sûpkes, ef mei al hwet de tapkast for nektar to pronk set mei forgulden letters,—mei gebradens, det it fet ta de hoeken fen ’e mûle út rint,—mei appelsmots en bofferts, det de knopen fen ’e klean boarste, en den soms yet de hoekjes en herntsjes mei rinnend gûd fol jiette, sûnder det se witte eft se der hwet mei bidijd ha. Hja kinne sadwaende út de liken groeije, ef, as ’t forkeard gong, scoene se ’t hele grim kwyt wêze ear ’t se ’t tochten. En ho den to rie?
It is nuver! tinke wy wol ris. Ho faek sitte de ljue to rekkenjen mei de pong, en as der in knoarke jild oerfortsjinne is, o! ho nochlik wirdt den de kast op dien. En dat hearlike liif, dêr ’t safolle yn en om dien wirdt, dêr ’t nachts en deis op arbeide wirdt om it goed to dwaen: dat net to weagen om to sjen eft it helpt ef net; it is skande! Sadwaende rinne de knapskrinkels gefaer om libbens-liif in stokfisk to wirden, en de wyndrinkers, det de learen sek út it fetsoen tynt en hja gjin minsken lyk binne. Dat kin sa net langer.
Wy scille de nije kening (hwent de âlde hear hat de effearen oerjown; och! koene wy it ek sa fier bringe mei de weagerij!) forsiikje om in wet, det eltse jongkearel, dy ’t in wiif ha wol, op eltse foet hichte 26 âlde pounen swier wêze moat, en dêrfen in sertefikaet nimme fen de weachmasters. O hwet scoene se faek op ’e skealjen komme, as se hwet lichtliddich wieren, en hwet scoene de breiden hjar faek hifkje, eft se ’t wicht hast hiene. En wy, wy hiene kâns op in stikelpingje as wy in trije for in fjouwer oanseagen. En it scoe spanne ef wy biswieken lyk as folle, dy ’t offysjes habbe. As der gjin twang komt, sjen wy net út, det it yn ’e heak to krijen is. Sa liket it wol, det de minsken twongen wirde moatte, lyk as de baerch fen ’t âld wiif.
Hwet in gegnoar tsjin alles hwet om bêst dien wirdt. Hwet in gegei oer de djûrte fen ’t skoallegean! Mar hja bigripe net, det it saunris sa goed is as dat âlde ge-ab eb ib ob ub, en den wer ba be bi bo bu. Hwet hiene de lju dy dat opsizze moasten, in wirk om troch ’e wrâld to kommen, hwent hja wieren en bleauwen kouwedom. Hja tochten oer ’t forstân fen ’e bern lyk as oer hjar greiden,—det ús ljeaven Hear beide grienje liet as ’t tiid wier, om ’t dy iere gêrskes dôch net strieken. En sa tochten se noait om ontwikkeling! Ho dom, net? Hwet is der do al in forstân forroaste en forwirden, omdet men net wiste fen ontwikkelen! Nou leare se ommers fen alles yn in amerij. Ja, al wolle jimme de bern ta kinsteners for Franconi opliede, in leksum mannich yn ’e gymnastyk, en klear is ’t as in klontsje! O, as jimme dy sprongen seagen!
Jimme binne oars ek dwersdriuwerich. Jouns wolle jimme net út de herbergen ef jimm’ moatte der troch de frouljue ef brijleppel wei tokke wirde. En den doare jimm’ ek yet sizze, det de foetten sear dwaen, om ’t wiif hwet wys to meitsjen. Jimme wolle de wichten net itigje litte al is ’t noch sa. Sokke stjonkerts wieren der op ’e 1e Oktober yet 19 en dêr yet in dûbeldjerre ûnder. Jimme ..... mar hou! wy binne weagers en wolle net yn de sek kypje. Mar men docht wol rimpen in taest as men immen oansprekt.
Forline jier joegen wy in register fen swiere en lichte ljue, nou scille wy it jaen fen greate en lytse. Dat is wol bûten ús fak, mar wy dwane ’t om ’t bêst,—om sokke, dy ’t as in Itaeljaenske popelier yn ’e hichte sketten binne, en sokke dy ’t men proppen ef kannestoppen neamt, to bitsjutten, det se de greatste en de lytste net binne en hjar dêrom net skamje moatte om by ús op to stappen.
