← Rimen en Teltsjes

Rimen en Teltsjes (part 2 of 4)

Part 2 of 4 · Halbertsma, Justus Hiddes, Halbertsma, Eeltsje, Halbertsma, Tjalling · Public domain text

About this edition

Source: Project Gutenberg e-text #60480, public domain in the United States · text not rewritten or summarized · How RedLectern is built

 

Contents (4)

Continue:

Rimen en Teltsjes (part 2 of 4)

Nei dizze lange kronkel yn myn brief scil ik dy mei in mannich wirden forhelje ho ik út Peise wei rekke bin. Dou moaste witte det ik ta myn ûngelok it moaiste en it flinkste hynzer yn it hele Drintske lân wier, en ik roun dêrta sa’n gnap trantke, det der oeral fen my praet waerd: to Grins yn de Slingerij; to Onderdam yn Grinslân; op ’e Birgumer daem; op it tolhûs oan ’e Swarte-wei; op de Trije-romers, ja, to Amsterdam oan de Bearebyt, roun ik oer alle hynstetyskers tongen as in wonder fen de wrâld. Einling komt Seakele mei de knolfoet, in soan fen dy âlde grouwe Homme, by ús to Peise: dy ienfâldige jobbe foel mei de doar yn ’t hûs, en bea ús boer hûndert ryksdaelders for my sûnder det er him easkje liet. Us boer, dy yn alles dom wier bihalven yn it jild, bigoun út sa’n great gat to bliezen, det Seakele mei syn knolfoet wer nei hûs hompelje koe sûnder rúntsje. Do de boer seach det ’er aventúr yn my siet, do waerd ik fierd en tein as in jifferke, en ik hie in libben as smoarge beane. Ik die neat mear, ik friet hjouw’re en beane sels oer de meuch; ja, it âld wiif, dy oars yette goarriger wier as de boer, treau my sels de stuten yn de hals as hja de romte der fen hiene. Ik waerd sa glêd as de pultrom fen jimme âld mem, en elts, dy my seach, sloech de hânnen yn elkoar. Mar lyk as ik dy sei, it wier ta myn ûngelok, hwent der ried nin hynstetysker, nin hynstegek troch Peise ef ik moast bitomke en bisjoen wirde fen it iene lid ta it oare. En den krige ik for in ôfsetter yette in streek mei in Ingelske swipe ta, det ik oan de souder ta fleach fen pine. En dat neamden se den pronkjen! En den wier ’t: “O, ho, poalle! hou, popke!” wylst my de hûd pipe fen de strjimmen[17]. Lykwol ik waerd net forkoft: ús boer wier oer it hynzer tild, en dy holde it mar op trijehûndert goune yn. Dêrmei waerd it Noarger merke, en dêr scoe ik jild jilde. De jouns foarôf joech it âld wiif my in poatfol groat, det se de deis oerhâlden hiene, en karde my oan ’e hals wylst ik friet; en de jouns tsjin it alderlêste kaem Annegien hjar dochter en joech my in stik Grinzer koeke; it fanke kriet en snikte. Ik wreau hjar wiete wangen mei myn kâlde hynstesnút, en slikke hjar om ’e troanje; en Gabe-heite, ik die it mei in folle oprjuchter en frommer sin as dou, doste jimme lytsfaem op ’e weide hea patteste, do ik for de lêste kear to jimmes haeide. De moarns foar dei en foar dage waerd ik nei Noarch laet. Dêr seach ik heel folle forroaide Fryske hynstetyskers, dy in heale nacht, fjouwer op ’e rige, op ien bêd omtomle hiene, mei in liiffol Drintesop en knarsige stoeten; dy seach ik nou yn de tinten al to smookjen en to swetsen. Ik seach Drintske fammen en feinten, dy de hele nacht patte en kofje-dronken en psalmsongen hiene; dat wier in libben! Alle alderforneamste en alderfornimstichste hynsteljue bitomken en bitaestten my, en lieten my draevje. Dy my hawwe woene lekkene my, mar op myn skonken koene se neat sizze; dy wierne sa suver as glês en myn eagen klear as in gril. Einling kaemstou en jimme heit der oan. Dou wierste do in opsketten jonge; dou rounste do wakker permantich mei in swipe yn ’e heide: den stiekste ’ris in grou promke efter de kiezzen, det dy de giele tabaksflibe by dyn wite poddehierrige bird delroun; mei ien wird, dou hieste do gansk smoar nei detste in beestke wierste. Do haste my ek al ’ris in linige feech mei de swipe jown, en it hat dy tige nei stien detste do net in slach tsjin dyn tinne skroarshûd krige haste, detste oer ’e heide trûzele biste. Ik wier do skraech fjouwer jier âld, en sa flink as in leep; jimme heit sei ’er net folle fen: “In gnap gudske,” sei er, “mar de kop is hwette Drintsk.” Nei folle hanbakjen waerd ik for trije-hûndert gounen min in dikketon oan jimme forkoft. Ik hie dy deis fen folle kwea biwarre west, hiestou dy net to folle mei de merke bimoeid; hwent wy rekkene let op reis, en do wy op Bakkefean kamen, dêr sieten in fiifentweintich skeve en sûzige hynstekeapers, dy my opminsteren en wakker priisgen. Greatsk detste sa’n gnappen nijkeap foar ’e karre hieste, jageste my det de oare deis my de bealch tsjin ’e rêch oan siet; dat kaem fen al dat priisgjen. By jimme âlders haw ik it as in prins hawn, mar ienris haste my aeklich pleage; wiste, Gabe, dy Bolswerter merke, doste sa ûnder wetter wierste? Dy deale, hwet wierste oan de gong! Wiste, do jimme de woarsten by Toon Poep út de skoarstien hellen? Ik kaem dy nachts neiby om fen honger en fen toarst. Ik kaem neist in wite guds to stean, in âlden trompetter; dy sloech as in fyllekaen, mar ik wier flugger as hy, en ik tochte as dat sa moat, hawar den! en ik joech him in trewinkel, det him de kalkoensprint yn syn meagere skinke stie, en do wier er tofreden. De oare moarns, do ik fen de stâl helle waerd, tocht’ ik, dat scil wêze om hwet to fretten; ja wol! in amerfol kâld wetter yn de bealch, en do nei de Kleau, alleman foarby; dyn goede Wobbelke griisde it ta de teannen út. Hjar wite klean seagen der út krekt eft se troch de reade wyn helle wierne. En hjar golle blauwe eagen waerden sa bleek! Hja woe dy ek al nei hûs ta driuwe, mar dêr hieste nin earen nei. Dou wierste in balorigen hont, aste dy oan de taepkast oerjown hieste. Op ’e Kleau smiet de kastelein my yette in tek oer, en joech my brea, it ienichste dat ik dat etmiel krige. Dêr fen dinne moast ik nei de Wommelser merke. Dêr baltten se it fen fierren al út, do se dy dêr oankommen seagen; dêr haste do yette forteld fen jimme reis nei de jichtmasters, wiste wol? Wiste ek wol, detste yet ek ’ris efkes mei de karre omtearste, doste op ’e weromreis ’ris mei de faem oanlizze woeste, en detste de man út it dykhúske, dy de boel wer oerein holp, in keizersgoune joechste for it swijen? Wiste wol hoste sliepste, doste by dy faem hjar âlders kaemste? Wiste wol, det Wobbel my noch menne moast? Noait bin ik sêfter mend, noait mei sêfter wirden oantreaste; hwent it fanke siet yn tûzen neden. Wiste wol? Mar ik scil dy mar net mear forwite, wy wierne beide jong en dertel; en om mar rjucht troch to gean, it neifortriet wier greater as it plezier west wier. Dou laeiste twa dagen op it fjouwerkant to snoarkjen, en wol in fearnsjier tonei kreunste noch oer dyn weismiten jild. En jimme heit hat fjouwer wiken mei lynsied en trudzepoeijers dokterje moatten foar det my de reis út de lea wier. Ho jimme Rommert my it hirddraevjen learde, dat wiste; en ik naem it tige oan, mar dat wier myn ûngelok. Dou wiste wol, ho folle wyn ’er opbealge is, ho er leagen en flokt is, do ik de earste Wytmarsumer swipe woun; ho jimme heit do sjongende en flokjende thús kaem, dat er yn nin fiif-en-tweintich jier dien hie. Jimme mem skriemde; it sloof miende det it de man yn de sinnen slein wier. De oare moarns do de roes ’er út wier, kaem jimme heit allinne by my yn de stâl, en kloppe my op it skoft; “Rúntsje, rúntsje,” sei de man, “dit wier mis. Lit hearen om in gnap hynzer gek wirde, for in boer kin dat net. Dou scilste de doar út”: en in wike dêrnei rekke ik de doar út. De Wytmarsumer swipe hie my hûndert goune djûrder makke, en ik waerd for fjouwerhûndert goune min in dikketon forkoft oan mynhear Flessinga. Dy hear hie folle jild en dêrby in skoan hynsteforstân. Hy koe alle hynzers yn ús Fryslân, en hy wiste hjar lek en brek; syn moaiste húsrie wierne teamen, swipen en gereiden. Nin hirddraverij waerd ’er forsomme. Foar de herbergen stoene de kasteleins mei in roune rêch mei de hoed yn de hân fen fierren al to wiuwen. De gnapste faem waerd altyt foar de hynzers set. Op de hirddraverijen siet mynhear greatmachtich yn it lân op ’e wein, mei in pypkoerfol wyn twiske de foetten. Syn goede kinders stoene den by de wein en strieken him hunich om de mûle, en priisgen my danich, en holpen mynhear ta de flessen; mar as it tsjin de lêste reed gong, den biloek syn troanje as in wytling, en hy waerd stil en fortrjitlik. Woun ik de priis, den kaem mynhear en de rider en al de tsjinners fen de hirddraverij skeef en snústerich thús, faek nei middernacht. En as de frou den yn de iere moarntiid út it bêd kaem, den laei alles der sa heuverich hinne, det it minske bisaude fen dy boel. Mynhear laei by hjar yn de weach to snoarkjen: der wier nin moris yn to krijen, foar âlve ûre net. De rider siet yn de wein to brommen, mei in hynstetek om. De feint laei op ’e heasouder. De hynzers stoene mei in ribfol hea en sûnder drinken op ’e stâl. De faem siet by hjar sterke kofje en hjar swiete bôle mei ljirre, dêr neat fen brûkt wier, to knikkeboljen: hjar geest mimere yette oer de griene tútsjes, dy mynhear hjar jisterjoune yn de stâl jown hie. Hwet haw ik dy mear to forheljen, Gabe? Dou wiste ho jimme mem oer de Wytmarsumer merke tochte; nou, sa tochte ús jiffrou der ek oer; mar mynhear Flessinga koe en woe folhâlde. De pong wier by him net to fordylgjen, mar de hûd woe it net langer lije. Mynhear krige in pynlike kwitantie fen de wynkeaper, dy hjit de podagra. Dat is in lyts diveltsje, dat alle wynsûpers ef hjar bern ef bernsbern sa by jierstounen yn de foarste knokkel fen de greate tean mei niddels en flimen, dy yn de hel fen de baerlike kweade smeid en hotte binne, sa heislik en groulik troch ieren en sinen, troch murch en bonken pjukt en flimet en skrabet, det se fen de swang fen in buffelske jas al moart en brân roppe. Us âlde master Homme moast dalik by mynhear komme. Dat wier in nuveren master; dy sei sa mar plomp wei: “Fiskael, jy habbe to folle omswabbe op dy hirddraverijen, en to folle wyn sûpt. Nim nou rêst! Jy hawwe swipen genôch for immen, dy mei de foet yn it kjessen sit. Nim nou rêst; it is lang genôch hird troch de wrâld flein mei jo. Yt foarearst net mear, as nedich is om it libben to hâlden, en sûp wetter. Ik scil jo in drank bisoargje om iepen liif to meitsjen. Ik haw in earm man oan de ploris, dy giet foar. Dei, mynhear; betterskip!” Mynhear, dy wol wiste det master Homme krekt spriek as syn eigen gewisse, woe him troch it oardiel fen in kindich stêddokter frijpleitsje litte. Mei koegelsfoarsje fleach ik en de feint nei stêd, en dokter kaem mei. De dokter, dy krekt sa goed as master Freark seach, det de hûd fen mynhear forrêdden wier, rôp fen fierren al: “Gevatte koude! gevatte koude! niets anders,” en alleman op it slot leaude it, bihalven de koetsier en master Freark. De boeren seine yn de skearwinkel tsjin eltsoarren: “Ho, divel, scoe ús mynhear kjeld fette hawwe? As er op reis giet hat er mear klean oan as wy mei ús fjouwren.” Mar mynhear wier to freden; de dokter kaem alle dagen werom, joech him de romte fen flear-thé, promsop en readekoalsop, dat út in stêds-apotheek komme moast, en mei in moanne twa stoep ús mynhear wer mei de foet út it kjessen. Dou scilste wol heard hawwe, det ús mynhear Flessinga dêrnei bitomle is; det er it hirddraevjen ’er opjown hat, en det er yette âlderling yn de tsjerke wirden is. Troch de rêst, dy mynhear syn skonk genêze moast, waerd ik útrêst, en ik waerd smoarfet forkoft oan mynhear von Steinach, in edelman út it stift fen Utrecht, dy in dochter fen in rike mâlktaper troud hie, wylst er yn dy stêd syn lêste peinjen útsette om einlingen by haren en snaren dokter yn ’e rjuchten to wirden, en sa dwaende loai troch de wrâld to kommen. Sa lang as it jild fen dy âlde mâlktaper dûrre, hie ik it opperbêst; ik waerd goed foerre, en as ik mei mynhear en de frou ried, den wier ik mei kwasten en franjes bihinge. Mynhear wier greatsk, det er sa ryk foar ’e dach kaem, en mefrou wier greatsk, det se sa fornaem troch die stêd ried. Einling like it jild op to gean, en ik waerd meager; hwent it foerjen kaem net fen, en ik moast alle dagen jeije en fleane mei mynhear om de crediteurs to ontmennen. Do it al to mâl gong, krige mynhear in hege post op in frjemde pleats. Mynhear teach mei syn heel boeltsje foart, wylst de sinne yn ’t Noarden siet. Hy liet my en myn maet, ek in blauwe rún, op de stâl stean mei in ammerfol wetter en in goed ribfol hea. It hûs seach ’er mâl út. De foargevel wier gnap, en de glêzen heel en himmel. Mar efter yn it hûs wier nin rút heel. As de iepening al to great wier, den waerd ’er in âld japon fen mefrou yn treaun, en de lytse skoerkes waerden mei onbitelle rekkeningen oerplakt. Efter hûs laei it ’er nuver hinne, krekt eft ’er Wylde-merk hâlden wier; der laeine wol tûzen lege flessen en wol tsjientûzen oesterskulpen; stikkene weinen en gereiden, âlde weitasken, âlde hounehokken, belgereiden en hynstesliden laeine troch inoarre; wol tsjien gros stikkene pipen en stikkene romers stiene yn tsjien âlde wynkoerren boppe op ’e hynstedong, en midden yn dy rûzige boel kuijere in heal forhongere âlde bok fen ús jonge-hear om, dy einling troch syn bletterjen de bûrren ’er yn rôp[18]. Do waerden wy forlost, en mei ienige wiken waerd mynhear skjinmakke en wy forboelgoede; mar mynhear, dy wol tsjienris sa folle oerhâldde as syn crediteurs mei elkoarme, liet my stil opkeapje; hwent hy mocht my graech lije. Nou roun ik foar yette moaijer wein, en ik waerd mei goudene kwasten bihinge; mar dat dûrre met lang, hwent op in kâlde joun stoe ik to lang foar de comedie to toerjen, en dêr waerd ik bifongen. Ik waerd stram troch al myn lea. Nou waerd ik oan skuld forronzele oan in Fryske kouwekeapman, dy my gau hwet oppappe, en do waerd ik oan in stêddokter forkoft, en dy joech my de laech einling allehiel en dal. Dy jage my in kertierspoat op ’e stiennen. Do moast ik nei in hynstemerke, en dêr waerd ik troch in boer hinne laet, dy him it ligen sa masterlik forstoe, det nin domenij de wierheit út de bibel glêdder oplêze koe as hy syn leugens út de holle; hy swarde, det ik mar in wike kreupel west hie, howol it wol in fearnsjier dûrre hie, en as it net wier wie, den mochten se my de hals wol útsnije, en hy scoe tritich dukaten oan de earmen jaen; en, sei de man derby, it beest is stom, mar as it syn deugden oplêze koe, den hie it wol in dei wirk. Nei lang talmjen en hânbakjen waerd ik einling for fiif-en-tweintich inkelgounen en in nij helter oan in koaiboer forkoft yn it leechlân. O ljeave frjeon Gabe! hwet wier it my noflik dêr op ’e âlde koai. Dêr hie ik einling rêst. De pôle wier my oars ’nôch ôfearte en skiterich, mar dochs wier ik tofrede. Moarnsier sjaggele ik mei in slommerige en bingeljende trêd it âld tsjernepaed yn it roun, en deis kôge ik oer de forlittene skytpôlen fen de kij. Simmerdeis den hie ’k it dêr as smoarge beane, man: den krige ik in amerfol sûpe as it ’er oerskeat, ef in amerfol waei as de bargen it net opkoene. Nei fiif stille fredige jierren krige ik by myn kertierspoat yette ek in dempich boarst. Ik koe net langer stâlje, en it lân laei for in simmerkrite, sa det it winters ûnderroun, en dêrom koe ik ek net bûten doar bankje, en nou moast ik it âlde tsjernepaed, dat ik mei myn wyldlânske soalen jier en dei úthoald hie, forlitte. Dat ljeave, romme, golle leechlân moast ik for ivich forlitte, Gabe! Ik waerd op in rûzige snústerige en dizige hjerstmoanne fen de stâl yn de pream laet, en do waerd ik mei in goed forstân troch trije flinke keardels nei de Birgerdaem treaun. Us âldboer hie om de skrouske moarn ôf to warren in gol romer brandewyn op nagels yn de mage slein tsjin syn meuge, en dou wiste, Gabe, ho it den giet. De âlde man, troch it ontidige moarnsûpke rûzich en sûzich yn de holle, roun op ’e Birgumerdaem kroech út, kroech yn, en dêrmei, do it forstân wei wier, scoe ik forhanle wirde. Ik kaem yn in rige fen wol twahûndert âlde gudzen to stean; dat krong en dat stonk dêr, dat gûlde en raesde dêr, det yen hearren en sjen forgong, en, man, ik haw dy deis wol hûndert falske eden heard. Dêrmei komt er in heal forwyldre Stjinwiker oanspringen, dy krong mei syn bleate kop twiske de meagere skonken fen my en myn bûrman yn. Hy scoe my nei de tosken sjen; hy wier wakkere lyts, en do er myn kop net rikke koe, do sprong dy poarre by my op en rukte my de âlde kewels hast út it lid. Ik tochte: maet, as ik nou sa flink fen lea wier as do ik neist de âlde trompetter stoe, den krigeste al in lawibes. De Stjinwiker bigoun to hânbakjen en scoe my danich lekje, mar ús âldboer bigoun dat to fortretten en sei, det er my fen nin healslachtige poep forsmaedzje litte woe, en sa waerd dy ôfballe. Do kaem ’er in lyts keardeltsje oanpeaskjen mei in skjippegrouwen baitsje en in foerlekkens broek oan; in eintsje reap hie er om de hoed boun, en dêr siet in prikke op. Yn de rjuchterhân hie er in skyld iken stôk en yn de lofter hân in stút: de heidetoekjes sieten him yet yn syn skiere hoazzen. Dy helle my út de rige wei en liet my ’ris draevje, en do gong de Kollumersweachster, mei de koaiboer yn in smidshûs, en nei in healûre pimpeljen en jeuzeljen en swarren, krige ús boer tweintich inkelgounen yn de bûse en stoatskaefde nei de pream ta. Ik moast dy selde jouns yette mei in selskip fen twa-en-tweintich oare ondogenske, heal útlibbe gudzen nei Kollumersweach ta, en do waerden ’er ûnderweis ytlike stûken hjouwere fen in boer stellen[19], en dat wier ús lêste gastmiel. In jong hynstedokter, dy ek op ’e Birgumer market omroun, bea ús keapman twahûndert goune for ús hele selskip; him tochte det er alle mogelike hynstekwalen fen ús leare koe as er ús útslachte, en den learde er de hele kinst for hûndert goune, omdet er rekkene for ús flêsk en bonken fiif-en-tweintich goune by de blikkers to Ljouwert keapje to scillen, en fiif-en-sauntich for de hûden by de loaijer; mar ús keapman woe sa net. It wier oars oer ús biskeard. Wy moasten dêrmei allegearre foar de tsjiiswein rinne yn Grinslân op, de iene dizze en de oare d’oare wei hinne. Us keapljue reisgen al goedkeaper troch Grinslân, as dou nei de Bolswerter merke, Gabe heite! Nachts slepten se ûnder de weinen, en lieten ús oan de wei weidzje. Tsjiis hiene se op ’e wein en as se dêr ytlike fen forkoften den bitingen se de kofje by de ljue ta. Dêr troch kaem it det se ûnderweis neat koften as brea. Tsjin de winter kaem ik werom mei de lege wein, en nou wier ik sa ôfbeund det myn ein neiby wier. Ik koe nin string mear stiif lûke, en ik hompele efter de wein oan op trije skonken. Us baes stoe yn de doar en dy rôp fen fierren al: “Dei, wolkom thús! Wel, ho hawwe se it makke!”—“Goed, sei de foerman, mar dy blauwe rún mei syn kertierspoat, dy woe my biskite.”—“Ja, sei de baes, dat hinget ’er lûklam by; dy scille wy moarn mar út de hûd nimme,” (dat woe sizze, det ik deid wirde scoe.) Mar de dead wier gauwer as de Kollumersweachsters. Hy naem my yette dy selde nachts fen jimme planeet op. Myn romp waerd bidobbe, en it bytsje flêsk, dat ik oerhâlden hie, wier yn fjouwer jier forgien; mar myn bonken[20] binne wer opdold, en nei Ingelân stjûrd, dêr fyn tomeald, en as dong oer it boulân struid. Myn hûd is mei hier en al toud, en tsjinnet as biklaisel om in koffer, dy yette oer de wrâld omswabbet yn postweinen, yn trekskippen, mar myn ik, myn eigen ik, dat mei dy sprekt, hwer bleau dat, Gabe? Danich haw ik omswabbe, rounom en yn alderhânne dieren haw ik omswabbe. Dy âlde ljue dêr yn Egipten hiene nin ongelyk, as se leauden, det de sielen faek fen it iene dier yn it oare teinen; my is it to minsten sa forgien. Soms siet ik yn in kouwepanse; den yn in bargebealch; den yn de robbe fen in kabbeljou; den siet ik yn in protter op ’e naeld fen it hûs, mar noait haw ik mear eangste útstien as do ik yn in eabarre siet, en myn húsbaes in deade rôt troch de weaze schouwe moast[21]. Ik miende to boarsten! Einlinge bin ik sels yn in minske tein, en sont ik dêr yn sit bin ik út it lijen; sa tochte ik, mar it is oars útkomd. Nuver scil it dy yn de earen liede, det ik sokke rare gongen nei myn forstjerren gien bin; mar heite, leau hwetste tinkste en tink hwetste leauste, mar ik leau hwet ik ûnderfoun hab. Lyk as ik dy alles forhelle haw, sa scil ik dy ek forhelje, det ik krekt sa goed in siel haw as dou, en det ik mei myn kertierspoat, en dou mei dyn skeve skroarstile it eigenste paed biwannelje moatte; it paed namenlik om wizer en forljochter[22] to wirden. De bisten ek in siel? dou scilste my útlaeitsje, Gabe; mar hark dêr jimme greate, onforjitlike[23] Bilderdyk ’ris oer:

Gy, oorlogsbriescher, trotsch op ’t menschlijk eerlivrei, Die, ’t schuimende gebit beknabb’lend met de tanden, Hem over struik en heg, door bosschen en waranden, Door stroom en meeren voert, en juichende in uw vracht, Gemoedigd door zijn stem, en vuur en staal belacht!— Gy, ô gewiekte schaar van dieren, in de pluim Beminnaars van den mensch, (hetzij in ’t waterschuim Of ’t ongeziene spoor der luchtkring opgeheven, Of hupp’lende over de aard,) hem dienstrijk bijgebleven! Gy, morgenkraaier, met al ’t klokkend kiekenbroed, Uw stem gehoorzaam! Gy, ô beeld van huwlijksgloed. Getrouwe tortel! en gy dartle duif—Mijn klanken Vermoeiden, wilde ik u voor trouw en liefde danken, Aanhanklijk, teeder, en voor ’s stervlings oog gedwee, Wie telt de golven op der ongemeten zee? Wie al de schelpen die zy opwerpt aan de stranden?— Gelukkig in uw staat, in de opgelegde banden, Verbeidt ge ’t oogenblik van ’t algemeen herstel, ô Dieren!—’t Nadert; hoopt!—Ook ’t bijtjen in zijn cel Ontslipt de zorgen niet der Godheid.—De albezieling Bedoelt, waar ’t stof bezwijkt, behoudnis, geen vernieling. Geen wormtjen wordt vertreên, geen mijtjen zal vergaan, Of ’t zwakste leven zelfs veredelt, in ’t bestaan.

[Yllustraasje: DE NOARGER RUN OP ’E HYNSTE-MERKE TO BIRGUM.]

[Yllustraasje: DE NOARGER RUN FOAR ’E TSJIISWEIN.]

Leauste my nou ek, Gabe, det ik wer libje, en det ik in siel haw as dou? Sont ik in minske yn de moanne wirden bin, hwet haw ik ûnderfoun, hwet haw ik ûnderfoun! Ik woe graech det ik de âlde Noarger rún bleaun wier; den hie ’k myn beanstrûken tohakke, myn ljeave klaver orbere, en myn hea kôge as alear, en ik hie net ien fen al dy forkearde driften en oankomsten, dy my nou mear pleagje as de swipe fen de Kollumersweachters my by jimmes pleage hat. Mâl bin ik hjir trochswabbe, man! ik bin hjir in abbekaet wirden, mar omdet ik hwet los libbe, sa det ik mar ien’s yn it jier nei de tsjerke gong, en twaris wyks nei de komeedzje, en alle jounen by de ûlkjes roun, sa wier myn ynkommen to lyts. Ik joech my oan it skriuwen, en ik haw it folk en de âlde kening[24] tsjin eltsoarren opfierd; de âlde kening is weijage, en in nij kening wer oansteld, en ik haw my yn it kjessen set: en nou ik oan it laed sit, bin ik sa stil as in pipermûs. Ik bin hjir minister fen finansjes: ik scil, hoopj’ ik, op it lânsjild better pasje as op myn eigen. Nou scilste ek wol ’ris witte wolle, Gabe, ho it hjir yn de moanne steld is? heel oars as de ljue miene by jimmes. Jimme dichters skriuwe altyt fen stille, bleke, ljeave, frjeonlike moanne; ik scoe it dy luchtige maets kwalik nimme, as ik net wiste, det dichten en ligen twa ambachten wierne, dy eltsoar sa lyk binne as it smeijen en it slotmeitsjen. Hwent dou kinste wol bigripe, det it hjir heislike kâld en wearich is. Hwent Schröter, in poep fen jimme planeet, hat klear birekkene, det hjir bergen binne dy fiif-en-tweintichtûzen foet heech binne; dat is heger as jimme allerheechste bergen. Nou wiste ek, det hege bergen kâld binne. Dy selde Schröter hat sjoen, det ’er by ús gatten binne, dy 30.000 foet djip binne, dy der troch ierdbevingen útsmiten binne. Ho divel, kinne se nou de moanne ljeaf en frjeonlik neame? Bleek is er ek net as de sinne der net op skynt; hwent as dat sa net is den is er sa pûr swart, det jimme him net ienris sjen kinne: hy is oars mar 51,570 milen fen jimme ôf. Jimme kinne ús yn saun-en-tweintich dagen in kanonskoegel tastjûre, as jimme der mar nôch krûd efter sette. Stil is er ek net, lyk as jimme dichters him neame; hwent hy reisget alle 28 dagen om jimme planeet, en docht yn deselde swang de greate reis om de sinne mei jimme, sa det men net sizze kin, det wy hjir lang stil lizze op de lingte fen in pikelhearring. Om mar net mear omhalen to meitsjen, it is hjir yn folle dingen krekt oars en omkeard as to jimmes. De dichters, om mar hwette to neamen, dy ivich yn hjar gedachten boppe jimme planeet omswervje, dy hjar sels en de oare ljue de holle licht meitsje mei frjemde optinksels en droamerijen, en dy ûnderwilens forjitte om for de koken[25] to soargjen, en dy dêrom ivich hongerlaepje en krimmenearje, dy wirde hjir yn bargen foroare, om hjar siel en liif rêst to jaen, en hjar ’ris út to iten. De krantedrukkers, dy de minsken to jimmes yn de steatkinde foarljochtsje wolle, en dy dêrom yn it tichthûs set wirde, dy wirde hjir oansteld as opsichters yn in forbetterhûs. Keapljue, dy by jimmes in bankerot makke hawwe, dy hawwe hjir it measte credyt; hwent dy bringe de greatste slompen jild mei, en dy bitelje alles mei rij jild[26]. Ambachtsljue, dy by jimmes alle dagen kleije oer hjar swier wirk en oer krapte, al krije se alle dagen it liif fol ierdappels ef beane mei smoar, en faek jouns noch in foech dripke ta in hertsterking, dy krije allegearre in moai nij gnap hûs to biwenjen, de kost for it iten, de brânje to jow. Deis hawwe se in nij sarjes rokje oan, en in lekkens for sneins. Alle moarnen krije se in nij silveren tonderdoaske yn de bûse, en in silveren pipedop op in skjin lang piip; in rotting mei in silveren keatting krije se yn de hân, en sa wirde se alle dagen op strjitte stjûrd om to kuijerjen, to smoken en to praten; mar se meije net yn in herberge gean om hwet to keapjen; hwent der wirdt hjar oplein om it jild thús to litten en mei soarch to biwarjen, en hja meije net arbeidzje. En ho mienste, Gabe, det hjar dat libben bikaem? krekt as mynhear Flessinga de reade wyn. Dy krige it podagra, en sy de forfeling. Se sizze nou yn earnst, det se op ’e ierde út gekheit seine: Het werken is zalig. De domenijs en pastoars, dy wirde hjir lânsontfangers[27]. De dokters wirde domenijs en pastoars; en âlde frouljue dokters. De effekteljue moatte yn de goudminen arbeidzje det hjar de bonken knappe. Dat bikomt dat soadtsje divelske nij, Gabe! Dou bigrypste wol, Gabe, det ’er fen de trijehûndert wol oardelhûndert dissertearje; twahûndert-en-fyftich reisgje troch twang fen ús kening yn de izerminen, mar de fyftich, dy op ’e modder bliuwe, hearre it suchtsjen en stinnen fen hjar broerren, en bihâlde it, en biwarje it; hja sette in knoarke tabak efter de kiezzen, en hja swije. Séljue wirde boeren, en de boeren séljue. De bûterkeapers wirde oansteld as direkteurs fen de fiskbanken, dêr se yn de fiskwiven omtsjouwe kinne, en de[28] alderûndogenste wirde abbekaten. De skoallemasters moatte hjir by de yeskewein rinne. It bikomt hjar nij, mar hja binne yet fleurich omdet se hjir mynhear[29] neamd wirde. Dy by jimmes yeske-ljue wierne, dat binne hjir onderwijzers der jeugd; krekt moatte se it selde dwaen as de skoallemasters alear by jimmes. De controleurs, inspecteurs, verificateurs, secretarissen, referendarissen, en bûtengewoane gesanten, en alle oare lanten, canten, arissen en darissen, steuren en leuren, dy by jimmes pensjoenen fen it lân krigen, wylst det se sels fen de rinten dûbeld en dwers libje kinne, dy wirde hjir oansteld as oppassers yn de pesthuzen. Dat is in aeklich libben, Gabe! hwent omdet se sa bang for de pest binne, rinne se ivich mei in yettikdoek foar de mûle. Hjir komme ek wol ’ris keningen en prinsen fen jimme planeet oan; de goede, dy hjar folk hoede hawwe as in herder syn skjipkes, dy wenje allegearre op in moai bûtenpleats; en hja hawwe alle jierren fjirtsjinhûndert goune ynkommen, en dêr hawwe se neat for to dwaen as to fiskjen en to jeijen for hjar eigen plezier. Hja hawwe in libben as in grytman! De ondogenske prinsen en keningen, dy by jimmes yn de folop libbe hawwe, dy alle dagen oer it gelok en de wolfearte fen hjar folk praet hawwe, en mear om hjar eigen tocht, dy wirde hjir fen lânswegen yn in great earmhûs ûnderhâlden; mar der scil op in oar jier yette in stik oanboud wirde.

Ik bin yet al wakker warber yn myn post as minister: ik nim de minsken it jild hjir flitich ôf, en ik jaen it yette flitiger út. En as ’er hwet al to folle to koart komt, dat fol ik mei holle wirden en cifers wer oan, en den miene de ljue hjir yn de moanne, det it opperbest útkin: sa dom binne de ljue by jimme net. De Noarger rún minister fen finansjes? scilste útroppe, dat liket nuver. Ja, Gabe! forwonderje dy net to folle, man. Dou biste ommers bîbelkindich; stiet der net yn biskreaun det kening Saul earst de ezels dreau, en tonei de minsken?

Nou, Gabe, scil ik myn lange brief ta’n ein meitsje. Forjow it my, det ik minister fen finansjes bin! Myn hert is oars goed. Skriuw gau ’ris werom; ik dwaen it ek by libben en sontheit.—Jimme âlde

Noarger rún.

VRIESLAND.

Kent gij het land, waar liefde en eendracht wonen? Kent gij het land, waar de onschuld op de konen Der meisjes is geplant? Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangen heen.

Kent gij het land, het oude, ’t eerlijk land, Waar vrienden eeuwig streden Voor ’t vrije recht en ’t land, Beschermd door vader Willems hand? Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangen heen.

Kent gij het land, dien ouden heil’gen grond, Waar diepe denkers woonden, En wond’ren schiepen voor Euroop? Waar Campers en waar Brugmans toonden De kronk’len van Naturas loop? Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangen heen.

Kent gij het land, het land van stille helden, Waar Groote Pier zijn houwer heeft gezwaaid, Of, als ons barsche Britten knelden, Tjerk Hiddes vlagge heeft gewaaid? Waar Gijsbert-om zoo lieflijk zong, En Onnos lier der Geuzen lof voldong? Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangen heen.

Gij kent het land, het land van melk en honing, Het rijk van oude deugd en trouw, De wieg en ’t steunsel van Nassau, Geen Fransche keizer, vreemde koning, Een Vriesche koning is ons zin. Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangst alleen.

[Yllustraasje]

DE TREEMTER.

[Yllustraasje: DE TREEMTER YN IT ST. ANTHONY-GASTHUS TO LJOUWERT.]

DE TREEMTER

FEN IT SINT-ANTHONI-GASTHUS, EF TRIJE LEUGENERS TROCH IN GREATE LJEAGEN FORBETTERE. TROCH DOKTER E. HALBERTSMA. MEI KANTTEIKENINGEN FEN J. H. HALBERTSMA.

It gasthûs to Ljouwert is yn it lyts hwet de wrâld is yn it great. Minsken binne minsken en bliuwe minsken sa lang as de wrâld stiet. Dat hawwe de stifters fen it gasthûs bigrepen: dêrom hawwe se de[30] Treemter bouwe litten, in byienkomste for de âlde mantsjes om sûnder de frouljue ’ris rounút prate to kinnen. Dêr wirdt bier en[31] bargemargen jown, en dêr hawwe de frouljue neat to sizzen.

Yn de kâlde winter fen it jier 1740, sieten ’er fjouwer âlde mantsjes by it greate sponturffjûr yn de Treemter fen it Sint-Anthoni-gasthûs to Ljouwert, to praten, to forheljen en to swetsen. Trije fen it selskip wierne âlde sérobben, trochplezierige âlde hearen, mar prefesters yn it ligen; de fjirde wier Greult, in âld boer út de Falom, dy for in foech erfskip, dat er fen in moike krige hie, de kost yn it gasthûs kofte; dit wier in bidaerden tinker, mar dy bynei neat leaude, hwet er net mei hânnen taeste koe. Hy hie noait fier yn de wrâld op west, en syn greatste reizen wierne mei de aeikoer nei stêd en werom, nei syn âldmoike to Kollum ef nei syn neef Tsjibbe, de bierdrager to Dockum, om Kopermendei mei to hâlden; mar de man hie in forstân en bigryp as in teams, dêr it tinste trochrint, en it fetste en it bêste op lizzen bliuwt. En dêrby hie er it net mei lêzen bidoarn: hy hie in oar net for him tinke litten, mar sels hie er tocht.

De âldste fen dy sérobben hjitte Wybren Haek, in moalkerssoan fen Aldegea oan de Brekken, dy yn syn jonkheit net doge woe; hy forliet de moalpûden, en teach mei in Grienlânsfarder nei sé. Do like it eft de man to hûs wier; fen de earste ûre ôf oan paste de man op. Op ’e traenbak dêr wier syn thús, en nei fyftsjin gelokkige reizen waerd de man commandeur. Hy die noch wol tweintich reizen; do wier er twa-en-sechstich jier âld, en hy koft de kost yn it gasthûs, en do er de groun wer ûnder de soalen hie, kaem de âld biis wer boppe. De twa oare dat wierne âlde kofskippers, dy de sé ontroun wie’. Hja wierne nou fen hjar rieders skipper to foet makke; hja hiene dochs fen hjar kajútsfracht en hjar kaplaken op hjar fyftichste jier aerdich de kost yn it gasthûs.

De iene hjitte Abe Vlieger, in Terhernster, en de oare Jouke Tromp, in Ljemster, dy se ûnder hjarren de fette skarminkel hjittene, omdet er sa meager wier, det men him mei de lampe trochljochtsje koe, howol er it smoar mei leppels iet, en de gasthúskost, dy’t in oar lang net orberje koe, for him net genôch wier. Dizze twa wierne soms groubloedige skepsels, dy leagen, det se it sels mienden, en dy flokten en swarden, det hjar de hierren oerein stiene; en hja wierne dochs by al hjar rûgens en rouwens bange en bygelovige minsken. De Fader fen it gasthûs wier in goeden simpelen stêdman, en dy (krekt oars as wize ljue) alles leaude hwet him nuver talike. As dy trije sérobben dizze man hwette foarlige koene, den laken se yn de fûst, en as it de goede man al to útscriptis mâl talike, den waerden der nin flokwirden sparre om it him yn to persjen.

Den wenne ’er to Ljouwert by de Put yet ek in smid, dat wier in omkesizzer fen Greultboer út de Falom, in echte skarlún, dy hwette for in grap oer hie. Dy kaem den ek gau sa jouns foar iten eventsjes yn de Treemter oanwippen om omke to bisiikjen. Dizze twa hiene de rie sletten om op dizze kâlde joun oan al dit geliich en geblaf in ein to meitsjen. Wylst dy fjouwer âlde praters dêr sa by it fjûr sieten, kaem de fader en de feint fen it gasthús mei in koerfol ikenblokjes yn de Treemter optôgjen. “Goen awen,[32] keuninkjes! goen awen! Kom, jimme soeke de kooltses oek al op. Et friest dat et ongelt buten. Jonges, jonges! wat is dat en strange fu’st buten. En benouwde tiid foor de arme luedses. Kom, ik bliif oek mar wat in de Treemter; et sit hier al so warm as in en Poolse sleed. Gaan dou maar met de korf weerom, hoarste, Koen!” “Best, fader!” sei Koen. “Mar hoar ris, Koen! sei fader, dou muste segge, dat myn frouw strak nog wat bier en bargemargen besorge mut.” “Best fader, sei Koen, ik zal ’t segge, fader, hoar!”

“My dogt, sei fader, wy sitte hier so huesk by enander, wy musten weer ris en klein ferhaaltsje hewwe; dat kurt de lange awens magtig op.” “Goed, sei Wybren Haek, den moat de jongste bidler de koer earst mar ’ris drage. Toe, Abe! dis op mar, ho mâller ho ljeaver. Dou scoeste ús ommers dyn reis mei dyn twade nije koffe ’ris forhelje, dy sa ticht as in flesse wier, seiste.”

“Ja, sei Abe Vlieger: it wirdt nou krekt tweintich jier, it wier yn it jier sauntsjinhûndert en tweintich, do helle ik in nije koffe út by Gerben Pikma to Wartena, in skip as in gedachten, en ôtimmere as in kammenet. It wier in spegeljacht, in skilderij fen in fartúch, en ticht as in heel hout. It wier in iepene winter, en de rieders stjûrden my for eigen rekkening om in lading sâlt nei St. Ubes, ballêst skips. Wy rounen yn sé it Flie út, mei in glêdde súdeaste wyn; mar it dûrre nin heal dei, ef dêr krije wy in forstoppe loft, en contrary wyn, en de noardsé stie misbaerlik. Altyt oan de hals ta yn ’t wetter, kin ik jimme sizze, det ús de klean fen de hûd rottene; dat joech in klitser, en it eine as in lûs op in tarre presinning. Nei folle moardzjen komme wy dochs yn trije wiken yn de Spaenske sé; do kromp de wyn alleheel en al wer yn syn gat, en do waeije út in Suijen det it stonk: noait sa bilibbe, man! Us houn waerd mei hok en al opnomd fen de wyn, en dy bleau yn de mars hingjen; en ús jonge hie in nije rûge mûtse op, dêr bleau nin hier op sitten. Dêrmei komt ’der in útskot, en do roun de koffe as de baerlike kweade de Spaenske sé yn de bek; hy trille ús ûnder ’t gat as in spinwiele, ik koe gjin journael skriuwe, en dêrmei bigjint it jo sa des divels to waeijen, eft de wrâld boarste scoe, ja, krekt eft de helsdoarren út de heakken fleagen. Wy koene nin stik doek fiere as in pljims pompier, ef it fleach út de liken. Ik sei: Mannen, dat is gûdslopen: wy smite it foar in bylegger. En, man, der dreauwen wy binne for top en takel; krekt sa gerust wierne wy as hjir yn de Treemter; hwent wy hiene de romte.

De twade moarns om saun ûre, wylst ús kok allinne op it tek wier, kaem der in sturtsé oanrôljen, sa nei gissing wol fjouw’ris sa heech as de Aldehou. Us kok seach dy baer for in klip oan, en de wite kop, dy ’er op siet, for snie, lyk as men yn dy hege lânnen wol ’ris sjucht. Do rôp er: Skipper, dêr is de Biskaeiske kust, wy rinne der tsjin op! Ik stiek de kop út de kajút, mar ik seach it wol oars; ik skoerde de kok efteroer yn de kajút, en do alles pôtticht. En, man, dêr komt in pof oan as fen in trijedekker, dy de folle laech jowt. Ik tocht, it skip spat yn splinters. Mar né, it waerd earst tsjuster en do stil; alleheel end-al stil, en it skip hie nin oare biweging as det it hird nei ûnderen fleach, hwent dat koene wy foar de kajútspoartsjes sjen. Einling stoe de koffe stil op ’e groun; wy hiene wol saun-en-tweintich ûren altyt nei ûnderen reisge mei in stevige feart, en dochs hiene wy gjin trien wetter yn it skip krige.”

“Seuven-en-twintig uren! sei fader, Nou ken ik wel begripe waarom dat se in de Spaansche see gyn gron krye kenne.”

“Wel man, sei Abe, der is sa’n lange line yn heel Hollân net, dy dêr oan ta rikke kin, mar der is dêrom wol groun: dat haw ik ûnderfoun. Dêr sieten wy do fredich en wol, en it wier der altyt dei, mar wy hiene dêr nin oar útsicht as ta de kajútspoarten út; en dêr seagen wy de hele boaijem fen de sé, dy wier fen wyt dúnsân. Der kamen ús alderhânne frjemde fisken foarby silen: wy seagen klear ho se mearden en elkoarme opfrieten; hwent (it is wier) it wier dêr altyt sa ljocht en klear as hjir deis om toalf ûre; is ’t net nuver? en dat wol tweintich mile ûnder wetter! Ienris op in dei seagen wy wol hûndert sémearminnen dounsjen, beelden fen frouljue fen boppen, mar hja rounen fen ûnderen as in fisk út; myn stjûrman lake en sei: Dit liket fisk noch flêsk; mar ús kok, dy danich onwennich fen syn jong wyfke wier, suchtte, en sei: Och, skipper, hie ik mar in stik ef mannich fen dy skepsels yn de kajút. Ik sei: Man, as wy wer boppe komme yn Fryslân, den krigeste licht dyn meuch noch, en dêrby, sei ik, it binne mearminnen; dy hawwe folle onnozele gesellen troch hjar sjongen forlokke en mei nei de boaijem fen de sé sleept; hja binne gefaerlik, wiste wol? En dêrmei kaem ’er in greate walfisk, ik leau det it in Noardkaper wier: dy sylde mei dy moaije séfrouljue foarby. Sauntsjin dagen ha we dêr sitten, sûnder waerm iten, hwent wy doarsten gjin skoarstien iepen meitsje om to sieden ef to brieden: wy damden ef psalmsongen ef sieten to hamboaikjen, en ús jonge boarte jimmer-wei mei de tipeltange. Den seagen wy foar de glêzen hwet der foarby kaem: soms kamen ’er krabben en hommers; den sékwallen, séstjerren, inketfisken en al sok reau foar ús finsterbanken. Ik wier oars gerust en ik smookte as in ridder, mar it bigoun ús heislik to forfelen; mar op de sauntsjinde dei kaem ’er in greate haei foar ús finster foarby silen, dy in Ingelsk officier heal trochslokke hie; de slippen fen syn reade rôk hingen him yette ta syn ougryslike bek út. It hert kearde my yn it liif om. Ik tochte, bliuw ik hjir hingjen, den kriget sa’n boezehappert my ek by de lurven en fret my libbenliifs op. Ik waerd sa raer yn de hûd, krekt eft ik in falske eed sward hie: ik tochte, nou komt ’er fen de hele Abe Vlieger en syn gloednije skoane koffe noait wer in spoen to lânne; en as ik in notaris en trije getugen by my hawn hie, ik hie myn hele boeltsje oan it St. Anthoni-gasthûs makke. Mar myn skrander forstân holp my út de need wei.

Ik bigoun nou to bigripen, det wy to folle lucht yn it skip hiene; ik loek in douk út it dek wei, en do gong it plop-plop-plop nei boppen ta, en dat mei koegelsfeart. Do wy boppe kamen wier it gnap handsom waer mei in glêdde koelte. Nou scille wy seildroegje, tocht ik. Ik rôp: Man to roer, pas op! Jongens, hys nou doek foar de mêst! Nou moat de wever ús helpje. Feech op nou! Lit him nou hingje, det him de naden jokje! en de koffe roun ’er troch, det him de kop skodde. Yn saun dagen wierne wy foar St. Ubes. Dêr laeit in baer foar in stuiting, en dêr binne wy yn ien ruk oer rekke, ef om wierheit to sprekken, fjouwerkant oersmiten op in stik lân, dêr it sâlt krekt op heapen stiet as hjir de reaken hea yn de ongetiid. Wy hawwe de ballêst oan de iene kant fen it skip útsketten, en oan de oare kant is ús it sâlt ’er wer ynsketten; en do hat de klokmakker fen de kening fen Portegal ús mei trije-tûzen horloazjefearren wer fen it lân ôfholpen: dat wier in divelskinstener, dat siz ik jimme.”

“Jongens, jongens, sei fader, as men daar sels niet by weest was, Abe, dan sued men segge, ’t binne allegaar merakels, en[33] mantses in de maan.”— “Ja, is ’t net wier, fader? en ik sprek de wierheit,” sei Abe.

“Wel, hwet tinkt jo, boer? is ’t net nuver?”—“It kin wier wêze;” sei Greult heel bidaerd. “Né, it kin net wier wêze, gnoude Abe him ta, mar ’t is wier, ju!” en sette der in mannich knopen op.

“Nou, âlde skarminkel, sei Wybren Haek, nou is it dyn beurt. Dou scoeste ús yette forhelje hwer dyn riezel bleaun is, dis op nou.”

“Ja, sei Jouke Tromp, ik haw krekt sa’n grouwe pampes west astou nou ien biste, dat is wier; en det ik sa skrael wirden bin, as jimme my nou sjenne, dat hat my it libben biwarre.—Ik haw ’ris mei myn skip laein yn de stêd fen Venetiën; dat is in greaten en formaerden stêd, dêr alear folle keappenskip en feart op dreaun is. It is in stêd dy op forskate lytse eilântsjes boud is, dêr men mei roeiboaten fen it iene nei it oare fart. De stêd is ryk wirden yn de tiden fen de krústochten; dêr fearnen de ljue do by hûndert-tûzenen ôf, om it heilige lân fen de Turken to winnen, en den kamen der skipsladingen mei deade Turken yn it sâlt werom: dy waerden do yn de kleasters opfretten, en mei great jild bitelle, en de Venetianen fongen se sels ek. Dêr stiet in greate moaije tsjerke, dy se nei St. Marcus neamd hawwe, lyk as it plein ek, dêr er op boud is. Op dat plein steane trije moaije hynzers fen wyt moarmer sa great as se woechsen binne, en sa sierlik krekt eft se libje. Dêr stoe ik foar to sjen mei oar folk, dat der ek stie to gapjen.”

“Ja, sei fader, fan die peerten hew ik wel lezen, mar ik miende dat se fen metaal waren.” Abe: “Fen moarmer, siz ik, fader! moarmerstien, heite! Mar do ik hwet neijer oankaem, bigoun ik to glimkjen; in keardel dy neist my stoe, frege my, hwerom ik lake? (Hy spriek yn britsen Ingelsk.) Ik andere him yn goed Ingelsk werom: Wel, jimme Venetianen sizze allegearre, det ’er oan dizze hynzers neat forgetten is, en hja hawwe net ienris hierren om ’e noasters; dy binne forgetten. Mis, skipper, sei dy keardel, der miskearret neat oan en ek oan heel Venetiën neat; en al seagen je it iene ef it oare, dat net goed wier, dat mei hjir dochs net lekke wirde: dat is de wet hjir; en oars hânnen op ’e kop, man! Ik hie by myn makelaer just in gnap romerke swiete Grykske wyn dronken, en den wier my de kop gjin jelne lang, do ’k jong wier; en ik sei him yn goed Ingelsk werom: In goed Fries swicht for nin heal Ingelskman, ik lit stean, for in heal-bakten. Koartom, it iene wird helle it oare ta de hals út, en op it lêst, bigoun er my for in Hollânske tsjiisfretter út to skelden. Do waerd ik sa koegelsk yn myn gemoed, det ik sei: Wel, divel! moat ik dat yn Venetiën hearre? Ho scoene jimme Ingelsken fen it aei komme mei al jimme rie kouweflêsk en jimme healnôge ketelkoek, dy jimme frette, as jimme gjin tsjiis en bûter út Hollân krigene? Bistou ek in keardel? Dou kinste dyn eigen moerstael net mear sprekke. En dêrmei jow ik him in slach foar de kop, eft ’er in kou foar skiten hie, en det him de tosken rottelen. Troch de wyn, dy ik dronken hie, skynde ik to mienen, det ik op ’e Ljemster merke wier; hwent dêr hie ik ek sa’n homp ’ris oan in poep jown; dat kostte him twa tosken, en my in dikketon. Mar hjir wier ik yn Venetiën, yn in moardners nêst. Dat ûnderfoun ik; hwent ik waerd dalik pakt en yn in hok smiten. En it scoe yet al ridlik mei my ôfroun hawwe, mar ûnderweis skold ik alle Venetianen for bidlers, lietsjongers en luzefretters út; ja, ik wier razend en rôp lûd út, det hjar tsjerken mar bargehokken wierne, en hjar Doge ef prins wier mar in labbekak by de prins fen Oranje; en al hwet smoarch wier sei ik hjar, en dat allegearre yn goed Ingelsk, dat my noch wakker hiem wier; hwent ik haw njoggen jier op de Ingelske pakketboat fearn, en dat hearde dy Ingelskman wer; dy wier der by, en brocht dat wer oer, dy lúsangel. En it dûrre net lang ef ik waerd yn in oare finzenis set, net ûnder de blauwe laeijen lyk as hjir to Ljouwert, mar ûnder in leaden tek. Dêr komt neiby nin minske libbend wei; dêr bret dy Italiaenske sinne sa fûleindich op, det in minske toraent dêr, as er fet is, en dy meager is, forskrompelt. Hjir waerd ik ûnder set, en der waerd my neat brocht as alle moarnen in pôt mei kâld wetter: hwent it plan like wol to wêzen om my fen honger stjerre to litten, en my den stil yn sé to smiten ef to bidobjen; mar ik tochte der hwet oars op út. Ienris, do ik dêr sa laei to brieden ûnder dy leaden platen, do kerfde ik lytse gatsjes mei de neilen fen myn tomme (dy freeslike lang waerden) yn myn hakken, en den laei ik sa mei de foetten oer myn drinkenspotsje, en den sipere der wol in fearn smoar alle dagen ta út, en dat soep ik op. Jimme kinne bigripe ho my de wearze der fen stiek, myn eigen smoar to drinken. It gong ’er allegearre mei kokhalzjen yn: lykwol libbe ik ’er fjirtich dagen op; ik waerd meager, mar myn krachten houdde ik goed. Myn cipier, dy dat einling bigoun to fortretten, woe der in koart ein oan meitsje. Hy tochte, honger skynt er net fen to witten, hy moat der toarst by ha, en hy brocht my nou mar in mûltsjefol wetter yn pleats fen in pôtfol en hy waerd noartich. It wier in âld Eastenryks soldaet, en hy frege my yn krom Dútsk, eft ik mei de kweade omgong, det ik fen sa’n pôtfol wetter, en sûnder iten, fjirtich dagen libje koe. Ja, sei ik, en as er moarn nin mear wetter brochte, den scoe ik wol meitsje det dit mûltsjefol moarn yn smoar foroare wier. Ik naem it mûlfol wetter op, en do wer oan it brieden mei de hakken oer de pôt. Do dy keardel de oare deis werom kaem, do rikte ik him de pôt ta, en ik sei, sa krom as ik koe: Hjir is it fet nou dat.... dat de divel my fen nacht biskikt hat. Priuw! Hy stipt ’er mei de finger yn en priuwt. ’S ist, meiner sehle gänsefet! rôp er; ’t wier goezzefet, sei er. Nou, hy wier net fier mis; hwent it wier sa trjimmich as spek fen in âld drankbaerch, dat trije jier op ’e deizen lein hat. De man bigoun to triljen, en waerd bleek, en hy segene him sels al for de divel, en spile hakken op. Dy selde jouns yette waerd ik út myn hok wei helle. Ik waerd yn in keamer brocht, dy mei swart lekken fen ûnderen ta boppen biklaeid wier, en dat wier mei wite divelskoppen mei slangen en skorpioenen biskildere, en dêr stoe in greate roune tafel midden yn. Dêr sieten toalf greate keardels om hinne mei heislike mom-oansichten foar en mei reade mantels om, dêr swarte diveltsjes op naeid wierne. Mûtsen hiene se op, dêr deadskoppen op skildere wierne. In tolk stie efter hjar, dy Ingelsk spriek, ek mei in mom-oansicht foar. Do bigoun de middenste fen dy hearen to praten, en do sei de tolk tsjin my, det ik tsjin de wetten fen Venetiën sondige hie; det ik oproer makke hie; det it yn dronkenskip bard wier, en det ik dêr for nochteren myn straffe ontfinzen hie. Mar det it hôf fen Venetiën, dat my oars op wetter en brea sette litten hie, (hwent it brea hie de hongerige Eastenriker opfretten), bispeurd hie, det ik fjirtich dagen sûnder iten libbe hie, hwertroch ik biskoud waerd as in tovenaer, en det ik omgong mei de boaze geest hie, in kwea, dêr yn hjar lân stringe straffen op stiene. En om koart to gean, sa fregen se my, eft ik dat bikenne woe, en as ik de wierheit net sizze woe, den wisten sy wol rie om dy der út to krijen; en do wiisden se my op de boal. Dy stoe al yn in hoeke klear mei syn keattingen, skroeven en tangen by de pynbank. Ik tochte, nou moat de hûd ’er oan weage wirde: stront ef kening; en ik sei mei in lûde stimme en in gleon gesicht: It is wierheit det ik omgong mei syn majesteit de divel haw; oars hie ik sa lang net fen wetter libbe: dy hat my alle nachten trou bystien, en dat scoe yette wol dûrre hawwe, sa lang as jimme stêd fen Venetiën stiet, ja, hy scoe my einling yet ek wol forlost ha. Do mompelen se ûnder eltsoarren en sloegen in great boek op, en dêr bigounen se lûd út to lêzen; do dat dien wier sei de tolk my, det it hôf folgens de wetten fen it lân my de dea oankondige, dy op tsjoenen steld wier, en det ik my klear meitsje moast om moarn libbend forbarnd to wirden. Ik sei hjar mei in lûde stimme en in gesicht as in lieu, det as se net swijden fen fjûr en fen brân, det ik den fjûr en flammen spije scoe, en det ik hjar allegearre en it hele gebou yn yeske en polver forbarne litte scoe; sa det se om hjar bonken siikje scoene; en det dy moaije hynzers, dêr se nou sa greatsk op wierne, op steande foet út in fjouw’ren nei Parys fleane scoene; en det moarn de dei alle Venetianen de kop dwers op ’e romp sitte scoe mei de noas yn ’e nekke, as se my net daelk los lieten, en dêrby skoerde ik sa heislik mei de eagen en de hele troanje om, det de tolk efterút sprong en de hearen op elkoarm krongen. Dit lêste middel holp; hja mompelen in bytsje, en do sei de tolk my, det ik moarn foar ’t de sinne opkaem fen de wâl wêze moast; en hy laette my de doar út. Ik roun sa hird as ik koe mei de tolk nei it skip, en dy hie in kaei, en makke it skip los; hwent dat hie al dy tiid oan it keatting lein. Us folk koe my oars net as oan it lûd, hwent ik wier 195 poun do ik fen boart ôfgong, en do ik ûnder it leaden tek wei kaem oan boart, do wier ik krekt 85 poun, sa det ik hûndert-en-tsjien poun forlern hie. Ik hie neat forlern as myn smoar, ik wier oars yette fluch en sterk. Mar ik hie dochs honger en toarst; ik sei tsjin myn folk: Bring my gau in kanfol waerm Dimter bier, en den mar gau oan it stroukjen, en ik iet net, mar ik friet de hûd fol pankoeken mei spek en woarst, en ik bin tonei altyt in skoan iter west, lyk as jimme allegearre witte, mar ik koe noait swierder wirde as fiif-en-tachtich poun lyk as ik yette bin. Bigripe jimme nou, hwerom ik sa’n meageren skarminkel bin? It fet is der sa skjin útbret, man, det er nin bigjin komme kin om wer oan to setten. Do de pankoeken en it bier ’er ta sieten, do kaem de moanne op, en ik sei tsjin ús folk: Set nou doek by; it is in moaije wyn. Ik wol foart; hjir wirdt skerp bier tape: en ik bin noait wer yn Venetiën west. Hie ’k gjin gelyk, Greultboer?”

“It kin wier wêze,” sei de boer al wer.

“Né, it kin net wier wêze, ju! mar it is wier, ongelovige Thomas!”

De fader fen it gasthûs harke sa oandachtich, det him de flibe by de hakke fen de piip delroun. “Jonges, jonges, sei de simpele man, jou hewwe wat onderfonnen, Joukom! En minsk, die by de see faart, mut soms raar wat onderfine. Kom, keuninkje, proef ons bargemargen oek ris. Nou, Wybren-om! nou is ’t jou beurt. Jou suden nog ris ferhale hoe lang jou wel ris onder water ferkeerd hewwe. Kom, keuninkje, wy hewwe nog so wat en uurke tyd, dan is ’t brijklok.”

“Kom, ja, sei Wybren Haek. Jimme moatte witte, det do ik jong to Aldegea-bûtendyks wenne, do koe ik de kinst al om ûnder wetter to silen sa lang as ik woe. Dêr seagen de ljue nuver tsjin op, mar der kaem ’ris in profester fen Frentsjer, dy sei det ’er mear sokke ljue west hiene (howol ik ’er noait fen heard ha) en dy sokke longen yn it boarst hiene as fiskkieuwen, dêr it wetter út en yngong, en det sokke ljue siken hellene, krekt as in fisk. Ik wit it net, ik haw my noait fen binnen net bisjoen. Ik wier in jonge as in winterbaerch; ik wiste fen rein noch kjeld, fen wetter noch weaze. Yn de iere maitiid al, as de markollen bigounen to nêsteljen, den koe ik soms al ûren efter ien yn de farwetters ûnder wetter omtoarkje om de markollen to fangen. Ik bleau alleheel en al ûnder wetter, mar den houdde ik de iene fûst mei in toppe strie yn de hichte just boppe wetter, en as de markollen den kamen om fen dat strie nei hjar nêsten to tôgjen, den grypte ik se mei de oare fûst, en draeide hjar ûnder wetter de nekke om. Mar op myn twade reis, dy ik nei Grienlân die, do kaem my dy kinst den bysonder to stade. Wy rounen mei in dûbelde reefde koelte op de kust fen Spitsbergen oan, krekt op de hichte dêr it doarp Smeerburg laein hat. Tsjin de nacht kaem ’er in forstoppe loft, en waeije, keardel, det it sa liljen en piipjen die. Mei in fligende stroam kamen wy nei it lân ta, en dêr wierne wy sa ticht al oan, det wy in greate iisbear op ’e efterste poaten stean sjen koene, en dy siet syn rûge kop sa fol diggelfjûr, det ús jonge miende, det de moanne al opkaem; ús âld commandeur rôp: Mannen, it anker oer boart. Moarn spek op ’e bank, hoopje ik. It anker oer boart, en aenstons fette it mûrrefêst; mar wy hiene ’er in tros for fen wol fyftich fiem. It skip swinkte dalik, en biet mei de kop yn de sé, det it wetter ús oer de seilen stau as reek en damp. Wy fongen dêr flink fjouwer gedrevene fisken; yn toalf dagen hiene wy in gnappe lading spek. Mar do wy it anker lichtsje scoene, do siet dat sa palfêst, det ’er nin wrikken noch winen oan wier. Us commandeur rôp: Kap ôf mar! de bile moat ’er mar yn; wy hawwe ús lading; de fangst is goed; der kin wol in anker en tou op stean. Mar ik rôp: Sêft! sêft! dat scil earst oars prebearre wirde. En ik it baitsje út en de mûtse ôf, en do by it tou del. En, man, do ik by it anker kaem, do siet de iene hân fen it anker troch de ring fen in great doar. Ik wrikte der oan, mar it wier my to swier om to lichtsjen. Dêrmei kaem der in lang skredich keardel oan, dy sei: Hwet dochstou hjir oan de doar to rammeljen? Wist wol det it hjir in tsjerke is? en der is yet ek preek. Wel né, myn ljeave man! ho scoe ik dat witte? andere ik. Ik haw hjir noait earder west, en ik wol ek wol graech ophâlde mei rammeljen, as jy my mar helpe om de hân fen it anker út de ring to tillen. Dat die de man, en do frege er my: Hwa biste? En hwer komste fen dinne? Wel, sei ik, ik bin Wybren Haek fen Aldegea-bûtendyks, en ik far as jonge by commandeur Lolke Lefferts fen ’t Amelân. Wybren Haek, Wybren Haek fen Aldegea? Biste net nei dyn pake neamd? Ja, sei ik.—Nou, den bin ik by jimme pake en beppe op ’e skûrre geboren. Op ’e skûrre? frege ik. Ja, Wybren, sei de man, ik bin in eabarre[35] west, en nou bin ik hjir yn dit lân bakker wirden, en hounegiselder yn dizze tsjerke. Dou moaste witte, det de eabarren, as se mar ien kear de greate reis nei hjar âlders nêst dien hawwe, den wirde se hjir, as se werom komme, yn[36] minsken foroare. Jimme miene altyt, det de âlde eabarren altyt werom komme, mar jimme binne forbjustere; dat binne de jongen fen it oare jier, en dy krije meastal trije jongen; hwent der mei wol ien for de wraek wêze. Op sa ’n greaten reis komt ek wol ’ris de iene ef de oare om ’e hals, dat kinste bigripe. Mar ho wier it yn Fryslân? Wierne der wol kikkerts? Wel, hja songen to minste wakker, sei ik. Kom, dêr bin ik bliid om, sei de man; wy forwachtsje ús jongfolk gau werom, en as dy den sa ribskjin thús komme, den binne der hast nin minsken fen to meitsjen. Hwennear komme se werom? frege ik. Hy andere my: Hja moatte altyt witte hwa eft de Bolswerter merke-swipe woun hat, en den geane se dalik werom. Dêr is ús kening wakker nijsgjirrich nei. Dy is op Laerd en Saerd[37] geboren, en dêr hat er him yn syn bernejierren wakker mei formakke. Nou Wybren, it wirdt tiid. De tsjerke scil gau útgean; ik moat de doarren opsette. Jimme commandeur goemoarn sizze, hear; en dou kinste hjar forhelje, detste op in úthoeke fen it greate eilân fen Krenkeskesmes west haste, ef yn it greate Ooyevaars-lân. Goereis, Wybren! Tankje, sei ik, en do ik wer by it tou op, en sa krigen wy ús anker werom.”—De fader sei: “Ik hew wel ris dogt, waar of die ojevaars allegaar bliewe. By ons Griettsemoi te Wyns, daar nestelden oek, en meest kregen se drie jongen, en daar kwammen der altyd mar twie weerom; mar nou hoor ik ’et wel, den ferongelukt er ién, en de twie andere wudde in minschen feranderd.” “Ja, sei âld Greultboer, licht binne jy ek wol in eabarre west.” “Ikke, man? sei fader, Nee, ik bin fan ouder toe foorouder en geboren Lieuwerder fan kyns-gebiente oâf. Ik bin in de Speulmanstraat geboren in ’t jaar 1672, doe Beerntse van Galen voor Grunningen ston. Myn fader waar stadsomroeper; die het doe nog as tamboer met na Schoot weest. Maar, Wybren-om, weet je niet meer te verhalen van jou Groenlandsche reizen. Et ferfeelt my nooit.”

“Ja, sei Wybren, ik wol nin mirakels forhelje, mar de klinkkleare wierheit sa as er op ’e strjitte by simpele en ienfâldige ljue forhelle wirdt; de wierheit, en oars neat. En earder det ik in leagen, in falsk ef in flokwird ta myn mûle útgean liet, woe ik wol det my ús maet straffe mei syn hynstepoat en syn kouwestirt. Ik kin net bigripe ho immen oan myn forhalen twifelje ken; ik haw it ommers sels sjoen en ûnderfoun; mar dy divelske boer leaut noait det it barnt, foar det him de gleone talhouten tsjin de skinen oan lizze”.

“Ja frjeon, sei Greultom, ik leau jimme allegearre wol; to minsten ik nim ’er mines fen, en ik lit jimme yn rêst; dêrom forhelje foart, mar let op it ein”. “Nou, sei Wybren, ik moat jimme den forhelje, det ik ienris mei in Grienlânsfarjer útfearn bin, en mei in Japansfarjer werom komd; dat klinkt al nuver, net? En dochs is it wier. Wy hiene in greaten fisk fongen; dy hiene wy oan boart jynd, en dy hong yn takels ús op side. It wier in fisk as in wâdlegger; dy moast bikluid wirde, en dêr stie ik op mei iispoaren oan en de bile yn de hân. En sa kapte ik it spek ’er út. Op it selde eagenblik, hie ús folk in oaren greaten walfisk sketten, dy kaem op ús skip ta. Fen fierrens seach ik wol, det de harpoen ’er mar just yn siet. Do er sa deuntsjes by ús lâns skeat, sprong ik sûnder birie op it beest, en ik foel mei de hele hûd op ’e harpoen en treau him ’er mear as healwei yn. Ik tochte det er gau testemintsje scoe, om ús al syn smoar, en Neptunus de bonken ta to meitsjen. Mar olle frennen! Do er fielde det ik ’er de harpoen goed yntreau, do joech er him steil yn de djipte del, mei sa ’n fleanende feart, det nin koegel út it kanon oait hinne noch to’n ein sa hird reisge hat. Ik wier wol klear; ik hie in strop om de midle, lyk as matroazen folle hawwe; dy sloech ik om de harpoen mei in healstek ’er op, en dêr reisgen wy hinne. Dat scil sa hwet in pear ûre dûrre hawwe, det ik op dat beest nei ûnderen fleach, en det it my allegearre fjûr foar de eagen waerd fen de feart, en do gong it tsjin in swarte mûrre op. Ik joech him yet in homp mei de harpoen. Ik tochte, nou scil er him gau dea rinne, hy rint wis mei de kop tsjin in klip oan. Mar, ja wol, frjeonen! hy fleach ’er mei glâns troch. My strûpte it hier fen de kop en de neilen fen de fingers en teannen; de broeksbân wier my boarst en de noas wier my skyld. Ik kin net oars bigripe ef wy binne troch in boerdpompieren skird flein. Troch dy skok waerd de fisk ek flauwer, en dy stoar koarts dêrop. Fleurich wier ik, man, dêr ûnder wetter (hwent krekt as Abe niis forhelle; it is dêr altyd sa ljocht as hjir op ’e middei), fleurich wier ik do ik seach, det wy nei boppen riisden. Ik tochte, kom! nou kom ik gau wer by ús folk, en ik hie yet in slokje yn myn broeksbûse; ik naem it op, en ik rôp sa lûd as ik koe: Vriesland boven al!

Do gong it beest, dêr ik op siet, sêft om hegens, mar dat forfeelde my danich; hwent dat hat nei myn gedachten wol fiif dagen dûrre. Iten hie ik nin gebrek; hwent ik siet yn it spek bidobbe: mar dy toarst! hwent it wier al den divel sâlt wetter; allegearre Juttebier man! dêr him in Hollânner dea oan sûpt. Jimme kinne bigripe, det wy yn dy pear ûre hird flein binne; hwent yn de weromreis, dy fiif dagen dûrre hat, makkene wy nei gissing yette wol saun milen yn ien wacht mei in fleande feart nei boppen ta. Einlinge boarsttene wy wer boppe, en it wier krekt eft ik foar in bakkersoun kaem, sa myld wier it dêr. Dêr siet ik op dy deade fisk mei de harpoen yn de hânnen, en de hals fol toarst. Ik seach hjir en dêr om, om in sloep fen ús folk. Mar, o wonder! ik seach neat as in seldsom gesicht: ik seach tûzenen fen pompieren lantearnen op ’e sé driuwen, en hûnderten fen minsken op ’e wâl yn lange romme klean, mei greate kattestirten yn de nekke, mei platte noazen en lytse skeane eagen en taengiele troanjes. Dy sloven wierne al sa forskrikt as wy. Skielik kaem der in skipke op ús ta roeijen mei fjouwer fen dy ljue der yn. Ien frege my yn goed Hollânsk ho ik dêr komd wier, en hwet ik hjir dwaen woe? Wel, ik sei, dat is in rare fraech: freegje earst, libbeste noch? Ik wol nearne hinne as nei Aldegea oan de Brekken, dêr bin ik thús; mar hwer bin ik hjir? Dat scille wy dy straks wol forhelje, mar ho biste hjir komd? Do forhelle ik him myn aventûr, en ik sei: Mynhear! jins genade is myn libben. Hy sei my, det ik yn it lân fen Japan wier, en det dêr nin minske oan lân komme mochte as Hollanders. (Ik tochte, o divel, wier ik nou mar in Harnzer!) En dy mochten allinne op it eilân Decima tichtte by Nangasacki hûshâlde, en dat wier dêr yette wol hûndert mile fen dinne! Minsken! sei ik, ik bin út de rakken, ik bin alleheel forlijd. Jow my iten, drinken en in bêd, en lit my den stjerre yn de Godsnamme! Ik sei, det ik graech in wike oan lân woe om my hwette op to roasterjen en út to brieden, omdet ik sa jammerlik forsukkele wier. Ik wol graech nei Nangasacki, mar jow my tiid. Dat dienen se; hja bouden my in hutte op it strân mei in heech staketsel fen bamboes ’er om hinne. Dy Japanners is in eftertochtich folk; ik koe neat sjen as de sé en dat stek.

Do lieten se my neaken útklaeije, en smieten my yn in bak mei waerm wetter. Do ik dêr ynlaei, kamen ’er twa jonge frouljue, handsomme fotsen; dy knypten en wrongen my alle lea út eft ik in skiteldoek wier, en rosten en skraben my de hele hûd ôf mei boarstels en kammen, det ik alheelendal read waerd. Do krige ik droege Japanske klean oan, en sa waerd ik ûnder tekkens lein en yn de broei set, en sa folle lêst as ik fen toarst hawn hie, sa folle lêst krige ik nou fen drinken. Wol hûndert kopkes hjitte thé boarnden dy frouljue my ta, en ik moast mar; de tolk sei, dêr genêze wy hjir alle kwalen mei. En ik dreau hast út it bêd wei, sa switte ik; en do slepte ik, ik wit net wol ho lang. Hja teagen my in gloednij pakje oan mei in nij japon ’er oer hinne; en do byldde ik my al yn, det ik in boargemaster wier, en ik wier dochs neat as in earm gefangensman. Dêrom sei ik ek det ’er my to folle sier oandien waerd. De tolk sei my ek, det as ik neakend en bleat oan it strân komd hie sûnder neat, den hiene se my licht ek al lizze litten, ef my koartwei deaslein om my út it lijen to helpen; mar jy bringe sa ’n skoanen fisk mei, dy kin alle kosten skoan hoedzje. Ik tochte, dat is omtrint in strânrjucht as yn Hollân. Einling hearde de keizer ek fen my praten en fen myn seldsomme reis: dy woe my sjen en my sels sprekke; ik waerd yn in draechkoetske set mei de tolk by my. Dat draechkoetske wier pôtticht; hwent ik mocht fen it hele lân neat sjen. Dêr boppe op siet in ring, dêr waerd in lange stôk fen bamboes trochstitsen, en sa tôgen acht man ús op it skouder nei Jedo ta; dat is de haedsted dêr syn majesteit wenne. Underweis mocht ik soms eventsjes yn in théhús gean om my hwet to forfrisjen mei thé ef ryst, ef it iene ef it oare gebak; en dêr waerden wy den bitsjinne troch gnappe boargerdochters, dy dêr bline nearring dreauwen oan hjar trouwen ta. Dat wier de mode yn Japan, sei de tolk. Den wierne de âlders der ôf, en hja founen licht oan de wei yet ’ris in gnap keardel, dy hjar troude, earder faek as det se altyt thús sieten. Sa kamen wy maklik to Jedo by de keizer; dêr moast ik earst troch in rigle fen wol twahûndert soldaten rinne, dy de swirden úthelle hiene, en do moast ik my saun kearen foar de keizer fen Japan mei de noas op ’e groun falle litte. De keizer hie myn hele reis al yn skrift, en do moast ik yette de reis wer forhelje fen it bigjin oan it ein ta, en dat brocht de tolk him den oer. Do ik útpraet wier, sei de keizer tsjin my: Wybren Haek! dou forhelleste my hjir sokke rare stikken, det ik ’er moarn de proef fen nimme moat eftstou sa’n greaten dûker biste; eftste leagens ef wierheit forhelleste, en as ik dy op leagens bitrap, den moaste dy sels de bûk opsnije mei in great krom swird.” “Ja, sei fader, ’t is de waarheid, dat Wybren ferhaalt; dat is zoo in Japan. Ik hew er faak fan lezen; ’et is ’en minsche griis, niet?”

“Nou, man, forfolge Wybren, “ik sei tsjin de keizer, slaen my den ljeaver de kop mar ôf: dat is gjin rjochtsjen lyk. Krimmenearje dêr net oer, sei de keizer, dat is hjir yet in genadige sententie. Ik tochte, o divel, hwet bin ik hjir yn in rare lânsdouwe forfallen. Ik slepte de nachts op sydne matrassen, en libbe as in prins, mar altyt yn in keamer sûnder útsicht. De oare neimiddeis waerd ik yn in sierlike tún brocht, dêr de keizer mei al syn moaije frouljue siet to thédrinken, by in greaten fiver, dy fol goudfisken wier. Op ’e groun fen dy fiver laei wyt sân, en do bifelle er my, det ik dêr ynkrûpe moast, en in lyts meske meinimme, en de greatste goudfisken der útfange, en dy moast ik dalik stekke; den moast ik dy fisk op ’e wâl smite, mar ik moast ’er de kop ûnder hâlde. Dat wier nin bêst wirk, hwent dy fisken wierne my to rêd. Dêr haw ik sa hwet treddel ûre yn omskrept, en alderhânne frjemde sprongen dien, dêr dy jonge frouljue hjar wakker mei formakkene. Do ik sa hwet tweintich fen dy greatste fisken fongen hie, do wonk de keizer my om út it wetter to kommen en do liet er my troch syn tolk sizze: Wybren Haek! ik moat bikenne det der net ien yn myn hele ryk fen Japan is, dy sa lang ûnder wetter forkeare kin as dou. Ik moast dy jouns dy goudfisken by him opite, mar dat spande: ik mocht nin foarke gebrûke, mar twa houten prikjes; dat is dêr mode. Do joech er my hûndert goudstikken, en forskate toutsjes, dêr koperjild mei fjouwerkante gatsjes ’er yn, oanreaun wierne, en joech er my yet ek in siden japon prezint, en do sei er: Wybren Haek! dit siz ik dy, kom noait wer yn Japan. Ik wol hjir nin Friezen hawwe, mar Hollanders; en dy woe ik hjir ek net ienris hawwe, mar dy hawwe dingen as medicinen en oar goed to keap, dat wy hjir net hawwe, en dy wy dochs brûke wolle. En den wit ik ek mei ienen hwet ’er yn oare hoeken fen de wrâld omgiet, en hwet men mei ús foarhawwe kin; hwent oars wol ik gjin minske hawwe, dy ik net nedich haw. Sa fier wei komt selden folle goed. Dêrom[38] kom net werom, ef ik scil dy ribsekje, hear! Ik biloofde it syn majesteit, en do koe ik gean. Hy liet my yn deselde draechstoel mei deselde tolk wer nei Decima bringe, dêr ik ús Hollanders foun. Bliid wier ik man, det ik út dy hânnen wei wier. En do bin ik mei in Monnikendammer kaptein, Kees Kikkert, gelokkich wer yn Hollân komd. Ik haw ’er noch fiif jier tonei in gedachtenis fen hâlden, namentlyk pine yn de mage fen dat heislike thédrinken yn Japan[39]; nou, is dat gjin seldsommen reis west, boer?”

“It kin wier wêze,” sei de boer. “Né it kin net wier wêze, mar it is wier, sei ik dy, en as it net wier is, ja! den mei de divel my helje.”—“Ik leau as dy kaem, dou scoeste yet wol ’ris pine yn ’e mage krije, Wybren heite!”—“Gjin need, boer; dy net bang is for de keizer fen Japan, dy hoeft ek net bang for de divel to wêzen. Mar hwer scoe de smid dochs wêze? Scoe dy joun net komme? Hwer bliuwt dy? Ef sit er wer yn de Hopsek to swetsen?”—“Ja, sei de boer, ik frees, de smid, dy syn eigen poat bislacht, scil yette wol komme om jimme for jimme bistich ligen to strafjen.” Do brimde de boer ’ris, en dêrmei komt ’er in bons op ’e doar, en dy fleach op, en dêr komt de baerlike divel sels oanhompeljen, en smyt dalik de doar yn it slot. In ôfgryslik great swart keardel mei hoarnen op ’e kop, mei gleone eagen, mei in hynstepoat en in greate swarte mantel, en dêr kaem in stirt ûnderwei. De fader rôp al, “Och lieve minschen, nou wu’dt ’et ons end.” Mar de divel gong rigelrjucht op it fjûr ta, en smiet ’er in hânfol gûd op, dêr in greate lôge en in alderheislikste stank fen kaem. De trije ligers stauwen elts yn in hoeke fen de Treemter op stoellen en banken: de fader gong midden oer ’e Treemter op ’e knibbels lizzen, mar de âld boer kreunde him nearne oan; dy bleau by it fjûr sitten. En dêrmei bigjint de divel mei de gleone sponturven troch ’e Treemter to keilen, det it allegearre fjûr waerd, mar do gongen dy trije âlde liichbeesten ek neist de fader op ’e knibbels lizzen, en rôpen allegearre: “Genade, en gjin rjucht!” Mar de divel sei: “By my is gjin genade. Hwet let my, det ik jimme alle trije net dalik libbensliif mei hûd en hier nei de hel sleep?” En dêrmei hellet er in gedreven bollepyst ûnder de mantel wei, en jowt dy trije âlde stumpers in wan mannich om ’e ribben, det hjar de hûd pipe. Mar Wybren Haek joech er noch tsjien fegen extra, en sei: “Hawar, Wybren, dat is fen de keizer fen Japan; dêr haw ik jisterjoun yette by west to thédrinken.” De âld boer en de fader krigen neat, en do gong de divel de doar út, mar in ôfgryslike stank liet er nei. De Treemter moast wol trije dagen útwjirre wirde foar det ’er wer in minske yn bankje koe.

Dizze divel wier de smid sels. Dy forhierde roumantels, en dêr hie er ien fen omdien; hy hie in houten hynstefoet makke, dêr er mei de knibbel op steunde. Fen binnen efter oan de mantel hie er in kouwestirt boun, en fen syn bûrman, in prûkmakker, hie er in houten prûkebol liend; dy hie er swart opferve, en dêr hie er bokkehoarnen opspikere, en de eachholten hie er mei glimhout opfold en dat ding hie er de man fêst op ’e holle boun. Dêrtroch like er wol in kop greater as in ordinaris minske. En dêrby koe er syn lûd sa danich foroarje, det dy fjouwer forhearde skepsels, dy bûten dat net soun oan de lever wierne, troch hjar groulik ligen en swarren, det se alle jounen diene, folstrekt mienden det it koarthakke wier, dy der komd wier om hjar to strafjen, lyk as se yet ek wol fielden. It gûd, dat er op it fjûr smiten hie, wier boskrûd en divelsdrek west, en dêr wier dy stank en de greate lôge fen komd. Der laeine dy earme sûndaers alle fjouwer sa forslein en biteutere, det se kleuren hiene as geesten. Wybren Haek forskau de skouderblêdden yette; dy tochte om de tsjien lêste fen de keizer fen Japan. De âld boer himmele stilkes it fjûr út de Treemter en brocht it op ’e hird, mar hy moffele hjir en der stilkes in stikje divelsdrek op ’e koaltsjes om de stank to forsterkjen. Do Greultom de boel hwette oprêdden hie, do sei er: “Kom, mannen! stean op. Toe, de kop ’er foar. Jimme binne der yet al genedich ôfkomd. It bier is yette waerm; drink ’ris for de skrik. Jimme forklomje dêr.” Hja dronken ’ris tige, en do sei er: “Toe, yt ek in stikje bargemarge; dy is sa hearlik útfallen fen dit jier. Toe, fader!” “Praat je fan eten, keuninkje? Man, ik lust in gien drie dagen weer eten. Goddank, dat wij ’et lewen er oâfdragen hewwe. Jongens, minschen, wat was dat en besoeking? Wat suden die domenijs nou segge, die openbaar van de preekstoelen ferkondige, dat er gien boze geesten meer oppe wereld ferschiene, so as die kroeme Bekker daar te Oosterlittens deend het? Wybren, keuninkje, keuninkje! En jimme alle drie? Dit is ’en les om nooit jins ewennaasten met leugens to ferrifelen.” “Ja, sei Wybren, mar wist ik, det der ien yn it selskip wier, dy omgong mei de kweade hie? Hwent dy âld boer, dy is saend noch maend, en dy joech ’er neat om; dat koe men klear sjen, en dy in forhaeltsje om in ljeagen bidjert, dy is net felle wiis.”