Yn ’t jier 1735 wier yn Parys ien to bisjen út Finlân, fen 6 foet en 8 tomme. Thoresbey yn Ingelân wier 7 foet en 5 tomme Ing. In tsjinner by de hartoch fen Wurtemberg 7-1/2 foet Rynl. Ien yn Ingelân 7 f. 6 t. Yet ien 7 f. 7 t. Id. 7 f. 8 t. Ing. Cajanus yn Finlân 7 f. 8 t. Rynl. ef 8 f. Sweedsk. In boer yn Sweden allike heech. In soldaet fen de garde fen de hartoch fen Bronswyk-Hanover 8 f. 6 t. Amsterdamsk. De reus Gilli fen Trente, yn Tyrol, 8 f. 2 t. Sweedsk. In Sweed ûnder de garde fen de kening fen Prussen 8 f. 6 t. Sw. Goliath fen Geth 9 f. 4 t. To Rouaen is in reus to sjen wêst fen 8 foet en in mannich tomme. In Fries, Britsanus Joulsma, fen Britsum, dy yn ’t jier tûzen libbe, wier tsjiendeheal foet lang, do men syn geramte foun. Garapius seit, dat hy in reusinne sjoen hat fen 10 foet.
Plynjus forhellet, det Orestis 10-1/2 foet wier, Funnam de Skotsman 11 f. 6 t. Ingelsk.
Dat binne bazen, net? As sokken in sigaer yn ’e mûle hiene, den koe men sizze: dêr is in man mei in sigaerke. Mar nou sjucht men jonkjes mei in ontwikkeld forstân, sigaren smoken; dêr kin men fen sizze: sjen! dêr giet in segaer mei in mantsje hinne. De geramten fen Secondella en Pusio, biwarre yn de tunen fen Sallustus, wieren langer as 10 foet.
Nou is ’t oan ’t gnob ta.
Bibé, by de kening fen Polen, Stanislaus, 33 tomme Franske mjitte, is 23 jier âld wirden. In lyts forstân as de man. In Poalsk edelman, dy men to Parys sjoen hat op syn 22ste jier, wier 28 tomme. In moai mantsje dy forskate talen spriek. Syn âldste broer wier 34 tomme. Ien to Bristol wier op syn 15de jier 31 Ing. tomme. Dy wier mar 13 poun swier en p.... dôch sa heech as de Gr.... brânspuit. In Fries, dy him yn Amsterdam bisjen liet (lytse Wybren) wier op syn 26ste jier 29 tomme Amst. In kibich rimpen mantsje. In dwerch fen Norfolk liet him it selde jier to Londen bisjen. Hy wier op syn 22ste jier 38 tomme en woech 27-1/2 poun Ing. Der is ûnder it kroas ien wêst, dy wier op 37 jier 16 tomme. Sa’n frijer wier net ongeryflik, fammen! Dy koene jimme by jimm’ yn in doaske ef koerke stekke.
Dy ’t ús nou net leauwe wol en tinkt, det wy jimme hwet op ’e mouwe spjeldzje, dy kin ús neisjen hy: Schreber, Histoire des quadrupèdes, en yn l’Histoire naturelle de l’homme & de la femme, d’après Buffon, Cuvier, Lacépéde, Viret etc.
Nou yet in lytse, mar âlde rie. Snij net en lit jimme net snije, fen bisneine noch onbisneine. It jouwe smetlappen yn ’e bûse, en dy onthâldt men langst. Nim tsjin de kâlde loften hwet út ’e flesse, mar safolle net, det jimm’ âlje lyk as de âld boer. Nim gjin oandiel yn ’e lotterij by Abram, Izak en Jakob. Dat is ’t paed nei de rúchskerne.
Groustermerk 1840.
H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.
GROUSTER WEACHBRIEFKES 1841.
III.