“Né, sei de boer, dat siz ik mei dy, Wybren; mar jimme diene neat as ligen; jimme liigden om striid. En den hiene jimme op jimme wize in great plezier as fader it leaude; en as ik it net leauwe woe, den waerd ik ôfsnaud. En den dy grouwelike flokwirden dêrby! Dêrom bin ik bliid, det ’er in ein oan makke is. Mar det ik wol ’ris omgong mei de kweade haw, dat is wierheit. (Hja waerden allegearre wer bistoarn.) It is wier, mannen; ik haw him op commando.” “Och Heere! sei fader, waar sude Koen so lang bliwe?” “Né, wêz’ net binaud, sei de boer, hy scil joun net wer komme, dat biloof ik jimme. Ik moat jimme nou ’ris forhelje ho ik omgong mei de kweade krige haw. It is fjirtich jier lyn; ik wier in jong feintsje; do hie ik in neef wenjen binoarden Twizel efter it Wyldpaed. Dy scoe trouwe, en do gongen wy, syn neven en oare goede kunders, hinne, en droegen alles to heap, hwet ’er ta bihearde om in nij tinte to bouwen. De iene brochte in mannich spjirren, de oare reid om to dekken, ef in mannich skealjen; wer in oaren in âld kozyn; de fjirde bitelle de ruten; noch in oare brocht in poun twa-trije spikers; en sa waerd dat hele hûs de Snjeons opset det it de Sneins klear wier. Dy Sneins trouden de jonge ljue, en do gong it op in brulloftsjen en sûpen, det yen it hearren en sjen forgong. Alderhânne ontucht en ondogensheit waerd der bidreaun. Einlings krige ik rûzje, en ik helle koartjan foar it ljocht, mar hja smieten my yn tiids ta de doarren út, en ik gong pûrrazen’ en lang net nofteren nei hûs ta. Do ik in eintsje fen de Falom ôf wier, do bimirk ik, det myn tabaksdoaze my onttrôgele wier. Mei in forwoed gemoed teach ik werom, en ik hie plan makke om libben om libben to spyljen, en de doaze werom to heljen: ik flokte alle divels út de hel by elkoarm. Ik rôp it lûd út: De doaze scil der werom komme, ef ik scil him de divel foar de helsdoarren út syn klauwen wringe. Mar do ik tichte by de tinte weromkaem, do kaem dy selde my to mjitte, dy jimme jouns ôftichele hat. Mei it selde lûd, dêr er jimme jouns mei oanspriek, frege er my, hwet ik sochte? Ik waerd heislike kel, mar de drank hie my onbisûsd en dryst makke. Ik sei forheftich: Myn doaze, divel! en mei ien loek ik it mês fen de broeksbân om him in feech to jaen, mar dêr foel it limmes ôf. Staek dat mar, sei er, dou kinste my net reitsje. Mar hjir is dyn doaze, en ik wol earst ’ris mei dy stopje. Do blaesde er op de tabak, dy yn de piip siet, en dêr kaem him in blauwe lôge ta syn skeane bokkebek út. Hy smookte, en mei eltse lûk, dy er die, kaem ’er lôge en fjûr yn pleats fen reek. Do by dat ljocht seach ik him earst klear, en do bigoun ik to skriemen, en ik sei: Nim my dochs net mei nei de hel. Dat scil ik net dwaen, sei er, dêr biste yette to goed ta. Mar den moaste sa net flokke en swarre en lige; en ien ding moaste my bilove, aste stjerste den moaste dy net yn de tsjerke bigrave litte. Hwent ik bin de wylde wrigge; ik wenje to Wartena ûnder de Ping-mar[40]; ik libje fen ielpipers; ik doar net yn ’e tsjerke komme. En ik moat nei dyn dea dyn hersens brûke: dy moat ik forbarne, en mei dy yeske kin ik de swarte kinst oefenje. Dêr moast ik in ougryslike eed op swarre, en dat die ik út binaudheit. En do beloofde hy, det er my bystean scoe sa lang as ik libbe; as ik mar trijeris brimde den scoe er by my wêze. Dou haste yet, sei de divel noch, dou haste yet in âld moike to Kollum wenjen, dy mar ien dochter hat, en dy scil ik de nekke brekke, en den wirdstou hjar erfgenamme. Dat scil yet wol ytlike jierren oanhâlde; hwent dat âld wiif tsjinnet my wakker, dat is in tsjoenster, dy alle jierren in hopen lytse berntsjes for my formoardet. (Hoei, de grize roun my oer ’e grouwe!) Nou, goereis, Greult! sei er, aste my nedich biste, den moaste mar altyt oan my roppe: ik bin altyd by honk, hear. Sa haw ik kinde oan him krige, en hy scil my nearne yn bihinderje lyk as jimme sjoen hawwe. En jimme moatte dêrom ek allegearre mar wer yn de Treemter komme, sei Greult, mar dat ligen en swarren dat moat ophâlde, hear.” “Wy bilove it jo boer,” rôpen se alle trije. De fader fen it gasthûs sei: “Ik wude wel dat Koen mar kwam, want de deur sit op ’et nachtslot, in die het de sleutels.” It dûrre net lang ef dêr kaem Koen al oan. Do er de doar ticht foun, miende er wrachtich, det dy âlde hearen dêr frouljue by hjar hiene, en det dy dêr de kat ’ris yn ’t tsjuster knypten: hwent it wierne alle fjouwer âlde bysfeinten yn dat stik. Hy grypt stil de kaeijen, en docht de doar forheftich op, mar do de stank fen dy divelsdrek him to mjitte kaem, rôp er: “Goeden awen. Here mistiit! wat stinkt ’et hier. En de deur op ’et nachtslot? Wat beduut dat? Make jimme hier Haarlemmer olie? Ik hew wel ris seggen hoord, sei er, dat de deuren en finsters dan oek dicht musten. Haarlemmer olie make in de Treemter!!” “Ja, heite, sei fader, die Treemter, die Treemter, die weet wat!” Koen moast se allegearre mei de lantearne nei hjar keammerkes bringe, sa eang wierne se for de divel wirden, bihalven Greult; dy reisge allinne, hwent dy wier mei him bisibbe. Hja kamen yn gjin seis wiken wer yn de Treemter, mar Greult nedige hjar sa sterk werom, det se drippende-wei dochs werom kamen. Nou sprieken se wierheit, en as er mar in lyts naedtsje los wier oan in forhael, den brimde Greult-boer mar ienris eventsjes, en oer wier it mei de ljeagens.

OAN EOLUS.

OAN EOLUS

OER IT NEEDWAER FEN DE 29ste NOVIMBER 1836.—IN LETTER FEN J. H. HALBERTSMA.

Talia flammato secum dea corde volutans Nimborum in patriam, loca feta furentibus austris, Æoliam venit. Hic vasto rex Æolus antro Luctantis ventos, tempestatesque sonoras Imperio premit, ac vinclis & carcere frenat. Illi indignantes magno cum murmure montis Circum claustra fremunt: celsa sedet Æolus arce, Sceptra tenens, mollitque animos, & temperat iras. Ni faciat, maria ac terras coelumque profundum. Quippe ferant rapidi secum verrantque per auras. Sed pater omnipotens speluncis abdidit atris, Hoc metuens, molemque, & montis insuper altos Imposuit, regemque dedit, qui foedere certo Et premere, & laxas sciret dare jussus habenas.

Friezen!

Ik tink noch om jimme; ik hoopje, det jimme my net forjitte. Ik kin noch tinke yn de tael, dy ik op memme skirte leard hab, en ik skriuw ’er allinne yn om jimme in nochlik eagenblikje to jaen. Jimme bigripe wol, Eölus, de baes fen de wyn, forstiet nin wird Frysk; ho scoe de man Frysk kenne? Hy hat syn went ommers op de Lipariske eilânnen yn de Middellânske sé binoarden Siciliën. Hjir njunken oer stiet in lyts stealke fen de tael, dy Eölus parlesjantert; dêr hab ik him ek yn skreaun, mar omdet jimme der nin wird fen fetsje scoene, hab ik it fordútske yn it Frysk.

Ik hab it oan Eölus onbidich sein, det biken ik; in bulte scille ’er de noas fen oplûke; mar dat kin ik net helpe. Eltse fûgel tsjottert, nei det syn bek is. Bûten dat, al koe ik oars, ik woe net oars. De ûnderfining jowt hjar lexoms rju let, en den noch mei triennen; my tinkt, it is al sa noflik de wierheit, dy for skea warret, laeitsjende foarôf to sizzen en to hearren, as skriemende wiis to wirden nei de skea.

De brief stiet hjir krekt sa as ik him oan Eölus skreaun hab. Jimme sjugge, de datum is forkeard; Novimber hat mar tritich dagen, en it moat wêze de 1ste Decimber. Tsjin nijjier komt my dat mear oer; den wol ik de moanne altyd langer hawwe as er is, en 61 dagen scoene my yn Novimber noch wolkommer wêze as 31. Ik kin hjir nin oare reden for fine as in geheime skrik tsjin de tiid, det de rekkeningen komme, en binamme, tsjin dy âlde kij, dy op hjar hoarnen it merk hawwe, volgens overgelegde rekening van 1834. Dat moat oars.

Op de earste Krysttiid-moarn hat Eölus op de weromreis my syn antwird efkes foar formoanjetiid troch de glêzen smiten. As jimme dat hawwe wolle, scil ik it ek printsje litte. Farre wol, hirde Friezen!

Dimter dizze 31ste fen Novembris 1836.

Mynhear Eölus!

Dat skoert ’er den fen ’t jier heil om seil mei jo troch! Is dat waeijen, man? Paulus liger sei ’ris tsjin my, det saun divels troch de hirde wyn nin strie hâlde koene, en det him it fel fen de fingerseinen ôf oan ’e earmtakke ta opstrûpt wier; mar earjister skilde ’t net folle. Oeral hwer men komt, ha jy de pannen fen ’e tekken reage, en dêr is jisternacht dy swiere rein opfallen, det myn bêste frjeonen hast mei wiif en bern it iepen hûs útdreaun binne. Efter Ingelân binne jy, leau ik, opkomd; om toalf ûre hinne wierne jy alteas to Londen; om ienen en twaën by ús kening op de audientie yn de Haech; om fjouweren en fiven to Dimter en yn Fryslân, en de jouns to Grins: hwer jy do stauwen ef flein binne, dat wit de deale. Mar mei al dat wyldejeijen hawwe wy mar in bulte skea. Binne jy ek skeef west Eölus? Man, hwet hawwe jy omdjoeid! Hwet in fjild biskaeid! Wit’ je wol ienders hwer ’t jy al west hawwe? Hwet fiten det je útrjochte hawwe? Kom, lit ik jo dêr ’ris in ljeaf lyts priuwke fen skriuwe. Myn pannen, al kleurje se net by de oare, lizze wer op it tek; myn finsters binne wer ticht en myn forwaeide pylken en bôgen haw ik wer by eltsoar skrabe. Toe, Bearn-poep! taepje earst ’ris yn! Ik moat de hersens goed skerpje; hwent oan mynhear Eölus brieven to skriuwen dêr heart mear ta as oan syn keukenfaem.

Foarearst moat ik jo sizze, Eölus, det je ’t yn de jamkste fâlde biljeave to slaen, det ’k oan dit letterke in âlde Fries mei trije klinkert-stiennen boun ha. It is net omdet ik ’t mei de wein fen Bouricius stjûr, en nin each oan de hearen fen it postkantoar jaen doar. Hwer jy wenje, dêr rit nin post ef postwein: der fljucht alles op de wolken. Mar ik bigryp, det it om jo hinne allegearre wyn is, en den koe it sa’n letterke wol ’ris gean as de trijekante hoed fen myn collega, dy’t jy him earjister fen ’e holle bliesd hawwe, en dy’t noch net wer to lânne is. Wolle jy him, as ’t jo biljeaft, werbringe, Eölus? Der kin wrammels nin nijen op stean. Yn dit ryk jowe se ús foltsen tsjinwirch sa hwet helte minder as in foech skoalmaster, om helte mear as in skoalmaster to fortarren. De ljue miene it hjir to lânne oars goed: hja binne ek godstsjinstiger-nôch as ’t net al to folle kostet; mar hja miene mar dat geestelike minsken fen jou produkten bistean kinne, en, myn ljeave Eölus, leau my, hja moatte krekt sa wol lekken om it lichem, en kouweflêsk mei ierdappels yn it lichem hawwe as oare minsken. Myn bûrman seit, det it steekje nei de planeet Pallas opflein is; mar ik hoopje nei Mercurius, en om’t it dêr dochs opskept laeit, sa moasten je it hoedtsje mar strikende fol mei onbisnoeide gounen werombringe. Den kin de man syn seis jonges, dy’t allegearre ta eare fen de gemeinte mei de knibbels troch de broek rinne, in nij pak keapje.—Mar, kom oan, nin omhalen mear. Ik moat jo sprekke oer de stoarm fen earjister.

Ik fortraepje hjir alle neimiddeijen it iten; dat is sa myn wisansje, egentlik mear út wenst as út wysheit. Altiten miende ’k det dit for in minske, dy folle sit, soun wier, omdet de profesters to Frentsjer it alear ek dienen. Nei it iten trapen dy altiten it bolwirk in slach twa om. In âlden biis fen in dokter, dy dat jierren efterien sjoen hie, sei op it lêst: “Dat scil nou wysheit hjitte. As de kij de bealch fol hawwe, geane se lizzen en wearkoaije; den bikomt hjar it gêrs goed; en dit folk rint as se de grouwe panse fol wyn en iten hawwe. De kij binne yn Fryslân wizer as de profesters.” Mar hwet scil ’k jo sizze, mynhear Eöol? Dat giet sa yn it selde sok foart, en al binne de minsken faek sa wiis net as de kij, hja rinne eltsoar alteas nei as de kij.

Nou den, nei it iten dwaen ik meast in kuijerke. Dat wier de brêge fen de rivier de Isel oer, en daelk yn ’e Worp. De Worp is hjir in bosk mei slingerpaden oan de oare wâl fen de rivier, om yn to kuijerjen, howol de Dimter ljue der heel komselden gebrûk fen meitsje, omdet de measten, as myn frjeon van Eck sei, de wetterfreze hawwe: hwent lyk as ’k jo siz, Eölus, hja moatte earst oer de lange brêge, dy op skippen yn it rivierwetter driuwt, om ’er yn to kommen.—Om de wierheit to sizzen, baes, kamen jy rju loebesaftich oan. It waeide gnap, dat is wier; der wier gong yn ’t swerk, dat, is ek wier, mar yn de greate gatten wier de loft suver blau, en det jy in orkaen yn ’e mûtse hienen, dêr hie ’k krekt sa folle bitinsen op as op de ûre fen myn dea.—Ik bin in Fries fen âlder ta foarâlder en dy ’t fen sokke aeijen set binne, kinne it net lang op ien steed hirde. As ’t lang stil west hie mienden ús âlden, det hjar de hûd sear die. Foel der hwette to fjuchten ef to silen, det hjar de weagen oer de kop rôllene, dat wier oalje yn ’e libbenslampe. Foar twa jier mette my noch in âlde Fries, in forneamd man fen wol tachtich jier; ik mocht sa tsjin him sizze: Jy binne sa hwet om ’e streek fen fyftich berne: as ik sa ’ris yn ’e holle omgean lit hwet der sont al yn ’e wrâld bard is, den ha jy wol bêst twahûndert jier bilibbe, sa is ’t er yn jou libben trochskoerd. Jy hawwe in onrêstige, ongelokkige tiid troffen. “Né, heite, sei de man, “ik bin krekt yn myn tiid berne. De wrâld wirdt my sa deadsk, det ik ’er wol útrinne scoe, as der by tiden net ’ris hwet ûnderste boppe smiten wirdt. De doarren moatte altomets ’ris forheakke wirde.” Wel, Eölus, ik seach dy man mei syn tsjerkhôfsblommen op ’e holle oan, eft ik foar de kop slein waerd, en lykwol moat ik sizze det er fen dy aert in hierke by my oerbleaun is. Do jy dat hele swerk as in keppel skiep mei feart troch de loft dreauwene, do gong myn hert iepen. En dy wolken dat wierne jo fen dy wite lapen sa great as heal Fryslân, dy oer, tsjin, neist eltsoar mei kûgelsgewelt foartskauwen. It wier krekt as in hirddraverij hwa earst yn it nêst fen ’t Noardeast to lânne komme scoe. En dy wolken tynden as kouwepansen eltse amerij mear út, waerden al greater en greater, en rounen al hirder en hirder.

Mar lyk as ik jo sei, Eölus, ik hie der alleheel nin erch yn, det jy út sa’n ougryslik gat blieze scoenen. Der wier in trop fen dy spjuchtige populieren yn de Worp, dy bûgden en niigden, krekt eft se by jo op de audientie stienen. Mar, jonge, hja sprieken sokke nuvere wirden! Wylst jou azem troch de toppen gong, trillen, droanden, gounzen en gûlden dy tûzenen fen twigen, det it wol like eft de groun ûnder myn foetten spjalte scoe. Mar ik tochte, dat is mear gegier as wol; lit ik mar hwet fierder gean, den scil dat wol bidarje. Dat die ik ek, en gong yn ’e lijte fen ’e tûzen-en-ien hôven, dy de Dimter ljue hjir deun oan ’e Worp lizzen hawwe, om middeis in kopke thé to drinken, en in boskje wirtels ef in kropke salaed yn in fisknetsje thús to bringen. Mar do ik in stap mannich fierder wier, hearde ik in rêst pannen rotteljen, dy’t jy fen in simmerhúske keilden. Lykwol, ik tochte yn my sels, dat is ek mar in poatterich spil; in lyts sigentsje, den moast dy arke falle.

Ik roun yn ’e lijte fen de stekken fen dy hôven, dêrtroch fielde ik egentlik net hwet oanrin jy namen, Eölus. Ik seach wol, det as jy oan de wynkant fen dy stekken stuitten en den opfleagen, det de blêdden, dy’t jy meinamen, toershichten oer my hinne saeiden; mar dat binne mar blêdden, tochte ik. Ik seach dêr fen dinne yn ’e Worp del; dêr wier nin libbend skepsel yn, as in lang splinterich man, dy mei de hân oan ’e hoed, en lynjende op ’e wyn, krekt eft er foar in laden tsjalk yn ’e beage roun, dêr omswabbe. Men hat sokke printen wol, dêr in bern, dy faer en moer forlern hat, pûr allinne yn de wyldernis omswalket; dêr hie ’t in bulte fen. Nuver strampele dy man ’er hinne; den laei er mei syn smel liif perdoes op jo, en den saeiden jy him wit ho fier út de paden wei yn it grien. De man hie in lange jas oan, dy’t him op ’e hakken slingere, en ik wier yn tûzen neden, det je him opnimme scoenen en smite him yn de sparrebeammen fen Noarwein del. Fleanen is er oars wol wend; hwent it is (mei jou permissie!) in dichter; alle jierren komme ’er versen fen him yn it muzen-almanak, en howol ik noch noait nin bundel gedichten fen Eölus sjoen hab, sa byldzje ik my dochs yn, det er omtrint yn jins trant falle moat; hwent hy siket syn foarsje mear yn wyn, as yn gedachten. Yn de wanlinge neame se de man hjir Mynhear Weachhals, omdet nin kristen minske bigripe kin, ho ’t er it weagje doar om mei sa’n pear skonken op strjitte to kommen, ik lit stean, om ’er him op to trouwjen, as jy op in baen binne. Gelokkich stienen der beammen yn de Worp, en wier er opflein, den hie er noch wol mei syn lange jas yn de iene ef oare toeke hingjen bleaun. Jy moatte witte, Eölus, det ik de man hjir graech hâlde wol; it is in onskeadelik beestke: hy docht nin minske kwea, en wy hawwe in droevigen wille mei him.

It is mûlk, Eölus, det jy it de iene dei ef de oare yn ’e holle krije om hjir noch tsjien ’ris sa erch to spoekjen, as jy earjister dien hawwe, en it ierdryk oan to feijen fen minsken, as jy ’t nou dien hawwe fen blêdden: mar den hoopje ik dochs, yn Godsnamme, det jy ûnderskie meitsje scille, en reagje de goede net mei de tsjoede wei. Immen, dy mei de wanne yn ’e hânnen stiet, wyndert ommers sa hird net det noat en tsjef beide weifljucht. It tsjef fljucht wei, en it noat bliuwt lizzen. Sa moatte jy ek, Eölus. Pûst wei, hwa ’t jy wolle; mar lit ús de kloeke, de forljochte, foaral de brave en woldedige ljue hâlde. Jonge, Eölus, dy’t ’er binne, hoeve je ús net to forginnen. It wirde njunkenlytsen rariteiten, dat sizz’ ik jo, Eölus! en is ’er noch hoop op bihâld, it moat fen dat lyts heapke komme. Jokje jo de fingers, wel nou, mik den op de onbarmhertige riken, dy de lytsen mei hjar greatskens fortraepje, en mei hjar ynhelligens as bloedsûgers útklorkje; op de rike bankerottiers, dy eptige en kloeke minsken út hjar sûrwoun boeltsje set hawwe; op de húspleagen, dy’t goed fen wiif en bern forslampampje: op de lêbige frouljue, op de falske njirren, dy fen in braef man in sûper meitsje, mar foaral op de pesten fen Europa, de Jacobinen oan de iene, en de flaeijers fen keningen oan de oare kant. Blies ’er yn, as jy wolle, en lit se allegearre as it tsjef fen it ierdryk stouwe. Wy hawwe der foarrie fen! Mar bilieven op it romme iepene fjild, Eölus; hwent dogge jy ’t yn ’e Worp ef in oar bosk, den bliuwt de iene ef de oare noch wol yn de tûken hingjen. Ut earmoede moatte wy se der den noch wol útskodzje, en brekke se in earm ef in skonk, den hawwe wy by ’t eintsjebislút noch mear kosten as it hele soadtsje wirdich is. Dos, wolle jy se hawwe, blies se wei, det wy se yn ivichheit net wer sjugge. Mar doch se nin sear; hwent it is ús nearne oars om to dwaen as om der ôf to wêzen.

Hjir to lânne binne ek folle, Eölus, dy ’t moeit, det jy jister net in rêst proponinten meinomd ha; mar dêr bin ’k yn ienen tsjin. Hwet nou oart is kin neijerhân foer wirde, en ljue dy de bêste tiid fen hjar libben en bulten jild bistege hawwe om de minsken de goede wei to wizen, hawwe mear as immen rjucht op in goed plak ûnder de minsken. Mar den noch hwette, Eölus! As de studinten yn it systema fen de profester oan it capittel de providentia komme, den wirde se sa eang, det it echte skaei fen frouljue útstoarn wêze scil, as hja domenij wirde, det se eagenblikkelik bigjinne to meiden, en dêr fen dinne komt it, det alle proponinten forlove feinten binne. Forbyldzje jo ’ris, Eölus, det jy al de proponinten, dy’t der nou to folle binne, (sa’n pear hûndert om-ende-by), mei in fikse twjirre fen dizze planeet namen; hwet troanjes, tinke jy, scoene der komme fen dy twahûndert jiffers, dy’t hjar oansteanden dêr troch de loft stouwen seagen, sûnder hoop om dadelik wer rêdden to wirden? Omdet ’er dochs in tiid komt, det de proponinten krekt sa krap wirde, as se nou rom binne, sa hat in frjeon fen my al tocht om se in sliepdrankje yn to jaen for fyftich jier, en sadwaende in hûndert twa oerskriuwe (endosseren) to litten op de neikomlingskip. Mar, myn goede man, dêr kin neat fen komme; it bigjint de jiffers nou al to fortretten, nou ’t se in jier twa trije nei in birop wachtsje moatte; ho scoe ’t den komme as hja in heale ieu gobberje moasten? Der wier nin rie ta. Bûten dat, den wierne se stôkâld, en hwet scoe sa’n jongkeardel oan in rimpelich âld wiif hawwe? Hy scoe miene det er by syn oarremem op bêd laei. Né, dêr kin neat fen komme, ef de jiffers moatte de sliepdrank mei ynnimme; hwent den bliuwe se mei jong, en as se yn 1890 ef dêromtrint mei eltsoar wer wekker wirde, den binne se beide sa frisk as in nút. Mar dat giet jo egentlik net oan, Eölus; jy hawwe allinne mei de wyn to dwaen, as in middel om tsjerke en steat fen it oertallige to suverjen, en den siz ik, det jy de proponinten der net útpikke kinne sûnder hjar great ongelyk to dwaen. As der in partij fen ’t ierdryk moatte, den is de beurt oan de domenijs, dy al jierren wille fen in birop hawn hawwe, earder as oan de proponinten, dy noch om ’e stûke rinne. Elts syn bar is net to folle. Dos, Eölus, wolle jy oanfeije en mei ien lyk en rjucht dwaen, himmelje den de âld domenijs op, en der komme fen sels vakante pleatsen for de proponinten. Jy witte, ik siz dat net út eigenbilang, mar ik wol graech sike herten genêze.

Niis spriek ik ek ien, dy’t jy in hele wask mei himden en lekkens weitôge hiene; dy sei tsjin my: “Wy hawwe sa siker nin linnen oerhâlden om ús to forskjinjen. Ik woe ljeaver det Eölus alle gekken weiwaeid hie, en det se nei de moanne, de planeet fen alle gekken, flein wierne.” Mar dat moat ik jo ek ôfriede, Eölus. Myn ljeave man, dat scoe gelyk stean mei in ontfolking fen de ierde. Alle gekken wei! Ho folle scoenen ’er den oerbliuwe? Litte wy ljeaver de rie jaen, om eltsoars gekheit yn de jamkste fâlde to slaen, en al dat sotte fen in oar troch ’e fingers to sjen, dat er ús sels in amerij letter oerslaen moat. Binne der gûd dy’t ivich pompier bigrieme om ús mei hjar boeken lêstich to wêzen; tongert in oar yen altyt dingen fen tsjerke en steat om ’e earen, dy men taeste en fiele kinne, dat sein wirde om in goede ribbe út it budget to skoerren, wy binne jou bjizzem net nedich, Eölus! In collekte by minskefrjeonen, en in briefke by de bakker en slachter om hjar frij brea en bôlen, en flêsk to jaen, scil de slinger, dy pinne en tonge by hjar yn biweging bringt, dadelik yn rêst bringe. Wit je, Eölus, ik siz dit mar, det jy jo net fen gekken tsjin gekken forriede litte scille.

Mar, ja, der binne oars útminters, greate gekken, greatste gekken, dêr nin genêzen oan is, en dy, omdet se ryk en machtich binne, hjar mâllens as in jachte oan hûndert oaren oansette. My binne se net yn ’e wei; fier dêr fen dinne, omdet men nimmen lichter for ’t soaltsje hâlde kin as in greatsk minske, hawwe ik en myn stalken er in onfoegen nocht mei. It liket wol det de minsken neat minder fele wolle as greatskens; dy sa heech by him sels opsjucht, sjucht leech del, miene se, op oaren, en dat is onhjirmlik for hjar eigenljeafde. Omdet se jo den ek sa oeribel tsjin de greatske gekken opfierd hawwe, en it wol liket, det ’er hwet fen wêze moat, nou, yn de goedichheit den, ik kin se net hâlde; blies se nei de moanne, Eölus, mar pas op det se sêft del komme. Ondogens scoe it wêze, det je immen om syn lyts forstân kwea dienen.—As jy dat reiske mei de forgulde gekken dwane, den komme jy fen sels ek op de moanne; dêr wennet ien fen ús kinde, dy moatte jy foaral goên dei sizze fen Hidde jonges. Ik mien de Noarger rún, dy tsjinwirch minister fen finansjes op ’e moanne is. Freegje him den mei ien ’ris, eft er ek rie wit om ús bisnoeid en útriden jild for in bytsje om to smeltsjen. Dêr binne wy hjir danich mei forlegen, en de wiiste ljue fen ’t lân binne hjar rie ta ’n ein. Bigryp ’ris, mynhear Eölus, det de bisitters, dy yn ús ryk brieven op frjemde riken hawwe, alle jierren troch ús to licht jild in skea hawwe fen trije millioen gounen yn de yntressen, en dat stekke de frjemde potentaten yn ’e bûse.

Mar, de deuker, ja, Eölus, dat scoe ik hast forgetten hawwe. As de ljue op ’e ierde ’er de lucht fen krije, det jy de iene dei ef de oare wer ’ris oan it feijen geane, den scil ’t requesten by jo reine; elts scil syn bêst by jo dwaen, om him syn partij, dy him yn ’e wei stiet, fen it ierdryk ôf to bliezen, en dêr scil ien request ûnder wêze, as jy dêr nei harkje, den binne wy allegearre wei. Yn alle lânnen wennet in rudich soadtsje, dy by in omkearing neat to forliezen en alles to winnen hawwe; dy graech alle regearringen nei de moanne seagen om sels op it kjessen to kommen, en in tirannij yn to fieren tsjienris grilliger en wreder, as ’er ea ûnder in despoat wêze kin. Dat skoarremoarje is fen de divel útbret; wachtsje jo dêr for, Eölus. As men hjar heart, den is ’t krekt eft de regearring de sinne en de moanne skine lit, en hja scoene in kening wol rekkenskip freegje, hwerom det er de appelbeammen fen de rûpen opfrette lit. Alles, it sprekt fen sels, om ús gelokkich to meitsjen, mar yn died en wierheit om ús sa fier to bringen, det wy alle regearringen weijeije en hjar skepter yn de pleats nimme. Nou, Eölus, jy binne yn in skrander nêst útbret, en dêrom jy scille wol wizer wêze. Mar dat siz ik jo, det ik noch ljeaver ûnder de Turk as ûnder hjar stean, en as je der ta bislute om mei in stoarmtwjirre de regearringen út Europa wei to skoerren, den bid ik jo minlik om my en myn folk mei ien op to nimmen, en sette ús del mids yn Constantinopel.

Ik wit net, Eölus; mar fen al dat waeijen fen earjister is my de holle noch rûzich en sûzich. Eltse amerij bin ik de tried kwyt. Hwer wier ik ek? O ja, yn ’e lijte fen de stekken fen de Dimter hôven. Nou, ik knikte mynhear Weachhals al ’ris ta, mar de man koe net sykje, en hy gniisde tsjin jins azem oan as in bolle. Ik gong in stapke mannich fierder, ta ’t ik oan it útein fen de hôven en de Worp wier, by it greate hûs fen de societeit, dat op de hoek stiet. Dêr hie ’k in frij gesicht, Eölus; ik stie dêr yn ’e lijte, en koe op myn gemak al jou wylde sprongen ôfloere. It wier oars bjuster onfoarsichtich fen my; hwent jy hiene my it hele tek op ’e hersens bruije kind, as je my net genedich west hiene. Mar ik hie der noch it rjuchte erch net yn. Efkes hie ’k dêr stien, do der in hynzer mei in poepekarke oankaem; it beest, dat oars in tichte guds wier, slingere as in skeef man oer ’e wei. Men seit sa wol fen swakke minsken, det men se wol omblieze kin; mar jy dogge ’t sterke hynzers. Sa hwet ter siden fen ’t karke, oan ’e wynkant, roun in wyfke, dat ik net seach, mar dat yn ienen opsetten kaem, en mei in dwarske skamper it hynzer foarby fleach, hals oer kop yn ’e dyksgreppel del, peaske en pinkster bleat. “Hea’ moeije! sei ik yn my sels, moat dat sa mâl?” It minske stie wer op, seach my oan en lake ’ris, sa det hja noch al oer jins hantrekken like foldien to wêzen. Eölus! Eölus! Hwet binne jy in âlde punthoun. Jonge, man, al sjugge wy ’t net, wy krantsje dêrom wol. Ef miene jy, det wy net witte hwet det jy earjister to Brussel útrjuchte hawwe? Dêr ha jy ommers midden op ’e merkepleats in grienwiif mei in twjirre fen ûnderen opnomd, fjouwerkant opnomd, siz ik jo, en wol tsjien foet boppe de groun smiten. Dêr hat dat earm minske in amerij mei útsprate rokken op jo omdreaun, en sa hawwe jy se ek wer sakje litten, krekt as immen dy op in reinskaed (paraplui, parachute) út in luchtbol delkomt. It liket ommers nearne nei, myn ljeave man! En dat op ljochtskjinne dei yn sa’n earbare stêd as Brussel is!

Egentlik hie ’k noch nin erch det it sok akelich needwaer wier, mar yn de fierte bimirk ik hwet, dêr my de eagen mear fen iepen gongen. Flak foar my hie ik de rivier, dy sa hwet trije ef fjouwerhûndert trêdden fen my ôf dwers foar my lâns roun; oan de rjuchter kant hie ’k de Worp, en oan de lofter in frij gesicht yn ’t fjild, binamme op de gatten, dy oan de siden fen de rivier rinne, en hjir hanken neamd, fol wetter wierne. Jy waeiden dwers oer de rivier, Eölus, en hienen mei dy hege wallen alleheel nin oanrin om hol wetter to meitsjen; lykwol kleauwen de weagen boppe op de turfskûten, dy oan de oare kant oan legerwâl laeinen, en dat slach foar slach; ja, op it lêst fleagen se oer skûten, ryddyk en alles hinne; en ljepten sa yn ’e stêdsgreft wer del. It wier krekt Eölus, eft jy de turfboeren in wite prûk opsette woene, sa sieten se mar jimmer wei yn ’e rûge koppen fen ’e weagen. Nou, ik moat sizze, dat wier nin onsin. Hwent hjir hâlde folle ûnder dat heapske rju fen oefenjen, preekjen en psalmsjongen. Dat helpt noch al om brakke turf for farske to sliten, en ’t is noch altiten goed om in akkoart mei ús ljeavenhear to meitsjen, det Hy in hingjende kop en in psalm fen Dathenus yn pleats fen in earlik hert oannimme wol.

Lofts fen my ôf yn it romme fjild yn dy poellen en petten wiste ik alleheel en al net ho ’k it mei jo hie. Der wier nin weach, dat hwet sei, mar it reinde ’er mei feart. Ik tochte: “reint it allinne boppe it wetter, en oars net? Dat is nuver.” Nei in bytsje digerjen bigriep ik jo, Eölus. Dat wier wiskjen. Jy namen it wetter út de petten op as stourein, smieten it wol hûndert fiem yn ’e hichte, en dat waeide den as riik mei kûgelsfeart foar de wyn ôf: de rein, dy oars fen boppen komt, kaem nou fen ûnderen. Alle amerijen makkene jy blauwe gatten yn de loft, krekt sa suver en klear as men ’t yn ’t foarjier by frisk waer en in goede koelte wol hat. By riten foel sa flapsk hwet wetter by my del, krekt eft it mei in pôt út de loft getten waerd, en dat wier dêr den ek wer mei dien. Nijsgjirrige dingen! Mar ik leau, Eölus, det jy de rein nin tiid dienen om mei drippen del to kommen. Sokke domenijs hat men op ierde ek, dy preekje lyk as jy reine. Dy smite yen de wierheit mei gjalpen op ’e hûd. It dringt, tinkt my, better troch as it giet lyk as in stourein. Ja, Eölus, fen swarte roeken spritsen, ik haw nin fûgels yn it fjild sjoen, as allinne roeken. Dit foltsen woe ’t ’ris tsjin jo bisiikje. Nou en den fleach eris ien nei boppen; as se toerren heech wierne, wjukkelen en wrakselen se, al hwet se koenen, dwers tsjin de wyn yn, en ik moat sizze det se wol tsjienris mansker wierne as ik tochte.

Ik hie jo nou al yn ’e lampe, Eölus. Ik koe omtrint wol riede, as jy jo net gau bikearden, hwer dat hinne moast. Ik gong efter myn biskûl, de societeit, wei, en foun myn frjeon Weachhals noch yn ’e Worp, dêr er nei it stouwen fen it wetter stoe to sjen; hy woe ’er in biskriuwing op rym fen jaen yn it muzen-almanak. Hy gûlde al tsjin my, ik tsjin him, mar wy koenen nin wird fen eltsoar forstean; hearren en sjen forgong yen fen it waeijen, dat jy diene. De dichterlike skraits stoe dêr op syn swevelprikken to weevjen, it griisde my ta de teannen út. Op it lêst tochte ik: Nou moast er ’ris mei in twjirre by my weifleane! en dat barnde my sa yn, det ik him hastich yn ’e hânnen kniep, en útboarstte yn ’e wirden: vaarwel in eeuwigheid! Do ik op ’e rin, en de Worp yn. Ien treast hie ’k oerhâlden, Eölus, det jy sa’n great man alleheel net meinimme koenen. Syn byltenis bliuwt oer; dy komt 1838 yn it muzen-almanak.

Yn de Worp seach ik noch in tsjep staeltsje, ho jy yn alle silen mak binne. My tochte, wy koenen jo hjir wol for stêds-oanfeijer hawwe, sa baeseftich fagen jy de Worp leech. De ôffal fen de hjerst laei noch ûnder de beammen, en dêr wierne jy oan it pûstjen yn dy millioenen fen blêdden. Hja draeiden op hjar rânnen sa kreas as trijegounen de groun lâns, en stauwen eltsoar straelrjucht en mei kûgelsfeart efternei, krekt eft se oan it krij-oan-boartsjen wierne; en dat hat dûrre oan it lêste leaf ta. Hwent de oare moarns ha ’k ’er om tocht: de flier wier skjin. As jy nocht oan feijen hawwe, Eölus, hjir is mear to bjizzemjen, binamme yn de finansjekeamer; mar ik moat jo sizze, it is der piktsjuster; men kin der nin hân foar eagen sjen, en hja wolle net hawwe, det je in lampe opstekke.

Ik kaem swietsjes by de skipbrêge, en om ’t ik noch lijte fen de beammen hie, fielde ik egentlyk noch net rjucht, hwet jy yn ’e bouten hiene. Mar op ’e brêge waerd ’k it oars wiis. Ik roun foar de wyn del, en wrychtich, do ik mids op ’e brêge wier, namen je my fjouwerkant fen ’e groun. Ik seach nou for it earst fen myn libben, hwet ik altiten for praetsjes hâlden hie, fen it weiwaeijen fen minsken en rydtúgen, det it neat as de suvere wierheit wier. As dat sa moat, tocht ik, den scil ik in maet, dy fêster stiet, yn ’e earmen nimme; en ik sloech myn rjuchterhân om de lening, en sa pandere ik de brêge oer. Ik hie dêr in amerij stien, dêr kaem myn frjeon Weachhals yn ’e fierte ek al oan stoatskaven. Do jy him ûnder de slach krigen, Eölus, bigoun er mei in bocht yn ’e rêch efteroer tsjin to skoarjen hwet er út de skinen sette koe: it wier krekt eft er mei skoppen yn ’t gat foartjage waerd. In bytsje fierder moast er oan ’t teantsjen, soms sûnder groun to roeren, en dat al hirder en hirder, ta er eindelik as in hirdrider by it ein fen de baen op ús ynfleach. It folk spatte út eltsoar, en rôp: Goddeumie, seet menheer Woaghals ens? Dat is ien fen de moaiste setten, dy’t ’k fen jo sjoen hab, Eölus. “Sjê sa, myn frjeon, sei ik tsjin him, nou kinne jy yn wierheit sizze, det jy sa faek liigd hawwe. “Wat is dat?” frege er forheftich. “Wel, jimme dichters rjimme altiten fen de zephyrs; dy binne sa luftich fen gong, sizze jimme, det se al teantsjende oer de topkes fen de gêrzen en blommen hinne trippelje. Nou binne jy sels in zephyr wirden.” Laitsjende stiek er syn lange meagere hân út in keale roksmouwe, en wylst er my twa fingers tastiek, sei er: “Van versen gesproken, ik heb eene ode op Zijne Majesteit gemaakt; dezen avond koom ik over dezelve uw oordeel vragen.” Mei ien roun er wei, en ik seach him nei yn my sels tinsende: “Dat is trije ûren tiid wei mei in flesse wyn! En den moat ik myn consjinsje noch biswierje mei dy de hals fol to ligen.” It kaem krekt sa út, mar mei ’t ûnderskie, det it my trije flessen wyn yn pleats fen ien koste; dy soannen fen de muzen sûpe as mûzen. Lêzende seach er by eltse gjalp op, en knypeage my ta, krekt eft er sizze woe: Fielste it wol, feint? en den moast ik ommers wol bravo roppe. De twade rigel wier al in ljeagen: Myn ziel, die voor uw glorie gloeit; hy miende, die voor uw gunsten gloeit.—Mar, Eölus, dat opnimmen, sjê dêr, dat laeit my heech. Dat hat my noch nimmen dien. Wierne jy in Fries west, dat wier dêr oan ta; mar yen fen sa’n smelle Gryk fen de soallen nimme to litten.... it bikomt my sa nij as fleanen.

Ik bleau in amerij op it ein fen ’e brêge stean en seach út nei de kant fen Zutphen ta; dêr kin men de rivier net sjen; hwent as er Dimter oan dy kant omtrint foarby is, kriemt er om, en sa rekket er yen út it each. Nou, dat út seach ik in soarte fen in wite stoudamp ef reinige miste, huzen hichte fen ’e groun ôf, en dy bôge as in slange troch it fjild om, sa fier as in minske úteagje koe. “Hwet is dat?” sei ik tsjin de brêgeman. “Dat is de rivier, sei er; dy wisket sa fen de stoarm.” Krekt, Eölus; de keardel hie gelyk. Jy namen de rivier dêr yn ’e lingte. It wier krekt eft it wetter sea. As it in flamjende broutsjettel west hie, it mochte bikend stean.

Nou seach ik klear en bleat hwet ’er to dwaen wier, en ik mei in blits nei hûs ta om ’ris to sjen, eft myn wiif en berntsjes ek ongemak hiene. Sa as ik troch de poarte kaem, hie ik foar my it greate tsjerkhôf mei de greate tsjerke fen de Hillige Leafwyn (Lebuinus), en dêr stie it beestespil fen van Aken flak alderneist. (Ho komme de dingen sa nuver by eltsoar?) Dêr songen jy in raren psalm oer tsjerke en toer, Eölus! Ik learde do earst de krêft fen Gysbert-oms wirden as er fen de stoarm sjongt, det dy Gûlt en boppe tonger beart. It drille dêr, it skodde en gounze alles yn syn Gothiske mûrwirken mei in oandrang fen loft, dy ontsettend wier. It sûgjen troch de kloksgatten balte lûd oer alles hinne. De spinael fen de toer stie mei syn taeije izeren stangen en bânnen to swypkjen as in wyljentûke, en gierde it út. Wylst ik ’er nei seach en elts eagenblik tochte, dêr komt alles del, hearde ik in knetterjend kreakjen, dat troch jins stampen en daverjen hinne briek. Hwet wier dat? Lâns it hele tek fen de Marije-tsjerke, dy alderneist de greate fen de H. Leafwyn stiet, hiene se in latten raem lein, det jy de kloeren net efter de pannen krije koenen. Dêrom bigryp ik, det jy it latwirk earst del smieten; do folgen de pannen fen sels. Wel, man, jy waeiden se as in hânfol lotterijbriefkes troch de loft, en elts moast mar om in hinnekommen siikje, dy net ien op ’e hersens hawwe woe. Eölus! Eölus! Ik leau, sa wier as ik hjir for in sûndich minske stean, det jy ek al in tik fen dy naesjes wei hawwe, dy net mear oarlogje wolle as for hjar eigen rekkening. Hwerom moasten de pannen fen de Marije-tsjerke it ontjilde, en de laeijen fen de H. Leafwyn-tsjerke, dy er deun oan stiet, sparre wirde? Jonge, wy binne net forrotte, Eölus! As jy dat miene, binne jy de planke mis. Dy Marije-tsjerke hawwe se yn in arsenael foroare, dêr allerlei ark yn birgen wirdt, om minskebloed to forjitten as bargebloed. Dêr hiene jy de lucht fen, baes, en do moasten de pannen it ontjilde, omdet jy it moardners-ark fen binnen net bynei komme koenen. Ik doar wedzje, det as se sawol fen in arsenael in tsjerke (in hûs, fen ljeafde en frede!) makke hiene, det jy nin panne oanroere scoenen. Mar hark ’ris, Eölus; jou miening is goed, mar jy bigripe it net goed. Kanonnen binne by slot fen rekkening de biwizen dêr de keningen mei riddenearje, en sa lang as der ien is, dy se brûkt, moatte al de oaren se ek hawwe.

Sa as dat latwirk delkaem, wierne jy mei ien ek boppe op it spil fen van Aken, en dêr wipten je yn in rep it tek fen op, det de hele santepetyk mei planken en kleden yn ’e loft fleach. Dat briek en rottele dêr oer ’e stiennen hinne, det yen hearren en sjen forgong. Undertwisken fleagen jy altiid mei it selde gedaver oer tsjerke en toer hinne en om dit orkest fierder fol to krijen bigounen de lieuwen, de tigers en bearen mei to brullen, det de groun ûnder yens foetten dreunde. Alle dagen stie van Aken mei in greate manteljas onbiwegelik foar it spil, en den seach er sa strak en wreed eft er yen opfrette woe; mar do er nou de holle útstiek en fen syn hele tinte neat oars as in mannich sydplanken stean seach, ik kin jo sizze, do kaem ’er in bytsje biweging yn syn troanje. Mar hy hie de kop net forlern, Eölus. It earste wier klets! de hokken fen de wylde bisten ticht; hwent de baes tochte, as dy jonges út de skoalle knipe, den rinne se net om Dimter koeke, mar Dimter minskeflêsk. Flink hie er ek timmerljue mei ljerden en linen tsjin it spil oan om alles, hwet noch oerein stie, op to hâlden. Do in boun fen in tweintich fammen en jonges ynspand, dy de fûgels úthellen: dat fleach eltsoar efternei eft se stellen hiene; de iene mei in papegaei, de oare mei in mandril-aepke, in tredde mei in poelepetaet, in fjirde mei in Indiaenske hoanne, en dat foltsen kraste en gûlde ûnder dat forfarren, eft se formoarde waerden. Afrika, Aziën en Amerika waerd der úttôge, en dat kaem allegearre to honk yn de keuken fen it weardshús de Neger. De oare moarns seach ik in feint fen de hospes foar doar stean. “Maet! sei ik tsjin him, ho giet it? Jimme hawwe in bulte frjemde passagiers krige, hear ik. Sok folk komt sa fier wei, dat scil wol braef tarre en smarre.” “It mocht de divel! andere de jongkeardel: hja bringe myn baes mear dong as jild yn hûs. Dat soadtsje stjonkt ús de keuken út.” “Mar ho hâlde se hjar oars?” ik wer. “Wel, andere de biis, dêr scil ik net fen sizze, mynhear. Jy moatte bigripe, it bliuwt yn it bloed; neijer folk as de apen hat de minske net, en fen beiden sjugge wy hjir likernoch de selde kuren.” “Mar den tinkt my, sei ik, det de apen noch nofliker om to hâlden binne; hwent dy kinne jimme oan in keatting lizze, as se it forkeard bigripe, en de minsken al dogge se it noch sa onhuer, moatte jimme bitsjen litte.” “Krekt, mynhear! sei de jongkeardel, en dat is binammen in droevich lêst for in feint. Hwent as de apen net doge wolle, den jow ik se in trewinkel tsjin de skeane bek, det se stouwe, mar as de skrokste smjirkert, in ourang-outang pakje-kreamer, my útracht det ik nin turf heech bin, den moat ik noch sizze: Hwet biljeaft, mynhear?” “Wel, dat bikomt my sa nij net, sei ik tsjin him; mar wiste hwet, heite? Dou moaste tsjin dyn baes sizze, det er syn úthingersboerd foroarje moat. Eölus hat him al to goed bitocht.” “Ho mien je?” sei er. “Ho ’k dat mien? andere ik; jimme moatte de Neger foroarje yn de Arke van Noäch.”

Mar om wer by it stik to kommen, do jy van Aken syn tinte troch eltsoar keild hiene, gong ik nei hûs. It waerd my to mâl, Eölus. Mar ik hie de rêch net oan van Aken takeard, ef ik seach troch it tek fen in heech hûs hinne. Dêr wenne in perfester. En net tofreden mei de man in tûzen-mannich pannen yn alle eleminten to smiten, bruiden jy him ek noch in foech stien fen sauntich poun troch souder en al hinne yn syn ledikant. Jy miene dochs net det de man kâlde foetten hat? it liket wol eft jy him in waerme stien oanlizze woenen. It heilde pannen, stiennen, reid, laeijen, âldouter, ruten; it wier mar, pas op, yn dy nauwe strjitten. Oan alle âlde gevels stienen jy to wriggeljen; dy oer sa’n wrak spil wennen en dat weauwen seagen, gong de grizel oer de grouwel; in bulte bitrouden de kwakkelige oerbûrman net, en pakten hjar bêste spillen: hwent daelk, tochten se, bruije de klompen stien ús op ’e holle; den alles to grús, alles iepen slein, en mooglik brân der by. In bytsje fen my ôf seach ik jo in gevel omfieren, dêr twa dragonders as mosken ûnder biflapten; beide kroandea. Hwet hienen jy dêr oan, Eölus? Dy twa skoane feinten, keardels as lôgen! Al binne se mar soldaet, tink det hjar âlders allike hertelik om hjar forplettere bern krite as de rykste fen it lân. Ef miene jy, Eölus, det je in hantsje helpe moatte, omdet de jenever, Janke-en-hjarre, en de kûgels it net ôfkinne?—Under dit gedjoei kamen al de skoallen út; it wier krekt fjouwer ûre. Yn dy heilboi fen stiennen en pannen bitroude nin âlder syn bern allinne bûten doar. De hiele lange strjitte, dêr ik wenne, grimmele yn ienen fen feinten en fammen, dy bern by de hân hiene. De measte berntsjes krieten: de sloven wierne forheard; hja wisten net hwet ’er geande wier, sa ougryslik bearden jy boppe de huzen, en oeral trapen se troch diggels en stiennen.

Ik kaem thús, en der foel my in stien fen it hert do myn Tsjalling, mei laei en boekje yn syn hantsjes, feilich yn hús wipte. Ivich scil dit hert, Eölus, jo for dy deugd tankber wêze, en stiet ’er earne noch in altaer for jo op ierde, de moaiste krâns fen roazen scil ik ’er trije slaggen omslingerje, en ik scil der byskriuwe: Oan him, dy myn ljeafde sparre hat!—Watse wier in stien op ’e holle fallen, mar mei in skamper; it kaem net oan. It like wol det ús Hidde jou geblies net folle oangong. Alteas hy gong om fjouwer ûre krekt as altyt mei de dwersfluit ûnder de earm om syn leksom op to heljen, en hy hat mei syn master duëtten bliesd wylst jy op it tek accompanearrene. Dat hat dûrre ta det jy fen efteren it Spaensk geveltsje yntrapen, en de jiffrou, dy op it gekreak gysten nei foaren roun, de hals hast briek oer in amer mei stjinkoalen, dy yn ’e gong stie. Dat joech sa’n gemoart en geraes, det de muzykmaster nei boppen fleach, om in finster út to heakjen, en dêrmei wier de muzyk út.—Underwilens kaem myn feint thús, dy ik ontbean hie om by honk to wêzen, as ’t jo ’ris biljeafde om my it tek boppe de holle wei to brekken, mar dy stienen de triennen yn ’e eagen. “Hwet skilt dy?” frege ik. “Myn wiif, sei de man, is to fjilde om ús koal fen it lân to heljen, en it is sok needwaer, mynhear! Ik woe hjar sa minlike graech thús helje, as ’t jo biljeaft.” “Foart mar, kearel! sei ik; it libben fen dyn wiif giet boppe al de rottige tekken fen Dimter.”—Mei det Bearnt foart wier, bigounen jy mei sok frjemd getonger op myn skoarstien om to skoerren, det ik tochte: Dit is ’ris hwet hiel bisonders! hwent mei dy hege huzen en tsjerken kinne wy jo oars noait net fornimme. Ik sei tsjin ús Watse: “Kom, heite; dou wolste ter sé, en den krigeste mei in pear bolstjûrrige bazen to dwaen. De iene hjit Eölus, en de oare Oceänus. Eölus is krekt bûten oan ’e gong; nou scil ik dy ’ris efkes sjen litte, hwet dy yn ’t fet hat.” Boi naem my flink by de hân, en ik fleach, sa gau as ik koe, mei him troch de neare stegen hinne, om op de romte fen it greate tsjerkhôf to kommen. Dêr hiene jy ûnderwilens hwet dien, dat ik net tocht hie.

Yn dat bekfol tiid, det ik thús wier, hienen jy de glêzen yn de H. Leafwyns-tsjerke wol op tweintich pleatsen ynslein, det de leaden roedtsjes ’er by hongen; it seach ’er út as in kroech, dêr in partij dragonders oan it houwen west binne. Mar ik tink det jo dat ontkomd is, Eölus! Wylst jy dy ramen dienen op it arsenael en it beestespil binne jy mûlk mei in skamper oan ’e glêzen west. Men kin dat yn de rûzje sa lyk net roaije.

Ik roun mei de jonge fierder, en yn in rep wierne wy wer op de rivierswâl. Dêr hiene wy jo út de earste hân. It wetter út de rivier snjitten jy ús oan; soms bliesden jy ’t allehiel oer ’e stêdsmûrre hinne, det it tsjin ’e huzen yn ’e stêd oanfleach, krekt as in bleker, dy syn doek biëast. Egentlik woe ’k mei boi nei ljue fen myn kinde, dy deun oan ’e rivier wenje; dêr hat men oan alle kanten in rom gesicht yn it fjild, en op it wetter. Mar omdet se oer in brêge allinne wenje, hiene jy in frije fljocht oan beide iggen fen it hûs lâns, en brochten de dûbelde wynflap efter it hûs wer by eltsoar. Dit makke in twjirre dêr modder, prikken, en ik wit net hwet al, sa troch eltsoar giselen, det ik er net hyn ef binei komme doarste. Wy mochten eris mei yn dy govert gien wêze, en den hiene wy net ophâlde kind, as wy woenen.

Efter ús wier der noch in oar spilke geande. Dêr hiene wy de stêdsmûrre, mei in soarte fen in simmertinte der boppe op, dêr jy oan wierne to wriggeljen. Dy arke stie noch al yn bistân eft er wike scoe; mar op it lêst joech er kamp. Yn ienen waerd it ding driftich, en bigoun hiel permantich troch de hûzen to kuijerjen, ta det de hiele tabernakel yn ienen glûpsk fen jo loslitten waerd, en yn alle splinters op strjitte stikken boarstte. Ik seach noch ’ris om nei it hûs fen myn kinde, en stie yn bistân om ’er hinne to gean, do jy in gat yn it tek waeiden, dêr wol hynzer en wein yn swaeije koe. Ien fen it húsgesin fleach aenstons nei boppen, en winkte ús troch it gat, det wy bliuwe moasten. En dat wier ek de feilichste rie; hwent op it egenste eagenblik bliesden jy yn de ûnderkeamer, fen trije ramen allyk, de ruten yn. It like wol, Eölus, det jy jou longen do mei de foarsje fen in kanon útsetten; hwent de oare moarns siet der noch in stik glês fen fjouwer tomme yn ’e keamersdoar, mei sa’n boarstend gewelt wier dat lichte grús foartflein. Do wy dat seagen, sei ik tsjin Watse: “Sjen nou ’ris goed om dy hinne, boi! Dat alles docht Eölus, en ûnder sa’n baes scilstou farre. Hwent as hy slept, den komste nin stap fierder op it wetter. Hjir stieste op ’e fêste groun; mar tink der nou ’ris om, det Eölus dy yn ’e Spanske sé hat, dêr it wetter toershichten foartrôllet, en det er dy weach-op weach-del mei de greatste trijemêster as in spoentsje hinne en wer toutert. Ho liket dy dat ta?” De jonge glimke. “Ja, boi, tochte ik yn my sels, dou biste lyk as de tsjinstboden. Hja hawwe de earmoede foar eagen, en dochs trouwe se.” En dat is ek mar gelokkich, Eölus. Hwer scoe de kening recruten, en de keapman silers wei krije as de faem de gefaren fen de houwelykssé en de jonges de krêft fen Eölus earst op in hier birekkenen. Wel, de jonge skeukte fen nocht, Eölus, do jy sa azem joegen. Ho mâller, ho moaijer.—Ik naem boi wer by de hân, en roun sa gau as ik koe wer nei hûs ta. It bigoun ek njunkenlytsen to skimerjen.

Pas wier ik thús, ef dêr komt myn feint wer oan. Hy glimke. “Bearnt, sei ik, dat stiet ’er hwet blierer by as niis.”—“Ja, Mine is ’er wer; sei er, it wier needwaer, mar ik moast ’er dochs om laeitsje.”—“Ho nou den?” sei ik.—“Wel, ik roun mei Mine oer ’e strjitwei nei stêd ta, en dêr komt hjar de wyn yn de rokken; hja yn ienen op, en wol fyftich trêd wirdt se fen my ôf oer it fjild droegen. Nou, hja is sa’n propke, lyk as mynhear wit; ûnder dy reade útspande rôk stiken hjar koarte skonkjes út, en dy wraemden en trippelen om de groun to siikjen; krekt, kin ’k jo sizze, as in bern oan ’e liedbân, dat wakker skrept en rint, as it de groun net roert. Wel, ik skettere it út. Ik hâldde my fêst oan in beam, sa slop wier ik fen laeitsjen. Mine wier lilts do se my dêr sa stean seach; mar ik sei: myn ljeave Mine, al hie ’k op ’e dea sitten, ik koe ’t net litte.” Sa leare jy de minsken yn ien eagenblikje, Eölus, dêr in dounsmaster hjir wol trije jier ta nedich hat.—In bytsje dêrnei sakken jy ôf. Nou en den kaem ’er in neifleach; mar de baes sels wier foarby. Rêst lykwol wier my dy joun net biskern. Eölus waerd opfolge fen mynhear Weachhals, en dy hâldde my en myn wyn selskip oan toalf ûre ta.

De oare moarnsier gong ik ’ris om en troch de stêd om op to nimmen, ho jy ’t makke hienen. It like wol eft Dimter bombardearre wier, sa wierne jy der útnaeid, Eölus! Omwaeide stekken: heale gevels; iepene tekken; reade tekken lape mei blauwe smoarde pannen: roeden út de ramten; hjir en dêr proppen fen fodden yn stikkene ruten; timmerljue, mitselers, opperljue oan ’t skreppen en tôgjen mei ljedden, pannen, sparren, delen, kalk en stien; de Berch-tsjerke troch inoar smiten, det de gemeinte der yn nin fjouwer wiken yn bankje koe; tekken fen lytse simmerhúskes in foet op hjar mûrwirk forset. Mei ien wird, Eölus, as jy it sjoen hiene, jy scoene oer jou wirk sels foldien west hawwe.

My tochte, wy moasten ek wol ’ris efkes yn ’t fjild sjen, ho jy it dêr makke hienen. De roggebergen stiene as dronkene ljue to hingjen; by sommigen hienen de standers ien ef twa makkers forlern, en de skeaven laeinen wiid en siid troch it fjild hinne keild: de stiennen gevels fen it weardshûs de Platfoet foar en efter oan de earste fordjipping ta der útflein; it reid op de tekken oeral by toppen efterstobek waeid, det it opstie as in stikelbaerch. De brebiers blieze jamk mei hjar toet yn yens hier as se it knippe, mar ho jy dat âlde fêst-bakte reid mei bliezen oerein krije, dat wit de deale. Hjir yn ’t poepelân is yn it fjild for jo sa folle net to bikken as yn Fryslân; mar ik tink det jy dêr de measte wettermounlen wol op ’e kop set hawwe. Dat binne tinkt my, krekt boartersdingen for jo, Eölus.

“Ho hat it foldien?” sei ik tsjin myn soannen, do wy thús kamen. “Opperbêst, heit, seinen se, wy wolle wol mear stikjes fen Eölus sjen.”—“Ja, sei ik, feinten, ik leau net det ’er ien frjeon is, dêr jimme mear fen hâlde, as fen dy graef fen stoarm en onwaer. Nou, goed, daelk scille jimme mear sjen.”—Dyselde foarmiddeis gong ik mei Hidde en Watse, en ús miich fen Leiden, dy krekt by uzers út-fen-hûs wier, nei de Pol ta; dat is in bûtenpleats, rikelik in ûre fen Dimter ôf, dêr se seinen, det jy der oan ’e hoasbânnen ta troch gien wierne. En ik moat sizze, do wy dêr kamen, namen wy allegearre de hoed ôf, en bitanken jo frjeonlik, det jy it sa genedich mei ús makke hienen. Dêr hiene jy efkes in great bosk fen de swierste iken en bûken as in hânfol swevelprikken troch eltsoar keild. Dat laei der hinne eft de divel ’er jongen smiten hie. Oer de swiere stammen en de holle gatten, dy se yn ’e groun skoerd hienen, troch de toeken en twigen, wier nin trochkommen oan. Ytlike beammen hienen ûnder it fallen mei de wirtels klompen modder nei boppen wipt, dy toalf foet heech wierne, en sa tsjok, det it foege klinten liken. De hear, dy it bosk takaem, wier mei syn rintmaster al oan ’t ritsen fen de stammen for de feiling. Dat griisde my om de man. My tinkt, Eölus, dat koene jy wol litten hawwe. Alear koe der sa’n grapke wol op stean; do die it de edelljue sear det se in beam kappe moasten. As der ien yn ’e kop stoar, den doarsten se him noch hast net oantaeste, sa eang wierne se, det de ljue it for skrok en heukeraftich oansjen scoene. It like der net nei om in beam fen hjar slot om jild falle to litten! Nou wirdt al it heech hout oan dûbeltsjes makke; hwent hwet hat ûnder ús geslacht fen minsken langer wearde as kâld jild? En nou moatte jy noch komme, Eölus, en nimme ús it lêste hearlike skaed boppe de holle wei, dat ús bernsbern net wersjen scille. Wier it jo to folle, det ’er ús ien oerbleau, dy yn de greate pronk fen natúr in yntres fen syn kapitael foun, greater as de coupons fen brieven, dy seis percint dwane? Mar jy binne der woast troch gien, myn ljeave man! en it docht my nij, det ’er noch ien spjirke oerein stean bleaun is. Oan de measte beammen, dy jy net om krije koene, hiene jy mei sokke rukken wrikke, det de ierde boppe de wirtels oplichte wier. Yn ’e leane, dy op it slot tarint, ha ’k ien sjoen, dy wy mei ús twaën omklamme moasten. Dy koene jy mei nin boarstens gewelt út ’e groun krije, mar do ha je him midden yn ’e stamme as in wirtel trochknapt: en yn it hert wier it hout sa geef as kryt. De stompel stie dêr mei splinters fen in foet ef toalf yn ’e hichte; fen fierrens like it krekt eft ’er in greate bjizzem op syn stôk oerein stie. Ien fen dy splinters haw ik meinomd; dêr lit ik nou in gongelstôk fen meitsje, en ’er mei greate letters ynbarne, EOLUS, XXIX NOVEMBRIS MDCCCXXXVI. Komt ’er my den in man mei in great boarst, in pocher, in windmaker tsjin, den hâld ik him dy stôk ûnder de noas: “Jy kinne gnap blieze, siz ik tsjin him; mar kinne jy it sa goed as de man, dy ikenbeammen yn sokke splinters bliest? Kinne jy balken oan twa sprekke?”

Wy hienen sa lang yn de tûken en twigen fen al dy lizzende beammen omtiisd en omwynd; wy hiene sa dealisk as iikhoarntsjes fen de iene stamme op de oare sprongen, det wy op it lêst sa wirch waerden as in maits. Wy gongen dêrom yn in weardshús, en koften fen in heldere Gelderske faem in sûpke mei hwet mâlke-en-wetter for de jonges. Do wy ús in bytsje útpûste hiene, kuijeren wy mei moai sinnich waer werom, lâns in nije strjitwei, dy mei jonge beamkes biseame wier. “Hea, sei ien fen de bois, sjoch heit! al dy lytse beamkes binne stean bleaun, en dy greate binne omwaeid!” “Dat leauste wol, sei ik; dy swiere beammen hawwe mei hjar brede koppen mear wynfang; ek rikke se folle heger, en boppe hat de wyn mear krêft. Hja sjitte hjar wirtels wol djipper yn ’e groun, hjar stammen binne wol tsjokker, mar de oanstjit dy se fen Eölus to lijen hawwe, is evenriedich noch greater. Dêr komt by, sa’n swiere jowt net ta, en dochs it moat bûgje ef boarste, lyk aste oan dy bjizzemstompel seachste. Dit lytse gûd bûgt by de minste twjirre; it mei ’ris tsjin de groun niigje, as de wyn hwet ynbynt riizje se ek wer oerein.” “Dat is al nuver, sei boi, dat lytse beamkes by in orkaen feiliger binne as greate.” “En lykwol, sei ik, giet it krekt sa ûnder de minsken. Op Louis Philippe hawwe se nou al trijeris sketten, en ús litte se yn frede. Hy doar de kop net út syn hok stekke, ef de strjitten fen Parys moatte earst opromd wirde, det it foar, en efter, en om him hinne, in lege wyldernis is, en wy rinne oeral allinne sa frij en feilich as de fûgels yn ’e loft. Ho heger aste yn de wrâld kliuwste, ho mear der komme dy dy nei ûnderen ha wolle, binamme aste de brette hoanne spileste, en it allinne witte wolste. Den komt it ek allegearre op dyn kop del, en al stieste sa fêst as in iken beam, om moaste. De forienigde stoarm fen dyn fyanden is sterker as dou, en kinne se dy mei wirtel en tak net útroeije, hja scille dyn stamme mids twa rinne. Dy scille se it net dwaen, sa lang aste dy by de groun hâldste. En as se dy al bynei kamen, den is der noch ontwyk for dy. Kenste it âlde Fryske sprekwird wol, Watse?”—“Hwet is dat, heit?” frege boi.—Lear dûken! Dûken foar de stoarm fen need en omstandichheden, en dou scilste de kop ’er wer moedich byskoerre, lyk as dizze kliene beamkes, as de stoarm oer is, wylst de steile hirdhollen as dy iken om dy hinne lizze.”—“Altyt dûke?” sei er.—“Né, feintsje! net altiten. Dûke as folhâlden koppigens is, en dy sûnder reden neat oars oanbringt as skea. Wolle se dy dûken leare, as dyn consjinsje seit, detste stean moaste, hâld ’er den de kop foar. It is better alles kwyt, as detste dy oer dy sels skammeste; hwent den kinste dochs noait nin wille wer ha. Bigrypste dat wol, Watse?”—“Né, heit! sei boi; net tige.”—“Nou, den scille wy it dy leare. Wêz’ mar wer as dizze beamkes; lit dy bûgje en liede troch de hân fen him, dy it goed mei dy mient. Tink net det it bûgjen op dyn jierren skande is; Ho ealer hout, ho bûchsommer twiich, seinen ús wize foarâlders.”

Under sokke praetsjes panderen wy al swietsjes foart, do ús in moeije to mjitte roun, mei in swart reinkleed om; it minske like wol yn gedachten, alteas hja seach stiif tsjin ’e groun, en it wier krekt eft se ús net mirk. Wy hiene ús praetsje just út, en seinen nin wird; yn deadelike stilte trapen wy sa op eltsoar oan; mar do wy krekt njunke moeije wierne, prûstte ús miich fen Leiden, dy wakker de trudze hie. Ik wit net ho ’t wier, Eölus; mar it kaem hird oan; it like wol in gjalp. Dat earme sloof yn ienen fjouwerkant mei in skeane pas fen de strjitwei ôf, en út hjar kaepke as in gleon hynzer, dat skrikt, nei boppen sjen, krekt eft de divel en syn frjeonen mei hjar op in paed wierne. Nea haw ik in minske sa forheard sjoen, Eölus, en nea haw ik ek mear lake. Wy bliuwe nog al lang bern, Eölus.

Foar en yn ’e stoarm hawwe wy dingen sjoen, dêr wy net rjucht wiis út wirde kenne; my tinkt, wy kinne by nimmen neijer om útslútsel gean Eölus, as by de man sels. Wy hawwe yn Fryslân ljue, dy rôlje for de aerdichheit wol ris in tinnen panne op, krekt as in pljims pompier; ús forneamde rimer Oene hie noch in dochter Mattsje, dy dat ek koe. Dat is klear en dudelik; dy mar macht yn ’e fingers hat, kin dat dwaen. Mar hwa hat nou fen syn libben heard, om sûnder fingers repen lead fen tûzenen pounen op to rôljen, en den as in krolde spoen nei ûnderen to bruijen? Lykwol dat ha jy hjir oan forskate huzen, en to Londen noch oan de Pancras-tsjerke dien.—Nou moatte jy my ek ’ris sizze, Eölus, hwerom det jy ús yn ’e broeikast set hawwe ear ’t jy kamen? Al in dei mannich to foaren wier de loft sa waerm, krekt as op in brodzige simmerdei. Yn ’e wyn ef yn ’e lijte, oeral kaem yen sa’n maffe, lije loft tsjin. De kobbels fochte stienen oeral op hout en stien, ja, by ús mûrren roun it wetter mei strielen del. Jy hawwe ús planeet dochs earst nin switdrankje ynjown, Eölus? En nou woe ik dat ek noch wol witte; hwent it liket wol as jy hjir yn ’e krite binne, det it wetter yn ’e pompen op en del giet, en det de kwik yn ’e waerglêzen stiet to dounsjen. By dat kwik ef dat wetter kinne jy dochs net hyn ef bynei komme?

For it alderlêste haw ik noch in apel mei jo to skilen, Eölus. Alde kij út de sleat to heljen doch ik oars net jamk; mar it laeit my sa heech, det it moat der út. Ik haw it egensk tsjin Jacobinen en flaeijers, dy de keningen bidjerre, en ik sjen ljeafst, det myn bêste frjeonen, dêr jy ûnder binne, oer sokke haedpunten, dêr it gelok fen lân en prins oan hinget, krekt-en-allyk tinke as ik sels. Nou sizze se hjir to lânne, det jy ek in Jacobyn binne, en dat moeit my ivich. Ho komme de ljue dêrop, freegje jy mûlk? Kom, dat scil ik jo sizze.

Foar twa jier foer der in skip fen de kust fen Guinéa nei de Westynjes ta; jy joegen de moaiste koelte en it noflikste waer, dat in stjûrman winskje kin. Sa hienen se in wike ef trije fearn, do jy mirken, det der in bidoarne minskelucht út it rom kaem, dy it skip krekt as in sok yn de loft neigong. Jy waerden wekker, en kipen ’ris yn it hol. Dêr wier in fracht fen hûndert-sauntich slaven, dy as in keppel skiep opsletten dêr by eltsoar laeinen to stjonken. Njoggen hiene yn wanhoop hânnen oan hjar sels slein. Do waerden jy sa grimitich, det jy jo oanstelden as in hiemdôge. Dat wier de sé yn ienen yn oproer; de wyn oan ’t fluitsjen troch want en blokken; de seilen oan flarden; de fokkemêst oer boart; it roer fen ’t gat, en foar hjar hiene se in eilân mei barning op de klippen. De kaptein, dy neat as de dea foar eagen seach, gong mei it folk yn de sloepen, en liet de slaven yn it hol om to forsûpen. Dat wier gelokkich, los! fen boart ôf! en dêr fleagen de sloepen hinne. Mar jy net links, Eölus! bliesden in stirtsé op hjar oan, dy de sloepen yn de groun slingere, en al hwet ’er yn wier forsûpte. It skip sels hâldde it; mar staette to lêste mei sa’n evels gewelt op in klip, det de mêsten troch de kyl stampten, en lûken en alles losboarstte, hwet it hol fen ’t skip bisletten hâldde. De negers ’er út, en to wetter. Hja sylden as wetterhounen, en kamen op trije nei, dy gammel wierne, allegearre bihâlden op Santo Domingo oan. Dêr founen se broers; negers as sy, fortrape as sy, mar dy hjar frijfochten fen de Frânsken, en dy de Frânsken mei hjar trije-en-tritich miljoenen net wer ûnder krije kinne. In mannich dagen dêrnei spielden de heal forgiene en stjonkende liken fen de slavehandelers, fen de kaptein en de matrozen dêr ek oan. Hwet wier dat in swiete lucht yn de noas fen de frije negers! Do se de kringen oan it strân driuwen seagen, kraeiden se yn wyld gegei de fictorie fen Eölus oan hjar boalen út.

Mar dat is ’t net allinne, Eölus. It moat in âld sear wêze, dêr jy al mei biheind wierne, do ús foarâlders om hjar frijheit tsjin de Spanjerts fochten. Ik scil it forhelje, sa as it my oanbrocht is, en den kinne jy sels sizze, eft it wier is ef net.

Jy moatte den, nei ’t hja sizze, jou plezierreiskes hawwe krekt as wy minsken, en omdet je net oan ien plak, lyk as wy oan dit kikkertslân, boun binne, mar de hiele ierde jou krite is, sa gongen jy den nei Andaluziën, it moaiste plak, dêr jou azem noch oer hinne gien is. Nei it hearlik Andaluziën, siz ik, dêr natûr al de moaijens, dy se troch Italiën, Switserlân en Frankryk spraette, yn in koart bistek by eltsoar garre hat. Dêr rint de rivier de Guadalquivir troch, en it moat dit wetter wêze, dat jy jo ôfdriûwe lieten as je de sinnen forsette woene. Ho moai moatte oan beide wallen dy gesichten wêze, Eölus! en dêr glieden je den mids troch hinne. Hjir troppen fen swiere beammen mei heech skaed fen geile en brede blêdden, hwer Spaenske skiep tsjin it prykjen fen de sinne ûnder lizze to skûljen. Dêr loftige hichten en klingen, biwoechsen mei blommen, krûden en druvebeammen, dy hjar grien frjeonlik troch eltsoar frisselje, en nou en den in biskûle hûs smûk efter wei kipet. Jinder in Moarsk kastiel op it tipke fen in hingjende rotsklibbe útboud, en noch fierder himelhege bergen, dy hjar bisnijde koppen yn it heldere azuer op stekke. Underwilens boarten jou berntsjes om jo hinne, en saeiden jolich oer de rivier fen de iene ich nei de oare. Dêr wier ien, dy nocht hie om in moaije fûgel, dy op in tûke stie to tsjotterjen, hinne en wer to touterjen; en bytsje fierder spartele ien ûnder in tropke roazen om, dy fen ’t gedjoei rûsden en de holtsjes skodden. Kamen se in jong feint foarby, dy mei de guitarre yn ’e hân syn minnesang stie to kweeljen, den patten se de jongfaem, dy de holle ta it finster útstiek, en tispelen loddrich yn ’e lokken fen hjar gitswart hier om. Meast touweren se oan jou beide siden, en hwer jy wierne draeiden se kûlen yn krûden en lizen, dy swietkes mei jo liken foart to gean. Dêrby hiene jy den noch boppe jo dy heldere blauwe Spaenske himel; om jo hinne dy lije loft, dêr tûzen geuren fen oranjebloeisel en swiete blommen yn om sweefden; en ûnder jo dat glêdde wetter fen de Guadalquivir, dat de loft, de beammen en de bergen, dy ’er hjar fen boppen yn spegelen, noch ’ris skimerjende en triljende werjoech. Sa kamen jy mei jo stoet foarby Sevilla, do ien fen jou soantsjes boartsjende oer ’e stêd yn de reek fen in autodafé tommele. Dêr stienen sa’n ontelbaren minsken om hinne, det it bern skril nei jo ta fleach, en jy net links sels fen de wein, om ’ris to sjen hwet dêr dwaende wier. Do jy boppe de reekwalm kamen, hearden jy in earmhertich gewein en gejammer; jy twjirren de reek in bytsje wei, en hwet seagen jy do? In man mei bleate foetten, mei in heechoppe spitse mûtse op, en in wyt himd oan, beide mei flammen en divels út de hel biskildere; hy wier mei bûgels en keattingen oan in peal fêstboun; en stie op in steapel barnhout, dêr in blauwe lôge bigoun út to slaen. Hwet hie er misdien? Hy leaude det ’er mar ien God wier, en det dy God de heit fen alle minsken is. Sa gau hiene jy dat net heard, Eölus, ef jy waerden breinroerd: trijeris fleagen jy op en del, det reek en flammen trijeris tsjin de groun flapten. Mar in bytsje ta jo sels komd, tochten jy: “Blies ik hjir yn, ik scil de flamme fen dat ongelokkich skepsel ôfwaeije, en hy scil nammers to langer briede. Dea, in gauwe dea for de lijer! Mar hwa wol in eagenblik langer yn dit forflokte lân bliuwe? De hel stiet hjir yn it paradiis, en de hel is to falsker, omdet se yn it paradiis stiet. Wei, myn bern! Wei! Tûzen milen hjir fen dinne. Ljeaver ûnder de bearen fen Yslân as it divelen-brot fen Spanje.” Yn ienen stauwen je op, sûzjende en grommeljende fleagen je op, en al jou bern flodderen yn de wolken fen jou sok mei nei it Noarden ta. Dy selde deis (it wier de twade Septimber) kamen jy noch efter Ierlân, dêr jy in fleet fen fjirtich oarlochskippen silen seagen. Neijer kommende bimirken je de Spaenske flach. Ja, wol, man! it wier de Armade, de onforwinnelike fleat fen Philips de twade, dy ús en Ingelân opfrette scoe. Hja hienen al pit hawn fen de Ingelsken en Seauwen, en slûpten nou mei de stirt yn ’t gat alleheel efter Ierlân om, om wer yn hjar nêst yn Biscayen to kommen. De pynbanken, de skroeven, de knyptangen en barnizers om ús foarâlders de tonge út de hals to skoerren, as se fen frijheit sprieken, wierne dêr oan boart. Dêr krigen jy de lucht fen, en do wier ’er nin genede, sa siet jo dy reek fen Sevilla noch yn de noas. “Romte bern!” seinen jy tsjin jou soannen. “Rep jimme, nei hûs ta. Dizze ljue binne onforwinnelik! Dy flach wit fen nin striken! Heit scil ’ris sjen eft dat wierheit is.” Dat wier mei ienen it baitsje út, en hals oer kop yn de Spaenske fleat del. Heare God, Eölus, hwet hawwe jy woast yn dy Armada omflein! Seilen, want, mêsten, alles oan dy fjirtich skippen fen boppen del, en oan flarden. En der wier nin bidarjen yn jo to krijen, it brûs stie jo op de mûle. Dagen efter ien boldere dat mei it selde boarstens gewelt troch, en jy hawwe jo net del jown, foar det ’er tweintich greate oarlochskippen mei man en mûs forsûpt, ef wech ende wear op klippen en strânnen oan stikken boarst wierne. Do it kerwei ôf wier, en in mannich oerbleaune skippen as wrakken nei Spanje ôfsakken, fleagen jy noch ’ris efkes yn de spegel fen it admiraelskip, en reauntene Don Oquendo yn it ear: “Jimme kinne Autodafé boartsje, mar ik waeije. Wit’je?”

Dêr hawwe jy nou alles, Eölus, hwet se my fen jo sein hawwe. Nin wird haw ik ’er by ef ôf dien. Binne jy skildich, kom den bileaven net yn Dútsklân; hwent dêr sette se jo ytlike jierren yn in akelige festing-finzenis, foar det se jo forheare; jy krije al straf foar det jy doem hawwe, en is ’t oan fordedigjen ta, den moat jou advokaet op syn fordommenis swarre, det er oan nimmen sizze scil, hwet er for jo yn to bringen hat. Sa kinne se jo de hals omdraeije sûnder det ’er in hoanne nei kraeit. Dos, Eölus, binn’ jy in Jacobyn, pas op det jy út hjar kloeren bliuwe, man.

Nou woe ik minlike graech, det jy my ’ris in letterke skreauwen oer ien en oare. Sels to kommen, dat doar ik hast net fergje. Mar as jy komme, woe ’k ljeafst in dei twa foarôf tynge hawwe; hwent den scil ’k hwet pannen opslaen. Dy binne hjir jister fen trije ta trettjin goune opslein. It is in bulte eare as sa’n heech personaedzje as jy sels komme, mar djûre eare is ús foech net.

Foaral en bileaven de groetenis oan wiif en bern; binammen oan jins kreaze dochter Vulturna, dy wy yn ’e simmer út it súdeasten by ús forwachtsje, en ek Auster, dat golle, frjeonlike feintsje. Hjar rûzige broer Favonius hat ús nou langer as in jier yn modder en weaze set; hy mient, det wy frosken binne, leau ik. Siz nou oan Vulturna en Auster, det hja gau, gau komme om ús to patsjen.

Farre wol! Jins tsjinner.

J. H. H.

EOLUS SYN ANTWIRD.

EOLUS,

GREVA FEN STOARM EN ONWAER, SYN ANTWIRD OAN Dr. J. H. HALBERTSMA. MEI OAR GRIENMANK.

Legum idcirco omnes servi sumus, ut liberi esse possimus. Cic. pro Cluent, c. 53.

Friezen!

De fjouwer-en-tweintichste Decimber 1836, dat is, de earste krystdei, siet ik moarns to njoggen ûre op myn opkeammerke. It waeide in foech stoarm út it Noard-Easten mei sniejacht, en de wyn stie flak op myn ramen. Dêr fljucht my in rút yn, det my it glês om de holle spatte, en mei ien ploft ’er ek in ding by my op de groun del. Hwet wier dat? Ja, dat riede jimme net. In pakje gûd sa swier as lead yn it fel fen in iis-bear birôle, en mei robbe-termen gear-ript. Ik snei de boel los, en foun ’er it steekje fen myn collega yn strikende fol mei goud-jild. Ik telde tûzen stikken elts sa swier as in rider, en sa plat as in âlde skeljen. It is wakker noflik jild om to sjitten, lyk as men dat op in planeet, dêr Mercurius, de God fen de keapmanskip it stjûr hat, wachtsje moat. Op oare planeten, dêr dy God en syn geast net is, hawwe se jild mei steile rânnen útfoun, dat men stik for stik fen de tafel opkrije moat. Dat is in bêst ding for in naesje fen rinteniers, dy neat oars to dwaen hawwe as twaris yn ’t jier hwet yntressen to tellen.

Mar dêr it hjir op oankomt, yn it pakje siet ek in brief fen Eölus oan my, dy ik hjir by doch. Eölus is egentlik in oneft bern, mar fen in great Hear, en den bringt in minske it faek fierder as in eft bern fen in boargerminske. Jiffer Segesta hat him oerwoun by Jupiter, dy noch al jamk syn aeijen bûten it nêst lei. Lykwol Eölus wier in skrander man, mear as dageliks wei, lyk as dat graech sa mei bûtenbientsjes wêze wol. Hy joech him folle ôf mei wiersizzerij fen waer en wyn, en do er dat in mannich kearen roaid hie, mienden de skippers, det er de wyn yn de mouwe hie, en hja makken him Greva fen stoarm en onwaer. Syn greatste ljeafhabberij hie er yn it stjerresjitten, en dat kaem him skoan to stade; hwent waer en wyn wolle noch al ’ris nei de moanne lústerje. Ek sizze se fen him, det hy de gongen fen keningen en naesjes mei in loerjend each neigiet, en det er dêr sa folle wrâldske wysheit fen opdien hat, det er frij goed wit, hwet er swije ef sizze moat. It ien en oare kin men ek sa wol hwet oan syn brief sjen, tinkt my. Der sit geleardheit genôch yn, ja, ik scoe sizze, fiersten to folle.

Ik leau net det Eölus my goed fette hat: oars kin ik net bigripe, det er my sa útheuvelt. Mar ik woe it ’er dochs net útlitte; hwent as myn goede namme by jimme dat net útstean kin, den is er doch nin botsen wirdich. Hy hat oars sa folle ongelyk net, mar it is in bolderbast. Syn riddenaesjes oer pompen, waerglêzen en sok spil lit ik ek for syn eigen rekkening. Ik leau egentlik net det er goed wit, hwet ’er fen binnen yn it ierdryk omgiet. Mar dêr scil ik him noch wol ’ris oer sprekke, as ik tiid hab. Bikôgje dit nou earst mar ’ris op jimme gemak, Friezen, en as ’t jimme net to dreech yn de mage laeit, scil ik om oare gerjochten tinke.

Wy litte nou Eölus mei syn wyn en steatkinde wêze. It foarjier winket ús ta, en lit ús de earste lije loften rûke, dy de slomjende natúr oan it oplibjen bringe. De kij kealje, en de boeren bringe ús bjist for bjistpankoeken. De bûthúzen biginne to stymjen; de âlde kij bâlte nei de farske mailoft. De hoanne kraeit, det it oer it hiele gea klinkt; de hinnen keakelje en lizze peaske-aeijen. De famkes toudounsje op it grien; de jonges komme mei toppen en hoepen, mei bakkerts en knikkerts, mei rasket-boerden en prikken op strjitte; hja ringje ef spylje hazze en houn; hja boartsje en kreauwe, hja geije, hja kraeije it heldere foarjier út. De beamkers bigjinne mei beammen, en heisters, en hagen; de gnjirkers mei iere en djûre blommen op ’e merke to kommen. De boerinne stiet ’er mei hinne-aeijen yn in braskoerke neist, en de boerefeint mei leep-aeijen yn in netsje om de rânne fen de hoed hinne. De finnen bigjinne to grienjen: de spjichtige flotgêrzen lizze lâns de iggen fen de sleat al to driuwen op it wetter. In inkelde leep pipet ús yn ’e fierte to mjitte. De boeresoan giet mei de pols op it skouder yn ’t fjild, en ljept sleat út sleat yn, en rint rjucht op it steed fen de ikker ta, dêr de sy op it nêst sit. De eilammen bletterje en hippelje om de moer hinne; hja hoarte en stjitte mei de kopkes yn it jaer op, om it lêste dripke tate los to meitsjen, en as se sûgje hipple-wipje se mei de wite stirtkes fen nocht. De protters, de mosken en de douwen pearje; hja komme yn ús tunen, en tôgje mei de prikken en striekes, om hjar nêst to bouwen. Ha! hark my dêr bûten dy ljurk ’ris. Helder op, myn feintsje! Kladderje yn de blauwe loft op, en snetterje ’t mei dyn wyldsang oer it ierdryk út, det it foarjier oan it rissen is. Eölus forstommet om nei dyn linte-liet to harkjen; der is mar in lyts sigentsje oan de heldere loft. Hy kin allinne mar harkje; hy kin net mear rekkenje, hwet keningen en folken dwaen moatte, en nin minske scoe nou ek nei syn rekkeningen lústerje wolle. It wol alles út de muffe huzen nei bûten ta. Hân oan hân kuijerje ik mei myn famke, en mei Tsjalling troch de finnen. De berntsjes rôlje en djoeije om my hinne; hja ploaitsje maiblommen, en riuwe se oan triedtsjes ta krânsen, dy se om de holle slingerje. En Tsjalling en myn famke njeurje it sankjen:

Maitiids earste blomke; Ljeave fen de wei! Ut Gods heilichdomme Komstou, moaije, wei.

Berntsjes meije bliuwe, As hjar heit hjar ropt, Dou bist’ foarjiers boppe, As dyn heit dy ropt.

Maitiids earste blomke, Bliere fen de wei! ’k Lit my liede en sizze, ’k Gean dyn stappen nei.

Nij-Fryslân op Spitsbergen, dizze 22ste fen Decimber-moanne, 1836.

Nommele Frjeone!

Der wier in goed man oan de pûster, net? En dêr bin ik al wer. Dyn brief haw ik lêzen, en ik moat sizze detstou masteraftich de kinst fen dyn gilde forstieste; ik mien de goudtriedlûkers-kinst, om in ding, dat men op in kaerteblêd sette kin, ta in lange preek út to spinnen. Wel, onwiten, hwet in brief! It docht my net nij ef de namme fen Eölus is mar in spjelde west, dêrste al dyn nijs oan ophinge haste; sa brûke jimme de teksten út de bibel ommers ek for de preken. Mar ik bin hwet koarter fen styl, en ik forwachtsje, det dit bytsje dy noegje scil, lyk as ik mei gedild dyn ivige epistel útlêzen hab. It skriuwen wol hjir ek net bêst. It sit hjir yn in fjouwerkant hol, tsjien foet ûnder de groun; boppe op it tek laeit wol saun foet snie; lykwol friest it hjir, det it knypt. De fingers binne my knoffelich, en de inkethoarn moat ik yn de gloede sette, om de inket ontteid to hâlden. Ik hie noch wol hwet mear skreaun; mar wy hawwe niis in Sint Niklaes krige, dêr wy allegearre fen forbauwerearre binne. Mei dy hichte fen snie kaem ’er in wite iisbear boppe oan ús skoarstien to snuffeljen, en wylst wy nearne om tochten, bruit sinjeur dêr hals oer kop troch hinne midden ûnder ús del. Gelokkich wier myn âldste soan Boréas by my, in dregen feint, dêr ik oerre-moarn mei nei jimmes op reis scil. Dy hat folle yn dizze oarde forkeard, en kin dy rûge nachtbidders op in hier; flink naem er in greate iisbile en sloech him de kop yn, det de hersens tsjin de weach fen myn bêd sieten. Jimme kleije oer it skoarstienjild, en det de skatters alle hoeken en hernen fen jimme huzen trochsnuffelje om in hird to finen; mar de wite commizen op Nij-Fryslân binne net nofliker; hwent dy tingje dadelik nei de lever, en hâlde parate executie, net fen dyn húsrie, mar fen dyn flêsk en bonken.

It steekje haw ik foun, dêrstou seiste. Hjir stjûr ik it nou werom, en om dy to biwizen, det dy grap mei de bear de suvere wierheit is, haw ik it beest strûpt en de boel yn syn fel biteard. For dyn collega haw ik in kollekte dien by de Domenijs op Mercurius, en ik haw fjirtjintûzen goune yn goud oproun, dat yn it steekje laeit. Aste de man it jild jowste, moaste tsjin him sizze, det syn goeddoggers net hawwe wolle, det dy it op in pompjirren souderke leit; hwent dêr koe it wol ’ris krekt sa gau trochfalle as sy it joegen. Hja wolle det hy der in greid-pleatske for keapet, en det er dy sels sa hwet biboerket; den hat er mei ien hwet oanslach for in pear grouwe jonges. Hja wolle net, det hy ’er oar pompier for keapet, as in planke fol púk-púk-bêste Latynske, Grykske en Hebreauske boeken. Hwent de domenijs op Mercurius sizze, det it smoarch for in predikant stiet, det er fen dy dingen net folle mear wit as in Kattechisearmaster.

Om de greatste gekken scil ik by gelegenheit wol ’ris tinke. Mar as ik in partij meinim, den geane se net nei de moanne, mar nei de planeet Pallas. Dêr hawwe se hjar graech; hwent hja sizze, det er nin nofliker folk yn de bihânlinge is as greatste gekken fen de ierde; as se dy dêrre mar in goudpompjirke op de mouwe spjeldzje, den binne se sa optein, det men der mei omslepe kin as in dweil.—Yn it weromkommen haw ik in foech healûre op ’e moanne oanlein, en de Noarger rún spritsen. Hy wier prot op Doktor Eeltsje, det dy syn brief drukke litten hie. As hy Noarger rún bleaun wier, koe ’t him nin drip skele; mar as men minister is, den wol men just foar de hiele wrâld net witte det men foar de Kollumersweachster tsjiiswein roun hat. Hy wier oars bêst to sprekken, en hy sei my, det er op ierde faek winske hie, om yn jimme tsjinst to kommen; hwent hy hie noait mirken, det jimme hynsteboalen wierne. En hy winske it noch wol; hwent Jan-rap en syn maet toude him op de hûd, en as er de baes klage, den sei dy: “Ja, dêr biste for, om bruijen to krijen. De koegels, dy ik oars krije scoe, kinne aerdich yn dy smoare.”—Nei it bisnoeide jild haw ik him frege. Hy loek de skouders op. Ik sei “Ja, jou Excellintie; dat dogge se op Terra ek. Mar dat helpt hjar net folle.” Do bigoun er my to forheljen, det er op de moanne mei it selde wetter foar de dokter west hie. Earst hie er in publicatie jown: “Oan dy datum ta ontfang ik op de lânskantoren alle gounen tsjin tweintich stûren it stik; nei dy datum ontfang ik de bisnoeide gounen tsjin de wearde, dy it silver hat, dat er yn sit.” Aenstons roun elts mei in lyts skealjen yn de bûse om it jild to weagen; hwent nimmen wier sa gek om in goune for it folle jild to nimmen, dy mei twa moanne mar sechstjin stûren wirdich wier. Dy nin jild yn hûs hie wier bliid; mar de kapitalisten en bankiers, dy tûzenen, ja hûndert-tûzenen yn hûs hienen, forlearen yn ienen kapitalen fen tweintich en tritich tûzen gounen. Dy wierne den ek pûrrazend west, en hienen de minister troch in rêst kantoarrinners de ruten ynsmite litten, en it hie mar in hierke skeeld, ef hja hienen him foar syn eigen doar yn ’e grêft forsûpt. “Mar hwerom smelte jy it jild net om, lyk as Willem de tredde yn Ingelân dien hat?” sei ik. “Dat tanket jo de blaxem! (Hy flokt ougryslik; dat hat er noch fen de hynstetyskers oerhâlden.) Dat tanket jo de blaxem! andere hy, It spant om sûnder halsbrekken fen it iene budget oan it oare to kommen, en den noch tritich miljoenen út to pûljen, om al it jild wer op syn wearde to krijen, dat is allehiel ús foech net.” “Mar ha je den neat dien?” frege ik. Do forhelle er my det er dy earste publicatie yntritsen hie, omdet er bang for numero ien wier; mar det er do, om ’er sûnder kosten ôf to kommen, it nije jild slaen litten hie op de standaert fen it âlde útslitene en bisnoeide jild. Yn it âlde siet troch de bân sa hwet sechtsjin stûren silver yn in goune; en dêr liet hy de nije ek op slaen; mar yn namme bleau it tweintich. Do wier it allegearre gelyk, en men hie it ien jild net ljeaver as it oare. Yn it earst hiene de ljue op ’e moanne der allehiel nin erch yn; hwent yn hjar dommens seinen se: “In goune is in goune, as wy him mar for in goune útjaen kinne, hwet kin it ús den skele, eft ’er in byt silver mear ef minder ynsit.” Dat wier ek sa. Mar do se for in poarsje ierdappels fjouwer-en-tweintich stûren jaen moasten, dat se jister mei in goune bitellen; do alles yn ienen tweintich procint djûrder waerd; do de crediteur tofreden wêze moast, det syn skildner him in obligatie fen tûzen goune mei in specie bitelle, dy de wearde fen acht-hûndert hie, do er in omkearinge yn de wearde fen alle dingen kaem, en it krekt wier, eft de foundeminten fen de hele maetskippij omrierd waerden, do waerd it oars. De forwarringe is ’er nou sa great, det se de minister djipper as de hel forflokke, en it scoe my hiel net nij dwaen, det wy de iene dei ef d’ oare hearre, det se him de hals britsen hawwe. Dat hat men fen ljue, dy in bulte rie witte.

In nije broek kin de Noarger rún net meitsje; mar der kin sa’n mâlle skoer net ynkomme, ef hy wit der in lape for; op dy lape leit er wer in twade; op dy twade wer in tredde lape, dy noch greater en tsjepper is, as al de foarige, en dat dûrret sa lang, as se allegearre ta gelyk losskoere. Den steane se yn de moanne mei ’t bleate gat. Jimme moatte mei de nije feargesichten tydliks mar ’ris nei de moanne op de útkyk lizze. Ik hear det se dêr al minsken mei wjukken sjoen habbe, en det de wiiste domenijs by jimmes út dy ontdekkinge preekje oer Gods almacht. Nou, as jimme wjukken fen earmen op de moanne ûnderskiede, den kinne jimme alteas wol sjen, eft de ljue dêr in broek oan hawwe ef net.

Dyn heale brief is wol fol fen al de skea, dy ik dien hab. Ja, der sjogge jimme op, mar it kwea, dêr ik jimme for biwarre hab, dat kinne jimme yn jimme blinens net sjen. Der wier mar kar twiske stilte mei de pest, ef stoarm mei gesontheit. De cholera hie glûpsk de hiele loft wer forpeste; jimme longen sûgden by ’t heljen fen eltse sike swietkes ’t forgif al yn; it monster sels siet yn dampen boppe jimme to kâldgnyskjen falsker as in njirre; mei koartens hope it jimme krimpen en stjerren to sjen eft jimme rottekrûd ynjown wier. Ik kin dy net sizze, ho inerlik my dat griisde. Fjirtjin dagen efterien wier ik oan it rissen; hwent dit siz ik dy, it pestdier hie him mei syn spoeken sa fêst nêstele, det ’er in raem om reitsen dien wirde moast, scoe it wike. Eindelik haw ik myn wirk koart en bondich dien. Mei dat forskouwen fen de hele loft moast de fyand ek foart; dy der yn biskûl siet. Hy aksele al tsjin; mar ik hab him wol yn it Noarden opkrongen, en dêr kin er nou om my syn kinsten dwaen op de bearen en de robben. As ik ’er nou de njoggen-en-tweintichste net west hie, den hiene jimme in bulte pannen bisparre, mar eangste, skrik en dea wierne nou jimme bûrljue west, lyk as to Munchen en to Napels. Jimme komme ’er ôf mei de Russiske pip (de gryp). Lykwol it moeit my, det ik sa folle earme minsken skip en libben binimme moast om de greate heap to bihâlden, en ik forwachtsje, det de gelokkigen, dy der neat as sein fen hawn hawwe, it ungelok fen de lijers, dy it ontjildzje moasten, hwet to mjitte komme scille. Ik haw sa min mûlk stikken britsen. Yn 1825 haw ik jimme diken trochboarre, dat jimme noch yn de pong klinkt, en nou myn raem folle fûleindiger wier en wêze moast, is it troch myn folle mijen sa biteard, det jimme der mei de skrik ôfkomd binne.

Ek is sa’n stoarm tsjienris learsommer as de bêste preek, dystou dwaen kinste, en ik wird forstien fen heal Europa, wylst dyn stimme op syn bêst in formoanje-fol minsken oerroppe kin. My tinkt, jimme binne sa dimmen en ienfâldich net mear as jimme foarâlders; der is in greatske poch- en pronkdivel yn jimme fearn; it minste jild ef affysje dat jimme krije, dat kin men aenstons oan jimme gong en fearren sjen. De âlde Friezen lieten hjar dat net blike, as se in tweintich-tûzen goune wounen ef forlearen. Hja bleauwen deselde, net forslein yn ’e tsjinspoeden, net bliid en boarstich, as ’t foar de wyn gong. Nou bin ik ’ris komd om dit greatske skaei to learen hwa hja egentlyk binne; plúskes en fearren, dy foar in wynpûst weistouwe, neat mear. Hwet tocht dy wol, do ’k dêr to Dimter al dy mûrren omsmiet? Forbyldzje dy, det alle pochers en Godfordommers mei hjar grousomste flokken tsjin my ynbliesden; det alle rike ljue mei hjar tûzenen fen boerepleatsen, lânskipsbrieven en folle jildsekken; det alle prinsen, alle keningen en majesteiten fen it ierdryk mei hjar legers en kanonnen tsjin my oer stienen, scoene se dat hâlde kinne? Ik leau det se wizer binne; to minste dêr ik kaem, hawwe se noch altiid romte makke. En egentlik witte se noch net ienris hwet ik yn ’e bouten haw. Hja miene, det hjar kanonnen al sok fornieljend ark is, as der komme kin. Mar dou haste oan dat sjitten fen my mei glês yn in doar sjoen, det ik út koartswyl wol ’ris in pûstke dwaen, dat nei in skot mei krûd swimet. En hwet is krûd, dat ôfstekt, oars, as loft dy útset, ef in pûst wyn? As ik nou de wyn ’ris mei sa’n boarstend gewelt foartbliesde, det de hiele loft fen boppen nei ûnderen ta mar ien kanon wier, dat ik mar jimmer-wei ôfskeat, scoe der wol ien stien op de oare bliuwe? Scoenen alle minsken en dieren net to pletter slein wêze, en scoe der fen alles hwet op dizze ierde groeit en ammet, wol eat as grús en polver oer wêze? En dat kin, dat moat ik dwaen yn dit egenste eagenblik, as myn baes it my hjit. Hwer binne jimme nou mei jimme parmantige stap? Leau my, frjeon; Dêr hawwe jimme nin smoar nei, om sa’n heech boarst to setten.

Twaris komt ’er yn dyn brief, det ik in Jacobyn bin. Dat liket dy heech to lizzen. Jimme âlde frjeon Gabe.... (Ik leau det in Fryske matroas, dy fen Lollum fen dinne wier, it my noch ’ris op Lipari forhelle hat.) Nou, Gabe-skroar hat ’ris op in Ljouwerter merke yn ’e Falk iten, dêr er neist in âld lân-domenij to sitten kaem. Under de mieltiid kaem it sa to pas, det Gabe sei: “Ik leau alles hwet yn ’e bibel stiet, bihalven det de faer âlder is as de soan.” De domenij frege him eft er den in deïst wier. “Né,” sei Gabe, “ik bin nin deïst, mar in dentist.” “Zo, sei Domenij, dan staat gy hier op zulk een karretje?” “Né, sei Gabe, ik lûk nin kiezzen, mar ik yt ’er mei, lyk as je sjenne, Domenij.” Dou fregeste my: Binn’ je in Jacobyn? en sa scoe ’k ek sizze kinne: Né, ik bin nin Jacobyn, mar in kakebyn, omdet ik ’er mei blies, en bliezen is myn fek.

Ik in Jacobyn? Dat is hwet nijs. In Jacobyn wol it gebou fen de maetskippij ôfbrekke, en ik wol it bihâlde. Ik wol rottige steden yn balken en mûrwirk weibrekke, om nij yn ’e pleats to setten. Ik wol de flier oanfeije, en ’er net útfeije. De measte oproeren en omkearingen, dêr wy yn de skiednis fen hearre, binne komd, omdet de minsken fordrukt en útsûgd waerden, en mei in liiffol arbeidzjen amper hjar bistean hienen. De misbrûken, dêr dy ellinde út foartkomt, wol ik weinimme, en wolstou se fordedigje en bihâlde, den bistou de oproermakker, feint! Dou meiste hjitte sa astou wolste, legitimist, conservateur, prinseman, keningsfrjeon, mar dou komste mei de Jacobyn op ien strjitte út, to witten, earst oproer en forwarring, dêrnei it canaille op de troon, en ta eintsje-bislút in tiran. Egentlik hiene jimme den ek beide de galge oan lân en kening fortsjinne.

Ik wit net eft ik wol in wird mear oer dit ding oan dy skriuwe wol. It is my hwette to onfoech, mar as ik it sizze mei, dou biste sa dom as in okse! Hwa wit, eftste wol in inkel wird bigrypste fen alles, hwet ik dy hjir siz. Kou-dom biste, siz ik. Dou witste noch nin ienders ûnderskie twiske oppositie en opstân. Oppositie is by dy opstân, en opstân oppositie, en hja lykje krekt sa folle op eltsoar as in baerch op in tange. De keallestirten allyk slingerste kjitte en pisse troch eltsoar. Oppositie riedt en rigelt, stjûrt en biskirmt, past op de pong, hâldt en keart om it skip út de wâl to stjûren; de opstân fiert op, fordommenearret, stjûrt alles yn de war om yn troebel wetter to fiskjen. Oppositie fordedigt en bifestigt de wet, en de opstân foracht en forbrekt se. De oppositie hâldt de kening en eltse wettige macht de hân boppe de holle; de opstân wrot yn de foundeminten fen de troon, om folk en kening yn ’t ûngelok to bringen. Astou en dyn gelikens dat ienfâldige ding net bigripe kinne, hwet haw ik hjir den langer yn dit hol op Spitsbergen oan dy to skriuwen? Ik scoe de bearen noch better in constitutie bitsjutte kinne as dy. Mar, hou! it mocht noch ’ris lokke.... Kom, ik scil in kerltsje yn de meagere groun fen dyn forstân weagje; wol it net opkomme, yn de goedichheit, den is it wei.

Eltse macht op dizze ierde siket alles, hwet hjar yn de wei stiet, foart to kringen, ef ûnder de foet to krijen, om allinne oerein to bliuwen en allinne baes to wêzen. En dat net, omdet dy macht yn de hânnen fen in kening, fen greate hearen ef fen it folk is, mar altyt yn de hân fen in minske birêst. Dêrom fielde men de roede fen de twingelandije krekt sa faek ûnder de onbipealle regearring fen it folk, as fen ien allinne. Dit is it earste en it lêste leksom fen de hiele minskelike skiedenis. Hearsksjochte is it boskrûd, dat foar de foetten fen elts minske laeit; ien fonkje mar, en it fljocht op. Set om de oppermacht mar sa folle regleminten hinne aste wolste om it fordrukken to biletten, hja scil yn ’t ein oer al dy stekken en dammen hinne springe, as der net altiten ien by stiet, dy it hjar bilet. Dêrom is der net allinne in grounwet, in constitutie, dy de grinzen fen de oppermacht bipeallet, mar dy constitutie jowt oan elts it rjucht om ta to sjen, det hja noait bûten dy grinzen komt; hja, de constitutie, ropt it folk op, om ljue oan to stellen, dy it heft yn hânnen hawwe om de oppermacht to twingen, det hja op hjar hiem bliuwt. Dy dat dwane, hjitte de tsjinkearende macht, de oppositie; hja keare tsjin, as de oppermacht, nei hjar bigryp, it skip yn de wâl stjûrt.

Mar dat scil dyn lyts holke wol to tûk wêze, heite! Kom, ik scil ’t dy ris oars bitsjutte. In ûrwirk, in klok kenste ommers wol, net? O ja, dou biste fen Grou, it lân fen de klokkemakkers. Nou, dêr sit slinger en gewichten yn, oars? Kom, litte wy dy klok ’ris opwine, en nimme de slinger der út. Roets! dêr geane de gewichten mei in grousum getier nei ûnderen ta, en dat hâldt net op, foar det se op de groun binne. Pomp! de gewichten steane op de groun; de klok is ôfroun; it ûrwirk stiet stil. Dêr haste it byld fen minskelike macht, dy allinne oan hjar sels oerlitten wirdt. Hja is net yn rêst, foar det se alle oare machten der ûnder en oan ’t swijen hat.—Alle ongerigeldheden, dy yn geande klokken binne, hâlde nou yn sa’n ûrwirk op. It giet ’er mei al dy redden yn de bêste oarder en stilte ta. Mar it is de ienlikheit en de stilte fen de dea. Dêr haste de rêst ûnder de onbipealle oppermacht. Alles yn rep en roer, moart en brân, ef de stilte fen de dea.

Ho bifalt dy dat? My tochte, wy moasten de klok noch ’ris opwine, en hingje de slinger der mar wer yn. Dêr is er wer op syn pleats. De slinger giet hinne en wer, by eltse slingering lit er net mear as ien takke fen it kroanrêd trochslûpe, en sa wit er de gewichten, dy mei gewelt nei ûnderen wolle op to hâlden; hy lit se wol sakje, mar nei de rigel. De slinger fordielt de macht, dy dellûkt, op sa’n wize, det redden en gewichten yn gelike tiden allikenske romten trochrinne. Dy slinger, myn frjeon, is de oppositie, de tsjinkearende macht. De oppermacht is allike onmisbaer om it ûrwirk fen steat yn biweging to bringen en oan de gong to hâlden, as de gewichten yn de klok, mar de oppositie past as in slinger op, det dy nei de rigel arbeidet, en noait gysten nei ûnderen fljocht, en hjar sels en oaren dea rint.—Nou wiist de klok de ûren ek oan, dêr it egentlik om to dwaen is, en dat scil er nammers to krekter dwaen, hwet de slinger better op syn mjitte is. Sa is ’t ek yn it ryk. Hwet de oppositie better op hjar plicht past, hwet de dingen fen ’t lân better geane, en hwet in naesje edelmoediger (fierer), riker en machtiger wirdt, lyk aste dat sjen kinste oan Ingelân. Mar soms, as de pit út in folk giet, is dy tsjinkearende macht to lyts; den kin se neat útfiere. Dêr giet it krekt as yn in toersklok, dêr se de slinger fen in keamersklokje yn hinge hawwe; sa’n pyst fen in slingerke kin dy swiere toerskloksgewichten net yn balans hâlde.

Der binne ek tiden det de tsjinkearende macht, de oppositie, in kwea steed yn ’e holle hat: det se it gat tsjin de krebbe set, en neat jaen ef nimme wol. Den wol se neat, en makket alle regearring onmûgelik. Hja is den as in slinger, dy steech is en stil stiet, en de gewichten tsjinhâldt sûnder hjar sakje to litten om it ûrwirk yn biweging to bringen. Den stiet de hiele boel stil. Mar dat is neat. De constitutie jowt de kening rjucht om de dwersbongelers nei hûs to stjûren, en oan ’t folk to sizzen: “Mei dit heapske kin ik neat wirde; jimme moatte my oare ljue ta jimme committearden stjûre”: dat wol sizze: “Jaen my in oar slinger yn de klok; dizze, dy ’k nou fen jimme ha, wol net hinne en wer.” En dat scil ’t folk ek wol dwaen, as it mar oertúgd is, det it dwersbongelers binne: hwent it folk hat nin oar bilang as det ’er goedkeap regearre wirdt, det alles op syn tiid ôfrint, en det alles krekt op syn ûre bitelle wirdt. In forljocht folk tinkt altyd sa: “In braef committearde fen ús is net tsjin de oppermacht, mar tsjin de dwalingen fen de oppermacht. Hy is for de oppermacht, as it palladium fen ús bihâld, en opdet se dat bistindich bliuwe scil, hawwe wy him stjûrd om to weitsen, det de oppermacht hjar mei hjar eigen kniif net snije mei.”

Mar hwet jowt dat in gehaspel en in geïggewear! En hwet is ’t dealeske djûr, om sa’n sechstich committearden op ’t foer to hawwen! Dêr kinne wy ommers allegearre frij fen, as men de kening allinne regearje lit. Ja, dat is sa. As in klok altiten giet, dat jowt in ivich getik; den slite de redden ek mear; it wirk wirdt gauwer smoarch, en om de twa jier mei it wol himmele wirde. Den boarst de snaer fen de gewichten ek wol ’ris, ef springt de fear. Dat jowt troch ’e tiid in bulte kosten; en den giet yn ’t holste fen de nacht de wekker noch ek wol ’ris los, det men út eltsoar fljucht fen it getier. Mar dêrfor hat men ’er syn geriif ek fen; de klok giet goed, en men kin ’er grif op ôf. De ûre, dy’t er wiist, is ’t ek. Oan in klok, dy stil stiet, is nin slytagie; kosten fen ûnderhâld binne ’er sa to sizzen net oan; mar nin minske hat ’er hwet oan; fen de saunhûndert-en-tweintich minuten, dy yn de toalf ûren binne, wiist sa’n klok krekt ien nei wierheit oan; de oare saunhûndert-njoggentjin liigt er allegearre. It is in stomme stân-yn-’e-wei, en yn it ein wirdt er noch folle smoarger as ien dy giet. Meast nimt men sa’n klok den út inoar, en forkwanselt him for âld koper; mar as men tinkt: Kom, hy kin noch wol wer gean; ik wol him wer op oarder ha; den kostet er oan oplaepjen wol helte mear as ien, dy altiten gien hat, en dêr de hân tydliks oan hâlden is. Jonge, jonge! Wachtsje dy for sa’n ryk, dêr ien allinne baes west is. Dat liket fen bûten nuvere moai en stil; mar it stjonkt ’er, siz ik dy, fen binnen, en de iene dei ef d’ oare wol it ’er honje. Ljeave wirden nin gebrek, it blinkt ’er fen goudene klean, en it liket eft alles foarút giet. Undertwiske rekket de flier, dy noait oanfage wirdt, sa fol fûlnis, det de foetten fen de baes sels der net mear trochwadzje kinne, en it eintsje-bislút is de pong leech, en oproer! Hwent it mei biteare sa as ’t wol, op it ein wirdt it kwea sa great, det it him sels opfret. Altyd komt ’er herstel, en komt it net fen boppen del, den komt it fen ûnderen op. En den? Nou, ja, hwet den? Tsjin eltsoar fjochte as earme helden, ta det er in bûzehappert fen bûten oankomt, dy seit: “Kom, frjeonen, jimme bringe alles yn tremyn; dat is ús foech net”; en dy de partijen mei ien de hânnen bynt, en seit: “Hjir is jimme baes! hwent baes oer jimme sels to wêzen, dat kin net langer.” Ef as de drift yn tiids noch bikoellet, en de partijen de boel wer bilizze, den hawwe se eltsoar sa tatakele, det se noait wer op de rjuchte hael komme. Bigrypste nou, hwet dy klok sizze wol sûnder slinger, dy net giet, net folle kostet, ûnder it stôf bidobbe rekket, en op it lêst fen in âld smous út eltsoar nomd wirdt? Ef as it bêst bislacht, op it lêst mei in bulte kosten wer oan ’e gong komt, mar noait sa goe’ net, as ien dêr de slinger altiten yn gien hat, en dy de ûrwirkmakker dêrom tydliks neisjen moast? Hwet tinkt dy, is ’t net better, de oppositie yn de steat, de slinger yn de klok, en dêr tydliks hwet getier, lêst en kosten fen, as op it lêst de steat en de klok beide wei?

My tinkt, ik sjen, hwet eagen astou fen sok praet opskoerste? En hwêrre hat Eölus al dy wysheit wei? Jonge, ik kom fierder as dou en dyn gelikens. Dou bliuwste op dyn pôle sitten en dêr mienste as in frosk, dy him fen greatskens opbliest, de wysheit yn pacht to habben. Ik kom, ik waei oeral; mar ljeafst yn Ingelân. It A-bie fen de constitutie, dat ik dy hjir opsei, hab ik dêr leard. In turfdrager tinkt dêr klearder oer sokke dingen as dou, en dou hjitste den noch ek preker? Dat kinste ommers wol forstean, net?

Hwet se by jimmes fen my reutelje, dat tel ik dêrom ek nin bean. Ik scil wol meitsje, det ik út de reek bliuw, en sizze ûnderwiles dêr it op stiet. Ja, ik hab dy keapljue yn minskeflêsk forsûpt; ik hab dy helske barners fen de onskild de laech jown, en dat scoe ik noch dwaen hjoed de dei. Mar bin ik dêrom in Jacobyn, den is Willem de Iste ek in Jacobyn, dy net allinne yn oppositie, mar ek yn opstân tsjin de kening fen Spanjen, syn eigen baes, him forset hat. Den binne al dyn âffaers ek Jacobynen west, dy as helden tsjin de bloedhoun fochten hawwe. Wol, ja! dy greate prins en hja namen dat al sa nau, do se fen Filips de twade fortrape en útrûpele ef mei it forgif en de kûgels fen slûpmoardners drige waerden.

Dou ropste nou for Don Carlos; folle kranten hâlde syn partij; oan dyn smeulske praetsjes op Christina en de Cortes hear ik klear, astou hjar yn in kopke forsûpe koeste, detstou er nin amer-fol ta nimme scoeste. Mar wiste wol, heite, hwa Don Carlos is? Bigryp my wol; de man sels is in sloofke, en kin neat útfiere. It is in popke, mei in kroane op de holle en in skepter yn ’e hân, dy de earmen en foetten fen efteren mei triedtsjes yn biweging brocht wirde. De miterhearen en grandes, dy oan dy triedtsjes lûke, dat binne de ljue egentlik; dêrom, hwet ik fen Don Carlos siz, dat siz ik fen de partij, dy him stjûrt. Nou den, dy Don Carlos is de erfgenamme fen al de bigripen fen Filips de twade, dy achttjin-tûzen fen jimme foarâlders troch de boal formoarde hat. Hy hat de inquisitie, de pynbank, de autodefé yn ’t hert; brûkt hy se nou net, dat komt det syn hearring dêr nou net briedt, en dat wachtet mar, det er de foetten wer ûnder it liif hat. It is in tiger, dy de tosken útbritsen, de neilen ôfknipt binne; mar it is in tiger, en it bliuwt in tiger. Litte de neilen wer oanwoechsen, de tosken wer opkomd wêze, en hy scil oan de jongen dwaen, hwet syn oarreheit-en-hjarre oan de âlden diene. En dy man hat de winsken fen dyn hert! Oan him scoeste graech dyn jild, dyn help jaen om de mêst wer oerein to krijen, en in macht op de troon to hifkjen, hwerfen it fnûkjen allinne de groun lein hat ta al de krêft en frijdom, dy dyn lân sont twahûndert jier hawn hat, en ta dy glory fen Oranje, dy útblonken hat boppe alle kroanen fen Europa. Haste den allehiel forgetten fen hwet aeijen detstou set biste? Kinste it nêst net langer, dêrste yn útbret biste? Man! dat nêst is woun yn de striid fen dyn âffaers tsjin de bloedhoun, dêrste it jong nou fen kardeste; is it lein yn ’t bloed, dat er hjar en dy onforgelikelike Willem fen Oranje ôftape hat. O! as dy âlden de holle út de grêven lûkten, hja scoene sa’n útskaeide soanne as dy net sykjen hearre meije. Mei forachtelike eagen strieken se dy foarby, en as hjar skynsels in inkel wird for dy oer hiene, it scoe hjar âld sprekwird wêze: “It is in smoarch fûgel, dy syn eigen nêst biskyt.”

Dy ik west bin, dy bliuw ik. En ik bin it byld fen de wiffens, fen it rimpene en foroarjende. Hy foroaret as de wyn; hy is de hoanne op ’e toer allyk, dy mei alle winen omgiet, binne ommers sprekmanearen by jimme. En ik bin noch stânheftiger as dou, dy yn ’t nêst fen de frijheit útbret de tiranny foarsprekste. Dat scil dy net goed bikomme, feint! De middenwei is de feilichste. Doch lyk as Eölus. Foar twahûndert-fyftich jier hab ik de armade fen Filips de twade fornield, en him de moedfearren sa wol roppe, det er sa nea wer nei jimme lân ta flein is. Oaremoarn scil ik Don Carlos, de erfgenamme fen syn plannen, yn syn eigen herne to fiter hawwe. Ik scil ’t waeije litte, det it rikket en pipet; heil en snie scil ik se yn ’t gesicht jeije, en den moatte wy ’ris sjen, eft ik, Espartero en Jek baes wêze scille, ef hy. Bistou in Fries? Dou romste, detste mei it Ingelske folk fen ien laech biste; is dat sa, kom oaremoarn to Bilbaö, en biwiis it ús; plantsje it kanon mei de Ingelsken tsjin de âlde draek, sjit syn skânzen oan eleminten, sjit det it tongert en davert om him út syn nêst to forbaljen, en ik scil leauwe, det de âlde frijheit noch yn dyn hert libbet, en det de tiranny, hwer se is, en ho se hjar foardocht, yn dy as dyn foarâlders in ivige fyand fynt.

My tochte, heite, ik moast dy dit mar ’ris op de hûd hâlde; hwent yn dyn lân sizze se it dy net. It moeit my, dou biste oars sa’n min keardel net. As ik dy oansjen as in inkel man, yn dyn eigen bidriuw for dy sels allinne, en njunke dyn wiif en bern, den kinste moai gnap streek hâlde; mar as lid fen in folk biste net folle, omdetste net folle bigrypste fen de rjuchten en plichten, fen de greate bilangen en de algemiene bân fen in folk. As men in millioen-twa minsken fen dyn skaei by eltsoar hie, dêr koe in goed beurs-fol keapljue ef in herberch-fol fetweiders út groeije, mar in folk, dat scoe spanne. Witste wol det in folk in bosk pilen is, dy troch de wet by-ien boun binne, dêr de kening mei yn biknipe sit? Wêz slaef fen de wet, fen de wet allinne, en dou scilste hear fen dines bliuwe. De Jacobyn ken wol rjuchten, mar nin plichten; in slaef (ik scoe hast sizze, lyk as dou) ken wol plichten, mar nin rjuchten; in folk hat plichten en rjuchten ta gelyk; as it syn plicht dien hat, lit it him syn rjucht net ontwringe.—Yn in folk stiet neat op him sels. Wirdt de oppermacht oanrande, den kringt it folk as ien man om syn kening hinne, en hja fjuchte en stjerre for de troon as for eigen wiif en bern. Dy ûnder in folk onrjucht docht, heech ef leech, hat alle hânnen op ’e kop; dy onrjucht lit, al is hy noch sa lyts en earm, dêr binne se by, om him to biskirmjen, en sa folle to gauwer, hwet de man heger stiet, dy de oanfaller is. De fyand sels biskirmt hjir syn fyand; hwent it is hjar net om dy bysondere persoan, net om dat inkelde kwea to dwaen, mar om ’t bigjinsel fen rjucht, dat yn him oantaest wirdt, en hja tinke, lyk as dyn âffaers, de âlde Friezen: “Hjoed dy, moarn my! swij ’k stil, den miene se, det ik it goedskou; mar dat scil ik hjar oars bitsjutte.” Ik wit net eftstou dêr wol folle bigryp fen haste. Hwent as se dyn lânsman útstrûpe, den stiestou der mei in biklaechlik wêzen by to sjen, en den lûkste de skouders op. “Elts moat him sels rêdde,” tinkstou, yn pleats fen de wei fen ’t rjucht op to gean, om it rjucht onskeind for dy sels to biwarjen. De brân yn it hûs fen dyn bûrman giet dy net oan, howol er eagenskynlik op dyn eigen tek oerslacht.—En aste mienste, detste troch sa’n sloofachtich driuwen de kening in tsjinst dochste, den biste de planke noch folle fierder mis. Der is nin ding op de wrâld, dêr in kening mear bilang by hat, as det der lyk en rjucht yn syn ryk dien wirdt. Hwent de lânssieten scille him as hjar eigen heit ljeafhabbe en oanhingje, as hja ûnderfine, det hjar persoan, hjar habben en hâlden, en hjar fortsjinste tsjin it útsûgjen feilich is, en det se rjucht krije as se rjucht hawwe. En hwa ef hwet scoe in troon oan it wriggeljen bringe kinne, dy troch de ljeafde en ’t bilang fen tankbre lânssieten biskirme wirdt? Mar oan de oare kant, hwet se ûnder syn skepter mear haetsje en forachtsje scille; hwent hwer it onrjucht ek wei komt, yn it ein wirdt it allegearre op de baes sels forhelle. En hwet fêstichheit scoe in troon hawwe, dy troch de stille haet en de forachtinge fen syn eigen boargers ûndermine is, en allinne noch troch de bajonetten fen soldaten ef de sabels fen dragonders oerein hâlden wirdt? Mar kom, lit ik swije: it ding is to klear. En egentlyk as egentlyk leau ik, det dy al myn geëamel oer folk, en rjucht, en balansearjende machten neat oangiet. As dat sa is, den biste in poletyk lyk, dêr yn ivichheit nin libben wer yn to krijen is.

Mar den siz ik dy ek, detste raer wekker wirde scilste. Tink op it ein en it sizzen fen Eölus!

Ik scoe in ljeaf lyts letterke skriuwe; en it is al úttynd, wrychtich, ta in great letter. Scoe de skriuwsjochte ek in jachte wêze lyk as de Russiske pip? Mar dat kin my ek neat skele; al scil myn letter nou noch langer wirde as dines, it scil der allegearre yn, hwet ik dy tahawwe wol to witten. Ik forfeel my hjir oars dochs mar yn dit hoal: mits der moatte my nin iisbearen op de hûd tommelje.

Dou haste my de reden frege fen sommige dingen yn de stoarm, dêrste net by kinste; wol, my tinkt, dat is sa slim net om to fetsjen. Ik miende detste in jier mannich by Profester van Swinden roun hieste to Amsterdam; mar oan dyn freegjen scoe ’k it net sizze.—Mei it oprôljen fen it lead giet it sa. As de reep lead yn ienen losliet, wier it ondwaenlik; mar as ik in eintsje opwipt ha, en dêr tsjin oan waei, den moat dat omkrolje, omdet it oare noch fêsthâldt; den meitsje ik al wer in steed los, en dat bûgje ik wer om, en dat giet krekt sa lang, det de hiele reep los is, en yn de gedaente fen in spoen nei ûnderen fljucht. To Leiden haw ik mei it springen fen in krûdskip, in jier mannich lyn, krekt it selde dien. Do de slach oer wier, laeinen alle lange matten en ganglopers oprôlle foar de doar. Fen bûten wier alle loft yn ienen troch de slach fen it krûd weistaet; dêr fleach aenstons de loft út de gongen fen de huzen nei bûten, om dat idel oan to follen, en do de loftstream de einen fen de matten opwipt hie, smiet er dy eftersto bek nei de doar ta, en sa krolle dat yn in amerij foart, det de boel as in rôlle by de foardoar laei.

Dou fregeste my ek nei de myldens yn de loft, dy in stoarm altiten foarôfgiet. Dat kin ik dy gau yn ’t lyts bitsjutte mei in onwaer. Ut in tongerboi komt meast altyt wyn; dat witste wol, net? Mar hwer komt dy wyn fen dinne? De loft is in elastyk, in fearkrêftich ding. It set út en yn nei det ’er perse op is. Is ’t hjir minder fearkrêftich as yn Fryslân, den komt ’er loft út Fryslân om it britsen evenwicht oan to follen, en it waeit út it Noardwesten. Nou hat waermte de krêft om de loft út to setten en iler to meitsjen, wylst syn fearkrêft de selde bliuwt; mar sa gau giet dy waermte net wei, ef dy ile loft falt yn, en aenstons komt ’er út in tichter fearkrêftiger loft in stream, om dat oan to follen; dat is to sizzen, it bigjint to waeijen nei de ile loft ta. Sa giet it krekt yn de tongerboi. Tsjin de boi oan wirdt it near, smoar-waerm; de loft set út en wirdt yl, mar hâldt de selde fearkrêft sa lang as de waermte oanhâldt. Mar as de bliksem de stoffen út de loft lost hat, den wirdt it yn ienen kâld: de tinne loft krimpt yn, en dêr de loft tichter is komt in hirde pûst wyn wei om it evenwicht to herstellen. Dêr haste yn it lyts, hwet de stoarm yn it great is. Hwet ik for in doarp ef in stêd mei de tonger doch, dat doch ik mei de stoarm oer in hiel wrâlddiel. Dagen efterien waermje ik de loft, en as er tinner-nôch nei myn sin is, den lit ik him bikoelje; nou fljocht de stream út fiere séen en lânnen op de ile romte ta, en rêst net foar det de evenaer wer yn ’t húske is. Hwet de loft iler makke is, en de bikoelling rimpener tagiet, hwet de stream fen wyn (dat is, de stoarm) geweldiger is, dy it oanfolt. Nou scoeste ek noch wol witte wolle, ho wy dy loft sa waerm krije? Ja, feint, dat kin ’k dy net bitsjutte. Dêr hawwe wy in komfoar ta yn ’t ierdryk, dêr wy jimme wol heal gear mei stove kinne.

Dou fregeste my noch al mear. Hwerom giet de kwik yn de waerglêzen op en del, seiste, as der in stoarm is? In waerglês is in glêzen piip fol fen kwik, boppe ticht en ûnder iepen; hâld it ûnderein mei de finger ticht; stek it den yn in kopke mei kwik; lit de finger los; nou rint de kwik ’er allegearre út yn ’t kopke, mienste? Né, man, dat is krekt mis! De kwik bliuwt op in hichte sa hwet fen 28 tomme hingjen. Dat liket nuver, mar aste yn ’t each hâldste, det ’er boppe de kwik nin loft, en dos nin persinge is, en op de kwik yn it kopke de swiere persinge fen de bûtenloft, den kinste wol bigripe, det dy persinge de kwik yn de piip opstouwe moat. Wirdt dy persinge hwet minder, den sakket de kwik yn de piip; wirdt de persinge sterker, den riist de kwik yn de piip, en sa wiist de hichte fen de kwik al de foroaringen oan, dy ’er yn de persinge fen de loft komme. Sa’n piip neame se in barometer. De barometer wiist de persinge yn de loft oan. (De thermometer, dat is in hiel oar ding, dy wiist de waermte fen de loft oan.) Dyn fraech komt den hjir op del: Hwet is de reden, det de kwik yn de barometer dounset, as ’er stoarm is? Wel, man, der is neat dudeliker. As it dageliks waer is, den giet alle foroaringe yn de drukking fen de loft mei fordrach en langsom yn syn wirk, en dêrom riist en sakket de kwik den ek sa bidaerd, det men it net merke kin; to minste it eagenblikje net, det men der bystiet. Mar as it stoarmt, en der komme fen dy onwitene hoarten en rukken fen wyn, den foroaret de persinge mei greate sprongen eltse amerij, en dy sprongen wirde dadelik troch de kwik yn de glêzen piip folge. Mindert de persinge, yn ienen sakket de kwik; komt ’er in fûleindige twjirre, dy de persinge mei in ruk oanset, aenstons fljocht de kwik nei boppen ta. Bigrypste nou, hwerom det de kwik by in stoarm yn de waerglêzen dounsje moat?

Dou praetste ek noch fen de pompen. It wetter dounset net yn alle pompen, heite, as it stoarmt. As it wetter yn in saed, lâns de iene wei ef de oare, gemienskip mei oar wetter hat, dat ek oan ús dampkring bleat stiet, den is ’er neat to dwaen; hwent deselde persinge, dy op it wetter yn de saed drukt, is der ek op it bûtenwetter; dos is ’er evenwicht, en it wetter kin net op en del gean, omdet ’er op it iene ein nin mear deldrukkinge is as op it oare. Mar as it wetter yn de saed gemienskip hat mei wetter, dat fier ûnder de groun sit en dêr ús bûtenloft net op spylje kin, den giet it krekt as mei de kwik yn de waerglêzen. As ’er in hoart fen persinge op sa’n saed komt, den moat it wetter nei ûnderen ta, omdet de loft, dy by it oare útein fen it wetter is, dy hoart net mei kriget. Mindert de persinge yn ienen op de saed, den moat it wetter krekt sa gau nei boppen ta, omdet de loft, dy op de oare ein fen it wetter ûnder de ierde drukt, dy minderinge net kriget, mar allike sterk bliuwt. De beide úteinen fen it saedwetter binne twa skealjen, dy yn evenwicht hingje; smytste in gewicht op de iene skealje, hy giet nei ûnderen ta; nimste it der ôf, hy giet nei boppen ta, en dochste it rêd, den liket de skealjen to dounsjen. As wy it mei eltsoar bilibje en ik kom ’ris wer, den moaste ’ris mei dyn ear tsjin sa’n saed oan lizzen gean; den scilste it kloarkjen en sieden fen it wetter dudelik hearre. Dat kin in bern bigripe. Mar nou wol ik ek ’ris hwet freegje. De kwik giet yn de stoarm op en del; nim nou it midden twiske dat heechste en leechste, en dou haste de hichte fen de barometer. Hwet is nou de reden, feint, det mei sa’n ougryslike pers fen wyn as yn in stoarm, de kwik yn de barometer folle leger stiet as oars? Moast dy persinge fen de stoarmwyn him net yn ’e hichte driuwe? Dat moast, as er mei dy pers fen boppen del op de kwik yn it kopke kaem; mar dy pers fljocht lâns de kwik, lâns de groun, mei kûgelsfeart foart, en dy by-de-flier-lânske feart is de reden, det de loft nin tiid hat om syn pers op de flakte fen de kwik fiele to litten. Dou kinste ommers wol reedride, net? En aste den foar in swak steed komste, hwet dochste den? Gieste der sêft foetsje foar foetsje oer hinne? Ja wol, den bruiste der troch. Dou nimste earst in oanrin, en ’er sa as in reek oer, den lokt it. Understel it iis koe hûndert poun hâlde, en dou weachste hûndert-fyftich; astou dyn lichem mei sêft riden de tiid joechste om mei it folle gewicht op it iis to persjen, scoe it dy net hâlde; mar fljochste der mei gewelt oer, den minderste troch dyn feart foarút de perse nei ûnderen ta wol om in tredde; dou makkeste dy fyftich poun lichter, en sa komste der bihâlden oer. Sa is ’t krekt mei de loft. Waeit it in dagelikske koelte, den hat de loft tiid om syn folle persinge op de kwik fiele to litten; waeit it in orkaen, den glydt de loft to hird lâns de groun om syn folle perse op de groun fiele to litten; hwet de perse foarút swierder is, hwet de perse nei ûnderen lichter wirdt, en sa moat de kwik yn it waerglês sakje, howol men sa foar de hân sizze scoe, det er by de iselike oandrang fen in stoarmwyn rize moast.

Dou fregeste my, hwennear ik wer kom? Ik bin der al. Nim it my net kwealk, ik fal sa mar mei de doar yn ’t hûs; egentlik moast ik sizze, mei de bearehûd yn de glêzen. Dou moaste bigripe, as dy loft mei sa’n gewelt oan it spielen is, den haw ik ’t net yn de macht om him stil to hâlden as ik wol; dêrtroch fljocht er den folle mear loft nei de ile oarden fen de dampkring as ’er for it evenwicht wêze moat, en dat ’er to folle komd is, dat moat werom. Ut it súd-westen is de stoarm fen de njoggen-en-tweintichste west; do is ’er to folle loft nei it Noard-easten flein, en mei dy oermjitte kom ik nou werom. Ik doch it krekt op Krystiid, omdet ik Don Carlos, lyk as ik dy sei, al lang in krystwich tatocht hie. Ik hoopje, det ik ’t hjir mei ôf kin; de feart, dêr ik nou mei út it Noard-easten kom, is sa great net, ef ik scil it wol roaije om yn de oare herne net mear op to jeijen, as ’er heart. Der mei noch in foech stoker út it[41] westen komme, om de evenaer wer yn it húske to krijen, mar dat scil den ek alles wêze. It giet ’er krekt mei as in slinger. Aste him oplichtste en litste him den los, den fljucht er fierder as it midden; de slinger komt dos werom, en slingert wer oer it midden hinne, mar sa fier net. By eltse slingering wirdt de oerslingering lytser en lytser, en dit docht de slinger sa faek, det er krekt yn ’t midden to lânne komt. Dêr just hinget er yn evenwicht mei him sels, en kin er stil wêze. En sa, heite, stoarmt Eölus ek sa lang hinne en wer, ta det hy evenwicht en stilte yn de loft hat.—It sprekt fen sels, ik praet hjir fen stoarm; gewoane hirde wyn is nin tel. Sa as ik op de 29ste by jimme west ha, kom ik by wolwêzen net gau wer; it mocht nedich wêze, det ik mei in cholera ef pest-siikte noch ’ris tige azem joech, mar dêr kin men net op rekkenje. Ik tink det jimme yn de earste fiif-en-tweintich jier fen my ôf binne, en as ik den kom, den kom ik noch gau. Hwent it wier nou al seis-en-tritich lyn. De âlfde October 1800 haw ik neijer-nôch mei deselde iver oan de pûster stien as de njoggen-en-tweintichste Novimber 1836.

It stie my skoan oan detste sa foldien oer it bihâld fen dyn Tsjalling biste. Mar dou wiste ommers wol hwet jimme oarreheite-en-hjarre seinen? “As ús ljeaven Hear de lytse bern net biwarret, den bliuwt der net ien yn ’t libben. Syn Ingels moatte der op pasje.” Is nou it lichem fen in bern troch ús sparre, sparje dou de geast fen it bern den. Learen is goed; mar lear der de natúr net út. Aste mienste, det de masters it ’er ynjitte scille, den biste mis. It sit ’er yn, en it is in keardel, dy it ’er úthellet. Al hwet edel, al hwet forheven is sit yn de wylde natúr: skaevje en polyste kinste it, mar net skeppe; en, wea dy! aste sa lang skaefste, det al it edele en forhevene der út skaefd is. De loft fen de biskavinge hat in smetstof yn him, dy it goddelike en optiljende fen ús alderearste natúr stikket, en omdet it jammer wêze scoe, det sa’n tsjeppe boi as dyn Tsjalling net mear as in skoalplant en in kinstmachine yn de geastenwrâld wêze scoe, sa moaste syn noas altomets hwet drippen fen de âlde wylde natúr rûke litte. Dat scil by him de fetberheit oprekkenje for de heechste en edelste tinsen fen in minske. En ho nedich is him dat yn in wrâld, dêr de opfieding sels him dellûkt ta dingen dy leech, lyts, en binaud binne? Lit him by foarbyld, as er frjemde talen leart, sokke stikjes ’ris fordútskje, as hjir ien folget. It is bikender-nôch: ik nim it mar, omdet ik der by west bin.

Yn de oarloch, dy Noard-Amerika om syn frijheit tsjin Ingelân fierde, waerd in krychsbinde Ingelsken oer it mat fallen fen in trop wylden, fen de stamme Abenaki. De Ingelsken, dy lang sa fluch net op ’e lappen wierne as de neakene wylden, koene it net ontrinne. Hja waerden ynhelle, en mei boalske wreedaerdichheit om hals brocht. In jong Ingelsk officier roun noch al hwet er út de skinen sette koe om de dead to ontkommen, wylst twa Abenakis him efternei sieten, elts mei in strydbile yn ’e hannen, om him de hersenpanne to forpletterjen. Op it lêst, do hy seach det se him ynwounen, kearde hy him yn ienen om en stoe stôk-stil, om syn libben sa djûr to forkeapjen, as it jilde koe. Yn dit selde eagenblik spande in grize krychsheld fen de wylden syn bôge, mikte op de Ingelske officier om him in pyl troch it hert to jeijen, mar yn ienen biloek syn troanje, en de bôge sonk him út de hannen. Forheftich fleach er twiske de jongeling en de twa wylden yn, dy op in wink fen him earbiedich ôfdeinzen; en do op de jongeling tarinnende kniep er him sêftkes yn ’e hânnen, aeide syn moai krol hier, en woe him mei flaeijende klanken bitsjutte, det er nin kwea mei him foarhie. Forfolgens naem er de jonge Ingelskman mei nei syn klinte (hut) ta, dêr slavernij it foarlân fen de gefangensman wier; mar hy waerd sa sêft en meigeande bihandele, det dizze twa earder heit en bern, as hear en slaef liken to wêzen. Krekt eft it syn soan wier learde de âlde oan de Ingelskman al de lytse ambachten fen de wylden: sa as cano ef boatsje meitsje, pyl en bôge snije, matten frisselje, bilen slypje, en sa foart hinne. Lykwol hie de jonge Ingelskman it dochs net tige op him bigrepen: hwent somtyds seach de âlde wylde him stiif yn de eagen, en as dat sa minuten efterien dûrre hie, bigoun er eindeliken to kriten.

Mei it limieren fen it foarjier makken de wylden wer tarissinge om de Ingelsken op to siikjen en tsjin hjar to fjuchtsjen. De âlde wylde, ho heech syn jierren wierne, fielde noch to folle krêft yn de bonken om by de hird to bliuwen: hy naem de fjildtochte as in moedich jongkeardel oan, en naem syn gefangensman mei. Wol twahûndert ûren efterien gongen se troch dy âlde Amerikaenske wâlden, dêr noch noait in hakker syn bile yn falle litten hie. Eindelyk en to lêsten kamen se op in iepen fjild út, dêr in Ingelsk leger foar hjar eagen stie. De grize krychsheld, dy witte woe ho er mei syn gefangensman stie, wiisde him syn lânsljue. “Sjoch! sei er, dêr steane dyn broerren; hja wachtsje ús op ta de striid. Hark ’ris, myn feint; it libben hab ik dy sparre; ik hab dy leard om canos, pyl en bôge to meitsjen; ik hab dy leard om de wylde bisten yn it bosk del to lizzen. Ik hab dy leard, ho de strydbile to brûken, en dyn fyand it hier fen syn plasse to heljen. Hwet wierste, do ik dy yn myn klinte brochte? Dyn hânnen wierne sa swak as fen in bern; de kost koeste net opjeije, dyn libben net fordedigje: tsjusternisse wier útspraet oer dyn siele. Alles haste my to tankjen. Scoeste wol sa ontankber wêze kinne, detste dy mei dyn broerren forienichste, en tsjin my de bôge spanste, dy ik dy yn hânnen jown hab?” De jonge Ingelskman antwirdde, det er ljeaver stjerre woe, as it bloed forjitte fen in Abenaki. Do laei de âlde held syn beide hânnen op syn oansicht, en nei det er rju lang sa stien hie, seach er syn Ingelskman oan, en frege him mei in britsene stimme, dêr men út hearde, det him it moed fol wier: “Haste noch in heit?” “Ja, sei de jongkeardel, hy libbe noch, do ik myn lân forliet.” “O, hwet is dy ongelokkich! kriet de grize held it út. Ik wier ek heit.... Ik bin it net mear.... Myn soan foel yn de striid, wylst er focht oan myn side. Hy stoar as in man, as in held stoar hy; fen wounen trochboarre stoar myn soan. Mar ik hab syn dea bitelle set.... Ik hab......” Dizze lêste wirden spriek er út mei in neidruk, dêr al syn lea fen trillen en skodden, en it wier eft er yn de swiere suchten stykjen bleau, dy er smoarje woe. Wyld fleagen syn bliksemjende eagen yn ’t roun, mar nin inkele trien woe der yn glinsterje. Njunkenlytsen bidarre de âlde held, en syn eagen nei it Easten kearjende, dêr de sinne krekt út de kimmen riisde, sei er tsjin syn gefangensman: “Sjochste dy kostelike sinne wol? Sjochste ho er glânzet en fonkelt? Meiste him net graech sjen?” “Ja, antwirdde de Ingelske officier, ik mei de sinne graech oan de himel sjen.” “En ik net,” jammere de grize held, wylst him de triennen út de eagen spatten. In eagenblik dêrnei wiisde er de jonge Ingelskman in mangelbeam, dy yn folle bloei stie: “Sjochste dy moaije beam? sei de grize held: hy bloeit as in lekken: biste dêr net bliid oer?” “Ja, sei de jongfeint, ik bin bliid, det ik dy beam sjen mei.” “Ik net!” sei de âlde krychsheld mei driftichheit, en yn ien sike liet hy der op folgje: “Rep dy! Flean nei dyn lân, det dyn heit him noch oer de opgeande sinne en de blommen fen it foarjier forbliidzje mei.”

Dou wolste wol leauwe, det dizze Abenaki net by Pestalossi ef Prinsen op skoalle gien hie, om gesoun forstân op to dwaen, en lykwol wier er sa wiis wol, det er syn gefangensman de frijheit net tasei, foar det er him bilove liet, om de macht fen syn fyanden net to sterkjen. Ik leau sels net det der ien skoalmaster by jimmes is, dy dat finer ûnderlizze scoe as dy wylde Abenaki, dy nin A for in B koe. Hy taestte de Ingelskman fen de kant fen de tankberheit oan, en hwer griist in braef jong hert inerliker fen as fen ontankberheit?—Dou leauste ek wol, det dy Abenaki by nin Domeny op de catechisatie gien hie om syn plicht to learen; lykwol wier de greate plicht, om in oar to dwaen hwet men winsket det yen sels dien wirdt, om it to dwaen sels oan ús fyanden, fen natúre yn syn hert skreaun. En dêrút kinste den ommers de moaiste gelegenheit fen de wrâld nimme, om dyn Tsjalling to bitsjutten, det de plichten fen de wiere Godstsjinst sa mar net troch willekar út de loft grypt binne, mar yn de earste en âldste bigripen fen it minskelike hert, dy ek fen God binne, hjar wearklank fine. De Abenaki hie syn ienichste soan forlern, en yn dy soan de hiele wrâld; de natúr hie nin glâns, it libben nin wearde mear for him. Sa scoe de faer fen dy Ingelske jongeling oan de oare kant fen de oceaen ek krite om syn soan. Ho graech scoe de âlde Abenaki syn soan út it ryk fen de deaden werom roppe! Ho minlike graech scoe ek dy frjemde heit syn soan wersjen! En dy soan is yn syn macht. Scil er it oarlochsrjucht tsjin him brûke, en slaen him de hersens yn? Scil er dy wrede triumf nimme, dêr syn eigen hert ivich oer bliede moat? Rin wei! seit de wylde, flean nei dyn lân, det dyn heit, det myn fyand him noch bliid makket oer de opgeande sinne en de bloeijende amandelbeam, dy for my mei rou bihinge binne!”—For it alderlêste leauste ek wol, det dizze Abenaki noait net ien fen al jimme dichters lêzen hat; mar hwet tinkt dy, is dy gedachte fen de wylde net dichterlik? Edel en great is er stellich, en egentlik is er nin dichterlike fljocht, dêr de edelste bigjinsels fen de deugd it hert net optille kinne. Mar nou de bylden, dêr er dy hege tinze mei opklaeit? Dy amandelbeam, dy syn ljeaflik bloeisel for dy ontfâldet; dy opgeande sinne, dy it slomjende ierdryk ta wille en arbeid wekket; dat hert fen him, dat fen rouwe taknypt, wylst de hiele natúr it blide moarnliet sjongt; sprekt dat alles net ta dyn hert en forbyldinge allyk? En is der yn Bilderdyk ef Vondel ien rigele, ien inkele rigele, siz ik, dy dizze wirden fen de wylde Abenaki binei komme? Sa is der den suver gesoun forstân yn de minskelike holle foar det ’er masters binne, dy it slypje ef it bidjerre. Der is yn it minskelik hert bisef fen de heechste en fynste plicht fen it minskelik geslacht, foar det ’er in iepenbiering fen de himel kaem, dy ta dat bisef spriek. Der wier dichtkinst, forhevene goddelike dichtkinst, foar de kinst fen lêzen en skriuwen. Nou den, aste in goe’ rie hawwe wolste, laef dyn soantsje fen tiid ta tiid oan dizze echte en onforfalske bornen fen it minskelik hert; mar fei de rûchten en wyldernissen wei, dy om dy fonteine hinne waechse. Mei dit wetter scilste syn natúr, dy oars yn skoalle en boeken ontnatûrd wirdt en formuffet, forferskje, en dou scilste in man fen him meitsje, dy it boarst frijer- en heger-nôch tilt om to fielen as in frije wyldeman, wylst hy tinkt as in man fen de biskavinge.—Yn de geastelike lyk as yn de stoffelike skeppinge, dy dêr onbibouwe hinne laeit, is alles oarspronkelik en natûrlik, ef forheven en ontsachlik. De oanlizzer fen bûtenpleatsen skept nin stive leanen út syn holle, mar hy folget de natúr yn hjar wylde kronkels, yn hjar forwarde heisters, yn hjar grillige hichten en lichten, yn hjar grotten, streamen en poelen, en ho neijer syn oanliz liket mei de hânnen fen natúr sels der hinne wijd to wêzen, sûnder lykwol it onhurige ef it ientoanige mei op to nimmen, hwet hy mear de priis fen de heechste kinst winne scil. Sa moastou ek dwaen mei de oanliz fen it hert en de holle fen dyn soantsje. Natûr, natûr, man! Liede, mar net twinge; snoeije, mar noait útroeije.

Nou hâld ik op. Goendei sizze oan wiif en bern, en dizze heiling fen de âlde Abenaki for Tsjalling. Ik bin altiten dyn oprjuchte frjeone

EOLUS.

P. S. Dou nimste it my ommers net kwealk, det ik dy it leksom ’ris opsein hab? Jimme habbe altyd gelyk, omdet jimme altyd allinne prate; dou meiste ek wol ienris ongelyk habbe.

De bearehûd moaste loaije litte, en lizze him winters op ’e foetten. Dat is waermer as tsjien wrinen. Dou biste ommers sa meager en klomsk; en dêr komme hirde winters, dat wik ik dy.

Dou moaste oan de ljue fen de Walfiskriederij sizze, det se de nearring yn dizze oarden noait net wer goed oan ’e gong krije, foar det se hjir ef op Grienlân in kolony delsette, dy ’er it hiele jier troch bliuwt. Hja miene mûlk, det it hjir to kâld is om to wenjen? De minske kin oeral libje. De earste, dy kamen, scoene wol hwette rûpsk wêze; mar de bern wierne al wend oan de fûle kjeld. Farre wol!

OAN AUK, Mei in lapekoer.

Myn Auk is in famke Sa sêft as in lamke, En yn de eagen fen my Ek sa kreas as in bij. Al fljocht se hwet wyld, Hja flaeit dochs ek myld, En hjar each pluert sa blier, Sa nuver en sa tier. En den, hwet in swier, As se lêst as se skriuwt Ja, yn al hwet se driuwt O, hie ik sa’n famke, As myn Auk, as myn lamke, ’k Bisloech se yn goud, Dat swiet ljeave bout.

“Hou, hou! ’k bin nin bern mear. “Hwet mient dy mynhear? “Hy trapet me op ’t sear. “Mei hwa hat er de spot?” Sa praet Auk, en is prot. “Miene jy, det wy stilstean, “Mei poppen altyt omgean, “En to Harns net djoeije, “Net waechse en net groeije “Yn in moanne seis, saun? “Fyt! ik bin al in faen!” Dêr haw ik ontditsen, Det ’k my haw forspritsen. O, noait wol ’k ’t wer dwaen, En hjitte scil ’k dy faem, En dame en mejuffer; ’k Scil prate as in bluffer, Dy knibbelt om dyn minne. Hwermei kin ’k dy dochs winne? Dêr haste hwet lapkes, Hwet sankjes, hwet grapkes. Kom, sjong dy mar blij, En, Auk, tink om my!

J. H. H.

Dimter dizze 27 fen Gêrsmoanne 1835.

Oan myn frjeon GERHARD VAN DER MEER,

do hy de heechste dichterlike earetreppen bikleau.

“Hwet darkert komt dêr oan? “Dy moat ik wol ’ris praeije. “Ei, ’t is ús masters soan; “Dy is hjir komd to Maeije. “Dêr haw ik al fen heard; “Dat moat in knevel wêze, “Yn ’t masterjen trochleard. “Dy scil ús hjir genêze. “Dei, dokter! dei myn frjeon!” Sa komt men dy to mjitte. Ik haw dat swiet ek preaun, Mar ’t mei nin swiet mear hjitte. Dyn eare is heech en great, Dat wol ik hiel wol witte. De pleagen fen dyn steat, Myn frjeon, dy komme yette. Men komt dêr den fen Grins Allyk in banjer stappen; Men libbet as in prins, Forhellet fen syn grappen; Ho men studearre het, Ho folle tsjokke pongen Men het op rinte set, Ho dounse faek en sprongen. Dou tinkst’: “Nou ha ’k it woun,” En sjochst’ hast nei de moanne, En stapst’ de bûrren roun Allyk in nytlich hoanne. In wike fjouwer, fiif, Mei sa dyn wille dûrje, Den scil in rabbich wiif Dy oer oerdwealskens skoerje. “Dou praetste heech en krom: “Dou sjochste greatsk en skrillich; “Dyn broek is hjar to rom, “Dyn mûtse stiet to tillich! “Dyn dranken binne djûr: “Dou sjochste net nei ’t wetter. “Dou hâldste hjar oan ’t snoer; “In oar dy wit it better. “Dou seiste hjar ek neat, “Dou wolst’ hjar neat forklearje. “Dou telste hjar nin eart. “Dou wolste hjar rejerje.” Dit komste yet al oer: Dou litst’ de ljuwe seam’lje, En smakket it hwet sûr, Dou litste hjar hwet eam’lje. Mar einling krigest’ wirk, En ’t wol dy bjuster flotsje, Stean fêst nou as in Turk! Nou meist’ dyn kop wol hotsje. It gûlt en reint om ’t hûs, Dou laeiste swiet yn ’t sliepen Bidobbe, yn ’e sûs, Pomp! gau, de doar mar iepen. “Och, man! ik bin sa kel. “Us beppe, ús âlde beppe, “Foel by de ljedde’ del; “Toe, Dokter-heite, reppe!” De dokter slûch en kel Wirdt skrousk en kâld en poattrich, Praet tsjin en bêddet del. Hy moat, al is er noatlich. Dêr laeit in rike kwast, Dy hat him ris foriten. Ombidich docht dy blast Dy daelk dêr fen it witen. Flean op nou mei in sprong! Lit earme ljuwe stjerre! Hy twingt dy mei de pong, Dat lit er dy wol hearre. Oars neamt dat folk dy loai, Dy sels mar ite en stjerre. Dat moaste hearre, boi! Ja, opswolgje en fortêrre. Jild krigeste einling ek, Mar ’t kin dy neat formeitsje: Dou bist’ lyk as de frek, Dou meiste ’er net oan reitsje; Hwent sa, frjeon, is dyn steat, Mei ’t griizjen fen dyn hierren, Wirdt ek dyn namme great, It wirk dijt mei de jierren. Is dat nou den de kroan Fen al dat swiere bodzjen, Nachts ta de iere moarn, Dêr ’n oar yet laeit to dodzjen? Dêrom dy jonge tiid Yn ’t keamerstof forsitten? De ljeave griene tiid, En ’t romme fjild forjitten? De dead, de grime dea, Bigniist mei dealske tosken De winner fen it brea, Trochflimet him mei pleagen, Dy moat dêr op it strie Mei dead en sjochte kimpe. It wyfke kryt om rie, De gamm’le berntsjes krimpe. Dêr, dêr is nou dyn fjild; Dêr is it lean to heljen. ’t Is mei nin goud ef jild, Ef eare to biteljen. Help dêr! Wêz’ treast en steun! En kinste dy genêze, O, yn dyn hert, myn frjeon! Dêr scil de himel wêze.

E. H.

Med. et Art, Obst. Doctor

GROUSTER WEAGEN.

Rôlje, rôlje, wetterweagen! Rôlje en brûs om ’t âlde Grou. Myriaden foar ús eagen Fleagen, stauwen om ús Grou. Rôlje, rôlje ús foarby! Hirde Friezen bliuwe wy.

Rôlje, polskje, Fryske weagen! Rôlje, rôlje, âlde Grou! Brûs en wiggelje, âlde weagen! Kroanje de âlde roune trou. Rôlje, rôlje, âlde Grou, Byld fen echte Fryske trou.

Heit en mem binn’ hjir biditsen, Berntsjes, twiichjes fen myn hert. Suchten binne hjir forbritsen, Dy myn God allinne heart. Grouster weagen, bliuw my by! Rôlje, rôlje ús foarby!

Rôlje, rôlje, Grouster weagen! Brûs en spiel yet om myn grêf; Libjend koe ’k dy net bisjonge, Spiel my deade wei as tsjêf. Lit myn berntsjes ljeaf en frij Roeije en djoeije den yn dy.

Rôlje, rôlje, wetterweagen! Rôlje en brûs om ’t âlde Grou. Myriaden foar ús eagen Fleagen, stauwen om ús Grou. Rôlje, rôlje ús foarby! Hirde Friezen bliuwe wy.

E. H.

OAN PITER MULIER.

Mei de lapekoer.

Ik haw hjar kend, dy iens it libben! o Stalke, fen dyn libben wier. Ik seach hjar as de roazen bloeijen Sa prûs, sa glimkjend, sa fol tier. Ik seach hjar as de roazen kwinen, Fen njirren stitsen yn it hert. Hjar wrakseljen tsjin dea en pinen, o Piter, dat forjit ik net. Ik haw mei swakke en tankb’re klanken Hjar gollens op in blêd[42] biskreaun, En ’k wit, dou scilst it net forsmaedzje; ’t Is hertejefte fen in frjeon. Dêr mei de Fries it noch hwet lêze, En den scil ’t leaf, as wy, forgean; Mar, o, hjar blier, hjar skrander wêzen Scil ivich foar ús sielen stean.

J. H. H.

Bolswert dizze âlfde fen Heamoanne 1836.

JOUNTIIDS WéMOED.

Oer de Elzen beamkes oan it mêr Blonk sleaukes Hesperus lampe. De lêste goudene sinne sonk wer Yn dauwe en dampen, En de Elzen oan it mêr Dy slepten wer.

Ut dy dauwige skimering kamen Alde bylden en nammen Fol fen oantinsens nocht. O skynsels fen frjeonen! O sjammen! En de Elzen oan it mêr Dy slepten wer.

“Hilligen! Ljeave! Bliuw yn jimme wrâld! “Och, nin joun fen dizze wrâld “Kin ús sielen forienigje......” Hesperus wier útdien, En de Elzen oan it mêr— Dy slepten wer.

PRINS WILLEM DE IVde OP DE FROSKEPôLE.

It is al nuver, det de prinsen fen Nassau de earste prinsen wierne, dy it mei de Friezen roaije koenen. Mar dat lit him noch al hearre, as men bigrypt, det se mei eltsoar tsjin Spanjen libben om libben fochten hiene; hwent it trochstean fen deselde gefaren makket wol ’ris frjeonen fen twa minsken dy eltsoar oars hiel net pasje scoene. Dêrby hie Fryslân sokke condities mei dy prinsen makke, det se in bulte goed en nin kwea dwaen koenen. Dêrtroch kaem it ek by, det Fryslân bistindich yn de bêste ienichheit mei syn prinsen libbe hat, en sont Lodewyk fen Nassau altiten ien fen syn neikommelingen ta Steedhâlder hie, wylst de prinsen fen Oranje troch de oare provinsjes den ’ris efterôfset en den wer ’ris hildige waerden. Twaris binne der jierren en jierren forroun, det de Hollânners nin Steedhâlders hienen, en twaris is it hûs fen Oranje nei in bulte oproer, plunderjen en moardzjen der wer ynroppen.

In forieniging, dy yn nin 150 jier ea ôfbritsen west hie, lei in fâlde yn it hert fen de Friezen, dy to lang sitten hie, om der suver wer út to gean. De prinsen fen Nassau seagen klear, det se sûnder de Friezen neat wierne; hwent as dy hjar loslieten, lyk as de Hollânners faek de prinsen fen Oranje dienen, den skeat ’er for hjar neat oer, as hjar lytse steatsjes yn Dútsklân wer op to siikjen en dêr hjar tiid mei hertejeijen to fordriuwen. De Friezen oan hjar kant ûnderfounen, det se yn frede en yn oarloch earlik en trou tsjinne waerden fen Prinsen, dy sa folle bilang by hjar frjeonskip hienen. It bilang en de tankberheit, forsterke noch troch de wente, dy út lange kunde oan eltsoar foartkomt, makken det men eltsoar mei in fortrouwen en forkleeftheit bihandele, dy by it folk ta in libbensbigjinsel oergong. Dit dûrre oan 1748 ta, do Willem de IVde út de tsjinst fen Fryslân ta de hearskippije fen al de saun provinsjes oergong, en Ljouwert forliet. Sa binne de soannen fen Nassau yn de skirte fen Fryslân bakere en biwarre, om earst algemiene Stedehâlders, en by einbislút yn ús tiden keningen fen it hiele lân to wirden.

[Yllustraasje: DE HEGE GASTEN OP ’E FROSKEPÔLLE.]

Dy lêste prins, Willem de IVde, de oarreheit fen ús kening[43], forienige alles yn him om de ljeafde fen in folk as it Fryske ta it heechste punt to fieren. Hy wier gol en deftich fen troanje, dimmen en minsum yn syn praet. Seft fen aert, hie er in griis fen gewelt en bloed. Fen natúre wier er net hird-dragende, en as in oprjucht kristen koe er syn erchste fyanden forjaen. En dat sa folle by de Nederlanners yn it algemien en de Friezen yn it bisûnder ôfdocht, om in prins de herten fen it folk to winnen, hy wier gemiensum yn de omgong. Lit in prins in held en in staetsman tagelyk wêze, as hy in heech boarst set, kin er op dizze groun nin goed dwaen. Yn Ruslân en Prusen mei dat; hjir is it de pest. As der hwet oan Willem de IVde hapere, den wier er hast al to sêft for in prins; hwent hy wier bang det er immen bisearje scoe, en bleau faek healwei stykjen, as er trochtaeste moast. Troch syn sêftens en heale mjitterigels is folle fen it goede, det er ús foarâlders tatocht hie, efterbleaun. Mei dat al bliuwt it wierheit, sa lang as hy to Ljouwert wenne, is der nearne yn nin steat fen Europa sa folle folksfrijheit mei sa folle earbied en ljeafde for in prins forienige west as hjir yn dit ús Fryslân.

Fen âlde ljue hab ik as bern nou en den wol ’ris teltsjes heard fen de gemiensumheit fen de prinsen fen Nassau, en fen de genegenheit fen it Fryske folk for dy prinsen. Ik scil jimme der ien fen sizze, dêr mûlk in bulte de skouders fen ophelje; hwent it is nin dichter, dy hjir opsnijt, en de prins mei in folle hunichkwast om de mûle strykt; it is ek nin greate mieltiid, dêr de gasten sa lang toasten op de gesontheit fen de prins en syn folk drinke, det de helte smoar-dronken ûnder de tafel laeit. It is mar in platte plompe boere-set; mar dêr men even dudelik, ja, mûlk al sa dudelik, as út it galmjen fen in dichter, ef it klinkjen fen de champanje-glêzen, de wolmienendheit fen in from ienfâldich minske út priuwe kin.

Op de jachtpartijen, dy Willem de IVde hâldde, do er noch geef wier, foel der meast al it ien ef oare mei in boer ef in arbeidersman, dy se yn ’t fjild metten, foar, en as er mei syn smite op Camstra-state, op Sytsje-bûrren, to gast wier, den koe it der wol ’ris suver nationael, dat is, rûch trochskoerre. Dêr wierne den, bihalven de gewoane omballingen fen de Prinsen, ek folle by Groustins, Oene en Willem fen Haren, en mear sokke bysfeinten, dy termen yn ’e holle hienen, as it mei wysheit to redden wie, mar dy op syn tiid ek in bulte fen de gekheit hâldden. Sa is ’t ’ris bard, det se út to jeijen west hiene, en let yn de eftermiddei mei de honger yn de hals oan de Froske-pôle kamen. Dêr fregen de hoflingen oan de boerinne, eft se ek hwet for hjar to skaffen hie; it wiif, dat in sloofke like, sei koart ôf: Né. “Mar habbe jy den neat yn hûs, moeije?” frege de hongerichste út de heap. “Neat, den scoe ’k flouwe, sei it wiif; ik kin wol hwet pankoeken for jimme bakke.” De prins fen Nassau mei syn hofstoet pankoeken ite op de Froske-pôle yn ’t gesicht fen Ljouwert? Dat like al hwet nuver. Mar hja tochten, dat wiif ken ús dochs net yn dizze jachtplunjes; en hwet kin ’t ús ek skele, as wy mar in eintsje fen ús holle termen fol krije. “Kom, meitsje den mar klearrichheit,” sei de hofling, en mei ien gong de jagertrop yn hûs. De prins waerd in wâldstoel yn ’e hirdsherne set, en dêr folgen de oaren op skammels en banken neist; sa sieten se om in great fjûr fen smoezen en takken hinne hjar to koesterjen en út to pûsten. Mei in lyts kertierke briek moeije mei de bisleekspôt troch it centrum fen de hearen hinne, en de pankoekspanne yn de lofter en in pankoeksizer yn de rjuchterhân, frege se: “Hwa scil earst?” “De man yn ’e hirdshoeke,” antwirdde ien fen de hoflingen. It wyfke dribbele gau nei in aed ta yn de molkenkeamer, dêr se in pantsje fol fersktsjerne bûter úthelle; do noch in potsje mei fine wite struisûker út de boddelerij, en it pankoekjen naem in bigjin. Hja bakte de man yn de hirdsherne lytse flitterkes fen pankoeken; fine, swiete, danige swiete pankoekjes, siz ik jimme, en hy krige noch in silveren foarke ta, om se mei op to iten. Do de man yn de hirdsherne syn biderf hie, wier de bar oan numero twa, dy allerneist him siet. De foarke mei de bûter en de sûker waerd earst weibirgen; en dêrop draeit de boerinne der him in dregen strou yn oalje út; eft it for in slatter west hie, it mochte bikend stean. Moedertje, wy lusse ook wel pannekoeken in boter, sei de hofling, dy der alleheel nin tinsen op hie, det de boerinne ien fen hjar koe. “Ja, ja!” sei moeije, “Oalje is for jimme goedernôch!” en de hearen mochten lypje ef pypje, de oalje-pankoeken mei sjerp moasten der troch. Op de keap ta moasten se de boel der mei de tsjien geboaden op syn âld-Frysk ynproasje; hwent foarken krigen se net. De prins lake him slop.

J. H. H.

LETTER FEN IN BANKROTTIERSFEINT OAN SYN ALDERS.

Heit en Mem!

Jimme habbe my in letterke stjûrd mei ús skipper Japik, det jimme jern witte woene, ho ’t mei my giet, en eft ik to Maeije yn myn tsjinst bliuw. Ik moat jimme sizze, det ik bliuw: hwent ik hab it sa goe’ as in minske it winskje kin. Us baes en frou, dy koarts lyn earme lytse wierne, binne wer op ’e kluten. It hat ’er skean foarstien. De ljue seine tsjin my: “Auke-man! Auke-man! dat giet op in fet baerch yn.” En ik tochte der ek sa oer, do baes de skoen útteach; ik wier al klear om by jimme to kommen, en de lodde wer op to siikjen. Mar it is better útroun. Der is nin bistek mear op ’e wrâld to meitsjen. Sa it my nou taliket, hat myn baes it ’ris tige goed stean. As ik net better wit, is hy lyk mei elts-en-ien: hwent okkerjouns, do ik in slok mei him dronk, sei hy: “Wolste wol leauwe, Auke, det nin ien divel in cint fen my habbe scil? Se kinne my neat leare.”

Jimme habbe my skreaun, det jimme net lije wolle, det ik onearlik brea ite scil; mar myn ljeave sloven, hwet kin in soun minske dêr fen priuwe? Do ik út to tsjinjen gong, tochte ik ek sa; mar myn baes hat my dat oars bitsjut, en dat is in wiis man. Hy seit, dat is stymskens; men moat der ôfkinne, as men mei foart wol yn de wrâld. “Sjen mar nei my, seit hy. Ho folle binne der net, dy sa folle skea lije by my, det se de slachtfearren altyt misje moatte, en ho flodderje dy eigenste ljue nou om my hinne. Elts stiet my to tsjinst.” In mâlktaper, dy syn bêste skjippentsjiis wol tweintich jier oan ús boargemaster brocht hat, bringt se ús, nou ’t wy in heal cint mear jane; en wy ite se op en litte it de boargemaster oansjen.

Jimme skriuwe ek, det domenij sein hat det it in Fries net moai stie om sa lang as men oars in hinnekommen hat, by in bankerottier to tsjinjen. Domenij is der net efter. Dy tiid is foarby. Nou is ’t: “Habben is habben, mar krijen is de kinst.” Der is nin rynsker hear as in bankerottier; hwent hy komt der maklik oan. Men kin yen wol oan dat âldmoadrich praet hâlde fen “Rjucht troch sé” en de “Tarring nei de nearring”; mar mei sokke krekte ljue is ’t altyt gûd by de tried ôf, noait nin oermjitte. Myn ljeave heit en mem! hwet biklei ik jimme, âlde sloven, det jimme sa tobje moatte om in stik brea en tsjiis. As jimme skraech sa stiifsettich west wierne, hiene jimme ommers oars kind, minsken! Jy binne sa stiif as in hikpeal, heit; en mem giet ek al mei hjar geskrep mei de noas nei de groun. Wy bliuwe sa linich as lekken, en ite hwet ús swiet smakket, det it ús foar de noas opstrûpt. Wy drinke likeur en wyn by it hanfetfol. Us klean kin mem wol troch in gouden ring helje, en wy dwane omtrint neat.

Mynhear wol sister Wytske wol út-fen-hûs hawwe. Sy kin ’t habbe as in prinsesse: hwent ús frou is in trochgoe’ minske.

Dwaen de groetenis oan alle goede frjeonen, en siz tsjin de koaiboer, det ik net wer by him kom yn de ongetiid. Dat bin ’k ontkomd.

Jimme soan Auke.

P. S. Jy moatte tsjin Oebele sizze, det Mynhear al dy lytse kwatsjes fen in goune mannich ôfbitellet. It jild fen de ljirren moat er mar in briefke fen ynleverje; dat scil him ta in duit foldien wirde.

GROUSTER MERKE.

Grouster merke, wyt’ je? Grouster merke, wyt’ je? Dêr haw ik, wyt’ je? folle west. Dêr binne fammen, wyt’ je? En de spylljue, wyt’ je? fylje, wyt’ je? Opperbêst.

Op Grouster merke, wyt’ je? Dêr kom ik, wyt’ je: werom? Dêr kin men dounsje, wyt’ je? Dêr kin men patsje, wyt’ je? Dêr hat in minske it rom.

Grouster merke, wyt’ je? Grouster merke, wyt’ je? Grouster merke, wyt’ je, komt werom. Den scil ik dounsje, wyt’ je? En tinke nearne n’t om.

E. H.

[Yllustraasje: MERKE TO GROU.]

REDEVOERING TOT NUT VAN HET ALGEMEEN,

dêr Piter Okse yn stykjen bleau.

“Frjeonen! Dêr stiet Piter foar jimme sa lang as er woechsen is. Dat sjenne jimme, mar hwet hy jimme fortelle scil witte jimme net, hwent it is him sels tûker-nôch to witten.” Dat sjucht der gnap út, tinke jimme, en ’t is dochs sa. Jisterjoun sei ik tsjin in goe’ frjeon: ik wit net ho ’t komt, mar om foar twahûndert minsken to praten, dy yen allegearre oansjen, eft se yen opite wolle, hawar! it liket my min ta. “Ei, ju! sei er, biste gek? Dou moaste beare, det ’er in rêst koalstrûken foar dy op in ikker steane, en praet mar wei, en sjen se flak yn de toet. Sa lang astou oan it wird biste, hâlde se hjar to minsten stil, al biste den ek sa fier mis as Achlum fen Noarwein leit.” Dat joech in ribbe yn it liif. De jonge nei master om in bôge pompier en in skerp pin, en for in cint inket. En sa skreau ik, hwet ik foar in wike mannich yn ’t Frentsjerter skip heard hab, sa goed as ik it onthâlde koe. Fen Ljouwert wiksele it selskip sa nou en den; fen de Ryp sieten wy mei ús trijen, ik, in domenij en in boer.