Ik tochte to nacht: dou komst’ noait wer yn Groustermerke. Ik droomde, det ik mei in boat yn ’e Pikmar laei to angeljen, en sa kaem der in âld earn oan, dy ’t my by de krage pakte, en dat wier hâld. Do mei my en de angelstôk, dêr’t in pouns bears oan sparle, yn de hichte. Ik fleach as in sweal by de wolken lâns, wol helte hirder as de kening troch Akkrum flein is. En do ’k in stik nei Ingelân ta wier, kaem der yet in earn oan, dy ’t in weachmaster fen domenijs yn ’e flecht pakt hie. “Hwêr scille wy it soadtsje biplúzje, makker?” frege dizze. “My tinkt”, sei myn sipier, “wy fleane mar efkes nei Amerika, op ien fen de Cordilleras. Ik hâld fen ’e hichte. Den kin de tsjiissloft der hwet ôfwaeije, en dines rûkt ek al nuver.” Yn ienen heakke myn snoer oan de Sint-Paulustsjerke to Londen fêst. Ik mei in hoart los en bigoun sa oeribel to gûlen fen “hein my, minsken, hein my!” det myn wiif kjel to wekker waerd en sei: “Sit dy de weagerij wer yn ’e holle? Jimme wirde yet stapelgek mei jimme mirakels.” Ik sei: “Wyfke, as ik 1400 goune krige, sa lang as wy gjin grytman habbe, den woe ’k net weage en den joech ik elts lid fen ’t bistjûr frij klontsje-iten op ’e heap ta. Mar nou praktisearje ’k nachts en deis om frede mei myn mage to hâlden. Nacht Jikke!”
Wy winskje jimme in plezierige merk ta, frjeonen! Himmen en hjarren, sa ’t se ride en farre.
Oan de hirdsilers—in feger fen in koelte, det se de hânnen allegearre fol habbe. Op it ein hwet tsiere en flokke oer lavearjen, fen de wyn, silen, loeven, ôfhâlden, gybjen, knipgongen dwaen en elkoar op ’e seilen farre,—det de romers op ’e tafel dounsje yn de wolken fen tabaksreek. Mar de rûzje net langer as ien joun, en de oare deis forgetten.
“Ljeafhabbers fen de pluzerij—smaeklik iten! Wêz’ net to haestich en to roppich. Flij it goed, lyk as de hantsjemieren, hwent it merkjen en ’t meanen komt op ’e hûd oan.
Ljue dy ’t it grim fen de tapkast ljeaver ha as hjar eigen, as hjar bûse en forstân,—winskje wy safolle swiete swolgen, det se de Boarnster toer for in útpluzer oansjen. Op in ljedder nei hûs, in trochrookt noas, mei snijwirk en forguld, en den goenacht! yn ’e hirddobbe, mei in wiet dweil om ’e hals.
De fjuchtersbazen—in dûbeld purgaesje om hwet oanslach to habben, en oars neat as lij wetter to drinken. Helpt dat net, den nei master Kloppenboarch om trochgeande fûstsâlve, en in moanne nei Ljouwert útfenhûs.
De feinten en fammen winskje wy nochlike, ynnochlike, trochnochlike, troch-enwertrochnochlike tútsjes, triuwkes, grypkes en knypkes.
De âlde feinten—in dikkop brandewyn mei sûker en in tige griene rite, det it hjarren yn ’t liif omkrâllet as in libben iel. Dêrmei yn ’e Govert en op ’t lêst in âld slydtsje op ’e skette en mei Douwe Japiks yn kennis.
Oan alle fammen, jonge sawol as útwiksele, hipskroarren en tipskroarren, lapskroarren en knipskroarren, winskje wy in frijer, en is er hwet licht ef in knoffeler,—den twa. Mochten der gûds foarby reitsje,—dy keapje for in botsen taeimantsjes en geane dêr mei to bêd.
Pake en beppe—moai skimerjen mei in romerfol brandewyn mei sûker. Net folle kleije en kibje. Jimme habbe ek merke. Nacht pake! nacht beppe! Goed bistopje!
Jonges en famkes winskje wy yntiids mei in liif fol poatstrou ef brij op bêd. Den flokke se skraech safolle as fen tabak en jenever en den heart men gjin wirden fen de ontwikkelde en gevormde jeugd, det yen de grize oer de grouwe rint,—en hoeft men net eang to wêzen for in geslacht, dat troch de âlden forlitten liket en oan de divel oerjown is.
De kastleinen winskje wy folle pongen, mar gjin jild dêr ’t de mage neijerhân wrake oer ropt. In sekfol pipermintsjes en in fetfol kâld wetter by de doar, for de berntsjes, dy ’t miene det se jenever- ef brandewyntoarst habbe.