Domenij. Het regent geducht van daag; zoo zal het water hoog worden, vrinden.

Boer. O, dêr helpt ús ljeavenhear ús ek wer ôf, as wy de hânnen útstekke wolle; mar de minsken jaen der ús mear wirk mei.

Domenij. Daar bekommer ik mij niet om, nu onze waterstaat zoo wel in order is.

Boer. Moai praet, domenij. Jy steane heech en droech sneins, en mei tweintich trêd binne jy fen de stoel ôf yn hûs; mar as je in wike by ús út-fen-hûs wierne, scoene je oars prate.

Domenij. Dat is onmogelijk vriend! Maar de waterstaat is daarop zoo bedacht en werkzaam.

Boer. Ja, for eltse drip wetter habbe se in cifer-letter; mar as wy nachts en deis net meale en net dykje, den geane wy goenacht.

Domenij. Waar woon je, vriend?

Boer. Djip yn ’t wetterlân, domenij.

Domenij. En waar zal de reis heen?

Boer. Nei Frentsjer, domenij; mar as ’t my dêr net better ôfgiet as to Ljouwert, den toevje ik der nin 24 ûren.

Domenij. Hoe zoo?

Boer. Wel, ik hie to Ljouwert twa boadskippen; by de iene scoe ik jild for in heal baerch helje, dy ik by ’t hjerst slachte ha, mar it koe him net wachtsje; hwent hy siet to skriuwen, det er switte, om in redevoering to dwaen ta nut fen ’t algemien.

Domenij. Ja, vriend, het één moet voor het ander wijken.

Boer. Earst de baerch bitelje en den oan ’t Nut.

Domenij. En jou ander boodschap, als ik het vragen mag?

Boer. Lânhearre hwet hier bringe; en dy hat my reisgje litten mei it boadskip, det er by de nije ynhiering hûndert daelders mear habbe moat.

Domenij. Nu, als ’t dan nog goedkoop genoeg is, waarom dan niet?

Boer. Hwet jy krije, wit ik net; mar as se ús domenij fen de 1400 goune op toalf brochten, den scoe de tsjerke boarste; mar sy tinke oer de boeren lyk as skiep; dy bisten binne dochs gallich.”

[Yllustraasje: YN ’E TREK-SKUTE.]

Hjir wier Piter Okse oan ta komd do de president opstie en him mei dizze wirden yn de reden foel: “Volgens Artikel 2 van de wetten der maatschappij tot nut van ’t Algemeen, is ’t elken redenaar verboden zich te mengen in godsdienstige of burgerlijke geschillen, en dewijl Piter Okse hier een twist te borde brengt over een collegie van staat en tegen eenen bedienaar van de Godsdienst, zoo stel ik de leden voor om hem het woord te ontnemen en tevens te veroordeelen in eene boete van 25 Gulden, die bij de bijzondere wetten van ons departement tegen dit vergrijp gesteld zijn.”

Piter Okse. Mynhear de president! Yn Artikel 1 fen de wetten stiet: Het doel van de maatschappij is om nuttige kundigheden voornamelijk onder mingeoefenden voort te planten, en zoo veel mogelijk algemeen volksgeluk te verspreiden. En dat scil ik beide dwaen mei elts, dy it oangiet, to bitsjutten, det wy holler fearten en leger wetter hawwe moatte; det de earste rykdom fen in folk bistiet, om syn skilden to biteljen; en det it nin foardiel is om de boeren to fillen.

De president. Ik breng mijn voorstel in omvraag; Domenij.

Domenij. Conform.

De slúswachter. Conform.

De foarige redenaer Fatsoen van Schrokkenhorst. Conform.

De oare. Conform, conform, conform.

De president. Allen conform mijn voorstel. Ik verklaar Piter Okse vervallen in de boete van 25 Guldens.

Piter Okse. Dêr lizze se. It binne skoalpeinjen, dêr ik in great geheim for leard hab.

De president. En wat is dat geheim, mijnheer de betweter?

Piter Okse. Det de polityk yn it wetter omtoarket; det de Godstsjinst yn it traktemint fen de domenijs sit; en det de frijheit fen tinsen bistiet, om de bek to hâlden, as men wierheit sprekt ta nut fen ’t algemien.

TWIGEN UT IN ALDE STAMME.

[Yllustraasje]

TWIGEN UT IN ALDE STAMME,

UTJOWN TROCH Dr. E. HALBERTSMA, MEI OANTEIKENINGEN FEN J. H. HALBERTSMA.

FOARWIRD.

Ut de sodzige Grou, út de driuwtillen fen it wetterlân, komt soms in âlde forwettere stobbe op, dy jier op jier wer griene twigen en nije útrinsels jowt, sa lang as er sels weikwynt en him ta stjerren jowt. Sa stiet ek ús âlde earwirdige Fryske tale dêr as in stamme, dy forgean scil. Hy bringt soms yette griene ranken oan it ljocht, om einlinge yn de nacht fen de tiden to fordwinen en forgetten to wirden. Sokke útrinsels binne dizze twigen, d’ iene rjucht en d’ oare bryk, sa it de natúr opjown hat. Nim se for ljeaf, en formeitsje jimme der mei, Friezen; dat is ús winske allinne.

[Yllustraasje: REEDSLYPJEN.]

DE WINTER FEN 1624 YN IT WETTERLâN.

’t Wie’ droevich near yn ’t wetterlân, It jongfolk hie nin tier. Yn fjouwer jier nin winter hawn, Dat foel de minsken swier. “It riden,” rôpen se, “Is ’t nin griis? “Dat scil ús glêd forjitte. “O pôle, freas it hynster-iis, “Ho fluch scoe ’k dy forlitte!”

Dat folkje wie’ foarsiker bang Det rûch-bird ús forliet, Omdet er fjouwer jierren lang Yn frjemde lânnen siet. Wylst onfordildich rôp it folk: “Men sit yen de ears yn strimen,” Dêr komt er as in tongerwolk’ En brûst út de easterkimen.

Gjin feint, dy nou nin redens socht: De slypstien stoe net stil. Om rie fen de âlden waerd net tocht; De sinnen wierne op til. De fammen rôpen: “Och! ’t is neat, “De froast scil ús bilitte; “Hwent gean de roeken oer de sleat, “Den lit er ’t meast wer sitte.”

Mar Noarman bloes fûlbandich troch, De loft stoe spits en moai. ’t Wie’ winter, en nou mei in sjoch Wie’ ’t jongfolk oan de goai. Jouns sprieken se de reizen ôf, En pochten fen hjar riden. Men tocht om kij, noch hûs, noch hôf, ’t Wie’ wille oan alle siden.

De fynste pakjes moasten oan; Nin kjeld waerd ’er mear field. Hja glommen as de iere moarn, En rink’len fen kâld jild. De loaikerts, dy oars by de hird Hwet hispelje for beppe, ’t Is eft dat folk bitoovre wirdt; ’t Binn’ de earste, dy hjar reppe.

Der wenne, fier yn ’t wetterlân Ald Jokke en Jeltsje-moai, Twa ljuwe sindlik as de brân, En dêrby fier fen loai. It wiern’ de tsjepste ljuwe dêr, De rykste fen de bûrren; Hja wierne jimmer yn de wer Mei skreppen en mei skoerren.

Hja hiene trije greate bern, Twa dochters mei in soan; Hja pielden mei dy greate bern Sa sûnder boden oan. Dat libbe fredich mei eltsoar Dêr op dy pôle hinne, Sêft as de weagen oer de mar Yn simmerjounen rinne.

Mar do de winter kaem yn ’t lân, Do wie’ dat hûs oerstjûr, De bern dy wierne as de brân, Utlitten wiern’ se, pûr! It moarns- en jouns-miel waerd bisteld, De âld heit koe ’t foerjen skikke; As memke simp’re waerd net teld, Dat koe hjar ear net rikke.

Nei omkes, moikes, moast men ta, Nei fiere miich ef nift. Al knistere de loft ek sa, Dêr waerd net mear for swicht. Jouns dagen se nei meltsjen op Forskrouwe en út de rakken, En roasteren de lea hwet op By prikkefjûr en takken.

Den rieden se nei Harns op sé, En dounsen det it klonk. De jiffers kuij’ren op de ré Yn de allergreatste pronk. It wier in wonder om to sjen: By tûzenen fen minsken Seach men dêr nei it iis ta tsjen, En koften hwet se winsken.

Sa sloofde hjar dat jongfolk út: Hja krigen hast nin lins; Mar einling moast men ta bislút Ek nei de stêd fen Grins. Hja strieken den nei Grinslân oer; Net ien mocht foar hjar bliuwe. De greate Sinte-Mertens toer, Dêr moast men ek op kliuwe.

Yn Grinslân kamen se op in doarp Dêr men hirdride scoe. Ien fen it selskip hiette Woarp, Dy feardich ride koe. Hy sjucht in moaije silveren priis, En lit him ek opskriuwe. “Hwent, fammen! sei er, is ’t nin griis? “Dy doas scil hjir net bliuwe.”

Hy teach net ienris ’t baitsje út, Nin halsdoek lei er ôf. Hy striek se ôf, en ta bislút Hy gong ’er fier mei ôf. Dat stoe dy Grinzers matich oan, Mar ’t mocht hjar dochs net bate. De Friezen spanne op ’t iis de kroan, Dêr kinn’ se net tsjin prate.

“Wy sieten langer-nôch oan ’t tou; “Hijla, kast’lein! skink yn. “Jaen sels de flesse ek in knau, “Jy moatte ek troch de wyn!” Sa geide do de útlitt’ne Woarp: “’k Wol ride om liif en libben, “’k Wol tsjin de bêste út dit doarp: “Den ik op kouwe-ribben.”

Hja setten dêr in goe’ gelach, De joun dy foel dêr koart, Mar ’t wier saun ûre op ’e slach, Do teagen se wer foart. De moanne stoe hjar frjeonlik by, En de eastewyn bloes tige; Hja rieden fleurich as in bij Mei seizen op ’e rige.

De hertetrek wier dochs nei honk: De fammen wierne yn noed. Hja setten nou ’ris tige skonk, Der waerd nin iis hast roerd. “Us heit en mem, sa spriek in faem, “Hwet meij’ dy sloven tinke? “De hikke is wrammels fen de daem; “Hja kinn’ net ite ef drinke.”

““Wy moat’ yet op ’e Leke oan: ““Wy binne nou sa ryk; ““De moanne skynt de hele moarn, ““En ’t iis is as in dyk. ““Kom, lak! sei Woarp, is men yn noed, ““Dat scil wol wer bisoarje. ““In Leke-blom moat op ’e hoed! ““Lit de âlde ljue hwet gnoarje.””

Mar Jokke en Jeltsje gnoarren net, Hja suchtten om de bern. Ho eang waerd it hjar om it hert! Hjar rie wier skjin forlern. By in lyts fjûrke sieten sy Yn ’t skynsel fen de moanne, En hearden de foartsjirmerij Fen de ûlen yn de loanne.

“Hwet is de wrâld foroare, faer! Sa spriek de âlde frou. “It jongfolk sjucht net mear gefaer, “Dat is forwyld’re nou. “It lân moat sinke as in stien. “Hwer moat dat yette hinne? “Nei rie fen de âlden wirdt net dien, “Hja witte it mar allinne.

“Earst skrept men mei it fé, en docht, “En melket, det men swit, “En faek is ’t jounmiel lang al ré, “Ear ’t m’ien fen ’t jongfolk sjocht. “De wrâld is, siz ik tûzen kear, “Is net as fen to foare; “De oerdwealskens wint al mear en mear, “De minsken binn’ foroare.

“Ald Sjearp-om mei syn knolle-foet, “Dy oars mei ’t jounwirk die, “Dy strampelt ek al mei de stoet, “Krekt eft er ’t lean wei hie. “In grouwe balstien moast ’er mei: “Dy lei er op ’e slide: “Sa moast dy âlde heuker nei “It goezze-lotsjen ride.

“Och, binn’ jinwirdich de âlden tel?” Sa jeuz’le Jeltsje foart, “It libbenspaed dat is sa smel, “De wei nei ’t grêf sa koart. “Mar dat bitinkt it jongfolk net. “Hja litte de âlders suchte. “O God, dy heel de wrâld bifet, “Hâld hjar yn hoed en tuchte!”

““As suchtsjen holp, ik suchtte mei,” Sa spriek âld Jokke-om do, ““Mar ’t brocht nea himels treast to wei, ““Dy smert forlichtsje koe. ““Mar ’k haw alear in teltsje heard, ““Dat scil ik dy fortelle. ““Ho! dy troch eigen tadwaen stjert, ““Scoe dat âld Jokke-om kwelle?””

IT SWELTSJE FORJIT.

Ik haw ’ris fen ús âld oarre heard, Fen it fûgeltsje Forjit Forjit: As immen siikkreunich ellendich stjert, En nimmen mear nei syn kiermjen heart, Den stjûrt Gods ingel ta treast him yet Dy ljeave fûgel Forjit Forjit.

En as in mem mei jammer en smert Yn it neare kreambêd fen kommer forgiet, En bidt en smeekt sa earmhertich hjar God Troch de dead to brekken hjar jammer, hjar lot; As it berntsje hjar ljeaf op ’e skirte sit, Den sjongt wer it sweltsje Forjit Forjit.

In séman soms sa onhiermlik sweart, En nei Gods wirden ef boden heart, Dy siket yn stoarm by God syn bihâld, Oanropt sa oatmoedich de Hear fen de wrâld. Mar as dy de stoarmen wer swije lit, Den sjongt it sweltsje Forjit Forjit.

As immen yn ’t kwea de miet birint En op it deabêd sa treastleas kreunt; As ’t onrjucht, as ’t skraepjen him bijowt, As de dea, as de modder him yslik oangrout, For dy sjongt it himelske fûgeltsje nit, It treastende sweltsje Forjit Forjit.

Och, honke, de tiid het wjukken oan, Mar ’t ljeave sweltsje Forjit, Forjit, Dat ivich ús bybliuwt yn wille, yn smert, As ynbylding, mear noch, as sjochtme ús dert, Dat himelske skynsel fljocht hirder den yet, Dat frjeonhâldend sweltsje Forjit Forjit.

It sweltsje, dat op nin swinge sit, Mar ivich om ús sweeft troch de wrâld, Dat haste forgetten; mar tink ’er oan, De wrâld is yette sa net bidoarn. Wylst ’t jongfolk op ’t iis sa swalket en swit, Sjongt for Jeltsje it sweltsje Forjit Forjit.

Forjow dochs hwet oan it brûzjend bloed; Us bern binne yn Gods hân, yn Gods hoed; De stipen binne it for de âlde dei, Mar ’t moaije gledde iis bringt hjar sinnen wei, En as de winter ús wer forlit, Den sjongt wer it sweltsje Forjit Forjit.

Is dy den forgetten dyn fammetiid? Ik tink ’er net om, ef it hert wirdt my bliid. Wy hoalden en rieden let yn de joun; Wy waeiden der oer en roerden nin groun; Ho suchtte do ús âld memke yet! Sjong op nou, ljeaf sweltsje Forjit Forjit.

It wier twa ûre yn de moarn, Det ’t âlde pear dêr siet; Dêr kaem it folk op de opsleat oan, En song it heechste liet. De houn dy skrabe oan de doar, De âlde boer die iepen; Hja joegen hjar as skoaijers oan, En fregen dêr to sliepen.

Mar Jokke-om koe hjar oan it lûd, En rôp: “Kom yn mar, bern! “Jimm’ mem sit freeslik yn de noed, “En joech de moed forlern.” Hja stoepen yn it binn’-hús op; Hjar klean wiern’ rûch birime. Ald Jeltsje sloech hjar eagen op, En ’t âlde sloof biswime.

Bisaud wie’ ’t hele selskip do, Hjar dochters krieten sa. “Hwet eft ús memke skele scoe; “Wol mem ek hwette ha?” Mar skielik kaem it sloof wer by; Hja joegen hjar hwet fochte. Hwet wierne do de bern wer blij, ’t Wier alles wer to rjochte.

“Ho wier ús mem sa fen de set? “It wier in minske griis. “’t Is wier, wy binne al to let, “Mar ’t wier ek hynster-iis.” ““O, blydskip wier ’t net, bêste bern, ““Mar skrik hie ’t hert biklomme, ““Do ’k jimme aenstons dêr moast sjen ““Sa mei dy Leke-blommen.””

““Och! tsjerkhôf-boden binn’ ’t for my, ““Deads-boden, dea en toar. ““Ik seach se earst oan ús Mary; ““En dêr biswymde ik for. ““Kom, berntsjes, gean nou mar to rêst; ““Hwent joun scil ik mar swije; ““Den moarn fortel ik wis for ’t lêst ““Fen ’t stjerren fen Marije.””

De oare deis kaem wer it selskip Om to riden mei elkoar, En hja sprongen op fen blydskip; Hwent it folk wier fen it tsjoar. “Hark, myn bern! rôp de âlde frou, “Earst yet myn forteltsje. “Toavj’ in bytsje: bliuw! ei, bliuw! “Hark nei de âlde Jeltsje.”

[Yllustraasje: MARIJKE WIRDT TO HÔF BROCHT OP ’T GOINGARYPSTER TSJERKHÔF.]

DE LIEKE-BLOMMEN.

Op it lytse doarp Ter-Kaple Stoe alear ús âlders hûs; Frede wenne dêr en wille Yn dy âlderwetske klûs.

’k Wier de jongste fen saun berntsjes, Heit wier hwette stoef en stiif; Mar ús mem wist him to troaijen. ’t Wier sa ’n sêft meilijend wiif.

Yn myn earste famkes-jierren Hie ’k in sister, ús Marij; ’t Wier de âldste fen de keppel, Flugger wier der net as sy.

Meltsje, swylje, bûter-meitsje, Alles fleach hjar troch de hân. Dêrby moai fen liif en lidden, En sa sindlik as de brân.

Hjerstmis oer de poel to strûzen Nei de kij oan d’ oare kant, As de wite koppen rôllen, Dat wier ’t libben nei hjar trant.

En hja wier sa goed, sa sedich, Die sa greach ús âlders sin; As se winters út-fen-hûze, Wier der ien yn ’t hûs to min.

Simmers krige hja wol frijers, Mar dy liet se meast wer gean; Inkeld koe se Pinkster-Tiisdeis Wol nei Snits to keamer gean.

Mar net fier fen ús fen dinne, Yn it âlde Goingaryp, Wenne Ids, en dy allinne Wier hjar sin en hjar bigryp.

As de kjeld it wetter strjemme, Tocht men net om kjeld en wyn. O, ho kriigden se op ’e poellen, ’t Jongfolk yn de moanneskyn.

As de wite flokken fleagen, Wier Marij ek op ’e fljocht; Alle dagen ride en djoeije Wier den ek hjar greatste nocht.

Mei hjar trijen jonge pearen Teagen se nei Grinslân ta; En it iis dat wier fol wjekken, En de winter moalke sa.

Al it rieden fen ús âlden Wier mar praten yn de wyn; Ids dy wiste alle wjekken, En werom wier ’t foar de wyn.

Mem stoe op ’e wâl to kriten, Mar ús heit dy snûrr’ hjar ôf: “’k Scil der net in trien om litte, “Al bring ik dy Snjeon to hôf.”

De oare jouns bigoun to kommen, En it waerd sa stil yn hûs; Teijich wier ’t en hwette mistich; Soms den reinde it by de rûs.

Aeklich rûsde it om de skûrre, ’t Kreake op ’e skoarstien near, En as mem yn ’t mistich waer seach, O, hja sloech hjar hânnen gear.

Soms bigoun dat sloof to kriten, Mar ús heit bleau steech en stom; Wy as berntjes boarten bûte,[44] En wy tochten nearne om.

Einling komme der twa mannen, En dy tikje oan de doar: ’t Wierne ljuwe fen Ter-Herne, En ús heit kaem selver foar.

“Boer! sa spriek ien fen dy ljuwe, “Hwet is ’t aeklich mei Marij. “’t Griist my om it út to sprekken.... “Mar hja ’s wei.... dat siz ik jy!”

En do sleepten se de slide Midden oer de bûthús-flier, En dêr laei Marije dead op, Sûnder mûtse oer it hier.

Mei in Lieke-blom by ’t jak yn, ’t Aeklik pronksel fen de dead, En hjar moaije reade lippen Wierne nou sa blau as lead.

“’t Is Gods wille!” rôp ús heit do, “En der is net oan to dwaen. “Dy myn libben en myn lust wier, “Moat ik oan de Heare jaen.”

Hja wier yn de mar fordronken, En hjar Ids dy wier ontkomd; Mar dy is tonei fortige, Hwent syn fleur wier him ontnomd.

Sy waerd to Goingryp bigraven Tichte by de âlde toer, En de swiere klokken bromden Heel de lege wâlden oer.

En ús heit, om wird to hâlden, Liet by ’t grêf nin inkle trien, Mar it kneagd’ him oan de siele: Hy is as it stof forgien.

Jongfolk, tink nou om Marije, As it iis sa hearlik blinkt: Tink den, det in kweade ingel Jimme nei it grêf ta winkt.

DE BLAUWE SKINE.

Us Oege moast út frijen tsjen, Dat praette in biis him oan. “Toe, keardel! Om dy hinne sjen.” Sa sette dy him oan.

“O, frouljue, man! dy binne ’er rju; “Toe, flean der mar op ta. “Dou bist’ sa’n flinken stoeren ju, “Dou moast in slytsje ha.

“Dou biste in long’rich boeresoan, “Hast’ fiters oan de boksen, “Oeribel krekte skoentsjes oan, “Kûtgaspen yn de hoksen.

“Hast’ fyftich goune yn de pong; “Wel, man! hja wirde pûr. “Allinne mei dyn gong en swong “Krijstou ien oan it snoer.

“In sarjes baitsje haste oan, “’t Is eft it getten is. “Den likest’ wol in keapmans soan; “’t Is wier hwet ik dy siz.”

En Oegeman dy roun dat praet As lije mâlke yn de earen. Hy tochte: “Hearke is myn maet; “Dy wit wol fen manearen.

Op Nonkes-bûrren wenne Tiet, In fanke as in lôge, Dy ’t hert op ’t echte plakje siet, Dy alle man fortôge.

Dy hjar mar seach, dy wier forjown Troch ’t gloeren fen hjar eagen, Sa det de feinten joun op joun By swermen nei hjar teagen.

As bijkes fleagen se ’er op oan, ’t Wier eft se ’er hunich rûkten, En eft hjar eagen blier en skoan Mei syd’ne triedtsjes lûkten.

“Jandoarje, Oege! dêr is lucht; Dat frommes moaste ha. Toe, neef! dou moaste ’er for de klucht “Yet moarn-to-joun nei ta.”

Us Oege hearde nei dat praet; Hy rôp. “De deale, ja!” Mar Hearke-neef, syn greate maet, Woe him to fiter ha.

Hwent Hearke hie oan Tiet al sein, Ja, swarde ’er op, en flokte: “Pas op! Kom Oege fier ef hein; “Hy sit fol rude en jokte.”

“Thús moat er op in klibbe hea “Allinne gean to sliepen. “As ’t joun wirdt skoert er him de lea “Fen jokte read en iepen.”

“Pas op! bringt hy de romer ta, “Dêr kinst’ sa beare oan dippe, “Mar rik him hân noch mûle ta: “Pas op! nin fingers tippe.”

’t Wier op in lette hjerstmisjoun, En ’t wier mei ljochte moanne, Det Oege-neef út frijen roun; Hy stoep krekt as in hoanne.

Syn sneinske pakje hied er oan, ’t Geloazje op ’e side, Dêr hongen skipkeskeljen oan Mei ruterkes, dy ride.

Hwet rink’le er mei syn fûst-fol jild! Hy wier ek lang net loai; Hy waeide oer it Nonkesfjild, Syn stappers kreak’ne moai.

Den fage er him de plúskes wei; Den seach er nei syn skonken, Ef ho syn silv’ren keatting laei, Ef ho de skeljen blonken.

“Kom wrachtich! rôp er, Nou bin ’k klear. “Och, ljeave, ljeave Tietsje! “Ik meitsje o’naris nin gebear, “Mar tinken is it, wyt’ je?”

Sa komt er oan op Nonkesein, Dêr fynt er Hearke sitten. Dy biis rôp: “Bêste kastelein! “In dikkop sûnder hjitten.”

En hospes-om dy wie’ wol klear, Dy tocht: “Ik scil ’t dy laepje. “De diker, Hearke! sokke mear; “Sok folk wol ik wol taepje.

“Dêr haww’ je ’n fearn fen ’t echte murch. “Haboes! goereis nei Tietsje! Sa’n sûpke, Oege, is alles wir’ch; “Dat makket moedich, wyt’ je?”

En Oege loek in kûle yn ’t glês, Hy gloeide as in trompetter; Mar hospes-om past op it mês; Hwent neef hie jild as wetter.

En dochs hy waerd ús Oege sêd, Hy woe ús Oege slite; Hy woe de oare moarns yn ’t mêd, En Oege net mear bite.

Hja nulle en lepkje op Nonkesein, En Hearke priizget Tietsje; Mar einling ropt de kastelein: ““Acht ûren, feinten! wyt’ je!””

“Kom, ja, seit Harke, Ik gean mei. “’k Wol nei de wite wringe; “Dat laeit ek krekt op Oege wei. ’k Scil him oan ’t hiem ta bringe.”

Dêr stoe er eindling foar it hiem, Syn skruten hert dat tikke. “Kom, flink! sei Hearke, Nin gekliem! “Toe, luftich oer de hikke.”

““Joun, foltsen! ropt er oer de doar; ““Binn’ jimme soun hjir yette? ““De kiel is my fen ’t rinnen soar; ““Ha jimme ek hwette wjitte?””

En Tietsje siet krekt by de hird, Hja glimde as in ikel; Hja sei yn ’t earst nin inkel wird, En seach krekt as in wikel.

Mar skeetsk snaut sy him ta yn ’t ein, “Och, man! bistou forskrokke, “Rin den werom nei Nonkesein, “Nei de âlde hospes Bokke.

“Dat hearlik boaitsfol wetter, feint, “Dat stiet dêr om de hoeke; “’t Is jister fen de skûrre heind; “Dêr kinste ek fen brûke.”

Hy freget om in piip tabak; Dat kin er ek net krije. Dat joech mar brân en ongemak, Dat woe hjar heit net lije.

Hy woe ek wol in flaubyt ha, Mar ’t fanke woe ’t net hearre; Fen ’t stroukjen koe men ek net ha, ’t Bisleek dat wier mislearre.

Forheftich taest er nei in stoel, Mar Tietsje sei: “Hou! tankje, “Né, Oege! ’t is nin hospesboel; “Kom, plak jo op dat bankje.”

“Hwet jo mankearret, wit jy bêst; “Ik hoef ’t jo net to sizzen. “Ik ried jo, gean yn ’t poepe-nêst “Dêr op de koustâl lizzen.”

Forwezen striek er him om ’t bird, En woe yet ien wird sprekke; Sy groude ’m ta: “Net by de hird!” En griep de tang’, dy fekke.

Biteut’re stoep er ’t milhús út, En sei: “Joun, faem, ik gong.” En roun by tsjuster ta bislút Oan ’t liif ta yn de dong.

Hy spielt him yn in sleatsje ôf, En pangelt troch de miste. Hy flokte op Hearke yn ’t tsjuster hôf, En woe dat nimmen ’t wiste.

“Dy klitse, suchtt’ er, hat my hawn, “Dy flarde lit my rinne. “Sy stjûrt my troch it wiete lân. “Troch mist en dauwe hinne.”

Om nou sa ier nei bêd to gean, Dy smaed koe hy net dilde: Den wisten boden en de bern, Ho det dy faem him trulde.

Hy flijt him ûnder d’ oes fen ’t hea; Sa waerd dy smaed biditsen. Hy rekte moarns syn skrouske lea, En tocht: “Dêr ha ’k se stritsen.”

Hwent in fatsoenlik boeresoan Giet noait foar healwei-trijen. Hy kloppet nou foarsichtich oan Om him op bêd to flijen.

De faem sei: “Wolkom thús fen Tiet; “Dat haww’ jy feardich makke. “Mar, man! jy stjonke en binne wiet; “Binn’ j’ yn de jarre rakke?”

““Dêr heste in kroan en spiel de klean, ““En swij! Dat kinst’ wol tsjûge. ““Lit Hearke mar út frijen gean; ““Noait hearste it wer fen Oege.

““Ik haw in blauwe skine opdien, ““En ’t hat my kwalik smakke.”” Mar Hearke wier nei Tiet ta gien, En hie him skoan formakke.

E. H.

ALD GREULT-OMME.

Ald Greult-omme wenne yn Twellingea; Dy hie hwet efter ’t linnen, Mar hjerstmis wier er meast heal dea, Den hie er frjemde sinnen.

Den suchtte en stinde Greult-om sa, Yn ’t bêd ef de hirdsherne, Den sûgd’ en rach’le it boarst him sa As ’t dounsjen fen de tsjerne.

“Dat komt fen al dat stoffich hea, “Dat komt fen ’t simmerreinen; “Men foerret minske en bisten dea.” Sa siet de man to weinen.

Hy wier nou twa-en-sauntich jier, Sa meager as in range. Hwet hiene ’er folle jier op jier Al nei syn dea forlange!

Yn ’t ein ús Greult-om hie ’t wer wei, Mar ’t waerd net folle achte; “Och! sein’ de boden, ’t is hjerstdei; “It is wer de âlde klachte.”

Mar ’t like slimmer dizze kear: De âld boer dy bleau mar lizzen, En alle lidden dien’ him sear; Hy wier hast net to rissen.

En hetsich wier dy âlde man, Hy dronk mar farske sûpe. Dat stoe syn frjeonen machtich oan, Dy woen’ syn pong wol strûpe.

Hy wirdt, sa ’t liket, swakker oan; Hy freget om de kaeijen; Hy wiist al oan syn âldste soan In himd om to biklaeijen.

Syn gouden knopen út it himd Dy skonk er for de namme; In bernsbern Greult dy hat se nimd, Den bleauwen se yn de stamme.

En testamintsje moast er ek: Notaris moast bistelle, Det al syn spil kaem yn de heak, Ear ’t him de dea bihelle.

Syn lânnen gongen hân oer hân Oan bern en berne-erven, Dat noaske hjar; de pong wier wan; Hja hien’ hast neat to kerven.

Syn lytsfaem tsjinne him hwet skoan, Dat koe men heel wol merke: Dêr makke er tûzen goune oan; In miedstik oan de tsjerke.

En Dokter kaem ’er ek op ta, Dy roun der flitich hinne: Dy tocht: “âld Greult scil stryksom ha! “Dêr scoe ’k my bryk om rinne.

“Hwent in dukaet twa min ef mear, “Dat kin syn bern net bate; “Hja krije it jild, en dizze kear “Scil nimmen my biprate.”

Mar sûpe hâldt âld Greult him oan, Hy woe nin dranken hawwe, Mei ’t fearke moast al oan en oan, Dy Bils-faem him den lave.

Dy koe de âld man soms ek to mûk In plattekoek tatriuwe. Dy klitse! o, dy wier sa tûk, Dat kin gjin minske leauwe.

Syn bern en bernsbern kamen op, ’t Wier merke by Greult Rommerts, Fen Offenwier en fen de Top, Fen Drylst en Heech en Hommerts.

Dat spriek dêr mar de flesse oan, De frouljue kofje drinke; Net ien syn mage wier bidoarn; Hwet snienen se yn de skinke!

It flêsk dêr snien’ se net by troch, Dêr waerd mar tige yn fege, En hie ’t hwet dûrre, mei in sjoch Wier ’t hele flêskfet lege.

En klontsjes as in lytshús, man! (Dy scoe ik hast forjitte;) Dy treauwen se yn de kofjekan, Ja, yn de bûse yette.

De aeijen treauwen se yn ’e hoed, De bûter yn de doeken; De tsjizen stielen se fen ’t boerd, Trochsnúfden alle hoeken.

Den gongen se nei Greult-om ta, Sa hwet om him to treasten. Hy draeide ’m om, en knikt’ hjar ta; Ynwindich koe ’r de measten.

As ’t ljocht den fen de himel gong, Den stoepen se wer hinne; Hwent Greult-om net, mar och, syn pong Wier ’t reisgjen om allinne.

En ûnderweis den gong it mâl, Den koen’ se oan ’t fjochten reitsje. In earme sweager wêrzen se al: Dy stakker woe al pleitsje.

Yn ’t ein hja lizze ’m yn de bank, Dêr woe er oars net hinne; Dêr roun ek bygeloof mei mank: Lyk as dy âlden binne.

Twa bûrren moatte nacht op nacht Dêr oer de flier omkrûpe, En hâlde dêr by Greult-om wacht, En lave him mei sûpe.

Dat dûrre sa in nacht ef tsjien; De man waerd tydliks swakker, En alle man dy wier bigien Mei ’t lijen fen dy stakker.

Do spriek ’er yet syn bûrfeint ta, Dy by him sit to weitsjen: “Och! Pier, dou tsjinnest Greult-om sa; “’t Past him dy hwet to meitsjen.

“Ik meits oan dy’t horloazje ta; “Dat wit ús Rommert lizzen. “Mits den bigear ik dy ’er ta “Om ’t leed mei om to sizzen.

En dat beloofde Pier him trou: Dy miende hwet to toppen. Dy hie fen ’t weitsjen gjin birou, En wier wol yn syn noppen.

De toalfde nacht do sieten twa, Dat wierne froede minsken; Dy griisde âld Greult-oms leger sa, Det hja syn ein mar winsken.

Hy slepte yn de foarnacht skoan, Hy frege ek nin drinken, En spriek syn sitters einling oan: “Ik droom fen spek en skinken.”

“Dy sûpe, spriek er, wêrzet my, “Ik kin ’t net mear fordrage. “Och! siikje in flaubyt dochs for my. “Ho sleau wirdt my de mage.”

De ien dy seach de oare oan, En tocht: “Scoe bûrman baze?” Mar Greult-om spriek al oan en oan: “Ik moat fen honger raze.

“Scoen’ dêr nin barge-finken stean, “Dêr yn dy âlde spine? “Ik wit, de lytsfaem hat gûd sean; “Dêr scille jimme it fine.”

Hja fine op it ûnderst boerd In alderedelst krouske Fen ’t alderdreechste barge-gûd, Fiks ûnder ’t smoar bisouske.

“Hjir Greult-om! hjir is bargegûd; “It binne barge-finken. “Mar ik nim it net op myn noed; “Hwent dit rint út de kinken.”

Hy yt net, mar hy fret ’er fen; Sa wier dy man forhong’re. Hy sei: “’t Is kost, dy helpe kin. “Dêr hie ik lang op long’re.”

Hy nimt in fine bôle yet Om ’t pantsje om to feijen; Hy waerd gesoun, en mei in snjit Wier ’t kreunen oer en ’t kleijen.

De sitters gongen lilk nei hûs. Hja wierne ek biskamme. Hwent lake waerd ’er by de rûs, En ’t joech sa ’n rare namme.

De feint, dy hjar de doar útliet, Dy rôp: “’t Is wer gedonder; “As Greult oan ’t sûpe-drinken giet, “Den hat er ’t hypochonder.

“Mar hy moat jouns in sûpke ha, “En neist de lytsfaem sitte. “Dy streaket en dy streelt him sa, “Dat kin nin minske witte.”

De frjeonen wiern’ biteut’re do, Dat Greult syn dea mislearre, En det er finken ite koe, Dat moasten se do hearre.

De winter dy foel einling yn, En Greult moast ek ’ris ride; ’t Wirdt sterker, en hy nimt syn Tryn Mei yn de hynsteslide.

Heel Twellingea kaem op in ein Bihalven dy twa sitters; Der waerd fen ’t bargegûd hwet sein Fen bizen en fen sitters.

Hy ridt by al syn bern yn ’t roun Om ’t hjar bikend to meitsjen. Ho det er op syn libbens-joun Yet oan it wiif scil reitsje.

Sein’ al syn bern al: “Heit is mis; “Hwet woll’ je ûnderwine?” Sei Greult: “Hwet ien allinne is, “Dat moast ik ûnderfine.

“Dy twa-en-sauntich jierren het, “Dy kin yet tweintich krije. “Ik haw myn sin op Tryntsje set, “’k Wol sa net langer lije.

Do skelde en skrieme by de rûs, Forwite allykfol hwette; Mar Tryn dy ried mei Greult nei hûs, En koe dat heel wol sette.

Hwent Tryn dy hâldde fen syn splint, En hâldt de âld man yn wêzen. De bern (is ’t net inpertinent?) Woen’ Greult-om ûnd’re ’e gêrzen.

Sa rekke Greult ta mannichs spyt Oan ’t wiif, en ek ’er ûnder. Hy rekke lân en grounen kwyt, En ek it hypochonder.

Hwent Nynke libbe ’er hearlik fen, En hie in earm famylje; For ’t hypochonder joech se wan, Den koe se joepsom spylje.

Grou, 3 Dec. 1838. E. H.

[Yllustraasje: MURK STAPT DE WINKEL YN.]

MURK FEN IPEKOLSGEA.

Yn Ipekolsgea wenne Murk, In riken boeresoan; Hy hie de divel fen it wirk, Syn mem hie him bidoarn. Hy waerd ek wol Murk-ropper neamd, Om det er heislik skreaude, En faek tsjin alle reden oan Om nietichheden kreaude.

Nei folle merken reisge er ta Mei bûse-follen jild; In fryster moast er altyd ha, Sa teach er den to fjild; Dat gong him meast al kwalik ôf, En mennich glûpske makker Dy laette Murk den om it hôf; Hwent hy wie’ oars in stakker.

To Heech dêr wenne in âlde Foek, Dy mear seach as in oar: Dy wier ek yn de kaerten tûk, Alteast dêr gong hja foar. It roun nou tsjin de Ljouwter merk, Hy woe syn lot wol wite. “Den kin my, sei er, Kei, noch Tsjerk, “Noch Rommert wer biskite.”

Sy lei foar him de kaerten del, En seach do gleon op Murk; It roun him kâld lâns by syn fel. Do sei se: “Klear is ’t wirk! “Dou krijste in siden mantel oan; “Scilst’ mei in jiffer ride. “Mar leau my, greate Beinte soan, “Net ien scil ’t dy binide.”

Dêrop waerd Murk al grutsker oan, En brûkte ek frij hwet drank. Den wier ’t in walgelik persoan For frouljue troch de bank. To Snits dêr wenne in winkelier, Dêr hien’ se folle komste; Dy man syn húsgesin wie’ swier, Dy hie it net fen ’t romste.

Syn âldste dochter hjitte Rinsk, Dat wier in snedich ding, Sa’n flodderkous en hansom minsk, En mansiik net gering. Dy frege Murk op Ljouwter merk Om mei hjar út-to-riden; Hjar oanstean hoefde er heel net sterk, ’t Wie’ rekke oan beide siden.

In tige rike boeresoan Dy kaem dêr wol to pas, It stoe de âlders hearlik oan, Dy wiern’ wol yn hjar sas. De frou rôp al hjar bûrren ta: “Heww’ jimm’ ’t al hoard fan Rinske? “Die sal na Lieuwter merke toa, “Die het alheel hoar winske.

“It is in seun fen greate Beint. “It binne rike maats; “En ’t is in heel bestendich feint; “Die het niet feul gepraats. “Ik weet wel, ’t is in boereseun, “Maar dat ken Rinsk niet bruije; “Syn ouders binne kloek en deun, “Die heww’ wat in te struijen.”

De merke dy kaem einling oan, En dêr kaem Murk yn hûs. Hy hie in gloednij pakje oan, En bûsjild by de rûs. Hy hie in lange rôk oantein, Dy sloech him op ’e kûten; In bûsdoek oan de tip útsnein Dy hong ’er healwei bûten.

In machtich greate fine hoed Siet him yn de eagen del; De rânne like in wetterboerd, Dy hong ’er slûk by del. Hy wosk him oars sa daechliks net, Oars net as sneins foar tsjerke; Nou sparre er ek de sjippe net; Hy glimde as in jerke.

De faem dy seach al nuver op, Hwent it posture raer. Sy wier oars gâns in modepop: Dit like sonderbaer. “Och, Murk, gain jou na buten toe, “Om ’t ryttuug klair te maken. “De minsken sien’ as ’k weten ’t hoe. “Der binn’ hier rare snaken.”

“De modens hier of op it lan, “Dat is ien ander ding, “En die him dan niet schikke kan, “Dat is in sonderling. “Dan gain ik mar it bolwerk om, “Dat my gien minsken siene. “Want as ik dair met jou an kom, “Wat sud’n de minsken miene?”

Dat noaske Murk mar just sa hwet, Mar dochs hy die ’t om hjar. Hy tochte, bin ’k mar bûten gat, Den haw ’k myn eigen kar. In âlden hierknol foar de sjeas, Dat bong’le ’er sa hwet hinne, Mar Rinske wie’ bisondre kreas, En hie it wird allinne.

Hwent, o! it wier sa’n snippren faem; Mar hy wier greatsk en dom, En hwet er yn de mûle naem, Dêr tocht er meast net om. Hy gong to jow net mei sa’n spil En mei sa’n faem to fjilde! De stokljue moasten op ’e dril, Jild moast it hjoed ’ris jilde.

Hy dronk moarns-ier al reade wyn, En smiet de helt hast wei, De middeis wie’ it heal in swyn, It stedfolk piuwd’ him nei. Yn ’t alderheechste logement Dêr moast dat pear do ite. Hy siet oan tafel as in Drint, Hja woen’ him dêr wol slite.

In officier dy oer him siet, Dy boarnde him mei wyn, It iten smakk’ him dochs net swiet, Dat koe der hast net yn. Do ’t mâl gong, holp ek Rinsk him mei, Hja naem him op ’e foarke; En Murk waerd ûnder ’t iten wei, Sa det er skielik snoarke.

Nou kuij’ren Rinsk en de officier Plezierich troch de stêd. It skieden foel hjar heel net swier, Hwent Murk siet dêr foar slet. En de officier wie’ wol yn ’t skik: Dat folk hâldt meast fen slinen: Hja rinne folle op ’e slik, En dat yn oarljues spinen.

Mar dy man hâld’ him opperbêst, Dy brocht ús Rinsk yn ’t skip. En Murk dy smieten se op it nêst: De doar kaem op de knip. De jouns do Murk to wekker kaem, Do waerd it yet net better. Hy skopte en sloech om feint en faem, En flokte as in ketter.

It lûd wie’ troch de toarst forgien, De tonge wie’ him skrok. Hy wie’ alheel forheard, ontdien; Hy miend’, hie siet yn ’t hok. De feint rôp: “Poerke, sjop so niet; “Je pin noch niet kefangen. “Vor lauter sjaamte ond verdriet “Is ’t meisk’ al fort kekangen.”

“Is that, kottorie, supen poer? “Het is te slim, mijnheer.” Sa hikk’le him dy Dútsker oer, Dy kaem him op it lear. Hy poetste him syn klean hwet út, Hy joech him thé en wetter. Dy wosk en kjimd’ him ta bislút, En do wier Murk wer better.

Mar ’t stiek him machtich yn it krop; De skamte sloech him oan. Hy skoerd’ it hier him út de kop. De divel wier yn ’t koarn. Hy tocht om ’t wird fen Foek to Heech: Scilst mei in jiffer ride. “’t Is wier, dou âlde hellefeech, “Gjin minsk’ scil ’t Murk binide.

“Nou moast de siden mantel oan; “Mar dat oerkomt my net. “Ik wie’ to dronken dizze moarn, “Mar joun wird ik nin slet.” De houn, dy moarns him biten hie, Syn hier moast him genêze: Dat wier do sa hwet yn syn rie, Der moast mar wyn wer wêze.

Ien flesse tocht him, koe nin kwea, Dy geat er him ek yn. Mar ’t gong him fluch wer troch de lea. Hy kaem wer troch de wyn. Nou dwaeld’ er troch it merkgekriel, Troch al dy minsken hinne; Hy tocht, de merke-skiere-iel Dy scil to nacht wol rinne.

Net lang tonei dêr kaem al ien, Dy sloep him skean foarby, Dy knikte him en seach sa grien; “Ha! tocht er, Dy ’s for my.” Dy laet him nei in optrek ta Yn in foarname strjitte. “Kom, tocht er, hjir kin ’k wille ha. “Dat kin in keamer hjitte.

Dêr wennen oars twa sisters yn, Dat wierne âlde ljue. Dy jiffers wierne wakker fyn, En jild dat hien’ se rju. Syn sleep dy hie in kaei fen ’t hûs, Dy hie as faem dêr tsjinne. Den koe se stelle by de rûs, Lyk as dy klitsen binne.

Dy âlde fammen wierne foart, Dy ieten by hjar broer; Dat dûrre yn de merk’ net koart, Dat wist dy leaze hoer. Hja fynt al gau de brandewyn, En jowt him mar to drinken. Hy wier mei ’n ûre wer in swyn, Lyk as wol is to tinken.

Hja pûlet him de bûsen út, Ontnimt him rôk en hoed, En lit him rôlje ta bislút Yn ’t bêd gerêst en goed. Mar do bigoun yet earst syn krús! Wylst hy dêr laeit to sliepen, Dêr komme de âlde jiffers thús, En dwaen de doarren iepen.

Hja gongen meast by moanneskyn Sa sûnder ljocht to koai, Hjar nachtgûd laei den op ’e wryn Heel eptich yn de ploai. Dat knoff’le dêr al jierren lang Jouns yn it tsjuster hinne. Foar oaljebarnen wiern’ se bang, Hja woen’ ’t er fyn út spinne.

De jongste stoep de keamer yn, En sei: “Hoe hew ’k it hier? “Hier staet in fles met brandewyn; “Hestou dair toe weest, Knier?” ““Hea, Styntse! ikke brandewyn? ““’k Hew ommers sere bienen. ““Ik bruukte it in gien jair of tien. ““Hoe stootst’ et út de schienen?””

“Mystiit! wat stain de stoelen rair! “En ’t bedgordyn is scheurd. “It wurdt my mislik, wee, en nair: “Want hier is wat gebeurd.” Hja giet nou op it bêdsteed oan, Om mûtse en jak to krijen: Mar taest op greate Beinte soan, En do bigoun it lijen.

Do gúlje en moartsje: “Dieven hier!” Hja tomm’len oer elkoar. De bûrren kamen yn it spier, De rottelwacht foar doar: Hja stiekne gau lantearnen op, In swird moast op ’e side. “Kom, sein’ se, fris ’er mar by op. “Him sal de duvel ride.”

De rottelwacht dy spriek him oan, En sei: “Wat doestou hier?” ““Och! ik bin greateBeint syn soan, ““Ik bin hjir for plezier.”” “Wy wete hier fan greate Beint, “Of fan syn seun gien donder. “Mar earlik biechte súste, feint, “Of dou raikst in ’t fooronder.”

“Dou maikste hier in nachtgerucht “By groate luu an huus, “In ’t is ook lang gien merkeklucht; “Die boel is hier niet pluus.” Hy bycht ek alles hwet er wist, Dêr wie’ net tsjin to kriemen: Mar do er jild en klean ek mist, Bigoun er lûd to skriemen.

Dêr stoe er nou yn de ûnderklean; Ho graech skau Murk de flint! Mar sa doarst hy dochs ek net gean Yn sa’n great logemint. De rottelwacht seach yn in kast In âlde siidne tabbert. “Dair! sei er, Hang die om dyn bast; “Dat is noch krekt soa ’n swabbert.”

Hja sjouden nei it logement; De âlde poep kaem foar; Dy rôp: “Kotz tausend sapperment! “Dat steht er schnurrig voor.” Kredyt dat hie er dêr yet wol. Hy koe him klaeije en skoaije, En de oare moarns mei de âlde knol Werom nei Snits ta toaije.

By tsjuster gong er do nei hûs, Den hie dat ding gjin wird. De rôk en hoed dat wier ’n abús; Mar ’t praet dat foel him hird. “O! rôp er, âlde galgestrik! (Hy miende Foekje-moeije) “Dou wist it alles op in prik; “Ik scoe dy wol forfoeije.”

En hwa nou oait nei merken teach, Us Murk dy kaem ’er net. It joech oars al in nuver each, Mar ’t ballet ôf, sa’n set. Hy tocht net mear om frijerij, En gong noait wer to sink. Hy hâldde hinnemeltserij, Twa ljurken en in fink.

E. H.

Grou, 8 Junij 1839.

IT FEARTFLAGJEN,

In reis fen Gabe Skroar. Utjown troch Doctor E. Halbertsma.

Gabe hie in omke op in doarpke yn de greidhoeke wenjen. Dêr wier it oars noait merke, mar ienris yn it jier yn de neisimmer waerd de opsleat flagge, dy nei it doarp ta roun, en dat diene de boerefeinten mei eltsoarren; en jonge boeren, dy de hjouwere yet ek net alleheel end al forroun hiene, kamen dêr ek al mank; mar kaem ’er willens ef by ongelok in faem by, dy waerd sûnder wilens troch dy droege opsleat helle, en dat neamden se dêr foetwaskjen, en sa koene dy sloven den, oan de middel ta klaei, op hoasfoetlingen nei hûs ta peasgje.

As de opsleat den ophimmele wier, den kamen al dy ljue by eltsoar yn de skoalle; dêr siet de âlde master den mei in great kanne mei brandewyn op swarte beijen, en masterske mei in kanfol mé for de fammen. Domenij en pastoarske koene by sa’n rûch spiltsje net wêze, mar skikten der de koffy en koeke by, en sa waerd dat in gearjefte, dêr neiby it heale gea oan to pas kaem. It meltsjen waerd oanbisteld, en de allerâldste ljue wierne op sa’n joun by Domenij to koffydrinken.

Dy goede minsken, dy oars noait nin drank ûnder eagen krigen, mienden for sa’n pas, det it sûpe wier, en sa geaten se it der ek yn, en den barden der al nuvere dingen yn dy âld skoalle. Master, de âlde stadige master, dy oars neat song as psalmen Davids, bigoun den to sjongen fen: O Holland schoon, met eenendertig steden, of: Daar was er een ruiter en de meid, en al sokke oerdwealske bierpsalmen mear, dêr it jongfolk hjar danich mei formakke, en dat dûrre krekt sa lang, det de âlde hear de prûk dwers op ’e holle siet, en det er troch masterske sleeptoffeljende nei bêd laet waerd. Sa’n dei trof Gabe dêr ek ’ris, en hy hie him foarnomd om dy ienfâldige ljue ’ris op in fine menier fen in nuvere kwael to genêzen. Hja hiene dêr de bynamme fen mirden, en as men it wird mird ef wezeling mar neamde, den scoene se yen deaslaen; as men fen stank praette, den wier it al mis, ja, al snúfde men mar ’ris tige op, dêr koene se mar just oer. Gabe woe hjar genêze, mar hy wier to slim om mei de doar yn it hûs to fallen: dêrom brûkte er in greate omhael fen forteltsjes, dy neat ta de saek diene, om sadwaende de ljue for him yn to nimmen, en mear yngong to finen, as er einlinge mei de hele hûd útfoel.

Syn omke, dy him wol graech ’ris oan it praten hawwe woe, stelde him foar om ’ris in forteltsje to dwaen fen de reis, dy er foar trije jier ’ris dien hie nei de Dockumer klaei. “Dat haste my faek biloofd, jonge; dwaen it nou; den kinne de fammen en feinten it ek hearre.” Dêr skoarre Gabe earst wakker tsjin oan sa beare, mar de feinten, dy by it feartflagjen wol sjoen hiene, det it in snedigen hond wier, rôpen allegearre: “Dou scilste, Gabe; ef wy helje dy troch de opsleat.” Mar driigjen holp hjir neat; dêr waerd er steech tsjin op. Einlinge komt de gnapste faem út it hele selskip by him, dy lei him de hân op it skouder, en sei: “To, Gabe! dochste it net om it oare selskip, dwaen it den om de fammen; der sit ommers wol frouljuflêsk oan dy.” “Dat scoe ik miene, sei Gabe, en it scoe skande wêze as it sa net wier; mar as it âld folk fen kant is, den wol ik neist dy sitte.” “Dat kin wol lokke,” andere sy him dêrop, en do gong it oan. Hy set de iene hân op syn kreupele skonk, en bigjint to fortellen, lyk as hjir to lêzen stiet.

“Wy hawwe ’ris in arbeider fen de Dockumer klaei by myn âlders hawn, dy alle jierren by ús kaem to sichtsjen, in bêsten pronten keardel! Dat dûrre wol tsjien jier efter ien, mar it lêste jier klage er ús heit syn need, det er mei syn húsgesin fen acht berntsjes fen arbeidzjen allinne net mear libje koe; hy frege ús heit om fjirtich goune jild; dêr scoe er in foech kampke terp to Westergeast for hiere, om ierdappels op to bouwen, en den scoe er ús heit earst tweintich koerfol ierdappels stjûre, dêr ús mem folle fen hâlde, en yn de winter scoe er ús de oare efterstallingen werom bitelje. Omdet it in man wier, dêr nin spyn oan wier, dy ús altyd earlik en trou tsjinne hie, sa waerd him dat jild dalik op in goed gelove ôf tateld. Mar de oare simmer liet er ús in brief troch de skoallemaster skriuwe, det er net komme koe om to sichtsjen, omdet er siik wier; mar it slimste wier, det er ek nin ierdappels kamen do de tiid om wier, det dy út de groun komme moasten. Do sei ús Rommert (dat altiid in bol-David wier): “Dêr ha we de Duvelderij al geande; ik tochte wol faek, dy fine snaek scil ús wol by it foetsje hawwe.” Dat sei er, omdet de man sneins flitich yn ’e bibel lies, dat syn menear net wier. Rommert tipte, keatte, ef koekslingere sneins ljeaver, mar Rommert wier tweintich jier, en Ynte al fyftich. “Dêr scil ik aeijen yn klopje!” rôp Rommert. “Ik smyt moarn it gat op ’e rún, en ryd nei dy keardel ta.” “Dêr scille wy net fen hawwe, man! sei ús heit, dou biste to balstjûrrich yn it oankommen, en to wreed om to moanjen; dêrby biste my ek to swier for dat jonge rúntsje. Lit Gabe dat dwaen; dy is lichter, en rom sa bislepen om mei minsken om to gean as dou; en dêrby mei Gabe ek wol ’ris fen de biezen; dy sit my dochs genôch: dat seit master Freark ek, dy hat in sprekwird, dat is:

_Dy al to folle sucht en sit, Op ’e stoel wol nei ’t grêf ta rit._”

[Yllustraasje: GABE OP ’E NOARGER-RÚN FOAR “DE HOUTEN ROMER”.]

Dêrom gong dy reis oan. Us mem joech my fiif inkelgounen, en in stik spek en brea mei op reis, mar ik treau yet fiif-en-tweintich goune âld skroarslean by my for de kweade ûre. Ik tochte der koe my ’ris in ongelok oerkomme, en dêrby it is sa mar yn de wrâld gelegen, in folle pong is in frijpas, dy de greatste gaudief for in earlik man trochgean lit, mar in lege pong is in lúsangel. Sa teach ik op reis mei ús noarger rúntsje, dy do op syn edelst wier; it gong ’er hird oer, en de wei wier nei de tiid fen it jier yet al skiklik, mar de loft hong eft er katten spije woe: gallich, kin ik jimme sizze. Ik kom oan in kroechje, dêr hong in greaten houten romer ta út: sa great wier it boppe-ein as in earnamer, fammen; en dy hong mei in swier keatting oan in lange spjirre, dy ta de gevel útstiek as in brebierstôk, en dêr stoe op: Een stuivertje maar, dan benje klaar.

Ik tochte, dat is in skoane mjitte for in stûr, en ik sei tsjin ’t âld wyfke, dat foar kaem: “Scoene jy my ek for in stûr jenever jaen kinne?” Dêr kaem dat wyfke oan mei in romer as de Tjeukemar, en by ongelok dreau it kikkertskroas ’er op; it sloof moast de sleat to bate nimme om in greate mjitte to jaen. Ik sei: “Hwet is dat wyfke?” “O, in lyts bledtsje fen de linebeam, dy lit jinwirch los.” “Kom, jaen it hynzer in bytsje wetter, en my in koaltsje fjûr.” “As ’t jo bljeaft, keapman!” Wylst ik dêr stoe to oanstekken, en to praten, kaem der in lang keardel oanrinnen mei blauspinalen hoazzen oan en in koarte spanbroek; in lange blauwe rôk hie er om, hy hie in hege hoed op, in kattestirt yn de nekke, en hy roun op lege spitse skoen; hy wier sa meager det er wol mei de keninen troch ’e tralies frette koe. “Goeyen avond!” sei de man tsjin ús, en hy hime as in ôfbeund hynzer. “Goeijen avend!” sei ik en it wyfke: “Wel man, hwet binne jy gysten en forbaesd!” “Ei ja, wat duwel! sei de man, ik loop my de bonken haest uut it lyf; ik hef in slagtbeest koft van Doede, dat suud fan daag slacht wudde; en al wie dat komt, Doede komt niet. Myn buurman de kuper suud er de helte fen hewwe; die is al soo heislike kwaad. ’t Is om tureluursch te wudden. Ik bin soo flau as in beest; ik hef by myn nicht te Aalsom al twie pekelhearingen der in slagen. Frou, geef my in glas bier!” “As ’t jo bljeaft!” en even rimpen as de man, tapet se him yn in glês, dêr in dea mûs yn laei. Sûnder wilens slacht de man dat glês bier mei de mûs der yn nei binnen ta. Earst waerd er bont en blau om ’e holle; mar hy kokhalze hwette, en do rekke de mûs ’er troch. Ik hie dy mûs wol sjoen, mar ik tochte, dêr scil dy stedman wol foar opstrûpe. Dea-binaud wier dy man! Ik sloech him sêft op ’e rêchbonke, en sei: “Man, jy drinke to stjelpich.” “Né, rôp it wyfke, der laei in bytsje kien op it bier, dêr is de man yn forsketten.” “Poepeldery! rôp de man, ik weet wel wat it weest is, die duwelsche brouwers te Dockum! ik ken se wel, want ik bin sels in Dockummer, die suwere hoor bier niet goed fan de hop, it is in hopblaatsje weest, dat my inne hals seten het.” Sa moast it wêze, sei it wyfke, en sa koe de man mei syn deade mûs en twa pikelhearringen yn de mage wer fierder reisgje.

Nei ’t ik my wize litten hie hwer Ynte wenne, ried ik nei de man ta. Ik hie al fen it wyfke heard, det dy ljue danich yn omslach sieten, mar ho bisaude ik, do ik yn dy wenning ynstoep. Seis earme berntsjes sieten om de hird, heal neaken. It wiif, dy just de goarre trochstien hie, siet mei in tekken om, en hie nin lust om op to sjen. Einlinge waerd de bêdsdoar iepene en dêr seach Ynte ta út. Syn ynfallene eagen boarstten de trienen ta út.

“Biste dêr, Gabe! sei de man snikjende: Ik bin bliid, det ik dy sjoch, en kel derby; ik wit dyn boadskip foarôf; dou biste altyd in minske west, Gabe, en mear as in minske, dou wierste in minskefrjeon; mar as men jild oan de minsken skildich is, den binne ’t nin minsken mear, mar divels.” Dêr stoe ik nou: it roun my iiskâld troch al myn lea; it meilijen oermastere my sa, det my de wetterlanders oerrounen. Ik koe myn triennen net ynhâlde, en nin wird útsprekke. Mar ik spriek ynwindich tsjin my sels: Scilstou, Gabe Skroar, noch in minske wêze, ef in divel? en ik tochte oan de wirden fen mynhear van Haren:

_Hoe velen is nog min geluk beschoren, Die d’ysren armoe fel met scherpe tanden byt, Die nacht en dag het kermen horen, Van ’t teder kind dat honger lijdt! Heeft d’ aarde dan geen voedzel voor ons allen?_

[Yllustraasje: GABE YN ’E WENTE FEN YNTE.]

En ik sei tsjin my sels: “Né, Gabe! dou scilste in minske wêze; hwent dou kinste hjir mear wêze as in minske; dou kinste in Ingel wêze.” Ynte forhelle my do, det syn wiif en hy tagelyk siik wirden wierne, en det er al syn jild formastere hie, en det syn ierdappels fortribele wierne troch de droechte; hy hie de bysitter ek al oanwest om ûnderhâld, en dy hie bilove det ’er yn foarsjoen wirde scoe; mar mei det nou de hazzejacht ynfallen wier, hie de man it glêd forgetten, en it wier by biloven bleaun; en mei det er de hele simmer fen de baen west hie, sa wier fen de heawinninge ek net komd; hy hie oars fjouwer aerdige kijkes stean, dy him yet al troch de winter slepe koene, en nou scoe er dêr twa fen forkeapje moatte. “Och, Gabe, suchtte de man, as goede minsken my net bysteane, den moat ik dizze winter mei myn earme berntsjes omkomme: ik kin net betterje fen swierichheit, ik lit earmen en skonken hingje, en wachtsje myn lot hjir boppe wei: wistou ek rie, Gabe?” Nou tochte ik by my sels: Dy man kinste helpe aste wolste, en aste dy man fen dizze winter mei syn earm húsgesin omkomme litste, dat hastou for dyn rekkening, en it scil dy ivich as in stien op dyn gewisse lizze. Ik wol ljeaver de lêste stûr weijaen as onbarmhertich wêze, tocht ik. “Ja, Ynte, sei ik, ik kin jo helpe, ik wol jo helpe, en ik scil jo helpe; mar net prate fen hânnen en foetten hingje to litten, om as in bult fodden foar ’e wyn ôf to driuwen, hwent dy komme onaris op in rúchskerne ef yn de jarredobbe to lânne, frjeon! Jy hawwe fjouwer bisten, en mar for twa hea; wol nou, ik haw in moai klibke hea to Skraerd sitten; dat haw ik yn it foarjier yn in boelgûd koft. Stjûr jins broer mei syn pream mei tweintich koerfol Westergeaster ierdappels for ús mem: den is dy ek to frede, en lit him den dat hea fen Skraerd helje en bringe dat oan jo; den hawwe jou bisten fretten. Dêr hawwe jy foarearst yette twa trijegounen om jo hwet út de earste need to helpen, en as je dêr dy feare kou útmolken hawwe, dy dêr stiet, den stjûr hjar ús wer; wy moatte takommene jier dochs in weidkou hawwe. As jy den it gelok hawwe, det je wer opfleurje, den kinne jy werkomme to sichtsjen, en sa kin de rekkening wer goed komme. En nou scil ik yette in goe’ wird dwaen for jo by de master, dy oer jo giet.” “O, Gabe! rôp de man, ik hoef nin medicinen mear; ik kin wol betterje fen blydskip.”

“Dat haste ’ris gnap makke, sei syn omke. Gnap, gnap!” rôpen se allegearre troch de hele skoalle. “Net al to gnap, andere Gabe; hwent as frij feint hie ik him alles skinke en forearje moatten, mar om de hele winter it gejeuzel fen ús Rommert net to hearren, woe en doarst ik it net dwaen.”

Ien fen de fammen, dy hwette weak fen aerd wier, en dy op it hearren fen de earmoede en ellinde fen Ynte soms al djippe suchten litten hie, frege hastich oan Gabe: “en ho is it tonei mei Ynte gien, dy earme stakker?” Opperbêst faem, sei Gabe; hy is opfleure, en hy hat yette twa simmers by ús sichte, en hy is yn ’t forfolch yet in wolsteld boer wirden op in nuvere menear.

Hy hie in ryk omke yn de Trynwâlden wenjen, dy nin bern hie, mar hy mocht Ynte net lije, omdet er him de wierheit wol ’ris opsei oer syn goarjen. Dêrom hie Ynte noait tocht, det er dêr in stûr fen erve scoe, mar dy man wier lyk as de measte gjirrige rike ljue, freeslike bang for de dea, en hy woe net testamintsje, omdet er miende, det it mês den for him klear laei. Mar do oerfoel de man mei de seine him onfoarsjoens, en it libben gong ’er út wylst er in leppelfol brij yn scoe; en sa waerd Ynte yn syn steed boer to Moarmelswâlde, dêr ik forline jier by him út-fen-hûze haw; en nou jowt er my altyd de bynamme fen bysitter; “Hwent bysitter scoe yn myn need foarsjen, seit er, en dou haste it dien.” Mar gjin minske licht dêrom de hoed for my, al binn’ ’t ek noch sokke greate eagentsjinners.” Master, dy de prûk al min ef mear op ’e side bigoun to krûpen sei: “Hawar, Gabe! priuw ’ris mei my; dou kinste prate as in pastoar; mar dat fen dy keardel mei de mûs yn it bier, dat roun der by troch, maet.” Hwerop Gabe sei: “’t Is wier, master; mar it wier in hele reis alleheel en al tichte by Bolswert wei nei de Dockumer klaei ta; dêrom pleistere ik efkes, en omdet ik bang wier, det it jimme ek sa gean scoe, nou pleistere ik ek ’ris mei myn forteltsje; en dêrby, dy in strou om in aei, en in forteltsje om ien lyts flouke bidjert, dy is net felle wiis. Mar, master, det er greate dingen troch in lyts kielgat gean kinne, dat hat in neef fen my ’ris ûnderfoun: dat wier in kofskipper, in lichtmis fen in keardel, dy gâns âlders erf hie, dy dêrby forskate oanstjerten krige, en yn it bigjin heel gelokkich op sé wier: dy brocht it sa fier, det er mei in gnappe koffe mei in lading Rigaske balken to Amsterdam kaem. Dêr forkeapet er skip en lading, en jowt him oan it rintenieren, mar syn lichte sinnen fordwaelden yn dy greate bûrren. Hy rekket oan it swieren en slampampjen, en hy lapet ’er syn hele boel yn koarte jierren troch.

Do er mar in stûr mannich mear yn de bûse hie, do gong er nei in dokter ef master ta; dy frege er eft er him ’ris yn de kiel sjen woe, hy scoe wol in splinter yn de kiel hawwe, tocht him. “Een splinter in de keel, man? spriek master, Daar heb ik nooit van gehoord, maar wel in de handen.” “It moat dochs sa wêze, sei myn neef, sjen der mar yn op.” De master seach him yn de kiel, mar hy seach neat. “Den moatte jy it yet ’ris tige bisjen, sei er, en de master drukte him de tonge mei in plat izer del. Mar de master sei: “Ik zie niets, volstrekt niets; maar hoe is het mogelijk, dat je op dat denkbeeld komt, vriendje?” “Wol, mynhear, spriek myn neef do, dêr is in koffe fen njoggentich lêst mei in lading Rigaske balken der yn mei seil en treil trochflein, en nou liket it my nuver ta, det er net ien lyts splinterke fen hingjen bleaun is. “Ja, vriesje, sei de master, ik geloof, dat het je begint te reutelen; loop naar het buitengasthuis bij de gekken; daar hoor je te huis, maar niet bij mij.” En dêr hie de master dochs ongelyk yn; by de gekken hearde neef net, mar by de swiften en doognetten op in oarlochskip. Myn neef hie wirk it laitsjen yn to hâlden; hy roun hird ta de doar út, en hy forronsele him nei Eastynje. Dêr libbet er nou yette as siketreaster op it eilân Ambon; hwent hy kin sa de man wol, den út it Hegelied, en den wer út Jeremias.” “Dat is ek in biis west, Gabe; gjin hier better as dou,” rôpen se de hele skoalle troch. “Nou, dat is ta dêroan ta, mar ik forhelje hwet ik wit, en mear kin ik net; en dy dat ek wol is in gek. Mar ik scil nou mar fen Ynte Sapes ôfstappe; dy man wier nou bisoarge. Mar nou moast ik ûnder tek; hwent by dy earme minsken koe ik net bliuwe, en dêrby woe ik Ynte syn master sprekke. Ik ried nei in doarp dêr tichte by; ik seach in âld weardshús, en dêr hinge in boerd út dêr hwette op stie; mar dat wier forwettere troch waer en wyn, det ’er neat mear fen to biskieden wier, as oan de iene side in kattekop, mei in healfearntsjekantsje oan de oare kant fen it boerd. Tonei forstoe ik fen de kastelein, det ’er op stien hie, oan de kat syn kant:

De katten branden zich aan brij.

en oan de oare side:

De menschen branden zich aan mij.

Ik sprong fen it rúntsje en rôp: folk! Dêr komt de kastelein oan, in great keardel mei in wyt kyltsje oan, op houten klompen en mei in great swart rûge mûtse op; hy brocht myn rúntsje op ’e stâl, en dêr skrobbe ik de foetten ôf. “De diker! sei de man, dat is in rúntsje as in jifferke yn ’t flewiel; in edel ding! Nou, it liket my ek ta, det in goed hynzer jo wol past; dat stylwirk stiet der al hwette strampelich by mei jo.” Sjê, dêr moast ik my dalik myn kreupelheit al forwite litte. “Mar, kastelein; sei ik, kin myn hynzer it hjir goed hawwe?” “Jy hawwe nearne mear nei om to sjen, hwent ik hâld mear fen in jong hynzer as fen in âld wiif; ja, sels al wier it in jong frouminske, den moast hja der yette al moai by wêze, scil ik ’er mear fen hâlde. Gean jy mar nei de keamer ta.” Ik traepje de holle stiennen gong lâns, mar do ik just by de keamersdoar kaem dêr hear ik in frouminske forheftich roppen: “Aste der yn komste, den hou ik dy mei de bile foar de kop!” en ik as de blits dêrop wer nei de stâl ta nei de kastelein. “Ho nou! sei dy, dooch it dêr net better, det je sa gau werom komme?” en ik forhelle him de set. “Dat klinkt nuver, sei de man; den moat ik ’ris mei,” en do waerd ús ’t ding klearder. Dy hospes dêr dy wier ek skjippeslachter; hy hotte just syn bile do ik mei it hynzer foar de doar kaem, en do lei er de bile op ’e tafel om my to rêdden; it wiif siet to smoarranen, en dêr stoe in pôt met rie snien smoar ûnder de tafel en dêr woe in lyts mophountsje fen frette, en dêrop wierne dy wirden fallen, krekt do ik de klink fen de doar yn de hân krije scoe. Do ik yn de hoeke siet, easke ik koffy om to bikommen, en do bigoun it wyfke to kleijen, det de koffy sa yn de mounle omdwarle: sa sei se: “Onwaer krije wy wis; hark’ris, hwet kreaket it úthingboerd, en de kat hat hjoeddeis al sa yn de beam opflein. Dêrmei komt de kastelein, en dy frege my al dalik: Hwer is jins pas, jong feint? it bistjûr nedicht ús ’er ta om it to freegjen.” Ik liet him de pong sjen. “Goed, sei de hospes, dy bringt dy troch alle lânnen; ja, troch it fagefjûr en de hel.” Ik tochte, dou biste in nuveren kastelein; en do forhelle ik him dalik hwer ik fen dinne kaem, en hwet myn reis wier: hwent ik seach wol, det it in man wier, dy my wol paste: en do sei er ek: “Nou, it is goed; ik wit nou hwa ik ûnder myn pannen hab: dou moaste dy nou mar nei wenjen sette; dou scilste it hawwe as in soan oan hûs.” Hy joech my in âld jas oan, in blauwe sliepmûtse op, en in pear âlde útdroege toffels mei skjippebloed ’er op oan de foetten, en sei: “Hawar, dêr haste in lang piip.” Mar de piip wier net klear, en ik sûgde en helle, en it holp net. Do joech de kastelein my in nijen ien, en sei: “Hawar, heite; dêr is in oaren, mar ik ried dy om takomme jier ’ris nei Boarnwerder merke to riden, om in nije sûchlape; dy wirde dêr forkoft.” Ik sei: “Is der op sa’n lyts doarpke yet in merke?” “Wel ja, man; wiste dat net? sei de kastelein. Dêr is foar jierren, do ik yet in jonge wier in mirakel bard, dêr alleman him oer bisauwe moast. Der wier in âld soldaet fen ’t regiment Oranje-Friesland, dy to Dockum wenne, en dy in houten skonk hie; dy, omdet de man fen syn pensioen net libje koe, him mei swevelstôk-meitsjen en pluchsnijen genearje moast. Dêr koe er yette net fen bistean, ef hy moast it flearhout, dêr de man syn pluggen fen snie, der by kape; hy hompele by jountiid ta de stêd fen Dockum út nei Boarnwerd ta, en dêr seage de man in great fleartûke fen in boerehieminge ôf, mar hy waerd bitrapt en dalik mei fleartûke en al yn de toer set. De moarnsier, nei det er goed útslept wier op in gruze mannich strie, waerd er út de toer litten, en dalik foar de doarpsrjuchter brocht, en dy frege him, hwet er foar hie? “Wel, sei de man, ik wiste det it moarn Boarnwerder merke wier, en nou woe ik de ljue hjir ’ris to fiter hawwe, en sette dizze maibeam op ’e toer.” “Dou dy maibeam hjir op ’e toer sette? Dêr forsjen ik in goune op.” “Jaen my de goune mar, as de maibeam net op ’e toer komt, sa set my der den mar wer ûnder.” Hy kriget de goune op hân, en kladdere mei fleartûke en al yn de toer op, en do er boppe op ’e nael fen de toer kaem, do boun er syn sek mei pluggen op ’e rêch, en dêr in great bosk swevelstokken boppe oerhinne, en do gong er skonkjeoer op ’e fleartûke sitten. Do lichtte de man syn hoed, en hy sei: “Ik tankje de boargers fen Boarnwerd for de húsfestinge en it reispenningske.” En sa fleach er nei Dockum ta by syn âld wiif wer foar de doar.” “Nou, sei de kasteleinske, aste noait leagen haste den dochste it nou.” Jouke gnyske sa hwet, mar ik sei dêrop: “Sêft, sêft, wyfke, rin net to fier, en smyt alles net fen jo; it kin nuver; der binne rare minsken yn de wrâld. Der hat yn ’t jier 1503 ’ris in âld wiif west to Allingawier by de Makkumer mar, dy hiette Houkje; dy hie in jong gnap keardel troud, mar dy op in swarte namme laei, dy it oars skoan dwaen koene: boerkjen en fiskjen wier hjar wirk, mar Houkjen-moi ginde nin minske hwette as hjar sels; hja jage hjar Jakle mar nei it lân ta, en siet sels mar yn de hirdsherne to spinnen, en iet en dronk fen it allerswietste en bêste iten en drinken, en as de man den út it fjild kaem, den koe er nei de sûpmogge ef nei de waiboaits rinne, en ite dêr syn droege brogge by op. Op in jountyd komt er wakker forklomme oer iis fen Makkum ôf; der wier nin fjûr op ’e hird, nin lampe opstitsen, sa siet se as in flearmûs yn de skimering troch it finster to mikerjen en to spinnen, hwent dat koe se by de fiel dwaen. Hy sei, goejoun, mar hy krige mar kwalik in goe’ wird werom. “Haste wer neat klear? hwet bin ik in ongelokkich minske; ik bodzje de hele lange dei, en dou tinkste mear om dyn spinwiele as om my. Jaen my dochs hwet waerms.” Do sei dy fekke: “Men scoe ’t sizze! kinste dyn sûpkop net by it hirdtsje sette? Den haste hwette waerms: dou kinste dy altyd wol rêdde, dwaen it nou ek mar, ik moat oan myn wirk bliuwe. Fea, sa’n omslach, en dat by ontiden, men scoe ljeaver by de hoanne op ’e toer wenje, as by sa’n keardel astou ien biste. “Dêr kinste wol komme, sei Jakle mei in driigjend lûd, en aste wolste, joun yette.” En sy spitich en skeetsk: “Dat scoe ik wol ’ris sjen wolle fen sa’n ierdmantsje.” “It scil dalik oangean, sei hy, en hy smit syn wiif mei de spinwiele en in bindel flaeks yn de kroade, en kroadet hjar by de toer fen Exmorra op. Hy plantte hjar en de spinwiele op de toer, en sei: “Dêr sitte nou twa húsdîvels; spin nou dêr dyn tried for it ivige libben wei, âlde tsjoenster.” “O Jakle, dy tried scil dy yette sauntich jier nei dyn dea pleagje!” rôp Houkje him efternei. “Sauntich jier! tocht er, Sauntich jier! Ja wol, âlde iegewiege; dou biste yet net heal fordroege op ’e Exmoarster toer, ef ik haw in ljeaf jong frouminske by my op bêd. Fries dêr út op dy âlde toer! fortoarje! forronfelje en forskronfelje! En dou âlde trouwe noardeastewyn, strui hjar mei spinwiele en flaeks as yeske oer de mar, en sa nei de sé de Fryske wrâld út. Lit se spiele en driuwe tsjin de klippen fen Yslân oan; hwent ik haw myn nocht fen dy âlde têst.” Jakle kaem wer fen de toer ôf en brocht syn kroade thús, en gong op bêd lizzen en slepte; mar Houkjemoi waerd de oare deis dea op it tsjerkhôf foun mei de spinwiele neist hjar. It sizzen gong, det dat sloof nei in nift fen hjar út to spinnen en út to joun-praten scoe, lyk as do menear wier, en det se hjar fen de kjeld bijown hie, lyk as mear bard is yn hirde winters. Houkje waerd bigraven, en Jakle troude ytlike wiken dêrnei in jong wyfke, dêr er frij goed mei libbe, mar hy gong dochs ivich mei de kweade om. Op in jountiid, ek al yn de wintertiid, siet er allinne yn syn fjûrherne to netbreidzjen, en dêr komt ús maet oan mei syn hynstepoat, en dy seit: “Joun, Jakle!” “Joun, mynhear! seit Jakle. Hwet wier der fen jins bijeartme.” “Wel, sei Joast dêrop, ik haw hjoed in forkeard miel hawn; ik haw earst in Domenij briede litten, mar dy wier my to meager; do in Docter yn de medicinen, en dy stonk my to folle nei rhubarber en knyflok; do pakte ik in Abbekaet oan, mar dy wier my ek to bienbitich, en om dy de wierheit to sizzen, ik wist net eft ik fisk ef flêsk foar hie; do krige ik in boer foar it mês, mar dy wier my ek to laf; en nou kom ik by dy om in soad fisk.” “Goed, mynhear, sei Jakle; it kin lokke.” En hja gongen mei eltsoar op de mar, dêr Jakle bitten kapt hie, en dêr fiske er mei setangels. It earste bit it bêste sei Jakle al: “Dy strampel is ôfroun: hjir scil wol ien oansitte.” Hy niicht him foaroer om de snoek ’er ôf to krijen, mar syn tiid wier om: de kweade man briek him de nekke en treau him ûnder it iis, en tonei hat er wol tachtich jier dêr op ’e wâl omspoeke, krekt sa lang as de lêste tried fen al ’t webdoek, dat syn Houk him oanret hie, forsliten wier, en dêrom wirdt it dêr yet altyd neamd fen Jackleset.”

“Fij, Gabe! rôpne alle fammen yn de skoalle, hâld dêr fen op; dat is ôfgriselik.” “It is ek krekt út, fammen, en de kasteleinske praette krekt as jimme, mar master skynt it net to grizen; dy hat it fel al oer ’e eagen.” En do laken se allegearre. Mar de kastelein lichte syn rûge mûtse, en sei: “Dou hast it woun, Gabe heite, fier woun; dou kenste mear, en ik scil dy moarn wer op de tekst bringe, mar dou biste nou sliep nedich; ik scil dy op bêd bringe. Wy hawwe joun in oansit, en as dat den hwette lûdroftich wirk waerd, den koeste soms net yn de sliep komme.” Wy gongen mei eltsoar in âld rammelich treppen op, en do brocht er my op in âld hol keamer, dêr neat op stoe as in swier langwerpich tafel mei draeide poaten, ien dêr wol in okse op slachte wirde koe sûnder to brekken. “Dit hat alear in weerhuis west, sei de kastelein; dêr is dyn bêd, Gabe, en as it gefal wol, detste moarn to ier wekker biste, en it fortret dy op bêd, gean den yn de jachtweide; dêr stiet in sjoeltafel, en dêr hinget in ringheakking; formeitsje dy dêr mei.” “Ik tankje, kastelein,” sei ik. Ik tommele yn it fjouwerkant, en slepte as in roas yn ien sé oan lân, krekt as in minske dy nin geweten hat. Ik waerd wekker in ûre foar tsjerketiid: hwent it wier krekt snein. En ik roun út nijsgjirrichheit ek al nei tsjerke ta, lyk as de measte minsken dwane, dy fen ôfkomste ef gewente der ek al hinne traepje. Op oanrieden fen myn kastelein gong ik ’er tweintich minuten letter hinne as it oare folk. “Ik bigryp it is dy om de woartels to dwaen, en it lof laeit dy net oan gelegen: it gebet, sei er, is altyd it selde sont fiif-en-tweintich jier, det de man hjir stiet as domenij: it dûrret sa hwet tsjien minuten foar it sjongen en oare byspillen. Meitsje nou dyn rekkening.”[45] Krekt do ik yn de tsjerke kaem, do kondige de man de tekst ôf, en dy wier, det it makliker gean scoe, det der in kemel troch de oes fen in niddel gong, as det der in rike yn de himel kaem. Do er de tekst forklearje scoe, do rôp er: “Geliefde toehoorders, gij allen weet wat een naald en het oog van de naald beduidt; gij weet ook wat een kemel of kameel beduidt, maar hier op deze plaats wordt niet een groote, levendige, gebochelde kameel beduid, maar een fijn draadje van kemelshair. Begrijpt ge het nu?” Ik lake al yn myn fûst, mar ik tochte, ik scil en wol dy preek dochs úthearre. Dat preekjen wier allegearre al in nuveren biddeltekken, mar ik haw ’er mar in bytsje mear fen heard. Hwent it dûrre mar in eagenblik, do kaem der in freeslyk geraes en gemoart ûnder de frouljuestoellen. De frouljue spattene oerein; de stoven rekken om, en de yeske stau oer de tsjerke, en de domenij hâldde op fen preekjen; en dêrmei kaem in lyts parmantich keardeltsje mei in houwer op side en in stôk yn de hân by de tsjerke-doar wei, en dy rôp je fen fierren al: “Hâld faesje, domenij! de houn scil der út al wier er fen de divel.” En nou, kin ’k jimme sizze, waerd it my to mâl, en ik roun yette hirder ta de tsjerke út as de houn; de biisjager siet my net efternei, mar it laeitsjen. Do ik sa gau werom kaem rôp de kastelein fen fierren al: “Hwet nou? biste nou al út de leare?” Ik forhelle him de grap en hy lake mei my, mar do ik him de tekstforklearringe forhelle, do fleach him it bloed yn de eagen, en hy sei sa forheftich as er koe: “Nou hat den donder him sels skjinmeitsje wollen. Ik bigryp him wol, heel wol. Domenij hat lânnen en grounen; hy wennet mei in âld faem allinne; hy jowt nin duit oan de earme minsken, en libbet sa earmhertich det it in skande is. Hy yt soms grouwe earten mei lang sop, en den lit er dy âld faem it sop for koffy opdrinke; hy kriget soms wol ’ris in stik mest kealle-flêsk, ef in poepeskinke út de stêd, mar dy wirdt dalik op ’e studearkeamer efter it slot set: mar oars komt der noait nin winterflêsk yn hûs: mar as der folle hearringen komme, den wirdt de skoarstien sa fol hearringen hinge, det de reek der mar amper troch kin, en dy hinget er sa heech, det gjin minske der sûnder ljedde by komme kin; en dy ljedde berget er yette op ’e studearkeamer, dy ivich op it slot sit; hwent dat is egentlik in provisiekeamer, dêr al syn lekker iten en reade wyn op bisletten sit. Lyk aste sjochste, Gabe,” sei er, “hy wennet midden yn de klaei, en hy slacht dochs winters neat as wâld-ierdappels op, en den sit er de hele joun mei in pear greate klompen mei hea der yn, en foetsokken fen sâltsekken oan, by in lyts fjûr, om dy wâldierdappels om it hirdtsje to brieden; en dêr ite syn âld faem en hy den elts in hearring ta: mar as er net genôch nei syn sin kriget, den giet er tonei ’ris eventsjes nei syn studearkeamer, net om preken to meitsjen, mar om de lege hoekjes fen syn mage oan to follen, wylst de âld faem by my ef in oar rint om in stik brea op to skoaijen, dat earm sloof!” Do sei ik: “Den ha jy as slachter ek net folle oan de man?” “Ei man, sa goed as neat, sei Jouke; forline hjerst do slachtte ik in âld baerch; nou, it spek doarst er net fen keapje, mar it ôffal, lyk kop, poaten en de stirt, dat wier hearlik, tocht him, op ’e winter by syn koalrapen; hwent men moat him de eare neijaen, det der nearne better koalrapen forboud wirde as by him; as syn preken ek sa goed wierne den wier er al lang prefester west.” “En ho gong dat mei dat barge-gûd, Jouke?” “Dat waerd yn it sâlt set,” sei Jouke, “mar hy hâldde der in barge-ear út; en dêr hawwe hy en de âld faem trije kear fen iten. De earste kear is ’er sop fen sean, de twade kear hawwe se it bûtenste swaerd en it bytsje spek, dat ’er op siet, by de ierdappels opiten, en de tredde kear moast de âld faem it knarsbien mei sipels opsnorkje, en meitsje der in krouske fen om jouns by de brette ierdappels op to smullen. Ja, Gabe, hy is sa heidenske gjirrich en oerginstich, det er nin miet fen is. Forline jier miende er einlinge det er forroppen wirde scoe, en do helle er de greate beane wer ta de groun út, dy al útroun wierne, en dy liet er syn âlde faem siede, sa bang wier er, det syn opfolger dêr de frucht fen rispe scoe. Okkerdeis is syn mem stoarn, dat minske wenne oan de Harnzer kant; dat sloof hat lang omtierme foar det se ta stjerren komme koe. As er der den ’ris hinne reisge om hjar to bisiikjen, den koe ik, as er werom kaem, bynei altyd wol riede, ho it mei de patient gong: hwent as er bidrukt werom kaem, den wier it hwette better, mar as er forkearde tafallen west wierne, den wier er fleurich: sa langhalze er nei it jild fen it minske, dêr de man dochs noait nin gebrûk fen nimme doar, en dat him earder minder as better makke hat. Mar einlinge, do it minske ’er útskaette, moast hy de leedbrieven skriuwe. Dat papier en dat lak like him to bigreatsjen, en nou naem er fen de Dockumer skipper fen eltse brief in dûbelstûr; dat hjitte útsketten jild. Dat wier fyn, net Gabe? Mar bigrypste nou wol, hwerom det er dy forgelikenis fen de kemel en it oes fen in niddel oars forklearje wol as in oar?”

[Yllustraasje: GABE FOAR DE SJOELBAK.]

“Nou, seine de ljue yn de skoalle, den hawwe wy in oar Domenij. Dy praet net allinne, mar hy docht.” “My tocht, wy moasten de gesontheit mar ’ris drinke fen Domenij en pastoarke,” sei Gabe. “Den moaste ek ’ris rêste, heite,” sei omke. Dat diene se, en do bigoun Gabe wer. Do dit forteltsje fen Jouke-kastelein út wier, do bigoun it to reinen. “Hwet hear ik dêr? sei ik, rein, Jouke?” “Ja wis, rein; reine moat it hjoed as de sé: dêr hat de loft krekt nei stien.” “Dat moeit my: ik woe ljeaver, det it sa net wier.” “Hear i’s, Gabe,” sei de hospes, “dou moaste mar tinke as it wiif alear to Dockum. Dy hjar man waerd ophinge, omdet er it der nei makke hie; dat wiif sei: It is altyd moai waer: reint it, den groeije myn koalplanten, en droeget it, den droeget myn man oan de galge.” “Ja, mar ik woe graech joun yette to Ljouwert weze.” De man sei: “Dou moaste op in snein net reisgje, Gabe; dou kinste ek net mei sa’n waer.” “Ik haw it al sein, sei de kasteleinske, det it waer foroarje woe. De kat fleach sa yn de beam op, en de koffy dwarle yn de mounle om.” “Ja, sei Jouke, ja, moeije, en de houn friet gêrs; mar dou bliuwste hjir, Gabe. Ik krij hjir joun in geselskip, dêr kinste dy genôch mei formeitsje, mear as to Ljouwert: en dêrby aste mar mei dei foart-tsjochste, den kinste mei dyn flugge rún yn ien dei bêst oer, en dêrby rint in hynzer altyd hwette luftiger as it op hûs oan giet, as det it der fen dinne giet.” En wy ieten en dronken, en spilen op it sjoelboerd; wy smieten nei de ring, en sa roun dy dei oan de joun ta to’n ein: en do roun ik by de kastelein yn de stâl, dêr myn rúntsje ôffoerre waerd.

Do ik dêr wier, sei myn húsbaes Jouke: “Hear ’ris, Gabe; ik haw jisterjoun oan dy fornimd detste masterlik ien stâlle en opsnije kinste. Wiste ek in forteltsje fen Dockum?” “In gnappen, Jouke, sa gnap as jy noait ien heard hawwe, hospesom. Mar hwet woll’ jy dêr mei útfiere?” “Wel, heite, wy hawwe hjir in ontfanger yn it doarp; in ryk man, dy ek sa hwette fetweider is, en dy hjir gânsk de brette hoanne spilet, en dy folle ljuwe foar eagen hâlde moatte, omdet er hjar de foet dwers sette kin. It is in Dockumer fen geboarte, en dy smyt wakker mei syn geleardheit om; en omdet hy folle lêst en ik neat, sa set er my alle jounen sa faek as er hjir komt oer staech. Dy kinste noait better genêze as detste op Dockum smeulste. Dou moaste dy earst mar simpel hâlde; ik scil dy wol stevigje.” Sa sein, sa dien; de jouns om fiven en seizen kamen der al forskate healútlibbe âlde boeren op toffels oandribbeljen om in sûpke. Aftersteekjes hiene se op, sarjes rokjes oan, en inkelde hiene blokjes oan de piip, en stopjernen prûken op. Einlinge komt ontfanger ek, in steil en parmantich Dockumer, mei in hege hoed op, in lange blauwe rôk oan mei in freeslik tsjokke wite kropdas om; koartom in man nei de mode fen syn tiid klaeid. Hy naem dalik de hoeke yn, en hie ek dalik it heechste wird. Dy âlde stakkers, dy mei him yn de rige sieten, diene it swijen der ta, as ontfanger praette, omdet se neat wisten, en al wisten se al hwette, den doarsten se yette net. Hja wierne âlde Friezen, dy foart alles net seine hwet se wisten. As er hjar hwet frege, den seine se mar: ’t Is sa, ontfanger. En dat bloes de man den yette mear op. Ik hie de hoed yn de eagen litsen, en siet mei de toffels oan yn de hoeke op in âld briedstoel mei in holle matte der yn, en dêr hong ik sa sleau hinne, eft ik heal nôch wier, mei de holle op ’e side, wylst my de flibe ta de hoeke fen ’e mûle útroun. “Wie is die persoon, Jouke?” sei de ontfanger al gau. “O, dat is in feint, dy is hjir jister to peerde komd, en dy om de felle rein hjir hjoed hingjen bleaun is; ’t is in skroar, seit er, ontfanger.” “In schroor, in die te peerte hier? dat lijkt ook raar.” “Ja, mar it is in nuveren feint; it is in gelearde skroar, dat siz ik jo. Hy hat hjir nou in etmiel west, mar ik wit net hwet ik oan dy feint haw.” Geleerde? een geleerd lapschroor? Maar wat bij een slachter geleerd is, dat is het daarom niet bij mij.” “Krekt sa! Krekt sa!” rôpen al dy âlde boeren. Nou bigoun ontfanger to brimmen, en mei de stoel to skikken, en op it lêst flapte er forheftich mei de bierkanne, det ik kwanskwys wekker waerd, en in pear forbaesde eagen opsloech. En nei de gewoane praetsjes foel de man dalik oer my hinne mei alderhanne praetsjes en fragen. Einlinge frege er my, eft ik ek Latyn forstoe. “Al sa min sa mear, ontfanger,” sei ik dêrop. “Nu, lees dan is op, heer snijder!” sei er spytgniizjende, wylst er de âld boer, dy neist him siet, mei de earmtakke oanhompte. En dêrop sei ik mei in kleare stimme:[46]

“Integer vitae, Mem, hwet scille wy ite? Scelerisque purus, Al hwet op it fjûr is. Non eget Mauri Sûpen-brij mei groat ’er by Pharetra sagittis. As it net to hjit is.”

“Ha! ha! domme kinkel! wie heeft u gezegd, dat dat Latijn is? Het is Latijn in boersch.” “Wel, mynhear, dy it my leard hat, dy hat it my sein, sei ik dêr boppe oer hinne. Mar wit jy it út jo sels, det jou Latyn better is as mines, mynhear?” Koartom, dat Latyn hie ontfanger net foldien, en hy hie er sels de gek mei. En do frege er my, eft ik ek Gryksk forstoe? en ik sei dalik: “Sa goed as de bêste skroar fen Dockum.” “Laat eens hooren,” sei de man heel permantich, en do bigoun ik fen degen oan:

“Liepai kâi skriers-ai Tjirk-ai kai grieneskyl ein-ai.”

“Ha! ha! allemaal eijers! Hoe komme de minschen er bij om jou dat voor Grieksch te verkoopen? Ben je zot, kareltje? daar is maar één Grieksch woord in, en dat is het woordje kâi dat en beteekent.” Ik sei: “Mis, ontfanger! Us Domenij sei, dat einai it twade is, en dat bitekent zijn. En jy hawwe my niis frege, eft ik sot wier; mar ik freegje jo, mynhear; eft it net gek is, det in skroar Gryksk leare scoe. Forsteane de Dockumer skroarren dat? Ik haw oars wol sizzen heard, det dy nin goed krús yn de broek sette koene.” En dêr waerd ontfanger al stikelich oer; hwent hy koe gjin kwea fen Dockum hearre. Einlinge smiet de hospes der in kneppel yn, en dy sei: “Gjin gehaspel mear oer Gryksk en Latyn. Hwent dy dêr fen it measte forsteane, dêr wirdt men onaris it measte mei bidragen. To, Gabe heite; dou haste jister-joun bitoand, detste mastereftich forhelje kinste. Dwaen dat ljeaver ’ris as al dat gehakketak yn eltsoarren om.” “Ik geloof, spriek ontfanger, dat het ook beter met syn boeretrant en verstand overeenkomen zal.” “Nou, sei ik, den scil ik jimme ’ris fen in nuvere grap forhelje, dy yn âlde tiden yn de stêd fen Dockum bard is; it liket raer, mar as ik leach, leach ik yn commisje, hwent ik haw it út in âld boek lêzen.” “Van Dockum? Kom, dat mag ik hoore, sei ontfanger, dat is mijn geboorteplaats.” “Soa, sei ik, it scil de kasteleinske ek better foldwaen as dat fen Jakkele en Houkje.” “O ja, Gabe, dat wier aeklik,” sei se. Mar it kaem dochs oars út; it foldie hjar net, frjeonen; en do bigoun ik dit forteltsje.

“It is bard yn ’t jier 1623, det in skipper mei in lading hout út Noarwegen kaem, en op Iezumersyl binnen roun. Dy skipper hie for in aerdichheit ytlike libbene kreeften yn in koer meibrocht for syn keapman, dy to Ljouwert wenne; dy droech er by jountyd, det it al tsjuster wier, troch de stêd fen Dockum, en do rekke er troch ongelok ien fen dy bisten út de koer to fallen, krekt foar de doar fen in froedsman Grada. De oare moarnsier, do de faem de strjitte oanfeije scoe, foun se dat bist dêr lizzen; hja roun forskrikt yn ’e hûs, en rôp: “Here vroedsman! Kom gau ris voor deur. Here, wat leit dair ien rair ding op strait!” Froedsman mei in reade japon oan, mei de wite sliepmûtse op ’e holle, en de hoazzen op ’e slomp, roun dalik nei bûten. Hy sloech de hânnen yn elkoarme, en sei: “Dit is in mirakel! suud dat ook in jong weze fan die roek, die hier boven in de lineboom nestelt?” It dûrre net lang ef der roun al skielik in heal hûndert minsken to heap, om it skepsel to oanskôgjen. In Catechisearmaster, dy der ek foarbykaem, dy rôp: “Minschen! Minschen! sien it beest dochs niet an; want ik loof dat et de Basiliscus is, daar men fan inne schrift leest; et kon jimme allegaar et leven koste.”—“It mocht in skyt, meester! sei in turfdrager, dy der mei syn koer foarby kaem, Ik hew him al goed in syn freet sien; et stomme beest zal ons niks doen, in die er in mingelen bier voor over het, dan zal ik him daadlyk met de tange in myn korf legge, en drage him waar de vrienden him hewwe wille.” “Dat gait an!” sei froedsman. De tange waerd helle, de kreeft yn de koer lein, en do earst nei de brouwerij om it minglen bier op to nimmen. Dêr fen dinne rjocht út nei de boargemaster mei in sleep jonges efternei. De turfdrager sette de koer yn it foarhûs del, en froedsman gong yn de keamer by boargemaster. Hy spriek de boargemaster mei in heel bidrukte en in heel forskrikte troanje oan en sei “Goeien morgen, Burgemeister!”—“Goeien morgen, vroedsman! jou hier zoo vroeg al over de vloer, man?”—“Ja, Burgemeister! Wy hewwe hier in rair stuk, Burgemeister. Wy hewwe van de morgen in levendig ding op strait fonnen, in gien minsche weet wat ding of it is, of hoe et hiet, Burgemeister. Wy hewwe it metnomen, Burgemeister; et stait in ’t voorhuus, Burgemeister. Wil Burgemeister it ook ’ris sien, Burgemeister?”—“ Vooral in beliewen vroedsman, sei dy hear; Jou wete, seldzaamheden ben ik altoos nieuwsgierig na.” De Boargemaster, dat in biis út de bizen wier, seach dalik wol det it in kreeft wier, mar dy hâldde him yette dommer as froedsman yn wêzen wier. Dy sloech de hânnen gear en sei: Vroedsman! Vroedsman! ik loof dat er ons slimme dingen over et hoofd hange; zoo’n ding staat in gien kronyk beschreven, en zoo lang as de wereld staat is er zoo’n ding in Dockum niet vertoond. Het is een stuk van te veel belang; daarom gevoel ik mij verpligt om nog heden morgen om tien uur de raad te beleggen, om dan te bepalen, wat of wij mei dit monster zullen aanvangen. Jou komme dochs ook, Vroedsman?”—“Ja, wis Burgemeister.”

De moarns om tsjien ûre kamen de hearen by eltsoarren op it stêdshûs, en omdet it sa’n bûten-extranaris ding wier, hie froedsman in skjinne wite bef fen froedsmanske om krige, en dêrby in splinter-nije broek oantein, ien sunder flappe, mar mei in gulfje der yn, lyk as de âlde ljue fen dy tiid droegen: en omdet it âld stedshûs fen Dockum do hwette lek wier, wierne der krekt op ’e stoel fen froedsman Grada ytlike drippen roetwetter fallen, en omdet er bang wier, det er syn nije broek mei dat wetter bismoarkje scoe, sa spraette dy goede man syn wite bûsdoek oer de stoel. Dêr gong froedsman deftich op sitten.

De koer waerd op it stedshûs brocht, en dêr seach elts den beurt foar beurt yn en den gong elts wer op syn pleats sitten. En inkelde fen dy hearen hiene mar just it hert om it onnoazele beest oan to sjen. Do se allegearre wer sieten, do sei de boargemaster: “Heren van de raad van Dockum! De Heren hebben gezien, dat er in onze stad een wonderlyk creatuur gevonden is, en daar men niet weet, welk dier dit is, en van waar het gekomen is, zoo heb ik hetzelve hier gebracht ten einde het advijs van de Heren te horen. Daarom, u, vroedsman, Grada, als de oudste van de raad dezer stad, vraag ik het eerst, wat dunkt u van dit dier?” “Ikke?” sei froedsman Grada, “Ikke blijf bij mijn eerste advijs, dat et namentlik ien van die jonge roeken is, die voor mijn deur dair in die hoge lineboomen nessele; want waar duwel suud et ding anders weg komen weze. ’t Ken ook niet uut de straitstienen kropen weze.” “Daar ben je mis in, vroedsman,” sei de boargemaster, “Mijn zoon heeft onlangs een nest-fol roeken uitgehaald, en die jonge roeken geleken nergens meer op als op oude roeken. Nu is de beurt aan u, vroedsman Inia.”—“Here mistijd, Burgemeister, wat weet ik vroedsman Ynje van vremde gediertens? Ik hew wel zeggen hoord, dat de kanarjeveugels as ze jong binne, dat ze dan kropen; suud et ook in kanarjeveugel weze?”—“Zou een jonge kanarievogel dan groter zijn als een oude?” dat spreekt zich immers zelfs tegen,” spriek dêrop de boargemaster. “Dat weet ik niet, spriek froedsman Inia. “Wy sien alderdegenst, dat grote minschen klein wurde kenne. Myn grootvader is van Burgemeister al bierdrager wurden.” Nou wier de beurt oan de froedsman Starkenbolte, in Grinslander, in ryk man en in fyn man; fyn yn de tsjerke, en fyn yn de wrâld. Hy die deis in lûd gebet oer de tafel, dat in kertier dûrre, en it iten mocht mar in heal dûrje, en dêr hiene syn boden gjin nocht oan. Dy hiene ljeaver in heal kertier bidden, en in kertier iten. Dêrby forstoe er hwette fen de swarte kinst. As de Dockumer ljue mei froedsman Starkenbolte yn it trekskip sieten, en as er den út de skrift bigoun to praten, den hâldden se hânnen op hjar horlogies; hwent as er dat die, den fierde er dy kinst it measte út. Do it dy syn beurt wier om to sprekken, dy sei op syn Grinzers: “Ik wijt nijt, ik leuf burgemeister, dat onze meister Douwe nog geliek hat het, dat het nomentlik in Bosiliskus of in ploagbeest is, daor de Here ons met besuiken wil veur onze zonden en ongeregtigheid, en al et goddeloze vlouken, dat in Dockum daon wert. Daorom hol ik my oan meister Douwe.”—“Meister Douwe, foel froedsman Grada dêrop yn, die het wel eerder de planke mis weest. Voorleden jaar song er voor it bordtsje in de kerk “aller ogen wagten” op in karsmorgen.” Op dy ynfal bigoun de hele rie fen Dockum to laitsjen, mar de boargemaster net; dy moast syn deftichheit ophâlde, en dy spriek do wer: “As er dan niemand van de Heren is, die mij eenige inlichtingen in deze zaak geven kan, zoo laat ons dan nog eens de beide stadsboden boven komen, of die ons ook in dit geval ook nog eens konden dienen. De boden kamen boppe en seagen ien foar ien yn de koer. De iene wier in stakker, dy doarst it bist net bisjen; dy leaude ek steech oan master Douwe. “Ik sal der myn ogen niet na draye, Heren, spriek dy man, want, sei er, as it gien Baesliscus is, dan is et in plaigbeest, die nagts omlope in pest in kwalen verkondige, in ik suud er voor weze om et hele beest met korf in al te verbrannen.” Mar de twade stêdsbode sei rounút, det it in skroar wier, omdet er twa fikse skjirren foarútstiek. “In sienje wel, burgemeister? hy houdt de ogen van die scheren afteruut, omdat er voor alle man niet wete wil, hoe groot of ze binne, krekt as alle schrooren. Mar as it in schroor is, dan is er betsjoend; want hy kruupt, in andere schrooren lope. Is ’t niet wair, Heren? ik zeg mien zin, want daarom ben ik hier ropen.” “Accoord, sei de boargemaster, jou hebbe het geraden, bode; en wy zullen er dadelyk de proef van nemen. Kom, bode; ik had juist een nieuwe rok besteld; het laken is er al voor gekocht; wees zoo goed en haal dat van mijn huis.” Do dat lekken op ’t stedshûs kaem, waerd it oer de flier spraet en de kreeft derop set. Do bigoun er to krûpen, en do moast ien fen de boden mei in skjirre, krekt it selde paed lâns, it lekken trochknippe; en do waerd ’er dalik om in skroar stjûrd, om ’er in rôk for de boargemaster fen to meitsjen. Dizze skroar wier in âlden Dútsker, dy hjitte egentlik Labbenbach, mar hy sels spriek dy namme altiid út als lappenback, en nou neamden de Dockumers him yn de wandeling sljochtwei fen lappenpacker; ik tink wol, omdet er de lappen, dy syn klanten fen rjochten takamen, sels ynpakte. Hy kaem op it stedshûs mei de sliepmûtse yn de hân, en sei: “Koeten morje, mynheer Pirgemeister! En koeten morje, brave Heren al gesamt, Wat heppe te Heren te pefelen?” De boargemaster forhelle oan de skroar it hele gefal, en liet him dat toknipte lekken sjen.—“Tausend elemente! Hundert tausend elemente! Das hat keen mensch ketaan, mar de lebendige teufel. Donnerrontoria, prave Heren! tat is keen tijt, keen roye tijt meer weerdig. Daar kan ik een lappekrone voor de kinder van make, mar keen rok voor de Pirgemeister von Dockum.” Mar do er de kreeft yn de koer lizzen seach, do waerd er yette bleker om syn smelle kieuwen as tsjien bleke skroarren mei eltsoarren; en hy rôp it út: “Kott bewahre, Heer Pirgemeister! soll mich die swernoot straffen, wenn sich solchen peest langer in de stat von Dokkum tolden soltte. Et is de teufel, prave Heren, de lebendige teufel; on wan ikke Pirgemeister war, ik that den hundsfott in de kragt kooyen on versupen him.”—“Heb ’k et nijt said, sei froedsman Starkenbolte, “dat we’t hjir met de kwaode te doen hebbe? Dat komt nou van ’t vervlouken, en kaortspeulen, dat de naotie hier dout; nou loat de Here hem los, en geft hem aan de kwaode over.” “Ja,” sei froedsman Ynia, “as it de kwade is, dan is versupen de baes; want dan helpt gien verbrannen; want die is vuurvast.” En de hele rie fen Dockum rôp fen: “Versupe mar!” Versupe!” De turfdrager smiet de kreeft yn de grêft, en de hele stêd fen Dockum wier bliid, mar de kreeft yette blider. Mar by it einsluten fen de rie hiene se yette in grap mei froedsman Grada. Dy goede man wier troch de sterke oandacht, dy er op it dispút oer de kreeft hawn hie, glêd troch it sin gien, det er syn wite bûsdoek op ’e stoel lein hie, en do er ûnderwilens ’ris efkes de eagen foardel sloech, do miende froedsman, det him it himd ta de gulf fen de broek úthinge, en do hâldde er syn greate roune flaphoed foar it liif, en moffele sa glûpswize dy wite bûsdoek ta de broek yn; mar boargemaster, dy flak neist froedsman siet, en dy de man troch en troch koe, hie wol oan syn forlegenheit sjoen, det der hwet geande wier: dy seach ’ris skean efter de hoed fen froedsman, en do seach er dat hele wirk oan, mar hy liet him neat merke. Dit gebeurde al do se mar just op it stedshûs sieten. Yn it ein, do de Hearen opstean scoene, do seach froedsman ’ris efterom, en sei: “Gunst nog toe! Burgemeister! waar sude mijn witte buusdoek weze?” Mar gjin minske wist it. “Suud er ook onder myn stoel legge; want hy het er op leid, dat weet ik,” sei froedsman. “Sude dat rare ding my die doek ook uet de buusse weg tsjoend hewwe.”—“Om jou de waarheid te zeggen,” sei de boargemaster, “hy sit in jou eigen broek. Zie maar, er hangt nog een tipje toe de gulft uut.” “Ja, waarlyken!” sei froedsman, en hy helle de hele wite bûsdoek ta de broek út. Froedsman krige in kleur as in hoannekaem, en swarde, det er noait wer in broek mei in gulf drage woe, en de hele rie fen Dockum gong laeitsjende nei hûs, mar de boargemaster yette aldermeast.”

It hele selskip dêr yn ’e herberge lake wakker om dit forteltsje, bihalven de ontfanger; dy seach my stiif oan, en knarste soms op ’e tosken; mar do frege Jouke my: “Wiste ek, Gabe, ho eft it tonei mei dy kreeft gien is?” Ik sei: “Ja, kastelein, dy is op in simpele menear wer to lânne komd. Ytlike jierren dêrnei, do de kreeft al lang forgetten wier, do fisken de hearen fen Dockum de stedsgrêften mei in seine ôf, en do fongen se ús maet de kreeft wer.” “Zoo’n grote grenaal is er noch nooit in Europa fonnen as dizze hier in dit kleine Dockum, sei in hopman fen de Boargerwacht; Die zal ik beware zoolang as syn Hoogheit de Prins hier komt.” Dy lei him oan in silveren keattinkje ûnder in brêge fêst om him yn it libben to hâlden.” “Het dat nou langer noeg duurd, duvelskyn, met dyn smeulen en tryttrotten? Ik hew myn nocht!” rôp de ontfanger pûr razend, en hy griep de tange út de hoeke om my der ’ris helder ôf to ticheljen; mar de hospes sprong twiske beiden, en do wier it dien. De ontfanger stau omtrint breinroerd ta de doar út. It hele selskip, en binammen Jouke, lakene wakker; mar de kasteleinske wier ek al lang stymsk; dy woe my nin goed wird mear jaen, omdet hjar pake ek in Dockumer west hie. Dêrom ried ik de moarns heel ier foart en kaem de jouns yette thús.”

Do rôpen se allegearre yn de skoalle: “Wierne dy ljue den gek, Gabe, det se hjar oan in grap steurden. Us hat dat forteltsje skoan smakke.” “Yette sa gek net as jimme, sei Gabe dêrop. As ik jimme nou allegearre ’ris for mirden útrachte, den scoene jimme my it ljocht wol út de holle helje, en den wierne jimme yette dommer as de Dockumers. Dy binne yette lilk as men hjar in ding oantiget, dat se wêze kinne, namentlik dom en onnoazel; mar jimme binne lilk as men jimme mirden neamt, en dat kinne jimme ommers noait wirde.” Hja moasten Gabe gelyk jaen, mar dy lytse lilke tapassing op dy moaije lange preek stoe de ljue net oan: hja mochten it wird net ienris hearre, en de iene nei de oare roun noartich ta de skoalle út, en fen it koardegearjen mei de fammen kaem dy joun net. Gabe koe mei syn omke nei hûs ta strampelje, en do wier it feartflagjen út.

TAHEAKKE fen J. H. Halbertsma.

Hwet Gabe hjir yn syn reis fen de houn yn ’e tsjerke forhellet, wit ik net eft wier is. Mar efkes nei 1787 is der yn in tsjerke fen Eastdongeradeel in ding bard, dêr ik foar ynstean. Dêr preke in domenij mei in fyn forstân, en dy ’t hert op it rjuchte steed siet; mar hy hie it ongelok, det hy net sa gleon for ’t hûs fen Oranje wier lyk as der do wol folle bearden. Hy hearde, lyk as men it neamde, ta de patriotten, en de patriotten wierne troch de bajonetten fen de Prusen ta swijen brocht, sa det se moai ûnder de knip sieten en amper kikke doarsten. De domenijs krigen allegearre in foarskrift hwet en ho se for de prins bidde moasten; dy it net dienen, wisten hjar lot. Do ús domenij, dêr ik niis fen sei, yn it neigebet oan dy wirden ta kaem, hie de master, dat in biis wier, in houn ûnder de bank by him klear lizzen, dy er sa ongenedich op de stirt trape, det it earme bist moarddedich bigoun to janken en do dit al oanboaze, stiek de hele gemeinte de holle op. Domenij bleau midden yn dy wirden stykjen, en sei Amen. Sa as domenij fen de stoel kaem wier syn earste wird oan de master: “Meester, wat schandelyk leven was dat met dien hond?” “Ja, domenij, sei master, as jy for de prins bidde, den gûle de hounen it út.”

De Friezen is altyd in frij folk west, frije ljue litte hjar net licht oan it lyntsje bine fen ceremonies; as it ding, dêr it op oankomt, yn ’e heak is, kinne hjar de omballingen net folle skele, en hwet de ljue mei complimenten fen hjar sizze, dêr laitsje se hwette om. Dat sjucht men noch oan de Ingelsken; en sa wier it to foaren ek mei de Friezen. In folk nou, dêr sa’n frije geast yn spilet, hat kwinkslaggen en oanslaggen, dêr in folk, dat nei oarmans pipen dounset, nin bigryp fen hat. As ik de Friezen forgelykje mei ús lânsljue yn de oare provinsjes, den leau ik, det der wol minder Kristenen binne as hja. Flokwirden dy yn de mûle fen oare provinsje-ljue bistoarn binne, en spotten mei de godstsjinst, wier hjar in grouwel, mar dat naem net wei, det der yn dy pleatsen, dêr se oars nin wird kikke doarsten, onfoege dingen barden, dêr wy nou suver tsjin opsjenne. Yn de tsjerke selme, dêr de Friezen oars sa dimmen en stil binne, koenen se it net litte om soms mear mei hjar gemak, mei hjar lust en spotfûgelige aert as de deftichheit fen de pleats to riede to gean. Ik scil der jimme in pear staeltsjes fen sizze, mar ik wol nin nammen neame, howol ik se wit. De neikommelingen fen dy nammen libje noch, en dy scoene licht tinke, det dit wier om hjar in stikel to stekken, dêr it fier fen dinne is. Wierheit siz ik, mar ik bin bang, det de ljue my dochs net leauwe scille, omdet ik nin nammen neam. In tûk leagener hat dit boppe my foarút, det er altyd syn minsken neamt, en de ûre, en de pleats.

In Domenij fen Aldegea bipreke Hynlieppen eftermiddeis, as it dêr vacant wier. Yn de toer to Aldegea wier in klok, mar sûnder slachwirk, en omdet er bang wier, det er to lang preekje scoe om yn tiids to Hynlieppen to wêzen, liet er syn dochter om tsjien ûre mei in kneppel op de tsjerkedoar bonzje. As dy pomp kaem, wier de ûre forroun, en Domenij sei Amen.

De Domenij to Eastermar, dy de twade Augustus 1705 stoarn is, kaem as elts treftich predikant mei rôk en mantel op stoel; mar as it simmers myld wier, en de boeren yn de tsjerke sieten to switten en to sliepen, den hong er syn rôk en mantel oer de rânne fen ’e preekstoel, en preke yn in rea damasten baitsje mei silveren knopen, dêr peerdtsjes op wierne. Ik leau, as dat nou barde, det der mear om it baitsje as de preek fen domenij komme scoenen, en lykwol preket it baitsje net ef de mantel en rôk, mar de man, dy der yn sit.

In domenij, dy twiske de 4 en 5 April 1745 stoar, stie yn ’e Haskerdiken, dêr do in lytse gemeinte wier. De man wier bêst, mar hy koe it ein net fine; hy preke to lang. Ienders waerd it sa let, det de boeren ien foar ien dripjende út de tsjerke sloepen; op it lêst bleau de master allinne oer. Mar dy makke it ek koart, en sei by it útgean: “Domenij, as je dien hawwe, woll’je den de doar hwet efter jo talûke?”

Sommige domenijs lieten ek wol ’ris Frysk yn de preek floeije. De foargonger fen myn stalke sei ’ris op Palmpeaske oan de gemeinte: “Frjeonen, ik forsiikje jimme takommene Freed to bigraffenis, mar der wirde nin bôlen jown.” Hy woe sizze: “Onaris komme jimme op bigraffenis om de leedbôlen; as ’t jimme dêr hjir ek om to dwaen is, moatte jimme mar thús bliuwe. Hjir is it om de deade to earjen.” De lêzer sjocht, de wirden, dy sa ienfâldich en plat lykje, sneinen as in flime.

Mar net alle Domenijs hiene sa folle forstan as dizze man. In bulte wierne better yn de flêsk-kûpe en hjar hôf thús, as yn de boeken. Dat giet yn alle fakken sa; goeden en tsjoeden rinne troch eltsoar, ek ûnder de doctors en abbekaten, mei dit ûnderskie, det in kindich doctor ef abbekaet, dy flitich is, fierder yn de wrâld komt, en det it domme heapske in kindich domenij meast sitte lit, as se him mar net forkettert. Sa meitsje domme gemeinten domme domenijs, en beide binne se oan eltsoar weage. In ljeaf lyts eximpeltsje scil jimme dat klearder meitsje.

In domenij yn Frentsjeradeel hâldde der saun ef acht preken op nei. As er No. 8 preke hie bigoun er wer mei No. 1 fen foaren ôf oan; den hie er skjin linnen. De boeren hiene dy acht hirddravers sa faek rinnen sjoen, det se it eindlik sa wirch waerden as spein spek. Twa boeren klagen do hjar need oan de Grytman Sicco Goslinga, dy hjar frege, hwet for teksten dy acht preken hiene? De boeren karden de holle; de iene seach de oare oan, mar nin ien fen beide wist it. “My tinkt, sei de Grytman, den moat domenij sa mar foartfarre ta jimme my dat sizze kinne.” Mar de snoade man ontbea de domenij, en rette him, om for syn eigen goede namme sa lang to studearjen ef to soldearjen, det der noch acht preken bykamen.

Hjir sjit my by yn ’t sin, hwet Lodewyk de XIVde ’ris oerkomd is do er in reis troch Frankryk die. Hy kaem ek yn in doarp, dêr er in bytsje lyn in pryster skikt hie, dy útmintte yn geleardheit. De kening frege oan de skout en syn bysitters, eft er dat net kapitael mei hjar makke hie? Nou ja, dat koe wol, seinen se. “Ho? sei Lodewyk, skilt der den hwette oan?” Dêr woene se net folle fen sizze, mar de kening faksearre hjar sa lang, det it hege wird ’er einlinge útkaem. “Om jou majesteit de wierheit to sizzen, anderen se, den hienen wy fen de kening forwachte, det er ús in persoan stjûrd hie, dy trochstudearre wier, en dizze keardel is to dom om foar de divel to dounsjen; hwent hy sit noch fen moarns-ier ta jouns-let to studearjen.”

Jimme bigripe wol, dy Fryske staeltsjes binne opteikene; oars koe ik se net witte. Hja binne mei in heel bult oare opteikene fen in âld treftich Bolswerter, dêr in skrandere holle op siet, en dy sokke dingen opskreau om der ús de kleur en de geast fen dy tiden út to learen. Mar det hy se oanteikene hat is al in blyk, det dy dingen alle wiken net barden; hwent den hie nimmen der niichheit oan hawn. As jimme dêrom út dizze staeltsjes miene, det de domenijs fen 1700 in soadtsje onbiskoften wierne, dêr skik ef fetsoen by wier, den scoene jimme de planke drôvich mis wêze. De deaker, né! dy hearen wierne sa edel. Hja lieten hjar it tsjiende part net dwaen ef sizze, dat se nou as swietekau trochswolgje. En hwet it fetsoen bilangt, dat lústere mei hjar folle nauwer as yn ús tiden. In moeike fen myn wiif wenne yn 1750 by hjar heit, dy predikant to Goutum wier, en dy hat my forhelle, det in domenij by hjarres om, dy apels út syn hôf forkoft hie, nin holle by syn collegas heel hâlde koe. Dat wier poetsje it each út! In domenij apels forkeapje, krekt as in boer ef in gnjirker? Oan syn frjeonen ef de earmen moast hy se jown hawwe, as er to folle hie. Ik leau net, det de iene collega de oare tsjinwirch op de rêch oansjen scoe, as er apels forkofte, dy er mei syn húsgesin net op koe.

Hwet scil men sizze? Sa lang as in minske hwette to sizzen hat, fielt er him sels; mar as er neat yn to bringen hat, lit er de moedfearren sinke, en it kin him net folle skele, ho er in wintertarring for wiif en berntsjes binnen kriget. Aste to folle ierdappels oan de merk bringste, hawwe boargers en boeren ’er de spot mei, en sa is it folle domenijs mei hjar sels gien.

IT BOIKE FEN SEISBIERUM.

To Seisbierum wenne in boike, Dêr in sémanskop op stoe, En dy de earen wyld opstike As er Noarman hearre koe.

“Hark!” sei Tsjerk den oan syn âlders, “Hark! ik hear de sé al wer. “Lit my farre, lit my sile, “Ear’t ik op it lân fordjer.

En den siet syn mem to suchtsjen, En bilove klean en jild, Det er ôfseach fen dy raenjen, En him hâldde op ’t romme fjild.

Mar hjir holp nin memme-suchtsjen, Gjin formoanjen fen syn heit. As er boartte, makke er skipkes, Plankjes mei in mêst fen reid.

’t Wier syn sliepen en syn weitsjen, d’ Oceäen syn himmelryk: As de weagen ’t pealwirk bûtsten Den wier ’t hearlik op ’e dyk.

Hy kaem ’ris yn Harns by skippen, Rêd hie him syn heit forlern, En hy kladdere yn de mêsten: ’t Wier in griis om oan to sjen.

En syn heit dy wier forlegen, Hwent it roun al tsjin de joun, Mar hy hie ek gânsk syn moed net, Do hy Tsjerk by skippen foun.

O, ho krinkte it de âlde Hidde! ’t Wier sa’n fluch, sa’n proastich bern! Thús do groude er op it boike, “Dou scilst’ noait de sé wer sjen.

“Ploegje ljeaver hjir ús terpen, “Men it ripe noat yn hûs. “Och, dyn mem kryt hjar ta wetter, “Aste weifljochst’ fier fen hûs.”

En syn mem bigoun to kriten, Mar it boike skriemde mei; Snikjend rôp er: “Ik moat stjerre. “As ik noait nei sé ta mei.”

Wylst dy trije dêr sa tsjierden, Kaem in liereman der oan, Goike mei syn houten stompe; ’t Wier in Grienlânfarders soan.

Hy hie ek de sé biswabbe, Mar hy wier nou earm en bleat; Hwet er mei de liere opskoaide, Oars hie de earme stimper neat.

“Jy komm’ hjir al moai fen passen,” Sa spriek do de âlde boer, “Jy moatte oan myn soan fortelle “Al de sé syn swiet en sûr.”

“’t Himelinkje, dat sa skriemt hjir, “Siket sémans lot en wé, “Praet hjir jimmer foart fen farren, “Hwent syn hert lûkt nei de sé.”

Goike bliuw hjir mar to nachte, Yt en drink en sliep hjir swiet, En fortel den oan myn boike, Ho it sémans libben giet.

Goike Liereman.

’k Scil de sé net priizgje ef lekje, Hwent dy hat syn wille en wé; Mar ik scil myn lot fortelle, Dat ik hawn haw op de sé. Ho ik swalke en swiere Om dizze âlde liere.

Heit hat ek de sé biswalke, En dy wier der ek op bleaun, Dy is oan Straet-Davis klippen Twiske bergen iis to-treaun. Dy binn’ dêr sa forklomme; Der koe nin siel ontkomme.

En dêr bleau ús mem do sitten; Treast en steun hie hja forlern. Hele nachten koe se weine As earm widdou mei seis bern; As wy dêr onnoaz’len laeine, Nachts oan ’t widstou weine.

En wy fregen ek nei heit al, Dy brocht jild en koeke mei. Bitter kriet ús earme mem den, Hwent for ivich bleau er wei. En mem bleau stil en sletten: By ús wier ’t gau forgetten.

Ho myn bêste mem my rette, Om to bliuwen oan de kust, Sy koe noait myn sin forsette, Hwent de sé dat wier myn lust, Mei syn hege wylde weagen, Mei syn stoarm en touwer-fleagen.

’k Hie in broer, in skoander jonge, Dy in jier twa jonger wier, Dy liet him fen my forlokje Om to smaedzjen memme rie. En dêr teagen wy do hinne, Lieten mem bidrukt allinne.

Meast op fluit- en koffeskippen Teagen wy om hout to fjild, By de Noaren yn hjar skjearries, En fortsjinnen frij hwet jild, Om den ús skoane hieren Op ’t iis wer to forswieren.

En sa swalken wy to gearre Ek nei Ruslân ef de Eastsé. Lang det ús nin reis mislearre, Mar op ’t lêst do kaem it wé. ’t Die ús mem it stjerren. ’t Is yslik om to hearren!

Hwent ús wiffe losse sinnen Dwelmden heel de wrâld yn ’t roun, Do ús in great Smirnaes-farder For in reis nei Zante woun. O losse jonge jierren! O wylde sémans-hierren!

Skoander skip foer noait út Hollân, Mei it flinkste folk er op; Myn broer Ynte wier de gnapste, Ynte mei syn krûze kop. En eft ús mem al rette, Hja koe ’t ús net bilette.

Mei in friske easterkoeltme Stauwen wy hast troch ’t kanael, Lâns âld Ingelâns wite bergen Fleagen we as in bliksemstrael; Sa as swellen fleane, As se nei ús ta geane.

Op de hichte fen kaep Finster Moast it folk nei boppen ta: ’t Wier in neare tsjustre hjerstnacht, En it skip dat helle sa. In onwaer woe bigjinne; De stoarm koe ús birinne.

Ynte roun net, mar hy fleach hast. O, it wier sa’n fluggen kwant! Mar troch ’t swypkjen fen de mêsten Rekke Ynte út it want: Hy tommele yn de weagen. O minsken, slút jimme eagen!

’k Woe him yet in tros tasmite, ’k Hie as man to roer de wacht, Mar ik heard’ him aeklik roppen: “Goike, yn ivichheit goe-nacht.” Oan help wier net to tinken: Syn lot wier dêr fordrinken.

’k Waerd útsinnich do fen rouwe, ’t Libbenssin wier my forgien. ’t Hat myn wylde sin bitomm’le, ’k Hie neiby my sels fordien. Mar do hat God my sparre, En for dat kwea biwarre.

En do sylde it skip foardelich By Gibraltars klippen lâns, Mar by ’t eilân fen Majorca Stille nachts it wyntsje gânsk. Dat siichjes deadlik swijen, Dat brocht ús skip yn ’t lijen.

’t Greate deiljocht boarstte steatlik Ut de Grykske seën op, En dêr dreau it machtleas hinne, Seil en wimpels hongen slop. Mar, o, dy blide dage Moast ús sa wreed bidrage!

Fen de Barbarijske kusten Dage in swarte roaver op, Roeijende mei fyftich riemen, Mei de bloedflagge yn de top, Om ús oan board to klampen. Dêr wier net tsjin to kampen.

Daedlik sprongen tweintich Turken As de kweade ús oan board, En hja fleug’len ús as skjippen, En wy moasten mei hjar foart Nei ’t Algierske yn Barbarijen, Yn de wrede slavernije.

En dêr haw ik saun jier tsjinne Mei de slaven op it lân, Dêr dy Afrikaenske sinne Barnde op it gulle sân. Hoop en treast forfleagen As we ús boalen seagen.

Stjerren wier myn greatste sucht do, ’k Waerd wanhopich yn it lêst. ’k Fluchtte, mar op in galeije Klonken sy ta straf my fêst, Fêst om yn swiere boeijen For ivich dêr to roeijen.

Mar Gods hân hat my biwarre, Hwent in Franskman hat ús nomd En in koegel naem myn skonk wei, Mar gjin Turk is do ontkomd. Ik moast wol pine lije, Dochs koe it my bifrije.

’k Waerd bihann’le as in broer do, ’k Tink ’er yet mei triennen om. ’t Wierne my wol frjemde ljuwe, Mar wy hien’ ien Christendom. Dat hat my biwarre, En myn libben sparre.

’k Koe ús Ynte dea forjitte, Mar de slavernije net. ’t Flymde my troch siel en sinnen, ’t Wier to wreed for ’t Fryske hert. O, ljeaver smerten lije, As sokken slavernije!

’k Foun ús mem yet al yn libben, Mar do ik fen Ynte spriek, Niigde se as in wite leelje, Dy in rouwe hân to-briek. Dat koe se net forwinne; Sy wile en stoar der hinne.

En nou siikje ik sa myn iten As in earme liereman, Strompelje sa mei myn stompe Oeral troch it Fryske lân, Om sa mei goede wirden Myn earme brea to bidden.

“Wolst’ de sé nou yette ploegje? Spriek de heit syn Tsjerk do oan, “Yslik is it om to hearren! “Is ’t net wier, myn bêste soan?

“Wy haww’ lânnen, wy haww’ grounen; “Bliuw den by dit stille wirk. “Joechste dy oan ’t wylde farren, “Licht forfoelste by de Turk.

“Oerfloed haste hjir en wille, “Frijheit haste hjir, en brea; “En de neare slavernije, “Slimmer is se as de dea.”

““Hwet sizz’ jy fen slavernije? ““Dat wirdt noait Tjerk Hiddes lot. ““’k Scil my noait oan minsken oerjaen, ““Mar ik jaen my oer oan God.

““Né, ik wol net warleas farre! Sa sprong Tsjerk do fen syn sté, ““’k Wol se straffe en to-gniedzje, ““Dy my oantaest op ’e sé.

““’k Haw nin skrik for sa’n forteltsje, ““’k Scil se boarje yn de groun: ““Dy oait op myn frijheit loere, ““Scil ik deije as in houn.”

En hy hâldde wird, it boike, ’t Fyt’re ’im oan, dit near forhael, En in simpel boeresoantsje Wirdt in Fryske admirael,

Dy troch de admirael de Ruiter ’t Neist oan him gelyk waerd steld; ’t Wier Tsjerk Hiddes fen Seisbierum, ’t Wier de greate Fryske held.

E. H.

TSJERK HIDDES.

[Yllustraasje: “KIERKIDES” 6 AUGS. 1622.—TSJERK HIDDES.—15 JULI 1666.]

It is noch al nuver, det fen alle kopstikken fen biromde ljue, dy Lavater yn syn great wirk oer de kinde fen de wezenstrekken oernomd hat, hast net ien is, dêr er sa folle greats en goeds yn sjocht as yn dat fen Tsjerk Hiddes.

De Friezen hiene eren nin fannen, en ús Tsjerk ek net. Do er in bineamd séheld waerd, neamden de Hollanders him de Vries, omdet se Tsjerk net úterje koene, en dy fan hat er do oannomd; hwent it hert siet him heech, det er in Fries wier. Hy hâldde syn moersteale ta it lêste ta oan. Do se him de vice-admiraels-rôk for it allerearst oanteinen, sei er as in goed Sexbierumer: “Hwet scil ús Tryn nou sizze?” Dêr miende er syn wiif ef syn sister mei. Dit is my sein fen in âld Secretaris fen Bolswert, dy it út de hân hie fen in Harnzer, dy ’er by stie, do de admirael him klaeide.

De Fransken seinen net fen de Vries, mar op hjar wize Tjerk Hiddes. Yn de rapporten fen de Franske Admirael oan de kening hjit er altyd Kierkides. Wy brûke de tsj foar de k, sa as yn tsjerke, tsjerne, for kerk, kern (karn), en de Fransken, dy tsj hearden, mar net úterje koene, brochten dy tsj ta de k tobek, ta in biwiis, ho ticht dizze twa bûrljue yn ús ear en mûle by eltsoar wenje. De Angelsaxen, folle broerren fen ús foarâlders, seinen den ek fen Cerdik, de namme fen ien fen hjar keningen, en de Yslânners Kiarkr, der wy Tsjerdic, Tsjerk, en Tsiark foar sizze. Cerdic, en kiarkr biteikent immen, dy syn man stean doar, en dat doarst Tsjerk Hiddes.

Admirael Tsjerk koe it Hollansk opperbêst, mar it wier him sa hiem net as syn moers-tale. Dêrom spriek er ljeafst Frysk. Men scoe sizze, hwet koene ús foarâlders opjeije mei sa’n pringel, dy plomp boersk praette! Hy koe nin versen opsnije oer Neêrlands vlag; nin lange oanspraken útbromme; nin volkslied mei de matroazen sjonge; admirael Tsjerk koe fjochte. Sjoch dêr alles! Fjochte, det ’er de spoennen neifleagen! Mar it like wol eft dy boeren der better regaet ûnder hâlde koenen as ús ljue. Hwent as de Ingelsken do net in fyftich oarlochskippen by eltsoar hienen, doarsten se net op sé komme, sa bang wierne se for dy ljue, dy boersk praettene; nou stjûre se mar in pear fregatten om foar ús havens to krusen, en de âlde lieu laeit er net stil efter syn izeren traeljes to gromjen?

Jimme sjenne, lânsljue, det wy gelyk hawwe, det wy folle wizer en gelearder, folle polyster en machtiger binne as ús foarâlders. Wy moatte it sels wol sizze, oars scoene de oare naesjes miene, det it net wier is.

Der hat altiten in teltsje ûnder de âlde Seisbierumers gien, det er sa hwette, as yn it rymke sein wirdt, mei in liereman oan it hûs fen Tsjerke heit bard is. Wylst wy sa goed as nin byt fen sa’n held witte, woene wy dit teltsje net forgean litte, en oan ús neisiet teane, det wy, howol sels neat, lykwol de biwondering for de trou en de dapperheit fen ús foarâlders net forlern habbe.

J. H. H.

DOKTER EELTSJE LETTERKE.

DOKTER EELTSJE LETTERKE.

DOKTER EELTSJE LETTERKE.

Dr. Eeltsje hie de lêste deis fen 1822 by Mr. Johannes Haitsma, boargemaster fen Bolswert, to gast west. By boargemaster en syn wiif Mefrou Lisk Tichler, dy ’er de fynste wynkelder fen Fryslân op neihâldden, wier alles nei âld Fryske wize fen it bêste yn ’e romte, en de minsken wierne sa foldedich, sa opromd en frjeonlik, det men der altiten mei in fol liif en in bliid sin fen dinne kaem. De Frânske lekkerbekken hawwe in wetboek, dêr dit artikel, nommer ien yn is: De tankberheit for in gastmiel hoeft net langer to dûrjen as de tiid, dy de gerjuchten fen it miel nedich hawwe om to fortarren; mar Dr. Eeltsje wier nin Frânskman; sa’n mieltiid wirke by him nei, en de nijjiersbrief, dy hjir efter folget, de earste en lêste, dy er sa skreaun hat, wier der ’t gefolch fen.—To Bolswert wenne do ek in âlde fjûrfretter, mei namme Portegies, in echte krychsman, dy it sei sa as de wrâld woechsen wier. Hy wier in bernsbern fen de skriuwmaster fen prins Willem de fiifde, en as prinseman yn ’e widze lein, woe er de Bataafsche ef sa as hy it neamde, de Baviaansche republiek net tsjinje; hwent de Bavianen hienen de prins weijage. Hy naem tsjinst ûnder it legertsje fen de Prins op it Ingelske eilân Wight, en dêr naem er letter tsjinst yn it Hanoverske regiment dragonders, dat ûnder Wellington yn Spanjen en yn de fjildslach by Waterloo braef fochten hat. Hy hie it brocht oan de rang ta fen majoar en it Ingelsk pensioen fen dy rang foriet er to Bolsert mei syn biheind, mar kreas lyts wyfke, dat him as in moedige Friezinne yn alle noedlike kampanjes troch Spanjen folge wier. Lyk as it mei âlde krigers giet, dy ta rêst komme en goed foer krije, waerd hy to Bolswert wakkere grou en boarstte út de naden fen al syn foarige klean.

Nei de bataille fen Waterloo moast hy mei al de officieren fen syn regiment foar de kening fen Ingelân forskine, om út de keninglike mûle de taens for hjar dapperheit en bifochtene fictoarjes to hearren. It wier do in wet oan it Ingelske hof, det nin krychsman yn syn montearing ef mei skerp dêr forskine mochte; de boargers stienen dêr heger as soldaten en offisieren, dy allinne as feinten en tsjinners bitelle waerden om de boargers as it need wier, to biskermjen, en dêrom mocht nin krychsman oars as yn boargerkledaesje foar ’e kening fen it lân forskine. Sa hie den ek ús Portegies for de audientie in fyn swart lekkensk pak meitsje litten by de skroar fen it Ingelske hof, dy by guineas rekkene, lyk as ús skroarren by gounen. Nou, mei dy moaije djûre rôk kaem Portegies altiten oan ’e mieltiid by boargemaster Haitsma, mar omdet hy de rôk op nin hânbrie nei fen foaren ticht knoopje koe, sa grou wier er wirden, sei boargemaster op in kear, det wy beide by him to iten wierne: “Lûk jimme baitsjes ’ris út, feinten; it is my nou ’ris to dwaen om grou en smel beide to geriven.” Wy loeken de rokken út en ik paste Portegies sines oan, dy my siet, krekt eft er my om it liif getten wier. “Dy rôk is for dy makke sei boargemaster my, dou jowste fjirtsjin goune en de rôk is dines. Hwent mei sa’n pyst fen in ding, dat op nin heal foet nei ticht kin, wol ik de dragonder dochs net wer oan tafel ha.” Sa sein, sa dien. Nin ien fen ús beiden, dy tsjin dat útstel kikke doarst. Ik krige de rôk, dêr ik wol twa jier mei pronke ha, ta greate biwondering fen de kenners, dy my de namme fen de skroar fregen, dy sa’n tsjep stik knippe koe. Boargemaster sels eigene him as makelaer de eare fen dizze gelokkige keap ta, dêr keaper en forkeaper beide mei tsjinne wierne. As er my mei dy rôk oan seach, glimke er altiten, en ienders die hy ’er dit steile wird by: “Nou witste ek hwet it Fryske sizzen bitsjut: Heal divel, heal minske; hwent it kleed makket de man, en mei dy rôk oan biste heal ierde-, heal himeldragonder.”

Nei Portegies eigen sizzen, wier it in heal mirakel, det er as bern net forhouneloarte wier. To witten, syn heit wier ek in krychsman; dy troude de dochter fen de ontfanger to Wirdum, dêr er dizze soan by krige. Hja wennen to Ljouwert; it wier in moaije winterdei en dêr laei frij hwette biriden snie; it bern wier noch yn ’e ruften, mar de jonge ljue tochten, hja moasten mar ’is mei de lytse erfgenam mei hynst-en-slide nei pake-en-hjarre ta. Dat gong oan, en do se ’n ûre twa to Wirdum pizele hiene waerd de lytse feint fen beppe yn in wollen tekken bitrollemolle en mem op ’e waerme skirte lein. Do mynhear op ’e slide-stirt, greatmachtig de klappende swipe der oerlein, en sa fleach de tuitige slide rinkelbeljende foart, det de snie der neistau. Hja kamen mei in blits to Ljouwert. Memke die it tek op, dêr de jonge ûnder laei; mar ho kel waerd it earm minske, do se nin jonge seach. “Heres myn tiid, Portegies, rôp se, It kiin is er niet!” “Wat duwel nou, sei de man, It kiin er niet? He’ jou dan niet foeld dat de jonge fan ’e sleed rold is? So donders bryk kan ik ’t niet an.” Mar hy mei kûgelsfeart deselde weis mei hynst-en-slide werom, en ja wol, in bôlrinster hie it bern yn ’e snie op ’e Goutumer dyk foun, en yn ien fen hjar bôlkoerren by de frou fen it skjippehúske op ’e hoek fen de Goutumer opreed brocht. Dêr foun de kaptein syn forloren soan wer, sliepende as in roas op ’e waerme skirte fen in meilijend jong wiif. Dêr is nou de grouwe poep útgroeid, dêr Dr. Eeltsje op Nijjier mei to gast wier by boargemaster Haitsma. Hja bitellen de gasthear en de gastfrou nei de mieltiid meastal mei Dútske sangen, dy de dokter leard hie by de studinten fen Heidelberg en de majoar fen syn regiment Hanoveranen.

Dêr is nou it letterke fen Dr. Eeltsje oan boargemaster, datearre, lyk as jimme sjenne, Grou, de twade Jannewaris fen 1823, de forneamde winter, dy noch hirder oankaem as yn 1740 ef 1809.

_Wirdige frjeon Boargemaster!_

Ik bin jister fen ’e pôle[47] ôfflein, det my de brokken iis tweintich foet boppe de kop fleagen. Man! Hwet fleach it foar ’e wyn ôf, det de stront fen ’e diken stau. Ik hâld oars net bjuster fen kaertsjes ef briefkes, en dêrom scoe ik jister ek wol ’ris by jo komd ha, mar ik moast op ’e kreammisitie mei in hele team âlde frouljue en oare stadige minsken: en dêr út to rinnen, dat mocht ik net om myn overste[48] net to forlitten. Oars hie ik al sa ljeaf ’ris in healmingelen fen dat skoane bierke by jo dronken; en den hiene dy grouwe poep en ik ek yet ’ris sjonge kind. Wit’ je net? Dy âlde fjochtersbaes, dy oars net praet as fen meiden en moardzjen. Voilà mon excuse!

Nou oan it winskjen. Dêr den in lyts flardtsje!

Libje lang, mar libje soun; Yt je lang yet tsjok en roun! Nim foar ’t iten in lyts wipke, Nei it iten in lyts sljipke, En fortret jo dat to fel, Liz den stil de leppel del.

Mear, tinkt my, ha jy net nedich. Jy ha neat nedich as in libben, dat sûnder tablet drop, gezondheidzolen, oder lebens essenzen to ’n ein brocht wirde kin. Iten en drinken is ’er by jo net brek, tsjinners ha jy ek nôch. De oaljekoeken[49] rinne allegearre mei it hoedtsje yn ’e hân, as se de boargemaster sjenne. Mient jou wiif, det it hwette plomp fen my sein is, Mefrou moat tinke det ’er dat ûnderskie is twiske myn nijjiers- en oare lju’s praet, det ik it better mien as ik it sizze kin, en ik leau, det it oars wol ’ris omkeard is.

Adieu! Gott befohlen, Herr Staddirector!

Eeltsje, bûklaper en brabier by de grouster skiere iel.

1823 2 Jannewaris.

De oare deis kaem boargemaster mei dit letterke by my en skonk it my. “Dêr, sei er, dat is in masterstik. Der libbet nin twade Fries, dy sa’n briefke fleande skriuwe kin. Biwarje dou it, en jaen it út nei myn dead: hwent by my komt it licht ûnder de pompieren fen de ontfanger-generael.” Sokke letterkes floeiden myn broer sa mar út ’e pinne mei it selde gemak as in recept for seare hakken. Foaral is ’t merkwirdich troch in eigenskip yn de tael en it karakter fen de Friezen. Sa dageliks wei sjonge se yn hjar útdrukkingen, as dimmene ljue, meastal ûnder de noat, mar yn it spotten en gekjeijen sjonge se boppe de noat, en dat driuwe se sa fier, det it iggen noch kanten roait. Yn dy groteske oerdriuwing leit krekt de biisaftige bispottelikheit. De gelearden neame dat de hyperbole. As Dr. Eeltsje yn syn feart de iisskotsen neifleane, folget hy gekskearende syn Fryske aert op. De tael is ’er fol fen, omdet it yn it nationale karakter sit. Sa heart men by foarbyld: Dar hoor ik jou! sei doave Japik, en ’er roan in lûs oer ’e souder.—Nou komt ’er romte om ’e hird, sei de jonge, nou ús heit en mem beide dea binne, en sokke sprekwizen by de rûs mear.—As in soan syn âlde heit slacht, scoe yen it grim út ’e bealch spatte fen lilkens.

Yn it briefke haw ik neat foroare as de spelling. Sommige ljue prate wol ’ris oer ’e ienfâldige spelling fen Dr. Eeltsje. Myn broer hie nin spelling yn it geheel; dêr liet er my for kedize. Hy hie Gryksk en Latyn leard, spriek en lies flot wei Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Hy wier fjirsto goed taelkenner om dat gewicht yn de spelling to sjen dat ús lânsljue der oan hingje. It wier him to dwaen om it echte skilderaftige wird, en as er dat foun hie, koe him de rôk, dy se it yn ’t skrift oanteinen, net folle skele. Onno Zwier van Haren hat syn Geuzen aldermislikst spjelde, en dochs scil syn heldentrompet de rom fen ús foarâlders noch ieuwen nei ús útsketterje, as de keurich bislikke en spjelde rimen fen syn tiid mei de rimers selme al lang forgetten binne, eft hja noait bistien hiene.

J. H. H.

SKIPPER HYLKE FEN DE LJEMMER.

In skipper op ’e Ljemmer, dy bûten foer nei de Middellânske sé, boude syn sinlik wyfke in fleurige keamer tichte by de haven om yn to wenjen. Hylke foer goed en it mocht him skoan barre. As de man nou op sé wier, pronke se hjar wenje op; hja wreau, hja strike en fage de ganske dei, en njunkenlytsen kaem de keamer sa fol as in aei. Skipper Hylke wier pas thús, ef hja frege om in twade keamer om yn to sliepen. Dy kaem der ek en dêr slepte hja net allinne, mar wenne der ek om de foarkeamer moai to hâlden. De sliepkeamer waerd ek njunkenlytsen foller en moaier; sa moai, sa kreaksinlik, det hja faek it bêd moarns net opmakke om ’t stouwen to biletten. It bigreatte hjar, det ’er immen oars yn kaem as hja selme, en dat noch wol op hoasfoetlingen, sa, det as hja yn “’t Heilige der Heiligen” gean scoe, teach hja de toffels op ’e matte foar de doar earst út. “My tochte, sei se tsjin Hylke, do er fen Cadix thús kaem, wy moasten der noch in keammerke by ha, hwent dat sliepen, koaitsen en brieden makket de boel sa gruzich as in bargehok.” Ek oer de kosten fen dat tredde fortrek stapte Hylke hinne. Baes Schaafma waerd roppen, en in tredde keamer kaem ’er by. Hylke gong yn Maert op reis. Yn ’e simmer tocht hja: dat stoken en sieden yn ús koken kin ’k mije, en hja boude in stookhok op ’e feartswâl efter ’t hûs, dêr hja iet en dronk, sea en brette, waste en plaste, en it húsrie fen trije moaije pronkkeamers trijeris deis omgong en mei in fyn Eastynjeske doek ôffage.

Hylke kaem thús; hy moast nou yn ’t stookhok syn heil siikje. Hy sei neat; mar de earste snein to joun de bêste, sei er tsjin seis nuvere feinten, skippers en kameraten fen him, dy yn de Ljemmer laeinen, eft se de oare moarns to 10 ûre in gleske pons by him drinke woene. Ja wol. It wiif gong, de bibel mei silveren heakken by hjar, yn peaskepronk nei tsjerke en om 10 ûre kaem it folk opdaegjen. Dat gong dêr op in sûpen fen sterke gleone pons eft it pompwetter wier. De geasten waerden wekker, njunkenlytsen roerich en op it lêst wyld, woast en oproerich. As der in glês ef romer briek, rôp Hylke: “Dat ’s bêst, to mar, sa moat it gean! de fabryk moat ek libje.” It eintsjebislút wier, det der ien oer de tonge bigoun to kakken, en de moaije spegel bispei; in oare skoerde de kleden en gerdinen ôf om de boel hwette op to himmeljen. Skipper Laes, dy troch it hier groeid wier, sette de prûk op in lege flesse, sa hjit waerd hy om de kop.

Sytse fen Twellingea hie sa folle fen dat swiete gûd ynkrige, det er mei de rûge mûtse, fetlearzen en in skansloper oan, op it pronkbêd stapte en yn in amerij bigoun to snoarkjen as in baerch. Mei ien kaem it wiif út de leare en sloech rare eagen op do hja nin gerdinen foar ’e finsters foun. Hja gong yn, mar do waerd hja sa wyt as snie en waerd stom fen woede. Mar do se dêr dy dronken út-fen-hûzer mei de rûge mûtse op en de learzen oan op hjar pronkbêd seach, do wier it eft se troch ’e groun sonk, en wylst dy keardels it heechste liet songen: Ach, kapteintje, slaat mij niet, foel it earme minske yn flaute op ’e groun. Hylke hâldde hjar in doek mei jittik ûnder ’e noas, en do hja wer bykomd wier en de boel troch in âlde húshimmelster hwet opreddere wier, sei Hylke tsjin syn wiif: “Nou, Jeltsje, sa kin it net, en dochs moat it sa, as ik yn in stookhok libje scil; hwent dat fordom ik sa wyt as sûpe. Dêrom wol ik it mei dy op in akkoart jaen. Wy scille yn ’e earste keamer wenje, yn ’e twade sliepe, en yn ’e tredde siede en briede, waskje en spiele. Dat gong oan en Jeltsje toarnde der noait wer oan om yn ’t stookhok to krûpen.

Sa giet it nou de dames, dy fen in lytse wenje de twa bêste keamers oan eltsoar lûke en ta en rigele meitsje, om mei hjar bern yn lytse hokjes fen keamers to wenjen.

J. H. H.

[Yllustraasje: BY SKIPPER HYLKE.]

LEED EN WILLE, EN DE FLOTGERZEN.

LEED EN WILLE fen E. HALBERTSMA. EN DE FLOTGERZEN fen J. H. HALBERTSMA.

IN WIRDKE FOAROF.

Friezen! Nommele lânsljue!

Dêr is nou it lêste gerjucht, frjeonen! Der mei noch in lyts priuwke neikomme; mar dêr moatte jimme net op rekkenje. Hwent it is burgerklokke mei ús, lyk as de Grinzers sizze. Wy wolle hoopje, det it jimme goed smeitsje en ek goed bikomme scil, howol ik eang bin, det dit iten in bulte to dreech ef to skerp wêze scil; binammen dy in swakke mage ef in rudige consjinsje habbe.

Myn broer Eeltsje onthellet jimme hjir op syn Leed en Wille. In bulte fen dy stikjes binne noch al wakkere faei west; mar sa folle as ik koe hab ik se trou by eltsoar swile, en nou is ’t bihâlden smoar, dêr jimme bernsbern my noch for tankje scille. Hja seagen ’er ek al nuver út, en der is net ien ûnder, dat ik net ontciferje, wirdke for wirdke boekstaverje, bipuntsje en bistreepje, en oerskriuwe moast. It lêste foel my swier, noch swierder as it hoffenjen en himmeljen sels; hwent ik bin to loai om myn eine tinzen op to skriuwen, ik lit stean dy fen in oar, en wier it net west for Fryslân en myn broer, den hie ’k se driuwe litten.

Dy forfrysket ef yn ’t Frysk neifolget moat sizze, hwer hy to gast west is; hwent oars miene se jamk, det me mei oarremans fearren pronket: en dat scoe hwette smoarch stean. Nou scoe ik jimme ek alle nammen wol opneame, dy Eeltsje by fierren ef op ’e hakken folge hat; mar hy sels hat it yn der tiid forsloffe, en de measte stikjes binne al sa folle jierren lyn makke, det ik it net neifiskje kin; binammen ek, omdet ik hielkomselden Dútsk lêz. Ik wit, det it Ingelske A Tear him ta In Trien, en Two Children in a Wood him ta de Twa Bernkes yn ’t Wâld brocht hat. Hy hat my ek sein, det it Pelsrjucht bisibbe is mei in âld telke fen Pater Abram, en det Grubel neifolge is mei Twa Boeren en de Skrie. Ik mien, det de Wylde Rúter fen Dockum.... mar lit ik ljeaver sizze, det ik it net goed wit. Ien ding wit ik, det it klaed, dat hy alles oantein hat, suver Frysk is, en dat moat jimme genôch wêze. Dy ’er mear fen habbe wol, moat se mar rigel foar rigel neisneupe; mar ik leau net, det hy folle mear fine scil.

Hwet my oangiet, de holle stiet my fiersto wyld om oan ’e ljidbân fen in oar to rinnen. Ik haw myn bêst dien, om Fryske aert en tinzen, Fryske bigripen en tsjoen-telkes, mei Fryske wirden to uterjen, en dat hab ik dien, frij, sûnder immen ef eat to ontsjen; yn de miening, det ik skriuw for wize ljue, dy op myn rekkeninge net stelle scille, hwet ik in oar, om nei syn aert to praten, yn ’e mûle liz. Ik siz dit allinne, omdet yn lytse riken as uzes de ljue al gau miene, det men dy ef dy persoan op it each hawn hat. Wy binne net folle; mar om ús op to hâlden mei de ljue, dy nou libje, en dy ûnderdúms stekken to jaen, sjoch, dêr binne wy dochs noch to heech ta. As dat sa wier, scoene wy allinne for de tiid, dêr wy yn libje skreaun habbe, en dat liket er net nei.

Yn de Hoanne fen Westerein sprekke de Friezen ûnder de republyk, do se de frijheit mei de ynfierenste genegenheit for de prinsen fen Nassauwe yn hjar binnenste forsmolten hienen. Yn de Ljue fen de Pomp hab ik de tsjinnichheit fen de âlde Friezen op lotsjen, sûpen en de ierdappels yn ’t eachmerk hawn. Immen kin twifelje, eft it wier is, hwet der oer de reden en de dûr fen de sjeachtme yn ’e ierdappels sein wirdt; hy mei mûlk sizze: “Minsken en planten kinne sjeak wirde, en ek wer betterje; krinten en druven hawwe ek de sjeachtme al, mar dêrom scille de minsken net ophâlde dy frucht to forbouwen;” oare meije sizze, det it sûpen net komt fen slop iten en earmoede; wer oaren meije sizze, det de brakken by de dei yn ús lân betterje. Dat alles giet my net oan; fen my kin neat oars easke wirde as det eltse fûgel, dy ik sjonge lit, sjongt nei det hy bekt is; mei oare wirden, det hy sa’n miening oer in ding utert, as men in syn jeld en skaei, fen syn kinde en steat, fen syn lân en syn tiid, wachtsje mei. Dit is foaral wier fen it Heksershol. Dêr komme telkes yn foar, dy de ljue nou amper leauwe kinne, det ea leaud binne: lykwol hienen dy sa’n byfal, det sokke treftige ljue as siktaris Elgersma fen Bolswert, nou fyftich jier lyn, it net ûnder hjar rekkenen om de allerslimste, dy hjir teld wirde, mei eigen hân oan to teikenjen. Dêr heart, by foarbyld, ûnder it Nachtgesicht to Pjittersbierum, de Bigangel op Skiligen en de Bitsjoeningen en Onttsjoeningen to Warns en to Aldegea. Yn de Súdhoek wirdt soks noch faek forteld; ja, hûnderten leauwe der noch mûrrefêst oan. En is ’t net nuver? Nearne is mear fen de âlde Fryske tael en de eale Fryske aert; mei ien wird, nearne is mear fen de Fryske nationaliteit oerbleaun, as dêr ek it measte fen de âlde nationale bygelovichheden hingjen bleaun binne! It selde sjucht men yn Ingelân. Nin lân, dêr sa folle nationaliteit en ek sa folle nationael bygelove noch is. De bigangel is, by foarbyld, yn Skotlân ûnder de namme fen second sight noch yn folle swang. De Ingelske frouljue yn de provinsjes forbarne de placenta lyk as de Friezinnen yn ’e hirddobbe.

Ho sit dat nou? Kin bygelove den ea it fondamint wêze fen de deugden fen in natie? It liket ’er net nei, Friezen; mar it bygelove sit ongelokkich troch de wirtels fen de âldste deugden fen in folk hinnefrissele, en as men dat onkrûd útskoert lûkt men de echte plant faek mei út. It nationale bygelove is egentlik in oerbliuwsel fen dy âlde godenlear, dy by ús âffaers foar de ynfieringe fen it Christendom yn swang wier en dy dos mei de heldensin, mei de âlde trou en de ljeafde for de lânsljue, yn ús stam foar ieuwen en ieuwen forgroeid siet. Dy nou oan dy nationale bygelovichheden toarnt, dy toarnt ek oan dy nationale deugden; dy it iene los makket, makket ek it oare los, dêr it yn fêst sit, en dy it rimpen en gysten docht, dy giet it as immen, dy âlderwetske hoeken en plakken út in griis kastiel wei bikket, en sokke greate gatten makket, det hy it hiele gebou op ’e holle kriget. It schoolwezen yn Nederlân hat ’er it bygeloof mei kracht en macht úthammere, en men meije wol freegje, eft it dat sa bihindich dien hat, det de deugden, dy ’er yn it nationael karakter mei forgroeid sieten, stean bleaun binne, ef det se dêrfor in algemien wetter-en-mâlken wrâldboargerskip en in gemüthlich poependom yn ’e pleats loatst habbe? Dat hie net bard, as se de wirtels fen it onkrûd twiske de wirtels fen de goede planten swietwei oan ’t rotsjen brocht en sa ta lêste útroeid hiene; den hienen de goede planten geef bleaun. Hienen se it bygelove stilkes bitsjen litten, en mar al kindichheden op kindichheden yn alle hoeken en hernen spraet, den hie it bygelove op it lêste foar it ljocht fen de witenskip forblike en úttjirme, wylst eltse nationale deugd fen it âlde folk oan syn pleats bleau. De spoarwein is allinne wol yn steat om oeral, dêr er troch fljucht, alle spoken en skynsels ûnder syn wjillen to forpletterjen. Hja, dy de skiednis fen de folken lêzen habbe, bigripe my; hja witte, det de nationale deugden, dêr de helden sa folle wonderen for hjar lân mei útfierd habbe, mei de haet, mei it foaroardiel ef it bygelove jamk yn eltsoar fortiisd sieten.

It giet yn myn eagen mei myn gemalk as mei de bargen; dat binne as biggen alderljeafste dingen, dy men wol op ’e skirte lizze scoene; mar hja groeije lilts op, en ho âlder ho smoarger en onhurer. As myn stikken gloednij binne, den hab ik ’er noch al sin oan, mar as se hwet lein habbe, den sjen ik ’er alderlei lek en brek yn, en dat boazet oan hwet se âlder wirde, sa det ’er op it lêst nin goed hier mear oan bliuwt. Dizze stikjes hab ik earst it Nijgêrs neamd; dat is yn alles wol sa pittich net as it maigêrs, mar it is dochs goed foer en in forfrissinge for it fé. Dy namme wier den op it ein nei myn sin ek to goed for dit wirk, do it hwette bilegere wier, en dêrom hab ik ’t mar de flotgêrzen neamd. Dêr haffelje de kij ommers noch wol ’ris yn om, as se út de sleat drinke, en de bealch al fol fen it goede gêrs habbe.

De Flotgêrzen peare oan Leed en Wille? Dat is in frjemd houwelik. Ja; dy twa dingen lykje krekt sa folle eltsoar as de trant fen my en myn broer; dat wol sizze, neat. Mar just dêrom jow ik se hjir tagelyk út. De iene hat sin oan de moer en de oare oan de dochter, en wy habbe nou twa kânzen yn pleats fen ien, det eltse lêzer hjir hwet fen syn gadinge yn fine scil.

Ik hab okkerdeis oan Eeltsje sein: “De rjimstikken fen dyn Leed en Wille binne al forskate jierren âld. De ljue witte wol hwastou as rjimmer wierste, mar net hwastou nou biste. Dou moaste my in splinternij rjimke meitsje. Den wit de hiele wrâld, ho fier astou hinne biste.” De oare moarne brocht er my de Blide Bernkes.

Farrewol, nommele lânsljue, en forjit ús net.

J. H. H.

Sathe Westerein,

18 Juny 1854.

LEED EN WILLE.

As it gelok mei tûzen blommen Us om de krûze lokken waeit, En ’t wyld gemoed, forwend fen ’t krommen, It swerk net sjucht dat oer him swaeit;

Den komt it leed mei tûzen pleagen En bûket ús forbolgen hert; Driuwt skerpe triennen ús út de eagen; Wy wirde wiis, mar faek to let.

Dêr stean wy den... ho lyts! forlegen! As frjemde yn in woastenij. Nou komt in ingel út den hegen, En stiet it earme skepsel by.

Dêr seit hja yn hjar himelteale: “Drink, minsk’, dit mingsel ta dyn dead! En rikt ús frjeonlik ta in skeale Mei blomt bikrânze, wyt en read.

“Dyn libbens-biker is fol wille, “Mar ’t swartste leed laeit ek der yn; “Lit dochs forstân dyn lusten stille! “Oars drinkst’ dy dead oan hjar fenyn.”

Dy skeale moat elts minske drinke: Dat is de wrâld; dat is dyn lot. En eft wy fleurje, stige, sinke, Wy binne yn de macht fen God.

Sa binn’ de blêdden dy hjir lizze, Bisonge’ yn nocht, biskriemd yn need; De sinnefleagen, dy hjir sizze: “Nou hien’ se wille, nou wer leed.”

Nim, roune, nom’le Fryske ljuwe, It Fryske, dat ús hert hjir biedt, En eft wy rize, sinke, driuwe, Ljeaf bliuw’ ús Fryske tael en liet!

E. H.

OP ANNA’S DEAD.

Myn Anna, dy sa rein as snie En my sa nei oan ’t herte wier, De ljeafling fen myn siele; Myn Anna, och myn yngelin, It blomke fen myn húsgesin; Hwa kin myn rouwe fiele? ’k Moat krite as in bern; Dy haw ik nou forlern.

’k Moat treure, God, sa ynnichlyk: Dat famke wier myn himelryk, Dat hjir sa koart mar tierde; Dat as in fûgel for my song, Ef dertel as in lamke sprong, En heel myn hûs forsierde; Dy lust, dy glorie fen myn hûs, Formoddert yn hjar klûs.

O, ljeave, dy forjit ik net; Dat bliere each, dat frjeonlik hert Stiet ivich foar myn eagen. Myn okkebyld, myn yngelin! Dou wykste noait wer út myn sin Al stou ik oer de weagen, Dyn byld is ivich tichte by: It stiet, it praet foar my.

Mar ’k tankje God for ’t koart bisit; Hwent hearlik, treastlik is it yet, Det hja al op dizze ierde Sa goed, sa from en freedsom wier; Sa ’n yngelachtich wêzen hie En noait myn hert biswierde. Mar, och, ik mis hjar al to ier; Dat falt myn herte swier.

Nou bloeit nin blomke mear for my, Nin ljurkje sjongt syn millodij, Dat oars myn hert sa streelde; De simmer hat nin freugd for my; Né, de ierde is my in woastenij Mei al syn plantenweelde, Nou ’t ’k alles haw forlern Yn dat oanminnich bern.

De hjerstwyn bliest de blêdden wei, En wy, wy stouw’ hjar efter nei, En wirde in hânfol ierde. De stim, dy hjoed sa hearlik klonk, De blom, dy ús to mjitte blonk En hôf en fjild forsierde, As God almachtich winkt, Fordoavet en forsinkt.

Grou. E. H.

OANTINKEN OAN JUSTUS.

Nou is ús ljeave Justus wei, De fleur fen ’t húsgesin. De rouwe, dy myn hert oerstjelpt, Biskriuwt nin swakke pin.

It wier sa’n frolik derten bern; Sa boartlik en sa goed. O, as ik om dat boike tink, Bin ik sa near to moed.

Ik wier syn makker op en-út; Ik waerd om him in bern. Syn aert, syn namme wier my ljeaf; Eilaes! dat is forlern.

Wier ik soms trurich yn ’t gemoed, Hie skild myn siel bidrukt, Syn freugd, syn onskild wier myn treast: Dy treast is my ontrukt.

It hûs, dêr ’k al dy wille hie, Is my sa stil, sa near. Ik sjen syn ljeafste boartersgûd, Syn boartfeint sjen ’k net mear.

Forplettere is it húsgesin. De faem, him sa getrou. Syn âlde trouwe foedstermoer Forkniest fen leed en rou.

De winter hat mei stringe hân It fjild mei snie bifracht’; Yn ’t hôf, dêr ’k mei him kuij’re hab, Is ’t winter en is ’t nacht.

Faek rikte hy my ’t hanke ta, Ef naem myn rôksseam faet, En hy formakke my yn ’t hôf, Mei ljeaf healmûlich praet.

De keale strûken stean nou dêr, De roazen, o! sa skoan, Dêr ’t boike faek syn lust oan hie, Dy binne as hy forstoarn.

Dy habbe ienris bloeije dochs, Troch Gods almachtichheit, Sa ljeaflik, en sa swiet en myld, Byld fen syn majesteit.

Sa libbet ljeave Justus wer, As dizze roazestrûk, Hjir boppe yn it parradys, Sa hearlik en sa smûk.

E. H.

Grou.

[Yllustraasje: IK SEACH SYN LJEAFSTE BOARTERSGÛD.]

OAN BESLINGE-STATE.

O Beslinge! o, edle state! O, lusthôf fen de Fryske groun, Oer al de ridderlike staten, Ho is dyn bluister nou forroun!

Dyn steatelike abeeljebeammen, Dyn fleur’ge loanen ticht en grien, De wylgen oan de wetterseammen Binn’ keal en fen hjar lof ontdien.

En Flora’s núv’re bonte drommen, Mei kleuren troch nin minsk’ bitocht, Dyn keur fen wonderfolle blommen, Ut alle wrâld hjir hinne brocht!

Ho blêdleas steane hja der hinne, Forlitten, toar as in struwel, Ef for ’t forlies fen mylder sinne Bisletten yn in neare cel.

’t Noardwesten hat mei woaste fleagen Dyn erf mei ’t giele lof oerspraet, En, as de woaste wetterweagen, Neat sparre yn syn wylde feart.

Mar komt ’er wer in mylder sinne, Ontjowt him alles wer op nij, De twiichkes litte knoppen rinne, En alles libbet en is blij.

De resida, sa lyts, mar geurich, Magnolia yn syn hearlikheit, d’ Oleander mei syn blêd sa keurich, De roas mei syn oanloklikheit;

’t Scil alles wer de groun útstige, De fûgels sjonge yn it lof Fen beammen, dy hjar tûken nige As de earste beam yn Edens hôf.

Mar ien stam scil net wer forrize: En freget men dêr reden ôf, Ik moat him nei it tsjerkhof wize; Dêr laeit er op dat hege hôf.

Us Eiso is dy ed’le stamme! De pin bistjert my yn de hân By ’t skriuwen fen dy goede namme; Hwent goed wier hy as ien fen ’t lân.

Men mei geboarte in foarrjucht hjitte, As deugd en minsumheit hjar siert; Dy hie er yn in greater mjitte As mannich dy nin wapen fiert.

Syn oankomst scil my nea forjitte, Mei flaggen, skippen sûnder ein. Elts woe syn frolik hert útjitte; De soarg’ wier do to side lein.

My tinkt, ik haw it yet foar de eagen, Ho do de jonker hild’ge waerd, En ho de heit mei ’n trien yn de eagen Him oan ús opdroech as ús haed.

Hwet hoef ik hjir nou út to lizzen, Ho de ed’le man do wier ontdien: De wirden stûken him yn ’t sizzen, En my ontfoel ek al in trien.

En Eiso wier sa gol fen wêzen! Syn roune, nomm’le, Fryske sin Stie him yn ’t frjeonlik each to lêzen, It woldwaen wier for him gewin.

Hy troude in frouwe fol fen deugden, Foarsjoen fen wittenskip en kinst, Dêr w’ allegear ús yn forhûgden. Hja woun troch frjeonlikheit ús ginst.

In hûs en hôven waerden stichte, Dêr ’t jonge pear yn wenje moast; Mar, och, de dea kaem mei syn sichte, Dy skriklike fornielings-foarst.

Dy meande ’im wei yn prille jierren, En ’t slot dêr jinder oan de wei Ropt alle minsken ta fen fierren: “De dea, de dea brekt alles wei!”

En hwa scil nou it leed útsprekke Fen de edle âlders en de rou? Dat kin de ierde mar bidekke, Dat wisket tiid noch wirden ou.

Wol, lusthôf, sa bibeamd, biblomme, Forsierd troch kinst en troch natûr, Hjar faek it trurich hert opromme, En bring it britsen hert yn stjûr.

Wêz’ lang de taflecht yn de smerte, O, stil, mar ljeaflik Beslinga! De treaster for ’t forplettre herte Fen de edle stam fen Sytsama.

Grou. E. H.

OFSKIED.

Goede, echte Fryske ljuwe! d’ Smertlike ûre is ’er wer, Det ik hjir net mear mei bliuwe, vDe ôfskiedsklok wer brommen hear.

Goede, echte Fryske ljuwe! Ik mei hjir net langer bliuwe; ’k Hear de ôfskiedsklok wer byljen. Och, ús ûre is forroun.

Trije, greate, hege winsken, Winskje ik jimme, ed’le minsken! Scoe ik dûbelfâldich wêze? Dat is ’t Fryske wêzen net.

De earste is, det w’ as Fryske ljuwe ’t Swiet fen echte frjeonskip priuwe, ’t Alde sizzen goed onthâlde: “Rjucht troch sé, dat giet ’er mei!”

Lit ús ’t oarde wol onthâlde; Mei ús sels de frede hâlde. Lit de wrâld ús den forlitte, ’t Stringe ik fordomt ús net.

Einling, bêste, golle ljuwe! Wol yn iv’ge frjeonskip bliuwe Mei dat onbigryplik hege, Dat ús de ivichheit ontslút.

Goede, echte Fryske ljuwe! Langer doar ik hjir net bliuwe. ’k Hear de himelharpen klinken. God en segen oer dit hûs!

Grou. E. H.

IN TRIEN.

Hwet is de wolkomstgroet Nei ’t lêste smertútkriten, Nei ’t earste inerlik getroet, Dêr mem hjar berntsje mei bigroet? Dêr hja hjar yngel earst mei moet, As wird en sucht forsmoare binne? O, ’t is in trien, in trien allinne.

En ’t swietste fen de nocht, As ’t bern moai op hjar skirte Sa gutich de eachjes opdocht, En loerkjende nei hjar sjocht, En streaket en aiket en docht, En ’t swiete: “Memke!” lit rinne? O, ’t is in trien, in trien allinne.