Oan ljeafhabbers fen dounsjen—alderfreeslikste hege sprongen, op de wize fen: “Ik scil dy wol krije, krije krije!”—Ef:
Rommert laeit by Tryn yn ’t hea En Doekele is biskonken, Harke laeit yn ’t baergehok, De hele boel is dronken. De baergen rinne yn it nôt. Hwet is ’t in rare wrâld! Hea! sjen ús jonggûd springen; De keallen dounsje om ’e toer. Hwet sjucht men nuvre dingen! De wrâld is sûnder stjûr.
Oan ljue, dy to heech by hjar sels opsjugge, riede wy de stoarje fen David Ipes to lêzen. En dy to rom mei hjar spil omslingerje, forwize wy nei Japik fen ’e Geast. Neijer ynljochting by ús oan hûs, for fiif stûren de man.
Nou moatte wy jimme yette in âld wierheit fornije, lyk as Ulespegel oan alle skroarren fen Prússen dien hat.
Pas op it âlde folkje, net om de ljue, mar om hjar streken. As jimme praten hearre fen lotterij, nim den de pong en set der in knoop op, net in knoffel- ef âldwiveknoop, mar ien dy’t fêst sit.
Wy scille jimme takomme jier in priuwke jaen, ho ’t ús bûrlju de Fransken oer dat spil tinke. Troch dat hele greate ryk habbe se de ienfâldige ljue de lantearne opstitsen yn in boekje: La Loterie dévoilée. Mar ien bitingst: jimme earst net earm lotsje.
Nei de merk binne wy to sprekken by Hindrik Bearenboarch. Wy jaen rie for alle lek en brek, mar net for in útlibbe merkepong. Us eigen wier yn ’e tarring; dy ha wy, op rie fen goede frjeonen, nei ús Hindrikje-moai to Berlyn stjûrd. Mar wy ha oars neat as in doaskefol linten werom krige, mei in knipbriefke, det de ljue yn Nederlân dêr bjuster mei tsjinne wieren. As hjar dat oan ’e rôk spjelde waerd, den stiene se krekt eft se molken waerden ef det men hjarren lij wetter ta de klompen yn geat. En den gûlden se “Hoera!” det se altyd heas bleauwen.
Grou, 21 Oktober 1841.
H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.
GROUSTER WEACHBRIEFKES 1842.
IV.
As ’t Grouster merk is, den tinke jimme oan ús, mar oars yn ’t hiele jier net, ef jimme moatte in lek tsjettel, in smoarch klok ef in stikken broek ha. Fen jier ta jier stean’ wy hjir to weagen, en for in cint twa trije jaen wy jimme op de heap noch in goe’ rie mei; mar jimme tinke: it is koartswyl, oars neat as koartswyl. Wier en net wier: koartswyl en âld earnst troch eltsoar mjokse, en, om ’er rjocht foar út to kommen, sit de koartswyl om de âld earnst hinne, lyk as it silver om de stjonkene pillen, dy de dokters fen allerlei kjitte by eltsoar klieme. Dat sanikjen en eameljen fen dy Grouster weagers, sizze jimme, wirdt ientoanich. Ja, it is sa, frjeonen, mar lang sa ientoanich net as de tsjusternis yn Lâns- en Gritenij-kassen. Wy scille it lykwol oars probearje, en kinne it allike goed weagje en noch better as baes Oene. Baes Oene mei syn fet swolm oan ’t wang kaem by in snijersbaes yn ’e stêd om rie en help. Dokter naem it him ôf en Oene waerd genêzen. “Man, sei de master, dat was een waagstuk: van de 100 geen 10 dat lukt.” Nei nijjier kaem de rekkening fen Ljouwert, mar Oenebaes sei: “lyk om lyk: hy hat ’er my oan weage, nou weagje ik ’er him oan”, en bitelle net. Wy weagje it om jimme in stealtsje fen ús filosofy to jaen. Bitelje ef net, dat litte wy oan jimme sels oer. Hark:
Hwerom giet in apel, dy fen de beam falt, net krekt sa goed nei boppen ta, ef hwerom bliuwt er net sweven twiske himel en ierde, lyk as de Sint Jans triedden? hwent der is neat dat him foartstjit ef driuwt. Hwerom fljucht in koegel, dy út in roer sketten wirdt, net altyd foart as de foarsje fen it boskrûd him net mear driuwt? Hy is dêr boppe ommers frij; dêr is ommers neat as de loft, dat him keart?