Mar ljeafdes earst biwiis, Hwet mei dat dochs wol wêze? Is ’t dounsjen? Djoeijen op it iis? Né, yn dat frjemde singetiis Hast’ wird, ef sucht, ef sang ef wiis, Jildt hege eed by moanne ef sinne, Mar in hândruk, in trien allinne.

It skieden falt sa swier For trouwe frjeoneherten; De tiid wirdt lyts, de wei is fier, En de onrêst fljucht troch hert en ier; De lêste klokslach bromt sa swier; Mar as de klok en spraek forstomme binne, Den sprekt yn ’t each in trien allinne.

In frjeon forjit syn wird; Dat flymt ús troch it herte: ’t Forjitten fen dat hillich wird Dat falt oan al de frjeonen hird, Dat flitset as in snijend swird Troch hert en nieren hinne; Dat heulet in trien mar allinne.

Dou biste heech fen steat; ’t Is wille om dy hinne. Nin kening is sa ryk, sa great. ’t Forried komt op; dou biste neat, En mei in wink, dou earm en bleat; Dyn frjeonen ta de lêste tinne. Hwat bliuwt dy? In trien mar allinne.

Dêr stjert forsuffe en siik In sloof; hjar suchten rinne Nei ’t lêst, it allerlêst ontwyk, Nei ’t ivich ljocht, it himelryk, Dêr earme en rike binne allyk. For de earme bern fen honger fortinne Is ’er neat as in trien mar allinne.

De hân, dy jowt, is ontslein En jowt hjar brea en segen. Hjar tankbre blydskip ken nin ein; Hjar hert is nei de himel tein, Fier boppe stjerren en sinne, Mei in trien yn de eagen allinne.

Dêr stiet dyn woaste soan, It doel fen al dyn soargen. Sjuch dêr dyn hoop, dyn earekroan, Forwoaste, forwyldere en fordoarn Dyn deugds, dyn grysheits kroan. As rie en treast forgongen binne, Den bliuwt dy ’n bittere trien allinne.

De hoop dy is er west, De dea stiet foar ús leger; It flauwe libben wirdt in lêst; De minske sucht om de iv’ge rêst: En ’t ierdske lean op ’t alderlêst, As wy oprjuchte minsken binne, Dat is in frjeonetrien allinne.

Grou, 2 Nov. 1842. E. H.

TWA BERNTSJES YN ’T WALD.

O, âlders! O, bitink nou wol De wirden hjir biskreaun. In drovich stik fortel ik hjir, Oan Skotlâns kust bidreaun.

In edelman fen heech fatsoen Alear yn Noardfolk libbe; Hie lân en grounen fier yn ’t roun, Wier noait fen ’t lot jinstribbe.

Mar siik waerd hy, de dead neiby; Moast fen syn rykdom skiede. Syn wiif waerd deadlik siik as hy, En beiden wachtte ien ierde.

Dochs ljeafdes treast wier net forlern, Al wier de hoop ek wei. Mar, och, twa lytse ljeave bern, Dy bleauwen holpleas nei.

Och, de iene in moaije fikse boi Mar trije jier pas âld, En de oare in famke, o, sa moai! In pronkstik fen de wrâld.

De jonker liet syn lytse soan, As hy ’ris mounich wie’, Jiers trijetûzen goune nei, Dat fêst op lânnen stie.

Syn lytse Jane’s útset wier Yet tûzen goune mear. De dei as hja ta trouwen kaem Den laei it for hjar klear.

Mar as de berntsjes stoarene Foar hjar folmounichheit, Den waerd hjar omke erfgenaem As sibste oan hjar heit.

“O, broer-ljeaf! sei de sike man, “Sjuch op myn berntsjes del; “It is myn eigen flêsk en bloed, “Dat ’k oan dyn soarg’ bifel.

“Oan God, oan dy, lit ik se oer, “Myn berntsjes nacht en dei; “Hwent mar in lytse wile tiid, “Den binne wy al wei.

“Dou moaste wêze mem en heit “En omke tagelyk, “God wit, hwet lot hjar is bireid, “As ik nou wird in lyk.

“En ’t is nou yn dyn folle macht, Sa spriek de mem yet ek; “Hjar op to bringen great en ryk, “Ef for de biddelsek.

“En binne jy hjar treast en steun, “Dat leannet God jo wis: “Is ’t oars, syn straffe bliuwt net wei, “Dy God fen wezen is.”

Do tute hja hjar berntsjes yet Mei lippen kâld as stien. “God segent jimme, ljeave bern! “It is gau mei my dien.”

En hark ’ris hwet de broer do sei: “Ik haw nin hert fen stiel. “Hwet soarg’t dyn teare memmehert? “Ik nim it op myn siel.

“En as ik oait dy ljeave bern “Fordruk ef kweadwaen mocht, “Den winske ik, det Gods swiere straf “My nacht en dei bisocht.”

En do de âlders laeine yn ’t grêf, Naem hy de berntsjes oan; Hy brocht se beide yn syn hûs As dochter en as soan.

Hy hâldt him oer dy ljeave bern In jier heel goed en sacht; Do naem de divel fen it jild Dat onminske yn de macht.

Hy hierde do twa keardels ôf, It útskot fen de wrâld, Det dy for jild dy lytse bern Scoen’ deije yn it wâld.

Syn wiif dy makke hy do wiis En alle man yn hûs, Dy berntsjes scoen’ nei London ta By in goe’ frjeon yn hûs.

Wei gongen do dy sloofkes, wei. Hja wierne blij to moed; En seine yn hjar onnozelheit, “Wy kedtsje-ride hjoed.”

Sy prate en snappe frjeonlikjes, Och, sûnder earch ef kwea, Mei dy forwoaste moardeners, Dy ’t oanleine op hjar dea.

Dy ljeave praetsjes makken do Dy moardnersherten weak, En neiby roan troch yntinken It grouwelstik to speak.

Mar ien fen hjar, forstield fen hert, Spriek: “Né, ik hâld myn wird. “Hy leanne ús goed; hja moatte dea, “Al falt it stik my hird.”

Mar de oare stimde ’er net yn ta; Hja foelen do yn striid, En fochten hevich mei eltsoar, Hwa ’t earst scoe út de tiid.

En dy de sêftste ynboarst hie Staet d’oare ’t mês yn ’t hert. Dy berntsjes yn dat iensum bosk Dy trillen as in blêd.

Hy naem de berntsjes by de hân; Dy yngels krieten lûd. Hy sei: “Kom mei, en skriem mar net: “’t Is alles nou wer goed.”

Twa lange milen laet hy hjar; Do kaem de honger op; En ’t onminsk sei: “Bliuw hjir mar stean; “Ik helje iten, pop.”

Dy ljeave berntsjes hân oan hân Dy kuij’ren do dêr om, En seagen nei hjar rêdder út, Mar hy kaem noait werom.

De wylde beijen in it bosk Dêr laefden hja hjar mei. Hja skriemden do de nacht oankaem En snikten oan de wei.

In minskehert moat brekke nou, As hy dit stik oertinkt, Ho det dy ljeave onnoazle bern Hjar flauwe moed ontsinkt.

Forlitten yn dat iensom wâld Biliet hjar ek de gong. Och, koen’ hja nou mar bidde yet! Mar hja wier’n yet sa jong.

Dos swalkene dy bloedtsjes dêr, Forkommere en forlamd, Forloste einlik hjar de dead, Yn elkoarms earmkes klamd.

Nin minske makke in grêf for hjar; Nin deaklok waerd ’er laet; De hjerstwyn hat hjar lykjes do Mei ’t giele lof oerspraet.

Do foel de hege wraek fen God Swier op hjar omke del. De fyand kaem forwoastend op, Syn binnenst’ waerd in hel.

Syn skûrren barnd; syn goed fornield; Syn grounen plat toflein; Syn fé waerd slachte op it fjild: Nin hut bleau him oerein.

Twa soannen, beide yn Portugal Forgongen op in tocht, En ta bislút waerd hy yet sels Ta de uterste earmoed brocht.

En ear it saunde jier om wier Wier al syn lân forkoft, En kaem yn ’t ein syn grouwelstik Yet ek alheel oan ’t ljocht.

De woastling, dy dy ljeave bern, Oerjown hie oan hjar lot, Siet op ’e dead om roverij; Dat wier de will’ fen God.

En dy bikende ’t yslik stik Lyk as hjir stiet biskreaun, En de omke stoar, wylst hy om skild Waerd yn de kerker treaun.

Mar jimme, dy it opsicht ha Oer lytse wezebern, Dy yn de earste onnozelheit Hjar âlders haww’ forlern.

Nim in eksimpel oan dit ding, En jaen oan elk syn rjocht, Ear ’t Gods hân mei sa’n aeklik lot Jimme ek bisiikje mocht.

Grou. E. H.

[Yllustraasje]

IT LIET FEN IN EARM MAN.

Ik bin in earme biddelman, Allinne yn de wrâld, En simmers skroeit de sinne my, En winters bin ik kâld.

Ik woe sa graech ’ris sjonge yet, Mar ’t moed dat sinkt my wei, En tink ik my al effen bliid, In sucht dy folget nei.

Hwent yn myn ljeave âldershûs Wier ik sa’n frolik bern; De bitt’re kommer is myn lot Sont ik hjar hab forlern.

De moaije hôven bloeije sa; It noat dat stiet sa skoan; De keale wei dy is for my; Ik earme minske-soan.

Ik bin dochs graech dêr freugde is Mei myn bidrukt gemoed. En ’k winskje elts den goeden dei Sa hertlik en sa goed.

O, goede God! Dou lietst’ my dochs Alheel net sûnder treast. Ien hoop’ skink Jy oan heel de wrâld, Mar oan de earmen meast.

Dêr stiet op ider doarpke yet In hillich hûs oerein; Dêr klinkt for elts in from gesang, In treastwird wirdt der sein.

Yet ljachtsje, sinne, moanne en stjerr’n Sa frjeondelik op my, En as de lêste bêdklok slacht, Den sprek ik, God, mei jy.

Hwent ienris komt jins himel op For eltse fromme siel. Den tsjen ik ek myn feestklean oan, En sit mei Jo oan ’t miel.

Grou. E. H.

DE LYTSE TOARNBEISIKER.

In earme jonge yn de wâlden Dy toarnbei-sike oan de wei, En song dêrby in aerdich sankje; Hy njuente sa de hele dei.

Ja, soms bigoun er lûd to sjongen; Dat klonk sa yn dy stille loan! O! ’t earme boike hie sa’n wille, Wol mear as mannich kenings soan.

Mar, sus! der stûke wirk en sjongen. Hwerom, myn boi? Hwet is der oan? Hy seach in siden ponkje lizzen, Dat laei dêr sa mar oer de loan.

De earme stakker wier bisauwe, Do hy dêr goud yn ’t ponkje foun. Hwent trije goudene dukaten, Dy foelen dêr sa oer de groun.

Hy keart se om wol hûndert kearen, Hy telt en sjocht se oer en nei. Hy lit it toarnbei-siikjen wêze, En gong sa bliid met ’t ponkje wei.

En ûnderweis oan ’t praktisearjen Hwet hy for ’t jild al keapje scoe Oan moaije klean en ’t swiete iten, Krekt eft it jierren dûrje koe.

Mar, och, hy moast gau ûnderfine Hwet oan sa’n stikje goud ek wier, En koart bigoun hy al to kleijen, Det hy mar trije duiten hie.

Ho gau wier ek dat jild forsjidde! Yn koarte dagen hie er neat, En earm, ja, earmer as foarhinne Stoe dêr it boike kâld en bleat.

Nou gong er wer oan ’t toarnbei-siikjen, Mar hy wier stiller as alear. Hy koe nin jolich sankje sjonge. En hwerom song er nou net mear?

Grou. E. H.

[Yllustraasje]

SEMANS KLACHTE.

Under de boartfeinten fen syn jonkheit hie Gabe ien dy him nei oan ’t herte laei. Hy wenne to Abbegea, dêr Gabe in omke en moike wenjen hie; dêr kaem er folle koarts foar de ongetiid to út-fen-hûzjen; dêr toudounse er mei syn niften, ef siet er hele nachten by op to jongfolkjen en to sjongen. Den wier Sierd Anes, in flugge sterke Fryske feint, syn maet. Dêr bleau, dêr wier syn libbenslust. As moarnsier de prachtige sinne syn blinkjende holle út de dauwe opstiek, en oer de marren en poelen bigoun to spegeljen, den gong de sinne ek yn syn hert op; mar as er oer dy wetters brûsde en sûsde mei Sierd yn it lichte boatsje, den dounsen syn sinnen as it skipke op ’e weagen. En dochs forlange er, as de tiid om wier, wer nei hûs en hiem, nei heit en mem. Sa’n bistean hie Sierd net. In lytse mistribelinge yn de frijerij mei Eke jage him it ségat út. De jonge, sterke, feardige Sierd, dy oars nin sé to heech gong, dy ienris de hoop, de fleur fen syn folk wier, rekke ûnder forkearde makkers en forwyldere ta dy úterste mjitte, dy in biskaefd minske birikke kin. Einlinge kaem er werom, mar it wier for in koart eagenblik. Hy roun in lytse tiid yn it doarpke om as in balling mei in forbritsen gemoed, en is foartgien, sûnder det immen oait wer fen him heard hat. Dat taestte Gabe yn syn siele oan, en hy makke ’er it rymke op, dat hjir folget.

SIERD ANES KLACHTE.

Sierd Anes teach mei wylde sinnen Fen ’t lân nei ’t rouwe ségebrûs; Forliet syn terpen en syn finnen En ’t ljeave âlderlike hûs. Him wier de Fryske loft to dompich. “Ik wol, sa spriek er, heger op. “Dat earme lân is my to sompich. “Hozé! de flagge moat yn top.”

En kamen frjeonen him to rieden, Dat bloes syn woaste moed yet op. O, den bigoun syn bloed to sieden En steger waerd syn Fryske kop. Syn Eke kaem him ek formoanjen: Dêr hong syn hert oars jimmer oer. Mar, né! der wier net oan to toarnjen. Syn wylde holle wier oerstjûr.

“Och! sei hja, lit dy dochs bilêze!” En treau him oan hjar bounzjend hert; “Mar kin ’t net, moat it einling wêze, “Forjit dyn heil’ge wirden net. “Yet ienris, Sierd, foar det wy skiede, “Druk ik dy oan dit tikjend hert. “Ta det de klokken fen my liede “Forjit ik dizze ûre net.”

“O, né! spriek Sierd, in man moat swiere “En swalkje troch Gods wide wrâld, “En oer de séen dweile, giere: “Dat hirdet him ta syn bihâld. “Ik wol myn hjitte kop ôfspiele, “En bring dy jild en skatten mei “Wei, fanke! ik moat myn hert forstiele; “Oars tôget my dyn flaeijen wei.”

Hy swalke earst nei kâlde lânnen Fier nei de rûge Moscowyt; Hy seach de woaste Hecla brânnen, Ho dy syn ivich fjûr útsmyt. Do teach er nei dy easterlânnen, Dêr specerij en goud wei komt. Hy hearde oan Bandas geurge strânnen, Ho skriklik Goenong-Api bromt.

Hy kaem to lânne wer nei jierren, Bitomle wier ’t forwyldre brein. Hy seach it toerke al fen fierren, En sonk der hinne yn gewein. Hy koe syn suchten net forkropje. “Wêz’ wolkom, rôp er, âlde toer! “Ho? Kinste nou nin triennen stopje? “Myn God! o né! ik jaen my oer.”

Hy skoarre nei it dorpke hinne: Mar wolkom wier er nearne mear, En elts roun fier fen him fen dinne, Dat die him yn it hert sa sear. Hwent Eke..... (’t is net út to sprekken!) Dy wier it yn ’e sinnen slein, En wier fordrinsge yn de Brekken, En dat waerd Sierd to lêste lein.

“Och! spriek er do mei drôv’ge wirden, “Is nearne rêst for my yn ’t ein? “Is ’t nearne den for my to hirden? “Ik bin in skip, troch stoarm forslein. “Hwa kin it albistjûr bigripe? “Dat kin men oan myn libben sjen. “Dou, Eke, wierst’ myn lêste stipe; “Dy lêste treast is ek forlern.”

Neargeestich gong er do wer hinne, En seach it stille tsjerkhof nei. Hy liet dêr bitt’re triennen rinne, En rôp: “o God! wier ik mar wei! “Hwer scil ik my nou hinne keare? “Myn lust is wei, en ik wird âld. “Wiis dou myn paed, o Heare, Heare! “Ik bin in frjemdling yn de wrâld.”

O, siikje net oan fiere strânnen ’t Gelok, dat foar dyn foetten laeit; It skieden fen dyn ljeafste pânnen, Bitink it, jongling, hwet it seit! In stil bidriuw mei froede sinnen, (o Jeugd, ik sprek in treftich wird!) Dat jowt in himelryk fen binnen By eigen folk en eigen hird.

Grou, Maeije 1841. E. H.

[Yllustraasje: IT DOARPKE ABBEGEA.]

BELLIS PRATENSIS.

Minsken bliuwe: Hjar sizzen komt net nei; Mar út Gods heilichdomme Komstou, o ljeave blomme!

Maitiids earste blomke, Ljeave fen de wei, Ut Gods heilichdomme, Komstou, o ljeave blomme!

Wêz’ wolkom, ljeave! De Maitiid is ’er wer. Det minsken en tiden forgeane; Dou komste, dou biste hjir wer.

Wolkom wer hjir yn ús lân! Kuijere ik ’ris oan de hân Fen myn ljeave famke, “Wolkom! siz ik, hjir is ’t, bern; “’t Iere foarjiers famke.”

Ja, wy kuij’rje hân oan hân Troch it golle Fryske lân, Friezen binne altyt frij, Fyanden fen slavernij. Blomke, blomke, bliuw ús by!

Grou. E. H.

DE TERP.

(Wiize: Menuet de Don Juan. Mozart. In bytsje foroare nei de rymmjitte.)

As ik oan myn bernejierren Oan dat golle boartsjen tink, Wrâld, hwet binne den dyn skatten? Hwet is ’t goud mei syn geblink? As de Maitiid oer it lân Blomkes struit mei mylde hân, O, hwet wiern’ w’ as bernkes blij! Alde terp, ik tink oan dy.

As de earste bonte flinters Flodderen fen blom op blom En de earste ljurken songen, Waerd it bernehert sa rom. En de earste rin wier den Fen de lytse skoallebern, Hien’ wy fen ’e skoalle frij, Alde griene terp, nei dy.

As de lytse foarjiersblomkes Wrotten troch it griene krûd, Rôllen, trûz’len wy sa jolich, Hoallefoallen wy sa lûd. Jagen wy de lea den ôf En de skonken wirch en dôf, O, hwet laeine en rêstne wy, Alde terp, den swiet op dy.

As de famkes toutsjedounsen En de jonges pleagen hjar, Waerden wy sa faek ôfsnoarre: “Dondersk’ jonges, sa ’n genar!” Mar wy houdden ús mar dom En wy joegen nearne n’t om; En hwet tochten hja der by? Alde terp, o siz it my.

Och, myn bernejierren fleagen Lichter as it swerk foarby, Mar dyn griene, ljeave blomkes Binne alle maitiids nij, En in oare nije jeugd Hat op dy wer wille en freugd: En liz ik it libben ôf, Alde terp, wird den myn hôf.

Lit de berntsjes oer my boartsje, Blomkes ploaitsje op myn grêf. Gouden is de bernewille, Al it oare reek en tsjef. Is de winter rou en wyld, Grienje maitiids blij en myld; Bloei as byld fen Fryske kracht, Alde terp, yn iv’ge pracht!

Grou, Juny 1847. E. H.

[Yllustraasje: DE TERP. AS DE FAMKES TOUWTSJE-DOUNSEN.]

TWA BOEREN EN DE SKRIE.

Twa boeren, beide út Longerhou, Dat wierne rare omen, Mar makkers wierne it goed en trou, En rekke de iene oan de sjou, Siet de oare ek noait to droamen.

To Frentsjer oan de bargemerk Dêr siet dat pear to priuwen, Mar op ’e neidei kaem dat swerk Troch dat gelurk mei Age en Tsjerk Almeugend swier to driuwen.

Mar tsjin de joun do teach men foart, Men sjagg’le troch ’e poarte. Soms kaem ’er wol in núv’re hoart. Dat boks’le troch de modder foart, Dy oer de skoen hjar kwatte.

By ’t hiem dêr hearre se yn de loft De skrie syn griet-toe roppen. “Dou steltman mei dyn miggeskoft, “De bek ta, ef pas op, der poft “Dy joun yet ien fen boppen!”

Sa raesde Tsjerk do tsjin dat dier, En sei: “Hâld op fen skelden! “Dou, langbek, hast in raer getier. “Is Ageman hwet oer syn bier “Hoechst’ dat syn wiif to melden?

“Hwent hark ’is, Age, hwet er seit; “Griet, toe! Sjoch, Age is dronken! “Jaen him nou earst mar goed biskeid; “Mar as er yn de fearren laeit, “Brek him den hals en bonken.”

“Dat liichste, ju, sei Age do, “Hy baut dy nei yn ’t meiden; “Kom yn de skûrre, Grietsje, toe! “Wêz’ dochs net bang, toe, Grietsje toe! “Wy binn’ mar mei ús beiden.

“Hy wit, dou hâldst’ it mei de faem, “En telst de frou net folle. “Dyn wiif is sleau en Griet bikwaem, “Mar hoedzje dy mar for de blaem “Fen Longerhouster bolle!”

Dêrop wirdt Tsjerk sa pûr, sa gleon; Dy smyt him oer de finne, Slacht bont en blau syn bêste frjeon; Ja, hat him yn de jarr’sleat treaun, En lit him sa wer rinne.

En Tsjerk dy knypte stil nei hûs En joech him gau ta sliepen, Mar do er fiks laei yn de sûs, Do krige er bruijen by de rûs, Do kaem de hel earst iepen.

Hwent ear ’t er ûnd’r’e wrine kroep, Wier him de noas al skile, En wylst it wiif nei boppen sloep Foel der by him al mannich knoop, Mar ’t oartsen wier forspile.

Mar ’t slimste wier bihâlden yet; Hwent Age dy woe rjuchtsje. De oare deis siet Tsjerk yn ’t swit; Hy tocht: “Dy diker! ik krij pit; Ik mei dochs ek net fjuchtsje.”

En ear de klok al middei sloech, Kaem dêr exteur oan stappen, Dy him in brief yn hânnen joech, En Tsjerk dy seach al net onfoech: Hy tocht: “Dit binn’ gjin grappen.”

Dêr stoe in great citatie yn Om foar ’t gerjucht to kommen. “Dêr ha wy ’t al, dou ychel-swyn! “Dêr stean wis nu’vre wirden yn.” Bigoun do Griet to brommen.

Dêr stien’ se beide foar ’t gerjucht Forslein as earme stakkers, In skylde noas en lang net rjucht, En blauwe eagen; ’t wier nin nocht: En dat for trouwe makkers!

De grytman, ’t wier in stringe hear, Dy sei: “Gaen sitten, boeren. “Sit’ jimme nou mekaer op ’t leêr? “As ik die saek goed instrueer, “Gaen jimme koekeloeren.

“E’n jaer in Wybren Wybrens gat, “En hondert daelders breuken. “Want sien, daer op e’n heerenpad “Mekaer te kloppen, seit al wat, “Jimme oude, kale scheuken!

“Dat fecht in scheurt mekaer de bek, “En dat van knappe luden! “Die sitte Sundags ook in ’t hek; “’t Was wrachtig al e’n knap bestek, “As wy dat folge suden.

“Spreek op nou, Tsjerk; hoe is ’t gefal? “Dou siest al raer uet de ogen. “Dyn dikke neus is ook al mal “Spreek op, in lieg my niemendal; “Dat suud dyn straf verhoge.”

En Tsjerk forhelle do dy saek, En fen de skrie syn roppen; De grytman dy hie wol formaek, En dochs hy siet dêr as in staek; Hy tochte hwet to toppen.

“Nou, Age, wat heww’ jou in ’t fat? “Het Tsjerk de warheid sproken? “Dyn ogen blau, dyn neus hast plat; “Dou seist dat Tsjerk is e’n Jan-Gat; “Hy het doch fikse knoken.”

“Hy hat yn alles wierheit sein, “Bihalven fen myn bruijen. “Ik net, mar Griet dy hat him slein. “’k Die neat, hwent ik haw ûnder lein, “As flokken en as spuijen.”

““Dat liichstou, divel, as in snaek; ““Dou pluch, hwet woest’ hjir sizze? ““Pas op, ik spylje wer om raek, ““En as ik dy by ’t baitsje taek, ““Den scoeste er fluch ta lizze.””

“Kom, boeren, hier gien kiblerij; “Die saek komt gou te rechte. “Ik hoor, niet ien van jimme is frij. “Nou geef jimm’ elk e’n som aen mij, “Dat kan de saek beslechte.

“Tien ducatons de man glad of, “Dat moet hier daedlik weze. “Ik bring it anders voor it hof. “Die heren levere and’re stof. “En laat’ hoor niet beleze.

“In as de skrie nou roept griet-toe, “Dan moette jimme dinke, “Nou roept mynheer syn dochter toe, “Hael my e’n flesse wyn, Griet, toe! “Dou moest my ook ’ris schinke.”

Grou, Oct. 1841. E. H.

DE WYLDE RUTER FEN DOCKUM.

Der is yn keizer Karels tiden In allernuverst stikje baerd; Der hat in wylde ruter riden: Heel Dockum wier der fen forfaerd.

Hy hie gjin learzen oan noch spoaren; Hy droech gjin houwer noch pistol, En wier er al hwet lyts geboren, Hy stoe syn fyanden dochs wol.

Syn wenning hie er yn de holen; By dei liet hy him seldom sjen; Mar nachts den kaem er op ’e soalen En roofde en moarde sa ’t mar kin.

Der wenne in brouwer yn dat stedtsje, Dy folle by de boer om ried. Den siet er op sa ’n feardich kjedtsje, Ien dy it noait net sitte liet.

Mar koppich wier it bistke danich, En kaem ’er him hwet frjemds yn ’t sin, Den waerd er noait net slûch ef wanich, Mar teach yn ienen op ’e rin.

De brouwer scoe nei hûs ta ride, It gong sa yn in sukkeldraf. Syn hountsje roun him op ’e side, Dy snúfde en hie frij hwet geblaf.

Mar blaffen kin net folle bate, Der moat ek biten wirde sims. En scill’ de ljuwe yen ek hate, Men moat faek wêze as in brims.

En wylst dat beest sa sneupte en blafte, Roun der in mird dwers oer ’e wei, Dy ’t hountsje for syn keffen strafte, En naem him dêr mar helder mei.

Dat koe baes brouwer net oanskouwe, Sprong dalik by de kjedde del. Dy woe er mar ’ris fiks ôftouwe, Mar ’t bistje wier him al to snel.

Dat is in folk dy kinn’ hjar rêdde; Hy wier to fier ôf fen syn hol; Nou fleach er dalik op ’e kjedde. Dat makke it hynzer razend dol.

Forskrikt set hy it op in rinnen; De mird dy klammere oan it seal. Wis krige er ek al nu’vre sinnen, Mar hy siet fêst dochs as in peal.

De brouwer, ’t wier net to fordragen, Stoe dêr mei ’t hountsje op ’e wei: Dy hie noch noait syn libbensdagen Sa flokt as nou op dizze dei.

Mar flokken koe hjir ’t skird net laepje, To foet gean wier de brouwers lot. Hy koe nou swiet nei Dockum traepje En hearre dêr de smaed en spot.

Hwent smaed en spot moast hy forwachtsje; Mar hy bitocht in fine set; Hy liet him by in boer binachtsje En kaem by tsjuster yn de stêd.

It kjedtsje kaem de stêd op fleanen, De mird dy siet him op ’e hûd; De stêdsljue seagene as earnen En sein’: “It spultsje is niet goed.”

’t Gerucht dat roun troch alle strjitten, Dat baes sa heislik tsjoene koe, En ’t waerd fordûbele en útmjitten Lyk as it giet mei simple ljue.

En leaude ’er ien net oan dy grappen, Dy waerd gau oer de flalie slein; En doarst er folle tsjin to snappen, Den waerd ’er sels de lap op lein.

Den rôpen se fen alle siden: “Wat suest dou prate, heiteman? “Myn gunst, wat leiste noch te striden? “Want hele Dockum looft er an.

“Ik hew him op it peert sien sitten; “Maer ’k liet it beestje stil betiên; “Syn ogen as twie lampepitten “Die waren glandich om te sien.

“De brouwer, dat mag elk wel lowe, “Het him feranderd in en mu’d. “Nou kin er nachts braef stele in rowe: “So rake al ons kipen fu’t.

“It peert, krekt of in man him mende, “Gong na de stal, dat arme dier, “Dat is ien duwelsch’ swatte binde, “Dat tsjoenders-reau in Dockum hier.”

“It wemelt hier fan tsjoenderije, “Ja, ’t schuelt sels by de magistraet. “In as ’t so bliift mach ik wel lije “Dat Dockum na de duwel gaet.”

Hja wierne breinroer om dy gritsen, Gjin minske dronk fen baes syn bier, En fen binaudheit gong er ritsen Nei in goe’ frjeon yn Metslawier.

Dêr moast er him for útgean mije, Opdet it stik gjin eagen hie. Dêr siet er nou in wike ef trije, Sa lang de boi bisakke wier.

Nou stoep er dryst wer nei it stedtsje. En daedlik nei de brouwerij: Dy wier hast útstoarn for in setsje En ’t stie der al gefaerlik by.

Mar hy liet oan heel Dockum witte, Det hy yn de stêd Grins hie west; Hy woe it klúnbierbrouwen witte En nou forstie er ’t opperbest.

Yn trije wike in kinst to learen, Dêr mannich trije jier oan hie; Dat leaudene dy skrandre hearen, Dêr do heel Dockum fol fen wier.

En baes gong daedlik oan it brouwen; Dêr smiet er keallepoaten by Mei hûd en hier, mei klei en klouwen, Dy kôke er yn dat bier ta brij.

Dat joech in limichheit oan ’t bierke, Dat, sei er, kaem fen ’t bêste koarn, En dreau ’er hjir ef dêr in hierke, Dêr steurden s’ hjar sa krekt net oan.

Hy die ’er by hwet coriander, Hwet piper en hwet brandewyn, Hwent wier’n de Dockumers do skrander, Baes brouwer dêr siet ek hwet yn.

En do se fen dat bierke preauwen, Do sein’ se: “Blikstien, dat is raek! “Sok bier is in gien fyftig eeuwen “Hier in ons oude Dokkum maekt.”

Dat waerd in klúntsjebier as olie, En ’t wier ek warem yn de bûk. ’t Wier goed for jicht en melancholy, En ’t swiette oan by it gebrûk.

“Ja, ons baes brouwer is e’n mantsje! “Die het wel hassens in syn kop. “Kom baes! sei elts, Geef noch e’n kantsje! “’t Loopt my so smeudich deur it krop.

“Wat heww’ se laest die man belasterd “Fan tsjoenderij en ’k weet niet wat, “Ons Dockum is all’heel verbasterd “Ja, ’t is e’n aeklich rabbers-gat.”

“Wel, ja! sei baes, Sy heww’ ’t my weten, “Dat er e’n mu’d op ’t kettsje sat, “Die het my fan it peert of smeten; “It was de kwaide, loof my dat.

“Ik seg jimme, ik was so verlegen, “Ik guelde anders niks as moort! “Maer ’t was voor my e’n grote segen, “’k Was dichte by it Hues-ter-nood.

“Daer moest ik doe ris wat bedare: “De knecht die brocht my naer de stad. “Wat kin min raer ten hering fare: “Dat hew ik met myn fluchten leerd.”

“’t Is best beteerd aen alle kanten: “Want ’t klúnbierbrouwen hè je leerd. “Brou jou mar fu’t!” sa sein’ de klanten, “Mar ryd fooreerst niet weer te peert.”

Dat is yn keizer Karels tiden, Alear yn ’t âlde Dockum baerd, En lit ’er wylde ruters ride, Ald Dockum is en bliuwt formaerd.

Grou. E. H.

FRANSKE TURVEN EN ORANJE-BITTER.

Der laei in skipper to Wâldsein; Ho eft er hjitte wirdt net sein; Hy hie in feint dy hjitte Duije, In bysfeint wier it, in skarlún; Mar as dy hwet hie’ yn de krún, Den koe ’t ’er nuver hinne bruije.

Hy hie syn komste by Tryn Klear, Dêr koft er sûpkes kear op kear. Dy hie sa hwette snobberije; En dy mar rûch op side wie’, Ef boargen after hânnen hie, Dy koe to mûk in sûpke krije.

Dêr libbe it minske aerdich fen: It wier in widdou sûnder bern; De winters spoun se for de ljuwe, En hokk’ne pearen by eltsoar, Dat wier in akkefyt for hjar: Dy koe’n dêr noflik sitten bliuwe.

En as er ien to sink west wie, Ef ’t mei syn folk forkurven hie, Dy woe se graech in bulsek spriede, En broei him dêr ’ris tige út, En wie’ er flau, him ta bislút Wol hearrings op ’e tange briede.

Dêrom waerd sy Tryn Klear ek neamd, Dy namme wier ek heel net freamd, Hwent wier ’er ris oansetterije, En wier ’er ’t ien ef ’t oare brek Fen oalje, drank ef bôle ef spek, By Tryn wier ’t klear; dêr koe men ’t krije.

’t Wier winter, mar nin riders-iis, En dat forfeelde d’âlde biis; De liddichheit jowt nammers flinken. De fammen pleagje as in Turk, Dat wier sa hwet syn hele wirk, En mâlle potsen út to tinken.

Dat tipte den op teijich iis, Ef ’t souke en tjirre as healwiis, Ef ’t sloerke op ’e glêdde strjitte; En ûren yn de smitte stean, Ef for de kjeld yn ’t bakhús gean; Dat scil den frijgeseljen hjitte.

Hy komt by Trynmoi op in joun Wylst dat goe’ sloof by ’t fjûrke spoun, En sei: “Kin ’k ek in koaltsje krije? Us folk is út to praten gien, En hawwe al it fjûr útdien.” “Hea’, ja! sei Tryn ik mei ’t wol lije.”

Hy hie in sponturf yn de hân Lyk as ’t gebrûk hjir is to lân; Den is it koaltsje fjûr bitelle. Hy treau him by it hirdtsje yn, En sei goe’n avend do oan Tryn. ’t Wier ’t lêste koaltsje dat er helle.

Hwent, o, it stik dat wier to bryk! It wier nin bizerij allyk. Dy turf hie hy in gat yn boarre; Dat nôgergat mei boskrûd stopt, Do mei in grenen kyl forpropt, En feardich mei in tou forsjorre.

Dêr siet ús Trynmoi nou, En spoun hjar triedtsje flaechs sa trou. De wekker tikke en ’t wieltsje snoarre; Ald mopke snoarke op ’e plaet, En poeske spoun wer de âlde maet; De sûpenbrij dy soarre.

Hja spoun en waerd sa slûch, sa sof, Mar einling boarst der út in plof; ’t Waerd alles yeske en fonken. De poes fleach by de ljedde op, En op it bêd der fluchtte mop; En Trynmoi makke ek skonken.

Hja fluchtte ta de doarren út, Mar foar de gevel stoe de gút; Hy socht de lijte hwet, sa beare. Do roun âld Tryn him op it liif, En sei: “Dou swift, dou snaek, dou dief! Ik scil dy fjûroansetten leare.”

Hja tich’le ’er ek mar helder op: Mar, och, hy hie in Fryske kop, En mannich slach mislearre. Mar hy sei: “Slaen dochs net sa, sloof, Jy slane my yet blyn en doaf; Jy moatte ek nei reden hearre.”

En Duije sei: “Wy geane yn hûs. “Dat wier der niis sa’n raer gedrûs; “Dat scil der nuver hinne lizze. “Wy moatte sa net, âlde frou. “Ik scil jo earlik bychte en trou; “Ik kin jo krekt de reden sizze.”

Hja geane yn hûs. Dat wier in boel! De oaljesnip laei op ’e stoel; De brijpot laei yn stikken; De tafel op ’e side teard; De spinwiel ûnderst-boppe keard; It flaechs wier gleon, de matten rikken.

De steallen laeine oer it hûs, En op ’e souder âlle poes; Ald mopke siet op bêd to kriten; De sûpenbrij stroamde oer de plaet. “Och! rôp dy leaze kammeraet, “Dat skoane ljeave iten!”

Sa moast’ er prate op dy joun; Oars hie se nei ’t gerjucht ta roun. Hy streake en flaeide om hjar hinne, En rêdde fluch de boel mei oan. Hwent reagje en klinsgje koe er skoan, Lyk as de skippersfeinten binne.

Do spriek dy goede Tryn him oan: “Dit rint to fier, Jan Jappes soan; “Dou scoest my ’t hûs yn yeske stoke. “Hwet diker, nou! dit is nin nocht, “En as ik ’t foar de grytman brocht, “Den scoest’ in skeadlik pypke roke.”

“Och, bêste Nynke, jaen jo del, “En kibje en smeul dochs net sa fel. “Ik die it siker net út wille. “Wy hawwe Fransken hawn yn ’t skip: “Dat wier in ondwaen en geskrip! “Den moatt’ jy ljeaver dy bidille.”

“De Fransken binne núv’re ljue, “En flinken hat dat foltsen rju. “Dy brochten brânje mei en iten. “Dy brânje wier as oalje en tar, “En as ’t net flotsje woe mei hjar, “Den waerd ’er gau sa’n turf op smiten.”

“Dat súze en pofte it rom yn ’t roun, “Lyk as jy jouns hawwe ûnderfoun, “En as de fonken ’t mâlste fleagen, “De steallen stauwen oer de flier, “Den laken se en hiene tier, “Al koen’ se hearr’ ef sjen út d’ eagen.

“Is dat net heislik, Tryntsje-moi? “Dy Fransken, ja, ’t is aeklik; foi! “Dat binne heidens, rare ljuwe. “Dy fjuchte en swalkje oeral roun, “En hwer se in foet sette op ’e groun; “Dêr litt’ se krús noch mint mear bliuwe.”

“Den moeit it my, sei Tryntsje-moi, “Det ik dy slein haw, bêste boi! “Dy Fransken binne skelmen, snaken. “Hja sette in beamke yn de groun, “Dy dounsje gekken den yn ’t roun, “En ’t is mar om ús jild to taken.

“Och, hien’ wy mar ús prins werom! “Hwet wier ’t yn âlde tiden rom! “Men wist do fen gjin frjemde flinken. “It iten wier goekeap en bêst; “Fen ’t frjemde reau hie nimmen lêst. “Dêr hoefde nimmen om to tinken.”

En Duije gong do stil nei boart. It stik wier yn de doafpot smoard, En dochs hy koe ’t net by him hâlde. Hy hie it yn de smitte sein, En dalik wier ’t troch heel Wâldsein; Dat hearde ek skielik al dy âlde.

En dochs hja kikte nearne fen, En hy kaem wer oan hûs as bern. Hy skold den op de patriotten, En priisge wakker de âlde prins. Sa flaide er den dat âlde minsk; Mar Tryn wier snoader as de rotten.

Hwent hy kaem wer ’ris op hjar ta, En sei: “Ik moat in sûpke ha, Mar ’t moat oranjebitter wêze. Ik bin oranje yn myn hert; Ja, yn ’t gebiente is ’t my set.” Sa woe er do dat sloof bilêze.

Hja hie for jicht en oare smert, In sûpke op Spaenske piper set: Dat naem hja yn by njoggen drippen Mei bêste swiete wite wyn; Dêr geat hja him in slok fen yn, Om ’t sa yn ienen yn to wippen.

“De divel! rôp er, Tryntsje-moi! “Dit komt to hird oan! foi, o, foi! “O minske! ik forbarn fen binnen. “Ik spring warachtig út myn fel. “Dou sleep! dou âlde totebel! “Ik fiel it gleon troch ’t lichem rinnen.”

Hy roun al dalik nei de bak; Hy sûpte in kúle, mar ’t wier lak. Al hwet er iet dat smakke as galle, En Tryn-moi sei: “Dat siet yn ’t fet, “En hwet dêr yn is sûrret net. “In âlde rôt sit yn de falle.”

“Dy Franske turven makken kel, “En skroeiden immen hier ef fel; “Oranje flymt ús yn de termen. “De neismaek is as trjimmich spek; “Dy dûrret ek in aerdich rek.” Sa siet do Duije-man to kermjen.

Do joech dy âlde bêste Tryn Him sjerp mei farske bûter yn. “Wy scill’ ’er noait net wer oer prate, Sei Tryn, en gean dou stil nei boart. “It ding is dieverij noch moart; “Dou moast ’er my ek noait om hate.”

[Yllustraasje: BY TRYN-MOI.]

IT PELSRJUCHT.

To Warkum bûten oan de brêge Ticht oan de greate sésylskolk, Dêr stie yn ’t jier fen achtenfjirtich In tropke liddich farjensfolk.

Hja hienen ’t dêr, dat stiet to tinken, Al meast oer sémans-wé en need. Dêr waerden al de stakkers helden, De skiep dy waerden tiger-wreed.

Dat liigde dêr fen frjemde dingen, (Ut fiere lânnen liigt it goed!) Mar meastal krigen hja op ’t lêste De lânsregearring by de hûd.

En wylst dat foltsen stie to praten Stoep de stêdstamboer op hjar ta; En greatsk op swird en glêdde tromme Sloech hy der op, en spriek do sa:

“De Burgemeester en Vroedsmannen “Verbieden aan de burgerij “Na tienen in de kroeg te zitten, “Maar aan de huzen is het vrij.

“Die na dien tijd daar wordt gevonden “Betaalt voor d’ eerste maal een kroon, “De tweede maal drie guldens boete; “Als ’t driemaal beurt is ’t hok z’n loon.”

Do seach dat foltsen op eltsoarren. De ropper glimke en gong wer foart. Elk sei: “Binn’ wy nou Russen wirden, “Det dat hjir sa yn Warkum moat?”

“Us boargemaster, scoe ik miene, “Dy spijt ek yn de romer net; “Dy hat it flêsk om njuggen ûre “Al feardich yn de pikel set.”

“Dat ha de frouljue wis útrjuchte,” Sa rôp in tredde út dy kring. Baes Piktried sei: “Dat kin net wêze, “For hjar wier ’t in oerbodich ding.

“Hwent frouljue, o, dy kinn’ ús stjûre! “Dy hoeve wis de tamboer net. “O, as dy mar ’ris efkes bremme, “Den is hjar wille al manljue’s wet.

“Dêrom dy moatte krimmenearje, “Dy komt it rjucht oer manljue ta; “Nin froedsljue ef nin boargemasters, “Dy thús allinne in broek oan ha.

“Us frouljue binne ús boargemasters, “En elts dy det syn wiif net freest, “Scil ik in bêst pear skoen foarearje, “Dy just nou sitte oer ’e least.”

In dei dêrnei hong oan syn finster In gloed pear nije skoen to pronk, Mar tsjok bismard mei traen en ongel, Dat elts al yn de noas op stonk.

Dêr hie de baes in brief oan hinge: “Elts dy net bang is for syn wiif, “Jaen ik dit pear ta in forearing. “Dy nimt se mei ta syn geriif.”

Net ien út Warkum doarst se nimme, Elts toft det dêr hwet after laei. Dêr kaem in boer oan út Ferwâlde, Dy sei: “Ho! taelt dêr nimmen nei?

“Ik frees myn wiif net, doar ik sizze; “Ik hjit oer skis de Wylde Boer: “Scoe ik fordomd for frouljue swichte? “Kom, baes, jaen my de skoen mar oer.”

““As dat sa is, scill’ jy se hawwe.”” Baes nimt de skoen fen ’t finster del, En treau se him yn ’t wite kyltsje; Mar, o, hwet waerd dy húsman kel!

“Baes Jappe, dat is net gnap makke: Bismoarkje jy dêr sa myn klean? Wel, man! hwet scil myn wiif nou sizze? In hûdfol kibjen is myn lean.”

“Kom, sei baes Jappe, ik sjen ’t wol, maetsje! Dy skoen bihearre dy ek net. Dou bist’ al bang for wivekibjen. En dat om sa’n lyts dripke fet.”

Do wier de onnoaz’le boer biskamme, Koe sûnder skoen nei hûs ta gean. De klean fol smargoed swart en stjonken’, In húsfol kibjen wier syn lean.

Dêrom, regint fen stêd en doarpen, Wêz’ for de manljue net to strang; Hwent, och, it âlde Fryske pelsrjucht Dat hâldt hjar al genôch yn twang.

Grou, 19 Febr. 1842. E. H.

DE BOASK TROCH DE SKOARSTIEN.

Ho mannichien komt oan syn wiif, Dat is net to biskriuwen. Ja, ’t giet sa selsom yn syn wirk, It is hast net to leauwen.

De iene fynt hjar op it iis En de oare yn ’e tsjerke. Op brilloften fynt mannich ien, En meast noch op ’e merke.

Mar troch de skoarstien, troch in lûk, Om in gnap skepsel siikje, Dat liket briker yet as bryk, En ’t koe in fabel lykje.

Foar tiden wenne op Abegea In boer dy hjitte Rinke, Dy oan in boerepleats ef twa En jild en fé net hinke.

Hy wier âldfeint en frijde faek, Mar ’t wier him noait net flotte, ’t Roun altiid speak: hy bleau âldfeint Ho hy syn brein ek hwotte.

Hy hie in gnap jongfaem oan hûs, Ik leau hja hjitte Janke, Dêr Rinke gansk hwet smucht op hie, Mar hy wier faek bitanke.

Dat hâldde him altyd to bek; Hy koe wol ’ris pinkeagje, Ef strike hjar ’ris oer it wang, Mar mear doarst hy net weagje.

Dy faem wier ek net eang fen him, Hja mocht him hiel wol lije, Mar sels to frijen dat koe net, Dat koe hjar ear net lije.

Dat stune by elkoarren om, En elts dy liet neat merke, Mar einling roun dy tiid sa fier, Det it waerd Drylster merke.

Dêr teach de faem ek hinne do En krige in kreup’le frijer, En Rinke bleau allinne yn hûs: Hy kriet, dy earme lijer.

En Janke waerd nei hûs ta brocht; Hja songene as alken. De boer forgrieme ’im yn him sels, Laei op de búthûsbalken.

De boer, dy oars sa frjeonlik wier, Waerd noartich nou op Janke; Mar hja, hja tsjinne flitich foart; It wier in hansom fanke.

Mar ’t swietste wier bihâlden yet; It moast him better knelle, Do de yntrest fen it merkejild Troch Janke waerd bitelle.

Hwent skielik kaem ús maet werom Om by de faem to sitten; De boer draeide alles yn ’t rounom, Ja, hy bigoun to switten.

Yn ’t koart, hy gong mar gau fen kant, En sei foaral net folle; It sliepen kaem alheel net fen, Sa draeide him de holle.

Yn ’t milhús siet it jonge pear Sa noflikjes to meiden, En yn it binhûs laei de boer, Jaloersk en lilk fen beiden.

Mar Rinkom wier nijsgjirrich dochs Hwet eft dy ljuwe diene, En eft se ’t ek oer boaskerij Ef oare dingen hiene.

Boppe yn ’e bozem wier in lûk, Dat wist er mar allinne. Hy toft: “Dêr wird ik it gewaer;” En kroep ’er stilkes hinne.

Foarsichtich die er ’t lûkje op Om hjar dêr to biharkjen, En kroep ’er tige fier yn wei Om ’t suver út to kloarkjen.

Dat rekte al; mar it boppe-ein Waerd swierder as de skonken, En Rinkom foel fen boppen del, En briek hast hals en bonken.

De spekstôk briek ta syn gelok; Dêr kaem er op to lânne, En ’t fjurke, dat ’er stie, wier lyts; Hy koe him net forbrânne.

’t Wier roet en yeske hwet men seach, En ’t spek dat laei fen boppen; De feint stau ta de doarren út; De faem him nei to roppen.

De feint dy roun sleat yn sleat út, En spile op ’e hakken; Dy miende det de kweade him Sa libbend kaem to pakken.

Mar Rinke stie al dalik op, Hy wier forbouwerearre, En ’t moeide ’im det syn strunerij Him sa bidroefd mislearre.

Hy gong foar doar; dêr stoe de faem To skriemen en to snikjen. “Kom! sei er, kom mar wer yn hûs, “En wêz’ net fen dyn stikken.

“Dou hast oars by dy sels al tocht, “Nou wol de boer ús pleagje; “Mar, famke, siker, ’t is sa net. “’k Woe mar ’ris skoarstienreagje.

“Hwent sliep, sa lang as hy dêr siet, “Kaem net wer yn myn eagen: “’t Wier eft de stiennen út de flier “My tsjin de troanje fleagen.”

“In moaije skoarstienfegerij, “De nachts om healwei-trijen! “Jy woenen ús biharkje, boer; “Dêr wier it om to krijen.

“Jy wiern’ jaloersk, myn goede man! “Ja jy bigjinn’ to switten, “Al komt hjir mar in kreupel skroar “Om by my op to sitten.”

Sa spriek do Janke en yet mear: “En woll’ jy yet ’ris frije, “Wol nou, ’t jowt nou just sa gjin pas, “Mar ’k mei ’t oars heel wol lije”.

Dat wier de boer nin doave sein, En ’t hie mar ’n bytke dûrre, Do waerd âld Rinkom brêgeman; De flach kaem op ’e skûrre.

Dat houlik wier sa mis net wêst, En ’t libbe ’er aerdich hinne; Mar as de frou hwet keapje woe, Den koe ’t ’er wol om rinne.

Mar as er net fen ’t jild ôf woe, Koe hja him aerdich pleachje, En sei: “Jy scoene wol by nacht “For ’n stûr de skoarstien reagje.”

“Dêr! sei er den, dêr hast’ de pong; “Dou kinste goed onthâlde; “Tsjin frouljue is nin praten tsjin, “Den rekket men forkâlde.”

Grou, 24 Febr. 1844. E. H.

DE RIMPENE DOKTERSGONG.

To Holwert wenne ’ris in pear; Dat wierne tsjeppe ljuwe, Hja sieten gnap yn hear en fear, Hja koen’ hjar spiltsje driuwe. De man die hwet genierkerij En ’t wyfke spoun ’er sa hwet by.

Hja hiene in soan dy wier heal dea Al trije, fjouwer wiken. It koalkleed siet him yn de lea; De hûd wier út de liken. Dat mast’re dêr sa jimmer om, En sims den hie er ’t lang net rom.

De dokter, ’t wier in aerdich hear, Mar boastich en hwet krûdich, Dy kaem der ek sa faek net mear. De man dy waerd flaumoedich. De rekk’ning (o, sa giet it rju!) Waerd ek to great for sokke ljue.

Hy ried sa faek it hûs foarby; Hy niigde en hy bûge; Mar ’t wier mar plommestrikerij, Dy hjir alheel net foege. En kaem er soms ’ris inkel oan, Spriek hy mar efkes mei de soan.

Dat wier hjar danich yn de wei; De soan dy krimmenearre. Hja rôpen faek de dokter nei; Mar ’t wier sa faek mislearre, Det einling sei er: “Rop mar net, “Mar gean mei ’t wetter nei de stêd.”

Mar dokter kaem yet onforwacht, Ear ’t immen ’t yet koe tinke. ’t Is wier, hy kaem al hwet onsacht, En ’k wol dy gong him skinke. En hat de man it op syn kêr, Hy docht it for gjin rider wer.

Wylst dêr dat pear oan tafel siet En ieten greate beane, Bipraetten ho ’t de boer nou giet, Ho ’t flaechs en ’t noat nou steane, Spant dokter-om syn brúntsje oan, En tinkt net mear om Jelte soan.

“Dat is in hynzer as in sweal, “Dat dounset foar de karre. “De wearde kin gjin minske heal,” Sa spriek de smid-en-hjarre. Dat steg’re en stiek de kop oerein! It bist wier hast it fel útflein.

Mar einling roun de guds dochs foart En draefde det it gounze, Mar ’t karke krige in skeve hoart Det ’t tsjin de mûrre bounze. De dokter fleach by Jelte en Tryn Sa fjouwerkant de glêzen yn.

Hy skeat dêr op ’e tafel del, Dêr op dat skoane iten. Hja wierne allegearre kel; De soan bigoun to kriten; De dokter sloech yn ’t iten om; Hy gûlde en waerd fen pine krom.

En Tryn-moei wier sa fen de set, It minske koe net sprekke; Dy roun al nei it wetterfet, Wylst Jelte dokter fette. Dy sei: “Jy komme ús hûs net hein: “Dêr ha’ wy jo nou dochs yn ’t ein.”

“Och, heare! spriek de dokter do, “Myn skouder is forritsen. “Rin dalik nei de smid ta; to! “Dy hat ’er mear ynlitsen. “En bergje den myn spiltsje op. “Myn earme brúntsje, och! myn pop!”

Mar ear de dokter spritsen hie, Wier baes al foar de doarren. Dy sei: “Ho divel, nou to rie? “Ho komt dit foar elkoarren? “En ho is ’t mei dat iene fearn? “Dat skouder dooch net, dat is skean.”

“To, dalik! rôp do de baes smid, “To, helje fjouwer bûrren! “Fordomd, dat skouder is út ’t lid. “Wy moatte mar oan ’t skoerren; “To, feardich mar de klean út, hear! “In koart bislút! mar it docht sear.”

Dêr hongen fjouwer keardels oan, En loeken det se stinden; De dokter, krollend as in swan, Rôp: “Duwels, beulen, vrinden!” Mar einling ta syn great gelok Fleach ’t wer yn ’t potsje mei in skok.

“Sjê sa! sei baes, nou is ’t yn ’t lyk, “De boel dy is to rjuchte. “Dat hong dêr niis al nuv’re bryk, “Mar is hjir net hwet fochte? “Ik haw in fonk hjir yn de kiel: “’t Wirdt tiid det ik him ’ris forspiel.”

Hja helje fluch in koer mei wyn By dokter út de kelder, En skinke dêr mar deftich yn. De sike soap ek helder, En sei: “Ik laei net op dit nêst, “Hie der sok gûd op it koalkleed wêst.”

Hja brochten dokter mei elkoar De earm hwet yn doeken; De frouljue kamen foar de doar, (Hwet rabben se op ’e hoeken!) En brochten him mei goed comfooi, Yn ’t ein by jiffrou op ’e koai.

De sjeas dy wier yn stikken slein, En brúntsje hie him rêdden, Wier koegelsfeart nei Waexens flein Oer hikken, dammen, sleatten. Dêr stoe er by in goede boer; It pjalke trille en wier oerstjûr.

En dokter kuij’re yn Holwert om: Dêr moast er nou wol bliuwe; Hy wier sa njuet, sa mak, sa from, Roun trou by sike ljuwe, En as er by in siken kaem Den fleach er nea wer troch it raem.

Grou. E. H.

[Yllustraasje: IT HYNZER FEN DOKTER OP IT HIEM FEN ’E SLOTPLEATS TO WAEXENS.]

FOARLEZINGE

DIEN BY IN OFREKKENING FEN DE “LETTEROEFENINGEN” EN DE “BOEKZAAL” YN IN LYTS DOARPKE AFTER LJOUWERT YN IT JIER 1844.

In ûre ef trije after Ljouwert laeit in lyts doarpke, dat, dat...... Nou ja, de namme is my forgetten; ’t kin ek net folle skele. Dêr is ’t de wizansje, as hjerstdei de jounen lang wirde, det in great part fen de boargers út, en fen de boeren om it doarp wei, jouns nei de herberge geane om tiidkoartinge, ef ek wol út bilang. It is fen sels det men dêr allerhânne slach fen ljue gear fynt, sa yn uterlik as yn praet. It barde ’ris, det ik dêr by occaedzje siet, det ik in bytsje oanteikening hâldde fen de praetsjes dy der foelen. It binne dizze oanteikeningen, dy ’t ik foarnimmens wier, om joun der ris oan ’t selskip foar to lêzen. Der is just net folle oan, mar neat sizze is noch minder oan, en dy ’t er gjin nocht oan hat hoecht net to hearren.

De tahearders moatte hjar den ferbylde, det wy in bytsje nei saunen de herberge ynstappe. Dêr sit in great omsittend laech om de hird, hwer op in heal koerfol sponturf yn en op it hirdtsje stiet to barnen, det de lôge healwei de skoarstienmantel slacht. Dit is in bêst ding, seit de kastelein, om de ljue op de stoel fêst to plakken, en de swierrichheit by de klanten to fordriuwen. ’t Is ek klear to sjen oan de troanjes fen it selskip, det se nou fleuriger binne as do ’t se ynkamen. Sy prate en smoke as om kriich, en de wolken tabaksreek hingje oan de souder as in tongerboi yn de hounsdagen oan de loft, en fortsjusterje it ljocht dat yn in âldmoadrige twatútige lampe oan de souder barnt. De kastelein trapet mei in blier gesicht after syn klanten om, en is tige yn ’t skik, wylst er út de holle birekkent ho heech as syn deihier joun wol rinne scil. For dronkene ljue is er bang, en út goederbêst, seit er, (en dat wol ik wol leauwe) docht er altiid hwet ryklik wetter yn de drank; en det de glêzen net to great binne dêr stiet er for yn. Mar it scil tiid wirde det ik de tahearders fortel, hwet ljue der sa hwet sitte.

No. 1, de hoekman, is in jierrich âld boer, ef eigenlik boer wêst; in giele roetrige troanje, in swarte prûk en in great hoed yn de foarm fen in omkeard boarnamer op de holle. Fierders in buffelske broek en kammesoal, swart fesje, grize foetsokken, en swartferve klompen ef toffels mei koarkene soalen oan de foetten. ’t Is in great ljeafhabber fen smoken en krantelêzen, en troch dy wei hat hy al frij greate foarderingen makke yn de steatkinde. Hy wit de bilangen fen al de Europiske mogendheden op in hier út to plúzjen; dit net allinne, mar hy kin ek fen Amerika prate as hie er der hokkelingen yn de weide hawn. Hy wit krekt to fortellen, ho folle Russen det der yn de lêste fjildtocht yn Sjirkassiën de earen ôfsnien binne, en ho folle det ’er yn it forfolch de kop noch kwyt reitsje scille. Spanjen komt noait wer yn rêst, seit er, ef it moast just wêze, det de soan fen Don Carlos mei de jonge keuninginne troude. Van Hall moat foar in krychsrie to rjuchte stean, en Espartero nei Siberiën band wirde. As de hear Thiers net wer yn it ministerie komt, kin ’t noch wol bislaen, det de Hertoch fen Bordeaux wer op de Franske troan komt. ’t Scil fierders net lang mear oanhâlde, det de Ingelsken mei bloedrige koppen út Sina weijage wirde, en Ierland in keuningryk apart wird. Folgens him ha de Belgen ek wiis dien, det ’t hja yn tritich it gat oan âlde Willem-om fagen en syn ministers bilet hawwe om dêr langer de reaksgêrzen op to swyljen. De man hat nou in nacht twa net gerêst sliepe kind, omdet hy yn de gemingde birichten lêzen hie, det de keizer fen Marokko de oarloch forklearre hie oan de greate Mogol, en om ’t hy bang is det dêr troch de hinne-aeijen goekeaper wirde scille. As de nije bilêsting trochgiet bin ik bang, det er de koarts kriget, en det er de húshieren for de earme arbeidersminsken noch heger meitsje scil. Wy scille him mar Plinius neame.

No. 2, dy ’t neist him sit, is in keapman west; ef det er ’t noch is, dêr is men ’t net goed iens oer; dit is wier, freeds en tiisdeis giet er trou nei stêd en komt ornaris plezierich wer om. Hy is sa hwet in droege prater, en ien, dy ’t him net ken, scoe op de earste opslach miene, det er in slach mei de mounleroede hawn hie: sa ienfâldich is syn útsicht as er neat seit. Hy is in great ljeafhabber fen sûpenbrij en sjerp; dêr nimt hy alle moarnen yn ’t nochteren in leppelfol fen yn. Wy scille him dêrom ek mar keapman Sjerp neame.

Hjir oan folget in jong keardel, in houtkrob, dêr ’t net folle fen falt to sizzen, as det hy wol ’ris flokt en krimmenearret as yn ’t pandoeren de nel fêst sit, ef as syn fyftich net doge. Is dit it gefal net, den is er heel wol mei him to rigelen. Wy scille mar beare, dat hy Piter hjit.

No. 4 is in slachter; in lyts mantsje en lyk as alle slachters, in great frjeon fen de kommizen en de kommizen fen him. As hja yn it doarp binne, stekke se ornaris al ’ris by him oan, en rûke den mei ien ’ris hwet âldst is, it setel ef it flêsk, dat oan de hang is. Okkerjiers hawwe hja ’ris by him west; do wier it setel hwat al to âld nei hjar sin. It gefolch der fen wier, det hja it slachtbist meinamen sûnder it earst to weagen, en om ’t hy der gjin skea fen ha moast, joegen hja him in dei mannich de kost for ’t iten yn in great kofjehús yn de stêd. Dêr learde hy do ek, to minste as er ’t net earder wiste, det de lytste miggen yn it web hingjen bliuwe en de greate der troch fleane; det ien dy ’t in nochteren keal slûket, boete bitelje ef sitte moat, en det men for ien, dy ’t by forsin in miljoentsje fen ’t lânsjild yn syn bûse stekt, de hoed ef pet ôfnimt.

[Yllustraasje: IN DOARPSHERBERCHJE BY WINTER.]

No. 5 is in man, dêr ’t ik oars net fen sizze scil as det er in lange troanje hat, en as er ’ris by tsjuster hjir ef dêr tsjin oan rint, bin ’k ’er boarch for, det hy de greatste smetlape oan de noas kriget. Hy seit troch in tiid net folle, mar harket skerp ta hwet in oar seit. Hy hat al lange jierren praktisearre, hwet er útfine scoe om sûnder arbeidzjen troch de tiid to kommen. Hy hat al forskate affearens by de hân hawn, sa as keapman, kijboer, winkelier, bûksprekker, bêdmeitsje fen strie en toerrebout, healkynsens yn fjirders slaen, en al sa foart. Op heden praktisearret er wer op hwet nijs. As er ’t ek fine mocht, den scille wy sa goed wêze om ’t foart de wrâld to fortellen. Wy scille him nou mar ’ris Noazinga hjitte.

No. 6 is in boer, just net út it selde doarp, mar omdet er in orgeneeltsje is, kinne wy him net sûnder sprekken foarbygean. Hy plachte wol ’ris hwet to handeljen yn kij en skiep. Den wier er in earst master, om de ljue út to lizzen, ho it foardelichst wier, en om mei note bene! ho siz jy? dêrom wo’k sizze, tsjerke en toer midden yn ’t doarp, hjar jild yn syn bûse to stekken.—Mar it scoe to lang dûrje as wy sa by de hele rige lâns gean scoene: ik scil dêrom mar sizze, det de oare allegearre brave ljue út en om it doarp wei binne. Krekt sa komt de dokter yn. De kastelein ropt: “De man in dúmke!” De dokter seit: “n’ Avent”, skikt yn de rigele, en makket de oanmerking, det it kâld is. “Kâld? seit Plinius, “it liket yet neat by ’t jier 95, do hjir de Fransken yn ’t lân kamen. It barde do ’ris, moatt’je witte, det wy forgearring hawn hiene yn ’t Komité fen Herstel.” “Kom, kom, Plinius! seit dokter, ’t Komité van Herstel was maar apespel. Jou hale altyd de oude koeijers uet de sloot; praat liever wat er nou in de wereld is te doen.” “Wel nou”, seit Plinius, “fortel ús den hwet nijs út it Handelsblêd. Dillibberearje de Staten noch al oer de nije wet, dy bilêsting op de bisittingen?” “Ja, der stie jouns yn, det ’er nei gedachten wol trochgean scil.” “Trochgean? Nou, as dat wier is, den is ús lân nei de bliksem, dêr ik sa’n wird om siz.” “Ja, mar, sei ’er ien fen it selskip, “hja kinne sûnder jild net húshâlde, en dêrom moatte hja it op de iene ef oare manier sjen to krijen.” “Is den dy sauntichmiljoen, dy ’t wy jiers opbringe, neat to bitsjutten? As hja kloek wierne, den koene hja der wol mei ta. Hja moasten dy hege trakteminten en dy greate pensioenen mar ’ris hwet ôfskaffe.” “Ja, sei de slachter, “en dy duvelske kommizen it lân útjeije.” “Ha, ha, ha!” lake Piter. “Ja, dat moasten se, sei Plinius, en dy kouponknippers dy moasten sy better neisjen. In streek ’er troch lyk as by de Fransken! Dy ’t do in offysje hie, krige om de donder net to folle; det forasseredear ik jimme. Ik wier do by continuasie sels representant. Do waerden de priweleesjes, en de provietiesjes better yn ’t each hâlden.” “Ja, sei de slachter, it bistjûr mestte tige hjar eigen bûse”. “Wol ik jimme hwet sizze?” sei de boer, “it wie’ do krektlyk as nou. Hja koene yen do de hân krekt sa fier út de bûse bliuwe as nou; en bitelle men al hwet minder, de bûter brocht ek neat op do ’t lân forgong. Om ’t de bûter do net út koe, hie myn bûrman in fjirder mannich stean, dy ’t ik fen him kofte in homp ûnder de tweintich goune. Dêrom tsjerke en toer midden yn ’t doarp. Hwet men yn ’t iene woun, forlear men yn ’t oar; is ’t net lyk as ik siz? ho, hwet sein’ jy?” “Jy ha wol gelyk, sei Noazinga; dy ’t do hwet woe, moast ek al arbeidzje, en in held dy ’t der mei in leaze streek troch kaem.” Wylt er dit sei, lake er yn him sels. “Ja, mar harkje nou ’ris broer! lit my dit fortelle, sei Plinius; Jy moatte obserwearje, det de constetúsje do better wirdearre waerd as nou; de rjuchten fen ’t folk wierne jildiger: elk hie syn stimme; de lidden fen ’t bistjûr waerden út de earlike middelklasje nomd. Dy seagen de dingen better yn. De bilêsting, dy ’t do bitelle waerd, dêr smieten se sa rom net mei om, dat moatte je my consentearje.” “Ik wit fen obserwearjen, consentearjen, renewearjen, constetúsje en contrebúsje neat ôf, sei de slachter; “mar det se net mei ’t lânsjild omsmieten wit ik wol: hja strieken ’t do, dy ’t ’er efter komme koe, ynfâldich yn hjar eigen bûse. Ik ha to minste in representant kind, dy neijerhân folle krekter op syn spil waerd.” De hoekman gong opstean, en bitelle hwet er fortard hie, en dat kaem omdet it 8 ûre wier, ef omdet er sok praet net lije mocht; dat wit ik net; mar ik miende, det ik him yn ’t foartgean sa hwet fen satisfaksje mompeljen hearde. “Ik mei, forfolge de slachter, fen dy neakene Fransken gjin praet hearre; it wierne mar ongemaklike útfenhûzers, do ’t se hjir wierne. Ik haw ’ris ien yn kertier hawn, dy noaske it flêsk net, dat ik him foarsette, mar ik wist wol rie for him; ik liet him ien foar ien de hoeken fen de keamer sjen. Dêr waerd er sa folle better fen, det er slûchstirtsjende oan de tafel gong, en friet fen ’t stoarn keal det him de strôte knapte.” “Ha, ha, ha! dat is moai, foel Piter út; dat is moai! Mar woen’se noch ’ris efkes werom komme om hjir de kommizen, conterleurs, doarwaerders en ontfangers, troch ien strûp nei de oare wrâld to stjûren, dat mei ’k wol lije. Den krije wy de hânnen hwet rommer.” Tsjin dizze redenearring wier neat yn to bringen, en sa dwaende krigen de steatsaken rêst, en ’t wier krekt eft elk útpraet wier, dot ’t der in jong snidersfeintsje ynkaem, dy ’t in glês mâlk-en-wetter easke, en mei in sigaerke yn de mûle heel eptich en presys sitten gong to smoken. Dit wier in âld skipper, dy ’t nei ’t foartgean fen Plinius it anker yn de hoeke fallen litten hie, sa ’t like, mar matich nei it sin. Do ’t er him earst in skoft oansjoen hie, frege er him, eft er yn de tarring wier. “Heare, né! sei er; ho nou?” “Wol, dat tocht ik, om detste mâlk-en-wetter drinkste. Mar nou bigryp ik it al: dou hearste, tink ik, oan it matigheidsgenootschap, dat forline jier to Terherne oprjuchte is. Ha ’k gelyk ef net?” “Volkomen! sei it feintsje; sont ik de krachtige tael fen de Folksbode lêzen ha, ha ’k de drank stean litten as in ding, dat greate forwoasting yn de maetskippij oanrjucht, en de foartgong fen de forljochting en biskavinge, dêr ’t ik in great foarstander fen bin, heislik yn de wei stiet”.—“Dat sniders ornaris gek binne, is eltsien bikend, mar det sa ’n streupert as dou mâlk-en-wetter drinkt, en fen forljochting en biskavinge praet, dat rint dochs hwet fier. Hark ’ris, heite! Do ’t ik sa âld wier as dou, waerd ik jouns mei hwet opwaerme ierdappels op bêd jage.”—“En den hwet sûpenmoalyn efter nei”, sei keapman Sjerp. “Ja! en ta bislút in sobber yn de mûle”, sei de slachter. In âld man, dy ’t oan dizz’ tiid ta net folle sein hie, bigoun nou wakker út to fallen. “Hwer scil dat bidarje, as dat sa foartgiet? sei er; “moast ik yet sa ’n tiid bilibje? Smoarge bern fen in jier ef tsjien prate al oer forljochtinge en biskavinge, en sy binn’ yet lang nin tweintich, den skriuwe se al forhanlingen ta Nut van het Algemeen, en stjûre de earme ljue, dy ’t graech hwet ha wolle, mei in tige formoanninge nei hûs, om dêr hjar hongrige bern brea for to keapjen, ef hjar neakene lea mei to bidekken. O jou! o jou! do ’t ik jong wier gong it heel oars: wy wierne deis flitich op ús wirk, en praetten noait oer steatsaken. Forljochting, biskaving en matigheidsgenootschappen wisten wy net hwet dingen as ’t wiernen. As ús heit in arbeider hie, dy ’t jouns healwiet út it lân kaem, dy krige in slok, en nin minske tochte det it him kwea dwaen scoe. Hjerstmis krige er wol ’ris hwet smoar ef hwet ôffal mei, en as ’t de tiid wier, det de kij keallen, nou en den ’ris in tsjettelfol bjist ef in side kealleflêsk. En det se dat nou net krije, hwer komt dat oars fen dinne as fen dy bliksemske kommizen?” “En det in arbeider gjin slok kriget, sei de skipper, hwer komt dat oars fen dinne, as fen dy skytrige matigheidsgenootschappen, optocht fen ljue, dy ’t it bigrutte, det in earm stumper him ’ris for in eagenblik formakke. It scoe al in moaije forteaning wêze, as ik myn feint, dy ’t de hiele dei yn de line hinge hat, jouns by ’t oan-boart-kommen, yn pleats fen in slok, in putsfol kâld wetter foarsette, en den sei: Dou haste de hiele dei tige litsen, dou moaste nou ek mar tige drinke”. “Ik tink, sei in timmerfeint út it selskip, dy ’t him forbyldde, det de jenever yn syn liif krekt sa goed dûrje koe as yn de kastelein syn fet; ik tink, det je wol om in oar feint sjen mochten, en den woe ’k wol, det je dy snider mar woanen, dy ’t mei syn mâlk-en-wetter drinken en syn gek foarbyld it hiele doarp gek makket”. “’t Wirdt al swietwei minder, sei in boer út it formidden; do ’t ik jong wier pielden wy wol ’ris mei lêzen, en as wy den jierliks ôfrekkening hienen den kaem ’er nei thédrinken in slok op ’e tafel, den koe elts jenever ef brandewyn drinke, sa lang as er sêd wier, sûnder der in duit mear om to biteljen; den krigen yet ’ris ljue in stik yn de lears, dy ’t oars net om de drank joegen, en waerd ’er wol ’ris ien mislik (fen ’t smoken, tink ik), dy ’t oars noait yn de herberge kaem. Mar nou kofje drinke, det men alle amerijen pisje moat; in klontsje yn it kopke en yn ’t pântsje; hja fjuchte hast hwa ’t it greatste hawwe scil, en de kastelein moat hieltyd nei ûnderen om it lege potsje wer fol to meitsjen.” “Ja, sei keapman Sjerp, it scil net lang dûrje, den komt ’er in great komfol brij op de tafel, mei in sleef fol sjerp ’er yn en den in kokynje efter nei.” “En as de ljue den thús komme”, sei de slachter, “mei hwet poatstrou mei lollemanstip op bêd”.

Nou gong de doar. De fjildwachter warskouwe, det it tsjien ûre wier, en ’t selskip briek op. Dy ’t hwet woun hie floite in deuntsje; dy ’t forlern hie krimmenearre braef, en ta bislút waerd de hiele boel troch de kastelein útlake.

Yn ’t doarpke efter Ljouwert 1846. E. H.

DE SINT-PITERSBOASK.

Sint Piters dei, Den grienet de wei, Den bakt mem strou; Den keallet de kou, Den leit de hin, Den hat de húsman it nei syn sin.

Sa songen de berntsjes foar twahûndert jier ek al yn it âlde Grou, lyk as hja yette dwane. Hwer binne den bern hjir to finen, dy it hert net optilt? Ja, de âlden plachten der ek mear mei op to hawwen as nou yette. Sa siet ’ris yn âlde tiid foar minskehugenis in jonge widdou by hjar trije lytse berntsjes to spinnen, wylst de berntsjes apels bretten. It wier in lust ho de lôge fen dat fjúrke de wankjes fen dy ljeave sloven opkleurde; ho hja snapten, en hjar bliid makkene mei de swiete koeke en it moaije boartersgûd, det sinte-Piter hjar bringe scoe. En hja songen! En hja hoallefoallen! Mar hjar memke net. Net, det hja net oer de sint-Piters dei mochte; né! it plezierich neitinken fen hjar froede bernejierren, do alles thús yet folop wier, en ho noflik hja yn hjar famkesjierren wol sint-Pitere hie, wier hjar net forgetten. Hja scoe yette wol wille hawwe, sa âld wier hja net, mar hjar forlittene, faek earme widdousteat, hie hjar de moed ontnomd, al wier de lust ’er yette al. As de berntsjes yn de skoarstien oan sinte-Piter rôpene:

“Sinte Piter, goed heilige man, Trek uw beste tabbaerd an, En reist er met naer Spanje. Sinte Piter, goed heilige man, Reist er met naer ’t ander land, Op een zo moi wit Peertje, Al van ons Lievenheertje.

“Scil ik in moai skipke hawwe mei wite seiltsjes, ef in hobbelhynzer?” den suchtte Saepke (sa hjitte dy jonge widdou) en in trien roun oer hjar wangen, omdet hja sa graech de winsken fen de ljeaflingen fen hjar hert foldwaen woe, mar net koe; omdet hja it fen hjar needdrift net misse koe.

Dêrmei kaem hjar omke by hjar ynstappen, en dêrmei heldere hjar troanje op. Dy gong mei syn damasten baitsje oan en syn Ingelsk mûtske op yn de hirdsherne, en reakele de stealen hwet op, en wylst er dat die, smiet er in hânfol pipernuten oer ’e flier, dêr de berntsjes om grabbelen oan ’t krijen ta. En wylst de bern dêr oer de flier omkrûpten en om de pipernuten kreauden, sei er tsjin Saepke: “Hâld dyn skerteldoek ’ris op”; en smiet hjar in goed hânfol âlde skeljen yn de skirte. Hja naem de âlde man syn toarre kâlde rjuchterhân yn hjar beide lytse hantsjes, en dy hândruk, en de frjeonlike opslach fen twa greate blauwe eagen, dêr in trien yn flimmere, wier al it bitankje, dat hja úterje koe. Nou roun hja dalik nei in âlde hoekspine en dêr helle hja in flesse mei in romer út. “Hjir, omke, sei hja mei in ingelachtich lûd; hjir is in sint-Piters-slok for jo. Ik scil der jo sûker bydwaen. Dy haw ik lang biwarre. It is koeke fen jins eigen daei. It binne swarte beijen út jins bleek, en brandewyn, dy jy sels út Frankryk helle habbe. Dy joegen jy my yette ta myn brillofte......” En do koe hja net mear prate: do kaem it hege moed by hjar op. Dêr siet nou al de âlde man yn syn bladeren. De twa lytste berntsjes sieten elts op in knibbel, en de greatste siet him twiske de skonken, en den song er:

“In, din, din! Fen in aei komt in hin, Fen in hin komt in aei, En fen tsjiis komt waei, Fen waei komt tsjiis, En in sot is net wiis, En in wiis net sot, En fen koarn komt groat En in swiet sûpke bier Ta allemans plezier; En Jouke-bier is swiet, En út is ’t liet.”

En den wer:

“Hoet, hoet, hynke To Ljouwert om in pynke, Nei Snits om in witebrea Dêr ride hja al ús hynkes dea, Op ien nei, op twa nei, Op ús lytse kjeddeman nei, Dy bringt ús swiete koeke mei.”

En den fen it wyfke, dy in houten skeisen foun, o! dat wier in teltsje, dêr hja noait sêd fen waerden. En den brocht Saepke omke wer ’ris ta mei in frjeonlik: “Haboes, omke!” “Grammesoes, sei omke den; lytse tsjoenster!” “Ho sa tsjoenster, omke?” “Wol, sei de âlde hear, as jimme ús goed oansjenne mei sokke eagen astou haste—o! ik scil mar swije; mar ik nim it ús oer-oer-bet-oer-oarreheit Adam net kwalik, det er him troch in wiif forliede liet; hwent dy hie yette sa folle net yn de spreuken Salomons lêzen as wy.” Dy âlde omke waerd Douwe Brander yn de wânlinge neamd, omdet er yn 1672 in brander bistjûrd hie ûnder de Ruter tsjin de Ingelsken en de Fransken; in âld sérob, dy neijerhân kofskipper wirden wier, en nou om syn hege jierren oan wâl bleau, en syn skip oan syn stjûrman oerdragen hie. Dy stjûrman, Haije Rinderts, wier nou ’ris by him út-fen-hûs, en dy hie foar jierren, do Saepke yette faem wier, ris om hjar frijd, mar dat wier mistribele, en do troude hja op hjar achttsjinde jier mei in knap boargerman, dy in lytse keappenskip dreau, sa det dy ljue in aerdich bistean hiene. Mar hja moast hjar man forlieze, do hja der acht jier mei troud west hie, en nou moast hja hjar biholpje mei spinnen en flaekshikkeljen. Mar omke dy wenne tichte by hjar, en dy liet hjar noait forlegen; mar hy koe sa folle net as er woe; hwent syn âld wiif wier de ponghâlder, en dat wier soms ek al goed. Hwent de sé kaem yette wol ’ris by him boppe, al wier er al sauntich jier âld, en den wier it in âlderwetske oarlochsbonke, dy der wol ’ris los hinne flokte en syn sûpke naem; mar hy hâldde altyd ús Ljeavenhear foar eagen. Dêrom scoe er snjeon-to-jouns nei saun ûre neat mear nimme, omdet de snein den yngong by him. Sa wierne dy ljue yn dy tiid, rûch en rou, mar from fen gemoed. Syn âlde wier doaf, mar dy koe altyd rûke eft er in romerfol hawn hie; en den sei hja: “Dou haste ek wer drank hawn, Douwe”. “Ja, âlde! sei er den, mar sa lûd net det hja it hearre koe, “ik woe wol detste hwet minder rûke koeste en hwet better hearre, den hiene wy beide mear wille yn de wrâld”. Dizze joun, do er thús kaem, spriek hja nearne fen; hwent it wier sint-Piter, en den hiene de âlde Grouster ljue mear frij as rjucht hinne, alteast hja namen it.

Do de âlde man foart wier, roun de widdou der hastich út om ien en oare by de bakkers op to keapjen, en do hja just dêr mei thús wier, en de koer mei dy swietekou yn it foarhûs litten hie, kaem ’er gedrús oan ’e doar. De berntsjes sieten yette om ’e hird om de pipernuten fen omke op te kôgjen en do sprong immen ta de gong yn mei in keatting oan de foet, en dy frege eft der ek goede berntsjes oan hûs wierne? “Ja, sei Saepke, kom mar yn, sinte-Piter!” En dêr kaem er oan; it wier stjûrman Haije, mar hy wier net to kennen. In rûge mûtse hie er op en in sek op ’e rêch: en de troanje sa bifommele mei in siden doek, det ’er neat bleat wier as de eagen. De berntsjes kroepen neiby yn eltsoarren; mar do hja seagen, det er omke âlde skansloper oan hie, dy oan alle iggen en seamen mei koeke, Hamborger kreakelingen, en mei boartersgoed en apels binaeid wier, weage de âldste it gau om ’er in stik fen to taken; en dêrop plôken hja him alles fen de klean, ta de knopen ta; dat wierne moaije trynweeskes. Do frege er oan de mem, eft hja goed wierne? “Ja”, sei Saepke. “Oars hie ik se yn de sek stitsen”, sei sint-Piter, en do stoep er yn de gong; mar earst smiet er yette hânfollen pipernuten oer ’e flier. Yn de gong biet Haije Saepke yn ’t ear: “Ik kom joun let yet ’ris to sint-Piterjen, as moaije Kei by dy sit.” “Bileaven net om de doarren strúnje, sei Saepke; den krij ik omke oan de hals, hwent dy is tinsliepich”. “Nou, kom den dalik by omke, sei er; ik hab in skipke for dyn âldste jonge makke: dat kinste den meinimme; ik scil dy myn plannen sizze.” Saepke hie namentlik in frijer, dat in jierrich feint wier, dy op in boerepleats to Easterwjirrum wenne; ien dy it goed dwaen koe. Hja neamden him folle fen Moaije Kei, omdet er hwet pronksk fen skik wier. Douwe Brander, hjar omke, wier wakker foar it houwelik, omdet er tochte, det hja den berge wier, lyk as men seit; en de widdou mocht him ek wol lije, mar der wier in naedtsje oan de man los, en dat bidoar for hjar de hiele man. Hja siet dêr twiske twa gedachten; naem hja him, dy angel scoe hjar altyd prykje, freesde hja; en naem hja him net, den bleau hja earm en forlitten, en tocht hja den by hjar sels: “om dy for ivich to forkeapjen oan in man dêrste in tsjinnichheit yn haste, dêr haw ik yet to goede hânnen for oan it liif.” Sa wierne hjar nacht- en deisgedachten, mar it kaem noait yn hjar gedachten op, det stjûrman Haije nou wer ’ris eagen op hjar smite scoe, nou ’t hja trije stelten op ’e kast hie, namentlik hjar berntsjes. Mar lyk as de measte frouljue bisteane, wier hja ek al, det hja mear fen in séman as in lânman hâldde; en nou er sels yn omke syn plak komd wier en sels in skip ûnder de foetten hie, nou wier hja dêr dochs net frjemd fen. Hwent Kei, ho moai er ek like, in bidaerd feint, dy op in gnap boerepleats siet, wier foar jierren in stik mei bard, dat hja him noait forjaen koe, sei hja, al woe hy hjar mei goud bihingje en yn side en brat klaeije. Dêr hie yn syn âlders hûs ’ris in gnap faem tsjinne, dy in berntsje oerwoun, en dêr waerd Kei mei bitichte; mar dy liet er onbarmhertich it hûs útsette en dy er ôfswarde do hja him foar rjucht dage. En do de jonge greater waerd, do like er him fen top ta tean, ta de neilen fen de fingers en teanen ta. En de faem lei it, do it yette yn de pakken wier, wylst hy op in lânforhieringe siet foar him op ’e tafel, det ’er wol fyftich minsken by wierne; mar hy waerd ’er oars ef oars fen; hy bleau sa hird as in spiker, en de faem koe der mei oanpiele. Hy mochte sa moai wêze as er woe, it mochte hjar yette sa moai talykje om boerinne to wirden, dêr hja yn greatbrocht wier, dy falske eed, dy ontaerdheit, koe hja net forkropje. Tûzen losse setten en mâlle flinken fen in luftige séman wierne yn hjar eagen kwalen, dy betterje koene, en dêr joech hja de jonkheit skild fen, mar sa ’n hou genêsde wol, sei hja by hjar sels, mar de groede bliuwt ’er dochs ivich.