Ja, jimme scille sizze, omdet er swier is; mar hwerom is er swier? Wy scille it jimme sizze: it is omdet alle lichamen hjir op ’e wrâld troch it middelpunt fen de ierde oanlitsen wirde. Dat is de natûrkindige oantrekkingskracht, heel ûnderskieden fen de natûrlike oantrekkingskracht twiske feint en faem. Ho greater, mar boppe al ho tichter in ding yn eltsoar sit, ho greater dy oantrekkingskracht nei it middelpunt fen de ierde is, dat is, des to swierder is it. En dochs giet dit yn alles net troch: hwent izer is hirder en tichter as lead, en it is dochs lichter, en dat neame se specifyk gewicht. Dat dwane de gelearden altyd, as se in ding net goed forklearje kinne; den bigjinne se latyn to sprekken, om in boargerman yn de mist to fieren. Sa is goud specifyk swierder as silver, wetter is specifyk swierder as oalje, ensf.
Sa hawwe de minsken ek in ûnderskieden gewicht, en yn dat opsicht is er ek al in stien ef in blok gelyk: ho greater en tichter de minske is, ho swierder. En yn de rigel binne de minsken ek al de bargen gelyk: ho better foer, ho loaijer libben, ho mear pounen; mar dêr is ek al nin sizzen fen: hwent ús Dokterom, dat nin oerdedich iter is, is meast de swierste klant, dy wy op ’e skealjen krije, en dy man bokselt yet al frij hwet yn ’t fjild om, dy is folle op ’e soalen. Mar ús nachtwekker, dy de minsken moarns út it bêd bûket, en dy in goed bout skiepflêsk mei in kynsen ierdappels mei glâns yn trije miel opfret, dy sjocht ’er út as in forlijd hjerstkeal: der sit nin groede yn.
It komt der ek net folle op oan ho swier in minske lichem weagt, as er mar net to folle smoar hat, nei det er in beest is. Men sjocht minsken mei in slach yn de rêch, mei lekkenske rokken en gledde learzens, dy hawwe mear smoar as hjar takomt, en dat hearde eigenlik yn de ierdappels, dy se ite. Al to swier is ek mar ongemaklik, mar al to licht makket de minsken al to fluch, binamen de frouljue, dy wirde den koart fen hakken. Swier en swier is twa; in swiere pampus sit net altyd oan in gewichtich persoan: hwent in gewichtich persoan moat eigenlik in man wêze, dy in great forstân hat en dy it goed brûkt.
As der twa ljue om in ding forsiikje, in lichten en in swier man, en as se beide op ’e skealjen komme, en de lichte man hat hûndert goudstikken yn de bûsen, den wint er it; dat is: omdet it goud swierder is as minskeflêsk en minske forstân.
Oerwicht is ek net goed by de minske; mennich minske wirdt oerwichtich as er by in folle flesse sit ef in moai jongfaem, en den forliest er it wiere gewicht. Oerwicht fen flêsk makket loai, mar oerwicht fen forstân makket gek; oerwicht fen wille makket droefheit; oerwicht fen fortrouwen makket skelmen; oerwicht fen jild makket gjirrich ef geweldich. Koartom, de middelwei is hjir ek al wer it bêste, en wy weage jimme flêsk en bloed mar; ho swier jimme oars weage, dat moatte jimme sels witte. Wy sizze it jimme: skat jimme net al to swier boppe in oar; it komt ornaris oars út. Warachtich, de ûnderfining leart it: as immen al to folle sin oan him sels kriget, den hat gjin minske op it lêst sin mear oan him: en dy in oar op ’e kop sitte wol, dy rekket sels ûnder de foetten, lyk as...... mar wy scille mar swije.
Tawicht hoeve wy net to jaen; dêrom, as lytse baes op ’e skealjen komt, den scil er de bom ôfsette; hy hoeft him syn lichtens net to skamjen; hy is krûdigernôch for syn gewicht.
Nou yet in wirdtsje oan de merkegasten. Troude manljue! bliuw mar net by de rollebol stean to spyljen; dat kinne jimme frouljue wol ôf, nei ’t der forhelle wirdt: dy sette jimme jild al yn ’t aventûr: fen de lotterijbriefkes wol to forstean, as jimme net thús binne, en sa kinne jimme, sliepende wei, bûten jimme witten om, ryk wirde ef dea-earm, sa it mar útkomt.