Lyk as bisteld wier, roun hja yette efkes nei omke Douwe, en frege eft hja dy jouns wol mei Kei yn de fjûrherne fen omke sitte mochte? Dat wier sa ’n poeskokentsje, dat dêr op ’e Grouswâl stie; en ja, omke joech dalik de kaei oer, en moeike naem de sinte-Piter-koerkes for de berntsjes frjeonlik oan. En stjûrman Haije kaem fen de souder ôf mei in lytse koffe mei mêsten en seilen en touwen, dêr er twa winters oer fike, nifele en praktesearre hie; mar omdet it in til wier, en det er it ding graech net skeind oer hawwe woe, sa droech er it sels en gong mei de widdou nei hûs ta. En ûnderweis do frege er hjar mar rjucht út, eft hja Kei wol slite woe? Mar hy hoefde it net to freegjen, hy wiste it wol, en hja sei neat as: “Ja, Haije. Wier ik ’er mar ôf; mar den wier ’t ’er mei omke to rêdden, en dêr moat ik folle om litte.” “Ja, mar alles net, sei Haije. Scoestou, jong en fleurich astou biste, dy oan in âld pluch forhingje? En dou wiste it ommers wol, âlde ljeafde roastet net. To nacht, as de klok toalf ûre slein hat, scil it spil oangean, mar den moaste nearne bang for wirde, dat sizze ik dy. Dou moaste mar net to tichte by it fjûr sitte, mear haw ik dy net to sizzen. It scil sint-Piterje sa as it noait yet yn Grou bard is, en Kei rekket sa moai net út de fjûrherne as er der ynkomd is. As ’t mâl komt, gean dou mar yn in hoekjen stean. Hy is bygelovich, dat wit ik; hy reisget nachts net maklik allinne, sa sit him dy falske eed yn ’e mage. As er in swart kat op ’e wei sjucht, den mient ’er al, det er in lytsfeint fen de kweade foar hat. “Dêr, nonke!” sei er, knypte hjar yn de hân, en treau ’er in gouden rider yn. “Alde ljeafde roastet net, sei er, tink dêrom, Saepk!” en dat lêste wird sei er mei dy selde toan as foar fyftsjin jier. It skipke waerd stil troch it lûk op ’e souder set, en do gong Saepke wer by hjar berntsjes om de hird sitten.

De twa jongste waerden al slieperich en bigounen to knikkeboljen, en den kitele de âldste hjar mei in strieke yn ’e noasters, en den bigounen hja to tsjieren en waerden jounich en tizich. “Berntsjes, gean op bêd. Strak let de berneklok, en den komt it wiif mei de de blauwe mouwe”, sei hja. “It wiif mei de blauwe mouwe, mem! Hwa is dat, mem?” seine de berntsjes nijsgjirrich. “Kenn’ jimme dat telke net?” sei Saepke, hark den ’ris.”

IT WIIF MEI DE BLAUWE MOUWEN.

Hark! Hwet teistert om de glêzen? Hark! Hwet wimelt om de doar? ’t Is in selsom tsjuster wêzen. Bliuw hjir wei, dou swarte moar! Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen, ’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen?

’t Skymrich wiif komt út de marren, Ut de swarte wetters op; Ulen fleane mei eltsoarren Troch de loft op hjar gerop. Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen ’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen?

As de sinne yn ’t wetter dûket Stiicht hja út de marren wei. As de stoarm it wetter bûket Is ’t for hjar in simmerdei, En hja bromt troch mêst en touwen, ’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen.

Stikels rint hja dwers oer hinne En oer de doerren fen de poel; En jaget wei de ljeave sinne; En tsjuster wirdt de loft en koel. Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen It wiif mei de blauwe mouwen!

En kin hja lytse berntsjes fine, Dy net nei bêd ta wolle gean, Dy altyt skrieme, en tsjiere en grine, Dy triuwt hja yn hjar blauwe klean. O Berntsjes! ’t is om to bisauwen. Dat wiif mei de blauwe mouwen!

Sa waerd de nacht do ôfbylde as in wiif mei blauwe mouwen: in sjamme om de berntsjes mak to krijen en nei bêd to jeijen. Hja seagen ek nuver op, en de lytste krûpte de mem oan, en de oaren klaeiden hjar dalik út. Do hja op bêd laeinen sluten hja de eagen, en mei in wink wier de sliep hjar master, lyk as berntsjes binne. Nou hie Saepke tiid om hjar sint-Piterkoerkes to follen, en dêrby it iene en oare to tinken en to sizzen.

De âldste jonge sette hja it skipke, dat de stjûrman ré makke hie, midden op ’e tafel del, en treau it fol koeke en swiet gûd, en sei: “Dou haste altyd farren yn ’e holle. Boike, boike! it farren hâldt hwet yn. Nou, dêr is dyn earste skip. Far nou, mar wêz’ foarsichtich. As de jonges lyts binne boartsje hja op it wetter yn de sleatten; as hja great wirde den boartsje hja mei de séën en oceanen, mei stoarmen en orkanen, en laitsje faek mei Gods oardelen. O, wêz’ wizer, boi! Dou biste de earste, dy ik sa ljeaf hawn ha as in mem in bern hawwe kin. Far, en far sa lang astou kinste. De sé moat ek bitsjinne wirde; mar forjit dyn mem net.”

De twade soan hie hja in lyts hynzerke for koft, omdet dy altyt fen hynzers en kij praette. Dêr boun hja in lyts rymke oan; it wier sa:

Dêr laeit in hynke, dyn forlangen, It boerkjen spilet yn dyn sin; Dat is dyn sykjen, praten, drangen; Dêr sjongste en dêr dreamste fen. It húg’t my, det ik by ús oarre Mei kij en skiep to fjilde teach; O, mocht it my yet ek gebarre, Det ik dy ek oan ’t boerkjen seach!

O, siikje net oan frjemde strânnen ’t Gelok, det foar dyn foetten laeit. It skieden fen dy ljeafste pânnen, Bitink it, boike, hwet it seit. In stil bidriuw mei froede sinnen, O bern! ik sprek in treftich wird, Dat jowt in himelryk fen binnen By eigen folk en eigen hird.

En do roun hja mei de lampe nei it bêd ta. “Ja, sjuch, sei hja, dêr laeit er mei syn roune troanje. It is krekt in boerebistek”. Hja scoe him in triuwer jaen, mar hja lei de fingers op ’e lippen, en bitocht hjar wer, om him net wekker to meitsjen.

Einlinge kaem de beurt oan hjar hertlapke, de lytste, dat in famke wier. Dy joech hja mank oar gûd in widske mei in poppe der yn, en in poppespinwieltsje. En hwet hja dêrby tochte en sei, dat kin in mem mar biskriuwe, mar ik haw ’er nin wirden for. Hwent nin

Nin, nin pinnen biskriuwe Nin memme ljeafdefjûr net.

Hja biljachte it berntsje ’ris yn de krêbbe en sei neat as: “Myn okkebyld!”

Do dat alles bistjûrd wier kaem hjar frijer Kei oan de doar en dy laette hja nei de fjûrherne ef poeskoken ta, dy efter omke op de Grouswâl stoe, en dêr hja de kaei fen hie, omdet hja dêr feiliger for de struners wierne. Hja hie it biloofd, mar it gong net fen herten. Kei hie in kanne mei bier meinomd, en dy scoe dêr waerm makke wirde. Hja die de doar op, stiek it ljocht op, en sette in fjûr oan yn dy fjûrherne. Hjir koe nin minske hjar sjen; hwent der wier mar ien finster yn, en dat seach op de Grou út. Do de klok toalf ûre slein hie, en it fjûrke moai barnde, sette stjûrman Haije in ljedde by de gevel op, en stiek in skipsropper ta de skoarstien yn; dêr rôp er mei in hol lûd troch: “Valsche eeden schreeuwen tegen den hemel!” En do spatten hja beiden al fen it fjûr ôf; en do scoe Kei nei de doar ta, mar dêr siet in stôk op. Do smiet de stjûrman in great hânfol boskrûd troch de skoarstien op it fjûr, dat in lôge joech oer de hele fjûrherne; en do kaem ’er in swarte kat troch rôljen; en do waerd Kei sa eang, (hwent dy seach er for de kweade oan,) det er it finster opskau en dêr ta útsprong; en do miende er, det er op in stalt to lânne kaem, mar it wier de fiskbodde fen Douwe Brander, dy dêr yn de Grou foar de wâl laei; dy kentere, en dêr laei Kei mei syn moaije klean yn it wetter. De stjûrman wier al lang by de ljedde del en hie de stôk fen de doar nomd; en Saepke wier nei hûs fluchte, en do roun er hastich nei de wâl, dêr Kei yn it wetter omsloech as de houn yn de rogge. Dy stiek er dalik de ljedde ta, en dêr krûpte er by op nei de wâl ta; en hy oeffe det er hast nin wird sprekke koe. “Wisten jy net sei stjûrman Haije bidaerd wei, det it Grouster wetter om sint-Piter yette net lij is?” “Wel ja, man, sei Kei, mar ik siet dêr yn dy fjûrherne yn dat poeskokentsje by de widdou, mar yn dat hok regearret de divel, leau ik. Dêr kom ik noait wer yn.” “Né, sei de stjûrman, de divel net, mar dêr spoeket in âld fiskael yn, dy him dêr foar jierren sels yn ophinge hat; in great snaek, in oerkommeling, dy sa folle falske eden sward hie as ’er dagen yn it jier binne.” “Ik wit ek net,” sei Haije, ho Saepke jo yn dat hok loatse koe; hwent it dooch der net. It hat nei de dea fen dy âlde fiskael wol tritich jier ticht sitten, det er nin minske yn to kommen doarste.” “Ja, mar dy klitse hat my it dien; hwent ik haw wol mirken, det it bledtsje omkeard wier; hwent hja wier sa wêrzich en ôfkearich fen my, det hja net ienris mei my oanlizze woe. Ik miende oars det it al klonken wirk wier, en ik hie de knottedoek en it troujild al meinomd; mar mis wier it.” “Ja, man, sei Haije, ik bin in séfarjer. Ik kom oeral, en lear folle frouljue kennen en wy sizze altyt:

Wintersche nachten, Vrouwen-gedachten, En de gunst van groote heeren, Kunnen ligt verkeeren.”

“’t Is wier hwet jy sizze, sei Kei. “Mar moatt’ jy jo net ’ris fordroegje, frjeon?” “Né, sei er, set my mei in boatsje oer de Grou; den rin ik oer Friens nei hûs ta, en den sjen ik Grou noait wer; sa is ’t my yn dat nêst al forgien.” Haije sette him oer ’e Grou. “En nou moatte jy mar hird rinne, sei er; den wirdt it bloed gau wer waerm; mar rin mar net al to hird, de kweade scil jo net efternei sitte. Jy habbe ommers nin falske eed dien.” Kei sei neat, mar it roun him kâlder troch de lea as it Grouswetter fen de sint-Pitersnacht dien hie, en hy roun foart.

Nou gong de stjûrman yn de fjûrherne, helle it waerm bier der út, en gong ’er mei nei de widdou, en hie in plezierige sint-Pitersnacht, en it bislút wier de boask fen dit pear. It slimste wier nou bihâlden mei omke Douwe; hwent dy wier net bêst to sprekken, det hja dy fûgel sa fleane litten hie. “Ik ken de stjûrman, sei er, hy hâldt him nou goed, en it is in séman op en út, mar in hynzer, dat ienris op ’e rin west is, kin it wer ’ris dwaen.” “Dat is wier omke, sei Saepke, mar dy jong net útraesd is, dy bigjint faek yette fratsen as de grize hierren komme, en den stiet it noch lilker. En dêrby, ik moat ’er mei oanpiele, en ien tsjin it sin wol ik dochs net hawwe, al wier er yn goud bislein.” “Ja, ja, ik hear it wol, sei omke, dou biste ek al ien lyk as de measte frouljue binne: der sitte manskoppen op. En nou folle gelok den mar!” “Né, mar, hou! sa net foart, omke!” Hja skonk yet ’ris fen de swarte beijen, en forhelle him ’ris hwet hja fen Kei heard hie, en do wier de âlde hear bliid, det er ôfsâlten wier; en hy lake eris oer dy nuvere reis fen de fiskbodde yn de âlde kâlde Grou. “Mar, sei er, ik haw do ik jong wier ’ris mei in Molkwarrumer fearn; dy hie in sankje, dat ken ik yette wol, as ik my goed bitink. Sa, tink ik, scil it Haije yette ek gean.” “Ho wier dat, omke?” sei Saepke, en brocht him ’ris ta. “Ik scil it mar oplêze, sei de âlde hear; it sjongen is my forleard.”

RIENK FEN MOLKWAR.

Der wenne in feintsje to Molkwar, Sa stûf, sa stoer fen wêzen, En ’t wylde rûge sémansaerd Stoe yn syn each to lêzen.

Hy swalke alle séën roun Nei fiere frjemde lânnen. Soms seach er de iisbear yn de bek, En den de Etna brânnen.

Mar hwer er kaem ef hwer er foer, Nin faem koe him bikoare; Al wier ’t in fluch Fransintsje ek, Hy bleau lyk as to-foare.

Mar ’t wier ’ris op in wintertiid, Do moast er thús wol bliuwe. Nou pjukte er mei in slydtsje om As de Molkwarmer ljuwe.

Hy pjukte hirder as elkien, En stau hast oer it iis. Nou fleach er tsjin in slydtsje oan, Sa hird, it wier in griis.

Dat slydtsje siet in famke yn, Dy rôlle ’im op ’e skirte. Hja sei: “Wel, maet! Hwet pjukste hird! Dat jowt in koeke, grutte.”

Hy sei: “Wel, faem, dat wier net tsjoed. Ik scil him joun wol bringe. ’k Hab by dyn broer yn Nerva west. Den haw ik goede tynge.”

Hy sei; “Goe’n joun, myn goede faem! Hjir kom ik mei de koeke.” “Kom, biste dêr? ’t is goed, sei Fock, Gong sitten yn de hoeke.”

Us mem en fear dy binne foart; Den kinste ’t hûs mei hâlde. En stook den mar ’ris helder op; Oars wirdste yet forkâlde.”

Dat blier-ljeaf each, dy frjeonlikheit, Dy koe er net fordrage, En det er tsjin dat slydtsje oanskau, Joech him de nederlage.

Hy foer nou yette wol op sé, Mar altyt lytse reiskes. Hy waerd ek himmel, tsjep en twang, En pronksk as de Janmeiskes.

Do sein’ de feinten fen Molkwar, Dy him sa trinten seagen: “Rienk hat in divel sjoen op sé; Dy spoeket op ’e weagen.”

“Né, né! sei Rienk, “nin divel, né, Seach ik oait op ’e weagen, Mar ’n yngel seach ik op it lân, Dy leit my leaze leagen.

Dy lûkt myn sinnen fen de sé, Nou moat ik thús wol bliuwe. Al lizze er tûzen skippen klear, Ik lit se farre en driuwe.”

[Yllustraasje: MEI PRIKSLIDEN OP ’T IIS BY MOLKWAR.]

“Scoe it Haije ek sa gean scille, omke?” sei hja do. “Sa tink ik ’er oer”, sei Douwe; “en, sei ’er op syn sémans, as ’er nou yette in jier mannich goed fart, en as ik den de toffels e’ris úttsjen, en mei de foetten tsjin it Easten liz, den scil er yette sa folle wol oersjitte, det jimme yette wol boer wirde kinne”. “Ja, mar, sei de widdou, hwa hat Haije it boerkjen leard, omke?” “O, sei de âlde do dêrop, dat de manljue net kinne, dat leare de frouljue hjar al.” En it is ek al sa útkomd as de âlde man ’er do oer praette; hja waerden boer en boerinne troch in sinte-Pitersgrap, en omdet it wiif ’er meast bistek yn hie.

SEMANS KLACHTE.

(It wirdt songen as _In einem kühlen grunde Da geht ein mühle etc._)

Moai Etke fen Teroele! Hwer ik ek sit ef rin, Dou brochtst my op ’e doele, Dou bist’ net út myn sin.

Dêr yn dy stille hutte Ticht oan dy wetterswâl, Dêr siet ik, sleauwe Tutte, Hwet wierne wy den mâl!

Fen det de jounklok lette Ta det de ljurk al song, It scoe ús noait fortrette, Dou suchtste as ik gong.

Och, as minuten rounen Dy ûren den foarby. O, ljeave, hill’ge jounen! Ho sillich wiern’ se my.

’k Joech hjar in ring op trouwe, En swarde in eed ’er by. Ik woe ’er in toer op bouwe. Ho rêd forgeat hja my!

Nou mei ik floitsje ef sjonge, Ik krij it dochs net oars, In rike boerejonge Giet foar in earm matroas.

Mar ’k wol net langer kleije: Ik swicht net for it jild. ’k Wol as in ruter jeije Oer ’t bloedich oarlochsfjild:

Hwer hege séën geane, Nei ’t fiere westen ta, Oer wylde weagen fleane Nei ’t frij Amerika.

Moai Etke fen Teroele! Sjoch, ik forstou as tsjêf. Dou brochtst’ my op ’e doele; Ik siikje om myn grêf.

Grou, 3 Januwaris 1851. E. H.

DE LANGESLEATTEMER MAN.

Oer Earnewâldes rûge petten, Dêr ûl en reiddomp nêsten bout, Dêr dangelt oan de lange sleatten In spoeksel om, dêr elts fen grout.

In swarte tabbert om syn lidden Stapt hy dêr nachts sa earnstich roun, En liket fol birou to bidden, En digert jimmer nei de groun.

Dêr hat foar lange âlde tiden In smid to Earnewâlde west, Dy wezen útsûgd hie ’n útriden; Nou hat er yn it grêf nin rêst.

De baes siet fol fen kweade lagen: En abbekaet dat wier syn hoal. Ek waerd er fen de kweade dage: Dy teistert him nou as syn boal.

Hy hat dêr earne in skat bigraven Mei list en skelmerije woun, En as de ûlen en de raven Dwaelt hy dêr mannich nachten roun.

En dy him sjocht dy is forplett’re. Hy is de skrik fen lyts en great. En dy ’t net leaut, dy wirdt forkett’re; ’n Oerkomling is ’t, dy leaut oan neat.

Net ien giet dêr oan wâl to lûken; Hwent elk is bang for d’âlde kwant; En sjocht er hantsjeriis[50] ef strûke, Hy skouwt forbaesd nei d’oare kant.

De fammen scille ’im oars net hate; Hwent komt de frijer snein-to-joun, Dy scil noait fen nin skieden prate, Sa lang de sinne is ûnd’re groun.

De struners scill’ hjar ek net pleagje: Gjin minske reisget dêr by nacht. Dy scoe er ongenedich reagje, Hwent ivich hâldt dy man dêr wacht.

En fen geslachte ta geslachte Sjen hja dy kweade smid dêr gean, En op de inkele gedachte Den barne hjar de kâlde klean.

Mar jammer is it om to hearren, Ho det in famke, earme sloof, Troch dat forskynsel kaem to stjerren, En ’t offer waerd fen ’t bygeloaf.

IT FAMKE.

Net fier fen dy Gariper rekken Dêr laei in aek yn ’t reid, In fiskerman siet by syn dochter Dêr yn dy ienlikheit.

’t Wier op in moaije snjeon-to-joune En yn de ongetiid, De sinne niigde nei de kimen, En alles swile om striid.

Do sei de fisker tsjin syn dochter: “’k Wol moarn nei tsjerke ta, “En tsjen ik joun nei Earnewâlde “Moastou de wacht hjir ha.

“En komt ’er faek in ongetider, “Lit dy den ek mar oer. “Dou moaste altomet útkypje; “Licht krigest’ yet in stûr.”

In kâlde mist teach oer de mieden Mei ’t fallen fen de joun. En oer de toppen fen de doerren Dêr dwaelde in minske roun.

Nou skau hja gau nei de oare side, Mar ’t skynsel dat forskeat, En stoep bidaerd mei lange tredden Dêr oer dy wîde feart.

Forskrikt, forheard, alhiel forbjustre Wier do dat jonge sloof. De siken stoeken, ’t herte tikke, Hjar lea dy waerden doaf.

Mei moed skau hja nei Earnewâlde, Dy lange, lange wei, En hwer hja troch de dauwe dig’re It skynsel folge nei.

Haeldea fen swit en dauwedrippen Kaem dêr dat sloofke oan, Mar do de faer hjar reden hearde, Do wier der nin forskoan.

“Hwet scoe dy âlde spoek dy leare? Sa spriek dy hirde faer, “Al komt er by dy yn it boatsje, “Wol, der is nin gefaer.

“Kinstou dy aek sa lizze litte “Mei al dy fûken, sei?” Hjar broer, in beuker fen in jonge, Gong do for selskip mei.

Hja kamen yn de aek to lânne, Mar ’t wier fen lytse dûr. Twa dagen hat it hertke libbe, Mar, och, do wier it oer.

De skrik, de skok hie hjar formast’re, En ’t jonge hert stoe stil. Mar frege men dy simple ljuwe: “Och, ja, it wier Gods wil!”

Nou is ’t geloof dêr yette greater Oan ’t spoeksel fen de nacht, En ivich hâldt yet by dy sleat om Dy âlde smid de wacht.

Sa taekt de kweade yn ús dagen Yet ek syn aes en roof; Mar, o, syn gleone giselroede. Dat is it bygeloof.

Grou, 24 Novembris 1849. E. H.

[Yllustraasje: YN ’E POELEN EN PETTEN FEN EARNEWALD.]

GABE SKROAR EN BYSITTER GOARRELT.

Yn Gabe-skroars feintejierren wenne ’er in bysitter to Wytmarsum, dy hjitte Goarrelt Abes van Hynxtema, in ryk man, in deftich man; edel as in hoanne op de rúchskerne, mei in greate earsucht. It wier in âldfeint, dy allinne mei syn sister en de boden hûshâldde. Dy sister tochte ek net djip, mar dat wier sa’n roffelskûte, dy altyd mei de hiele hûd útfoel, en der alles mar útflapte, ef it pas joech ef net, det Goarrelt-om wol ’ris yn syn eare gong, en him soms ek wol danich yn de wei wier. Fen dizze ljue hiene Gabe âlders in stik lân yn hier, mar sa djûr, det Gabe mar ’ris hird bigrepen hie om it sa net wer to nimmen, en dêrom hie er foarnomd, om, as bysitter ’ris by hjar wer oan hús kaem, om it lân wer to forhieren, om den sels it wird to dwaen, omdet er wol wiste, det Pibomme him wol ’ris foarbyprate liet. Dat waerd ek sa twiske hjar beiden ôfpraet. Mar Gabe hie yette mear yn it sin, hwent der siet yet in âlde oast twiske him en de bysitter. Dy hie namlik in gnap jongfaem oan hûs, dy der fen bern ôf wenne hie; dêr hie bysitter ek al lang smuchte op hawn, mar hy wier to earsuchtich op syn menear om sa ’n earm tsjinstboade ta syn wiif to nimmen. En dochs ienris op in lette joun kaem de bysitter út in wyngelach, en do waerd de man in man, en hy hie syn deftichheit en syn earsucht forgetten, en dat bytsje frouljuflêsk, dat om syn spjuchtige lea siet, bigoun to libjen. De faem docht him de doar op, en hy grypt hjar by hjar mûtele earm. Dy waerd kel en sei: “Hwet siikje jy, bysitter?” “Neat, Joukje!” sei er, en hy hâldde hjar mar fêst. “Ja, jy siikje al it ien ef it oare”, sei de faem; mar hja grypt mei de oare him syn aftersteekje fen de holle, en saeit it yn de molkenkeamer, dêr just de doar wiid en waech fen iepen stie, en sei: “Hawar, bysitter! Nou wit’ jy to minste, hwer det jy om siikje kinne.” Hy stoep yn de molkenkeamer om de hoed to siikjen, en truzelt, fen de wyn bidwelme, foaroer yn de rige fen folle aden mei mâlke, dêr de reamme al tsjok op stie. Syn nij sarjes rokje seach ’er danich út. Dat wier twa houwen yn bysitter syn earsucht. De bysitter wier razend en woe de faem der útjeije, mar de sister kearde it, en sei: “Hwerom sûpste sa folle fen dat mâl gûd? Dêr biste swymhollich fen wirden”. Mar lyk as it mear giet yn de wrâld, dy sels net oan it spek komme kin, gint in oar faek de swaerden net. Gjin frijer mocht de faem frjeonlik taknikke, ik lit stean, det ’er ien by komme mocht, en Gabe, dy der faek op loerd hie, wist er it altyd to ontlizzen. Nou krige Gabe it grou op him, en dy wachtte mar op in gelegenheit om bysitter Goarrelt ’ris to rjuchte to setten. Dy gelegenheid kaem ’er gau.

Op in jountiid kaem de bysitter mei syn sister by Pibomme en Saskemoi ynstappen nei det se earst in boade stjûrd hiene. Hy wier krekt eft er sa just út it kammenet stapt wier. Dizze kear hie de man in greaten fine roune hoed mei útplústere rânnen mei in moai gouden gasp der foare op, in lange deftige rôk oan, dêr gjin knûkeltsje ef spruzeltsje op to sjen wier, mei in wite bef foar en gouden knopen yn ’t himd; in rotting mei in pasteleinen knop, en in lang silveren keatling ’er oan, droech er yn de hân; in spand lekkensk broekje mei kûtgaspen en silverskiere hoazzen, en oeribele greate silveren gaspen op ’e skoen. Koartom it wier alles sa skjin en eptich as it hearde. In great gouden haloazjekeatling bongele him op ’e foarbroek om, en do er yn ’e hoeke sitten gong op in hege glêdde pronkstoel, do helle er mei staesje in great wyt bûsdoek ta de bûse út en snute him sa deftich eft er by de grytman op it rjuchthûs siet. En hy rookte syn eigen tabak kwanskwys, mar it wier egentlik om syn swiere silveren tabaksdoaze sjen to letten, dêr de hele boerkerij op ôfbylde stie, en as alleman dy den biwondere hie, den sei er: “Ja, men scoe sizze, ho kinne minskehânnen it sa meitsje! Mar it hat my forskate goudene dukaten koste.” Gabe siet neist him op in leech wâldstoeltsje mei in birdbarnerke yn de mûle. “Dou sitste dêr nederich, Gabe”, sei bysitter; mar liet er derop folgje: die zich zelven vernedert, zal verhoogd worden”. “Dat hoopje ik”, sei Gabe. It dûrre net lang, ef it bigoun al gau oer de ynhieringe fen it stik lân, en do fierde Gabe it wird allinne. Gabe woe in trijegoune fen it pounsmjitte ôf hawwe, mar bysitter woe neat sakje litte fen de âlde hier. Do foel syn sister út, en dy sei: “Ik scoe it mar dwaen, Goarrelt-ju! It binne bêste ljue; dy moatte ek hwet oan ús fortsjinje. Dou haste ommers yette wol in boarnamer fol jild lizzen. Wirdste gjirrich? Wo’ste it mei yn de deakiste nimme? Dou scilste ’er net sêfter om lizze.” Sa foel dy út. “Né, sei Goarrelt, mar ik bin to earsuchtich om it lân for minder jild to jaen as ’t foar fiif jier west is. It is neat minder wirden yn dy tiid.” “Earsuchtich? rôp Gabe binijd út, “Earesucht? Jy hawwe in nuvere earesucht nei myn ynsjoch, bysitter. Binn’ jy ek to earesuchtich om wierheit to hearren? Den scil ik jo in forklearringe jaen oer de rjuchte earesucht en de forkearde earesucht. Mar ik moat earst witte, eft it ek yn jou eare giet om fen in kreupel skroarke de wierheit to hearren?” “Wol né, man; lêz’ op mar, sei de bysitter; ik scil ’er it hearren ta dwaen.”

[Yllustraasje: BYSITTER TRUZELT YN ’E MOLKENKELDER.]

“Nou den, de rjuchte earesucht bistiet dêryn, det men der in eare yn stelt om net to heech fen yen sels to tinken, en net to leech fen in oar; om lyk en rjucht to dwaen; earlik en oprjucht to wêzen; alle minsken it sa goed to ginnen as men it sels hat; de kweade fen hjar forkearde paden ôf to helpjen en ta betterskip to bringen; de earme minsken mei meilijen to bihanneljen; de driftige ta to jaen; onrjucht net mei onrjucht to forjildzjen; op yen sels to pasjen, mar nin bloedjild to bijearjen, en sa dwaende de ginst fen God en alle minsken to fortsjinjen. Dêr moatte jy de rjuchte earesucht yn siikje, en ik wol ek net graech sizze, bysitter, det jy dat net dwane; bileaven net! Jy binne sa ’n slim man net. Mar jy hawwe punten, dêr jy de earesucht yn siikje, en dêr er net ynsit, en dy wol ik jo oantoane, as it mei jins bileaven wier. Foarearst binne jy earsuchtich op jins namme; jy hjitte van Hynxtema, en jy fiere ek in wapen. Dat bistiet yn twa hynzers, in terskswingel en in wanne, en omdet ’er in van foar jins namme stiet, nou meitsje jy jo sels wiis, det jy sa hwet fen de âlde Fryske adel binne. Mar, ljeave man, as jy ’ris wistene ho jins oeroarreheit oan dy namme en oan dat wapen komd wier, jy scoenen der net greatsk op wêze.” “Wol, ho binne wy der den oankomd?” frege de bysitter him brimstich. “Nou, farde Gabe foart,.... Mar jy binne, hoopje ik, net to earesuchtich om de wierheit to hearren?” “Wel, né, ju! Ik bin nijsgjirrich it to hearren” wier it antwird. “Nou, ús âld smid, dy forline jier yn syn fiif-en-sauntichste jier stoarn is, hat my ’ris forteld, det jo oeroarreheit hjir to Wytmarsum hospes wier, en de earste man dy hjir hynsten hâldde. Dêrby hâldde er ek in koalkleed, en mei dy trije dingen gong it hem extra-goed. Mar lyk as jy ek al sa min ef mear binne, de man wier proastich en boastich en wakker op syn eare steld. Hy wier ’ris to Frentsjer, sa as er miende yn in selskip dêr nimmen him koe, en dêr joech er him for in greidboer út, dy twa hynzers ried. Dat leach er ek net; hwent hy hâldde ek in kou, en meande alle bleken yn Wytmarsum; mar hja neamden him om dy pocherij tonei altyd fen Abe Hynxteboer. En nou wenne ’er in gnap faem by him, dy by in grytman Aylwa wenne hie. Dy grytman scoe noait syn doar foarbyride, ef hy moast in flesse wyn by him drinke, en dy moast de faem him skinke. It wier altyd eft it him better smakke, as dy der de azem oer gean liet. Dat wier in frolik man, en dy neamde de hospes altyd van Hynxtema, en dy makke him wiis, det er min ef mear fen de adel wier, en dy liet him ek dat wapen snije, dêr hy syn brieven mei talakte, lyk as jy yette dwaen. Dat hawwe jy dos oan in moai faem to tankjen; hwent hie dy der net wenne, den hie dy grytman der licht noait sa faek net west, alteast net pleistere. En jy hoeve jo it net to skamjen, det jo oeroarreheit mei hynstehâlden de groun lein hat fen jou kaptael; mar jy moatte ’er net greatsk op wêze, mar der in goed gebrûk fen meitsje.” “Hwerom hat dy âld smid my dat noait forhelle?” sei Goarrelt. “Wol, omdet er in goed klant oan jo mei jou twa boerepleatsen hie. Hy wiste wol, det jo earesucht hiene for jins wapen en jins namme, en dy earesucht woe er jo net binimme, om him sels it brea net út de mûle to stjitten; mar ik hab neat fen jo to freegjen ef to freezjen. Dêrom siz ik jo de wierheit, en jy binne net to earesuchtich om hjar to hearren, wol, bysitter?” “Né”, sei Goarrelt-om, mar hy forbiet him al in bytsje.

“En den binne jy ek noch earesuchtich op jins ampt as bysitter fen de gritenij. Wêz’ dêr foaral net greatsk op. It is net om jins great forstân, det jy dat wirden binne, mar om jins lânnen en grounen. Dy ljue, dy dêr komme, dat moatte ljue fen gewicht wêze, fen pounen, né, pounsmjitten. En as jy den op ’e rjuchtkeamer komme, den hawwe jy neat to dwaen as it stompe ein fen jins lichem to brûken om ’er mei op in grien kjessen to sitten, en mei it spitse ein efkes to knikken ef to nigen as it pas jowt. De rie is al sletten ear det jy by de treppen opgeane. Sjoch, bysitter, dat is alles, hwet ’er fen jo foardere wirdt. Jy koene yette earesuchtich wêze, det jy de geheimen fen de rie earder wisten as in oar; mar, och myn frjeon, it bier, dat dêr broud wirdt, kriget de boargerman neijerhân ek al to priuwen, en hy moat it sûpe eft it him smakket ef net; en jy ek mei, bysitter. Dat is de wierheit. En jy binne ommers net to earesuchtich om hjar to hearren.” “Né, ju! Lêz’ op mar!” sei de bysitter noartich, en hy krige in kaem fen lilkens.

“Licht binne jy ek earesuchtich op jins jild, jins lânnen en grounen, dy al for jo bistimd wierne foar det jy yn de widze laeinen, en dêr jy al in gedeelte fen bisieten ear det jy doopt wierne. As jy oars neat hawn hawwe op ’e ierde, den scil der ek neat for jo weilein wirde. Deel der ek fen mei; as jy dea binne giet elts dochs mei in stik foart, en der bliuwt neat fen jo oer as in grêfstien. It mos groeit op dy stien, de sinne en de rein skulferje dy stien ôf, en jou namme fordwynt fen de ierde bihalven yn de tankbre herten fen bern en bernsbern fen dy ljue, dy jy goeddien habbe. Mar det jy de earesucht siikje yn goud en silver oan jo to dragen, en sa trinten en deftich yn de klean binne, eft jy sa út it kammenet stapt wierne, en det ’er nin knûkel ef spruzeltsje op jins klean to finen is; och! siikje dêr de earesucht ek net yn. In oar laket ’er mar om. In skjin himd en in nij rôk dy kin men sachts oantsjen, mar in skjin geweten sûnder skynhillichheit wêz dêr earesuchtich op.”—“Ik scoe mar ophâlde”, sei Pibomme. “Né, mar, sei Gabe, Bysitter is ommers net to earesuchtich om de wierheit to hearren, wol?” “Ei ju, dat fregest’ my jimmerwei!” en it bloed kaem him yn de eagen. “Nou, bysitter, ik wist it net; mar jy binne yette ek earesuchtich, det jy sa ’n flitigen tsjerkgonger binne, en it is to priizgjen, det jy dêr mei liif en siel foar binne; mar ik moat jo sizze, det de measte sneinen, as de earste ’salm útsongen is, det jy den, siz ik, de siel út-fen-hûs stjûre; hwent den bigjinne jy to sliepen en to snoarkjen, det de bank ’er fen droant. En dat dûrret krekt sa lang as de dyaken mei it ponkje komt; den jowt ús baes timmerman, dy neist jo sit, jo in stomp mei de earmtakke únder de koarte ribben; en dêr docht de man ek goed oan. Hwent foar twa jier is it ’ris bard op in peaskemoarn, det de dyaken jo mei it ponkje ûnder de noas staette, en do wierne jy sa forbouwerearre, det jy yn de hast in wylde kastanje, dy jy for de jicht yn de bûse droegen, yn it ponkje smieten yn pleats fen in keizersgoune, lyk as jo wol paste, better as my in dûbeltsje; hwent dêr moat ik in ûre for sitte to pjukken.” De bysitter gong de iene kleur ôf en de oare oan, en hy siet to swolgjen krekt eft him in stik hirde potstrou yn de wêze stykjen bleaun wier; mar de sister fen Goarrelt knikte Gabe ta, krekt eft hja sizze woe: “To, matskje op mar!” “Jy binne to earesuchtich om jou lân goekeaper to forhieren as fen to foaren, al sjenne jy, det nin minske it ’er meitsje kin. Jy sister seit oars, det jy genôch hawwe. Mar scoe der by jo net hwet ynhellichheit mei ûnder rinne? Mear is genôch by jo; mar jy jane it in oare namme. Leau my, bysitter; folle ljue, dy graech lije meije, det men hjar ’salmsjongen heart boppe in oar út, dy wolle net hearre, det men hjar trijegounen klinken heart. Dêrom bigjinne hja der mei to hoedzjen, yn âlde foetsokken en kjessenslopen, yn âlde kastkoppen; ef hja bidobje it jild yn potten ûnder de groun as de hounen de bonken.” “Haste dyn nocht hast, skroarke?” sei de bysitter; “ik al lang.” “Yet ien ding woe ik jo koartwei sizze; hwent it helpt jo mear as fiif-en-tweintich preken, dy jy forsliepe.” Do sei Gabe: “Der is noait ien keardel sa meager, ef der sit yet altyd in lead frouljuflêsk oan him, en howol jy al hwette bjinbitich binne, sa sit der by jo yette folle mear oan. Pounen sitte der oan bysitter, dat wit ik. Ik wit it, man, dy moaije blauwe eagen, dy reade wangen, dy mûtele earmen, dy flinke gong fen jins faem Joukje, dy hawwe jo bitsjoend, mar jy doare it net uterje, en jy binne to earesuchtich om hjar to trouwen; mar dat wirdt in slange yn jins binnenste, dy him einling sels yet yn de stirt bite scil. Hwent noait hawwe jy in hirddravershynzer hawn, dêr jy mear noed en soarch for droegene as for dy faem. Mar dy earesucht, dy earesucht! Dêr forkoarte jy jins libben yette mei. Hwent it is krekt eft jou stellen gûd yn hûs ha, sa ’n noed habbe jy mei dy faem. Hwent as ik ef in oar hjar mar efkes frjeonlik taknikke, den sjenne jy ús mei ûlseagen oan. Trou se, man! Den is de noed út.” De bysitter hie syn nocht. “Ik gean der út, sei ’er sa rimpen wei; “hwer is myn hoed?” “Och, sei Gabe dêrop, dy hat ús faem út oerdwealskens yn ’e molkenkeamer soald.” Do waerd er kûgelsk, en hy fleach mei de bleate holle ta it hûs út, wylst syn sister it útskettere fen laitsjen. Mar Pibomme helle de bysitter werom, en ûnder in swiet sûpke waerd de rûzje twiske Gabe en Goarrelt ôffûske, en it waerd bysitter op it lêst sa eang om ’t hert, det ’er tsjin Pibomme sei: “Nou, âlde hear, ik bin mei alles to freden. Jy moatte mar for it lân jaen hwet jy kinne, mar it moat de namme habbe, det it by de âlde hier bliuwt.” Hwent syn earesucht woe de bysitter biwarje, al hie Gabe him noch twa ’ris sa folle hevele; bihalven yn ien punt. Hwent lyk as it mei alle komeedzjestikken en romans giet, sa giet it ek mei dit stik; it eindigt mei in boask. Hwent it dûrre gjin fearnsjier ef Goarrelt troude de faem, mar Gabe waerd net mei op de brilloft nedige, lyk as wol stie to tinken.

Grou. E. H.

IN JOUNPRAETKE FEN GABE-SKROAR.

Op in kâlde winterjoun foel it praet oer de krapte fen de earme ljue, en oer gjirrige minsken, dy neat wei jane as dat nedich is ef dêr hja ta twongen wirde. Elts sei der sines fen, en op it lêst fette Gabe it wird op, en sei neijernôch hwet hjir folget. “Ja, de gjirrichheit is de wirtel fen alle kwea, mar is in bittere wirtel, slimmer as de stjonkwirtel, dy forgiftige wetterskearling, dy as men der mar in lyts stikje fen nimt yn koarten tiid deadlik is for minsken en bisten. En de man, dy troch gjirrichheit in dûbelstûr bihandelt as in stik gleon izer, dat er hastich wol tsjienris omkeart foar det er it útjowt, is lyk as Camphuysen seit: de mensch door menig zielsgekwel sterft meer dan eenen dood. Mar hwet is gjirrichheit? En hwer rint hja op út? Ik scil it jimme sizze, frjeonen! Ik wol de minsken net by de baerch gelykje, mar twa dingen hawwe de minsken mei dat bist gelyk; dat is de mage, en de oerginstichheit. Net allinne, det in minskemage folle fen it fatsoen fen in bargemage hat, mar hy hat ’er it aerd ek fen. Hwent it is in ding as de keats fen de fearskippers: der wirdt alderhânne iten ynsmiten, en meastal wit er rie mei dat túch; en ho nuver det it liket, it is dochs wier, det de measte minsken der gûd ynslane, dat as it troch eltsoar rierd waerd, den scoe der nin houn de bek op sette. Komoan, sei Gabe tsjin master Freark, ik scil mar ’ris stelle, jy binne by de grytman nedige to iten: dêr komme jy de moarns om âlve ûre sa gau net, ef jy krije sterke kofje, dy om jo yette mear oan to fiterjen en sterker to meitsjen, mei forbarnde sjerp oanmingd is. De kofje is yette tsjok fen reamme en wite topsûker. As jimme dêr genôch fen hawwe, den komt it kroansop, de jenever, op tafel, dêr de statekoegels op driuwe, mei bitter der yn; bitter, dat út alderhanne hjitte krûden en wirtels makke is, dy fier efter de waibergen woechsen binne, dêr de apen mei de minskebonken boartsje as de berntsjes hjir to lânne mei hispelprikken en kouwebonken. En dat bitter is sa sterk, eft it troch de earste distillateur fen kweade dampen, troch koarthakke, op de fornuzen fen de hel útbret is. En as dat weinomd is, namentlik as de noazen bigjinne to glimjen en de tonge al min ef mear dûbeld slacht, den wirdt ’er de tafel ditsen; en as der in goed wird spritsen is, dat by de langste mjiltiid sa koart mogelik makke wirdt, den wirdt ’er dalik in romerfol kâlde reade wyn ynskonken; den wirdt ’er in Doctor-Snelletje dronken. Dat is de foarbode om de mage to warskouwjen fen de greate dingen, dy ’er op til binne. Den wirdt ’er in sop opskept, heal brún, heal blank; hja neame it skylpoddesop, dy sa heislike hjit fen smaek is, det in earlik kristen boereminske, dy by brij en ierdappels, by earte en beane en groat en koartmoes greatmakke is, wol winskje mei, det him de mûle mei estrikken opset wier. En dy ljue, dy de tonge al forskroeid en de hiele mûle forskromfele is as in bokkefel, dat yn alún loaid is, dy ite der fen eft it wjitten brij wier; en de oare fatsoenshalven in leppelfol ef fjouwer, mei de gedachten: Slaen yn mar! Der scil wol better iten komme. En dat komt nou ek, en dat is de hoofdarmée. Twa stikken bret flêsk; ierdappels; twa, trije soarten fen griente en apelgûd; en nou wirdt ’er tahaeid, fen alles in priuwke, en it flêsk wirdt troch ’e Sardammer moster dweile. Den komt ’er in hazze, dy in fjirtsjin dagen ûnder in ôftek yn de bleate loft hinge hat, dêr in luft ôfgiet, dy hja pikant neame; krekt in walm lyk as de mirden ôfgiet, as se út de holen drinsge wirde. Den snippen, dy bret binne mei him en grim, mei termen en al hwet ’er yn heart to wêzen, en dat ik net op syn Frysk neame scil. Den wirdt ’er boffert opset mei apels, parren, prommen en douwen; fen meast alles wirdt hwette ynnomd. Den komt ’er kêrsen yn brandewyn ef gingberwirtel, hjit en swiet. Der is soms yette wol mear; mar rier nou alles hwet ik hjir opneamd hab mar ’ris troch elkoarren, en ming it oan mei dy hjitte sterke thé, dy in ûre dêrnei dronken wirdt, en scoe der nou wol in houn wêze, dy der fen frette woe, as er nin trije dagen opboun sitten hie? Sjoch jimme nou wol, frjeonen, det in minskemage net allinne it fatsoen, mar ek it aert fen in bargemage hat?

It twade ding, dat in minske mei in bargemage gelyk hat, dat is, lyk as ik sei, de oerginstichheit. Sjoch dêr dy tsjien bichjes! Moaije bistkes, net? Jammer det hja greater wirde! Hwent foartoan is der neat oan, as dat ’er oan in ondogensk minske is. Frette en sûpe by it bealchfol, en den yet mei in forkeard sin troch de wrâld, mei grommen en brommen. As men se foarút hawwe wol, den moat men se mei alle macht oan de kwast fen de stirt lûke. Hja doge net foar det se it mês troch de kiel hawn habbe. Mar dy bichjes, sjoch ’ris, hwet rinne hja nei de trôch nou it sûpen der yn getten wirdt. Dêr is al ien, dy hat genôch. Sjoch, hy kin just gean sa fol is er; mar hy sjocht ’ris om, en sjocht det al syn makkers yet al foartslabje. Nou rint er gau werom, hy set ’er de snute yet ’ris yn, mar hy kin net mear. Dat dochter trije, fjouwer kearen nei eltsoar. Dat is de oerginstichheit, dy de minsken mei de bargen to wrâld bringe. Sa binne de lytse berntsjes ek: hja binne altiten bang, det se forongelike wirde. In lyts bern is meast al bang, det er net oan syn part komme scil. Jaen twa berntsjes elts in stikje koeke; pas den foaral op, det se beide allike great binne, ef de oerginstichheit komt by him op. Gysbert-om seit net to onrjuchte:

Ho fet sopje oare ljues petiellen! En bûrljues kij jaen greate miellen.

’t Is de greate wet fen selsbihâld, dy ús ynprinte is, en dy bringt al licht de sucht yn de minske om mear to bigearjen as er nedich is. It ûnderrjucht fen oare minsken en de rede moat dizze sucht neijerhân oan bânnen lizze, ef der komt dat monster út foart, dat wy gjirricheit neame.

Der is oan de oare kant nin greater lof, dy men in boargerman jaen kin, as det er de tarring nei de nearring set. Ik hoef net to sizzen, ho ús de dagelikske ûnderfininge leart, det ’er wiif, bern, frjeonen en neibisteanden om suchtsje moatte, as dêr net om tocht wirdt. It stiet yen frij, ja, men moat sels sa kloek wêze as men kin, mar men moat oppasje, det men yen sels en in oar net to koart docht, en syn fatsoen hâlde hwer it to pas komt. Hwet laeit ’er in oar oan gelegen al wol ik for my sels beane ite, en it wetter yn pleats fen kofje ef peccothé drinke; mar as men yn de folop sit, den in earm minske yette yn syn lean to biknibeljen, ef wezen en widdouwen to rûpeljen en to goarjen oan ’t grêf ta, dat is lyk as Tantalus oan de lippen ta yn ’t wetter to sitten, en yette fen toarst to forsmachtsjen. En it is ondogensk boppe alles om ’t jinge yen boppe tûzenen as in foarrjucht jown wirdt, to brûken om in oar yette mear ûnder ’t sim to krijen, en nei yen to skoerren hwet los en fêst is. Sa libbet de gjirrige man foart; it is in ivige striid om mear to hawwen. Hûndert lytse dingen, dêr in gewoan minske net om tinkt, nimt er to bate om syn pong to foljen: ivich sit er to rekkenjen mei kryt en houtskoal om der yette mear út to heljen. Hwet in oar genot neamt, is by him oerdaed. Dêrby is hy in hater fen alle kinst en witenskip, dy it jild heger achtet as alles hwet in minske bisit en him foredelt. Hy neamt it sierlikste skilderij, de hearlikste muzyk, it swietste gesang mar gekheit omdet ’er neat mei is to fortsjinjen. De godstsjinst wirdt forgetten sels; hwent it jild is de God fen de gjirrige, en de soarge for it jild oermastert de soarge for de siel. Mar it slimste fen de kwale is, en dat woe ik lêst sizze, dêr de gjirrichheit op útrint, det er altiid oanwint, det it in ynfrettende kanker wirdt. Alle gebreken fen in minske nimme in ein mei de jierren; de greatste ljeafhabbers fen de flesse moatte einlinge krimp jaen. As se âld wirde, sizze se allegearre: “Wy jane it woun. De hûd wol it net langer lije.” De greatste ljeafhabbers fen moaije hynzers sitte op hjar âlde dei yn de hirdsherne, en prate net mear oer hynzers. En dy yn hjar jonge jierren troch sleatten en slodzen fleagen, det hjar it flach om de hals en it einekroas op ’e hoed siet, om in moai faem op to siikjen, dy sizze, as der fen in moai frouminske praet wirdt, dy sizze op hjar âlde dei: “Och! in frouminske is mar in minskebihelp, goed om de brij to sieden en de himden to waskjen”. Mar as hja den sizze: “Hja hawwe jo dochs frij hwet jild koste, pake!” den seit er: “Hwet gûd?” den is pake kwarteldoaf.

In oar úteinde fen de gjirrige minsken is, det se yette earm wirde: en den hawwe se yette in foarrjucht, det se yn tiids hirdzjen leard habbe. “Det hja earm wirde?” freget misskien immen. Ja, earm troch det de gjirrichheit syn master bidraegt, en dy ivige, pynlike, knipende bigearte nei mear, loatst hjar einlinge nei in kantoar, dêr mei greate forguldene letters op skreaun stean moast:

Iemand met beloften azen Is een hemel voor de dwazen;

ik mien nei it kantoar fen de Loterij, dy yn alle lânnen, dêr mear noed for de skatkiste stien wirdt as for de goede ljue, dy him folle moatte, oerein hâlden wirdt, mar dy yn Frankryk op ’e groun ôf sljuchte is. En dêr forspylje se alles yn, en wirde fen alle stammen Israëls der yette by útlake op ’e keap ta. Inkelde, dy it jild net sêd wirde koene, wirde einlinge it libben sêd, en hingje hjar sels yn in skûrre ef op in souderke stil foar it each fen de minsken wei, ef litte hjar sels op in iensomme pleats fol wetter rinne. Mar de measte oerlibje hjar sels en hjar eigene gjirrichheit. Hja fordroegje en forskromfelje, en hjar lêste soarge is yette de jildkiste. De bleke hân fen de dead strykt it gerdyntsje ticht en skiedt him fen alles ôf, hwet him syn hiele libben troch as ien gedachte oermastere hie, it jild. De klokken liede neat as freugdeteanen for syn loerende erfgenamen, en nin trien fen droefheit ef tankberheit biggelt oer de wangen fen in jinnich stjerreling. En dêr laeit er nou op it selde tsjerkhôf, yn dy selde ierde, as syn bûrman, in earme arbeider, laeit, dy mei swiere arbeid acht bern great bringe moast, en alles en alles for syn húsgesin wier; en dy God yn syn hege need sa faek bea om in tsjien-tûzenste part fen it jild fen syn rike bûrman. Dêr lizze nou beide even ryk! Hwa scil de bêste wêze? Dat is in sletten boek hjir for ús earme bline minskebern; in sletten boek fol tsjustere djippe geheimen, mar hjar blêdden wirde opdien yn de ivichheit. Us komt it oardiel net ta.”

Do sei Saskemoi: “Dou falste my al to folle út it mâlle yn it earnstige.” “Dat heart sa; sei master Freark, “men kin ek net altyt sjonge en altyd laitsje. Lit him syn gong mar gean. Him is it wird wol tafortroud. Jammer det dy jonge op ’e skroarstafel omkruse moat.” “Nou, priizgje my net to folle; hwent den mocht ik to folle sin oan my sels krije, en den hie op it lêst gjin minske mear sin oan my”, sei Gabe dêrop. “Ik leau, sei Freark dêrop, det der yet al mear gjirrige minsken binne as men mient, en hja binne yet al yn achtinge. Hwer komt dat fen dinne, Gabe?” “Gjirrige minsken dy binne der mear as rynske, sei Gabe; mar folle tsjenne in oar baitsje oan as hjar tabiheart, om hjar skurfte hûd to bidekken. Hja binne ek al as it bjirkenhout; dêr moat men earst trettsjin basten ôfskile ear ’t men oan ’t soune hout komt. De gjirrigerts binne lang net sa as hja ús op de komeedzje forteand wirde, mei âlde smoarge nachtjaponnen oan, op sleepskoen en mei prûken op ’e holle, dy jier en dei op ’e brol omswalke habbe; dy earst in domenij, do in klerk, op it lêst in leedbidder en it alderlêst in earm skoalmaster de pleats biditsen hat, dêr it forstân ûnder heart to sitten. Dy skjippe-yntaesten en wâld-ierdappels ite, en it jild yn âlde hoazzen en kjessenslopen, yn holle balken en de boppe-einen fen âlde kasten weihoedzje. Né, der binne ek wol hiele deftige gjirrigerts, gnap yn ’t habyt, en dy soms wol ’ris goed dwaen om de minsken to forbjusterjen, mar dy him yn ’t geheim knipe, det ’er bloed neirint. Men fynt ek oare, dy lang bidde en mar koarte mjiltiden hâlde, út freze det de boaden de mage oerieze scille; dy gjin tsjerkgong forsomje, en dy ’salmsjonge, det bûrren en oerbûrren it hearre kinne. Der binne ek rouwe apostels ûnder, dy flokke en swarre, en dy beare, det it hjar neat skele kin, en dy, as de reap draeid is, alles yn hjar nêst skoerre. Al dy ljue hawwe mar ien ding mei elkoarren gelyk; det se namentlik net witte wolle, det se jild hawwe, en hwer hjar jild sit. Hja geane allegearre troch ’e mesken, en wirde achternearre[51] bihalven fen dy de trettsjinde bast oplichte habbe, koartom, dy hjar kenne. En dêrby for it stomme jild is ek in stomme earbied ûnder de measte minsken. Sjen der noch sa haveleas ef bilabberd út; wêz’ brutael as de boal, en sa dwers as in harke; wêz’ fûlfrettende gjirrich, dyn jild jowt dy achtinge.... Né, dat is it wird net; it jowt freze en ontsach. Us heit reisge ’ris mei in earm man troch de wâlden om kij to keapjen. Dêr kaem hjar in âldich man to mjitte, dy in âld fet eftersteekje op hie mei in foerlekkensk baitsje oan, mei de hoazzen op ’e slomp en gearsette klompen oan. De earm man lichtte nederich syn hoedke, en sei: Dei bysitter!” Do sei ús heit: “Licht’ jy for dy man de hoed? Docht dy jo sa folle goed?” “Dat net, sei de man, Hi sal gjin krûm weijaen; mar hi hat wol.” Inkeld bart it yet wol ’ris, det se net ontsjoen wirde, lyk as jimme hjir oanhearre scille, dat ik jimme hjir forhelje scil. It is mûlk det ien fen jimme it wol earder ’ris heard hat, mar allegearre net.

It is ’ris bard to Koudum yn Gaesterlân,[52] det der in âld kofskipper kaem to wenjen; dy hjitte yn ’e wânlinge Japik Swerver. Nou, dy namme koe er wol fiere; hwent lange jierren efter ien hie er twiske twa stevens swalke om syn brea, en nou hie er it einlinge sa fier brocht, det er de skipkes op it droege hie en det er fen de blêdden libje koe sûnder det er de beam hoefde to rûpeljen. Dêr libbe er sa hwette hinne, en for tydkoartinge hie er in gnap jachtsje, dêr er mei op de mar yn de Fluessen omstrûsde; in pear skeakels, in tôchseintsje, en hwet fûken der by, dêr brocht er de tiid sa hwette mei to’n ein. En jouns gong er by syn bûrren to praten en forhelle fen oare lânnen en minsken, sa det de âlden net allinne nocht fen him hiene, mar de berntsjes ek; hwent omdet er noait mei lege bûsen kaem, sa hongen se him oan syn klean as kladden, en de earme ljue wisten ek wol hwer Japik-om wenne as de need oan de man kaem. Om koart to gean, it wier in man sa as men mar in bytke foun. Dêrom hie de gemeinte mar bigrepen, om dy man de eare to jaen dy him takaem, en him dyaken yn de tsjerke to meitsjen. Mar de man sei altiten: “Ik wol graech, en jimme kinne it my meitsje; mar ik siz jimme, ik bin der net geskikt for: en dat houdde er mar fol. Mar de minsken to Koudum tochten der oars oer; der foel op syn libbenswânlinge en al syn dwaen neat to sizzen. Hy koe pront lêze en skriuwe om it boek to hâlden. Hy hie folle tiid oer om de earmen to forsiikjen en to helpjen, en de gemeinte stimde him en twong him heal om it oan to nimmen, en hy naem it oan. “Mar, sei hy der by, ik wik it jimme; it scil de gemeinte wé opbrekke. Jimme scille it ûnderfine, det ik ’er ongeskikt for bin. Ik siz it jimme yet ’ris, it scil jimme rouwe.”

[Yllustraasje: JAPIKOM YN ’T HEKJE.]

Nou wenne der yn dy tiid in grytman dêr to Koudum, dy sa smoarryk wier as der mar inkelde yn hiel Fryslân binne, mar sa trochtrape troch alles hinne gjirrich, det ’er neat ôfgong as de reek. Hy libbe as in heremyt, en joech gjin duit oan de earmen. It earste jier det Japik Swerver yn ’t hekje siet, gong it bêst mei syn dyakenskip; hy siet mei in swartlekkensk âld-Frysk rokje mei klinken oan, mei in siden damasten ûnderbaitsje mei silveren knopen, mei gouden knopen yn ’t himd, en in moai siden Eastynjesk doek om ’e hals, dêr yet in sémans-strûs op siet. Inkeld kaem de âlde biis yette wol ’ris út, as er in moai jongfaem foar it hekje kaem to sitten, det er den de prûk ’ris hwette skeef loek, ef ’ris in bytsje skilich seach om dy sloven oan it laitsjen to krijen; mar dat merkte in oar net, en alleman wier to freden oer de keus dy hja dien hiene. Mar it twade jier moast de man mei it ponkje troch de tsjerke gean om de gaven for de earmen op to heljen, en do rikte er, lyk as it gebrûk wier, it ponkje earst oan de grytman ta, dy neist it dyakens hekje yn in stoel siet, en do dy syn gave jown hie, kearde Japik-om it ponkje flak foar de preekstoel om, en dêr kamen twa duiten útroljen, en do sei er lûd op: “Dêr hawwe wy it earste oartsen al! Dêr liz ik in blank by; den is it in stûr.” Hy stiek dy duiten by elkoar yn ’t ponkje, en gong de gemeinte roun, krekt eft ’er neat bard wier; mar de grytman stau grimmitich de tsjerke út. De measten fen de gemeinte giisgobbene, en de domenij wier sa fen syn stik brocht, det er dalik sjonge liet, hwerop den ek al skielik it Amen folge. En do Japik-om foar de tsjerkerie komme moast mei de grytman der by, lyk as wol to tinken stiet, do bikende er earlik skild. “Mar, sei er, ik haw jimme foarôf warskouwe, det ik ongeskikt wier, mar jimme woene my net leauwe; hwent ik siz altyd de wierheit, en dat makket in minske ongeskikt for folle dingen. En ik haw it gelok, det ik nin minske nei de eagen hoef to sjen. Hwent hwet ik yn de wrâld hab, dat hab ik mei Gods holp oan my sels to tankjen. En oan jo, mynhear, sei er tsjin de grytman, haw ik neat misdien, as det ik ús ljeavenhear hwet foarútroun bin; hwent der stiet ommers skreaun: “wat gij in het verborgene doet, dat zal u in het openbaar vergolden worden. Ik bitankje for myn dyakenskip, en kom net wer yn ’t hekje; en ik winskje jimme it bêste.” En do gong Japik-om foart. “En ik ek, sei Gabe; en ik winskje alle gjirrige ljue det hja sa to pal reitsje as dy grytman.” Ut.

Grou. E. H.

NJUNKEN-LYTSEN.

Der wier yn de tiid fen Gabe-skroar in smid to Wytmarsum, dy altyd it wird njunken-lytsen yn de mûle hie. Hy hie it wakkere drok mei hynste-bislaen, dat syn soan fiks dwaen koe. Hy hie Gabe ’ris in heal dei oan de praet hâlden troch det er sa folle oanrin hie, en ek omdet er Gabe graech praten hearde, en den njunken-lytste baes mar foart. Hy hie Gabe syn libbensgong forhelle, en dy wier al nuver west; hwent howol er nou in gnap man wier, sa hie er mar in loaijen slantfet west. Noait kaem Gabe dêr ef hy pleage Gabe om him in rymke fen sines foar to lêzen. Einlinge lies Gabe him dat rymke foar. “Hark den mar ’ris!” sei Gabe. De feinten leinen de hammer del en de pûster stoe stil. En do lies Gabe dit rymke op:

Ho kaem ús Joldert yn de tiid En waerd in greate bingel? Mei skriemen, tjirmjen en gestriid; Mei bâlten en gehingel; Dy net graech nei de skoalle gong, Mar ivich op ’e strjitte omhong? Al njunken-lytsen.

Ho waerd ús Joldert in jong feint Hwet great fen holle en mûle, Dy as de hinnen, as it reint, Him graech yn hûs forskûle; Dy folle smookte en oars net die, Fen dit en dat to sizzen hie? Al njunken-lytsen.

Ho kaem ús Joldert oan in wiif, Al koe ’r de lea pas reppe, En mijen’, onbiholplik, stiif? Troch ’t jild fen âlde beppe. Hy frijde lang, hy frijde sleau, Ear’t hy oan ’t minske hingjen bleau, Al njunken-lytsen.

Ho krige ús Joldert lytse bern? Krekt al as oare ljuwe. Hy sei altyd: “Fen flaeks moat jern; “Der moatte spinsters bliuwe.” Om ’t oarde jier wier ’t wyfke grien: Hja krigen den in lytsen ien, Al njunken-lytsen.

Ho rekke ús Joldert yn de myt? Troch tiid- en wirk-forachtsjen. Sa rekke er beppe skiven kwyt Troch sêftens, troch forsachtsjen. Hy iet en slepte wakkere swiet, En iet de boel op lyk it giet, Al njunken-lytsen.

Ho kaem ús Joldert wer to rjucht? De need dy learde bidden. Hy joech him waerlik net út nocht Oan ’t smeijen by de smidden. Hy smeide rjucht, hy smeide krom, Hy switte en waerd ek minder dom Al njunken-lytsen.

[Yllustraasje: YN ’E SMITDTE.]

“Is it nou út?” sei de smid. “Ja,” sei Gabe. “Nou, dat wirdt ek tiid njunke-lytsen, sei baes; hwent as der in oar namme for stoe, den scoe ik njunke-lytsen leauwe, det it op my wier.” “Njunke-lytsen! Dêr hawwe wy it al wer trije kear, baes. Jy sizze it foar jy it witte. It wirdt tiid njunke-lytsen, det ik gean,” sei Gabe. De feinten laken det se skodden, en baes wier mar heal yn ’t skik; mar hy njunke-lytste mar foart, hwent it wier him yn de mûle bistoarn.

Grou. E. H.

GABE SKROAR EN DE STUDINT.

Gabe krige ’ris in studint by him to praten, ien dêr er as jonge wol mei op ’e terp boarte hie, en dy er ek dalik wer koe, howol er al hwette nuver optakele wier, lyk as kostúm is by dy maets. Dat wier sels ek al in briken hear! It wier in omkesizzer fen domenij, en dy bigoun dalik heech Hollânsk mei him to praten. En dêr foel Gabe dalik oer hinne, en dy sei: “Astou sa koart fen gehûgen biste, det dy tael, dyste foar fiif jier krekt sa goed koeste as ik, omdetste him fen dyn eigen mem fen de widze ôf leard haste; astou sa koart fen gehûgen biste, detste dy nou al forgetten haste, bliuw den fen de stúdzje ôf en lear in hantwirk, ef wird boer. Hwent ho scilste den in preek fen bûten leare, Kei?” “Kei” sei Gabe, hy waerd oars Gerardus neamd. “O ja! sei de studint, nim it net kwalik: ik kom just út de pastorij, en nou wier my it Hollânsk sa hiem, det ik it yn de gedachten ek al tsjin dy spriek. Mar ho scoe ik ús âlde Fryske tael forjitte? Ik kin folle fen dy op, Gabe; mar dat moaste my net forwite. Dat scoe my sear dwaen. Hwent den scoeste my for in greatsken forwaenden studint útmeitsje, en dat kwea ken ik by de namme mar. De greatskens mien ik, Gabe.”—“De boeren neame it oars mar in lompe tael, sei Gabe, en dêrom bigjinne hja ek to ijkjen, sa det de âlders net mear fen dou oan de berntsjes sizze doare. Is ’t net bryk?” “Net to doukjen? sei de studint; “binne se gek? Alle folken, dy de tael fen ien stamme mei ús habbe, sizze fen dou. As men gemiensom mei immen sprekke wol, ef de achting en earbied útdrukke wol, den is ’t dou by de Ingelsken, by de Sweden en Denen, en ek by de Dútskers. De âlders sizze it tsjin de bern en de bern tsjin de âlders. Yn it gebet sels sprekke hja sa tsjin God. De Hollânners hawwe de Fransken neibaud mei hjar gij ef jij, krekt eft hja tsjin ien allinne sprekkende dochs mear foarhabbe as ien persoan. En dy yette sleauwer binne dy sizze UwE. Astou, Gabe, dyn widzesang sjongste,

Dou, dou biste myn Anke!

dat is folle ynliker; dat triuwt it wird mear op it hert as detste seiste:

Gij, gij zijt er mijn Antje.

“Dos, Gabe praet op mar, en gjin kwea fen de Fryske tael mear, hear!” Dat stoe de skroar skoan oan, en hy sei: “Nou sjen ik wol, det de Hollânners der by forlern habbe: hwent nou is de tael to deftich wirden. Mar dêr mar net mear oer prate. Ljeaver oer de frouljue. Dat is sa hwet studintepraet, net wier?” “Wol ja, sei de studint, “dêr stiet de bibel ommers ek fol fen. Dat is goed, Gabe”. It tafel woe, det it de sneins op ’e neidei wier, en det de fammen út de tsjerke it finster fen Gabe foarby rounen, en den krige elts syn biskieden deel. “Dat is ien dy is sa fyn as spinreach, mar dy is hwette rabbich fen skik; ’t scil licht net better wirde mei de jierren. Dat is ien mei skouders en boarsten, ien op it jirappellân. Dy is onsjoch fen troanje, mar ljeaf ta de teannen út, troch en wer troch, dat siz ik dy, Kei. En dêr giet ien hinne, gnapper-nôch, mar hwet to bliik.” “Ja, sei de studint, hwet skilt der oan?” “Dat wit ik net to klear; mar ien fen trijen wis: hja hat de koarts hawn, hja sit to-stiif ynreaun, ef hja yt to folle swiet gûd en kofjetsjok, ef hja is mansiik.” “En dêr, sei de studint dêrop, “en dêr giet de gnapste hinne.” “Ja, mar, man, sei de skroar, dat is in bidraechster. Dy hat my trije blauwe skinen yn ien winter jown.” “En den wierstou in gek, detst’ der wer hinne rounste”, sei de studint. “Wierheit is ’t, sei Gabe, “mar kin in moai frommiske in jong keardel soms de holle net sa dwers op it liif sette, det er syn forstân forliest?” “Mar ho is ’t, Gabe? sei de studint, “dou haste op al dy frouljue hwet to sizzen. Scoe der ek hwet oan dy skele, detste âldfeint bliuwste en net trouste?” “Ja, ik bin kreupel, andere Gabe dêrop, mar det hindert net. Gjin manminske ef faem is sa skeef ef bryk, ef dy trouwe hjir op dit doarp. Hja miene allegjerre, det hja yn it fagefjûr sitte, sa lang as hja net troud binne, en den miene hja yn de himel to kommen; mar yn it hûs dêr neist is ek folk. Dêr scille ek wol gûd bilânje. Sa tink ik.” “Jonge, Gabe, sei de studint do, ik hab jister yette om dy tocht. Do lies ik oer de âlde Spartanen. Haste dêr ek wol-d-ris oer lêzen?” “Ja, sei Gabe, mar ik wit der mar in bytke fen. Forhelje it mar.” “Wol sei de studint, dat wierne ljue, dy allegearre for de kriich libben en dêr wier alles op ynrjuchte. Nou tochten hja, as in bern to wrâld kaem, dy gebrekkelik ef mishipt wier, det dy neat wirdich wier. Dy waerden op pleatsen brocht, dy se Apotheten neamden, bûten de stêd, en dêr waerden se dea makke, ef weimoezze; in ôfgryslik ding, net Gabe?” “Apotheken dêr helje se de dea hjir ek wol ’ris út, mar bliuwe der selden dead yn.” “It wierne apotheten, mei in T.” sei de studint. “Nou de namme docht neat ta de saek, sei Gabe; mar dou bringste de saek net ta in ein, Kei-heite! Dou haste de histoarje fen Sparta net útlêzen; hwent hja diene it kwanskwys, omdet hja oardielden, det sokke skepsels hjar sels noch it lân ta nut wêze koene. En do barde it det Agis berne waerd, in kreupele keningsoan, en dy waerd sparre en dy bleau yn ’t libben, en waerd neijerhân dochs de wiiste en de dapperste kening, dy hja oait hawn hiene; sa det de natúr hjar dat oars bitsjutte, en in leksom joech oer hjar grouwelstikken. En nou woeste sizze, det it gelokkich wier det ik net yn Sparta berne wier, en it is ek to winskjen, det ’er noait wer Spartanen komme: hwent it wierne rovers en moardners, ho heech det soms ek fen hjar opjown wirdt.” De studint wier forbluft, det Gabe dat wiste; en Gabe foer mar foart, en dy sei, det er noch ien ding wiste fen in houwelik, dat fen in ongelokkich libben yette ta in bêst houwelik útroun, louter troch det it wiif kreupel en healblyn waerd. “Dat klinkt nuver”, sei de studint. “Master Freark”, sei Gabe, dy kaem ’ris by my, en dy sei: “Gabe, dou pielste wol ’ris mei rymlerije: ik wit in set, dy moastou my ’ris yn rym bringe. Der hat yn myn tiid to Huzum in Sint Pontjer wenne, dat wier syn skeldnamme; mar hy hie de fan fen Pontjer oannomd. Hja neamden him ek wol Sint Frij; hwent syn oarde wird wier: “Frij-man, fordomd.” Mar hjir is ’t rjimke.

SINT PONTJER EN SYN WIIF.

To Huzum wenne frijer Sint Allinne yn de wrâld, In boer mei gâns in knoarre splint, En tritich jierren âld.

En frij, sa as syn namme gong, Wier Sint yn al syn dwaen. Hy dronk syn flesse en lake en song, En woe ek graech hwet jaen.

En as er om in bûrpraet gong Hie elts oan him syn nocht, Mar hwa men ek in wiif optwong, By Sint wie’ ’r net to rjucht.

“Hwent bongels binn’ ’t for ljuwe mar; “Dy hoef ik ommers net, “En ongelokkich neam ik hjar, “Dy se oan de skonken het.”

Sa praette Sint den by de wyn, En as in frijgesel Skonk hy den mar ’ris helder yn, En makke it hert ’ris kel.

Mar do er seis-en-tritich wier, Do waerd it ding doch oars, En ien dy wyt yn de eagen hie, Dy krige ’im by de noas.

Der wier in jiffer yn de Skrâns, In minske as mâlke en bloed, Dy wier him al to folle mansk, Dy flapte ’im ûnd’re hoed.

Men sei, dat hie Cupido wrocht, Mar, och, hja die ’t him sels. Twa eagen dêr sok fjûr út fljucht Bringt mannich oan ’e pels.

Yn ’t koart, Sint Pontjer krige ’t wei, Moai Lena waerd syn wiif. Hja naem in hopen snaren mei, Mar oars hie ’t neat om ’t liif.

En, o! dy ljeave bôle-tiid, Hwet wier dy rêd forroun! En ’t wier sa noflik, o! sa swiid, Hwet Sint do ûnderfoun.

En Lena wier ek wol yn ’t skik, Al wier syn praet hwet rûch. Hy wier in man; hy stoe by ’t stik, En goedlik! ’t wier onfoech.

In ingel wier se in wike ef seis, Mei toalf do wier ’t syn wiif, En ear der twa jier omroun wier, Do waerd se steatlik stiif.

De moaije troanje dy hja hie, Dy koe er net mear sjen, Mar kant, dêr se yn biwoelle wier, En side, en lint, en jern.

En moarns den wier hja mei in wip Ek lang net út hjar nêst: Den roun se mei sa ’n smoarge kop; Den wier ’t in skiere têst.

Mar wier der ’ris hirddraverij Ef hien’ se in bûrrepret, Den stie ’t er yncroyabels by! En thús dêr wier ’t in slet.

De hearen kamen fen de stêd, Den wier ’t in edel ding; Kapteintsjes, jonkers, o, sa glêd! Den koe se troch in ring.

Den wier ’t: “vrou Bindstok” foar en nei; “Dat kleedje staat charmant. De stof is fijn en ’t makelei Is naar de nieuwste trant.”

Dêr steurde Sint him hiel net oan; Hy liet hjar stil bitsjen; Hjar wêzen wier for him bidoarn; Hy mocht hjar net mear sjen.

Hjar noaske earst sa fyn bisnien Wier yn syn each gjin roai; Hjar glimkes earst sa blij, sa grien, Dy foun er net mear moai.

It wier hwet moais by elk-en-ien Bihalven by hjar man, En waerd se earst ’ris ljeaf en grien, Hy waerd er wêrzich fen.

Mar ’t bledtsje waerd op ’t ein omkeard, Hja waerd op ’t lêst yet gnap, It ding is op it moaist biteard, Mar ’t is oars hiel nin grap.

Frou Lena gong út riden wer Mei hearen út de stêd; Hja glimde en flikkere as in stjer Sa trinten en sa glêd.

De hynzers fleagen oer de wei, Dat jage en gounze foart! Sa kamen se de sleat to nei, En om laei ’t mei in hoart.

Frou Lena oars sa tsjep, sa twang, Laei mei in stikne skonk, En ’t each dat hinge op it wang; Sa kaem se wer to honk.

De skonk waerd set for folle lean, Mar ta hjar greate spyt Moast hja nou mei in krukje gean, En ’t each dat wier se kwyt.

Ut wiern’ de feesten en ’t gedrús! Nin hear seach nei hjar om. Frou Pontjer bleau nou altyd thús, En waerd sa njuet, sa from!

Hjar glâns en gloarje wier nou taend; Hja altyd by hjar spil; Hja wier net greatsk mear en forwaend, En noait net op ’e dril.

Hja wier nou kreupel en heal blyn, En dat wier hjar gelok, Hwent Sint gong noait wer troch de wyn, Ef treastte ’im by de slok.

Hwent nou hie hy wer sin oan hjar, En op dat selde steed Wiern’ sy gelokkich mei elkoar Troch dy forkearde reed.

“Sjochste? sei Gabe, dat hab ik foarút; ik mei wynsk en rynsk wirde, mar raensk wird ik noait, lyk as de Hjoursters sizze. Dêrom hoeft in frommiske my net to skouderjen.” “Dou wist ’er altyd rie mei, Gabe!” sei de studint. “Ja, sei Gabe, dy in bryk pleit hat, dy moat in kwea abbekaet wêze.” En dêrmei skaetten se. Ut.

Grou. E. H.

[Yllustraasje: FROU PONTJER UT TO RIDEN.]

[Yllustraasje: YN ’E STOEPE FEN JOUTE-BAES.]

DE SKEARWINKEL FEN JOUTE-BAES.

(Iebele, skriuwer fen de siktaris, en Jappe tromslagger, sitte yn de stoepe fen Joute-baes to petearjen.)

Iebele. Dat bigjint der mei Joute-baes poatterich út to sjen. De barbierstôk heal ôfbritsen; it hûs út de ferve; in partij pannen fen de stoepe ôf; in pear ruten mei skriften biplakt. It giet swietkes op in ein mei de man.—Jappe. As de gevel fen syn hûs sa moai wier as fen syn troanje, den wier ’t in paleis. Syn noas is allehiel forgulde.—Iebele. Ja, fol snijwirk der by. Mar hwet scille men sizze? Jeneverke is der yn, en den giet it sa.—Jappe. Ja, en dat is oanboaze sont er sels in slok forkeapet.—Iebele. Ik tink, det hy sels de greatste minger wol wêze scil.—Jappe. En syn wiif spijt der ek net yn.—Iebele. Nou, dat wol noch al jamk sa wêze, as de frouljue oer de fyftich komme. As de iene streling ophâldt, moat ’er ien ef oar wer wêze. Mar it koe hjar wol ’ris gean as Foâk-omme en Gadske-moije, dêr ús pake selger altiten fen forhelle.—Jappe. Hwet forhelle hy den?—Iebele. Dat wierne in pear âlde ljue dy yn ’t Goutumer dykhúske wennen.—Jappe. O, dêr de Grousters en de Wirdumers Snjeon-to-joune altyd oangongen, as hja fen de Ljouwerter wykmerke mei in lyts sûske wer nei hûs pongelen.—Iebele. Krekt. Nou, dy âlde ljue krigene alle beide smeits yn ’t koart gûd en pimpelen swietkes mei eltsoar hinne. Hwet hja mei de gnirkerij woun hiene rekke gau op, en op it lêst hâldden hja neat oer as in inkel moai bjizzemstûrke, dat noch in poatstik fen Gadske-moije wier. Nou tochten hja: de houn dy ús biten hat, moat ús ek wer genêze; hwet wy mei de drank forspile habbe, moatte wy ek mei de drank wer winne.” Dêrom woenen hja oan de geande en kommende man in sûpke fortaepje, en sloegen in kwartke jenever op by Hannema to Harns. Do hja datte op ’e taep hiene sei Foâk-omme tsjin syn wyfke: “Kasteleinske, jow my in romerfol, ljea’.” Gadske-moije tape him in fiks sûpke en waerd bitelle mei ’t bjizzemstûrke. In amerij dêrnei sei Gadske-moije oan Foâk-omme: “Kastelein, jow my ’ris in sûpke mei Berenborger; ik hab hwette kjeld op ’e mage. Dêr habb’ jy in stûr.” Foâk-omme naem de stûr oan, en joech syn wiif in romerfol, en wer skoane mjitte. En dat stûrke gong sa lang oer en wer oer, det it hiele kwartke op wier.—Jappe. Dat wier in drokke nearring; mar it kaptael dat ’er for kaem wier en bleau in stûr.—Iebele. Dat is neat; sokke stûren sweevje der ek altiten op ’t greate kantoar om. Foâk-omme brocht it lege fetke mei de stûr oan de barnder to Harns. De man seach by de noas lâns, en frege: “Hwet hja for de jenever nomd hiene?” “Wel, krekt as oare kasteleins; de romerfol in stûr, sei Foâk-omme; “hawar! dêr habbe jy ’t hiele kaptael, dat wy ynbard habbe. Gadske ef ik habbe der nin duit fen opstitsen.”—Jappe. In gnappe rekkening. Ik tink, ’t einkebislút mei Joute-baes scil nin hier better wêze. It moeit my fen him. It is dochs sa ’n minnen keardel net, en der sit in flinke kop op him; dy moat nou yn de jenever smoarje. Scoeste nin rie wite, Iebele, om him de drank wers to meitsjen?—Iebele. Dêr binne nin krûden for woechsen. Al sjen se de hel barnen, en de divel sei: “Dêr scil ik dy ynkeile astou in drip wer nimste, drank moatte se hawwe. Dêr scil ’k dy in nuver set fen forhelje. Ef wiste hwet der mei Bonsen Pilger lêsten bard is?—Jappe. Mei Bonsen de hynstetysker? né.—Iebele. Krekt, dy. Hy kaem alle jounen dronken thús, bruide syn wiif en sloech it gûd stikken. Op ’t lêst foun de sweager, in âld bysjager, hwet út om him to bikearen. Hja joegen him in rûs as in kartou; biklaeiden him as in lyk, en leinen him yn in deafet. Tsjin det hy wekker waerd, setten se in kom mei barnende foarloop op ’e groun del, dat in blauwe lôge joech en dêr gongen seis fen syn kinde, forklaeid as divels mei hoarnen op ’e kop, om hinne sitten. Bonsen waerd wekker; biseach de mouwen fen syn hennekleed, dat er oan hie; stiek de kop út de kiste, en seach de ougryslike swarte divelskoppen mei wite tosken, dy de wjerskyn fen dy blauwe lôge noch ougrysliker makke. “Hwer bin ik hjir, mannen?” rôp Bonsen to lêste. “Yn de hel!” brimden al de divels. “De hel! de hel!” sei Bonsen, “Ei ju! En hwer forkeapje se hjir den bêste Hannema-jenever?” Mei ien helle er in bjizzemstûrke ta de ûnderbroeksbûse út, en sei tsjin ien fen de satans: “Hawar, heite! Helje dou my as in man dêr ’ris in pear romerfollen for. Den scilste ek mei priuwe.”—Iebele. In skoane bikearinge! Ja, sa giet it. En hwet it langer dûrret, hwet it slimmer wirdt. As de minske âld wirdt, stjerre njunkenlytsen alle mâlle flinken en raenjen yn him, allinne it sûpen en de gjirgens net. Ho âlder wy wirde, ho earniger en drankswieter. Dat binne twa divels, dy al sterker yn ús wirde hwet al ’t oare earmer en lytser yn ús wirdt.

Ynse (in skipper op de Eastynjen, dy op dit praetke ynkomt). En dochs wit ik ’er in probatum rie for. As ’t net helpt, kinne jimme my frij kielhelje.—Jappe. Dat wolle wy wol ’ris hearre, skipper. It kin to pas komme, en den scil ik it op ’e tromme bringe.—Ynse. Ja, maet, mar it giet om dea. Der komt fen de patient faek nin rabantke to lânne.—Iebele. Nou, den is der noch net mear om hals as in sûpkeal. Hwet er langer libbet, hwet er greater baerch wirdt en mear in lêst en skande for wiif en bern. Dea ef better wirde, is de baes.—Ynse. Ik bin nou thús komd fen Soerabaya, en dêr wier ik yn ’t hospitael mei sike soldaten. Dêr brochten se my ek by in soldaet, dy in flesse mei jenever neist him hie. “Dat is in swiet drankje,” sei ik. “Ja, sei de dokter, it is in drankje om de drank mei ôf to learen.” “Mei ôf to learen? sei ik, “sa bryk kin ik ’t net oan.” “Ja, mei ôfleare, sei de dokter; as de korporaels de dronkenskip der mei nin bamboezen útbruije kinne, den krij ik se yn de lapdoaze. Ik scil in sûper noait de jenever onthâlde; hwent den wirdt hy der noch slijer nei. As er om in healfearnke freget, bring ik him in dikkop; freget er om in dikkop, ik skink him in healmingelen. Dat bealget den sa lang, det er stomdronken is en yn ’e doljorum falt. Wirdt er nou wekker, den hat er troch de hetsichheit fen dy drank in barnende toarst; as lear forskrokke, is syn earste fraech nei kâld wetter. Yn pleats fen wetter bring ik him in tsjettelfol jenever. Ik bring ’er him in stik brea by, dat ik yn jenever dipt hab, en in panfol seane ryst mei in souske fen in mannich leppelfollen jenever der oer. Dêr barnt hy den as de hel fen toarst! Drinke moat it sûpkeal, eft er wol ef net, en omdet er neat oars fynt, slacht er al wer jenever yn. Mei eltse swolch wirdt de brân onhiermliker. Oalje jit er yn ’t fjûr, dat er úteaze wol. Hy beart en stampfoetet as in biseten skepsel; hy flokt alle divels út de hel op om wetter, mar nin drip, nin inkel dripke wirdt him ta lavenisse jown.—Iebele. Dat liket wol nei de rikeman yn de hel. Mar hwet is ’t ein?—Ynse. It eintsjebislút is, det de sûper heal forbrând fen binnen en pûr razend fen toarst yn in grousomme tsjinst falt, dêr de measten foar opstrûpe, mar dy der troch komme binne yn ’e groun genêzen. Hja meije nin jenever rûke ef sjen; as hja it wird fen jenever hearre, moatte hja koarts spije, sa ’n ynnige walge habbe hja oan ’t gûd. To Soerabaya, sei de dokter, hie er in bulte soldaten mei dit middelke holpen, mar noch folle mear op ’t tsjerkhôf brocht.—Iebele. Better, skipper, det hjar kringen it ierdryk bidongje ûnder de deaden, as det hja langer in stank en in walge ûnder de libbenen binne.—Jappe. Dou gieste der út mei koegelsfeart, Iebele. Scoene wy ’t net hwet sêfter mei Joutebaes oanlizze kinne? Hy is oars in bêst kearel, en wy binne hjir net yn Eastynjen.—Ynse. Nou, dat siz ik ek. Yn Eastynjen komt it op nin aep oan.—Jappe. En yn ’t fean net op in turf. As wy him ’ris ta lid fen it Matigheids-Genootschap krije koene? Hwet tocht dy dêr fen?—Iebele. Nou, bisiikje it mar ’ris. Hy scil ’t mei de gek bislaen, en dou scilste der noch sneu ôfkomme. Mar hwet boerd hat er hjir boppe de doar hinge? Dat moat ik earst ’ris lêze. (Iebele lêst). “Hjir wirdt skeard met Dútske messen; mar jimme moatte mei Hollânsk jild bitelje.” (Iebele giet mei Jappe en Ynse yn de skearwinkel.)