Dêrom, merkje ljeaver in bytsje mei fatsoen; den kinne jimme ’ris laeitsje for jimme jild yn pleats fen skrieme.
Gean de jouns mei in dikkop Hubert en Wopke ûnder tekken, den sliepe jimme as roazen, en nim de moarns twa romerfollen Berenborch om ’t forstân op to skerpjen; mar pas op, det it stiel der net ôfgiet: jimme smid kin ’t der net wer op lizze, lyk as op de tjoksels.
H. Epema, Weachmaster, S. de Vries, Scriba.
Grouster Merk, 1842. E. H.
GROUSTER WEACHBRIEFKES 1843.
V.
Wy binne forline jier oan de filosofije west: dêr scille wy nou mar net oan dwaen, hwent by filosofen en de dichters sjocht it ’er troch de bank lang sa moai net út yn hjar huzen as yn hjar boeken. Wy scille nou mar wer oan ’t weagen gean, en wy hoopje mar net, det jimme ’er sa bang for wêze scille as dy man, dy for gjin kynsen bûter der in foet opsette scoe. Hy hoefde it him oars noch net to skamjen; hy is yet sa meager net as in skroar, dy in jier oan ’t liifrinnen west is.
As jimme der sa bang for binne, den krije wy gjin jild yn de pong, en by gefolch gjin ierdappels yn de kelder. In lege pong is dochs in heislik ding, al sit ’er ek noch sa ’n moaije oranjestrik oan; ’t is dêrby in twangneil, dy keuningen ta smouzen en de smouzen ta keuningen makket.
Wier it det jimme forstân ef jimme jild hjir op de skealjen lein waerd, den scoe mennich ien al foar de skealjen opstûke, dat koe dochs bjuster ôffalle: hwent mennich ien hat yn de eagen fen him sels en yn it each fen oare ljue in great forstân, en as dat op ’e skealjen kaem, koe it ôffalle. Sa scoe it ek wol mei it jild gean, en dy ljue, dy hjar jild afterbak hâlde, om net to heech yn de doarps-omslach to kommen, wierne der it minste oan. Mar wy weage mar flêsk en bloed, en dy him sels to licht achtet, dy kin sa folle lead yn ’e bûsen stekke, as him sels goedtinkt, om mei fatsoen op ’e skealjen to kommen; wy scille it der net úthelje, mar wy moatte dochs ien ding sizze, wy scille alleman op ’e skealjen litte; wy hawwe ljeaver jonge fammen op ’e skealjen, dy oan de lichte kant binne as âlde wiven, dy hwet licht binne: hwent jonge frouljue binne trochstrings de plezierichste merkegasten, en as âlde frouljue yn ’t gewicht ôffoelen, den koene lichtgelovige ljue hjar for tsjoensters oansjen, en den hiene wy de flok op ’e hals. Jonge ljue! bitrouwe jimme ús net, en wolle jimme elkoar ’ris neihifkje, taest eltsoarren dêr oan, dêr it jimme minst sear docht; wy kinne it net helpe as ’er yn sa ’n drokte mistaesten dien wirde. Jimme sjonge allegearre: “Hoog om hoog, de keel is droog.” Binne jimme den smids wirden? dy hawwe allegearre in fonk yn de kiel, dy moatte se eaze ef forbarne; bakkersfeinten, dy foar de oun fordroegje, dy moatte hjar wol ’ris útweakje. “Hoog om hoog!” toe mar, de foet fen de romer mar nei de wolken ta; de kastelein moat ek libje; tink mar net det it sûpe is: haw hjoed wille sa folle as jimme opkinne, mar liz it sa oan, det jimme moarn gjin birou hawwe.
Plezierige merke, frjeonen! en wachtsje jimme for de knyflokiters.
Grouster Merk.
1843. E. H.
It gewicht fen is Ned. Pounen. ” Oncen.
H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.
IN NIJ LIET OP GROUSTER MERKE.
Voys: Het zal wel gaan, wel gaan, wel gaan van avond in het schuitje.
To liz’ mar, liz’ mar, liz’ mar oan, Us mem dy wol ’t wol lije. Hja sei tsjin heit: “wy ha ’t wol dien; Us Tryn mei ek wol frije. Strak scille wy skotse, Trala, la la, tra lalderala; Strak scille wy skotse, It keallebout ropt ús ta.