Iebele. Dêr habbe jy in gnap printke foar de doar hingjen, Joute-baes.—Joutebaes. Foldocht it hwette? Iebele. Ja, mar ’t kin noch moaijer.—Joute-baes. Lit hearre. Dy ’t wit moat ’t sizze.—Iebele. Ik scoe ’t sa meitsje:

Lânsljue!

“Hjir is de skearwinkel fen Joute-baes. Us lân is fordield yn ljue dy skeare, en yn ljue dy skeard wirde. Pas op, det jimme komme ûnder de minsken dy skeare; dat is profytlikst. Mar kinne ef meije jimme net mei ’t mês omgean, kom den by Joute-baes. Hy docht oars as syn collegas. Hy nimt jimme ’t bird hiel sêft en bileefd ôf, en yn pleats fen 21 sinten is hjir it skearjild mar in botsen.”—Joute-baes. Dêr scille wy neat fen ha; hwent as jimme allegearre ’t mês opnimme, den hab ik dien wirk.—Iebele. It hat nin need, baes. As jy in pear tûzen goune tractemint hiene, en ’er in bytke mear as neat for diene, en ’er ek neat mear for hoefden to witten as twaalf-maal-twaalf is honderd-vierenveertig, lyk as de ontfangers, ja, den scoe ’k it spil ek net stean; mar nou je mei skearen en skoenmeitsjen amper in dukaet yn de wike winne, scil nimmen jo ’t mês út de hânnen nimme.—Joute-baes. Dat is gekkepraet. As der ien fen myn collegas stjert ef syn gaezjemint kriget, den binne der wol fyftich, ja, soms wol hûndert, dy de flecht op de skearwinkel habbe, en dêr krûpe, flaeije, kringe, wrotte, wrame, lige, en lasterje se den om yn ’t plak to kommen. Hwet woestou prate, Iebele, det nimmen my binijt? Der is sa ’n greaten banjer net yn dit lân dy syn soan net for de skearwinkel opbringt. Sa gau as it boike yn ’e widze laeit, tilt de faer it gerdyntsje op, sjucht syn soan oan, en lústert sêft, sa det de kreamheinster it net heart: “Tink dou mar nearne om. Dou scilste ek út it greate ieslok ite.”—Ynse. Nou, ik moat sizze, it is in bêst farwetter. Yn de hannel en skipfeart giet it biteljen jamk sa hird as in lûs op in tarre kleed. Mar yn de skearwinkel is ’t jild by de fisk. Jonge, maet, as de krediteur de debiteur koartjan op de kiel hat, den komt de lêste duit mei in amerij los.—Jappe. Sa komt it út, der moat skeard en der moat bitelle wirde; as men mar gau, sêft en bileefd skeard wirdt. Mar dêr skilt by tiden rju folle oan; dat hab ’k forline jier ’ris to Warkum ûnderfoun.—Joute-baes. To Warkum? Ei, ju! Hwer sjippen se dy dêr mei yn? Mei brij?—Jappe. Né, mar sûnder gekheit; dat stie der bryk by. Ik kaem dêr mei Olfertboer, dy in pleats oer de Hoarsa hiere woe. It wier krekt Warkumer merke, en foar det wy nei lânhearre gongen, woe ’k my earst skeare litte. Sa roun ik by de Hynste-brêge in skearwinkelke yn, en sei: “Baes, kinn’ je my de bird ek ôfnimme?” “Ja wol, sei de man; gean jy sitten.” Ik foel djip yn in brede briedstoel del, en seach ’ris roun wylst baes syn spillen klearmakke. It wier allegearre tsjep en sindelik as de brân. De treeft en ’t earnen gûd wier glêdskjirre, det men der yen wol yn spegelje koene.—Ynse. Ja, mar dat wier ’t wirk fen de frou; wy moatte mar witte, eft de baes de man wier dêr er for oan boart kaem.—Jappe. Dat hie der wol oan. Ik lei de holle efteroer op it beklingsbankje del en ’k waerd ynsjippe; mar do de baes de fingers op myn troanje sette, wier ’t krekt eft my in lôge biwalme, sa hjit wierne syn hânnen. Mar it slimste wier binefter; do er oan ’t skearen kaem, dounse my dat mês op de kop om, sa staetten him de hânnen oan. Sa lang as dat by de kevel bleau, telde ik ’t net; mar do er my mei dat flimige skearmês op de strôte bigoun to kiteljen, toft ik, dat giet om dea. “Hwet skilt jo, baes?” sei ik. “Neat, man, sei er; “ik bin sa frisk as in nút. Ho sa?” “Wel,” sei ik, “it is krekt eft je in kwea consjinsje habbe en my slachtsje wolle, mar det je net goed doare. De hânnen ridelje jo. Kom, jow my ’t skearmês eris.” Dêrmei ik sels foar in lyts skylpodden spegelke oan ’t skraebjen, mar dat waerd gau fillen. De earste streek de bêste roun my ’t reade sop mei in strael it kin del. Ik joech de man in stûr, en frege him eft er dêr tichte by nin oare skearwinkel wiste. Mar dat wier poetsje ’t each út, baes wier prot en woe kik noch mik sizze. Mei myn heal bird roun ’k as in tsjeaf de doar út, eang det my immen sjen scoe. Gelokkich kaem my myn collega, Jan Tamboer, to mjitte, dy my nuver oanseach, en frege: “Biste yn de rouwe, Jappe?” “Né, sei ik, “ho den?” “Wol, dou rinste, sei er, mei in healskeard bird krekt as myn bûrman Joël, de slachter, dy okkerdeis syn heit forlern hat.” “Nou ja, sei ik, mar wiis my mar gau in goed barbier.” Hy wiisde my in hûs yn de baginestrjitte dêr in earnen bekken úthinge, en in barbierstôk ta de gevel útstike, dy wyt, read en blau ferve wier.—Ynse. O, dêr efter it stêdhûs.—Jappe. Krekt. Nou dêr ik yn. Do de baes foar my stoe, en de sjippe hwette yn ’t bekken klitste, seach er my wiles mei sa’n skeef en bitinkelik each oan, krekt eft ik him net bitelje scoe. “Ho wjirmen is ’t nou, baes? sei er op it lêst; “in heal bird? Jy binne noch net ienders in goe Fries; dy binne troch de bân allehiel skeard, oars?” Do ’k him de set forhelle, skettere de man ’t út fen laitsjen. “Dat tanket jo de koekút, sei er do: “it wier jister de bêste snein yn de marke, en nou is myn collega fen nacht oan de gyl wêst. Fen ’e moarn to fiif ûre hie er in stik lead op ’e holle, det ’k tochte, daelk saeit er yn ’e dolte. Sliepe koe er net, en do hat er ta tydkoartinge in skippoun mannich tsjiis wreaun, det him ’t swit de kop del roun. Bigripe jy nou, hwerom him de hânnen ridelje?” “Klear”, sei ik, “as de dei”. Ik joech de man in stûr, en gong mei Olfertboer nei de lânhearre, en do wy de doar yngongen, sei ’k tsjin Olfert: “Hjir is nou dyn skearwinkel.” “As dat sa is, sei Olfert, den hoopje ik det ik der ôfkomme scil as dou; namenlik, healskeard.”—Iebele. Dat liket my nuver ta mei dat rideljen; jo ek net, Joute-baes? ’t Tsjiiswriuwen moat it dien ha, mar oars ridelje de jeneverljue net, as der mar goed foer yn sit lyk as mei de skearbaes. As hja jouns de mage der in tommebreed ûnder set habbe en de moarns de krêft der út bromd, den moatte hja earst al in wjirmforskrikker habbe, foar det hja mei de hânnen hwette útrjuchtsje kinne.—Joute-baes. Dat giet mei in minske, Iebele, krekt as mei in haloazje. As hja ôfroun binne, moatte hja wer opwoun wirde, en it kaike is bêste jenever fen Koatstertille.—Jappe. Wol to forstean, by in jeneverminske. De houn dy him jouns biten hat, moat him moarns wer genêze, en dy byt him krekt sa lang det er yn flarden skoerd is.—Joute-baes. Hearstou ek hwette fen de separatisten, Jappe?—Jappe. Né, as det it troch de bân goede ljue binne, dy hjar stil by hjar bidriuw deljane en dêr men wol steat op meitsje kinne. Myn sweager, Aukebaes, hat in pear timmerfeinten dy separatist binne, mar hy seit, as hja allegearre sa binne, den woe er wol det al syn foltsen separatist wier. Mar ho freegje jy dêr sa nei, Joute-baes?—Joute-baes. Myn sister Marijke is der ek by komd, sont hja sa mei de limoer oanhelle is, en nou scoe hja wol sjen det myn wiif en ik mei de einen yn ’t kroas fen de sleatten omgrûdzene.—Jappe. Ja, yn de drank habbe hja de divel sjoen. In domenij, dy moarns in goed slok drinkt, kriget seis wike by hjar, en lêsten habbe se ien in moanne ûnder de preekstoel set, omdet er yn ’t Matigheidsgenootschap gien wier.—Joute-baes. Dêr habbe se gelyk oan. Nou wit ik net, eft ik ek nin separatist wird.—Iebele. Ho kaem dat sa bryk?—Jappe. Wol, hja seinen, immen dy net sûpt en him sels bitwinge kin, hwet hoeft dy him sels mei hânteikening to binen en oan keattingen to lizzen? Dat dogge allinne sûpers, dy oars nin macht genôch oer hjar sels habbe.—Joute-baes. Nou wirdt it wer hwette oars. Mar ús Marijke hat it net allinne tsjin dat onskildich dripke, dat ik nim; mar forline snein hab ik ’t noch oars by hjar forbruid—Iebele. Dat hie Bauk jister al yn ’e bôlkoer. Mienste dat net fen de hoanne?—Joute-baes. Dat is ’t. Wol, ik hie der allehiel nin erch yn; mar forline snein-to-moarn in bytke foar njoggenen roun ’k efkes by hjar yn; hja wier al mei in fleet fen hjar kaliber nei in boereskûrre ta, dêr ien fen hjar domenijs ’t wird die, mar de faem wier thús. Sa kaem ik efter by de bleek, dêr de hoanne yn in fjirderskoer stoe, mei in net ’er oer. “Scille jimme hjoed in sopke ha?” frege ik de faem. “Né, sei hja, “ho komm’ je dêr by.” “Wel, sei ik, en wiisde op de hoanne; “ik tochte det dy baes der oan moast. Hwet docht er den yn de koer?” “Frou tinkt, sei de faem by de noas lâns, en hja glimke wiles, “frou tinkt, det sneins in hoanne yn ’t hok nin pas jowt.” “Moat dat bist ek al sabbath hâlde? sei ik; “ik kin wol sjen, ljea’, det dyn frou nea net troud west is. Oars scoe hja alle herten by hjar eigen tinke, en de hinkes net sûnder man litte. Pastoarske, masterke, myn wiif, dy minsken habbe ûre noch wille, sa lang as ’er gjin hoanne wer yn ’t hok is. En sa tink ik ’er ek oer.” Mei ien skoerde ik ’t net fen de koer los en soalde de hoanne yn ’t hok. Nou, der wier wille yn Jerusalem! dat kinne jimme tinke. Skraebje, kerlke siikje, kok! kok! kok! roppe oan syn weitene jifferkes; om hjar hinne bôgje, en wiles de wjukken as in bileefd tsjinner lâns de groun slypje; dat wier ’t wirk fen in eagenblik. De tapassinge wier, det de sultan ’t hiele serail yn de fearren siet, en ta slot victoria kraeide oer alle separatiste fammen, dy de limoer hienen.—Jappe. Dat is sa moai, det it hast net moaijer kin, en men moatte foartgean, as it op syn moaist is. Dei jimme allegearre!—Joute-baes. Ja, mar dou hoefste it net op de tromme to bringen. It is al ûnder de frouljue!—Iebele. Is de bar oan my?—Joute-baes. Ja, fal del.

Hessel (in ielskipper op London.) Goe’n dei, foltsen!—Joute-baes. Wolkom thús! Biste wer by honk? In goede reis hawn?—Hessel. Sa matichjes. Ik hie in poun mannich tabak oan boart; dêr hiene se my omtrint mei snapt. Dat reau fen Ingelske kommizen hat my de mêst en de hiele aek mei hammers bitikke, eft ’er hjir ef dêr ek forholen gatten wierne, dêr wy slûkersgûd yn hiene; it is lykwol noch al goed biteard. Hja habbe neat foun.—Joute-baes. Ha jimme ’t goed mei de iel hawn?—Hessel. Nou, dat mei sa wol wêze. Der is ús in bulte ôfstoarn; ik leau wol tûzen poun. Sont de sjeachtme yn de bargen west is, is ’t ek yn de iel, en dat wol mar net ophâlde. Wy habbe soms ek noch wol ’ris lêst fen de fochte fen dy koaltarfabriken, dy yn de Theems útrint.—Iebele. Myn wiif hat my frege, Hessel, eftstou hjar fen Londen it thégûd ek meibrocht haste?—Hessel. Dêr habbe wy in skean ongelok mei hawn. Sa as se my de koer mei pastelein oan boart brocht hiene, komme der in pear skeve fiskwiven by my om iel. Oan boart founen se in pear fordroege prûmkes, dy de feinten útspein hiene; dy treauwen hja yn hjar koarte einkes piip en stieken do ’ris oan. Hja dampten, det hjar de reek boppe de kop fleach, en do elkoar kitelje en hompe, en oan ’t mâlfarjen; det de iene mei ’t grouwe dronkene gat yn de koer fen dyn wiifs pastelein foel; ik hab neat oars meibrocht as in partij diggels, dy allinne goed binne for ús lytse Beits om ’er mei to pronkjen.—Joute-baes. Is dy Ingelske jiffer ek mei hjar gat yn myn skearmês fallen?—Hessel. Dat woe ’k wol; mar dat is bihâlden bleaun. Dêr habbe jy ’t.—Geale-boer. Binne dy nou sa folle better?—Ynse. Dat scoe ’k leauwe. Sjoch, dêr liz ’k nou in hier op ’t ich; blies der ’ris op. (Geale bliest, en it hierke fljucht yn twaën.)—Geale. As in flime, hê? Mar kinne jy de Dútske ek sa net slypje, Joute?—Joute-baes. Hwerom net? Mar dy geane aenstons omlizzen, en de Ingelske witte fen nin fyftich âlde birden to sizzen.—Geale. Hwer komt soks by to pas?—Joute-baes. It Ingelske stiel en de timpering is better. En dêr komt by, de Dútske messen binne breed en tin-blêddich, en rinne mei in ynpannige bocht fen de rêch nei it ich ta. Dêr troch skeppe se, en as se net fjûrskerp binne, den snije se de birdstoppel net allinne, mar wippe dy der ek út. Dêrom lûke folle Dútske messen sa, en dogge sear. De Ingelske binne smeller, mar steviger, hwent hja rinne as in beitel by de ich ta. Dêrom snije hja wol, mar om hjar stevichheit lûke se nea net, en as se net skerp binne, sear scilste dy net dwaen, mar dou kinste der neat ôfkrije.—Geale. Ja, sa binne de poepen. It kin hjar neat skele as se ’t ’er ús ôfskeare ef ôfskoerre, mar alle rûchte, dy wy op de bûse habbe, moat ’er ôf.—Joute-baes. Praetste fen de fyndoekspoepen?—Geale. Ja, fen dy flienske poespassen, dy ús frouljue allerlei bellen en flarden oansmarre, en as der op ’t ein net gauwernôch jild komt, it de earme boer ta bislút mei parate executie fen de bealch skoerre. Mar siz my ’ris, Joute, as de Ingelske skearmessen sa folle better as dy Dútske binne, hwerom nimme de skearbazen den allegearre nin Ingelske?—Joutebaes. Omdet hja dom ef earm binne. De Ingelske messen binne dûrsommer, mar folle djûrder. Hja kinne de Ingelske ek net goed oansette; hwent as dy net fjûrskerp binne, doge se de houn yn ’t gat net. En den miene se ek, det se mei sa ’n brede Dútske seine de stânnen fen in boerekin better ôfmeane kinne as mei in Ingelske sichte.—Ynse. Lêsten bin ik skeard to Stiens, det de triennen my oerrounen. Wy scoene dêr to gast by Rinke-bysitter, dy in omkesizzer fen ús mem is. Foar det ’k nei him ta gong, liet ik earst myn bird ’ris neisjen by in skoenmakker. Sa as ’k yn de doar kaem, riisde my dêr in greate Olfert fen in keardel fen de skammel oerein. Hy hie hânnen as slaeijen, dêr knoarren as foege barge-ierdappels oansieten fen ’t skoenmeitsjen, en dêr skoerde er sa moarddedich mei op myn eansicht om, det it krekt wier eft de kop ’er ôf scoe. Ik tochte, dit wirdt myn lêste ûre, as der noch in stomp mês bykomt, en omdet ik krekt in Londonsk mês for bysitter by my hie, forsocht ik him om my dêr mei to skearen. “Sa ’n pyst glydt my troch de fingers, sei de man; ik moat in foech swird yn ’e kloeren habbe: dêr kin ’k de bargeboarstels better mei reitsje.” En dêr rekke er my ek mei, det it my ivich hûge scil. Wel, ik kin je sizze, Joute, det ’k lêsten yn dy stoarm, do ús alles stikken fleach, net sa bang west bin as ûnder dat fordomde poepemês en de poaten fen dy Stienzer oaljefant.—Geale. Né den is ’t my lêsten to Frentsjer better ôfgien. Dêr wier ik op de bargemerke; ik hie de kroech al tweintich kear út en yn wêst om in bargenegoasje, do ik my skeare liet yn in winkeltsje, dêr in tsjep jongfaem it mês hantearre. Sa as hja my ynsjippe hie, sei ik: “Kom, ljeave, wy kinne ’t eltsoar hwette makliker meitsje.” Ik sette ’t minske op myn knibbel, en sa hat se my skeard. Us domenijs Frans, je witte wol, de studint, hie my dêr ynlaet; hwent hy hie kinde oan dat frommis, en stie mei noch in pear hoantsen oer dit wirk to kachelakjen; mar ik bin noch nea sa bihindich bitsjinne as fen dy sêfte linige fammefingers.—Joute-Baes. Ja, dat is Fryske skranderheit, det wy skoenmakkers mei ús stive, pikkige, knoarrige lobben de minsken ’t bird ôfnimme moatte. Myn âld wiif scoe ’t ommers trijeris sa maklik dwaen, en dy scoeste ek net op de knibbel sette. Joech hja dy ek in fûgel, Geale?—Geale. Dat kin ommers net minder. Dy skeard is wirdt fen de skearbaes de mûle ôffage. Joute-baes. Wier der ek nijs to Frentsjer?”—Geale. Né, mar wol to Herbayum. Dêr wennet in minger fen ús Jelt-om, dy koeken fen him nimt; dêr moast ik ’ris oanrinne. Dy boer hie de soan fen syn lânhearre by him yn de kost; mar sa ’n frjemde ynbyldinge, as dy jongfeint hie, ha ’k noch nea fen heard.—Ynse. Ik doar wedzje, sa mâl net as fen Foâke-moalker.—Geale. Hwer maelt dy de plasse oer?—Ynse. Dy mient det er in groatkerl is, en sjocht er in hin, den fljucht er hast út eltsoar fen binaudheit, sa bang is er det it bist him oppikke scil.—Geale. Nou, hwet ik dy forhelje scil, liket my rikelik sa mâl ta. Dy jongkeardel, dêr ik dy fen sei, stie stôkrjucht op en del, mei de earmen slûk by de tsjea del, yn de hirdsherne to brommen, krekt, kin ik dy sizze, as in pedaelpiip yn in oargel.—Iebele. Dat is briker as bryk.—Geale. Ja, mar hear syn ynbyldinge ’ris, en ho er dêr oankomd is. Syn faer woe him twinge om domenij to wirden, omdet er de kattechismus sa goed opsei, en dêr hie er krekt sa folle sin oan as oan hingjen. Bihalven rju gehúgen hie er ek nin formogens, goeman. Mar dat holp net. Hy moast op de preekstoel, al scoe er der troch ’t gekkehûs opfleane. Do er noch op de Latynske skoalle gong, moast er altiten earst syn leksom by de faer opsizze, in strang keardel, dy se as jonge ek hwette kreammers-Latyn mei de bollepyst ynheid hiene. Koe er syn leksom noch net, den waerd er yn in fjirders-turfkoer by de eftergevel ophyst, en dêr hong er den sa lang twiske himel en ierde to bingeljen ta er alles op in prik koe. Boartfeinten mocht er nea by him ha; dy wierne to biisaftich, en scoene him ondogensk meitsje. Hy krige nin oar boartersreau om de sinnen to forsetten as in keameroargel; dêr spile er den de ’salmen Davids en de Evangeliske gesangen op, en dat gounzjen en hersenskraebjen hat krekt sa lang dûrre, det er simpel wirden is. Forline hjerst, do de blêdden fen de beammen foelen, bigoun er tipelsinnich to wirden. Iendris yn ’t holste fen de nacht hearde syn heit in oeribel gebrom; de âld man giet opstean, rint mei in lantearne it hiele hûs fen ûnderen nei boppen troch, en fynt eind’lik syn soan boppe op de fljirring pûrneaken rjucht op en del krekt as in soldaet, dy mei ’t snaphaen op skouder yn ’t gelid stie. Undertwiske bromde er mar toereloers foart. De âld man frege him: “Hwet scil dit bitsjutte, Frans? Gean nei bêd as in feint.” “It bêd is myn plak net, heit, sei Frans; “myn plak is yn de tsjerke. Ik bin in oargelpiip; mar mei dy swiere twjirre wyn fen jisterjoune bin ’k út it oargel waeid. Ik hab in pomp tsjin de preekstoel oan hawn, en dêr hab ik dy dûk fen krige. Gelokkich det ’k hiel bleaun bin. Bring my gau wer op myn plak, heit! It hiele moaije oargel is oars skeind. Gau, gau! Mar foarsichtich.” En do bigoun Frans wer to brommen, en hy bromt nou al fyftsjin jier oan in stik.—Ynse. Wel, sa mâl kin ’t net. Mar de lêste kening fen Ingelân hie ek al nuvere gridzen yn ’e kop.—Iebele. Hwa?—Ynse. George de tredde. Hy hie 56 jier regearre, do er yn syn bernskens kaem, en op ’t lêst allehiel simpel waerd, noch sa net fen âlderdomme, as fen syn ondogenske bern, dy him in bulte fortriet goeman oandienen.—Iebele. Ik miende det de kroande hollen boppe sokke dingen wierne.—Joute-baes. Jonge, né! De kroan is wol boppe de holle, mar de holle net boppe ’t fortriet. Mar hwet wier er den mei Jurjen-omme to redden?—Ynse. De âlde hear miende, det er in slinger yn in klok wier, en stoe ûren efter ien yn in herne fen de keamer fen de iene skonk op de oare to wiuwen—Iebele. Nou, dat wol sa wol ’ris gean mei de keningen. As hja miene, det hja slinger en gewicht beide binne, en det ’er nin rêdtsje him reppe mei, dat hja net earst oan ’t rinnen brocht habbe; as hja tinke, det ’er net in inkele biweging wêze mei, dy net fen hjar útgiet, en den hjar sin net krije kinne; ja, den bigjint hjar op ’t ein de plasse noch wol ’ris to malen.—Tamke (in âld skroar dy de hiele dei krantet). Ja, en dêrom hie ’k forwachte, det Jurjen-omme ek noch in klokswicht oan syn gat hongen hie. Den hie er de oppositie en it ministerie en de kening tagelyk west.—Geale. Dat rint my to heech. Dêr bigryp ik neat fen.—Tamke. Dat hoeft ek net, boer. De Friezen rinne nou dochs mar for spek mei.

Geale. Dêr stiet Jappe nou al sont in kertier to eameljen mei Jarich-ontfanger en syn soan Ubele, de studint. Hwer scoene dy ’t sa drok oer habbe?—Tamke. Lusterje ’ris efter ’t doars-skird; den wiste it. (Geale harket). Jarich. (Bûten doar). Ik siz ’t dy, Jappe; Joute wit syn paed fiks skjin to meitsjen. Jappe. Ja, mar hy is noch sa fier net hinne, ef hy stiet noch wol for reden. It slimste is, hy slacht ’er mei in kwinkslach troch hinne, en as er dêr syn formoanner mei oan ’t laitsjen kriget, den hat er it woun.—Jarich. Ik wit rie, wy moatte him mei syn eigen jild bitelje en gekheit tsjin gekheit sette. Dou, Ubele, bigjinste mar ’ris mei de kop troch ien fen dy beide ruten to stekken, dy mei pompier biplakt binne.—Jappe Dat is goed. Mar den moastene jimme ’t der hinne draeije, det Joute yn ’t Matigheidsgenootschap komt. Dat liket my skoan for him ta. By ús folk to Drachten habbe hja dat ek.—Ubele, de studint. (Hy stekt de holle troch ien fen de beide ruten, dy mei pompier biplakt binne, yn de skearwinkel op). Dei jimme allegearre! Is de baes by honk?—Joute-baes. (Hy stekt de gleone pûkelige holle troch it oare pompieren rút nei bûten ta). Krekt útgien om in poddehierrich studintsje to skearen.—Allegearre. Moai! gnap, man! Ha, ha, ha! Gnap, Joute!—Jarich. Dei jimme allegearre! Ik wiste net Joute, det jy op jins âlde dei noch piip-ba boartene.—Joute. Men moatte al sa hwette dwaen om de bern, ontfanger. Ik hear, jimme wolle my yn ’t matigheidsgenootschap habbe.... O Fetse! Wolstou in bytke weiskikke; dou sitste foar ’t lear. Ik woe ’t mês ’ris oanstrike.—Jarich. Ik sjen, det wy forklapt binne. Mar scoe dat sa fier mis wêze, det wy allegearre yn ’t matigheidsgenootschap gongen? Wy meitsje ommers lang sokke kearels net út as ús oarreheit-en-hjarre. Mar dêr wier ek nin jenever oer ’e flier. Noch yn 1790, 1800 en om dy streek, as in dokter by in boer oan hûs kaem, en der moast in dripke wêze, den moast it earst út it neiste doarp helle wirde. En kom nou ’ris! Dy bûter is ommers oeral oer ’t fjûr. Sa ’n ôfgelegen klûs is der yn ’t wyldlân net, dêr nin flesfol jenever is.—Joute-baes. Nou, en hwet scoe dat, collega?—Jarich. Hwet dat scoe? Det ’er út dat jeneversûpen in partij pysten en skreitsen opstien binne, dêr ús oarreheit-en-hjarre man foar man elts in stik ef fjouwer fen ta kjitte sloegen. Hawar! Hwer sjogge jy dy drege, geve, longerige, bjinitige en breedskoftige kearels yn Fryslân, dy er foar 50 jier noch wierne? Ommers nearne net. Alle jierren wirde der by ’t lotsjen mear ôfkard, dy de mjitte net habbe.—Joute-baes. En komt dat fen de jenever?—Iebele. Ja, fen de jenever, dy de divel yn de hel útfoun hat om ús Friezen nei siel en lichem to moardzjen. As men hounen lyts hâlde wol, hwet docht men den? Men jowt hjar jenever ef brandewyn yn. En mei ús minsken giet it net oars. Hawar! jonges fen trettsjin, fjirtsjin, fyftsjin jier bigjinne ommers al jenever to drinken. Op ’t lêst scille de Friezen der noch útsjen as forskrompele mankes, dy op sterk wetter steane.—Jarich. En om de bern noch gauwer op to druijen, komt der de baeitabak by. Streuperts, dy pas yn ’e broek binne, rinne nou al mei in barnende piip ef sigaer lâns de strjitte to boartsjen.—Jappe. En den binne se ek hwet mansk. Iebele. Dat is noch ’t slimste fen allegearre. Smoken en brandewyndrinken waerd âldtiids oer ien kaem skeard. Do ik in bern wier mocht nimmen roke foar syn achttsjinde jier, en dy ’t weage, waerd neiroppen: “It wirdt onwaer, mannen! De bargen bigjinne mei strieën to rinnen.” En kaem him ien fen syn folk to mjitte, dy sloech him de piip út de bek. De piip wier ’t bigjin fen de mounichheit. Nou habbe de bern de piip beet as hja pas út de rokken binne, en dêrom binne hja den ek mounich; dêrom meije hja flokke, sûpe, dôfhûdich en bretael tsjin âlders en masters wêze.—Jarich. Wel, der binne jamk âlders, dy der greatsk op binne, det kak-by-de-hak al in sûch mannich dwaen kin. Myn bûrwiif Beits groeit in foet yn ’t fjouwerkant, as se hjar opsloepen jonge mei in piip yn de hirdsherne sjucht, det him de reek om de kop bôget. Mei in ynnich wolbiheagen, krekt eft hjar soan in oerfleaner yn kinst en wittenskip wier, seit dy gekke malappe den: “Ja, ús Teakeman mei graech in pypke.”—Iebele. De bern miene, det de piip hjar yn ienen in pear foet greater makket, en sa komt it, det hja nou de bernskens oerslane. Hwent al dat boartsjen fen knikken, topjen, hoepjen, hazze-en-houn, en kaper-op-sé, dêr ’t hiele jier elts op syn tiid de strjitte fol fen wier, dêr sjocht men nou sa net mear fen. Mar makket de tabak de bern gek en bretael, de jenever makket de âlde ljue ondogensk.—Joute-baes. Wel, dat scoe den wol eigendivelsk wêze, det men nin slok drinke koene sûnder in biskiter to wirden.—Iebele. Ik siz net, det in sûper ’t ’er op taleit om my to biskiten. Ik siz, det hy syn koerakter forsûpt. Lyk as er pit en merch út syn lichem sûpt, sa docht er it ek út syn siel. Der is nin hâldfêst mear oan de man. Hwet er nou bilooft en wol, dat is him wer forgetten as er omsjocht. Hawar! lit alle ljue, dy hannel en wannel dien habbe, sizze, as hja sa op ’t wird fen in sûper wol in oartsen joegen? Dêr haste Seakele groatmakker, Ubele skipper, Feike tsjiisker; binne it yn ’e groun net de bêste minsken fen de wrâld? En hwet steat kinste meitsje op hjar wirden ef biloften?—Geale. Jonges, né! Hja binne sa wif as de wyn. Jimme seinene niis det de jenever en de tabak ús manljue sa lyts en onsjuch makke ha; dêr komt my hwette by yn ’t sin. Wy hienen lêsten in poep yn ongetiid, dy noch ûnder Napoleon tsjinne hie; dat wier in moai skrander en fornimstich keardel. Dy hie altiten syn oanstriid, det ús frouljue sa great, sa flink en sa moai wierne, en de Friezen sels sokke pysten.—Iebele. Dat leauste wol. Us frouljue meije hwet kofje en thé slabje, mar hja drinke nin jenever en hja smoke net.—Ynse. Sa giet it, maet. For de hel wierne de ljue net eang mear. Do hat de divel syn fjûr yn de jenever stitsen, en sa jit hy hjar nou yn dit libben al de hel as wetter troch de weaze yn de termen del. Nou forbarne hja ynwindich. En hja binne der wol tûzen ris slijer nei as nei brea. Sa is de divel. Syn hel gûchelt er ús foar as in himmel. Hjir by ús yn ’e stêd rekkenje se nou, det om ’t tredde hûs in jenever-hûske stiet. Dat binne allegearre timpels fen de satan. Yn Ingelân hingje boerden út de kroegen, dêr op stiet: Stomdronken, en nin strie yn de kelder, for ien stûr. One penny!—Joute-baes. Nou, Ynse, praet dou hwetstou wo’ste, mar astou dy divel weijageste, den helleste der in oaren wer yn, dy neat better is.—Ynse. En hwa is dy?—Joute-baes. It bankerot. Den moat ús lân sinke as in stien. Myn ljeave man, as ik en in oar nin dripke op syn tiid namen, hwer scoenen den de miljoenen weikomme, dy ’t lân, en alle stêdden en doarpen, nou fen de accyns op de jenever rispje. Ik siz mar, dy nin jenever drinke, dat binne lânforrieders, dy ’t net goed miene mei hjar lân en kening. Hwet seistou, Jaen Heindrik? ef Haerm? Ho hjitste?

Harmen (in hantsjemier). Wolstu mich manges barbieren?—Joute. Ja wol, man. Sa ’n naesje is der net dy ik net skear.—Harmen. Jau, boasken! Aber ich gebe dich nich mehr dan ’n ortken.—Joute. In oartsen? In oartsen? En dat fen in riken skevel as dy, dy mei tritich keabelde keizersgounen yn ’e pong en in tsjiis op ’e puchel wer nei dyn lân tsjochste?—Harmen. Jau, jau! Du krigeste nich mehr.—Joute. Nou, gean sitten mar. Libje en libje litte. Us ljeavenhear hat ommers de oksen krekt sa goed skepen as de minsken. Mar nou moat ik dy earst freegje, Harmen, ho wolste skeard wirde? Op ’e rachel? Op ’e tomme? Ef op ’e leppel?—Harmen. Auf dem rachel? Was heis das?—Joute. Den spij ik dy yn de bek, Harmen; stryk ’er de sjippe trijeris oer hinne, en ik skear dy.—Harmen. Und was meinstu, boasken, mit dem daum?—Joute. Den stek ik dy de tomme efter de kiuwen, ik span it fel fen dyn wang út, en ik skear dy.—Harmen. Und dei leffel?—Joute. Ik stek dy in silveren leppel twiske fel en kevel, en dêr skear ik dy op. Op de rachel kostet in duit; op de tomme en de leppel elts in oartsen.—Harmen. Noe, männeken, für mich auf dem leppel.—Joute. Op de leppel? Op in silveren leppel? Kaptael! Nou sjen ik, Harmen, detste út in ryk lân biste; út it lân fen de baronnen en de gnädige herren. (Joute sjippet him yn mei hinnekjitte. Hy hellet in blikken leppel út in komke mei divelsdrek, en stekt him dy efter de kiezzen. Sa sit Harmen dêr, wylst Joute it skearmês op it lear oanstrykt, en syn mopke smoarfet troch de noas roffelt en oandachtich nei Harmen opsjocht.)—Harmen. Wo kik dat hündeken noa, baes?—Joute. Ei, ju, as ’er drokte is, lyk as nou, den giet it wol ’ris hwet hastich ta; den fljucht ’er wol ’ris in flitske fen noas ef kin ôf, en dêr gobbert ús mopke op.—Harmen. Potstausend sakkrement! Kerl! Meinst mich die nase ab zu schneiten? Du henker! (Harmen smyt de skeardoek ôf en fljucht mei koegelsfeart de skearwinkel út.)—Allegearre. Ha, ha, ha! Jy scille de nearringe staf meitsje, baes.—Joute. Wol to forstean, de poepenearringe. Mopke is de sjamme, dêr ik alle poepen mei ôfbalje. For in oartsen wol ik sa folle stank net yn de skearwinkel habbe.—Waetse (trekskipper.) De earste lucht is der oars al ôf. As de mieren earst yn ’t lân komme den rûke hja op it swietste.—Joute. Dêrom neame se hjar ommers ek nije griente. Mar it kin my net skele, as dy griente farsk ef âld is, ik mei net oer de lucht.—Ynse. Ei, ju! hja rûke krekt as de Turken, en dat komt, det de poepen, sa lang as se hjir to lânne binne, yn ’t hea lizze, en hjar net omtklaeije, en de Turken sliepe altyd yn de klean. Al de útwazemingen fen ’t lichem, dy yn de sliep sterkst binne, gean by hjar yn de klean sitten.

Swopke (domenijsfaem). Dach sizze fen domenij, en as je moarn to fiif ûre ek komme koene om him to skearen?—Joute. Ho sa ier?—Swopk. Domenij moat nei de klasjes to Snits ta.—Joute. Nou, goed, ljea’! Meitsje mar, det er in goed kears barnt, det ik sjen kin.—Swopk. Dêr scil ’t net oan haperje, as jou mes mar net stomp is.—Joute. (Tsjin Auke, in âld boer.) Auke, lit dy faem ’ris troch ’e hânnen gean.—Auke. Dy tiid is oer. Dêr hab ik nin nocht langer oan.—Joute. Dat is neat. Is ’t net goed for de ien, den is ’t goed for de oare.—Swopk. Alde stakkerts! Hwet scoene jimme? Mar ik scil je by domenij oankleije, Joute, det je de boeren tsjin syn faem oanhysje.

Joute. (Fiif-ûre yn de moarntiid. Hy rinkelt oan de pasterijedoar. Swopk docht op.) Moarn! Is domenij al by de wirken?—Swopk. Ja, mar men hat hjir ivich fen dy smelle ongelokken. Ik jaen de man in kears, en hy is út.—Domenij. Swopk! Swopk! De kears is út.—Swopk. Ja, ja, ik hear it al. Ik scil je helpe. (Swopk en Joute komme mei ’t ljocht.)—Joute. Moarn, domenij! Iere moarn it ljocht út? Ho moat dat? En jy scille jou ljocht hjoed foar de klasjes fen Snits skine litte.—Domenij. It ljocht is net allinne út, Joute, mar it is ek wei; hwent ik sjen it nearne net.—Swopk. Ik ek net. Hwet balsom nou!—Domenij. Nou, ho ’t is dat wit ik net. It is net yn ’e hichte en net yn ’e lichte. It is nearne net. It is wei.—Swopk. Ja, domenij, tsjin ’e balken oan scil ’t net sitte. Ha je ’t ek yn ’e bûse fen ’e nachtrok stitsen?—Domenij. Nou, mar nin gekheit, en bring oar ljocht.—Swopk (dy weigiet). Hwet donder! Dat is tsjoenderij.—Swopk (dy werom komt). Dêr is foar de twade kear ljocht. Pas op, Joute, det de tsjoensters it net wer weihelje.—Joute. Dêr scil ik by wêze. (Joute skeart domenij en seit): Komt jou broer hast út, domenij?—Domenij. Dy is al út, Joute. Hy scil nei Anjum en Dockum ta om op birop to preekjen. Hy hat al in dou, as er nou ek mar in kou hie.—Joute. Den hat er al boaske? Nou, dat is goed, as er mar oppast det er it net seit.—Domenij. Boaskjen is ommers nin skelmstik.—Joute. Dat is wier. Mar yn eltse gemeinte binne in boel âlders, dy hjar dochters bittere jern slite wolle, en dy dochters wolle ek onbitinkelike graech by de man sliepe. De iel smachtet sa net nei de dauwe as in jong frommis om fen de stoel to fallen. As er nou noch net forsein is, den binne dat ommers allegearre de bondgenoten fen jou broer, dy mei mannemacht to fjûr en to swird for him stride, al is er de greatste stumper op ’e stoel; en witte hja, det er boaske hat, den hawwe hja him foar ’e hounen foun, al koe er balken yn twa preekje.—Swopk. Domenij! Joute, ju! Kom hjir nou ’ris. (Domenij en Joute geane nei de pronkkeamer, Swopk stiet foar de iepene kleankast, dêr de kears lûd yn stiet to barnen). Dêr ha we omkoal nou! Sjoch my dat merakel ’ris oan! Men siikje yen gik, en de kears stiet yn de kleankast to barnen. Ho komme je dêrby, domenij?—Domenij. Ik hab ’er myn nije rok út krige, en ik moat it ljocht siker yn de kast bisletten hawwe, do ik de doar ticht die.—Joute. Ha de tsjerkfâlden de pasterij al asterearre?—Swopk. It wier wol tsjinstich; hwent as domenij sa yn ’e gedachten foartpandert, den fleane wy d’ iene tiid ef de oare noch ’ris mei de hiele santepetyk yn ’e loft.—Joute. Sa giet it. De straffe folget op ’e sonde. De straffe fen in âld faem is in els yn ’e tonge. De straffe fen in goekeap hoed, koft by de stamme Juda, is de rânne by de earste reinboi ôfweakke en op de skouders del. De straffe op in gnappe kokenfaem is in lege boddelerij. De straffe op nauwe skoen is ekstereagen. De straffe op ’t hijlkjen is in skoanmoer. De straffe op in bern is nachts yn ’t spier en net sliepe. De straffe op in namme is in silveren leppel, en de straffe op ’t rinnen yn gedachten is ’t weisinken fen ’t ljocht en in piktsjustre keamer.—Domenij. En de straffe op it pimpeljen is in noas mei snijwirk en ridelige hannen, as men syn klanten moarnsier skeare moat.—Joute. Moarn, domenij! Gereis!—Domenij. Moarn Joute!

[Yllustraasje: AS DOMENIJ YN GEDACHTEN RINT....]

(Tsjin de faem). Swopk is de thé klear?—Swopk. It is allegearre kant en klear. De âlde jiffrou mei Ynse en Tabe sitte al nei jo to wachtsjen.—Domenij. Scil Tabe ek mei?—Swopk. Ei, ja! In omke mei ommers syn neef wol meinimme. Tabe hat nei Aden yn de Reade Sé west, seit er, en hy hat sa lang op dat griene wetter omdigere, det hy woe nou dy foyaedzje nei Snits wol ’ris mei ha.—Domenij. Dou biste in goed abbekaet, binamme astou for dy sels bekkeste. Ik bigryp it wol; hy moat joun by dy meide.—Swopk. Nou scoene je to wrâld sizze, ho komme jy dêrop, domenij? Ik ha nin hier op myn holle, dy er om tinkt.—Domenij. Ja, ljea’, dou biste Mennist. Dyn hierren tinke der net om, mar dyn sinnen to faker. (Domenij giet oan ’e thétafel). Moarn jimme! Noch soun, Tabe?—Tabe. Kaptael. Domenij ek goed?—Domenij. Bêst, mar ik hab rju to rêdden mei de orthodoxe oksen. Hja sizze den wol ’ris fen okseprippers, as hja fen domme ljue prate, mar ik ha mear lêst fen de oksen as fen de okseprippers. Ik woe wol det hja allegearre yn Canaän wierne. Den wierne se yn hjar erfdiel, en wy scoene hwette mear rêst habbe.—Ynse. Ja, mar domenij, jimme binne der sels ek in bytke skild fen. Do ik de lêste reis nei Eastynjen die en somtyds fleande fisken oan boart krige, den tocht ik wol ’ris yn my sels, dy bisten binne ommers krekt as ús domenijs, liberael en orthodox; heal fûgel, heal fisk.—Jiffrou. (Domenijs mem). Ho nou, Ynse! Wuden jou ons sukke merakels wysmaike? Dat had ik wrychtich fen in diaken niet wacht. Fisken fliege? Dinke jou dat je hier kynders foar hewwe. In koe ken noch niet ienders fliege, en die is noch in ’e weide op ’t lan; en nou suden jou ons wys maike, dat de fisken uet it waiter fliege!—Ynse. Nou, ik siz je den, jiffrou, det ik se faek sjoen ha, en tûzenen eastynjefarrers mei my.—Jiffrou. Merakels, altemail merakels!—Tabe. Né jiffrou! Omke liigt noait ef hy moat wierheit to koart komme. Mar witte je wol, jiffrou....—Swopk. Hjir is noch in goed pantsjefol, Tabe. Wolstou dat ha?—Tabe. Ik ha oars nôch, ljea’; mar omdetstou it fregeste scil ’k it nimme. Witte je wol, hwet ús op reis oerkomd is, jiffrou?—Jiffrou. Nou, seker weer merakels. Dink niet, dat je ’n kyn foar hebbe, hor Tabe!—Tabe. Wel, né, suvere wierheit. Wy smieten ’t anker út yn de Reade Sé, krekt op it plak dêr de Israeliten droechfoets troch gongen wierne, en dêr Farao mei syn leger fordronk. Do wy ’t anker lichte scoene, wier it sa swier wirden, det wy alles hast oan flarden wynden; mar do it boppe kaem, hinge der in tsjille oan fen de swiere izeren oarlochswein fen kening Farao. Ien fen de leppels fen it anker hie der krekt yn hekke.—Jiffrou. Sien, dat loof ik beter, Tabe, as fen die fliegende fisken; want fen Farao en syn waigen leest men in de bibel. Jonges, Jonges, wat binne jou al feer in de wereld op weest, Tabe! In de Rode Zee! Suden je met je schip ook wel na de Dode Zee toe deure, dar Sodoma en Gomarra in forbrand binne?—Tabe. Ja, wol nei de hel, as je my mar kaerten en pompieren jowe.—Jiffrou. Fui, so ’n grousam woard, Tabe! Ik wude wel, dat ik jou niet fraigd hadde. Wete jou wel, feint, dat de weg na de hel breed is, en dat jou dair wel komme kenne, as je dair weze wille?—Domenij. En sûnder kaerten en pompieren.—Tabe. Nou ja; mar jiffrou praet fen doaren, en dat seit men net tsjin in séman. (Der wirdt oan ’e pasterijedoar rinkele).

Swopk. Dêr is de koster, domenij. Dy hat hjir jisterjoune ek al west.—Koster. Goe’ moarn allegjerre! De grytman hat my frege, eft ik him dat pompier fen de pasterijefinne ’ris bringe woe?—Domenij. O, krekt, dat hie ’k skandelik forgetten. (Domenij hat krekt it bûterflotske yn ’e hân om in stik iten to smarren, en giet ’er mei nei ’t pultrom om it pompier to krijen).—Domenij. Dêr is ’t pompier. Ho giet it mei mynhear-en-hjarre?—Koster. Sa matich. Mynhear hat earjister út to iten west by de gormandeur, en jister hie er it wakker yn ’t liif. Doctor seit, det it koude stoffen binne. En mefrou hat in droevigen lêst fen winen.—Tabe. For in oartsen siik en for in botsen stront, dat is for seis duiten mei inoar.—Koster. Nou, deadlik is ’t noch net.—Domenij. Sa, den binne se beide sa hwette gammel. Nou, de groetenis oan mynhear en mefrou. Ik scil moarn wol ’ris komme. Swopk, hwer is de bûter? Jow my de bûter ’ris.—Swopk. Wel, dy hiene jy aenstons yn ’e hân. Jy hawwe him dochs net by de kears yn de kas set? Ik sjen de bûter op nin wegen ef fjilden.—Tabe. Ik miende det it jo bigoun to bigreatsjen, domenij. Jy hawwe de bûter efter it slot smiten. Sjen mar ’ris yn ’t pultrom. (Domenij slút it pultrom op, dêr de bûter yn in jildlaedke stiet).—Swopk. Goed biwarre, domenij.—Domenij. Dat komt fen dy hast.—Jiffrou. Jou buse, domenij! Heres myn tiid! Jou sille jou sels noch wechbringe. De butter in ’t pultrum! Nou, Nou! So ken ik ’t fen myn levensdagen niet an.—Ynse. Nou, domenij, as wy foart scille, den wirdt it tiid. Der is mar in lyts sigentsje, en der is ek noch in rek yn de wyn, dat wy skouwe moatte.—Domenij. Nou, ik bin klear. Swopk, hwer haste myn klean?—Swopk. It kin je wol bite, domenij. Neist jo op ’e stoel laeit jou rôk en jou lekkenske jas.—Domenij. (Hy stiet gysten op, en yn de forbyldinge, det er mar ien ding hat oan to tsjen, sjit er de rôk oan de rjuchter- en de jas oan de lofterearm, en sa de pasterij mei feart útstappende ropt er:) Moarn, mem! Moarn, Swopk!—Jiffrou. Heres myn tiid, domenij! Wat scill’je nou? Domenij, as dat so mut, dan mach moeke altiten wel met jou reize om op jou te passen. Jou binne ommers geen klein kyn? (Domenij bliuwt oan ’e hael.)—Swopk. Domenij! Hei, domenij! sa net wei. Domenij! woll’ je nou mei de oudkopen troch Snits rinne en forkwanselje jou eigen plunjes?—Jiffrou. (Hja hat Domenij beet). Foel je dan niks? Foel je niet, man, dat de rok- en jas-mouwen jou op de eers bengele?—Domenij. Al wer mis. (Hy tsjocht de rôk oan, en dêr de jas oer hinne).—Jiffrou. Ynse, jou mutte op myn seun toesien. Jou wete wel. Fui! Fui! Nou, gereis jimme.—Ynse. Dêr kinne jy steat op meitsje, jiffrou. Wy scille domenij sûnder haverij thús leverje. Elts syn bar is net to folle. Earst hat de harder syn skiep laet en nou scille de skiep de harder liede.—Tabe. Joun om njuggen ûre binne wy der wer, Swopk! Meitsje den mar, det de boerekofje en in helder fjûr yn ’e poeskoken klear stiet. Den scil ik dy mear fortelle fen de Reade Sé.

Sate Westerein. 1853. J. H. H.

[Yllustraasje: IT LUD UT ’E MOLKENKEAMER.]

GABE-SKROARS REIS OM IN WIIF.

Ik bin ’ris wiet en smoarch en ongedien fen de Bolswerter merke komd: ik woe it al in bytke forblomme for ús folk, mar de klean en de pong wiisden al út ho it ’er trochgien wier; hwent ús mem hie al foar det ik de sliep út hie, de boel neisjoen en de pong luze. Ik gong de deis wer flitich oan de nidle, mar de jouns waerd my it leksom wer oplêzen, en ús mem sei: “Dou scoeste doch ’ris om in wiif omsjen. Dou hieste folle stadiger libben.” “Dat kin ik net sjen, mem! andere ik dêrop: By folle troude ljue is ’t in hiel onstadich libben: eigentlik is it in soarte fen Aprilswaer, ytlike mylde ljeave simmerdagen nei eltsoar, en den wer heil en snie, ja, tonger en wjerlocht, en stoarm der op ta; en den wirdt de tange soms mear brûkt om de divel út it flêsk to klopjen, as om it fjûr to menearen.” “Ja, mar Gabe heite, sei se, den hieste dochs in oanhâld as wy út de tiid rekkene.” Ik dêr wer op: “Ik haw oanhâld genôch oan de âlde broeken en baitsjes, dy de ljue my stjûre to laepjen, mear as my ljeaf is.” Koartom; hja koe neat mei my wirde; hwent ik hong yn ’t gat as in baerch dy ringe wirde scoe. Ik woe mar net, tochte my. Mar ho nuver kin it rinne! Us bûrman is wakkere tier yn de domenijs. Ik nim it sa nei net, as dy ljue mar goed binne, en mar in goede freedsume gong troch de wrâld geane; in foarbyld docht it measte ôf. Hwent as de ynhouten net doge by in minske, ik wit net, eft it wol troch preekjen lape wirde scil. Dêrom wol ik net sizze, det it kwea dwaen scil. As in beam goed stiet to waechsjen, den mei er wol ’ris bigetten wirde. Koartom, ik bin sa kieskeurich mei de domenijs net, mar myn bûrman munstert se allegearre sneins ôf. Den reisge er nei de iene, en den nei de oare; en nou wier oan de Baerder kant in domenij, dat nei syn sin in útrinder wier: dêr moasten wy hinne. ’t Wier winter, en heal omdet it my thús to near wier, en heal út nijsgjirrichheit, reisge ik mei de man.

Do wy oan it doarp kamen, stoe dêr in moaije nije boerehuzinge; dêr stoepen wy yn, en wy fregen, eft wy de redens dêr sa lang yn lizze mochten? En do rôp in moai jongfaem, dy heal ta de molkenkeamer útseach, sa det ik it boppe-ein allinne sjen koe; dy rôp sa frjeonlik fen: “Ja, hiel wol, frjeonen!” det ik ’er allehiel-en-al oars fen waerd, en mear om de faem tochte as om de domenij, do wy yn de tsjerke wierne, sa det ik mar in bytke fen de preek forhelje kin. Allinne wit ik ’er fen to sizzen, det er meastal binnensmûle op ’e tosken praette, en den rôp er wer: Jeruzalem! Jeruzalem! mei in bolderjend lûd. Ho nuver seach ik op do de tsjerke útgong, en wy ús redens werom helje scoenen, det wy oan de kofjetafel noade waerden, hwer dy jongfaem pronkemoai bysiet. It wier in blomke fen sauntsjin jier, danich optakele. Moaije reade wangen hie se; mar de eagen gitswart, en dat stiet net for in Fryske faem. Sa tink ik ’er oer, mar eltse minske hat syn sin, sei ús beppe, en hja iet plattekoek.

Us bûrman en de boer wierne kennissen. De boer frege: “Hwet for in jongfeint ha jy dêr by jo?” “Wel, dat is in soan fen Pibe Rommerts.” “O, sei de boer, dy hat sa ’n rún hawn, dy frij hwet in gouns roun.” “Just, ja. Dy foks’le nuver de wei lâns as er los wier; ja, hy hat noch stêdsswipen woun.” “Dochs, ju?” sei de boer, en al sokke hynstepraetkes mear, dêr ik in bytke nocht oan hie. De jongfaem siet to klontsjeknippen: der fleach in great stik krekt yn myn pantsje. “Hou! sei se; dat is mis!” “As it miend is, net, faem; den wier it my goed, al wier it in balstien fen sa ’n skepsel as jy binne.” De faem sloech de eagen del. “Ha, ha! sei de boer; men kin wol sjen, det er fen de selde lape toarnd is as syn heit. Dêr haw ik ’ris Wytmarsumer merke mei hâlden, en do gong it ek al nuver yn syn wirk. Keardel, hwet hiene wy do in wille! Wy sloegen yn eltsoar om as heidens en Turken. Wy jagen de exteur en de adstinten de wei op. Mar it hat ús jild koste.” “Ja, sei ús bûrman, dy kin syn wird wol dwaen, al is it mar in kreupele skroar.” Op dizze wirden koe ik dudelik merke, det de troanje fen dy jongfaem foroare. Wier it yet mar in bakker west ef in timmerman, tochte hja licht, mar in skroar! It sloof wist misskien net, dat wy better sûnder klerken koene as sûnder skroarren. Mar ik sei: “Bûrman, jy sizze dêr fen kreupele skroar; wit’ je den net, det it sa biskikt is, det skroarren, dy kreupel ef rounrêgich binne, det sokke de bêste binne? Binne se kreupel den kinne se maklik de iene skonk ûnder de oare trochslaen, en binne se rounrêgich, den binne se tichter mei de noas op hjar wirk”. De boer lake, det er skodde, en de faem glimke sa hwet to mûk. “Ha! tochte ik, nou fal ik hjar dochs net ôf.” Dat streelde my sels; hwent siker it famke bifoel my. De klean sieten ’er sa kant om; hjar moaije kleur, hjar ynblanke hals, hjar moaije roune earmen, koartom alles naem my yn. Dêrby de moaije rike keamer; it moaije fjûr; it blinkende hûsrie; it silver yn de pasteleinkast; alles wier sa forguldich for myn jonge bloarrige eagen, det ik as bitsjoend like, en tûzen kearen dêrnei haw ik wol ’ris tocht: “Sa kin men mar ienris in jongfaem ljeafhabbe.” De boer noadde ús to iten, ef ljeaver dy goede ljue wisten net better, ef dy kofje jowt is it iten skildich. Hja lieten earst de brandewynskop roungean, en do it tafal sa kaem, det de faem my tabringe moast, sei se mei in bernlike flaeijende stimme: “As je b’ljeaft; scille je ’ris mei my drinke, feint?” “Dêr tankje ik for, faem!” en ik preau. Sokke drank haw ik noait dronken út in leppel, dy troch sokke lippen oanroerd is,” sei ik. It skimere my foar de eagen, do ik dat skepsel dêr foar my stean seach, en ik seach net ienris, det se op de iene tean stoe. Hwent it ongelok woe, det se krekt oan de oare kant kreupel wier as ik. Wy ieten, en ús bûrman plakte my oan de griene siede fen de faem, en de frijerij bigoun, det ik in lyts tikje mei myn kreupele rjuchter knibbel tsjin hjar kreupele lofter side joech. De frijerij waerd greater, do de âlde ljue yn it bûthús gongen om it fé to bisjen, en de faem de tafel ôfnaem. Us bûrman rôp my by it útgean ta: “Nou, Gabe, dou moast ’er mei oanpiele, krekt as it âld wiif mei de hinnepiken.” “Ja, mar dy rekkene dea; sa wol ik net,” rôp ik werom. Ik hoallefoalle dêr krekt sa lang om, det ik hjar in tútsje ontstiel en hjar frege om de oare sneins wer to kommen? Krekt sa as wy dêr rjucht oerein by eltsoarren stoenen, en hja sa hwet op ’e lippe kôge om ja ef né to sizzen, dêr komt ús bûrman oanstoarmjen, en dy sei: “Ho nou, Gabe? Haste hjar noch net op ’e skirte? Jimme moasten ’ris by de hynstekeapers op ’e skoalle: dy scoene jimme hwet oars leare.” “Ja, mar as it my to dwaen wier om kwea to learen, den woe ik de baes sels sprekke; den woe ik by de divel op skoalle gean, bûrman.” Sa spriek ik, en de faem sette greate eagen op, det ik yn ienen fen in sêfte weisinkende frijer yn in rouwe bolderbast foroare. Mar ik wier to fol fen hjar, sa ynnich troch alles hinne forslingere, det ik it myn goede bûrman hast kwalik naem, det hy my oansette woe om fierder to gean as it fatsoen meibrochte. Do it tsjin fjouweren roun, woe bûrman foart; hwent hy sei: “Ik sjen wol, dou krigeste hjir sa ’n great klontsje yn de thé, det ik ’er my hiel net nei set om dy mei to krijen.” “Ja, wis,” sei ik, en ik woe al nei myn redens gripe. “Né, nou siz ik op myn beurt, nou scilste bliuwe. It is sa kâld det it ongelt. Ik scil it wol oan dyn âlders sizze, en moarn om tsjien ûre is de feint hjir om dy to heljen.” “De faem lake ’ris, mar dy wipte hird nei it bûthús, en dy frege oan de âld boer, en mei in amerij wier hja werom, en in knikje wier genôch om my it witten to dwaen, det ik bliuwe koe, en ik wier boppe de wolken. Do ús bûrman ôfskie nomd hie, naem er my by de earm, en hy sei: “Dy de domenij spritsen hat, mei de kastelein ek wol ’ris sprekke. Ik wol in ôfsetter nimme.” En do wy nei de herberge gongen, do sei er: “De diker, Gabe, nou haste byt. Maetsje, maetsje! astou dêr efter komme kinste, den kinste dyn skroarstafel mei al syn lappen mar opbarne. Hjir hinget in boerepleats oan, man. De boer wirdt âld, en syn âld wiif is blyn, en meastal bêdridich. En dêrby jimme kinne eltsoar neat forwite; hwent jimme binne beide afterbernsbern fen Mephiboseth.” Ik moast laitsje, hwent de man wier rûch en bibelkindich. Do ik wer thús kaem do stie de âld boer al to heajaen, en ik fage de stalhouten oan krekt as thús. “Dat giet dy yet al linich ôf,” sei de boer dêrop; en do bigoun ik oer kij en skiep to praten as in âlk. Ik bitaestte alle kij, en sei er ’t mine oer. De man sei: “Jy koene wol boer wirde, Gabe. ’t Is jammer det je it net binne, mar men kin ’t net witte,” sei de man, en dat hie for my in djippe bitsjuttenisse. Koartom, dy man wier mei my ynnomd, en hy gong koart nei iten op bêd en liet my mei Geke yn de moaije keamer allinne.

Wy hoefden nin ljocht; de moanne skynde boppe yn de loft, en sa ’n nacht to biskriuwen is boppe myn krêft. Ik scil ús âlde Gysbert-omme mar sprekke litte.

Da ’k boascke’, eer’n oon uwz Ynts, (het wier ick jiette’ yen jobbe! En jae wier, earm’ djier, jong,) ick lille’, ick bortte’ ick sobbe; Ynts knuwck-forsche my weer so lordig en so swiet: O jeugd! O swiete jeugd! Ick mecke ien sjongsum liet.

Mar yn de neinacht, do ik allehiel forsonken en fordronken wier yn my sels, do (hja siet flak foar my, en de moanne skynde hjar flak op hjar moaije troanje, sa det er yn de appelkes fen hjar brune eagen omdreau) do suchtte ik, en sei ik: “Hwet bin ik in great gek west!” “Ho sa?” sei de faem. “Ik haw altiten in tsjinnichheit, ja, in wjeraksel op brune eagen hawn, en nou de moanne sa frjeonlik yn dines skynt, nou sjen ik ’er de himel fol salichheit yn.” “Né Gabe, sei de faem, “dou biste gjin great gek west, mar dou bist it yette. Ik scil ús folk roppe. It wirdt tiid, Gabe”, en woeps, do fleach se op en liet my allinne sitte, en ik sloech my sels foar ’t boarst. Gabe, Gabe! sei ik yn my sels, dou biste in gek, in forljeafde biste. Tûzen reis haste sein, in frommis scil my noait fortokje, en nou bart it al yn ien nacht. Mar dizze faem hat my dochs ljeaf; hwent hja seit my de wierheit.” Ik gong op bêd, mar myn Geke gong wer nei it folk ûnder de kij. Eft dy ek hwette hearre moast dêr yn ’t bûthûs, det se in kreupel skroar ta in frijer hawn hie, dat kin men tinke.

De oare moarns om tsjien ûre kaem yn pleats fen de feint in earm arbeider, dy for de feint yn ’t plak wier. Hwent dy wier út-fen-hûs gien. Do wy foart scoenen, joech se dy earm man earst in great glês brandewyn, en do er dêr in swolch fen naem, do striek er him oer it liif en sei: “O, bêste faem! dat falt ’er yn as Gods wird yn in soldaet. Hwent ik hab it yn gjin healjier preaun, en yn gjin fearnsjier spek ef flêsk yn hûs hawn.” (Om it earste wird koe hja hast wol lake hawwe; mar it twade makke it minder). “Mar ik moat net kleije faem; hwent ik haw it my sels dien. Ik hab yn myn jeugd to los libbe en gjin priis op it jild steld, en nou ik oppasje wol is it to let. Ik doar oars sizze, det ik oprjucht bin: ja, ik bin altyd to oprjucht west. Mar ik kin jimme sizze, det it my wol ’ris om ’t hert slacht, as ik myn seis earme berntsjes en myn wiif dêr om de hird heukerjen sjen; en as ik den tsjin my sels siz: “dat is dyn skild”, den rinne my de triennen wol ’ris oer. Mar hwet scil ik? Ik arbeidzje mar wer, en siikje my sels op to barren mei kwinkslaggen lyk as je niis heard habbe.” Wy stiene allegearre bisoud by eltsoar en de iene seach forslein op de oare. Ik ek; ik wist wol, det it in mâlle Bearn wier, en det it mâl gien wier, mar det er dêr sa folle bitinken en fiel fen hie, dat hie ik noait tocht. Geke wier hastich foartroun, en dy kaem werom mei in great stik spek, wol seis poun swier. “Ha jy dêr wol sin oan?” “O, myn ljeave faem!” sei er, “ik scoe jo wol patsje, mar dat kin Gabe wol ôf.” “En dêr haw ik yette in stik spekkoeke for jins earm wiif.” Dat die se yn in pûde. “Tankje tûzen reis”, sei de man. De boer die de groetenis oan ús heit, en sa teagen wy der op ôf. “Gabe! sei de arbeider, “hwet hastou dêr in bêst faem krige! Al wier se noch sa mishipt, al wier se ’er forwoechsen by, it wier yet in ingel; hwent in meilijich hert is in goed hert.” Ik swijde dêrop; hwent ik wier ek biteutere en ontdien.

Einlinge kamen wy thús. “Nou, sei ús Rommert, “dou komste fatsoenliker foar den dach, as dostou mei de Noarger rún yn de sleat sitten hieste; mar dou wirdste ek in dei âlder.” Us heit en mem wierne allehiel yn ’t moaije pak stitsen, det ik by sa ’n gnappen faem, by sa ’n riken faem west hie, en dat wol ien fen hjar âlde kinde. Mar it moaiste fen de reis wier, det Bearn syn wiif op ider ein fen dy spekkoeke in trije goune foun. Noait fen de dei fen myn geboarte ôf haw ik blider minsken sjoen as dy twa ljue. De man siet yn de hoeke to sjongen en hy smiet de hoed yn de skoarstien op fen blydskip do er my seach. It wyfke stienen de triennen yn de eagen, en dy sei: “Dat minske woe ’k wol ’ris sjen.” “Wel, dat is in kreupelen ien lyk as ik bin.” “Hâld de bek, ju”, sei Bearn, en stiek my de fûst ta. “Scille je komme to meltsjen, Bearn?” “Ja, Gabe”, sei er, en ik gong ’er wer út.

Lyk as ôfspritsen wier, scoe ik mei in fjirtsjin dagen wer by de faem komme, mar ear ’t ’er fjouwer dagen om wierne, hie ik hjar al op de hynsteslide. O, hwet formakken wy ús! En ús âlders seagen ’t mei gjin lede eagen oan. Omdet ús beiden it riden lêstich foel, moast ús âlde guds it omtjilde.

Tonei, do ik ’ris wer by hjar kaem, hie ik to djip yn de romer sjoen: ik hie alderhânne nuvere praetsjes, en der siet in feint yn de hoeke, dat in neef fen Geke wier; in stimper, dêr net folle forstân yn siet. Yn myn oerdwealskens koe ik net litte him sa ûnder wetter troch de gek oan to stekken; ja, ik koe net litte ’t hjar heit min ef mear to dwaen. Mar do ik allinne by hjar kaem do waerd my it leksom oplêzen, en hja sei mei in sêfte leidige stimme: “Gabe-heite, dêr haste it min makke. Hat ús neef in lyts forstân, syn hert is to goed om him for de gek to hâlden. En dêrby haste ek onfoarsichtich west; “hwent hy is sterk, en kin dy wol meitsje en brekke. Mar meast griist it my yette, detste myn âlde heit”....... en hjir op bigoun hja to kriten, en de triennen fen in jong frommiske, dy men ljeaf hat, binne sterker as kanonkoegels fen ús fyanden. Ik wier allehiel to neate, en myn hert wier sa britsen, det my de wetterlânners ek oerrounen, en ik betterskip biloofde.

Ik seach nou oan hjar dizze trije dingen: foarearst, det hja to folle forstân hie, om hjar troch flaeijen yn it net lokje to litten; ten oarden, det se in meilijend hert hie; en ten tredden, det se wol wiste, det de frouljue de mânljue bêst mei sêftens liede kinne; ja, det se der master en hear fen binne, det se hjar om de fingers wine kinne, as it mei sêftens giet. Master Freark syn âld wiif seit altyd: “De manljue binne lyk as de fjûrstiennen; as men dy stikken slaen wol en men leit se op in balstien, den fleane de fonken der út, en de fjûrstien fljucht fen siden út en bliuwt hiel; mar liz him op in kjessen, slaen der mei in moker op, en hy fljucht yn tweintich stikken.” Om koart to gean, ik rekke allehiel-end-al op dy faem forslingere, en ik hie wis mei hjar boaske; mar sjoch, hwet barde! De faem krige de pokken, en waerd ’er fen skeind; en nou waerd ik fen myn makkers pleage, det ik sin oan hwat raers hie, en nou liet ik hjar tsjin myn sin stiltsjes glide, en ik bleau wei. Mar myn makkers hiene my ek al de hiele winter pleage, en seine altyd: “Astou nei de preekstoel scilste mei dyn breid, den moatte jimme lyk as de stedsljue yn in sleepkoetske: hwent as jimme to foet geane, den fleane jimme stap op stap tsjin eltsoar oan.” En oan sokke praetsjes steurt in jong minske him soms sa folle, det er dêr allinne om syn greatste bilangen foarbysjocht. Do de faem nei de pokken wer op de foetten kaem en ik stil weibleau, do skreau se my út hjar goedheit yette in fjreonlike brief, hweryn det se my bitanke for alles, mar hja ferge net mear, det ik hjar ljeafhabbe scoe, omdet hja skeind wier. Forgeat ik hjar it wier net goed fen my, det ik sa licht fen hjar ôfseach. Ik wier as in hiel hopen berntsjes, dy de nút ljeafhabbe, om mei de dop to boartsjen, en dy de pit weismite. Tûzen reizen hat it my roud, hwent noait krij ik wer sa folle sin oan in faem as oan dat minske. En nou gong it mei my yn de wyldernisse. Ik reisge nei alderhânne fammen krekt sa lang det ik omkomd wier, en ik nearne mear heul foun, ef it moast allehiel yn de frjemdte wêze. De lêste kear, det ik by in faem west hab, dat wier op in Drylster merke. Do seach ik in tsjep boerefaem, dy by in âld boer wenne. Ik wier by in omke, dat in bakker wier, út-fen-hûs. Ik hâldde merke mei de faem, en mei in fjirtsjin dagen reisge ik nei hjar ta op in snein-to-joune; mar dêr bin ik sa raer weirekke, det my it einekroas op ’e holle siet, en det ik in dei op bêd lizze moast, om de klean op de oun op to druijen. Ik woe net sizze, hwet my oerkomd wier, mar lyk as ’er nin moart forholen bliuwt, sa gong it my hjir ek mei. En do moast ik hwet hearre, dat kin men tinke. Mar om oan al dy praetsjes in ein to meitsjen, sa makke ik ’er sels dit[53] sankje op, en dat song ik alle man foar, dy er oer bigoun.

Nei dizze set haw ik noait wer nei frouljue taeld, hwent dy ik wol hawwe woe, dy woe my net hawwe, en dy my wol hawwe woe, dy woe ik wer net hawwe. Ik kaem ’ris by in feint fen ús, dy in jier ef fiif troud west hie. Dy siet by in moai fjûr en paste op ’e brij. Hy hie it âldste jonkje op ’e knibbel sitten, in skilderij fen in jonge! Syn wiif hie ien yn ’e skirte, en ien laei yn ’e widze. “Nou haste it woun, sei ik tsjin him, noustou wiif en bern haste, maet. Nou kinste de brij omriere.” “Ja, sei de man, “nou wit ik, hwer ik for arbeidzje. Ik plichte for de kasteleins to wrotten en to wramen, en nou dwaen ik it for myn eigen flêsk en bloed. Mienste det dat gjin nocht is, Gabe? Mienste det ik net greatsk bin op sokke moaije gesoune bern? Mienste det it gjin inerlyk formeitsjen is, det de bern jouns sa bliid binne, det hja by my opfleane as ik fen it lân kom? En as ik den sa wirch bin, det ik hast net sitte kin, det myn wyfke alles docht hwet mar kin, om út ús lyts bistean my to forkwikken? Is dat gjin nocht, Gabe? Dou wiste wol better, feint.” “Ja, mar, sei ik dêr wer op, “de measte houweliken binne as in sûkerbeantsje. Dat bytsje sûker is der gau ôfsobbe, en den miene folle ljue, det ’er in swiete mangelpit foar den dei komme scil, en it is in stik divelsdrek ef rhabarder, en den lûke se misselike gesichten.” “Ja, heite, sei de man, “it giet dy as de foks yn de fabel. Dy seach in moai bosk druven hingjen; dêr hie er folle sin oan, mar hja hongen him to heach; hy koe se net rikke. “O! sei er, “hja binne dochs ek mar sûr.” Sa giet it dy ek. Dou kinste gjin goed frommiske mear krije, en nou bigjinste op it houwelik to smeulen. Mar dou kinste der dêrom yette wol mei in slingerslach oan reitsje. Dy âld boer to Abegea moast earst troch ’e skoarstien reisgje, en do hie er mei in rep in wiif. Sa kin it dy ek gean.” Do hie ik genôch, en ik winske him genacht, en ik bin en bliuw de âlde feint Gabe Skroar.

Grou.

E. H.

DE HOANNE FEN WESTEREIN.

DE BOER EN DE HOANNE.

Boer. Hwet bistou greatsk! Hwet byldstou dy wol yn, heite? Dou stapste der hinne as in darkert, ja, as in kening; by eltse trêd hâldste dyn poat hwette yn ’e hichte en sjochste parmantich om dy hinne, krekt eftstou seiste: Hwa is my allyk? En dat op in dongbult! It stiet dy moai.

Hoanne. Ja, greatsk bin ik, mar dêr binne ek redens for. Ik stap as in kening, omdet ik in kening bin; in kening mei ried en died.

[Yllustraasje: BY IT HIEM FEN SATHE WESTEREIN, PLEATS BY WOARKUM.]

Boer. Dou in kening?

Hoanne. Ja, ik in kening en faek in ruk better as ien, dy oer jimme minsken regearret, tinke doar.

Boer. Kom, lit ’ris hearre, ho regearrestou den?

Hoanne. Ik hâld de wacht by nacht en by dei. Bigjint ’er in collega fen my yn ’e bûrren to kraeijen, al is it yn ’t holst fen de nacht, ik bin wach en kraei ek; ik tean, det ik ’er bin. As jimme noch miene, det it piktsjuster is, den sjen ik al det de kjimmen hwette blank wirde, en ik kraei it oer ’t hiele gea út: “Mannen, it is dei!” Astou ek mienste, det ik liz to sliepen, as se my twa trêdden fen myn team ontstelle wolle, den biste de planke fier mis, feintsje!

Boer. Nou fierder. Dou kraeiste goed, dat is wier. Dou haste in bek as in sé; mar as de hânnen út de mouwe moatte, en it komt op stik fen saken oan, ho den?

Hoanne. Den bin ik ’er ek, den bin ik krekt de man. Ik raem, ik byt, ik pjuk, ik klau, ik stjit yn de hichte op, det ’er de fearren nei stouwe. Ik siz kik noch mik; ik fjucht; ik fjucht as de dapperste held ûnder jimme tinke doar; ik fjucht sa lang as ’er in drip bloed yn myn ieren is, en de eagen hingje my al út de kop, foar det ik kamp jow.

Boer. Ja, mar, feintsje, dyn fjuchtsjen hat net folle yn de merse. Hwent dyn hinkes scoene it nin krommel minder by in oare hoanne hawwe as by dy. Dou fjuchtste mar út jaloerskens, krekt as ús dronkene boerefeinten, dy eltsoar de bek opsnije om in moai faem.

Hoanne. Ik fjucht út jaloerskens, ja, mar ek út nocht. It is wier, ik moat wol ’ris mei de stirt slypjende op de groun en in biblette kop om in hinnekommen sjen; mar, jonge, aste ek ’ris wiste, hwet in wille it is, as dyn fijne ûnderlaeit en toliter slein is, om den boppe op syn bliedende en hymjende bealch to stean, en victoria oer de hiele bûrren út to kraeijen; den scoeste de kâns ek al ’ris weagje.

Boer. Dou fjuchtste den út jaloerskens en earsucht; dos dou fjuchtste for dy sels, en dou biste ek al nin hier better as de keningen oer de minsken.

Hoanne. Nou, húsman, as dat den sa is, det ik for my sels fjucht, ik doch it sels allinne ek ôf. Der is nimmen yn myn ryk dy fjucht, as ik allinne. Der is ek nimmen dy in heale duit for de oarloch hoeft op to bringen; hwent ik bitelje de kosten mei myn eigen hûd. Ik rop myn folk net yn ’t fjild om myn rûzjes, dy ’t ik mei oare hoannen hab, út to meitsjen. Dou seiste, ik bin nin hier better as de keningen oer de minsken, mar as dy lilts op eltsoar binne, ef hja wolle eltsoar in flie ôffange, ef hja loere om in hoeke lân fen hjar bûrmans hiem ôf to skoerren, den is ’t gerop: Te wapen! Uwe eer, uwe haardsteden en altaren, uwe vrouwen en kinderen, uw goed en bloed zijn in gevaar! Op de roepstem uws konings dan te wapen! En de ûnderdanen moatte faek fjuchte as earme halzen for in ding, dat hjar nin botsen skele kin, wylst de man, dy ’t egentlyk allinne oangiet, thús bliuwt en syn glêske pons drinkt.

Boer. Nou, dêr scil ’k net fen sizze; dêr is al in bytke fen oan. Mar dat foroaret ek njunkelytsen al. Fen âlds makken de keningen oarloch op hjar eigen manneboet, mar nou wolle de ûnderdienen it al hwette mei witte, omdet it op hjar hûd en jild oankomt. Mar né, sa as dou is by ús de wisansje noch net. Dou dochste lykwol ek in bulte for dy sels; dou fjuchtste út jaloerskens en earesucht, mar dou fjuchtste ek as in hoanne út hoannichheit for dyn plezjirkes, feint!

Hoanne. Ja, plezjirkes haw ik, dat is wier; sa folle as ik mar út de skinen sette kin; mar dêr bin ik ek tankber for. Ik doch in bult goed.

Boer. Sjen my dyn kammeraten ûnder de bisten ’ris oan; hwet in gelok hastou boppe tûzenen! Is der in edeler bist as in hynzer? Sjen my dy ljeave lytse fôleman, dy dêr mei syn moer oer de sleat rint to boartsjen. Hwet in tsjep, fyn bisnien, nuver bistke is it! Scoe it yen net grize, det men it forkeapje moat? Foar det it earme skepsel it ein fynt, moat it earst noch troch tweintich boalshânnen gean. Mei in mannich jierren wirdt it in âld knol, dy mear ferge wirdt hwet er jierriger en swakker wirdt. Arbeidzje by it bealchfol; skriel foer; en dat by de tomme heind; yn kjeld en snie faek oerwinterje yn de weide; it boarst, ribben en skoften oan ’t blieden lûke, en den ta in salve bruijen op de iepene rauwe bealch ta. As ’t alles omkomd is, ta lean for al syn bodzjen it mês fen de filder troch de strôte en de hûd oer de tromme. En dyn libben, it is ommers inkel wille; it is it libben fen de Sultan fen Konstantinopel yn ’t midden fen syn harem.

Hoanne. Ik in Turk? Wrymmels net, Jelle! Ik bin in goed kristen hoanne, lyk astou in goed kristen boer biste, En hwet dyn foarâlders, de âlde Friezen oangiet, ik wier al de heechste yn ’t kristenryk, do dat noch wylde heidens wierne; hwent do stie ik al boppe op alle tsjerken en toerren, dêr kristenen wierne.

Boer. In kristen hoanne scoeste wêze aste in domenij wierste; hwent dy kraeije, skraebje en bite ek wakker, as hja it wird biskop hearre, mar nouste njuggen frouljue allyk troud haste, biste in Turk. Dêr haste de Ljouwter krante fen Smeuding; dêr kinste yn lêze ho de Sultan libbet. Lyk as hy libbestou yn dyn harem, en dat is it hinnehok; hwa ’t dy mar yn de kop komt smytste de bûsdoek ta, en ’t spil is klear. Dat giet sa, de iene foar en de oare nei, en as de dei yn dat wirk forroun is en de nacht komt oan, den sit dyn partelot, de earste Sultane, dyn hertlapke neist dyn side to sliepen, wylst de oare fen de team hjar lokkich rekkenje, det se hwet fierder ôf mei de greate hear op ’t selde rik sitte meije. Hwet in wille! En dat giet sa dei út dei yn, it hiele jier troch. Lijen haste net, lijen kenste net. Wirdste âld fen dagen, en der komt in sike ûnder ús folk, dy in licht hoannesopke nedich het, knik, draeije se dy de nekke om, en dou haste der west. It docht dy noch minder sear as it lûken fen in losse tosk oan ús boi. De faem stekt syn majesteit yn ’e soppanne, en it wetter, dêr de Sultan yn útsean is, tsjinnet noch ta in forkwikkinge for in gammel sloof. Yn glorie en wille haste libbe oan de lêste sike ta, en dyn lyk docht noch goed nei dyn dead.

Hoanne. Forginste my dat, Jelle?

Boer. Ik bin net oerginstich. Mar ik kin it net bigripe, hweromstou, hoanne, in hoanne, dat is gelokkich wêze moaste; en dat ljeaf fôlke dêr hynzer wêze moat, dat is, ongelokkich. Us lânhearre seit altiten, as der in diere-ivichheit is, dêr al it kromme fen dizze wrâld yn rjucht makke wirdt, den hastou dyn lean wei.

Hoanne. Ja, mar ik doch mear goed astou tinkste, boer!

Boer. Dyn goeddwaen dat mei ek wol sa wêze; dêr scille wy net fet fen sopje, feint! Kromme aeijen leiste ús by de roes. Dou biste sa loai detste stjonkste; fjuchte, nou ja, dat kinste, en dat wolste eltse ûre fen de dei, mar krekt as de greate oarlochshelden biste noch to loai om út to brieden, hwetste sels trêdden haste. Hawar! dêr haste dy doffert, ’t ljeave bistke lost syn douke ôf; hja sit deis, en hy nachts to brieden; mar dou, loaije stjonkert, litste ’er de earme hin allinne mei oanpiele. Dat sloofke sit trije wike oan ien stik op de aeijen to brieden; alle fearren broeije hjar fen it liif; hja liket wol fild op hjar bleat-rauwe boarst; en dou sjochste der net nei om. Ja, dou haste net in kerlke for de earme piken oer, en it is al folle detste dyn eigen bern net op ’e kop pikste.

Hoanne. Nou, ja, dat ha ’k dy al sein. Ik bin kening, en as ’er ien kening oer jimme is, dy de kream for syn wiif útleit ef syn lytse bern himmelt, hingje my den mar op. Mar myn wyfkes dy doch ik goed, en ik trotsje de bêste kening út, dy better for hjar soarget as ik. Skraebje ik de hiele dei net yn de groun, yn ’t gêrs, yn de rúchskerne en wech ende wear? En as ik in kerl ef in wjirm fyn, rop ik den net altiten fen, tuk, tuk, tuk! Stjerre scoe ik ljeaver fen honger as in grizelke yn de mûle stekke foar det myn hinkes hjar biderf hawwe. Sjoch ’ris, binne se net fet en tierich? Ha ’k se net yn steat brocht om it brieden út to hâlden, en for myn jonges en famkes allinne to soargjen? En hwet in skreits bin ik! Ik bin ommers sa meager as in range. Né! Jelle, ik doar myn kaem skodzje det er klapt, as ik keningen ûnder de minsken sjen, dy sels skatryk wirde, wylst de ûnderdienen swietkes wei útdroegje. Eltse Hohenzolrnsman op klompen seit tsjin hjar: Ha, bruder mein! Hja witte net hwet hja ite wolle, en miljoenen fen hjar folk witte net hwet hja ite scille. Hja witte net ho útwreidsk en oerdwealsk se hjar wol optakelje scille, en miljoenen fen hjar folk rinne hast neaken en bibberje fen kjeld.

Boer. Hou, hou! Dou gieste ’er mei feart út. In ryk is nin hinnehok en in kening nin hoanne. In kening kin net fen in kerl ef in keallegêrskje libje. Dou wiste ek sa goed as ik, det in kening moat as in kening yn pracht en hearlikheit foar ’e tried komme; oars leauwe se net oan him en syn macht om oarder to hâlden. Dou strûzeste dêr oer hiem en dongbulten hinne mei lange spoaren oan de learzens; in takkelde kaem, sa read as kralen, fierste op de edele kop; twa lellen bloed litste bingelje ûnder dyn kin; in rôk mei goudene knopen en grien flewielen opslaggen haste oan; en den noch in stirt fen bonte fearren, dy dy mei in nobele swier efter it gat swypkje en neibôgje. As ’er de sinne op spilet den wit men wrychtich net eft men goud en juwelen flonkerjen sjocht, ef side en flewiel. En dou fordomste ’t ek al om ’er lang mei to rinnen! As ’er it minste sprûzeltsje oan komt, litste ’t pak by stikken en brokken by dy del falle, dou skopste ’er as fodden yn om, en tsjochste in splinternij oan. Dat dochste yn dyn keninglike oerdwealskens alteas elts jier iendris, en nou biste lêbich, det ús keningen hjar ek nei hjar steat yn ’t brat stekke, en dêr in bulte jild for útjane. Dou haste goed sprekken; dy groeije de klean oan de bealch, en hja, dy sa neaken as in swel to wrâld komme, moatte ’t ommers keapje for ’t jild, dat wy hjar jane. In swan hat syn fearren krekt sa goed nedich as in mosk.

Hoanne. Dat witte de bern wol, Jelle! Mar ik siz nou mar ’ris, jimme wirde der neat better troch. As de harder in baitsje oan hat fen flewiel, in hoed mei silveren lutsen en reade plommen, en in staf mei poarper strûzen hat fen goud, dêr scille de skjippen nin byt better by farre, as det er yn pij klaeid is en in iken stôk yn ’e hânnen hat. Mar sa binne jimme minsken. Jimme leauwe oan nin kening as er him net op jimme kosten oppronket. Den earst kin de kening syn hoanne kening kraeije, as syn pracht jimme blyn skynt for jimme eigen jild.

Boer. Kinste Fransk?

Spotted a typo or a problem in this chapter? Tell us